← Table of contents
Rimen en Teltsjes

DE LAPEKOER FEN GABE-SKROAR. (continued 2)

Reading edition

Hebel, De wachter-ruf. E. H.

IT BOLSWERTER NUT.

Gabe hie in bulte praten heard fen it Bolswerter nut: de iene sei ’er dit fen en de oare dat, mar dy ’t ’er west hiene seine allegearre, det hja der in bulte nocht hawn hiene. Master, dy der Gabe faek fen om ’e earen tongere, kaem op in eftermiddei, det de sinne al toalle, to freegjen, eft er nou mei woe; dy joun wier de brij wer opskept. Gabe stie earst wakker yn bistân; mar Fetke bôlrinster, dy der krekt by stie en de mûle yn twa hânnen hie, makke der in ein oan. “Kom, kom, sei hja, ik sjen ’t wol oan dyn noas, Gabe. Dou bist’ der sa nijsgjirch nei, detste der wol in langskonke mich om yn ’t gat krûpe scoeste, aste der mar yn koeste.” Gabe lake ’ris om dat snjirdich wiif, en joech tawird. Saskemoi siet noch to skimerjounjen, (it wier djip yn ’e hjerst,) do se de Noarger rún foar ’e sjeas spanden en nei Bolswert rieden. De wei wier as klaphout; it spoar glinstere; it poepesinke skynde wakkere moai; en der wier nin grilke oan ’e loft. Hja spanden by in boer fen hjar kinde út, en do se yn ’e Lêste Stûr in foech slok koft hiene, stapten se aenstons de stêd yn. De poarte wierne se, tink ik, sa ’n great tritich trêd troch west, do se oan ’e lofterhân in tuitich tilke oergongen, en foart, noch ’ris lofts om, in plat tilke oer; do in foech ein strjitte by de feartswâl lâns; do wer oan ’e rjuchterhân in gloppe yn, en nei ’t se noch in pleats oerroun wierne, moaste se einlik in steile treppen op, dêr Gabe koarts syn soune skonk britsen hie. “Hwer bring’ je my hjir?” frege Gabe. “Ei, ju! sei master, dit hat alear in kleaster wêst.” “As ’t ús den mar net ôfgiet as de rotten yn ’t kleaster, sei Gabe, dy’t der nea wer libben útkomme.” Mei ’t er dit sei, staette master oan de rjuchterhân in doar iepen, en, ja, man! dêr hien’ je ’t spilke. In wide seal mei in wyt wulft as in tsjerke; oan d’ ein in preekstoel, dy yn in rêst skammels, fyoelen, en oar spylljues ark, hast bidobbe wier; dêr omhinne sieten spylljue yn pleats fen dyakens; by de mûrre lâns lytse tafelkes, dêr de manljue oan sieten to smoken; yn ’e mids wol hûndert frouljue, de iene twanger as de oare, dy krekt as yn ’e tsjerke op stoellen efter inoar sieten, mar dy lûd hoallefoallen, ef praetten as alken. Do Gabe dat in bytke oangappe hie, kaem der in flink jongkeardel yn mei in frommiske op ’e side as in lôge; hja wier fiks út ’e kluten sketten, hie in tsjeppe troanje, bliere lippen, en de kleare gollens yn hjar twa blauwe eagen. Gabe seach wol det it dochter en sweager fen hjar Feikomme-en-hjar lânheare wier, en tochte det se him hjir net kenne woene, mar sy, sa gemiensum as in arbeider, sprieken him aenstons ta, en makken in frjeonlik praetke mei him. Do dy hear syn wiif nei hjar stoel brocht’, en yn de greate plimzen pompier, dy foar de spylljue laeinen, omblêdde hie, kaem er mei in gysten stap wer op de skroar ta, en om ’t er wiste, det Gabe it bryk útstelle koe, naem er him by in rêst Bolswerters yn ’e kring. Dêr hiene je in froedsman, sa hwette smel fen troanje, in aerdich koartswilich man, dy termen yn ’e holle en it hert op it rjuchte sté hie. Den noch ien, hwette lytser en swart fen oansjende; mar dy ek net slûch wier, en wol tweintich boeken mei extoarjes fen bûten koe. Ek stie der in bleek man by, dy hwet rimpen yn ’t praet wier; lang nin kou mei skjipperibben, mar ien fen ’t âlde skaei, dy yen mei ried en died alle dagen mear yn ’e hân foel. Yette wier der in boekhâlder by, in stânfries, dy fen oarder hâldde, en ien om minsken to helpjen, howol him de frjeonlikheit mear yn ’t hert as yn ’e troanje siet. Den hien’ je ek noch (Foi, det ik dy forjitte scoe!) ús dokteromme; o! de gollens laei op syn wêzen, en hy lake, det er skodde, sa faek as de skroar út de koker spile. Gabe seach gau, det er hjir krekt by syn minsken wier; allegearre wakkere sêftsedich en frjeonlik. Sy wierne sa rûch net as folle boeren, en sa greatsk net as folle stedkers: mar: sljucht en rjucht, as hjar Gysbertomme. Do se dêr sa ’n foech healûre mei eltsoar praten hiene, sei der ien: “Gabe, boppe de skouders biste noch al mansk; mar hwet seist’ der hjir fen?”

Gabe. Wel, it liket in nuver spulke. It is nin weardshús, it is ek nin tsjerke, en dochs liket it sa hwet nei beiden. Heal divel, heal minske, lyk as Fokke flokker seit.

De Hear. Nou, is dat sa tsjoed? Sa krijt lichem en siel elts syn deel, dêr oars ien fen beiden meast om ’e stûke rint. Wy wolle de minsken sa folle wille dwaen as yn ’t weardshús, en sa folle leare as yn ’e tsjerke.

Gabe op ’e nutslêzing to Bolswert.
Gabe op ’e nutslêzing to Bolswert.

GABE OP ’E NUTSLÊZING TO BOLSWERT.

Gabe. Wirdt der den ek leard?

Froedsman. Alteas forhannele. En ’t bigjint mei stoarm en ûnwaer. Hark mar!

Mei iens bigounen al dy spylljue om de preekstoel to striken en to bliezen, det de glêzen der fen dinderen en Gabe sa luftich waerd, det syn kreupele skonk bigoun to trantsjen. Do dit in amerij dûrre hie, wynde ’er him in smel man troch de spylljue hinne nei de preekstoel ta, en dy bigoun, as hjir nou folget, to praten oer

IT JILD.

Hearen en boargers! Juffrouws en Jiffers! Feinten oan ’t útdruijen, en jimme dy de frysters nei de hakken sjenne! Alde fammen, en jimme dy noch hoopje! Dy hjir binne om to sjen, ef jimme bisjen to litten! Jimme allegearre, dy hjir komd binne to praten ef to harkjen, to smoken ef to priuwen, ta Nut fen Al it gemien!

Us oarremem plichtte ús folle to forheljen fen in âld preker, dy troch de gemeinte pijd wier om it wird to dwaen, en do er yn it houten wammes stie, net oars uterje koe as dizze wirden: “Jimme binne! Jimme binne! Jimme binne!” In âld wyfke, dy dat bigoun to forfelen, frege him einlik: “Wel, heite, hwet binne wy den?” “Jimme binne allegearre gekken, sei er, hwent ik moat preekje, en ik kin net.” Egentlik hiene jimme krekt lean nei wirken, as ik jimme mei sa ’n bolstjûrich wird ek ’ris tige útheuvele. O, as jimme wistene, ho ’t ik yn ’e knipe sitten haw, en dat troch jimme skild! Né, der wier nin tsjinakseljen oan; ik, ik moast dizze joun prate, en do alles omkomd wier, wist ik net hwer ’t ik oer prate scoe. As jimme allegearre ien sin hiene, hwet joech ik den om sa ’n Nuts-preek! Mar in baerch hat in sin, scoe in minske den nin sin ha? De iene hâldt fen ’e moer, en de oare fen ’e dochter; de iene hat in sekfol forstân, en de oare nin fingerhoedfol, en dêr komt it fen dinne, det de iene him ta de teannen út formakket, wylst de oare him forfeelt, en de preker as in âld hynzer tsjingappet. Lykwol haw ik my ’ris skrep set om ’t jimme allegearre to goedzjen. Earst tocht ik, kom, ik scil ’ris riddenearje oer de praktiske rede fen ’e Kantiaenske wysbigearte, en dat hie in onfoech moai stik west for in inkelde djippe drinker[2], dy ’t der ûnder jimme skûlet; mar de frouljue scoene miene, det ik hjar yn in tsjokke mist laette, noch tsjokker as de Amsterdamske, dêr minsken en hynzers by yn ’t wetter truzelje. Do tochte ik wer, lit ik it hawwe oer ’e hannel yn Fryske tsjiis, en dat scoe de tsjyskers bjuster sinnige hawwe; mar hwet is ’er de oare ljue oan de tsjiis fêst, as det de boeren se suver meitsje, en ’er nin hert fen sûre brokken yn triuwe, dy nin houn frette wol. Einlik skeat my yn ’t sin, om it ’ris to hawwen oer it ljeaflike fen in kreas prûs frommiske en myn sizzen mei de libbene bylden, dy hjir foar ús eagen sitte, oan to skroeven: in jamk stikje, siker, for de jongfeinten, mar for de kâlde stakkerts, dy de tsjerkhôfsblommen al op ’e holle steane, om ’er swietkes by yn ’e doljorum to reitsjen. Sa wier ’t jimmer onklear oan de iene ef d’ oare ich, en al myn hersenskraebjen hie hea-terskjen wêst. Underwilens kaem dizze dei neijer en neijer, en jimme forgees yn ’t kleaster komme to litten, wier krekt sa folle as my mei wiif en earme berntsjes for ivich bûten de klokkeslach fen Bolswert to bannen. Hwent as ien lilts wiif in great krús is, hwet scoene den hûndert wol wêze? De grizen rint my oer de grouwelen, as ik ’er mar om tink! Dat bigoun my earjister sa yn to barnen, det ik in forhânlinge hawwe woe, al scoe ’k him onder de stiennen fen ’t hynstepaed wei skoerre. Yn dizze binaudheit grabbele ik mei myn fingers yn it fesjebûske om, en helle der yn gedachten trije inkelgounen út; mar do ik dy yn ’t each krige, joech ik my sels in trewinkel foar ’e holle, en lilts oer myn eigen slûgens, sei ik: “Hwerom siikje ik allehiel om fierrens, dat ik yn myn eigen bûse ha? Oare dingen fen dizze wrâld binne sa fen skik, det de iene se skoudert wylst de oare der om skrept en skoert; mar jimme, silveren skiifkes, tûzenris moaijer as de silverblanke moanne for in smûk pear! hwaens hert is sa ilich en stiennich, dat dyn geflikker net ynnimt? Hwet sang tommelt sa ljeaflik út de kiel fen in nachtegealke yn minske-earen, as it gerammel fen jimme by sekfollen yn earden skealjen útskodde? Hertlap fen my, fen alle minsken! ho iiskâld dou ek biste, jow ynfierne oandacht oan de hearders; jow fjûr en krêft oan myn wirden...... Kom, lit ik it mar platwei sizze. Ik scil prate oer it jild.

Mar nou ha ’k noch in slimme striid mei my sels hawn, eft ik myn preek yn fjouwer parten deelje scoe, ef, lyk as de domenys, yn trije; dêrnei eft ik dy trije stikken elts wer yn fjouwer splisse scoe, ef yn mear; en einlik, omdet trijeris-fjouwer toalf is, eft ik dy toalf delen jimme op ’e fingers tatelle scoe, fen ’e tomme ôf nei de lytse pink ta, ef fen ’e lytse pink ôf nei de tomme ta. Mar om de wierheit to sizzen, haw ik nin tiid hawn om my op sa’n swierwichtich stik to birieden; howol ús pake sei, det preken mei sa’n bulte yndelingen krekt as âlde tsjerken binne, dy in hele bulte neare finsterkes, en in wakker bytsje ljocht hawwe. Ek hoopje ik, det immen, dy preket wylst de blêdden fen ’e beammen falle, troch ’e fingers sjoen wirde scil, al wier it, det him de plasse soms in bytsje bigoun to malen. Ik kom hjir dos mar simpel oanstjitten mei twa delen; it earste, de útfining fen it jild; it oarde, de útwirking fen it jild.

