TWIGEN UT IN ALDE STAMME.
Reading edition

TWIGEN UT IN ALDE STAMME,
UTJOWN TROCH Dr. E. HALBERTSMA, MEI OANTEIKENINGEN FEN J. H. HALBERTSMA.
FOARWIRD.
Ut de sodzige Grou, út de driuwtillen fen it wetterlân, komt soms in âlde forwettere stobbe op, dy jier op jier wer griene twigen en nije útrinsels jowt, sa lang as er sels weikwynt en him ta stjerren jowt. Sa stiet ek ús âlde earwirdige Fryske tale dêr as in stamme, dy forgean scil. Hy bringt soms yette griene ranken oan it ljocht, om einlinge yn de nacht fen de tiden to fordwinen en forgetten to wirden. Sokke útrinsels binne dizze twigen, d’ iene rjucht en d’ oare bryk, sa it de natúr opjown hat. Nim se for ljeaf, en formeitsje jimme der mei, Friezen; dat is ús winske allinne.

REEDSLYPJEN.
DE WINTER FEN 1624 YN IT WETTERLâN.
’t Wie’ droevich near yn ’t wetterlân, It jongfolk hie nin tier. Yn fjouwer jier nin winter hawn, Dat foel de minsken swier. “It riden,” rôpen se, “Is ’t nin griis? “Dat scil ús glêd forjitte. “O pôle, freas it hynster-iis, “Ho fluch scoe ’k dy forlitte!” Dat folkje wie’ foarsiker bang Det rûch-bird ús forliet, Omdet er fjouwer jierren lang Yn frjemde lânnen siet. Wylst onfordildich rôp it folk: “Men sit yen de ears yn strimen,” Dêr komt er as in tongerwolk’ En brûst út de easterkimen. Gjin feint, dy nou nin redens socht: De slypstien stoe net stil. Om rie fen de âlden waerd net tocht; De sinnen wierne op til. De fammen rôpen: “Och! ’t is neat, “De froast scil ús bilitte; “Hwent gean de roeken oer de sleat, “Den lit er ’t meast wer sitte.” Mar Noarman bloes fûlbandich troch, De loft stoe spits en moai. ’t Wie’ winter, en nou mei in sjoch Wie’ ’t jongfolk oan de goai. Jouns sprieken se de reizen ôf, En pochten fen hjar riden. Men tocht om kij, noch hûs, noch hôf, ’t Wie’ wille oan alle siden. De fynste pakjes moasten oan; Nin kjeld waerd ’er mear field. Hja glommen as de iere moarn, En rink’len fen kâld jild. De loaikerts, dy oars by de hird Hwet hispelje for beppe, ’t Is eft dat folk bitoovre wirdt; ’t Binn’ de earste, dy hjar reppe. Der wenne, fier yn ’t wetterlân Ald Jokke en Jeltsje-moai, Twa ljuwe sindlik as de brân, En dêrby fier fen loai. It wiern’ de tsjepste ljuwe dêr, De rykste fen de bûrren; Hja wierne jimmer yn de wer Mei skreppen en mei skoerren. Hja hiene trije greate bern, Twa dochters mei in soan; Hja pielden mei dy greate bern Sa sûnder boden oan. Dat libbe fredich mei eltsoar Dêr op dy pôle hinne, Sêft as de weagen oer de mar Yn simmerjounen rinne. Mar do de winter kaem yn ’t lân, Do wie’ dat hûs oerstjûr, De bern dy wierne as de brân, Utlitten wiern’ se, pûr! It moarns- en jouns-miel waerd bisteld, De âld heit koe ’t foerjen skikke; As memke simp’re waerd net teld, Dat koe hjar ear net rikke. Nei omkes, moikes, moast men ta, Nei fiere miich ef nift. Al knistere de loft ek sa, Dêr waerd net mear for swicht. Jouns dagen se nei meltsjen op Forskrouwe en út de rakken, En roasteren de lea hwet op By prikkefjûr en takken. Den rieden se nei Harns op sé, En dounsen det it klonk. De jiffers kuij’ren op de ré Yn de allergreatste pronk. It wier in wonder om to sjen: By tûzenen fen minsken Seach men dêr nei it iis ta tsjen, En koften hwet se winsken. Sa sloofde hjar dat jongfolk út: Hja krigen hast nin lins; Mar einling moast men ta bislút Ek nei de stêd fen Grins. Hja strieken den nei Grinslân oer; Net ien mocht foar hjar bliuwe. De greate Sinte-Mertens toer, Dêr moast men ek op kliuwe. Yn Grinslân kamen se op in doarp Dêr men hirdride scoe. Ien fen it selskip hiette Woarp, Dy feardich ride koe. Hy sjucht in moaije silveren priis, En lit him ek opskriuwe. “Hwent, fammen! sei er, is ’t nin griis? “Dy doas scil hjir net bliuwe.” Hy teach net ienris ’t baitsje út, Nin halsdoek lei er ôf. Hy striek se ôf, en ta bislút Hy gong ’er fier mei ôf. Dat stoe dy Grinzers matich oan, Mar ’t mocht hjar dochs net bate. De Friezen spanne op ’t iis de kroan, Dêr kinn’ se net tsjin prate. “Wy sieten langer-nôch oan ’t tou; “Hijla, kast’lein! skink yn. “Jaen sels de flesse ek in knau, “Jy moatte ek troch de wyn!” Sa geide do de útlitt’ne Woarp: “’k Wol ride om liif en libben, “’k Wol tsjin de bêste út dit doarp: “Den ik op kouwe-ribben.” Hja setten dêr in goe’ gelach, De joun dy foel dêr koart, Mar ’t wier saun ûre op ’e slach, Do teagen se wer foart. De moanne stoe hjar frjeonlik by, En de eastewyn bloes tige; Hja rieden fleurich as in bij Mei seizen op ’e rige. De hertetrek wier dochs nei honk: De fammen wierne yn noed. Hja setten nou ’ris tige skonk, Der waerd nin iis hast roerd. “Us heit en mem, sa spriek in faem, “Hwet meij’ dy sloven tinke? “De hikke is wrammels fen de daem; “Hja kinn’ net ite ef drinke.” ““Wy moat’ yet op ’e Leke oan: ““Wy binne nou sa ryk; ““De moanne skynt de hele moarn, ““En ’t iis is as in dyk. ““Kom, lak! sei Woarp, is men yn noed, ““Dat scil wol wer bisoarje. ““In Leke-blom moat op ’e hoed! ““Lit de âlde ljue hwet gnoarje.”” Mar Jokke en Jeltsje gnoarren net, Hja suchtten om de bern. Ho eang waerd it hjar om it hert! Hjar rie wier skjin forlern. By in lyts fjûrke sieten sy Yn ’t skynsel fen de moanne, En hearden de foartsjirmerij Fen de ûlen yn de loanne. “Hwet is de wrâld foroare, faer! Sa spriek de âlde frou. “It jongfolk sjucht net mear gefaer, “Dat is forwyld’re nou. “It lân moat sinke as in stien. “Hwer moat dat yette hinne? “Nei rie fen de âlden wirdt net dien, “Hja witte it mar allinne. “Earst skrept men mei it fé, en docht, “En melket, det men swit, “En faek is ’t jounmiel lang al ré, “Ear ’t m’ien fen ’t jongfolk sjocht. “De wrâld is, siz ik tûzen kear, “Is net as fen to foare; “De oerdwealskens wint al mear en mear, “De minsken binn’ foroare. “Ald Sjearp-om mei syn knolle-foet, “Dy oars mei ’t jounwirk die, “Dy strampelt ek al mei de stoet, “Krekt eft er ’t lean wei hie. “In grouwe balstien moast ’er mei: “Dy lei er op ’e slide: “Sa moast dy âlde heuker nei “It goezze-lotsjen ride. “Och, binn’ jinwirdich de âlden tel?” Sa jeuz’le Jeltsje foart, “It libbenspaed dat is sa smel, “De wei nei ’t grêf sa koart. “Mar dat bitinkt it jongfolk net. “Hja litte de âlders suchte. “O God, dy heel de wrâld bifet, “Hâld hjar yn hoed en tuchte!” ““As suchtsjen holp, ik suchtte mei,” Sa spriek âld Jokke-om do, ““Mar ’t brocht nea himels treast to wei, ““Dy smert forlichtsje koe. ““Mar ’k haw alear in teltsje heard, ““Dat scil ik dy fortelle. ““Ho! dy troch eigen tadwaen stjert, ““Scoe dat âld Jokke-om kwelle?””
IT SWELTSJE FORJIT.
Ik haw ’ris fen ús âld oarre heard, Fen it fûgeltsje Forjit Forjit: As immen siikkreunich ellendich stjert, En nimmen mear nei syn kiermjen heart, Den stjûrt Gods ingel ta treast him yet Dy ljeave fûgel Forjit Forjit. En as in mem mei jammer en smert Yn it neare kreambêd fen kommer forgiet, En bidt en smeekt sa earmhertich hjar God Troch de dead to brekken hjar jammer, hjar lot; As it berntsje hjar ljeaf op ’e skirte sit, Den sjongt wer it sweltsje Forjit Forjit. In séman soms sa onhiermlik sweart, En nei Gods wirden ef boden heart, Dy siket yn stoarm by God syn bihâld, Oanropt sa oatmoedich de Hear fen de wrâld. Mar as dy de stoarmen wer swije lit, Den sjongt it sweltsje Forjit Forjit. As immen yn ’t kwea de miet birint En op it deabêd sa treastleas kreunt; As ’t onrjucht, as ’t skraepjen him bijowt, As de dea, as de modder him yslik oangrout, For dy sjongt it himelske fûgeltsje nit, It treastende sweltsje Forjit Forjit. Och, honke, de tiid het wjukken oan, Mar ’t ljeave sweltsje Forjit, Forjit, Dat ivich ús bybliuwt yn wille, yn smert, As ynbylding, mear noch, as sjochtme ús dert, Dat himelske skynsel fljocht hirder den yet, Dat frjeonhâldend sweltsje Forjit Forjit. It sweltsje, dat op nin swinge sit, Mar ivich om ús sweeft troch de wrâld, Dat haste forgetten; mar tink ’er oan, De wrâld is yette sa net bidoarn. Wylst ’t jongfolk op ’t iis sa swalket en swit, Sjongt for Jeltsje it sweltsje Forjit Forjit. Forjow dochs hwet oan it brûzjend bloed; Us bern binne yn Gods hân, yn Gods hoed; De stipen binne it for de âlde dei, Mar ’t moaije gledde iis bringt hjar sinnen wei, En as de winter ús wer forlit, Den sjongt wer it sweltsje Forjit Forjit. Is dy den forgetten dyn fammetiid? Ik tink ’er net om, ef it hert wirdt my bliid. Wy hoalden en rieden let yn de joun; Wy waeiden der oer en roerden nin groun; Ho suchtte do ús âld memke yet! Sjong op nou, ljeaf sweltsje Forjit Forjit.
It wier twa ûre yn de moarn, Det ’t âlde pear dêr siet; Dêr kaem it folk op de opsleat oan, En song it heechste liet. De houn dy skrabe oan de doar, De âlde boer die iepen; Hja joegen hjar as skoaijers oan, En fregen dêr to sliepen. Mar Jokke-om koe hjar oan it lûd, En rôp: “Kom yn mar, bern! “Jimm’ mem sit freeslik yn de noed, “En joech de moed forlern.” Hja stoepen yn it binn’-hús op; Hjar klean wiern’ rûch birime. Ald Jeltsje sloech hjar eagen op, En ’t âlde sloof biswime. Bisaud wie’ ’t hele selskip do, Hjar dochters krieten sa. “Hwet eft ús memke skele scoe; “Wol mem ek hwette ha?” Mar skielik kaem it sloof wer by; Hja joegen hjar hwet fochte. Hwet wierne do de bern wer blij, ’t Wier alles wer to rjochte. “Ho wier ús mem sa fen de set? “It wier in minske griis. “’t Is wier, wy binne al to let, “Mar ’t wier ek hynster-iis.” ““O, blydskip wier ’t net, bêste bern, ““Mar skrik hie ’t hert biklomme, ““Do ’k jimme aenstons dêr moast sjen ““Sa mei dy Leke-blommen.”” ““Och! tsjerkhôf-boden binn’ ’t for my, ““Deads-boden, dea en toar. ““Ik seach se earst oan ús Mary; ““En dêr biswymde ik for. ““Kom, berntsjes, gean nou mar to rêst; ““Hwent joun scil ik mar swije; ““Den moarn fortel ik wis for ’t lêst ““Fen ’t stjerren fen Marije.””
De oare deis kaem wer it selskip Om to riden mei elkoar, En hja sprongen op fen blydskip; Hwent it folk wier fen it tsjoar. “Hark, myn bern! rôp de âlde frou, “Earst yet myn forteltsje. “Toavj’ in bytsje: bliuw! ei, bliuw! “Hark nei de âlde Jeltsje.”

MARIJKE WIRDT TO HÔF BROCHT OP ’T GOINGARYPSTER TSJERKHÔF.
DE LIEKE-BLOMMEN.