Om to sjen, ho it jild útfoun is, scille jimme in lyts reiske fen in tûzen jier fiif seis tobek dwaen moatte, om sa dwaende ûnder de earste minsken fen ’e wrâld to lânne to kommen. Alderearst pielden se sa hwette mei fiskjen ef jeijen; mar do wierne se meast sa wif as heidens en skjirslipers, dy fen de iene oarde nei de oare fleagen, en omdet ’er do nin each op to hâlden wier, scille wy der net om tinke foar det se earne tsjoarre wierne. Sa gau wierne se net mei wiif en bern op in fêst plak to stoel en to bank komd, ef sy bigounen fé oan to setten: ek túntsjene se ’r sa’n bytke mank mei in pounsmiet twa for bûzekoal, earten, beanen, en sokke kost oan to lizzen. Sy houdden kij, skiep, ezels, kammielen, al nei’t de lânsdouwe sei, dêr se hjar deljown hiene. Sy libben stomp ienfâldich, en hienen in bytsje brek. De fammen frisselen hjar hier net foar in spegel, mar mei de holle foardel oer in dobbe mei klear reinwetter: de memkes, net eang for gapskens, lieten it bare ljocht fen ’e himel yn ’e finsters skine sûnder lagen fen boppe- en ûndergirdynkes; matten, flierkleden, en sok ark, om de berntsjes oer stroffelje en bûden oan ’e holle fâlle to litten, koenen se net! koaitsfammen, banketbakkers, en dy sok kjiskou makken, wierne fier to siikjen. Sy genearren hjar mei mâlke, triuweltsjiis, waei, hwette moalkost en griente; it wetter skepten se, lyk as Dyogenes, mei de holle hân en as hja ’ris tige smarre woenen, den slachtten se in sûpkeal fen hjar reau bisten, en pluzen it mei folk en frjeonen op. Licht fetsje jimme, det se yn dizze ienfâldigens hjar bynei allehiel rêdde koenen mei hjar eigen gemaek, en ’t bytke, dat hja mear brek hiene, rûlebúten se fen eltsoar. Spek oan spinnen! Hie immen sin oan de apels ef prommen fen syn bûrman, den naem er in koerkefol aeijen mei, en dêr hanbakken se sa lang oer, det se ’t iens waerden, ho folle prommen men tsjin in snies aeijen oerdwaen scoe. Hie er in hynzer brek, den joech er in team biggen en sa folle eikes as it hynzer wirdich wier.

Dat sjamperde allegearre sahwet hinne, sa lang as it each net greater as it liif wier, en de ljue in bytsje dingen brek hienen; mar dy roalhannel bigoun in deakerske pleachhannel to wirden, sa gau as se hûndert dingen mear hawwe woenen as se sels makkene. Yn pleats fen waei en reinwetter krigen se ’t yn ’e holle om bier en brandewyn mei sûker to drinken. Earst droegen se for in jas in kouwehûd mei de hoarnen ’er op, dy hjar boppe de holle útstikene; mar neijerhân moast ’er sarjes, do lekken, op it lêst side en flewiel komme; ja, sa tier waerden se yn ’t iten, det se hjar brette poarsken ef skroeide fearnen skjipflêsk lekskoaijende, rikke salm, oanleine snoek, en skylpodde-sop ite woenen. Omdet se nou it tsjiende part fen al dy snoarrepiperijen sels net meitsje koenen, moasten hja de njuggen oare tsjiendeparten fen oare ljue oankeapje, en by dit útwreidzjen fen de hannel bigoun it roaljen in drôvich lêst to wirden. Forbyldzje jimme ’ris, det ’er nin jild by uzes yn ’e maling wier, nin dekaten, nin gounen, nin trettsjindehealen, nin dûbelstûren, nin duiten, nin sinten; op ’e wide wrâld neat, dat nei goud silver ef nei koper like; moast den alles, dat jimme brek hiene, net koft wirde mei ien ef oar, dat jimme yn hûs hiene? Yn in théwinkel woene se in romerke wyn drinke, en hja scoenen by de wynforkeaper mei in pûdke peccothé komme. De lekkenkeaper woe ’ris oesters sline, en hy scoe de feint mei in lape bommesyn nei de sâltefiskman stjûre. De loaijer woe syn dochter in guitarre keapje, en hy scoe in pear stjonkende hûden út de kûpe toaije om it ystremint to biteljen. De slachter woe bier drinke, en hy scoe in yntaest yn ’e brouwerij opsjouwe. De boekforkeaper woe syn boike in stik koeke jaen, en hy scoe it bern mei in roman fen Walter Scott nei de koekebakker stjûre om ’er in fearn hoiteflip oan to heljen. Op snjeon to joun, as de measte ljue waerme bôltsjes ite, scoe ’er hast sok mâl en nuver gûd net yn ’e stêd wêze, ef hja scoenen ’t de earme bakker yn hûs tôgje. Hwet in abbegaesje fen alderlei reau kaem der for de keapljue út foart! Hwer founen se pakhúsromte om sa’n arkefol to bergjen? Mar dat noch tsjoeder is; al dy flardkes fen dit en fen dat, al dy bekjefollen nou fen ’t iene den fen ’t oare iten, ho kamen se der sûnder skea ôf, as se hjar op it lêst it hûs útstonken? Hwent sels koenen se ’t net út it swiet, en in oar wier faek al takocht, as se de helte noch net kwyt wierne. Ek wier it ondwaenlik krekt sa folle en net mear to keapjen as men nedich hie. In frommiske, byfoarbyld, woe in brief mei spjelden keapje, en dêr koe hja neat oars as in moaije douwe oan jaen, dy se op ’e matte to folle hie; mar de douwe wier wol twaris sa folle wirdich as de spjelden, en hja koe it bist dochs de wjukken net út it liif ef de boutsjes út it gat skoerre, om ’er krekt sa folle ôf to nimmen as de spjelden kostene: hwent den wier it hele bistke nin spjeldskop mear wirdich. Ek wier it onnoflik, det de dingen do op nin fêste priis stienen, dêr me fen sizze koe: “dat is nou hjar prik.” As in boer in lape Ingelsk bont for in jak fen syn wiif keapje woe, en hy kaem by Nathan mei in ammerfol bjist; ef in gnjirker kaem by in skoenmakker, en sei: “Meitsje my in pear klaeitrapers, ik scil dy mei snijbeantsjes bitelje”.... Ljeave minsken! hwet forlikinge is ’er twiske de bjist en it bont, twiske it pear skoen en de snijbeantsjes? Dêr gong it den op in hifkjen en tingjen, eltsoar it hert út it liif, en as dat ûren oer ien boech dûrre hie, roun it noch meast al út mei ’er in slach nei to slaen, dêr ien fen beiden skea by hie.

Al sa roallebútsjende hiene de minsken wol tûzen jier mei eltsoar foartpandere, do ’er op it lêst in fynst dien waerd, dy hjar glêd út de pikel holp. Yn in bercheftich oarde kaem in nij boer op in kâld sté, dêr er in boarne ef saed (dat wit ik net krekt) by hawwe woe, om syn fé to boarnen; hy dolde, en noch wier er net healwei oan ’e welle ta, ef hy staette mei syn stiennen lodde op in klute, dy folle swierder wier, as er oait in speesje hifke hie. Do er mei in heidebjizzem it rûchste sa hwette ôfhimmele hie, bigoun de klute to blinken en út de readens to sjên. Om lykwol krekt to witten hwet it wier, keilde er him yn in great fjûr; en sjuch, de klute woe wol gleon wirde, mar net barne. “Dat is nijsgjirrich gûd,” sei de boer. “Mar ik scil dy wol krije, feintsje.” Mei ien tilde er in swiere balstien oer de holle, en pompte dy fen boppen op ’e klute del, det it sta sei; de klute briek net, mar krige in dûk, dy der yn sitten bleau, do er bikoelle wier. Koartom, de boer hie in stik koper foun. Neijerhân founen se noch in bulte mear sokke klonten, mar jimmer sa’n onnozel bytke by hout en stien to lykjen, det it altiten in hiel selsomme speesje bliuwe moast. De iene makke ’er in hammer fen; de oare it oerd op syn pile; de tredde in kniif; in rike skevel liet ’er in kop fen bûtsje, dêr hy it sop fen ’e druven yn úttreau; mar einlinge kaem de fornimstige Tubalkaïn op ’e proppen, dy ’er alles fen makke, hwet syn eagen seagen. Do waerd it koper folle mear wirdich as jinnich ding, dat de minsken yn wetter ef ierde foun hiene, en elts woe it minlike graech ynroalje tsjin alles, hwet hy to forkeapjen hie; de slachter tsjin syn spallingspek; de bakker tsjin syn mikkebrea; de loaijer tsjin syn hûden; om koart to gean, alle ljue dy hwette to missen hiene. Nou hie de keapman net mear to rieden mei in grienmank fen alderlei waren, dy in bulte birêdding en in bytsje winst joegen. Hy hie syn koper, dat er yn in lyts hernke weistoaide: roast en skimmel kaem ’er net oan; hy koe ’t fordele sa lyts as er woe, sûnder in drip to bidjerren, al wier ’t ek yn sokke lytse pyskes, dy net mear as in spjeldskop wirdich wierne; en hie er hwette fen in oar brek, elts wier allike happich, om it fen him yn to roaljen. As de harder en it ljeaf lodske fen ’e heide to foaren hakketearrene, hwet mear wirdich wier, syn pansfluitsje, ef it lint mei de blommen, dy op hjar prûze molkenkeamer stiene to pronkjen, den koene se ’t noait net mei eltsoar iens wirde; mar nou sei hy mar, det syn fluit in fearnslead koste hie, en it wier sa klear as de sinne, det de fluit fen Daphnis fjouwerris sa folle wirdich wier as de rûker fen syn Amarillo.

Do dit roalmiddel earst útfoun waerd, woegen se eltsoar it koper ta; mar jimmerwei mei de skealjen yn ’e hân to stean, lyk as in Jeud, dy de boeren formôgle figen fen ’e kroade forkeapet, waerd op it lêst, do ’er tûzenen op ien dei omset waerden, danige lêstich. Dêrom woegen de keapljue in hiele rêst pounen, fearnen en leaden yn foarrie ôf; den wierne se mei in boarst klear, as se hwet to biteljen hiene. Ek binne de nammen, dy de measte naesjes oan it jildstik jowe, dêr hja by rekkenje, út dit gebrûk fen dinne komd. It pound fen ’e Ingelsken, de livre fen ’e Fransken, it poun flaemsk fen ’e Hollânners, wierne yn âlde tiden net oars as sokke ôfwoegene pounen koper ef silver. Mar dy skealjen, dêr mar twa eagen oer gongen, wierne net altyd de skealjen fen ’e rjuchtfirdichheit; dêr skeelde rju folle oan. Hwent sjuch, frjeonen! dat skacheljen siet al ier yn Adams bern. Fen dit poun waerd wol ’ris in fearnslead ôfgnibbele: bisneine en onbisneine bysfeinten sieten ’er ek wol ’ris mei de file op om to boartsjen. De falske weager, dy se bitraptene, sei soms, det er him forsind hie, en den wier it grapke dêr mei út; mar meast flokte er, det ’er de lôge nei gong, det hy suver wicht jown hie, en dêr folge den deilisskip op mei sa’n gerach, gepleit en fûstkespyljen, det stêd en gea der fen optilde. It gerjucht krige gau syn meuch fen dit spil, en forbea op galge en rêd, det nimmen koper útjaen mochte, ef hy moast it earst op ’e warkeamer troch in lânsitiger stimpelje litte. Fen dy ûre ôf waerd it koper egentlik dat ding, dat wy jild neame. It gerjucht sloech ’er krús en mint op, en elts dy sa’n klop seach koe steat meitsje, det er op ’e kop dat gewicht en dy speesje krige, dêr hy it for ynbarde. Letter founen se ek silver yn ’e bergen, dat noch selsommer is as koper, en goud, it selsomste fen allegearre; en omdet de dingen priziger wirde, hwet se minder to krijen binne, sa joegen se fiifintweintich koperen sinten for ien silverstikje fen de selde swierte, en fjirtich silverstikken for ien goudstikje, dat allike swier woech as ién silverstik.

Mar fen dy earste klop op it jild spritsen; witte jimme wol, ho’t dy ’er útseach? Ja, dat scille jimme net gau riede! Tsjinwirdich slaen se ’er folle it kopstik fen de baes fen ’t lân op, mar do in kou, in okse ef in skjippekop. Nou scoene jimme wol tinke, det de ljue hjar do fen skjippekoppen en okseprippers regearje lieten; mar dat wier al hielendal net rekke. It wirk laei op in oar moar, frjeonen! hwent yn ’t regearjen wiern’ se do krekt sa tûk as tsjinwirdich. It jild kaem yn ’e pleats fen lân en sân, fen fé en hûs; alles hwet men op ’e wrâld bisitte koe, waerd troch it jild forbylde. Mar by ’t útfinen fen it jild wier de jinnichste, alteas de greatste rykdom fen ’e minsken hjar reau bisten, hjar hynzers en kij, hjar skieppen en bargen. Sa folle poun koper as it bislach bisten wirdich wier, ef de bisten sels, dat kaem op it selde út, en dêrom sloegen hja op it jild it kopstik fen ’e bisten, dy ’er troch forbylde waerden; nou in bok, den in baerch, ek wol in okse ef in ezel. De nammen, dy wy en oare lânnen oan it jild jane, wize it noch út. Een schat op syn Hollânsk is it âld-Fryske sket, dat skot-, hok- ef stalfé, ek wol hoklingen, bitsjut. Penning wol sizze in fearkou. De Angelsaksen seinen keap tsjin fé, priis en keappenskip, en ús foarâlders, mei hjar út ien lape toarnd, seinen tsjin jild fia, dat nou by ús fé hjit. Ek it Latynske wird pecunia is nei de letter bistegûd. Dat binne nou ’ris onfoege liltse nammen! Hwent as de stedtsjers tsjin eltsoar sizze: je bent een schotvarken, ef: het is vee, het is beestegoed! den dogge se dat noait net om eltsoar mei plomkebjizzems ôf to feijen. Mar moaije bern hawwe wol ’ris liltse nammen, en al woenen alle rimers it jild útgûle en skrieme for Blinkend slijk, besproeid met zweet en tranen, ik hâld fol, det it ien fen de ljeaflikste, nuttichste en krêftichste dingen op ’e wrâld is. Mar omdet de frouljue net wend binne, det ien it wird sa lang allinne hat, scil ik hjir in bytke pleisterje; den kinne se de mûle ek ’ris wille jaen, om friske oandacht to gearjen for it oarde stik fen myn forhanlinge.

(Geskrep fen foetten en stoellen.... opfleane nei de kastelein...... wyn, pons, kofje.... Brand je niet! de feint ridelje se oan ’e earmtakke.... poezje yn ’e krollen fen ’e jiffers.... de jongehear kettermintet...... mûskopje, gysgobje...... eltsoar kjiskou tapije út pûdtsjes. Gabe fjirket nei it forfolch.... mei in healûre bigjinne de spylljue wer op to striken, de man giet yn ’e preekstoel, en is wer oan ’t wird.)

Ik scoe den earst oer it ljeaflike, neijerhân oer it nuttige, en op it lêst oer de krêft fen it jild prate.

Jimme út to rekkenjen, det it jild ljeaflik is, is egentlyk sa folle as to biwiizgjen, det it wetter wiet en it fjûr hjit is. Hwet ommers in ding ljeaver is, hwet men ’er mear noed fen stiet; mar hwer steane wy mear noed fen as it jild? hwer binne wy eanger fen as dat to forliezen? Oan ús hiele liif is nin tearder plak as de pong, en it útlûken fen tsjien kiezzen docht noch sa ’n ôfgrysliken pine net, as det in ryk man, dy jild útset, yn ’e stêd komt en heart: Het kantoor heeft opgehouden te betalen. It hat my ek bjuster nij dien, det ’er ûnder de tûzen-en-ien moades, dy de minsken yn ’e lêste tweintich jierren trochflein binne, net ién west hat om in roulintsje oan de earm to dragen, as immen in bankerot hawn ef him in ding ûnderwoun hat, dêr se yn ’t ein fen sizze: “In dea houn oan in izeren keatting.” Dat scoe, tochte my, al sa djip fen herten gean as de rou oer in âldomke, dy in fikse knoarre jild neilitten hat. En nou it blêdtsje omteard: is ’er in blider eagenblik, as det ’er jild ynkomt, dat al trochskreaun wier? Lekkenkeapers, wynkeapers, banketbakkers; jimme allegearre, dy sa faek jimme rekkeningen fen levere waren ynbrocht hawwe mei dy poatterige taheakke: Volgens overgelegde rekening van den jare 1836! Sprek op, en doch tugenisse fen ’e wierheit, eft ’er swieter eagenblik yn jimme hiele libben wier, as det de faem einlik de winkel ynwipt mei de wirden: Het compliment van Mijnheer, en hier was het geld? It is sa; Baur koe tsjoene mei syn sépinseel; Fen der Kooi skildert baeseftich in kopstik, en Schelfhout smûkskaedzjende beammen, dy yen noadzje om to skûljen for it prykjen fen ’e sinne; mar al dy moaije skilderstikken hawwe neat to bitsjutten by de earste ynsjuch fen in erfgenaem yn ’e keeft fen in oarre dy nei lang omneuljen einlik dit triennendal goen dei sein, en hjar pleats mei fyftichtûzen stokmantsjes oan ’e bernsbern ynromd hat. Ljeave minsken! as yn dat hokje in trop lânskipsbrieven laeit; yn dat hernke in pûdtsje mei gouden potstikken forstoppe is; yn dy baerch in hûndert ef twa gouden riders rammelje .... jonges! jonges! dat is de bare ynsjuch yn it himelryk! As de dea ek mar lije woe, det wy mei it roun goed ús wille yn ’e kiste hiene, wy scoene sa eang net for syn komste wêze. Hwet koene wy ’er aerdich mei boartsje! Hwet binne wy op ús snjit, as wy de kammeraten in loech ôfsjen kinne! mar as it spil op syn bêst is, komt de dea, dy grimmitige skerminkel, ús fen efteren sa loebeseftich oan, tikket ús op it skouder, en kâldgnyskjende seit er ús mei syn falske troanje: Berntsjes! It spil is út; stek de knikkerts yn ’e bûse, en gean to bêd.”

En dizze gedachte, det wy om it jild mei eltsoar boartsje, laet ús fen sels op it twade stik, det it jild in nuttich ding is. It bringt de minsken by eltsoar, en alles hwet minsken oan minsken keppelt, ha wize ljue jimmer for in nuttich ding hâlden. Scoene de measte migen net as pûr frjemden út eltsoar rinne, as se troch nin triedden fen goud en silver oan eltsoar beste waerden? As wy sa neat by ús folk to winnen ef to forliezen hawwe, och! den is ús earm geheugen sa lek as in gatsjepanne: soms kinne wy net ienders omthâlde, hwa’t ús eigen broers en sisters-bern binne. Mar goedryk, bloedryk! Al is ’t kâld, mei in ryk man geane wy nei de arke fen Noäch, en wize him yn Cham ef Japhet de affear fen ús beide. Troch it jild, it jild, frjeonen, fiele wy egentlik, det wy allegearre út it selde bloed skaeid binne. Krûpe de migen eltsoar oait wol tichter oan, as det er in âldfaem ûnder hjar folk is, dy tige by tige smoar set hat? Neven en niften, trutlingen en eftertrutlingen, dy eltsoar oars yn jierren net sjenne, komme to heap, dêr se ervje moatte. Oan moike skriuwe se frjeonlike letterkes; oan moike stjûre se, nou fen ’t iene, den fen ’t oare, in swiet mûlfol; by ljeave moike komme se yn hûs as sêfte lamkes fen ien keppel skiep, dy allegearre gobberje om mei ’er tiid út de selde gouddobbe lave to wirden.

Fen in mannich hûsgesinnen ljep ik oer nei in hiel folk, en freegje; hwet is de minske, dy nin jild hat, ef nin jild hawwe wol? In earme skoveling, dy de woastine fen it libben troch poddebûket, sûnder det er moer ef minske nei him omsjocht. Mar haste jild, de frjeonen flodderje om dy hinne, as de bijkes om de swiete roas, dêr se de hunich út sûge wolle. Wolste jild hawwe, den gieste ûnder de minsken, omdetste witste, det it op in seinepôle yn Tsjûkemar, ef yn Een hut van klei aan ’t eind der aarde net to finen is.

Fen ién folk gean ik oer nei alle folken fen ’e wrâld, en ik fyn, det jild se nei eltsoar ta fitere hat, en op in djûr ek de knotte bliuwt, dy se oan eltsoar fitere hâldt. De wysgearen âlje in bulte oer ’e forieniging fen alle minsken; mar nea scille se yn hjar Flossofyske lynbaen in reap draeije, dy de folken sa deun en stiif oan eltsoar hellet as it jild. Sizz’ my ’ris, goede ljue! de earste skipper, dy oer ’e Spaenske sé swabbere, die er dat út nocht, lyk as wy nei Birgommer daem sile om bears to iten? Jûk! it mocht hwette! De farrensman hie de gouden’ bergen fen loailekkerlân oan ’e oare wâlskant yn ’t each. Earst lieten se ’t om it roun-goed driuwe nei it ryk, dat neist oan hjarres laei; dêrmei, al wer hwet fierder, nei in oar wrâlddiel, dat tichtst by honk laei; do noch in ein fierder nei de oare ich fen ’e ierdkleat; en tsjinwirch reizgje de Amerikanen nei Jeropa, de Jeropeanen nei Amerika, de Hollânners nei Japan, de Sjinezen nei Batavia, de Ingelsken nei Indostan, net út nocht; ik siz noch ’ris, net út nocht! mar lykm’-allinne om eltsoar de goudene flieën ôf to fangen.

Ik wit wol, de Flossofen hiene altyd in bulte smelle praetsjes oer dy ljeafhabberij yn ’e krúste penning: it is gek, en min, en lyk folle hwet hawwe se ’er fen to lekskoaijen; mar ’k wol jimme sizze, dy hearen hiene it mar ’ris illindige skrok, en bûten in planke mannich boeken, in keale swarte mantel, dêr nin lûs skrep op hâlde koe, en in lege oaljekanne, dêr in woartel yn pleats fen in koarken stoppe op stike, wierne se sa earm as in swel. Dêrom, al dat geëamel, De wijze is alleen rijk, wier neat oars as in ynfrettene jeloerskheit, det se neat fen ’e brij mei krigene: sjende det de rike ljue oer ’e heap oan hjar forstân ef deugd net boarste scoenen, koene se hjar moed oer dizze onrjuchtfirdige eindeling net oars kielje, as det se op jild en jildwinnen smeulden.

Hjirmei is nou al dat geäksel tsjin it nut fen it jild de mûle stoppe, en ik gean oer om de krêft fen it jild oan to wizen. As wy mar bigjinne mei it oarlogjen en moardzjen fen folk tsjin folk, den sjenne wy, det it allinne om en troch it jild is. As de Rus en de Turk, ef de Franskman en de Ingelskman eltsoar yn ’e faksen sitte, det ’er de flarden nei stouwe, lit d’ iene d’oare den mar in pear kofsladingen mei dekaten stjûre, en mei fjirtsjin dagen ha je de frede yn ’e Haerlemmer krante. En as se al hjar krûd forsketten hawwe, en nin stûr yn ’e pong om nij to keapjen, den is de hoas ek allike goed ôfbreide. Nou se den net allinne om, mar ek troch it jild fjochte, sa is ’t oan twa kanten wier, det jild de siel fen ’e oarloch is, lyk as nin jild to hawwen de siel fen ’e frede is. In ivige frede bitsjut yn ’e polletike wrâld, ien, twa ef trije jier, sa lang as ’t yens foech is; (hwent polletyk, sei de boer, is oars sizze as dwaen;) mar as ’t noch oait ’ris in suvere ivichheit wirde moat, it scil den wêze, as se sa keal op ’e bûse binne, det alle rekkenmasters fen ’e keningen de oarddeiskjeld op it liif krije, as s’ ’er mar oer tinke, om in stûr mear for krûd en lead út to jaen.

Fen de oarloch, dêr se eltsoar nei ’t lichem formoardzje, ha ’k in goede oanrin nei de moade, dêr de ljue eltsoar de ivige deastek mei yn ’e pong jane. Hwent wylst se tsjin eltsoar pronkje, lûke se eltsoar de moedfearren sa skjin út, det op it lêst alle einen to koart binne. Ja, myn Fryske kop, dy for nin kening swichte wol, bûcht him njueter as in laem for dizze godinne, dy de keningen fen ’e wrâld as earme wjirmen oan hjar foetten krôljen sjucht. Mar ien ding is krêftiger as hja; it jild! Bisjen nacht en dei de printsjes mei moaije mankes en wyfkes, dy de tsjinstige Pariseners ús om ’e fiif dagen tastjûre; haw sin oan dy Paryske bilstikken, oan in luzebosk yn ’e nekke ef oan dy spinnebealchs jûpe; it is forgees gobbere, aste net rûch op ’e bûse biste. Wier is it, alles kinste mei ’t heech fatsoen opskriuwe litte, alles kinste op ’e pof helje; mar boargjen sûnder biteljen, dat jowt noch koarter ivichheit as in ivige frede. Om koart to gean, point d’argent, point de Suisses, dat bitsjut op syn Frysk, nin jild, nin hoedtsjes en slingerdoeken út ’e Franske winkels. Hwet de oalje yn ’e lampe is, is it jild for ’e moade; aste hjar hânnen alle dagen mei dat smoar net smarste, al kin se oars de wrâld brekke, hja giet út as in eintsje kears, en stjert yn poatterige lompen.