Op it lytse doarp Ter-Kaple Stoe alear ús âlders hûs; Frede wenne dêr en wille Yn dy âlderwetske klûs. ’k Wier de jongste fen saun berntsjes, Heit wier hwette stoef en stiif; Mar ús mem wist him to troaijen. ’t Wier sa ’n sêft meilijend wiif. Yn myn earste famkes-jierren Hie ’k in sister, ús Marij; ’t Wier de âldste fen de keppel, Flugger wier der net as sy. Meltsje, swylje, bûter-meitsje, Alles fleach hjar troch de hân. Dêrby moai fen liif en lidden, En sa sindlik as de brân. Hjerstmis oer de poel to strûzen Nei de kij oan d’ oare kant, As de wite koppen rôllen, Dat wier ’t libben nei hjar trant. En hja wier sa goed, sa sedich, Die sa greach ús âlders sin; As se winters út-fen-hûze, Wier der ien yn ’t hûs to min. Simmers krige hja wol frijers, Mar dy liet se meast wer gean; Inkeld koe se Pinkster-Tiisdeis Wol nei Snits to keamer gean. Mar net fier fen ús fen dinne, Yn it âlde Goingaryp, Wenne Ids, en dy allinne Wier hjar sin en hjar bigryp. As de kjeld it wetter strjemme, Tocht men net om kjeld en wyn. O, ho kriigden se op ’e poellen, ’t Jongfolk yn de moanneskyn. As de wite flokken fleagen, Wier Marij ek op ’e fljocht; Alle dagen ride en djoeije Wier den ek hjar greatste nocht. Mei hjar trijen jonge pearen Teagen se nei Grinslân ta; En it iis dat wier fol wjekken, En de winter moalke sa. Al it rieden fen ús âlden Wier mar praten yn de wyn; Ids dy wiste alle wjekken, En werom wier ’t foar de wyn. Mem stoe op ’e wâl to kriten, Mar ús heit dy snûrr’ hjar ôf: “’k Scil der net in trien om litte, “Al bring ik dy Snjeon to hôf.” De oare jouns bigoun to kommen, En it waerd sa stil yn hûs; Teijich wier ’t en hwette mistich; Soms den reinde it by de rûs. Aeklich rûsde it om de skûrre, ’t Kreake op ’e skoarstien near, En as mem yn ’t mistich waer seach, O, hja sloech hjar hânnen gear. Soms bigoun dat sloof to kriten, Mar ús heit bleau steech en stom; Wy as berntjes boarten bûte,[44] En wy tochten nearne om. Einling komme der twa mannen, En dy tikje oan de doar: ’t Wierne ljuwe fen Ter-Herne, En ús heit kaem selver foar. “Boer! sa spriek ien fen dy ljuwe, “Hwet is ’t aeklich mei Marij. “’t Griist my om it út to sprekken.... “Mar hja ’s wei.... dat siz ik jy!” En do sleepten se de slide Midden oer de bûthús-flier, En dêr laei Marije dead op, Sûnder mûtse oer it hier. Mei in Lieke-blom by ’t jak yn, ’t Aeklik pronksel fen de dead, En hjar moaije reade lippen Wierne nou sa blau as lead. “’t Is Gods wille!” rôp ús heit do, “En der is net oan to dwaen. “Dy myn libben en myn lust wier, “Moat ik oan de Heare jaen.” Hja wier yn de mar fordronken, En hjar Ids dy wier ontkomd; Mar dy is tonei fortige, Hwent syn fleur wier him ontnomd. Sy waerd to Goingryp bigraven Tichte by de âlde toer, En de swiere klokken bromden Heel de lege wâlden oer. En ús heit, om wird to hâlden, Liet by ’t grêf nin inkle trien, Mar it kneagd’ him oan de siele: Hy is as it stof forgien. Jongfolk, tink nou om Marije, As it iis sa hearlik blinkt: Tink den, det in kweade ingel Jimme nei it grêf ta winkt.
DE BLAUWE SKINE.
Us Oege moast út frijen tsjen, Dat praette in biis him oan. “Toe, keardel! Om dy hinne sjen.” Sa sette dy him oan. “O, frouljue, man! dy binne ’er rju; “Toe, flean der mar op ta. “Dou bist’ sa’n flinken stoeren ju, “Dou moast in slytsje ha. “Dou biste in long’rich boeresoan, “Hast’ fiters oan de boksen, “Oeribel krekte skoentsjes oan, “Kûtgaspen yn de hoksen. “Hast’ fyftich goune yn de pong; “Wel, man! hja wirde pûr. “Allinne mei dyn gong en swong “Krijstou ien oan it snoer. “In sarjes baitsje haste oan, “’t Is eft it getten is. “Den likest’ wol in keapmans soan; “’t Is wier hwet ik dy siz.” En Oegeman dy roun dat praet As lije mâlke yn de earen. Hy tochte: “Hearke is myn maet; “Dy wit wol fen manearen. Op Nonkes-bûrren wenne Tiet, In fanke as in lôge, Dy ’t hert op ’t echte plakje siet, Dy alle man fortôge. Dy hjar mar seach, dy wier forjown Troch ’t gloeren fen hjar eagen, Sa det de feinten joun op joun By swermen nei hjar teagen. As bijkes fleagen se ’er op oan, ’t Wier eft se ’er hunich rûkten, En eft hjar eagen blier en skoan Mei syd’ne triedtsjes lûkten. “Jandoarje, Oege! dêr is lucht; Dat frommes moaste ha. Toe, neef! dou moaste ’er for de klucht “Yet moarn-to-joun nei ta.” Us Oege hearde nei dat praet; Hy rôp. “De deale, ja!” Mar Hearke-neef, syn greate maet, Woe him to fiter ha. Hwent Hearke hie oan Tiet al sein, Ja, swarde ’er op, en flokte: “Pas op! Kom Oege fier ef hein; “Hy sit fol rude en jokte.” “Thús moat er op in klibbe hea “Allinne gean to sliepen. “As ’t joun wirdt skoert er him de lea “Fen jokte read en iepen.” “Pas op! bringt hy de romer ta, “Dêr kinst’ sa beare oan dippe, “Mar rik him hân noch mûle ta: “Pas op! nin fingers tippe.” ’t Wier op in lette hjerstmisjoun, En ’t wier mei ljochte moanne, Det Oege-neef út frijen roun; Hy stoep krekt as in hoanne. Syn sneinske pakje hied er oan, ’t Geloazje op ’e side, Dêr hongen skipkeskeljen oan Mei ruterkes, dy ride. Hwet rink’le er mei syn fûst-fol jild! Hy wier ek lang net loai; Hy waeide oer it Nonkesfjild, Syn stappers kreak’ne moai. Den fage er him de plúskes wei; Den seach er nei syn skonken, Ef ho syn silv’ren keatting laei, Ef ho de skeljen blonken. “Kom wrachtich! rôp er, Nou bin ’k klear. “Och, ljeave, ljeave Tietsje! “Ik meitsje o’naris nin gebear, “Mar tinken is it, wyt’ je?” Sa komt er oan op Nonkesein, Dêr fynt er Hearke sitten. Dy biis rôp: “Bêste kastelein! “In dikkop sûnder hjitten.” En hospes-om dy wie’ wol klear, Dy tocht: “Ik scil ’t dy laepje. “De diker, Hearke! sokke mear; “Sok folk wol ik wol taepje. “Dêr haww’ je ’n fearn fen ’t echte murch. “Haboes! goereis nei Tietsje! Sa’n sûpke, Oege, is alles wir’ch; “Dat makket moedich, wyt’ je?” En Oege loek in kûle yn ’t glês, Hy gloeide as in trompetter; Mar hospes-om past op it mês; Hwent neef hie jild as wetter. En dochs hy waerd ús Oege sêd, Hy woe ús Oege slite; Hy woe de oare moarns yn ’t mêd, En Oege net mear bite. Hja nulle en lepkje op Nonkesein, En Hearke priizget Tietsje; Mar einling ropt de kastelein: ““Acht ûren, feinten! wyt’ je!”” “Kom, ja, seit Harke, Ik gean mei. “’k Wol nei de wite wringe; “Dat laeit ek krekt op Oege wei. ’k Scil him oan ’t hiem ta bringe.” Dêr stoe er eindling foar it hiem, Syn skruten hert dat tikke. “Kom, flink! sei Hearke, Nin gekliem! “Toe, luftich oer de hikke.” ““Joun, foltsen! ropt er oer de doar; ““Binn’ jimme soun hjir yette? ““De kiel is my fen ’t rinnen soar; ““Ha jimme ek hwette wjitte?”” En Tietsje siet krekt by de hird, Hja glimde as in ikel; Hja sei yn ’t earst nin inkel wird, En seach krekt as in wikel. Mar skeetsk snaut sy him ta yn ’t ein, “Och, man! bistou forskrokke, “Rin den werom nei Nonkesein, “Nei de âlde hospes Bokke. “Dat hearlik boaitsfol wetter, feint, “Dat stiet dêr om de hoeke; “’t Is jister fen de skûrre heind; “Dêr kinste ek fen brûke.” Hy freget om in piip tabak; Dat kin er ek net krije. Dat joech mar brân en ongemak, Dat woe hjar heit net lije. Hy woe ek wol in flaubyt ha, Mar ’t fanke woe ’t net hearre; Fen ’t stroukjen koe men ek net ha, ’t Bisleek dat wier mislearre. Forheftich taest er nei in stoel, Mar Tietsje sei: “Hou! tankje, “Né, Oege! ’t is nin hospesboel; “Kom, plak jo op dat bankje.” “Hwet jo mankearret, wit jy bêst; “Ik hoef ’t jo net to sizzen. “Ik ried jo, gean yn ’t poepe-nêst “Dêr op de koustâl lizzen.” Forwezen striek er him om ’t bird, En woe yet ien wird sprekke; Sy groude ’m ta: “Net by de hird!” En griep de tang’, dy fekke. Biteut’re stoep er ’t milhús út, En sei: “Joun, faem, ik gong.” En roun by tsjuster ta bislút Oan ’t liif ta yn de dong. Hy spielt him yn in sleatsje ôf, En pangelt troch de miste. Hy flokte op Hearke yn ’t tsjuster hôf, En woe dat nimmen ’t wiste. “Dy klitse, suchtt’ er, hat my hawn, “Dy flarde lit my rinne. “Sy stjûrt my troch it wiete lân. “Troch mist en dauwe hinne.” Om nou sa ier nei bêd to gean, Dy smaed koe hy net dilde: Den wisten boden en de bern, Ho det dy faem him trulde. Hy flijt him ûnder d’ oes fen ’t hea; Sa waerd dy smaed biditsen. Hy rekte moarns syn skrouske lea, En tocht: “Dêr ha ’k se stritsen.” Hwent in fatsoenlik boeresoan Giet noait foar healwei-trijen. Hy kloppet nou foarsichtich oan Om him op bêd to flijen. De faem sei: “Wolkom thús fen Tiet; “Dat haww’ jy feardich makke. “Mar, man! jy stjonke en binne wiet; “Binn’ j’ yn de jarre rakke?” ““Dêr heste in kroan en spiel de klean, ““En swij! Dat kinst’ wol tsjûge. ““Lit Hearke mar út frijen gean; ““Noait hearste it wer fen Oege. ““Ik haw in blauwe skine opdien, ““En ’t hat my kwalik smakke.”” Mar Hearke wier nei Tiet ta gien, En hie him skoan formakke.
E. H.
ALD GREULT-OMME.
Ald Greult-omme wenne yn Twellingea; Dy hie hwet efter ’t linnen, Mar hjerstmis wier er meast heal dea, Den hie er frjemde sinnen. Den suchtte en stinde Greult-om sa, Yn ’t bêd ef de hirdsherne, Den sûgd’ en rach’le it boarst him sa As ’t dounsjen fen de tsjerne. “Dat komt fen al dat stoffich hea, “Dat komt fen ’t simmerreinen; “Men foerret minske en bisten dea.” Sa siet de man to weinen. Hy wier nou twa-en-sauntich jier, Sa meager as in range. Hwet hiene ’er folle jier op jier Al nei syn dea forlange! Yn ’t ein ús Greult-om hie ’t wer wei, Mar ’t waerd net folle achte; “Och! sein’ de boden, ’t is hjerstdei; “It is wer de âlde klachte.” Mar ’t like slimmer dizze kear: De âld boer dy bleau mar lizzen, En alle lidden dien’ him sear; Hy wier hast net to rissen. En hetsich wier dy âlde man, Hy dronk mar farske sûpe. Dat stoe syn frjeonen machtich oan, Dy woen’ syn pong wol strûpe. Hy wirdt, sa ’t liket, swakker oan; Hy freget om de kaeijen; Hy wiist al oan syn âldste soan In himd om to biklaeijen. Syn gouden knopen út it himd Dy skonk er for de namme; In bernsbern Greult dy hat se nimd, Den bleauwen se yn de stamme. En testamintsje moast er ek: Notaris moast bistelle, Det al syn spil kaem yn de heak, Ear ’t him de dea bihelle. Syn lânnen gongen hân oer hân Oan bern en berne-erven, Dat noaske hjar; de pong wier wan; Hja hien’ hast neat to kerven. Syn lytsfaem tsjinne him hwet skoan, Dat koe men heel wol merke: Dêr makke er tûzen goune oan; In miedstik oan de tsjerke. En Dokter kaem ’er ek op ta, Dy roun der flitich hinne: Dy tocht: “âld Greult scil stryksom ha! “Dêr scoe ’k my bryk om rinne. “Hwent in dukaet twa min ef mear, “Dat kin syn bern net bate; “Hja krije it jild, en dizze kear “Scil nimmen my biprate.” Mar sûpe hâldt âld Greult him oan, Hy woe nin dranken hawwe, Mei ’t fearke moast al oan en oan, Dy Bils-faem him den lave. Dy koe de âld man soms ek to mûk In plattekoek tatriuwe. Dy klitse! o, dy wier sa tûk, Dat kin gjin minske leauwe. Syn bern en bernsbern kamen op, ’t Wier merke by Greult Rommerts, Fen Offenwier en fen de Top, Fen Drylst en Heech en Hommerts. Dat spriek dêr mar de flesse oan, De frouljue kofje drinke; Net ien syn mage wier bidoarn; Hwet snienen se yn de skinke! It flêsk dêr snien’ se net by troch, Dêr waerd mar tige yn fege, En hie ’t hwet dûrre, mei in sjoch Wier ’t hele flêskfet lege. En klontsjes as in lytshús, man! (Dy scoe ik hast forjitte;) Dy treauwen se yn de kofjekan, Ja, yn de bûse yette. De aeijen treauwen se yn ’e hoed, De bûter yn de doeken; De tsjizen stielen se fen ’t boerd, Trochsnúfden alle hoeken. Den gongen se nei Greult-om ta, Sa hwet om him to treasten. Hy draeide ’m om, en knikt’ hjar ta; Ynwindich koe ’r de measten. As ’t ljocht den fen de himel gong, Den stoepen se wer hinne; Hwent Greult-om net, mar och, syn pong Wier ’t reisgjen om allinne. En ûnderweis den gong it mâl, Den koen’ se oan ’t fjochten reitsje. In earme sweager wêrzen se al: Dy stakker woe al pleitsje. Yn ’t ein hja lizze ’m yn de bank, Dêr woe er oars net hinne; Dêr roun ek bygeloof mei mank: Lyk as dy âlden binne. Twa bûrren moatte nacht op nacht Dêr oer de flier omkrûpe, En hâlde dêr by Greult-om wacht, En lave him mei sûpe. Dat dûrre sa in nacht ef tsjien; De man waerd tydliks swakker, En alle man dy wier bigien Mei ’t lijen fen dy stakker. Do spriek ’er yet syn bûrfeint ta, Dy by him sit to weitsjen: “Och! Pier, dou tsjinnest Greult-om sa; “’t Past him dy hwet to meitsjen. “Ik meits oan dy’t horloazje ta; “Dat wit ús Rommert lizzen. “Mits den bigear ik dy ’er ta “Om ’t leed mei om to sizzen. En dat beloofde Pier him trou: Dy miende hwet to toppen. Dy hie fen ’t weitsjen gjin birou, En wier wol yn syn noppen. De toalfde nacht do sieten twa, Dat wierne froede minsken; Dy griisde âld Greult-oms leger sa, Det hja syn ein mar winsken. Hy slepte yn de foarnacht skoan, Hy frege ek nin drinken, En spriek syn sitters einling oan: “Ik droom fen spek en skinken.” “Dy sûpe, spriek er, wêrzet my, “Ik kin ’t net mear fordrage. “Och! siikje in flaubyt dochs for my. “Ho sleau wirdt my de mage.” De ien dy seach de oare oan, En tocht: “Scoe bûrman baze?” Mar Greult-om spriek al oan en oan: “Ik moat fen honger raze. “Scoen’ dêr nin barge-finken stean, “Dêr yn dy âlde spine? “Ik wit, de lytsfaem hat gûd sean; “Dêr scille jimme it fine.” Hja fine op it ûnderst boerd In alderedelst krouske Fen ’t alderdreechste barge-gûd, Fiks ûnder ’t smoar bisouske. “Hjir Greult-om! hjir is bargegûd; “It binne barge-finken. “Mar ik nim it net op myn noed; “Hwent dit rint út de kinken.” Hy yt net, mar hy fret ’er fen; Sa wier dy man forhong’re. Hy sei: “’t Is kost, dy helpe kin. “Dêr hie ik lang op long’re.” Hy nimt in fine bôle yet Om ’t pantsje om to feijen; Hy waerd gesoun, en mei in snjit Wier ’t kreunen oer en ’t kleijen. De sitters gongen lilk nei hûs. Hja wierne ek biskamme. Hwent lake waerd ’er by de rûs, En ’t joech sa ’n rare namme. De feint, dy hjar de doar útliet, Dy rôp: “’t Is wer gedonder; “As Greult oan ’t sûpe-drinken giet, “Den hat er ’t hypochonder. “Mar hy moat jouns in sûpke ha, “En neist de lytsfaem sitte. “Dy streaket en dy streelt him sa, “Dat kin nin minske witte.” De frjeonen wiern’ biteut’re do, Dat Greult syn dea mislearre, En det er finken ite koe, Dat moasten se do hearre. De winter dy foel einling yn, En Greult moast ek ’ris ride; ’t Wirdt sterker, en hy nimt syn Tryn Mei yn de hynsteslide. Heel Twellingea kaem op in ein Bihalven dy twa sitters; Der waerd fen ’t bargegûd hwet sein Fen bizen en fen sitters. Hy ridt by al syn bern yn ’t roun Om ’t hjar bikend to meitsjen. Ho det er op syn libbens-joun Yet oan it wiif scil reitsje. Sein’ al syn bern al: “Heit is mis; “Hwet woll’ je ûnderwine?” Sei Greult: “Hwet ien allinne is, “Dat moast ik ûnderfine. “Dy twa-en-sauntich jierren het, “Dy kin yet tweintich krije. “Ik haw myn sin op Tryntsje set, “’k Wol sa net langer lije. Do skelde en skrieme by de rûs, Forwite allykfol hwette; Mar Tryn dy ried mei Greult nei hûs, En koe dat heel wol sette. Hwent Tryn dy hâldde fen syn splint, En hâldt de âld man yn wêzen. De bern (is ’t net inpertinent?) Woen’ Greult-om ûnd’re ’e gêrzen. Sa rekke Greult ta mannichs spyt Oan ’t wiif, en ek ’er ûnder. Hy rekke lân en grounen kwyt, En ek it hypochonder. Hwent Nynke libbe ’er hearlik fen, En hie in earm famylje; For ’t hypochonder joech se wan, Den koe se joepsom spylje.
Grou, 3 Dec. 1838. E. H.

MURK STAPT DE WINKEL YN.
MURK FEN IPEKOLSGEA.
Yn Ipekolsgea wenne Murk, In riken boeresoan; Hy hie de divel fen it wirk, Syn mem hie him bidoarn. Hy waerd ek wol Murk-ropper neamd, Om det er heislik skreaude, En faek tsjin alle reden oan Om nietichheden kreaude. Nei folle merken reisge er ta Mei bûse-follen jild; In fryster moast er altyd ha, Sa teach er den to fjild; Dat gong him meast al kwalik ôf, En mennich glûpske makker Dy laette Murk den om it hôf; Hwent hy wie’ oars in stakker. To Heech dêr wenne in âlde Foek, Dy mear seach as in oar: Dy wier ek yn de kaerten tûk, Alteast dêr gong hja foar. It roun nou tsjin de Ljouwter merk, Hy woe syn lot wol wite. “Den kin my, sei er, Kei, noch Tsjerk, “Noch Rommert wer biskite.” Sy lei foar him de kaerten del, En seach do gleon op Murk; It roun him kâld lâns by syn fel. Do sei se: “Klear is ’t wirk! “Dou krijste in siden mantel oan; “Scilst’ mei in jiffer ride. “Mar leau my, greate Beinte soan, “Net ien scil ’t dy binide.” Dêrop waerd Murk al grutsker oan, En brûkte ek frij hwet drank. Den wier ’t in walgelik persoan For frouljue troch de bank. To Snits dêr wenne in winkelier, Dêr hien’ se folle komste; Dy man syn húsgesin wie’ swier, Dy hie it net fen ’t romste. Syn âldste dochter hjitte Rinsk, Dat wier in snedich ding, Sa’n flodderkous en hansom minsk, En mansiik net gering. Dy frege Murk op Ljouwter merk Om mei hjar út-to-riden; Hjar oanstean hoefde er heel net sterk, ’t Wie’ rekke oan beide siden. In tige rike boeresoan Dy kaem dêr wol to pas, It stoe de âlders hearlik oan, Dy wiern’ wol yn hjar sas. De frou rôp al hjar bûrren ta: “Heww’ jimm’ ’t al hoard fan Rinske? “Die sal na Lieuwter merke toa, “Die het alheel hoar winske. “It is in seun fen greate Beint. “It binne rike maats; “En ’t is in heel bestendich feint; “Die het niet feul gepraats. “Ik weet wel, ’t is in boereseun, “Maar dat ken Rinsk niet bruije; “Syn ouders binne kloek en deun, “Die heww’ wat in te struijen.” De merke dy kaem einling oan, En dêr kaem Murk yn hûs. Hy hie in gloednij pakje oan, En bûsjild by de rûs. Hy hie in lange rôk oantein, Dy sloech him op ’e kûten; In bûsdoek oan de tip útsnein Dy hong ’er healwei bûten. In machtich greate fine hoed Siet him yn de eagen del; De rânne like in wetterboerd, Dy hong ’er slûk by del. Hy wosk him oars sa daechliks net, Oars net as sneins foar tsjerke; Nou sparre er ek de sjippe net; Hy glimde as in jerke. De faem dy seach al nuver op, Hwent it posture raer. Sy wier oars gâns in modepop: Dit like sonderbaer. “Och, Murk, gain jou na buten toe, “Om ’t ryttuug klair te maken. “De minsken sien’ as ’k weten ’t hoe. “Der binn’ hier rare snaken.” “De modens hier of op it lan, “Dat is ien ander ding, “En die him dan niet schikke kan, “Dat is in sonderling. “Dan gain ik mar it bolwerk om, “Dat my gien minsken siene. “Want as ik dair met jou an kom, “Wat sud’n de minsken miene?” Dat noaske Murk mar just sa hwet, Mar dochs hy die ’t om hjar. Hy tochte, bin ’k mar bûten gat, Den haw ’k myn eigen kar. In âlden hierknol foar de sjeas, Dat bong’le ’er sa hwet hinne, Mar Rinske wie’ bisondre kreas, En hie it wird allinne. Hwent, o! it wier sa’n snippren faem; Mar hy wier greatsk en dom, En hwet er yn de mûle naem, Dêr tocht er meast net om. Hy gong to jow net mei sa’n spil En mei sa’n faem to fjilde! De stokljue moasten op ’e dril, Jild moast it hjoed ’ris jilde. Hy dronk moarns-ier al reade wyn, En smiet de helt hast wei, De middeis wie’ it heal in swyn, It stedfolk piuwd’ him nei. Yn ’t alderheechste logement Dêr moast dat pear do ite. Hy siet oan tafel as in Drint, Hja woen’ him dêr wol slite. In officier dy oer him siet, Dy boarnde him mei wyn, It iten smakk’ him dochs net swiet, Dat koe der hast net yn. Do ’t mâl gong, holp ek Rinsk him mei, Hja naem him op ’e foarke; En Murk waerd ûnder ’t iten wei, Sa det er skielik snoarke. Nou kuij’ren Rinsk en de officier Plezierich troch de stêd. It skieden foel hjar heel net swier, Hwent Murk siet dêr foar slet. En de officier wie’ wol yn ’t skik: Dat folk hâldt meast fen slinen: Hja rinne folle op ’e slik, En dat yn oarljues spinen. Mar dy man hâld’ him opperbêst, Dy brocht ús Rinsk yn ’t skip. En Murk dy smieten se op it nêst: De doar kaem op de knip. De jouns do Murk to wekker kaem, Do waerd it yet net better. Hy skopte en sloech om feint en faem, En flokte as in ketter. It