Litte wy it dwaen fen ’e minsken noch hwette nauwer op ’e keper bisjen. Al dat gewrot, dat bitsich bodzjen en hersenskraebjen foar dei en foar dage, hwer is dat om? Hwer op hotsje de ljue hjar sinnen, as se moarnsier de poanne út de nofteren eagen lûke, ef jouns as se him gapjende opsette? Op it jild! O! alle-, allegearre smachtsje wy ’er nei as de iel nei de dauwe. Wier is it, de arbeidersljue wrotte om klean en iten, dat se for hjar deihiersjild keapje. Mar dy tûzenen en tsjientûzenen, dy boppe de arbeidersminsken steane, dy hawwe noch hwette oars yn ’t sin, leau ik, as klean en iten. De Javaen arbeidet yn ’e moarntyd krekt sa folle, det er toalf duiten beet hat, en den jowt er syn hânnen healjoun; hwent for toalf duiten kin er krekt sa folle rys en drûge fisk keapje as er dy iene dei nedich hat. As nou alle ljue, dy de kost yn ’t Sint Antoanjes gasthûs keapje kinne, ek sa tochten as de Javaen, sizz’ my, hwerom scoe de man mei in trompfol lânskipsbrieven nou noch fierder hannelje yn faeije, yn deade ef yn deaslaende skild? Hwerom scoe in waerme boer de kij troch dûkelige dammen en yesters wiet en ûngedien alle hjerstmoarnen efter it gat rinne? Hwerom scoe in keapman mei in rêch oan Jan-rap-en-syn-maet noch prommen efter de toanbank forkeapje, ef in loaijer yn stjonkende hûden omgrieme? Hwerom scoene de ampteners, dy hjar oan it jislok al tsjok iten hawwe, it lân langer tsjinje? Hwerom scoene de ljue jimme en jimme widdouwen op in pompieren souderke tsjin pyn yn ’t liif en kâlde foetten, tsjin pest en hel, tsjin dea en divel feiligje wolle? Wier it net om ’t jild, hja scoene allegearre mei de rêch yn ’e briedstoel, in Ademaspiip yn ’e rjuchterhân, in romerke Hannemas yn ’e lofter, de Ljouwerter krante lêze en hearebaei smoke, en litte den mar hannelje, boerkje, fondzje, dy ’t oars de stôk net út ’e kiel keare koenen. Item zooveel, het geneest. O! dat ljeave jild, it forswiettet de tûzen soargen en plannen, dy Evas bern hjar ûnderwine. Hwerta mear wirden? Hwet de wichten yn ’e klok binne en de wjukken yn ’e mounle, dat is it jild yn ’e minsken. Snij de wichten ôf, de klok swijt; barn de wjukken op, de mounle mealt net langer; krekt sa scoene wy minsken swije en stil wêze as wy troch it jild net langer opwoun en omgisele waerden.

Dit giet allegearre noch bigryplik ta, mar it jild docht ek dingen, dy boppe ús bigrip geane; hwent it jowt dat it sels net hat, en dêr liket de kweade wol in hantsje yn to hawwen.—Ik kom op ’e keamer fen de herberge; dêr sit in man, dy ’k net ken; ik gean him deun foarby, mar draei nin each nei him. De notaris stjit my stil oan ’e earm, en wylst er glûpsk nei de man sjocht, lústert er my yn ’t ear: “Dy keardel hat tsjien tontsjes yn ’e wrâld. Scoeste dat wol oan him sizze?” Op dit wird gapje ik de man, dy ’k niis nin bean telde, mei de greatste oandacht oan, myn eagen mjitte him fen boppen nei ûnderen krekt eft it in oaljefant wier, en mei myn wêzen lykje ik wol to freegjen: Ei, ju! bistou in man fen tsjienmiel-hûnderttûzen goune?” Wel, dat is nuver, frjeonen! Hwet hat it jild yn sa’n bekfol tiid dochs oan dy man foroare? Is syn noas ’er bryk, ef syn hier grien troch wirden? Dat wit ik net; mar forstân hat it jild him wis jown, lit it sels den stom en doaf wêze as in stien. Dat witte jimme ommers like goed as ik, det de wirden fen sa’n riken skevel en in slatter yn wysheit skele, as it helle ljocht fen in Ingelske lampe tsjin it slûch barnen fen in strjitskynfet, dêr de opstekkers de oalje út slabbe hawwe. In fornimstige poep hat in priislist makke fen it forstân, dat de stokmantsjes meibringe, en dêr is dit de prik: Trijetûzen goune, in matich goe’ forstân; tweintichtûzen goune, ien dy ’t net skimert; fjirtichtûzen goune, in keardel mei termen yn ’e kop; tachtichtûzen goune, in fyn forstân; twamiel-hûnderttûzen goune, it forstân fen in ingel. Dêr jild en forstân den it selde ding is, is ’t den net from fen ’e minsken, det se immen eare nei ’t er jild, dat wol sizze, forstân hat? Ik haw ien kend (syn namme is my ontsketten,) dy ’er sa tûk op wier, det hy oan ’t hoedtsjelichten fen immen sjen koe, hwer ’t er in oar, dy him foarby gong, op skatte. In preamskouwer en sok soarte, dy neat yn ’e marse hienen, krigen allinne mei skeane eagen in ljeaf lyts knikje fen ’e holle. Foar fiiftûzen goune bigoun de foarste finger efkes oan it skaed fen ’e hoed to tippen. For tweintichtûzen goune waerd de hoed al lichte. For fyftichtûzen gong er oan ’t skouder ta. For hûnderttûzen goune oan ’e mil; mar for fiif tonkes sonk de hoed earbiedich, mei in rêch sa krom as in hoep, allehiel op ’e stripe del. Lykwol haw ik fen dy franjes sa ’n bytke bidroai, det ik ’er op eigen manneboet net folle fen sizze doar; mar fen ’e talen ha ’k in bytke mear brea iten, en dêr doar ’k fen sizze, det it jild oan ’e wirden in hiel oare bitsjutting jowt, as se dageliks-wei hawwe.

Ien fen myn migen, de soan fen in domenij, wier twa jier lyn op brilloft mei de dochter fen in boere-edelman, dy fiif klaeipleatsen hie. As it op in patsjen gong, hinge se om him hinne as wiet hea om ’e skûte, en hy fielde gau, det der oankommen oan wier, as er net slûch wier. Twa dagen dêrnei skreau er hjar in minnebrief, dy ’k jimme foarlêze scil; mar, o wé! as jimme my forfyskje.

Reonixa!

“De pin ridelt my yn ’e fingers, eang for de straffe fen hjar frijpostichheit, det se jins namme sa gemiensom skriuwe doar. Mar de ljeafde, mansker as myn bangens, hjit it, en de hân folget as in laem. Dy to sjen en ljeaf to hawwen wier de tiid fen in waerslach! Myn eagen gljirkene yn dines, en ik fielde oan myn triljend hert, det de ivichheit allinne sielen oan eltsoar fitert. O! ik fielde en seach for it earst fen myn libben, det ljeafde mei it jild ef de steat fen hjar, dêr ús kar op falt, neat to dwaen hat. De tafel, dêr ik dit op skriuw, fielt de lôge dy yn myn ieren ombôget, en de swiere siken, dy út de djipste dobbe fen myn hert opflamje, biwiizgje jo det it in wird fen wierhaftige wierheit is, det ik dyn ljeafde, neat riker, neat silliger as dyn ljeafde allinne, siikje. Scoe dyn ôfwêzichheit myn grêf dolle.... O Reonixa! Anderje, anderje ién inkel wirdke fen treast oan him, dy for ivich is dyn

Jelmer.”

Do ik dit lêzen hie, sei neef Jelmer tsjin my: “Dit letterke, moat ’k sizze, haw ik skreaun nei de bitsjutting, dy de tael yn it wirdboek fen it jild hat. Wolste witte, hwet ik sizze wol, as wy dageliks wei prate, kear de bôge om: dêr ha ’k it op kwattele.” Ik kearde de brief om, en foun dizze wirden:

Earsomme Jiffer!

“Do wy mei eltsoar by jonker Eminga brillofte hiene, haw ik de oare moarns foart nei jins habben en dwaen fornomd, en it sinnige my wakker, do ik hearde, det jy bûten in erfenisse fen tweintichtûzen goune, dy al birgen is, ek noch in healtonke fen jins âlders to wachtsjen binne; makket mei eltsoar sauntichtûzen goune: Ik sizze f 70.000. Nou moatt’ je witte, det in houwelik by my sa folle as in negoasje is, dy men dwaen moat as ’er jild mei to fortsjinjen is, en dy men altiten stean litte moat, as it foarlân is mei wiif en bern om to heukerjen; en dêrom slaen ik jo in houwelik foar mei de ûnderteikende. Hwent om jo de wierheit to sizzen, is ’t om jo sels sa jamk net to dwaen: ik haw neat oars foar, as in hertgrounige en ivige forieniging twiske my en de blikken tromp mei lânskipsbrieven, dy yn jins pultrum laeit. As jy hjir nou sin oan hawwe, forwachtsje ik biskie en bliuw ûnderwiles mei groetenis en frjeonskip jins tsjinner

J. Jilderda.”

Dizze útlizzing, sa wiis wier neef Jelmer wol, stjûrde hy ’er hjar net by; mar op it egentlike briefke joech it jong frommiske dit andert:

Mynhear.

“Hie ik oait tinke kind, det jins sin op in simpel faem as my falle scoe? Jins brief kaem my oer as in tongerslach! Jy woene jern, det ik myn hert to’n-earsten iepen lei; mar howol ik net sizze doar, det ik wêrzich oan it trouwen bin, forsiikje ik frjeonlik om dêr frij fen to wêzen. Heit hat it net breed op in houwelik mei immen, dy ’t er oars net kin as fen oansjende, en it scoe him jamk oanstean, det ik hwat sibber wier mei de jongehear Hotsinga, dy ’er troch kin for in dimmen en oppassen’ jongfeint. Deugd en frommens, seit heit, is ’t fornaemste yn ’t houwelik. Dêr ha je al ’t biskie, mynhear, dat ’k jo tsjinwirch bringe kin. Det it nin mear útslútsel jowt, moatte jy oan nimmen minder wytgje as oan hjar, dy mear tinkt, as se uterje doar.

Reonixa Okkinga.”

In healjier letter is neef Jelmer mei dizze Reonts roppen, en omdet ik nei hjar trouwen greate spitsen mei hjar wirden bin, haw ik hjar ’ris tante, eft it mei hjar letterke ek wol plús spil wier. Dêr doarst se nin ja op sizze, en op it lêst krige ’k hjar sa fier, det se sei: “Nou, miich, ik wol ’t dy wol bychte; de helte fen myn brief is ek wol yn ’e tael fen ’t jild skreaun. Dêr ha je de útlizzinge!” Mei ién joech se my in stikje pompier, dêr dit op to lêzen stie:

“Aerdige Jonge!

Hie ’k net tocht, det Reonts in minnebriefke fen dy krije scoe? Op ’e brilloft, do de non op paters knibbel siet to sjongen, krige ik sokke swiete lodderige fingerknepen, det, my tochte, lytse amor moast wol mei yn ’e govert wêze. Sont ha ’k altiden oer dy popele, en fen nacht noch trijeris fen dy drôge. Dou dounseste sa licht as in douwefearke; dyn kûten trilje; dou kinste gekjeije mei de jiffers, det se allegearre om dy hinne hokje, en al myn spylfammen romme dy net allinne as in tsjeppe, mar ek as in ljeave jonge. Dou bigrypste my ommers wol! Wolste komme to meiden, de doar is iepen, en wolst’ ’er de knotte by jaen, noch ljeaver. Mar ús heit, Jelmer, dat is de greatste jildwolf fen ’e saun provinsjes. Hy scoe wol in duit mids twa knipe! Hy wit detste de soan fen in lânpestoar biste, dy mear preken as Russiske brieven hat en dêrom keppelt er my ljeaver oan dy sjobis fen in Hotsinga, dy krekt sa min fen ús kinde is as dou; mar dêr wit er fen, det hy mei sechstichtûzen stokmankes yn ’e ruften lein is, en dat docht de doar ta. Mar dat wik ik de âlde, foar ’t ’k in sjoele nim mei de kop yn ’e skouders en it kût op ’e skinen, gean ik earder yn in kleaster. Wel, ik moast my sels forfije! Kom dou mar opdaegjen, Jelmer; wy scille de âlde sa wol to fiter hawwe, det er Jelmer trouwe lit mei syn

Reonts Okkinga.”

Nou bin ’k oan ’e tapassinge ta; mar dat scil ’k nou ’ris hiel koart meitsje; hwent domenij fen Hynlieppen, selger, plichtte to sizzen: “As de preek langer as in ûre dûrret, komt de divel yn ’e tsjerke.”

As it jild in ljeaflik, in nuttich, in krêftich ding is, pas den mar op, det jimme der allegearre in tsjiistsjettelfol fen by eltsoar skraebje; wol to forstean, from en earlik. Hwent, “Skyt geweten as ’t jild kostet,” dat seit in gnap keardel net. Mar omdet it útfoun is om maklik en gau fen ’e minsken ôf to kommen, moatte jimme it net útsette, en ’er ek de keapman net fen spylje, sa lang as ’er noch onfoldiene rekkeningen lizze; aenstons ta in duit ta bitelje, is de baes. It liket moai de blêdden ef de winst fen in oarmans jild to rispjen; mar skild stiet skurf, en by ’t eintsjesluten is ’t meast de mot yn ’e pong. Lyk is ryk!

Ek ha jimme sjoen, det it jild alles forbyldet, hwet men op ’e wrâld winskje mei; moaije klean, swiet iten en drinken, in sinnich hynzer, in flink frommis, lyk fol hwet is ’er for to keap. Dat leart ús to’n oarden, det wy ’er ’t ien en oare ta ús plezier for keapje moatte: hwent bliuwt it lizzen en wirdt it mar to heap steapele, den is de moaiste keabelde trijegoune for ús neat mear wirdich as in balstien. Dêrom, frjeonen, mei in rep bitelje; en ’t ’er mar goed fen nimme.

Mar, lyk as de stêdljue sizze, Duren is een schoone stad! en dêrom is ’t bêst, det wy sa keapje en gastrearje, det wy keapjende en gastrearjende bliuwe; net allinne for in pear jier, ef sa lang as de wâl it skip keart, mar alle jierren fen ús libben. En bliuwt ’er den noch in klipke oer, sa follesto better. “De kou dea, en ’t hea op,” ik wit net, dat is sa raer: dat binne wy Friezen sa net wend, howol it nou mei de Franske franjes en hierkrollen al in bytke yn swang komt. As de âlders wei binne, en de bernkes fine den noch in aike yn ’t nêst, dat is sa aerdich; den kinne hja sjen, det heit en mem noch om hjar tocht hawwe. Dat is ommers folle gnapper as det se yn ’t lege nêst sjenne, en sizze: “De hinnen leinen goed, mar sy hawwe alle aeijen opfretten.” Surcheange van betaling! Faillissement! O, dat binne ôfgryslike liltse wirden yn ’e Ljouwter krante! Hja geane in from minske troch ieren en sinen hinne! It wol egentlik sizze: “Men kin in lûs net mear nimme as ’t libben.”

To Ljouwert op ’e Greftswâl ha ’k in âldfeint kend, dy allinne mei in gammele sister omkrúste en meast to bêd laei. Hy hie in gjirch rite, dy folle dûrre fen ’e earste Jannewaris ôf oan ’e lêste Decimber ta. Snjeons op merkedei, as it giseljen dien wier, den koft’ er in fearn weake hoiteflip op ’e Wirdumerdyk, en dat lei er den biskûl efter de treppen, dêr syn sister it as in Sintneklaes foun, en sa bliid as in bern opsmûzde. For him sels koe ’er dat net ôf: hy hie alle jounen, efkes foar ’t er nei koai gong, in plesjirke, dat him nin duit kostte. Den gloep er as in dief op hoasfoetlingen yn ’e kelder, die de izeren kiste sunichkes iepen, en liet syn eagen weidzje oer de pongen mei goudjild, dy ’t er der yn flijd hie. Op in moarntyd bleauwen de finsters sletten, en om ’t de bûrren dat net wend wierne, krigen hja bitinking op dieven. De witsjers fen ’t hôf stieken de doar iepen, founen sister to bêd, mar broer...... Ja, broer, minsken!.... mei de grize holle biknypt yn ’e izeren kiste: hwent it swiere izeren teksel wier him op ’e nekke flapt, wylst er djip, hiel djip nei syn jildpongen seach. O, dou satan fen it jild!

Nou haw ik ek in spylman to Ljouwert kend, dy it ongelok hie om seistûzen goune út it doaske fen Pandora, ef de lotterij, to striken. De man wier sa ryk as de prins, en om noch helte riker to wêzen, liet er alles forwikselje yn bare dekaten. Hy woe net langer op ’e fyoele spylje, mar út ’e wisse libje. Syn okkebyld fen in wiif, ontsjuske moai mei hjar bleistrige jûpe oan, en de eagen yn in bosk wylde lokken bitrollemolle hie alle jounen in oansit fen rabbige frouljue, dêr nin lewaskes, nin kofje mei tsjokke reamme, ef twiebakken mei bytlingen, sparre waerden. De trije dochters, jenten en drenten jifferkes yn ’e dagen fen ’e optochte, wierne deis en sneins yn ’t brat; oer dei, as se oan ’t stroatskaven wierne, biggelen hjar gleone linten by ’t gat del, en jouns spilen se mei de boartfammen in jaske ef in blufspilke. Mynhear, in darkert mei in brodze fen trije dassen om ’e hals, wier meast út-fen-hûs yn ’e Hopsek, ef mei syn brúntsje nei Trije-Romers ta, dêr geryflike frjeonen him selskip hâldden, sa lang as er in drip yn ’e flesse hie. De seistûzen goune oan dekaten, dy hinge er...... ja, hwer hinge er dy? ried ’ris, minsken!...... dy hinge er boppe oan in balke fen ’e keamer yn in fisknetke op, en dêr diene heit en mem mei de ljeave bernkes alle dagen elts in greep út nei det se fen neden hiene. Mar it gong mei dat fisknetke, lyk as mei alle dingen, dêr wol ôfgiet, mar net bykomt; yn twa jier wier it glêd leech, en it hûsgesin fen ’e want yn ’e tomme. Us goede spylman naem it keallebout wer op; syn moaije dochters gongen oan ’t komeedjespyljen, en dreauwene der in bytke bline nearring ûnder; mefrou gong oan ’e wasktobbe om de skriuwersjonges for in skeljen yn ’e wike to biwaskjen en to biwringen, en ta bislút waerd de hûsbaes mei it bêdstrie bitelle.

Nou wol ik ’er dit mar mei sizze; wy moatte sa folle net pronkje, net smarre, net kofjehúsrinne, net omflinterje en hirddrave as de spylman mei wiif en bern die, en wy moatte sa djip net yn ’e izeren kiste sjen, as de âldfeint die. Hwent sa as de spylman die is ’t gau: “Bek ta, pong iepen,” en wy wirde mei wiif en bernkes sa earm as in swel; en lyk as de âldfeint, den komt de divel mei in glûpske taest, en flapt it teksel fen ’e izeren kiste ticht, det ús de nekkebonken kreakje, sûnder det wy fen al ús jild in drip wille hawn hawwe. Dêrom, frjeonen, as ’t in bytke liket, twiske de spylman en de âldfeint mids troch! Amen!

J. H. H.

Ut wier ’t! Dêr fleach de boel oerein en troch inoar eft it de wyldemerke wier. De stoellen makken romte, de tafelkes loeken se yn ’t midden, en dêr de frouljue en manljue yn bonte rigels om hinne. “Nou noch briker, sei Gabe: earst in weardshús, do in tsjerke en nou in keamer dêr fammen en feinten to bier binne. It is komeedje, en dit scil de neikluft wêze.”

De Hear. Ret, Gabe! Dit is het Nanut, moetje wete. Wy hawwe hjir in sekfol nocht for in bytke jild. Ho hat it de skroar foldien?

Gabe. Skoan, hear! Skoan! Mar ik scoe hast wol sizze, det dy preker ek in skroar wier. Hy makket rokjes for alle man; en hja sitte de minsken eft se hjar om it liif getten binne.

De Hear. Ja! En is ’t net nuver? Dochs wol nimmen se net oan ha. Elts smyt se syn bûrman op ’e hûd, en seit: “Dêr, heite! Dat baitsje past my net: it is for dy.”

Gabe. Krekt as by ús, en oeral. It liket oars frjemd, as de nammen der sa dudelik op lettere binne. Mar scoe men dy preker ek ’ris praeije kinne? Se sizze, det men him sa hwet heine moat. Hy is ommers net greatsk, hear?

De Hear. Hy is alteas lang. Wy scill’ ’t ris bisiikje. (Sy geane nei de preker ta, dy by it wiif fen de hear stiet to praten.) In wirdke, as ’t jo b’ljeaft! Hjir kom ik mei Gabe Pibes oan.

De Preker. Bistou Gabe-skroar? Bliid det ’k dy sjen, man! Ljeaver in skroar mei in kop, as in boargemaster sûnder. Ho stiet it libben, Gabe? Thús ek goed?

Gabe. Allegearre fiks yn ’e heak, hear. Heit bigoun forline jier wakker nei de lodde to rûken; mar dy is nou allehiel wer yn ’e ûnderwâl opskrabe.

De Preker. Hastou it marke makke, Gabe?

Gabe. Ja, hear; ho freegje jy dat sa?

De Preker. Dat is moai; for in skroar, scoe ’k sizze, freeslike moai. Ik bin út it wetterlân; ik fetsje it. Helleste dyn hert noch wol ’ris op mei sjongen?

Gabe. Hie ’k mar hwette to sjongen, hear! Hwent de lietkes fen ús boerefolk is sok túch, men scoe yen forfije, det men in Fries wier: sa laf as luzen, en smoarch der by. As se der it kielsgat goed fen opskoerre, scoe men sizze, det ús frouljue pompierblazers en de jongfeinten yn hjar bernskens wierne. My tocht’, ta Nut fen Al ’t Gemien mocht dat wol hwet oars.

De Preker. Gnap sein, Gabe. Mar ho krigeste it oars? Mei in lietke, dat elts-en-ien noaskje scil, is ’t nau to hitten. En it komt noch mear op ’e wize as de wirden oan. Fen hûndert spylljue en rimers net ién, dy ’t der efter is. It is net kinstich en net bot, net skrander en net laf, net heech en net plat; ik wit net hwet it is.

Gabe. Mar as jy it net witte, hwa wit it den?

De Preker. Men kin dat better fiele as sizze, Gabe; en dy witte wol eft syn lietke goed is, dy moat it mar ûnder de minsken stjûre. Schep vreugde in ’t leven, en Wilhelmus van Nassauwen binne goede lietkes; dy hawwe se foar fjirtich en twahûndert jier al ophelle, en dêr wolle se noch wol oan. Mar as de minsken, dêr ’t for is, it lietke net sjonge wolle, den hat it mar ién brek; den dooch it net.

Gabe. Sêft, hear! Sêft hwet! sa lûd net op it Nut. De folkslietkes, dy se de bern op ’e skoalle tapije wolle, dy binne wol troch tweintich keurmasters itige; de gouden priis hawwe se stritsen; se moatte perdoes moai wêze; en as de bern fen skoalle binne, wolle se der nin bek fen opdwaen. Men heart se noait op strjitte, en hiel-komselden yn selskip. It komt altyd wer op jerobbedop en hup Marianneke del. Hwet sizz’ je dêr fen?

De Preker. Nou, as dat sa is, ik hâld fol, den doge se net. It scoe in biwiis wêze, det yn ’e wirden fen het meisje van Scheveningen, en fen hup Marianneke, mei al hjar laffens en smoargens, doch hwette sit, dat yn dy folkslietkes net is, en dat in keardel mei in kop der dochs yn bringe scoe. Wolle sy se tsjeppe dichtstikjes neame, ik haw der neat tsjin; mar den binne it noch nin lietkes.

Gabe. Mar as de Munsterljue ljeaver flantrige skylfisk as ferske meije, hwaens skild is dat? de ferske fisk sines, ef de Munsterljue hjar smaek?

De Preker. Dou wolste sizze, Gabe, det de ljue hjar smaek bidoarn is, en det hja dêrom dy folkslietkes net sjonge wolle. For de helte is ’t wier en dêr troch forswolgje se sa makkelik in bulte onhurens en laffens; mar for de oare helt is hjar it ear en hert noch sa geef wol, det se noait in strjitdeuntsje algemien oannimme scille, dat yn ’e wize net hwet moais, en yn ’e wirden net hwette luftichs hat. En lyk as se om dat moaije en luftige in bulte onhurens en laffens graech fordouwe, sa scoene se om hwet teamich riddenearjen yn ’e folkslietkes neat jaen, as der dat fine mar yn siet, dat egentlik de doar tadocht. Aste de minsken in lietke jowste, dat yn wierheit in lietke is, den moatte hja sjonge eft se wolle ef net.

Gabe. Wel, dat wier wol onnozel, det der ûnder fyftich rimers noch net ién is, dy in lietke meitsje kin.

De Preker. It liket onnozel, omdet it lietke in onnozel ding liket, mar der is neat slimmer. Hark ’ris, Gabe! Us foárâlders, dêr de keningen hjar sjongers en spylljue út hellen, wiernen der tige efter; de âlde biersalmen wize it noch út; mar wy binne nou earme-lytse yn dat ding. Sjuch, ik bin nin poep, mar eare dy ’t de eare takomt, de Dútskers hawwe der yet in hantsje fen. Hjar wizen binne tsjep, en hjar wirden noch folle moaijer; dêr is krekt dat fine snaerke yn rekke, dat ús oan ’e hertier komt.

Gabe. Dat is in wird nei myn hert, hear! Ik doarst it net sizze.