lûd wie’ troch de toarst forgien, De tonge wie’ him skrok. Hy wie’ alheel forheard, ontdien; Hy miend’, hie siet yn ’t hok. De feint rôp: “Poerke, sjop so niet; “Je pin noch niet kefangen. “Vor lauter sjaamte ond verdriet “Is ’t meisk’ al fort kekangen.” “Is that, kottorie, supen poer? “Het is te slim, mijnheer.” Sa hikk’le him dy Dútsker oer, Dy kaem him op it lear. Hy poetste him syn klean hwet út, Hy joech him thé en wetter. Dy wosk en kjimd’ him ta bislút, En do wier Murk wer better. Mar ’t stiek him machtich yn it krop; De skamte sloech him oan. Hy skoerd’ it hier him út de kop. De divel wier yn ’t koarn. Hy tocht om ’t wird fen Foek to Heech: Scilst mei in jiffer ride. “’t Is wier, dou âlde hellefeech, “Gjin minsk’ scil ’t Murk binide. “Nou moast de siden mantel oan; “Mar dat oerkomt my net. “Ik wie’ to dronken dizze moarn, “Mar joun wird ik nin slet.” De houn, dy moarns him biten hie, Syn hier moast him genêze: Dat wier do sa hwet yn syn rie, Der moast mar wyn wer wêze. Ien flesse tocht him, koe nin kwea, Dy geat er him ek yn. Mar ’t gong him fluch wer troch de lea. Hy kaem wer troch de wyn. Nou dwaeld’ er troch it merkgekriel, Troch al dy minsken hinne; Hy tocht, de merke-skiere-iel Dy scil to nacht wol rinne. Net lang tonei dêr kaem al ien, Dy sloep him skean foarby, Dy knikte him en seach sa grien; “Ha! tocht er, Dy ’s for my.” Dy laet him nei in optrek ta Yn in foarname strjitte. “Kom, tocht er, hjir kin ’k wille ha. “Dat kin in keamer hjitte. Dêr wennen oars twa sisters yn, Dat wierne âlde ljue. Dy jiffers wierne wakker fyn, En jild dat hien’ se rju. Syn sleep dy hie in kaei fen ’t hûs, Dy hie as faem dêr tsjinne. Den koe se stelle by de rûs, Lyk as dy klitsen binne. Dy âlde fammen wierne foart, Dy ieten by hjar broer; Dat dûrre yn de merk’ net koart, Dat wist dy leaze hoer. Hja fynt al gau de brandewyn, En jowt him mar to drinken. Hy wier mei ’n ûre wer in swyn, Lyk as wol is to tinken. Hja pûlet him de bûsen út, Ontnimt him rôk en hoed, En lit him rôlje ta bislút Yn ’t bêd gerêst en goed. Mar do bigoun yet earst syn krús! Wylst hy dêr laeit to sliepen, Dêr komme de âlde jiffers thús, En dwaen de doarren iepen. Hja gongen meast by moanneskyn Sa sûnder ljocht to koai, Hjar nachtgûd laei den op ’e wryn Heel eptich yn de ploai. Dat knoff’le dêr al jierren lang Jouns yn it tsjuster hinne. Foar oaljebarnen wiern’ se bang, Hja woen’ ’t er fyn út spinne. De jongste stoep de keamer yn, En sei: “Hoe hew ’k it hier? “Hier staet in fles met brandewyn; “Hestou dair toe weest, Knier?” ““Hea, Styntse! ikke brandewyn? ““’k Hew ommers sere bienen. ““Ik bruukte it in gien jair of tien. ““Hoe stootst’ et út de schienen?”” “Mystiit! wat stain de stoelen rair! “En ’t bedgordyn is scheurd. “It wurdt my mislik, wee, en nair: “Want hier is wat gebeurd.” Hja giet nou op it bêdsteed oan, Om mûtse en jak to krijen: Mar taest op greate Beinte soan, En do bigoun it lijen. Do gúlje en moartsje: “Dieven hier!” Hja tomm’len oer elkoar. De bûrren kamen yn it spier, De rottelwacht foar doar: Hja stiekne gau lantearnen op, In swird moast op ’e side. “Kom, sein’ se, fris ’er mar by op. “Him sal de duvel ride.” De rottelwacht dy spriek him oan, En sei: “Wat doestou hier?” ““Och! ik bin greateBeint syn soan, ““Ik bin hjir for plezier.”” “Wy wete hier fan greate Beint, “Of fan syn seun gien donder. “Mar earlik biechte súste, feint, “Of dou raikst in ’t fooronder.” “Dou maikste hier in nachtgerucht “By groate luu an huus, “In ’t is ook lang gien merkeklucht; “Die boel is hier niet pluus.” Hy bycht ek alles hwet er wist, Dêr wie’ net tsjin to kriemen: Mar do er jild en klean ek mist, Bigoun er lûd to skriemen. Dêr stoe er nou yn de ûnderklean; Ho graech skau Murk de flint! Mar sa doarst hy dochs ek net gean Yn sa’n great logemint. De rottelwacht seach yn in kast In âlde siidne tabbert. “Dair! sei er, Hang die om dyn bast; “Dat is noch krekt soa ’n swabbert.” Hja sjouden nei it logement; De âlde poep kaem foar; Dy rôp: “Kotz tausend sapperment! “Dat steht er schnurrig voor.” Kredyt dat hie er dêr yet wol. Hy koe him klaeije en skoaije, En de oare moarns mei de âlde knol Werom nei Snits ta toaije. By tsjuster gong er do nei hûs, Den hie dat ding gjin wird. De rôk en hoed dat wier ’n abús; Mar ’t praet dat foel him hird. “O! rôp er, âlde galgestrik! (Hy miende Foekje-moeije) “Dou wist it alles op in prik; “Ik scoe dy wol forfoeije.” En hwa nou oait nei merken teach, Us Murk dy kaem ’er net. It joech oars al in nuver each, Mar ’t ballet ôf, sa’n set. Hy tocht net mear om frijerij, En gong noait wer to sink. Hy hâldde hinnemeltserij, Twa ljurken en in fink.
E. H.
Grou, 8 Junij 1839.
IT FEARTFLAGJEN,
In reis fen Gabe Skroar. Utjown troch Doctor E. Halbertsma.
Gabe hie in omke op in doarpke yn de greidhoeke wenjen. Dêr wier it oars noait merke, mar ienris yn it jier yn de neisimmer waerd de opsleat flagge, dy nei it doarp ta roun, en dat diene de boerefeinten mei eltsoarren; en jonge boeren, dy de hjouwere yet ek net alleheel end al forroun hiene, kamen dêr ek al mank; mar kaem ’er willens ef by ongelok in faem by, dy waerd sûnder wilens troch dy droege opsleat helle, en dat neamden se dêr foetwaskjen, en sa koene dy sloven den, oan de middel ta klaei, op hoasfoetlingen nei hûs ta peasgje.
As de opsleat den ophimmele wier, den kamen al dy ljue by eltsoar yn de skoalle; dêr siet de âlde master den mei in great kanne mei brandewyn op swarte beijen, en masterske mei in kanfol mé for de fammen. Domenij en pastoarske koene by sa’n rûch spiltsje net wêze, mar skikten der de koffy en koeke by, en sa waerd dat in gearjefte, dêr neiby it heale gea oan to pas kaem. It meltsjen waerd oanbisteld, en de allerâldste ljue wierne op sa’n joun by Domenij to koffydrinken.
Dy goede minsken, dy oars noait nin drank ûnder eagen krigen, mienden for sa’n pas, det it sûpe wier, en sa geaten se it der ek yn, en den barden der al nuvere dingen yn dy âld skoalle. Master, de âlde stadige master, dy oars neat song as psalmen Davids, bigoun den to sjongen fen: O Holland schoon, met eenendertig steden, of: Daar was er een ruiter en de meid, en al sokke oerdwealske bierpsalmen mear, dêr it jongfolk hjar danich mei formakke, en dat dûrre krekt sa lang, det de âlde hear de prûk dwers op ’e holle siet, en det er troch masterske sleeptoffeljende nei bêd laet waerd. Sa’n dei trof Gabe dêr ek ’ris, en hy hie him foarnomd om dy ienfâldige ljue ’ris op in fine menier fen in nuvere kwael to genêzen. Hja hiene dêr de bynamme fen mirden, en as men it wird mird ef wezeling mar neamde, den scoene se yen deaslaen; as men fen stank praette, den wier it al mis, ja, al snúfde men mar ’ris tige op, dêr koene se mar just oer. Gabe woe hjar genêze, mar hy wier to slim om mei de doar yn it hûs to fallen: dêrom brûkte er in greate omhael fen forteltsjes, dy neat ta de saek diene, om sadwaende de ljue for him yn to nimmen, en mear yngong to finen, as er einlinge mei de hele hûd útfoel.
Syn omke, dy him wol graech ’ris oan it praten hawwe woe, stelde him foar om ’ris in forteltsje to dwaen fen de reis, dy er foar trije jier ’ris dien hie nei de Dockumer klaei. “Dat haste my faek biloofd, jonge; dwaen it nou; den kinne de fammen en feinten it ek hearre.” Dêr skoarre Gabe earst wakker tsjin oan sa beare, mar de feinten, dy by it feartflagjen wol sjoen hiene, det it in snedigen hond wier, rôpen allegearre: “Dou scilste, Gabe; ef wy helje dy troch de opsleat.” Mar driigjen holp hjir neat; dêr waerd er steech tsjin op. Einlinge komt de gnapste faem út it hele selskip by him, dy lei him de hân op it skouder, en sei: “To, Gabe! dochste it net om it oare selskip, dwaen it den om de fammen; der sit ommers wol frouljuflêsk oan dy.” “Dat scoe ik miene, sei Gabe, en it scoe skande wêze as it sa net wier; mar as it âld folk fen kant is, den wol ik neist dy sitte.” “Dat kin wol lokke,” andere sy him dêrop, en do gong it oan. Hy set de iene hân op syn kreupele skonk, en bigjint to fortellen, lyk as hjir to lêzen stiet.
“Wy hawwe ’ris in arbeider fen de Dockumer klaei by myn âlders hawn, dy alle jierren by ús kaem to sichtsjen, in bêsten pronten keardel! Dat dûrre wol tsjien jier efter ien, mar it lêste jier klage er ús heit syn need, det er mei syn húsgesin fen acht berntsjes fen arbeidzjen allinne net mear libje koe; hy frege ús heit om fjirtich goune jild; dêr scoe er in foech kampke terp to Westergeast for hiere, om ierdappels op to bouwen, en den scoe er ús heit earst tweintich koerfol ierdappels stjûre, dêr ús mem folle fen hâlde, en yn de winter scoe er ús de oare efterstallingen werom bitelje. Omdet it in man wier, dêr nin spyn oan wier, dy ús altyd earlik en trou tsjinne hie, sa waerd him dat jild dalik op in goed gelove ôf tateld. Mar de oare simmer liet er ús in brief troch de skoallemaster skriuwe, det er net komme koe om to sichtsjen, omdet er siik wier; mar it slimste wier, det er ek nin ierdappels kamen do de tiid om wier, det dy út de groun komme moasten. Do sei ús Rommert (dat altiid in bol-David wier): “Dêr ha we de Duvelderij al geande; ik tochte wol faek, dy fine snaek scil ús wol by it foetsje hawwe.” Dat sei er, omdet de man sneins flitich yn ’e bibel lies, dat syn menear net wier. Rommert tipte, keatte, ef koekslingere sneins ljeaver, mar Rommert wier tweintich jier, en Ynte al fyftich. “Dêr scil ik aeijen yn klopje!” rôp Rommert. “Ik smyt moarn it gat op ’e rún, en ryd nei dy keardel ta.” “Dêr scille wy net fen hawwe, man! sei ús heit, dou biste to balstjûrrich yn it oankommen, en to wreed om to moanjen; dêrby biste my ek to swier for dat jonge rúntsje. Lit Gabe dat dwaen; dy is lichter, en rom sa bislepen om mei minsken om to gean as dou; en dêrby mei Gabe ek wol ’ris fen de biezen; dy sit my dochs genôch: dat seit master Freark ek, dy hat in sprekwird, dat is:
Dy al to folle sucht en sit, Op ’e stoel wol nei ’t grêf ta rit.”

GABE OP ’E NOARGER-RÚN FOAR “DE HOUTEN ROMER”.
Dêrom gong dy reis oan. Us mem joech my fiif inkelgounen, en in stik spek en brea mei op reis, mar ik treau yet fiif-en-tweintich goune âld skroarslean by my for de kweade ûre. Ik tochte der koe my ’ris in ongelok oerkomme, en dêrby it is sa mar yn de wrâld gelegen, in folle pong is in frijpas, dy de greatste gaudief for in earlik man trochgean lit, mar in lege pong is in lúsangel. Sa teach ik op reis mei ús noarger rúntsje, dy do op syn edelst wier; it gong ’er hird oer, en de wei wier nei de tiid fen it jier yet al skiklik, mar de loft hong eft er katten spije woe: gallich, kin ik jimme sizze. Ik kom oan in kroechje, dêr hong in greaten houten romer ta út: sa great wier it boppe-ein as in earnamer, fammen; en dy hong mei in swier keatting oan in lange spjirre, dy ta de gevel útstiek as in brebierstôk, en dêr stoe op: Een stuivertje maar, dan benje klaar.