De Preker. Ho! Forstieste den Dútsk?

Gabe. Né, hear! Mar de hantsjemieren, dy wy simmers krije, ha ’k wol ’ris faek to fiter mei sjongen. Sont Bonneparte dat foltsen ’ris omgien hat, stappe se sa kreas as in hoants, en hjar âlde doedelomdoe is ek foroare. Forline jier krigen wy de nije griente fen Paderborn, en do wier der ién ûnder, dy ’t moai goê rêdde koe; hwent hy hie de seine op skouder nomd om ús lân ’ris forgees to bisjen. As men sa fier fen dy keardel stie, det men him net rûke koe, scoe nin minske sein hawwe det it in poep wier; sa moai song dy keardel: hy hie in fal yn syn stimme, it wier in lust. Hy koe de moaiste nije lietkes allegearre, en dêr hat er my sa folle fen fordútske, det ik it klear bigripe kin.

De Preker. Is ’t sa? Ik tochte al, ho komt ’er hjir en dêr in set út Dútske sankjes yn dy lietkes fen in skroar. Mar it rokje, detste hjar oantein haste, is sa goê Frysk, det immen, dy’t net wiste, noait sizze scoe, det der in poepelucht oan wier.

Master. Wy moatte foart, Gabe! Witste wol, det de moanne sit?

Gabe. Kom, ja master. (Hy hellet de pong út, en rinkelt mei it jild tsjin ’e preker.) Mar wy scille earst it beestegûd útjeije, om fen ’e kastelein ôf to kommen. (Hy giet nei de kastelein.)

Mefrou. Dat is in nuver bern, master!

Master. Ja wol is hy dat, mefrou! En hy is ’t ek al ier west. Hwent ik ken him; ik haw him mei de pin opfokke. Do ’t er sa’n foech jonge wier, en by my to skoalle gyng, krigen wy krekt de nije draei fen learen. Nou hie ik in bytke to min fen ’t nije ljocht, en myn ûndermaster, in grien Ljouwerter feintke, hwette to folle: hwent dy hie ’t by lantearnen fol; it skynde him sels blyn. Dy woe mar net lije, det de bern in mich deabruiden. Gij moogt geene dieren zonder reden dooden sei er tsjin ’e boerejonges, dezelve hebben zoowel gevoel en leven als gij. Mar Gabe flapte lykwol alle skoften in pear hûndert dea, en do er ’ris in blauwe gounzer yn ’e fûst hie, det de ûndermaster it seach, sei dy hiel permantich tsjin him: Gabe, breng die mug naar buiten, en laat dezelve vliegen; dezelve heeft u geen kwaad gedaan, en gij moogt dezelve ook geen kwaad doen. Gabe gong sunichkes de doar út, seach ’ris yn ’e loft, kaem werom, en sette de mich hiel foarsichtich twiske tomme en finger foar de ûndermaster del. Dy frege him, hwet dat bitsjutte. “It reint, master! sei Gabe, It earme bist scoe trûzich wirde.”

Mefrou. Dy kreupele biis! Stil, dêr is er al wer.

Gabe. Master, it gelach is bitelle.

Master. Nou, segen en sontheid, frjeonen!

Gabe. En earlik jild der by.

(Hja fûstkje.)

De oare trije. Ek sa! Gereis!

J. H. H.

DE HARKERS OP IT BOLSWERTER NUT.

De ljue, dy it Bolswerter Nut lêzen hiene, hawwe my wol ris moanne, om hjar to sizzen, hwa dochs de oanhelle harkers wierne, dy Gabe dêr mette. Howol it nou neat om ’e hakken hat, eft hja dat witte ef net, sa sjen ik ’er dochs nin swierrichheid yn, om nijsgjirrige minsken in plezierke to dwaen, en dat to earder, omdet fen ’t koerakter en dwaen fen myn oanhelle frjeonen neat as inkel goed to sizzen falt.

Op de gearkomste fen it Bolswerter nut seach men klear as de dei, det de âlde republikeinske gelykheit dêr noch lang net útstoarn wier. Ald en jong, heech en leech, riken en boargers, ryp en grien, siet hjir ûnder en troch eltsoar. De hear siet neist syn tunier, mefrou neist koopmanske, hjar bûrwiif, de domenij neist syn koster, en de âldfaem neist de jiffers yn de dagen der optochte. Dy him hjir op syn steat, syn jild ef syn ampt hwette foarstean litte woe, scoe fen al de oaren útlake wêze. Mei ién wird, men seach dudelik, det de Bolswerters noch net alleheel útskaeid wierne fen dy greate kop, dy for de fierste neikommelingen songen hat ûnder de spreuk: Sljucht en rjucht as dy fen Bolswert.

De measte fen jimme scille wol rekkenje, det it allegearre gelearde ef foarname ljue west hawwe, dy it moarmeren kopstik for Gysbertomme yn ’e Sint-Mertens-tsjerke oprjuchte hawwe. Och, né, minsken! dat wierne meast dead-ienfâldige Bolswerter boargers, mar dy it hert dochs sa heech tilden, det it kopstik út Bolswerter jild komme moast, ef hja woenen fen nin monumint witte. Hwent it hiele lân troch mei de biddelkoer to tôgjen om in moarmeren byld for hjar Gysbert to krijen, lyk as oare folle rikere stêdden for hjar helden, kinstners ef gelearden diene, dat wier dy ienfâldige Bolswerters fjirs-to skamsum en to min. Jinnige heechachters fen Gysbert kamen ’ris by eltsoar, praetten oer it monumint, en yn in amerij wier it jild klear. Hja tochten en seinen as de âlde Friezen: “It is mei sizzen net to dwaen.” Ik hab in mannich fen dat skaei yn de gearkomste fen it Nut oanhelle, en dêr wol ik nou hwette fen sizze, om der jimme in lyts bigrypke fen to jaen.

Dy flinke jongkeardel den, dy Gabe dêr seach, wier de nommele ***, dy noch jongfeint as man fen ear tsjinne hie, en letter yn oare bitrekkingen sa niver as nuttich wier. Opgeromd fen sin wier er spraeksom en koartswilich, en howol fen treftich folk, yn de omgong wakkere gemien mei heech en leech beide. Hy brocht yn sa’n stille lânstêd rju libben en biskave nocht troch syn omgong. Fen it lytse concert wier hy de siel en it libben; hwent hy dwepe mei muzyk. Ek hat Gysbert for syn moarmeren kopstik in bulte to tankjen oan de hjitte iver en foarspraek fen dizze myn stalke. Hy wier altiten drok, mar noait net drokker as om forlegene minsken mei ried en died út ’e need to helpen.

Dy minskefrjeon wier troud oan in edele dochter fen de hear en mefrou***, dêr hja de prealkroane en de heechste skat op ierde fen wier. Hja wier yn myn eagen de type en it teanbyld fen in echt Frysk bistek fen in frou. Fiks út ’e kluten sketten, flink fen liif en lea, blank as in leelje, kaem yen út hjar laitsjende blauwe eagen en heel hjar tsjeppe en bliere troanje de kleare gollens to miette. Alles oprjuchtens, alles frjeonskip, alles suvere natûr! En dy sierlike blom, dêr ús Ljeaven-Hear neat oan forgetten hie, moast ier, fen in deadlike wjirm stitsen, forkwine en stjerre; op it bêst fen hjar libben, de lust en ljeafde fen elts-en-ien dy hjar kende, segene mei skatten en oansjen, skoerde de dead hjar ûnder kritende binaudheden út de earmen fen hjar forplettere man en âlders, ja, fen hjar ljeave bern, dêr se sa minlike jern by bleaun hie. Né, dat stjerren forjit ik net as yn myn eigen grêf.

Fierder dy âlde froedsman mei syn smelle troanje wier myn brave bûrman; in hiel gnappe baes en in wize faed der by. Forstânnich, matich en oprjucht yn al syn dwaen en litten, wier hy in man mei in gesoune kop, en dêrby in fine opmerker, dy my de opkomste en foartgong fen it patriotisme, dêr ik sels as jonge de lêste tonielen fen bywenne, op in hier útlein hat. Hy hie der sels mei yn west en koe him net bigripe, ho men sokke brike flinken as earnst mei bihertige hie. As men do, tinkt my, oer folle pleatsen in net spand hie, hiene it krekt sa folle gekkehuzen west. Ik woe se wizer hawn hawwe, froedsman! sei ik; ha jy ek mei boarte? “Wel ja, sei froedsman, hwa boartte do net mei? De wiiste, de wolmienendste, de bêste en stadichste ljue diene lustich mei, kin ik jo sizze. It wier in jacht, dy krekt as de reahoun, de mûzels ef de pokken húsriem omgong.” Nou dêr sizze jy hwet, froedsman, sei ik, dêr is in bulte wier oan. Wy hawwe twaris in jachte fen hjitte koartsen hawn; jy witte wol, iendris fen domperije, en noch ’ris ien fen liberalisme. Dat kaem hird oan. De minsken dwylden krekt eft se pûr gleon yn ’e kop wierne. Do tocht ik, nou moat ik der ek oan, mar mei folle purgearjen en litten, mei festjen en it putskjen fen deis in healamer iiskâld pompwetter, bin ik ’er gelokkich noch mei de hele hûd ôfrekke. “Dêr binne jy nin drip better om, anderde my froedsman. As wy beide op ’e merke steane, bin ik mear wirdich as jy. Ik bin as in kou, dy de pest hawn hat en wer opbettere bin; en ik siz jo, ik haw sa ’n leksom al hawn, det ik krij de kwael noait wer. Mar jy kinne de kwael noch krije, omdet je ’m noch net hawn hawwe, en den moatte we noch ôfwachtsje, hwet der fen jo to lânne komme scil. Hwent dat sizz’ ik jo, ik haw it sjoen: yn dy polletike biroerten sitte de minsken ljeaver yn klubs en societeiten as thús by hjar affearens. Dêr meitsje se eltsoar de kop den warem; dêr dispetearje en politesearje se, det se skombekje, fiifhûndert út; dêr drinke en klinke se ta heil fen it faderlân; ja dêr sûpe sommigen as kreupels en komme mei in folle en biroaide kop en in lege pong by wiif en bern thús. Societeiten binne soepesteiten, seinen de âlden do. Koartom, nimmen hat by al dat politesearjen spek set as de tapkast fen de kroech- en kofjehûs-hâlders yn ’t lyts, en de pong fen de foarname ljue yn ’t great, dy mei de gekheden fen ús boargerminsken moai waer spylje. Alle minsken hjir to lânne miene, det se dokterje en regearje kinne, de twa slimste dingen, dy der yn ’e wrâld bisteane. De measte binne der noch keurmasters fen it geloof by.” Nou, anderde ik, jy woene sizze, froedsman, det de minsken prate en rjuchtsje oer dingen, dêr hja krekt sa folle bigryp oer hawwe as in aep oer de pasleinkast. En is ’t net nuver, det de ljue, dy jamk to dom binne om hjar eigen lytse boel rjucht to stjûren, krekt de alderwiiste binne om de kening en it hele lân ’er by to regearjen? Ja, froedsman! It is sa. It komt der krekt op del sa as dokter Styl fen Harns yn dy tiid rjimme hat:

Wat leest men wel het meest en met het minst verstand? Ik zal ’t u zeggen, vriend! “Den bijbel en de krant.”

Leau net, det it noch sa ris komme kin, lyk as forline jier de wier-sizzer op Ljouwerter merke profetearre oan Keimpe polletyk, dy de planeet fen ús lân by him loek: “Harkje, mannen! Hark!” sei de planeet: “De eigenwysheit bringt ús lân yn it lijen. De twisten fen ús bline foarâlden hawwe ús yn de hânnen fen de Jakobinen spile, en kin ’t geharrewar fen even bline neisieten ús net bringe ûnder de swipe fen mieren, dy mei earnseagen loere op dat gehaspel, om der in hân twiske to krijen? Is it net to dwaen om jimme sparpôt, frjeonen? It stienâlde sprekwird, seit it net, det de iene, as er dines nimt, in bileefde bûging makket en seit: S’il vous plait, Monsieur! wylst de oare dy tagrouwt: Dass wol ich haben, halunke! en aste ’t net mei in rep jowste, dy mei in izeren latte noch op de hûd ta tichelt, det dy de ribben kreakje? Harkje, mannen! Hark! Dy net hearre wol moat fiele.” Profete-lak!

Dy lytse man, sa hwet swart fen opslach, wier de skrandere froedsman ***. Hy hie ús bêste histoarjeskriuwers, lyk as Hooft en Brand, sa faek lêzen, det hy se hast fen bûten koe. En hwet him bilangryk for my makke, wier syn wenst, om de útkomsten fen de âlde tiden op ús tiid en regearring ta to pasjen. Romans dêr bimoeiden dy ljue hjar net mei: dy lieten se oer oan de jiffers yn de dagen der optochte, en oan de eigenwize soannen fen madam Oberflächlich.