Ik tochte, dat is in skoane mjitte for in stûr, en ik sei tsjin ’t âld wyfke, dat foar kaem: “Scoene jy my ek for in stûr jenever jaen kinne?” Dêr kaem dat wyfke oan mei in romer as de Tjeukemar, en by ongelok dreau it kikkertskroas ’er op; it sloof moast de sleat to bate nimme om in greate mjitte to jaen. Ik sei: “Hwet is dat wyfke?” “O, in lyts bledtsje fen de linebeam, dy lit jinwirch los.” “Kom, jaen it hynzer in bytsje wetter, en my in koaltsje fjûr.” “As ’t jo bljeaft, keapman!” Wylst ik dêr stoe to oanstekken, en to praten, kaem der in lang keardel oanrinnen mei blauspinalen hoazzen oan en in koarte spanbroek; in lange blauwe rôk hie er om, hy hie in hege hoed op, in kattestirt yn de nekke, en hy roun op lege spitse skoen; hy wier sa meager det er wol mei de keninen troch ’e tralies frette koe. “Goeyen avond!” sei de man tsjin ús, en hy hime as in ôfbeund hynzer. “Goeijen avend!” sei ik en it wyfke: “Wel man, hwet binne jy gysten en forbaesd!” “Ei ja, wat duwel! sei de man, ik loop my de bonken haest uut it lyf; ik hef in slagtbeest koft van Doede, dat suud fan daag slacht wudde; en al wie dat komt, Doede komt niet. Myn buurman de kuper suud er de helte fen hewwe; die is al soo heislike kwaad. ’t Is om tureluursch te wudden. Ik bin soo flau as in beest; ik hef by myn nicht te Aalsom al twie pekelhearingen der in slagen. Frou, geef my in glas bier!” “As ’t jo bljeaft!” en even rimpen as de man, tapet se him yn in glês, dêr in dea mûs yn laei. Sûnder wilens slacht de man dat glês bier mei de mûs der yn nei binnen ta. Earst waerd er bont en blau om ’e holle; mar hy kokhalze hwette, en do rekke de mûs ’er troch. Ik hie dy mûs wol sjoen, mar ik tochte, dêr scil dy stedman wol foar opstrûpe. Dea-binaud wier dy man! Ik sloech him sêft op ’e rêchbonke, en sei: “Man, jy drinke to stjelpich.” “Né, rôp it wyfke, der laei in bytsje kien op it bier, dêr is de man yn forsketten.” “Poepeldery! rôp de man, ik weet wel wat it weest is, die duwelsche brouwers te Dockum! ik ken se wel, want ik bin sels in Dockummer, die suwere hoor bier niet goed fan de hop, it is in hopblaatsje weest, dat my inne hals seten het.” Sa moast it wêze, sei it wyfke, en sa koe de man mei syn deade mûs en twa pikelhearringen yn de mage wer fierder reisgje.
Nei ’t ik my wize litten hie hwer Ynte wenne, ried ik nei de man ta. Ik hie al fen it wyfke heard, det dy ljue danich yn omslach sieten, mar ho bisaude ik, do ik yn dy wenning ynstoep. Seis earme berntsjes sieten om de hird, heal neaken. It wiif, dy just de goarre trochstien hie, siet mei in tekken om, en hie nin lust om op to sjen. Einlinge waerd de bêdsdoar iepene en dêr seach Ynte ta út. Syn ynfallene eagen boarstten de trienen ta út.
“Biste dêr, Gabe! sei de man snikjende: Ik bin bliid, det ik dy sjoch, en kel derby; ik wit dyn boadskip foarôf; dou biste altyd in minske west, Gabe, en mear as in minske, dou wierste in minskefrjeon; mar as men jild oan de minsken skildich is, den binne ’t nin minsken mear, mar divels.” Dêr stoe ik nou: it roun my iiskâld troch al myn lea; it meilijen oermastere my sa, det my de wetterlanders oerrounen. Ik koe myn triennen net ynhâlde, en nin wird útsprekke. Mar ik spriek ynwindich tsjin my sels: Scilstou, Gabe Skroar, noch in minske wêze, ef in divel? en ik tochte oan de wirden fen mynhear van Haren:
Hoe velen is nog min geluk beschoren, Die d’ysren armoe fel met scherpe tanden byt, Die nacht en dag het kermen horen, Van ’t teder kind dat honger lijdt! Heeft d’ aarde dan geen voedzel voor ons allen?

GABE YN ’E WENTE FEN YNTE.
En ik sei tsjin my sels: “Né, Gabe! dou scilste in minske wêze; hwent dou kinste hjir mear wêze as in minske; dou kinste in Ingel wêze.” Ynte forhelle my do, det syn wiif en hy tagelyk siik wirden wierne, en det er al syn jild formastere hie, en det syn ierdappels fortribele wierne troch de droechte; hy hie de bysitter ek al oanwest om ûnderhâld, en dy hie bilove det ’er yn foarsjoen wirde scoe; mar mei det nou de hazzejacht ynfallen wier, hie de man it glêd forgetten, en it wier by biloven bleaun; en mei det er de hele simmer fen de baen west hie, sa wier fen de heawinninge ek net komd; hy hie oars fjouwer aerdige kijkes stean, dy him yet al troch de winter slepe koene, en nou scoe er dêr twa fen forkeapje moatte. “Och, Gabe, suchtte de man, as goede minsken my net bysteane, den moat ik dizze winter mei myn earme berntsjes omkomme: ik kin net betterje fen swierichheit, ik lit earmen en skonken hingje, en wachtsje myn lot hjir boppe wei: wistou ek rie, Gabe?” Nou tochte ik by my sels: Dy man kinste helpe aste wolste, en aste dy man fen dizze winter mei syn earm húsgesin omkomme litste, dat hastou for dyn rekkening, en it scil dy ivich as in stien op dyn gewisse lizze. Ik wol ljeaver de lêste stûr weijaen as onbarmhertich wêze, tocht ik. “Ja, Ynte, sei ik, ik kin jo helpe, ik wol jo helpe, en ik scil jo helpe; mar net prate fen hânnen en foetten hingje to litten, om as in bult fodden foar ’e wyn ôf to driuwen, hwent dy komme onaris op in rúchskerne ef yn de jarredobbe to lânne, frjeon! Jy hawwe fjouwer bisten, en mar for twa hea; wol nou, ik haw in moai klibke hea to Skraerd sitten; dat haw ik yn it foarjier yn in boelgûd koft. Stjûr jins broer mei syn pream mei tweintich koerfol Westergeaster ierdappels for ús mem: den is dy ek to frede, en lit him den dat hea fen Skraerd helje en bringe dat oan jo; den hawwe jou bisten fretten. Dêr hawwe jy foarearst yette twa trijegounen om jo hwet út de earste need to helpen, en as je dêr dy feare kou útmolken hawwe, dy dêr stiet, den stjûr hjar ús wer; wy moatte takommene jier dochs in weidkou hawwe. As jy den it gelok hawwe, det je wer opfleurje, den kinne jy werkomme to sichtsjen, en sa kin de rekkening wer goed komme. En nou scil ik yette in goe’ wird dwaen for jo by de master, dy oer jo giet.” “O, Gabe! rôp de man, ik hoef nin medicinen mear; ik kin wol betterje fen blydskip.”
“Dat haste ’ris gnap makke, sei syn omke. Gnap, gnap!” rôpen se allegearre troch de hele skoalle. “Net al to gnap, andere Gabe; hwent as frij feint hie ik him alles skinke en forearje moatten, mar om de hele winter it gejeuzel fen ús Rommert net to hearren, woe en doarst ik it net dwaen.”
Ien fen de fammen, dy hwette weak fen aerd wier, en dy op it hearren fen de earmoede en ellinde fen Ynte soms al djippe suchten litten hie, frege hastich oan Gabe: “en ho is it tonei mei Ynte gien, dy earme stakker?” Opperbêst faem, sei Gabe; hy is opfleure, en hy hat yette twa simmers by ús sichte, en hy is yn ’t forfolch yet in wolsteld boer wirden op in nuvere menear.
Hy hie in ryk omke yn de Trynwâlden wenjen, dy nin bern hie, mar hy mocht Ynte net lije, omdet er him de wierheit wol ’ris opsei oer syn goarjen. Dêrom hie Ynte noait tocht, det er dêr in stûr fen erve scoe, mar dy man wier lyk as de measte gjirrige rike ljue, freeslike bang for de dea, en hy woe net testamintsje, omdet er miende, det it mês den for him klear laei. Mar do oerfoel de man mei de seine him onfoarsjoens, en it libben gong ’er út wylst er in leppelfol brij yn scoe; en sa waerd Ynte yn syn steed boer to Moarmelswâlde, dêr ik forline jier by him út-fen-hûze haw; en nou jowt er my altyd de bynamme fen bysitter; “Hwent bysitter scoe yn myn need foarsjen, seit er, en dou haste it dien.” Mar gjin minske licht dêrom de hoed for my, al binn’ ’t ek noch sokke greate eagentsjinners.” Master, dy de prûk al min ef mear op ’e side bigoun to krûpen sei: “Hawar, Gabe! priuw ’ris mei my; dou kinste prate as in pastoar; mar dat fen dy keardel mei de mûs yn it bier, dat roun der by troch, maet.” Hwerop Gabe sei: “’t Is wier, master; mar it wier in hele reis alleheel en al tichte by Bolswert wei nei de Dockumer klaei ta; dêrom pleistere ik efkes, en omdet ik bang wier, det it jimme ek sa gean scoe, nou pleistere ik ek ’ris mei myn forteltsje; en dêrby, dy in strou om in aei, en in forteltsje om ien lyts flouke bidjert, dy is net felle wiis. Mar, master, det er greate dingen troch in lyts kielgat gean kinne, dat hat in neef fen my ’ris ûnderfoun: dat wier in kofskipper, in lichtmis fen in keardel, dy gâns âlders erf hie, dy dêrby forskate oanstjerten krige, en yn it bigjin heel gelokkich op sé wier: dy brocht it sa fier, det er mei in gnappe koffe mei in lading Rigaske balken to Amsterdam kaem. Dêr forkeapet er skip en lading, en jowt him oan it rintenieren, mar syn lichte sinnen fordwaelden yn dy greate bûrren. Hy rekket oan it swieren en slampampjen, en hy lapet ’er syn hele boel yn koarte jierren troch.
Do er mar in stûr mannich mear yn de bûse hie, do gong er nei in dokter ef master ta; dy frege er eft er him ’ris yn de kiel sjen woe, hy scoe wol in splinter yn de kiel hawwe, tocht him. “Een splinter in de keel, man? spriek master, Daar heb ik nooit van gehoord, maar wel in de handen.” “It moat dochs sa wêze, sei myn neef, sjen der mar yn op.” De master seach him yn de kiel, mar hy seach neat. “Den moatte jy it yet ’ris tige bisjen, sei er, en de master drukte him de tonge mei in plat izer del. Mar de master sei: “Ik zie niets, volstrekt niets; maar hoe is het mogelijk, dat je op dat denkbeeld komt, vriendje?” “Wol, mynhear, spriek myn neef do, dêr is in koffe fen njoggentich lêst mei in lading Rigaske balken der yn mei seil en treil trochflein, en nou liket it my nuver ta, det er net ien lyts splinterke fen hingjen bleaun is. “Ja, vriesje, sei de master, ik geloof, dat het je begint te reutelen; loop naar het buitengasthuis bij de gekken; daar hoor je te huis, maar niet bij mij.” En dêr hie de master dochs ongelyk yn; by de gekken hearde neef net, mar by de swiften en doognetten op in oarlochskip. Myn neef hie wirk it laitsjen yn to hâlden; hy roun hird ta de doar út, en hy forronsele him nei Eastynje. Dêr libbet er nou yette as siketreaster op it eilân Ambon; hwent hy kin sa de man wol, den út it Hegelied, en den wer út Jeremias.” “Dat is ek in biis west, Gabe; gjin hier better as dou,” rôpen se de hele skoalle troch. “Nou, dat is ta dêroan ta, mar ik forhelje hwet ik wit, en mear kin ik net; en dy dat ek wol is in gek. Mar ik scil nou mar fen Ynte Sapes ôfstappe; dy man wier nou bisoarge. Mar nou moast ik ûnder tek; hwent by dy earme minsken koe ik net bliuwe, en dêrby woe ik Ynte syn master sprekke. Ik ried nei in doarp dêr tichte by; ik seach in âld weardshús, en dêr hinge in boerd út dêr hwette op stie; mar dat wier forwettere troch waer en wyn, det ’er neat mear fen to biskieden wier, as oan de iene side in kattekop, mei in healfearntsjekantsje oan de oare kant fen it boerd. Tonei forstoe ik fen de kastelein, det ’er op stien hie, oan de kat syn kant:
De katten branden zich aan brij.
en oan de oare side:
De menschen branden zich aan mij.
Ik sprong fen it rúntsje en rôp: folk! Dêr komt de kastelein oan, in great keardel mei in wyt kyltsje oan, op houten klompen en mei in great swart rûge mûtse op; hy brocht myn rúntsje op ’e stâl, en dêr skrobbe ik de foetten ôf. “De diker! sei de man, dat is in rúntsje as in jifferke yn ’t flewiel; in edel ding! Nou, it liket my ek ta, det in goed hynzer jo wol past; dat stylwirk stiet der al hwette strampelich by mei jo.” Sjê, dêr moast ik my dalik myn kreupelheit al forwite litte. “Mar, kastelein; sei ik, kin myn hynzer it hjir goed hawwe?” “Jy hawwe nearne mear nei om to sjen, hwent ik hâld mear fen in jong hynzer as fen in âld wiif; ja, sels al wier it in jong frouminske, den moast hja der yette al moai by wêze, scil ik ’er mear fen hâlde. Gean jy mar nei de keamer ta.” Ik traepje de holle stiennen gong lâns, mar do ik just by de keamersdoar kaem dêr hear ik in frouminske forheftich roppen: “Aste der yn komste, den hou ik dy mei de bile foar de kop!” en ik as de blits dêrop wer nei de stâl ta nei de kastelein. “Ho nou! sei dy, dooch it dêr net better, det je sa gau werom komme?” en ik forhelle him de set. “Dat klinkt nuver, sei de man; den moat ik ’ris mei,” en do waerd ús ’t ding klearder. Dy hospes dêr dy wier ek skjippeslachter; hy hotte just syn bile do ik mei it hynzer foar de doar kaem, en do lei er de bile op ’e tafel om my to rêdden; it wiif siet to smoarranen, en dêr stoe in pôt met rie snien smoar ûnder de tafel en dêr woe in lyts mophountsje fen frette, en dêrop wierne dy wirden fallen, krekt do ik de klink fen de doar yn de hân krije scoe. Do ik yn de hoeke siet, easke ik koffy om to bikommen, en do bigoun it wyfke to kleijen, det de koffy sa yn de mounle omdwarle: sa sei se: “Onwaer krije wy wis; hark’ris, hwet kreaket it úthingboerd, en de kat hat hjoeddeis al sa yn de beam opflein. Dêrmei komt de kastelein, en dy frege my al dalik: Hwer is jins pas, jong feint? it bistjûr nedicht ús ’er ta om it to freegjen.” Ik liet him de pong sjen. “Goed, sei de hospes, dy bringt dy troch alle lânnen; ja, troch it fagefjûr en de hel.” Ik tochte, dou biste in nuveren kastelein; en do forhelle ik him dalik hwer ik fen dinne kaem, en hwet myn reis wier: hwent ik seach wol, det it in man wier, dy my wol paste: en do sei er ek: “Nou, it is goed; ik wit nou hwa ik ûnder myn pannen hab: dou moaste dy nou mar nei wenjen sette; dou scilste it hawwe as in soan oan hûs.” Hy joech my in âld jas oan, in blauwe sliepmûtse op, en in pear âlde útdroege toffels mei skjippebloed ’er op oan de foetten, en sei: “Hawar, dêr haste in lang piip.” Mar de piip wier net klear, en ik sûgde en helle, en it holp net. Do joech de kastelein my in nijen ien, en sei: “Hawar, heite; dêr is in oaren, mar ik ried dy om takomme jier ’ris nei Boarnwerder merke to riden, om in nije sûchlape; dy wirde dêr forkoft.” Ik sei: “Is der op sa’n lyts doarpke yet in merke?” “Wel ja, man; wiste dat net? sei de kastelein. Dêr is foar jierren, do ik yet in jonge wier in mirakel bard, dêr alleman him oer bisauwe moast. Der wier in âld soldaet fen ’t regiment Oranje-Friesland, dy to Dockum wenne, en dy in houten skonk hie; dy, omdet de man fen syn pensioen net libje koe, him mei swevelstôk-meitsjen en pluchsnijen genearje moast. Dêr koe er yette net fen bistean, ef hy moast it flearhout, dêr de man syn pluggen fen snie, der by kape; hy hompele by jountiid ta de stêd fen Dockum út nei Boarnwerd ta, en dêr seage de man in great fleartûke fen in boerehieminge ôf, mar hy waerd bitrapt en dalik mei fleartûke en al yn de toer set. De moarnsier, nei det er goed útslept wier op in gruze mannich strie, waerd er út de toer litten, en dalik foar de doarpsrjuchter brocht, en dy frege him, hwet er foar hie? “Wel, sei de man, ik wiste det it moarn Boarnwerder merke wier, en nou woe ik de ljue hjir ’ris to fiter hawwe, en sette dizze maibeam op ’e toer.” “Dou dy maibeam hjir op ’e toer sette? Dêr forsjen ik in goune op.” “Jaen my de goune mar, as de maibeam net op ’e toer komt, sa set my der den mar wer ûnder.” Hy kriget de goune op hân, en kladdere mei fleartûke en al yn de toer op, en do er boppe op ’e nael fen de toer kaem, do boun er syn sek mei pluggen op ’e rêch, en dêr in great bosk swevelstokken boppe oerhinne, en do gong er skonkjeoer op ’e fleartûke sitten. Do lichtte de man syn hoed, en hy sei: “Ik tankje de boargers fen Boarnwerd for de húsfestinge en it reispenningske.” En sa fleach er nei Dockum ta by syn âld wiif wer foar de doar.” “Nou, sei de kasteleinske, aste noait leagen haste den dochste it nou.” Jouke gnyske sa hwet, mar ik sei dêrop: “Sêft, sêft, wyfke, rin net to fier, en smyt alles net fen jo; it kin nuver; der binne rare minsken yn de wrâld. Der hat yn ’t jier 1503 ’ris in âld wiif west to Allingawier by de Makkumer mar, dy hiette Houkje; dy hie in jong gnap keardel troud, mar dy op in swarte namme laei, dy it oars skoan dwaen koene: boerkjen en fiskjen wier hjar wirk, mar Houkjen-moi ginde nin minske hwette as hjar sels; hja jage hjar Jakle mar nei it lân ta, en siet sels mar yn de hirdsherne to spinnen, en iet en dronk fen it allerswietste en bêste iten en drinken, en as de man den út it fjild kaem, den koe er nei de sûpmogge ef nei de waiboaits rinne, en ite dêr syn droege brogge by op. Op in jountyd komt er wakker forklomme oer iis fen Makkum ôf; der wier nin fjûr op ’e hird, nin lampe opstitsen, sa siet se as in flearmûs yn de skimering troch it finster to mikerjen en to spinnen, hwent dat koe se by de fiel dwaen. Hy sei, goejoun, mar hy krige mar kwalik in goe’ wird werom. “Haste wer neat klear? hwet bin ik in ongelokkich minske; ik bodzje de hele lange dei, en dou tinkste mear om dyn spinwiele as om my. Jaen my dochs hwet waerms.” Do sei dy fekke: “Men scoe ’t sizze! kinste dyn sûpkop net by it hirdtsje sette? Den haste hwette waerms: dou kinste dy altyd wol rêdde, dwaen it nou ek mar, ik moat oan myn wirk bliuwe. Fea, sa’n omslach, en dat by ontiden, men scoe ljeaver by de hoanne op ’e toer wenje, as by sa’n keardel astou ien biste. “Dêr kinste wol komme, sei Jakle mei in driigjend lûd, en aste wolste, joun yette.” En sy spitich en skeetsk: “Dat scoe ik wol ’ris sjen wolle fen sa’n ierdmantsje.” “It scil dalik oangean, sei hy, en hy smit syn wiif mei de spinwiele en in bindel flaeks yn de kroade, en kroadet hjar by de toer fen Exmorra op. Hy plantte hjar en de spinwiele op de toer, en sei: “Dêr sitte nou twa húsdîvels; spin nou dêr dyn tried for it ivige libben wei, âlde tsjoenster.” “O Jakle, dy tried scil dy yette sauntich jier nei dyn dea pleagje!” rôp Houkje him efternei. “Sauntich jier! tocht er, Sauntich jier! Ja wol, âlde iegewiege; dou biste yet net heal fordroege op ’e Exmoarster toer, ef ik haw in ljeaf jong frouminske by my op bêd. Fries dêr út op dy âlde toer! fortoarje! forronfelje en forskronfelje! En dou âlde trouwe noardeastewyn, strui hjar mei spinwiele en flaeks as yeske oer de mar, en sa nei de sé de Fryske wrâld út. Lit se spiele en driuwe tsjin de klippen fen Yslân oan; hwent ik haw myn nocht fen dy âlde têst.” Jakle kaem wer fen de toer ôf en brocht syn kroade thús, en gong op bêd lizzen en slepte; mar Houkjemoi waerd de oare deis dea op it tsjerkhôf foun mei de spinwiele neist hjar. It sizzen gong, det dat sloof nei in nift fen hjar út to spinnen en út to joun-praten scoe, lyk as do menear wier, en det se hjar fen de kjeld bijown hie, lyk as mear bard is yn hirde winters. Houkje waerd bigraven, en Jakle troude ytlike wiken dêrnei in jong wyfke, dêr er frij goed mei libbe, mar hy gong dochs ivich mei de kweade om. Op in jountiid, ek al yn de wintertiid, siet er allinne yn syn fjûrherne to netbreidzjen, en dêr komt ús maet oan mei syn hynstepoat, en dy seit: “Joun, Jakle!” “Joun, mynhear! seit Jakle. Hwet wier der fen jins bijeartme.” “Wel, sei Joast dêrop, ik haw hjoed in forkeard miel hawn; ik haw earst in Domenij briede litten, mar dy wier my to meager; do in Docter yn de medicinen, en dy stonk my to folle nei rhubarber en knyflok; do pakte ik in Abbekaet oan, mar dy wier my ek to bienbitich, en om dy de wierheit to sizzen, ik wist net eft ik fisk ef flêsk foar hie; do krige ik in boer foar it mês, mar dy wier my ek to laf; en nou kom ik by dy om in soad fisk.” “Goed, mynhear, sei Jakle; it kin lokke.” En hja gongen mei eltsoar op de mar, dêr Jakle bitten kapt hie, en dêr fiske er mei setangels. It earste bit it bêste sei Jakle al: “Dy strampel is ôfroun: hjir scil wol ien oansitte.” Hy niicht him foaroer om de snoek ’er ôf to krijen, mar syn tiid wier om: de kweade man briek him de nekke en treau him ûnder it iis, en tonei hat er wol tachtich jier dêr op ’e wâl omspoeke, krekt sa lang as de lêste tried fen al ’t webdoek, dat syn Houk him oanret hie, forsliten wier, en dêrom wirdt it dêr yet altyd neamd fen Jackleset.”