Nou kom ik oan myn eigen oppernolke foargonger. For syn persoan wier er bleek en fyn fen troanje, en sa hwette rimpen en skichtich yn syn wird en menearen. Hy wier ien fen de bêste kristenen, dy ik op myn reis troch dit libben mette, en ik hoopje him wer to sjen, om him noch ris to tankjen for al it goede, dat er oan my dien hat. Hy hie rju formogen, mar hy wier it ek wirdich; hwent as er in earlik en iverich, mar forlegen ambachtsman by him kaem, dy liende er jild frij fen rinten.

De stânfries wier myn trouhertige frjeon ***, string fen gemoet en woldwaend mei de mylde hân. Yn de Franske tiden in segen fen ’e stêd, wier hy steil en ûnforsetlik as hy de wierheit, it rjucht en de wolfeart fen de miente, him fortroud, foar hie. In fêste stipe fen syn folk, en altiten in foarstânner fen wittenskip, kinst en forljochte godstsjinst, stoar er fredich, lyk as hy wiis libbe hie, nei it biromde leksom:

Laet d’ijv’raer in zijn waen, die uw geloof weerstreeft; ’t Geloof van hem is goed, die zijnen plicht beleeft. Het menschdom moge in hoop, ’t moge in geloof verschillen, Maer ware menschenmin moet elk betrachten willen.

Dy gesette man hienen wy ta dokter, dy by ús út en ynroan. Mei syn roune folsleine troanje, readfallige wangen en blierskrandere eagen, wier hy it byld fen de gesontheid, dy hy syn lijers werjaen moast. Ik sjen him noch as ik siik to bêd laei, en hy moarns de girdinen mei ’n flink goeden morgen weistriek. It wier krekt eft de ingel fen heil út de wolken delsaeide en foar my stie; ja, ’t gesicht fen dy man makke my hast noch better as al syn puijers en drankjes mei eltsoar.—Foar det hy to Bolswert kaem, hie er dokter west to Dockum, en dêr hat er hwet fen ien fen myn folk heard, dat jimme witte moatte. Howol it rju smoarch stiet om hjir fen myn folk to praten, sa moat ik dochs, om forstien to wirden, sizze, det to Dockum it nêst stiet, dêr myn foarâlden yn hikke en tein binne. Hege sprongen hat ús folk noait net makke en dat is mûchlik de reden, det se de hals noch net britsen hawwe, mar as boargerminsken trije ieuwen oan ien swietsjes wei, by it wâltsje lâns, foartpandere binne. De earste, dêr ik fen wit, wier Douwe Halbetsz (Halbetszoon) fen Dockum[3], dy oan de side fen prins Lodewyk fen Nassau yn Grinslân fochten hat, en dêrom fen Alva by sentinsje fen 20 Maeije 1568 ta de galge forwezen is. De twade, dy ’k wit, hjitte Justus Halbetsz dy yn 1674 Medicine-dokter to Dockum wier. Letter hawwe se oan de namme fen de âldfaer Halbetsz, lyk as oan tûzen oare Fryske nammen, de stirt—ma, (sa folle as man) hinge, om der in fan fen to meitsjen, en Halbets waerd Halbetsma. Sont it jier 1700 skreauwen folle fen ús staek Hatbetsma faek mei in R. Halbertsma; sa diene ek ús pake en heit, en HALBERTSMA waerd de fêste fan fen ús, hjar soannen en neikommelingen. Yn it lêst fen de foarige ieu, libbe der noch in neisiet fen Justus Halbetsz to Dockum, dy ek al medicine-dokter wier, en sa folle ik wit, regearjend boargemaster fen de stêd der by. Nou, fen dy Th. Halbetsma hat dokter my de folgjende set forteld.

De skroarren brochten do hjar wirk oan de klanten sels thús; wier it in rôk, kammesoal ef jas, dy sloegen se oer ’e earm, en sa gongen se oer ’e strjitte nei de klant ta. Allyk wier it wisansje, det de dokters by de bigraffenis it lyk folgen fen de patient, dy ûnder hjar hannen bleaun wier. De dokter gong den ek mei de roumantel oer de earmen nei it stjerhús ta. Sa kaem it by tafal to barren, det wylst Dr. Halbetsma mei de roumantel oer ’e earm nei de bigraffenis fen in patient gong, syn skroar him to miette kaem mei in nije jas oer ’e earm for ien fen syn klanten. Yn it foarbygean sei dokter, Goeden morgen, baes! hwerop syn skroar anderde: Goeye morgen, dokter! Bringt dokter syn werk thuus?

De takke fen dizze man is mei syn soan Mr. Cornelis Halbetsma, dêr ik de âlde frjeonskip noch mei oanhâldde, to Leiden útstoarn. By syn wiif jiff. Jonckheere hie er nin bern.

Us dokter hâldde net folle fen konsulten. Dokters, sei er folle, binne eargjirrige en jaloerske wezens, dy yn de praktyk net licht bikenne, det se missjoen habbe. As der nou twa oer ién patient geane en de iene sjucht de kwael oars yn as de oare, den kriget jamk nin ien fen beiden syn sin. Hja lizze it op in akkoart mei eltsoar, en sa wirdt ’er in drankje by eltsoar klitst, dat twa wegen útgiet; dat is to sizzen, nin ien wei yn ’t geheel, en dos de patient bliuwe lit sa as hy is. Eft dat nou wier is ef net, lit ik oan de konsjinsje en de ûnderfining fen de hearen fen de kinst oer; mar dokter *** sei altiten, as hy fen in konsult thús kaem: Vele honden is der hazen dood.

En nou kom ik oan twa fen myn âldste en bêste frjeonen, dy howol-’t se net op it Nut kamen, my to folle goed dien hawwe, om hjar hjir yn it forjittelboek to litten; it wier it nommel pear, mynhear *** en mefrou, syn wiif. Dy hear wier in echte Fries, en in tige man fen de âlde styl. Hy hie rju termen yn ’e holle; en dy sa geef, sa edel as goud. “Nin franjes fen holle wirden en kompleminten; dwaen is in ding, sei er. Hâld oarder yn dyn dingen detste krekt witste, op hwet gat dou sitste. Jow foaral en bilieven nin jild út, datste noch net yn ’e bûse haste. Effecten binne defecten, sei er. As de kroande hearen mei de noarder sinne weigeane, den kin ik se net, as myn krediteuren ûnder de boargers, foar ’t rjucht daegje. Dêrom, ik wenje net op it pompieren souderke; mar ik haw dochs effect, om my mei de blêdden tideliks to formeitsjen, en wirdt dêr de pin troch stritsen, ek goed; ik bliuw dochs sitten op de fêste groun fen myn Fryske greide.” Hy wier in kindich en binlik lâneigener, dy alle boerestrûpers yn syn siel forachtte. “Dy de boeren strûpe, sei er, “strûpe hjar eigen lân earst.” Fen grize Fryske sprekwirden, b.f. “Astou it lân net biskytste, biskyt it lân dy,”[4] wier er net fiis. Mei ien wird, dy earlike Fries sei it, sa as de wrâld woechsen wier. “Rjucht troch sé, en net omsjen! Doch sa folle goed aste kinste, en lit it den op in generael pardon oankomme!”

Mefrou, altiten by honk, wier in wirdich, gastfrij en wakker foldedich minske. In goeddwaende ingel for earme widdouwen, libbe hja boppe dat for hjar folk en frjeonen, om dy genoegen to dwaen. As se dy oan hjar hearlike tafel krige, wier hjar greatste nocht, as se de fine gerjuchten, dy se opdiste, braef nuttigje woenen; sels preauke se der mar efkes oan. Under de gasten roun inkel wol ’ris ien, dy obligaet op de mondharpe spile, ef om it plomp-wei to sizzen, dy allinne in greate klaei-hazze mei ham en gram en de nedige omballingen ophimmele, sûnder det de man der oars ef oars fen waerd. Sa ’n man scoene se dêr yn ’e hichte stekke, krekt eft hy hjar út lêst en ellinde holpen, en in monster forslein hie. Op inkelde hege feesten, dêr freugde pas joech, hie mefrou hjar moed net, ear det it lêste kromke fen hjar fynste gerjuchten orbere wier, en dy mei sa folle drippen fen hjar fine winen bigetten, det de gasten sjongende fen tafel opstienen. Dy den net song, bitelle syn gelach net. “It liet, seinen de âlde deftige Romeinen, is de saus fen it gastmiel.”—Koartom, dizze gasthear en gastfrou wierne greaten fen it âlde jestael; hja lienden nin diners, lyk as de greaten fen letter tiid; hja joegen diners, sûnder der oait ef oait in griselke for wer to nimmen. “Jimme moatte ús ris wer forsiikje; jimme moatte jimme skea i’s wer “ynhelje”, sizze de iters as se weigeane, en rosje hjar hûd oan ’e stile fen ’e keamersdoar; mar dêr woe dit nobele pear minsken neat fen witte.—Dit inkele eksimpel, soks wit ik, biwiist neat, en howol ik der in bulte oare ta bifêsting bydwaen koe, sa haw ik dat hjir allinne oanstippe, om myn, op in ûnderfining fen fyftich jier rêstende, oertúging kenber to meitsjen, det fen alle naetsionale deugden, dy ús âlden noch by it bigjin fen dizze ieu egen wiernen, nin ien, ûnder Hollânners en Friezen beide, mear efterút gien is as de gastfrijheit, dy yn alle tiden fen ’e wrâld hâlden is for it onfeilbare teiken fen in edelen aert.

Do ’k oer ’t jild preke hie, sei mynhear tsjin my, det it goed foldien hie, en ’t moeide him, det er my net heard hie. “Mar dou weetste wel, liet hy er op folgje, Dou weetste wel, dat ik niet op ’t Nut komme ken.” Nou, dat wiste ik do net, en ik woe ’t him ek net freegje, hwerom net? Mar jierren dêrnei kaem in âlde gelearde en trouhertige frjeon fen de Saen by my to út-fen-hûzjen, en dy joech my in bytsje ljocht, troch det syn heit, dy him it ding faek útlein hie, en de brave oprjuchters fen it Nut, kennissen wierne. Hjar lieder wier in wolmienend en sedich, mar ek kindich en forljochte man. Trou oan syn geloof miende hy, det mei dommens nin klear bigryp fen de plichten fen kristen en boarger to pearjen wier; hy lei him dêrom mei liif en siel ta, om it ûnderwys op de berneskoallen to forbetterjen, en nuttige kundichheden, dêr de gemiene man nea fen heard hie, troch bigryplike skoalboekjes oeral to forsprieden. De forljochte ljue fen syn tiid yn dy oarde wierne soks meast mei him iens, en rjuchtten yn 1784 mei’noar dat selskip Tot nut van ’t algemeen op, dêr neijerhân alle departeminten mei tûzenen fen lidden oer ’t hiele lân út groeid binne. Mar yn de byienkomsten fen dat selskip waerd, bûten de folksforljochting, yn ’t bigjin ek noch hwette oars bitiksele, sei myn stalke, en dat wier in angeltsje, dat de prinseljue, nei syn sizzen, danich stiek.

It wier do de ongelokkige tiid, det de natie, om sa to sprekken, yn twa fyandige legers fordeeld wier; to witten, yn oranje-ljue en patriotten, dy eltsoar it ljocht yn ’e eagen net ginden. De patriotten woenen foroaring fen regearringe, dy de princeljue wegeren. It hôf bigong yn 1787 de deadlike misslach, det it in leger fen Prusiske soldaten yn it lân rôp om hjar to helpen, en sa dwaende de patriotten ’t rokleaze eksimpel joech, om yn 1795 op hjar bar de Franske soldaten yn to heljen ta hjar ûndersteuning, en sa is ús lân do njunkenlytsen in Franske provinsje wirden. Yn dy tiid nou, foaral nei 1787, spile de regearring, mei frjemde bajonetten efter de rêch, hjitkoppich de baes. De patriotten waerden forfolge, ek tsjin it sin fen de bêste princeljue; de foarnamen út alle ampten staet, de minderen tobek set; alle byienkomsten, dêr patriotten sieten to biriedslagjen, as nêsten fen Jan-rap en oproer út eltsoar jage; en sa kaem it, det de patriotten de forgaderingen fen it Nut yn it bigjin as in frijsprekkerij misbrûkten, dêr se feilich oer de regearring sizze koenen, hwet hjar foar de mûle kaem. Nou is ’t net fier to siikjen, tinkt my, hwerom de princeljue it Nut skouderen as in club fen lânpesten, en de patriotten der in skûlpleats yn sochten, om ’er feilich alles yn to sizzen hwet hja woenen.