“Fij, Gabe! rôpne alle fammen yn de skoalle, hâld dêr fen op; dat is ôfgriselik.” “It is ek krekt út, fammen, en de kasteleinske praette krekt as jimme, mar master skynt it net to grizen; dy hat it fel al oer ’e eagen.” En do laken se allegearre. Mar de kastelein lichte syn rûge mûtse, en sei: “Dou hast it woun, Gabe heite, fier woun; dou kenste mear, en ik scil dy moarn wer op de tekst bringe, mar dou biste nou sliep nedich; ik scil dy op bêd bringe. Wy hawwe joun in oansit, en as dat den hwette lûdroftich wirk waerd, den koeste soms net yn de sliep komme.” Wy gongen mei eltsoar in âld rammelich treppen op, en do brocht er my op in âld hol keamer, dêr neat op stoe as in swier langwerpich tafel mei draeide poaten, ien dêr wol in okse op slachte wirde koe sûnder to brekken. “Dit hat alear in weerhuis west, sei de kastelein; dêr is dyn bêd, Gabe, en as it gefal wol, detste moarn to ier wekker biste, en it fortret dy op bêd, gean den yn de jachtweide; dêr stiet in sjoeltafel, en dêr hinget in ringheakking; formeitsje dy dêr mei.” “Ik tankje, kastelein,” sei ik. Ik tommele yn it fjouwerkant, en slepte as in roas yn ien sé oan lân, krekt as in minske dy nin geweten hat. Ik waerd wekker in ûre foar tsjerketiid: hwent it wier krekt snein. En ik roun út nijsgjirrichheit ek al nei tsjerke ta, lyk as de measte minsken dwane, dy fen ôfkomste ef gewente der ek al hinne traepje. Op oanrieden fen myn kastelein gong ik ’er tweintich minuten letter hinne as it oare folk. “Ik bigryp it is dy om de woartels to dwaen, en it lof laeit dy net oan gelegen: it gebet, sei er, is altyd it selde sont fiif-en-tweintich jier, det de man hjir stiet as domenij: it dûrret sa hwet tsjien minuten foar it sjongen en oare byspillen. Meitsje nou dyn rekkening.”[45] Krekt do ik yn de tsjerke kaem, do kondige de man de tekst ôf, en dy wier, det it makliker gean scoe, det der in kemel troch de oes fen in niddel gong, as det der in rike yn de himel kaem. Do er de tekst forklearje scoe, do rôp er: “Geliefde toehoorders, gij allen weet wat een naald en het oog van de naald beduidt; gij weet ook wat een kemel of kameel beduidt, maar hier op deze plaats wordt niet een groote, levendige, gebochelde kameel beduid, maar een fijn draadje van kemelshair. Begrijpt ge het nu?” Ik lake al yn myn fûst, mar ik tochte, ik scil en wol dy preek dochs úthearre. Dat preekjen wier allegearre al in nuveren biddeltekken, mar ik haw ’er mar in bytsje mear fen heard. Hwent it dûrre mar in eagenblik, do kaem der in freeslyk geraes en gemoart ûnder de frouljuestoellen. De frouljue spattene oerein; de stoven rekken om, en de yeske stau oer de tsjerke, en de domenij hâldde op fen preekjen; en dêrmei kaem in lyts parmantich keardeltsje mei in houwer op side en in stôk yn de hân by de tsjerke-doar wei, en dy rôp je fen fierren al: “Hâld faesje, domenij! de houn scil der út al wier er fen de divel.” En nou, kin ’k jimme sizze, waerd it my to mâl, en ik roun yette hirder ta de tsjerke út as de houn; de biisjager siet my net efternei, mar it laeitsjen. Do ik sa gau werom kaem rôp de kastelein fen fierren al: “Hwet nou? biste nou al út de leare?” Ik forhelle him de grap en hy lake mei my, mar do ik him de tekstforklearringe forhelle, do fleach him it bloed yn de eagen, en hy sei sa forheftich as er koe: “Nou hat den donder him sels skjinmeitsje wollen. Ik bigryp him wol, heel wol. Domenij hat lânnen en grounen; hy wennet mei in âld faem allinne; hy jowt nin duit oan de earme minsken, en libbet sa earmhertich det it in skande is. Hy yt soms grouwe earten mei lang sop, en den lit er dy âld faem it sop for koffy opdrinke; hy kriget soms wol ’ris in stik mest kealle-flêsk, ef in poepeskinke út de stêd, mar dy wirdt dalik op ’e studearkeamer efter it slot set: mar oars komt der noait nin winterflêsk yn hûs: mar as der folle hearringen komme, den wirdt de skoarstien sa fol hearringen hinge, det de reek der mar amper troch kin, en dy hinget er sa heech, det gjin minske der sûnder ljedde by komme kin; en dy ljedde berget er yette op ’e studearkeamer, dy ivich op it slot sit; hwent dat is egentlik in provisiekeamer, dêr al syn lekker iten en reade wyn op bisletten sit. Lyk aste sjochste, Gabe,” sei er, “hy wennet midden yn de klaei, en hy slacht dochs winters neat as wâld-ierdappels op, en den sit er de hele joun mei in pear greate klompen mei hea der yn, en foetsokken fen sâltsekken oan, by in lyts fjûr, om dy wâldierdappels om it hirdtsje to brieden; en dêr ite syn âld faem en hy den elts in hearring ta: mar as er net genôch nei syn sin kriget, den giet er tonei ’ris eventsjes nei syn studearkeamer, net om preken to meitsjen, mar om de lege hoekjes fen syn mage oan to follen, wylst de âld faem by my ef in oar rint om in stik brea op to skoaijen, dat earm sloof!” Do sei ik: “Den ha jy as slachter ek net folle oan de man?” “Ei man, sa goed as neat, sei Jouke; forline hjerst do slachtte ik in âld baerch; nou, it spek doarst er net fen keapje, mar it ôffal, lyk kop, poaten en de stirt, dat wier hearlik, tocht him, op ’e winter by syn koalrapen; hwent men moat him de eare neijaen, det der nearne better koalrapen forboud wirde as by him; as syn preken ek sa goed wierne den wier er al lang prefester west.” “En ho gong dat mei dat barge-gûd, Jouke?” “Dat waerd yn it sâlt set,” sei Jouke, “mar hy hâldde der in barge-ear út; en dêr hawwe hy en de âld faem trije kear fen iten. De earste kear is ’er sop fen sean, de twade kear hawwe se it bûtenste swaerd en it bytsje spek, dat ’er op siet, by de ierdappels opiten, en de tredde kear moast de âld faem it knarsbien mei sipels opsnorkje, en meitsje der in krouske fen om jouns by de brette ierdappels op to smullen. Ja, Gabe, hy is sa heidenske gjirrich en oerginstich, det er nin miet fen is. Forline jier miende er einlinge det er forroppen wirde scoe, en do helle er de greate beane wer ta de groun út, dy al útroun wierne, en dy liet er syn âlde faem siede, sa bang wier er, det syn opfolger dêr de frucht fen rispe scoe. Okkerdeis is syn mem stoarn, dat minske wenne oan de Harnzer kant; dat sloof hat lang omtierme foar det se ta stjerren komme koe. As er der den ’ris hinne reisge om hjar to bisiikjen, den koe ik, as er werom kaem, bynei altyd wol riede, ho it mei de patient gong: hwent as er bidrukt werom kaem, den wier it hwette better, mar as er forkearde tafallen west wierne, den wier er fleurich: sa langhalze er nei it jild fen it minske, dêr de man dochs noait nin gebrûk fen nimme doar, en dat him earder minder as better makke hat. Mar einlinge, do it minske ’er útskaette, moast hy de leedbrieven skriuwe. Dat papier en dat lak like him to bigreatsjen, en nou naem er fen de Dockumer skipper fen eltse brief in dûbelstûr; dat hjitte útsketten jild. Dat wier fyn, net Gabe? Mar bigrypste nou wol, hwerom det er dy forgelikenis fen de kemel en it oes fen in niddel oars forklearje wol as in oar?”

GABE FOAR DE SJOELBAK.
“Nou, seine de ljue yn de skoalle, den hawwe wy in oar Domenij. Dy praet net allinne, mar hy docht.” “My tocht, wy moasten de gesontheit mar ’ris drinke fen Domenij en pastoarke,” sei Gabe. “Den moaste ek ’ris rêste, heite,” sei omke. Dat diene se, en do bigoun Gabe wer. Do dit forteltsje fen Jouke-kastelein út wier, do bigoun it to reinen. “Hwet hear ik dêr? sei ik, rein, Jouke?” “Ja wis, rein; reine moat it hjoed as de sé: dêr hat de loft krekt nei stien.” “Dat moeit my: ik woe ljeaver, det it sa net wier.” “Hear i’s, Gabe,” sei de hospes, “dou moaste mar tinke as it wiif alear to Dockum. Dy hjar man waerd ophinge, omdet er it der nei makke hie; dat wiif sei: It is altyd moai waer: reint it, den groeije myn koalplanten, en droeget it, den droeget myn man oan de galge.” “Ja, mar ik woe graech joun yette to Ljouwert weze.” De man sei: “Dou moaste op in snein net reisgje, Gabe; dou kinste ek net mei sa’n waer.” “Ik haw it al sein, sei de kasteleinske, det it waer foroarje woe. De kat fleach sa yn de beam op, en de koffy dwarle yn de mounle om.” “Ja, sei Jouke, ja, moeije, en de houn friet gêrs; mar dou bliuwste hjir, Gabe. Ik krij hjir joun in geselskip, dêr kinste dy genôch mei formeitsje, mear as to Ljouwert: en dêrby aste mar mei dei foart-tsjochste, den kinste mei dyn flugge rún yn ien dei bêst oer, en dêrby rint in hynzer altyd hwette luftiger as it op hûs oan giet, as det it der fen dinne giet.” En wy ieten en dronken, en spilen op it sjoelboerd; wy smieten nei de ring, en sa roun dy dei oan de joun ta to’n ein: en do roun ik by de kastelein yn de stâl, dêr myn rúntsje ôffoerre waerd.
Do ik dêr wier, sei myn húsbaes Jouke: “Hear ’ris, Gabe; ik haw jisterjoun oan dy fornimd detste masterlik ien stâlle en opsnije kinste. Wiste ek in forteltsje fen Dockum?” “In gnappen, Jouke, sa gnap as jy noait ien heard hawwe, hospesom. Mar hwet woll’ jy dêr mei útfiere?” “Wel, heite, wy hawwe hjir in ontfanger yn it doarp; in ryk man, dy ek sa hwette fetweider is, en dy hjir gânsk de brette hoanne spilet, en dy folle ljuwe foar eagen hâlde moatte, omdet er hjar de foet dwers sette kin. It is in Dockumer fen geboarte, en dy smyt wakker mei syn geleardheit om; en omdet hy folle lêst en ik neat, sa set er my alle jounen sa faek as er hjir komt oer staech. Dy kinste noait better genêze as detste op Dockum smeulste. Dou moaste dy earst mar simpel hâlde; ik scil dy wol stevigje.” Sa sein, sa dien; de jouns om fiven en seizen kamen der al forskate healútlibbe âlde boeren op toffels oandribbeljen om in sûpke. Aftersteekjes hiene se op, sarjes rokjes oan, en inkelde hiene blokjes oan de piip, en stopjernen prûken op. Einlinge komt ontfanger ek, in steil en parmantich Dockumer, mei in hege hoed op, in lange blauwe rôk oan mei in freeslik tsjokke wite kropdas om; koartom in man nei de mode fen syn tiid klaeid. Hy naem dalik de hoeke yn, en hie ek dalik it heechste wird. Dy âlde stakkers, dy mei him yn de rige sieten, diene it swijen der ta, as ontfanger praette, omdet se neat wisten, en al wisten se al hwette, den doarsten se yette net. Hja wierne âlde Friezen, dy foart alles net seine hwet se wisten. As er hjar hwet frege, den seine se mar: ’t Is sa, ontfanger. En dat bloes de man den yette mear op. Ik hie de hoed yn de eagen litsen, en siet mei de toffels oan yn de hoeke op in âld briedstoel mei in holle matte der yn, en dêr hong ik sa sleau hinne, eft ik heal nôch wier, mei de holle op ’e side, wylst my de flibe ta de hoeke fen ’e mûle útroun. “Wie is die persoon, Jouke?” sei de ontfanger al gau. “O, dat is in feint, dy is hjir jister to peerde komd, en dy om de felle rein hjir hjoed hingjen bleaun is; ’t is in skroar, seit er, ontfanger.” “In schroor, in die te peerte hier? dat lijkt ook raar.” “Ja, mar it is in nuveren feint; it is in gelearde skroar, dat siz ik jo. Hy hat hjir nou in etmiel west, mar ik wit net hwet ik oan dy feint haw.” Geleerde? een geleerd lapschroor? Maar wat bij een slachter geleerd is, dat is het daarom niet bij mij.” “Krekt sa! Krekt sa!” rôpen al dy âlde boeren. Nou bigoun ontfanger to brimmen, en mei de stoel to skikken, en op it lêst flapte er forheftich mei de bierkanne, det ik kwanskwys wekker waerd, en in pear forbaesde eagen opsloech. En nei de gewoane praetsjes foel de man dalik oer my hinne mei alderhanne praetsjes en fragen. Einlinge frege er my, eft ik ek Latyn forstoe. “Al sa min sa mear, ontfanger,” sei ik dêrop. “Nu, lees dan is op, heer snijder!” sei er spytgniizjende, wylst er de âld boer, dy neist him siet, mei de earmtakke oanhompte. En dêrop sei ik mei in kleare stimme:[46]
“Integer vitae, Mem, hwet scille wy ite? Scelerisque purus, Al hwet op it fjûr is. Non eget Mauri Sûpen-brij mei groat ’er by Pharetra sagittis. As it net to hjit is.”
“Ha! ha! domme kinkel! wie heeft u gezegd, dat dat Latijn is? Het is Latijn in boersch.” “Wel, mynhear, dy it my leard hat, dy hat it my sein, sei ik dêr boppe oer hinne. Mar wit jy it út jo sels, det jou Latyn better is as mines, mynhear?” Koartom, dat Latyn hie ontfanger net foldien, en hy hie er sels de gek mei. En do frege er my, eft ik ek Gryksk forstoe? en ik sei dalik: “Sa goed as de bêste skroar fen Dockum.” “Laat eens hooren,” sei de man heel permantich, en do bigoun ik fen degen oan:
“Liepai kâi skriers-ai Tjirk-ai kai grieneskyl ein-ai.”
“Ha! ha! allemaal eijers! Hoe komme de minschen er bij om jou dat voor Grieksch te verkoopen? Ben je zot, kareltje? daar is maar één Grieksch woord in, en dat is het woordje kâi dat en beteekent.” Ik sei: “Mis, ontfanger! Us Domenij sei, dat einai it twade is, en dat bitekent zijn. En jy hawwe my niis frege, eft ik sot wier; mar ik freegje jo, mynhear; eft it net gek is, det in skroar Gryksk leare scoe. Forsteane de Dockumer skroarren dat? Ik haw oars wol sizzen heard, det dy nin goed krús yn de broek sette koene.” En dêr waerd ontfanger al stikelich oer; hwent hy koe gjin kwea fen Dockum hearre. Einlinge smiet de hospes der in kneppel yn, en dy sei: “Gjin gehaspel mear oer Gryksk en Latyn. Hwent dy dêr fen it measte forsteane, dêr wirdt men onaris it measte mei bidragen. To, Gabe heite; dou haste jister-joun bitoand, detste mastereftich forhelje kinste. Dwaen dat ljeaver ’ris as al dat gehakketak yn eltsoarren om.” “Ik geloof, spriek ontfanger, dat het ook beter met syn boeretrant en verstand overeenkomen zal.” “Nou, sei ik, den scil ik jimme ’ris fen in nuvere grap forhelje, dy yn âlde tiden yn de stêd fen Dockum bard is; it liket raer, mar as ik leach, leach ik yn commisje, hwent ik haw it út in âld boek lêzen.” “Van Dockum? Kom, dat mag ik hoore, sei ontfanger, dat is mijn geboorteplaats.” “Soa, sei ik, it scil de kasteleinske ek better foldwaen as dat fen Jakkele en Houkje.” “O ja, Gabe, dat wier aeklik,” sei se. Mar it kaem dochs oars út; it foldie hjar net, frjeonen; en do bigoun ik dit forteltsje.
“It is bard yn ’t jier 1623, det in skipper mei in lading hout út Noarwegen kaem, en op Iezumersyl binnen roun. Dy skipper hie for in aerdichheit ytlike libbene kreeften yn in koer meibrocht for syn keapman, dy to Ljouwert wenne; dy droech er by jountyd, det it al tsjuster wier, troch de stêd fen Dockum, en do rekke er troch ongelok ien fen dy bisten út de koer to fallen, krekt foar de doar fen in froedsman Grada. De oare moarnsier, do de faem de strjitte oanfeije scoe, foun se dat bist dêr lizzen; hja roun forskrikt yn ’e hûs, en rôp: “Here vroedsman! Kom gau ris voor deur. Here, wat leit dair ien rair ding op strait!” Froedsman mei in reade japon oan, mei de wite sliepmûtse op ’e holle, en de hoazzen op ’e slomp, roun dalik nei bûten. Hy sloech de hânnen yn elkoarme, en sei: “Dit is in mirakel! suud dat ook in jong weze fan die roek, die hier boven in de lineboom nestelt?” It dûrre net lang ef der roun al skielik in heal hûndert minsken to heap, om it skepsel to oanskôgjen. In Catechisearmaster, dy der ek foarbykaem, dy rôp: “Minschen! Minschen! sien it beest dochs niet an; want ik loof dat et de Basiliscus is, daar men fan inne schrift leest; et kon jimme allegaar et leven koste.”—“It mocht in skyt, meester! sei in turfdrager, dy der mei syn koer foarby kaem, Ik hew him al goed in syn freet sien; et stomme beest zal ons niks doen, in die er in mingelen bier voor over het, dan zal ik him daadlyk met de tange in myn korf legge, en drage him waar de vrienden him hewwe wille.” “Dat gait an!” sei froedsman. De tange waerd helle, de kreeft yn de koer lein, en do earst nei de brouwerij om it minglen bier op to nimmen. Dêr fen dinne rjocht út nei de boargemaster mei in sleep jonges efternei. De turfdrager sette de koer yn it foarhûs del, en froedsman gong yn de keamer by boargemaster. Hy spriek de boargemaster mei in heel bidrukte en in heel forskrikte troanje oan en sei “Goeien morgen, Burgemeister!”—“Goeien morgen, vroedsman! jou hier zoo vroeg al over de vloer, man?”—“Ja, Burgemeister! Wy hewwe hier in rair stuk, Burgemeister. Wy hewwe van de morgen in levendig ding op strait fonnen, in gien minsche weet wat ding of it is, of hoe et hiet, Burgemeister. Wy hewwe it metnomen, Burgemeister; et stait in ’t voorhuus, Burgemeister. Wil Burgemeister it ook ’ris sien, Burgemeister?”—“ Vooral in beliewen vroedsman, sei dy hear; Jou wete, seldzaamheden ben ik altoos nieuwsgierig na.” De Boargemaster, dat in biis út de bizen wier, seach dalik wol det it in kreeft wier, mar dy hâldde him yette dommer as froedsman yn wêzen wier. Dy sloech de hânnen gear en sei: Vroedsman! Vroedsman! ik loof dat er ons slimme dingen over et hoofd hange; zoo’n ding staat in gien kronyk beschreven, en zoo lang as de wereld staat is er zoo’n ding in Dockum niet vertoond. Het is een stuk van te veel belang; daarom gevoel ik mij verpligt om nog heden morgen om tien uur de raad te beleggen, om dan te bepalen, wat of wij mei dit monster zullen aanvangen. Jou komme dochs ook, Vroedsman?”—“Ja, wis Burgemeister.”
De moarns om tsjien ûre kamen de hearen by eltsoarren op it stêdshûs, en omdet it sa’n bûten-extranaris ding wier, hie froedsman in skjinne wite bef fen froedsmanske om krige, en dêrby in splinter-nije broek oantein, ien sunder flappe, mar mei in gulfje der yn, lyk as de âlde ljue fen dy tiid droegen: en omdet it âld stedshûs fen Dockum do hwette lek wier, wierne der krekt op ’e stoel fen froedsman Grada ytlike drippen roetwetter fallen, en omdet er bang wier, det er syn nije broek mei dat wetter bismoarkje scoe, sa spraette dy goede man syn wite bûsdoek oer de stoel. Dêr gong froedsman deftich op sitten.
De koer waerd op it stedshûs brocht, en dêr seach elts den beurt foar beurt yn en den gong elts wer op syn pleats sitten. En inkelde fen dy hearen hiene mar just it hert om it onnoazele beest oan to sjen. Do se allegearre wer sieten, do sei de boargemaster: “Heren van de raad van Dockum! De Heren hebben gezien, dat er in onze stad een wonderlyk creatuur gevonden is, en daar men niet weet, welk dier dit is, en van waar het gekomen is, zoo heb ik hetzelve hier gebracht ten einde het advijs van de Heren te horen. Daarom, u, vroedsman, Grada, als de oudste van de raad dezer stad, vraag ik het eerst, wat dunkt u van dit dier?” “Ikke?” sei froedsman Grada, “Ikke blijf bij mijn eerste advijs, dat et namentlik ien van die jonge roeken is, die voor mijn deur dair in die hoge lineboomen nessele; want waar duwel suud et ding anders weg komen weze. ’t Ken ook niet uut de straitstienen kropen weze.” “Daar ben je mis in, vroedsman,” sei de boargemaster, “Mijn zoon heeft onlangs een nest-fol roeken uitgehaald, en die jonge roeken geleken nergens meer op als op oude roeken. Nu is de beurt aan u, vroedsman Inia.”—“Here mistijd, Burgemeister, wat weet ik vroedsman Ynje van vremde gediertens? Ik hew wel zeggen hoord, dat de kanarjeveugels as ze jong binne, dat ze dan kropen; suud et ook in kanarjeveugel weze?”—“Zou een jonge kanarievogel dan groter zijn als een oude?” dat spreekt zich immers zelfs tegen,” spriek dêrop de boargemaster. “Dat weet ik niet, spriek froedsman Inia. “Wy sien alderdegenst, dat grote minschen klein wurde kenne. Myn grootvader is van Burgemeister al bierdrager wurden.” Nou wier de beurt oan de froedsman Starkenbolte, in Grinslander, in ryk man en in fyn man; fyn yn de tsjerke, en fyn yn de wrâld. Hy die deis in lûd gebet oer de tafel, dat in kertier dûrre, en it iten mocht mar in heal dûrje, en dêr hiene syn boden gjin nocht oan. Dy hiene ljeaver in heal kertier bidden, en in kertier iten. Dêrby forstoe er hwette fen de swarte kinst. As de Dockumer ljue mei froedsman Starkenbolte yn it trekskip sieten, en as er den út de skrift bigoun to praten, den hâldden se hânnen op hjar horlogies; hwent as er dat die, den fierde er dy kinst it measte út. Do it dy syn beurt wier om to sprekken, dy sei op syn Grinzers: “Ik wijt nijt, ik leuf burgemeister, dat onze meister Douwe nog geliek hat het, dat het nomentlik in Bosiliskus of in ploagbeest is, daor de Here ons met besuiken wil veur onze zonden en ongeregtigheid, en al et goddeloze vlouken, dat in Dockum daon wert. Daorom hol ik my oan meister Douwe.”—“Meister Douwe, foel froedsman Grada dêrop yn, die het wel eerder de planke mis weest. Voorleden jaar song er voor it bordtsje in de kerk “aller ogen wagten” op in karsmorgen.” Op dy ynfal bigoun de hele rie fen Dockum to laitsjen, mar de boargemaster net; dy moast syn deftichheit ophâlde, en dy spriek do wer: “As er dan niemand van de Heren is, die mij eenige inlichtingen in deze zaak geven kan, zoo laat ons dan nog eens de beide stadsboden boven komen, of die ons ook in dit geval ook nog eens konden dienen. De boden kamen boppe en seagen ien foar ien yn de koer. De iene wier in stakker, dy doarst it bist net bisjen; dy leaude ek steech oan master Douwe. “Ik sal der myn ogen niet na draye, Heren, spriek dy man, want, sei er, as it gien Baesliscus is, dan is et in plaigbeest, die nagts omlope in pest in kwalen verkondige, in ik suud er voor weze om et hele beest met korf in al te verbrannen.” Mar de twade stêdsbode sei rounút, det it in skroar wier, omdet er twa fikse skjirren foarútstiek. “In sienje wel, burgemeister? hy houdt de ogen van die scheren afteruut, omdat er voor alle man niet wete wil, hoe groot of ze binne, krekt as alle schrooren. Mar as it in schroor is, dan is er betsjoend; want hy kruupt, in andere schrooren lope. Is ’t niet wair, Heren? ik zeg mien zin, want daarom ben ik hier ropen.” “Accoord, sei de boargemaster, jou hebbe het geraden, bode; en wy zullen er dadelyk de proef van nemen. Kom, bode; ik had juist een nieuwe rok besteld; het laken is er al voor gekocht; wees zoo goed en haal dat van mijn huis.” Do dat lekken op ’t stedshûs kaem, waerd it oer de flier spraet en de kreeft derop set. Do bigoun er to krûpen, en do moast ien fen de boden mei in skjirre, krekt it selde paed lâns, it lekken trochknippe; en do waerd ’er dalik om in skroar stjûrd, om ’er in rôk for de boargemaster fen to meitsjen. Dizze skroar wier in âlden Dútsker, dy hjitte egentlik Labbenbach, mar hy sels spriek dy namme altiid út als lappenback, en nou neamden de Dockumers him yn de wandeling sljochtwei fen lappenpacker; ik tink wol, omdet er de lappen, dy syn klanten fen rjochten takamen, sels ynpakte. Hy kaem op it stedshûs mei de sliepmûtse yn de hân, en sei: “Koeten morje, mynheer Pirgemeister! En koeten morje, brave Heren al gesamt, Wat heppe te Heren te pefelen?” De boargemaster forhelle oan de skroar it hele gefal, en liet him dat toknipte lekken sjen.—“Tausend elemente! Hundert tausend elemente! Das hat keen mensch ketaan, mar de lebendige teufel. Donnerrontoria, prave Heren! tat is keen tijt, keen roye tijt meer weerdig. Daar kan ik een lappekrone voor de kinder van make, mar keen rok voor de Pirgemeister von Dockum.” Mar do er de kreeft yn de koer lizzen seach, do waerd er yette bleker om syn smelle kieuwen as tsjien bleke skroarren mei eltsoarren; en hy rôp it út: “Kott bewahre, Heer Pirgemeister! soll mich die swernoot straffen, wenn sich solchen peest langer in de stat von Dokkum tolden soltte. Et is de teufel, prave Heren, de lebendige teufel; on wan ikke Pirgemeister war, ik that den hundsfott in de kragt kooyen on versupen him.”—“Heb ’k et nijt said, sei froedsman Starkenbolte, “dat we’t hjir met de kwaode te doen hebbe? Dat komt nou van ’t vervlouken, en kaortspeulen, dat de naotie hier dout; nou loat de Here hem los, en geft hem aan de kwaode over.” “Ja,” sei froedsman Ynia, “as it de kwade is, dan is versupen de baes; want dan helpt gien verbrannen; want die is vuurvast.” En de hele rie fen Dockum rôp fen: “Versupe mar!” Versupe!” De turfdrager smiet de kreeft yn de grêft, en de hele stêd fen Dockum wier bliid, mar de kreeft yette blider. Mar by it einsluten fen de rie hiene se yette in grap mei froedsman Grada. Dy goede man wier troch de sterke oandacht, dy er op it dispút oer de kreeft hawn hie, glêd troch it sin gien, det er syn wite bûsdoek op ’e stoel lein hie, en do er ûnderwilens ’ris efkes de eagen foardel sloech, do miende froedsman, det him it himd ta de gulf fen de broek úthinge, en do hâldde er syn greate roune flaphoed foar it liif, en moffele sa glûpswize dy wite bûsdoek ta de broek yn; mar boargemaster, dy flak neist froedsman siet, en dy de man troch en troch koe, hie wol oan syn forlegenheit sjoen, det der hwet geande wier: dy seach ’ris skean efter de hoed fen froedsman, en do seach er dat hele wirk oan, mar hy liet him neat merke. Dit gebeurde al do se mar just op it stedshûs sieten. Yn it ein, do de Hearen opstean scoene, do seach froedsman ’ris efterom, en sei: “Gunst nog toe! Burgemeister! waar sude mijn witte buusdoek weze?” Mar gjin minske wist it. “Suud er ook onder myn stoel legge; want hy het er op leid, dat weet ik,” sei froedsman. “Sude dat rare ding my die doek ook uet de buusse weg tsjoend hewwe.”—“Om jou de waarheid te zeggen,” sei de boargemaster, “hy sit in jou eigen broek. Zie maar, er hangt nog een tipje toe de gulft uut.” “Ja, waarlyken!” sei froedsman, en hy helle de hele wite bûsdoek ta de broek út. Froedsman krige in kleur as in hoannekaem, en swarde, det er noait wer in broek mei in gulf drage woe, en de hele rie fen Dockum gong laeitsjende nei hûs, mar de boargemaster yette aldermeast.”