Ta de princeljue hearde de âlde aristokratie en it hôf; de soldaterij mei hjar kommedanten; de ampteners, dy fen it lân iten en klean krigen; alle ljue fen de steile Reformearde tsjerke; hwent orthodox en oranje wier do hast ién wird. Ta de patriotten hearden folle meagere beunhazzen en gelearden, dy by de foroaring macht, jild en ear sochten, en op de greaten, dy de fette posten ynhienen, skolden as stjonkende aristokraten; ek de ljue út ’e deftige boargerstân, dy op de namme fen forljochte en liberale minsken oanspraek makken, meast braef en wolmienend, mar min trochsichtich folk, dy op ’t ein troch breinroere Jakobinen oer ’e kop mend binne; folle skroarren, skoenmakkers, herbergiers, dy de els, de nidle ef de tapkast mei it kjessen op it stedshûs omroalje woenen. Der wier boppedat in ape-natûr yn in partij, om al de kattesprongen en babbelgûchjes fen frjemde naesjes, binammen fen de Fransjes, nei to dwaen, howol dat hjar ôfgong as in baerch it safraen-fretten. Nou wier it omtrint yn ’e tiden, det de Franske revolutie, en in bytsje earder, de Amerikaenske frijheits-oarloch oan ’e gong wier, en dy twa omkearingen makken de hjitste koppen hjir sa oerstjur, det der foroaring komme moast, al scoe de ûnderste stien boppe. It like wol, det de Jacobinen it yn hjar eigen lân, fol fen jild, handel en in fleurige skipfeart, net mei de hele hûd hirdzje koenen. As ondogenske jonges, dy de breakrommels stieken, wier nin rêst yn hjar bonken, foar det ’er in frjemd man kaem, dy hjar mei de bollepyst op ’e breadronkene hûd tichele, det hjar de bonken kreakene.—By folle oranjeljue siet de godstsjinst mei yn ’t spil; de godstsjinst, siz ik, dy yn pleats fen ljeafde en iendracht to stichtsjen, lyk as hjar roppinge is, de geast forninicht en de fonken fen partijgeast ta in helsk fjûr oanbliest. Dêr is noch it sizzen fen dinne komd: “Meitsje him de kop net Oranje, ef hy slacht dy heal-dea!”

De Roomsken wierne meast patriotten en dat wier natúr-eigen. Hwent hja wierne sletten bûten alle ampten en bitsjinningen; de Reformearden, as biliders fen de religie fen steat, wierne dêrta allinne birjuchtige, en troch de foroaring, dy de patriotten yn it each hienen, koe dat hatelik privilegie allinne to neate gean, en alle godstsjinsten it selde rjucht op ’e lusten fen it lân krije, lyk as hja der de lêsten fen hienen. Mar op de gearkomsten fen it Nut, dêr de greate saek fen it folksûnderwys bûten hjar tsjerke om rigele en foartsterke waerd, bleauwen de Roomsken folle wei.

Hwet de Minnisten oangiet, lang wierne hja de stillen in den lande, dy hjar net om polletyk bikroanen: dy ’t lân hie hie hjar ek, en as se ’t to krap krigene, forfarden se nei in oar lân ef provinsje ta. Net Pietje foaroan boartsje! Net regearje! Net stjûre as hjar eigen affearens! Sa wierne se yn stilte formogende ljue wirden; de ryksten ûnder hjar folle formogender as de earste ampteners fen ’t lân, dy, ho heger hjar traktemint wier, ek des to heger steat fiere moasten, en de wierheit fen ’t Fryske sprekwird biwiisden: In swan hat syn fearren krekt sa goed nedich as in mosk. Myn heech-foreare frjeon, de goeverneur Jhr. Æbinga fen Humalda, hat my wol ris forhelle, ho de greate lâneigners út de Fryske aristocratie, foar de stimmingen by rike Minnisten kamen om jild to lienen. Yn hjar ôfsondering hienen se altiten jild en tiid, middels en lust hawn om hjar op nije útfiningen en fabriken út to lizzen; om hjar kennis yn hege rekkenkinst en stjerrekinde, yn natûrwitenskip, en foaral yn histoarje en steatkinde, to oefenjen. Hja kamen op de hichte fen hjar tiid, en bigounen hjar to forienigjen mei de tiid, dêr se yn libbene. De âlde ienfâldigens yn kledaesje, dêr men de Minnisten as in montearring oan koe, bigoun pleats to jaen for in pak, sa as de tiid sei. Mei de kledaesje foroare ek hjar libben binnen en bûten hûs. Hja kamen swietsjeswei yn de selskippen fen oare gesinten, en sommige iisbrekkers ûnder hjar weagen ’t yn iepenbiere gearkomsten to forskinen, dêr se it wird fierden. Om koart to gean, tofoaren wieren de Minnisten yn ’e wrâld, en nou kaem de wrâld yn ’e Minnisten. Scoe ’t nin merakel west hawwe, det de frijheits- en gelykheitsswimel, dy Noard-Amerika, hiel Frankryk en sa folle hûndert-tûzenen yn Nederlân bifongen hie, sokke hollen alheel frij litten hie? De Minnisten wierne folle patriotten om gelike rjuchten for alle boargers to bitingjen, en sa waerden hja ek de foarnaemste oprjuchters en útbreiders fen it Nut, om ljocht en boargersin ûnder dy evenboargers to stichtsjen, dy mei de hânnen hjar brea fortsjinje moasten. Hjar eachmerk en dwaen yn dat alles wier siker net kwea, mar eft se der sels side by spoun habbe, dat is in oare fraech.

Nou gisje ik for it neist, hwerom it earlike oranje-bloed fen 1795 net op it Nut komme koe. In prinseman fen âlder ta âlder hie de haet tsjin de patriotten en hjar klubben mei de tate ynsûgd. Dy earste bistimming fen it Nut, dy hy him foarstelde as in smokkelgat for patriotske slûkers, siet him noch yn it krop, en howol dat alles nou forjitten en forjown wier, en de man bêst wiste, det der neat as in ûnskildige útspanning fen oerbleaun wier, sa miende in stege Fries dochs, det hy de skyn fen in omflapte oranje-man op him lade scoe, as hy de gearkomsten fen it Nut mei syn bywêzen foreare.

De Preker.

DOCH DYN PLICHT EN LIT DE LJUE RABJE.

Tetke. (Tetke, domenijs faem, rint by Gabe-en-hjarre yn hûs.) G’n joun sizze fen domenij; eft de japon klear wier?

Gabe. Dêr mienste, detste my oer ’t mat kaemste, mar mis wier ’t. Ik scoe him krekt bringe, ljea’! Wacht efkes, det ik it baitke oanlûk: den gean ’k mei dy, en as domenij it lije wol, Tetk, den bliuw ik fen nacht mei ien by dy to meiden.

Tetke. Fui, heite! Sa ’n eardske? Dou biste ommers net fen seizen klear.

Gabe. Mienste det meiden hirddraven en hynstewirk is? Dy bêst pattet is de man, en ik rop skrik fen patsjen. Dou kinst’ it earst bisiikje, Tetk! Jow my mar ’ris in fûgel.

Tetke. Fê, sa’n gemael altiten. Kom, gean mar mei: domenij wachtet nei my.

(Tetke en Gabe geane mei eltsoar út hûs. It wier in sêfte simmerjoun nei in mylde dei: der loek nin sigenke oan ’e lije loft. De koekkoek, djip biskûl yn ’e blêdden, song syn dof lietke. De kikkerts raesden fier yn ’t stille fjild. Ut it foaronder fen in skûteboer, dy yn ’e bûrren laei, kaem in salm fen Dathenus mei tûzen draeijen as út in smoarmogge nei boppen setten, wylst de bûrljue fen ’t doarp op ’e stoepen by eltsoar in jounpraetke houdden.)

Gabe. Hat domenij al jimmette?

Tetke. Né, wy scoenen aenstons to wirk oer ’t selaed. Pestoarske is út-fen-hûs, en hy mient, det ik de aeijen net salvich siede kin. Nou ha ’k de tsjettel mei sieden’ wetter en ’t haloazje mar by him set; nou kin er him sels op it menút ôf rêdde.

Gabe. Dat hie ’k net weage, Tetk. As de ljue mei ién wyt en ién swart hoas nei de preekstoel geane, ef de bef oer skis op it skouder drage, dat jowt noait nin goede aeisieders. (Hja komme oan ’e pasterije-doar.)

Tetke. Ik scil him iepen dwaen, dy doar hat in sin.

Domenij oan ’t aeisieden.
Domenij oan ’t aeisieden.

DOMENIJ OAN ’T AEISIEDEN.

Gabe. St! St! Lit my foargean; ik scil i’s ôfloere hwet er docht.

Tetke. Foi, Gabe! It is krekt eft wy strúnjeijers binne.

(Gabe glûpt teantsjende de gong lâns, en kipet troch de keamersdoar, dy yn ’t kier stie, nei binnen ta. Domenij siet mei in pear greate eagen stiif to digerkykjen; hy hie it netke mei fjouwer aeijen permantich yn ’e fûst, en it haloazje hinge yn ’e tsjettel to sieden, det it rammele.)

Gabe. Domenij! Is dat aei noch net gear? My tinkt, it scil wol hird wêze.

Domenij. Nou is ’t formaerde bryk!

(Domenij fljucht op; hy set de aeijen rimpen op ’e groun del, det de djirre him om ’e teannen spat: hy skoert it haloazje út ’e tsjettel, mar it kjetting is sa hjit, det er it net daeije kin, en it haloazje yn grús op ’e groun falle lit.)

Gabe. Allegearre diggels! Ik wit net, domenij; ik scoe mar nin aeijen siede.

(De faem, dy net mak wier, komt mei in dweil, en himmelt de boel op. Domenij sjucht sneu.)

Gabe. As ’t sa fet yn ’e koken is, det de aeijen oer ’e flier rinne, den hawwe dy klitsen fen fammen it mâl fel noch oan. Ho sjuchste sa bros, Tetk? Wel, wel, in spjelde hat ek in kop!

Tetke. Nou binne de aeijen salvich, hê? Fê, sa ’n gemjoks! In domenij aeisiede is krekt sa folle as de faem preekje.

Domenij. Kom, wammis mar mei de boel. Tonei better, seit it almanak. Sa ’n frjemde bink ha ’k myn libben noch net hawn, Gabe! Ik wier fen top ta teil yn ’e stúdzje wei.

Gabe. It is better det jy yn ’e stúdzje wei binne, as det de stúdzje yn jo wei is. Folle fen jins bûrljue sjucht men alle dagen as sjammelûken twiske de snijbeantsjes en de roomske beane stean; hja witte op in hier ôf, ho folle aeijen in wjitten hin leit, en ho mannich tellen de skylfisk siede moat: it binne bêste gnjirkers en kokenfammen, mar minne prekers.

Domenij. Haste myn japon, Gabe? Pas ’im ’ris oan. (Gabe tsjocht ’m de japon oan.) Kom, fiks, man. Dêr is romte yn. Nauwe klean binne for it lichem, hwet in skrabberich geweten for ’e siel is. Men doare yen net reppe.

Gabe. As ik ’t mei alle minsken sa goe’ roaije koe as mei jo, domenij, ik krige wol helte mear klanten. Mar de iene seit, det ik ’m de pânnen fen ’e rôk sa koart meitsje eft se fen ’e rotten ôfgnaud binne; de oare klaget, det se him to lang binne. De iene seit, det ’m wol in mosk ta de broek yn fleane kin, en de oare klaget as in earme ridder, det er net nei de groun wize kin ef de naden kreakje him. Lêsten siet ik by Auke-boer to skroarjen: dêr kaem Poppe Stút oan mei in rêst smelle praetsjes, det yn myn lapekoer rju onrjuchtfirdige lapen laeinen. In amerij dêrnei hienen je ’er Bouke-slachter ek by om in fet kou to hanneljen, en dy sei, det er gau sa folle lekken troch it each fen ’e skjirre skoerre scoe, det er by de boerkes nin taei bolleflesk langer hoefde to kôgjen.

Domenij. Bouke-slachter tochte mûlk, dy in oar kjimme wol, moat sels nin lûs ha. Immen, dy sels by ’t mak ôf is, docht bêst, det er kameraten siket.—Ik hear it wol, lek en brek fen ’e skroarren by de rûs: mar mienste det it mei de domenijs better is? Alle dagen hearste ommers, “It is mei de domenijs, de bûse ticht en de hân oan ’e hoed. Men kin dat foltsen net fierder as oan ’e mil ta.” Wiste wol hwet jimme pake sei?

Gabe. O, dy sei ommers, det de domenijs wriuwpeallen wiernen, dêr alle bisten, dy jokte hienen, hjar rudige hûd oan rosten. Dêr tocht’ ik jouns noch om, do Klaes Tsjalkskonk, de skûteboer, by ús yn ’t milhûs trape: hy hie trije brakke baggeler ûnder ’e earm dy er mem for bêste linde forkeapje woe. Hy pipe sa fyn as in mûs, en de holle hinge him op ien skouder. “Jimme domenij, sei er tsjin mem, bringt it fier mei de letter, mar hy hat de geast net.”

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings