TAHEAKKE. (continued 2)
Reading edition
Maeike sei tsjin Domenij: “It scil jo mei baes gean, as de timmerman mei ’t âlde Hallumer skip: der sit fjûrrich hout yn.”
Tsjin in oaren, dêr se folle by yn ’e winkel kaem, en dy hjar in fearn thé for in heal poun yn ’e koer treaun hie, en folle oer syn binnenste praette, sei Maeike: “Ik wit net, feint, mar astou iepene wirdste, scilste net swiet rûke.”
Do se in ryk menist op in leugen fette, dy wol hûndert op ien dei dwaen woe, as hy der mar mei fortsjinje koe, sei se: “Jy kinne ek wol in pear merkeskoen oan ein, ear jy wer op it âlde paed binne.” Koartom, elts dy oar gûd forkeapje woe, as er yn ’e marse droech, krige in skramke. Hjar man sei den wol ris: “Men scoe sizze, hwet haste der altyd mei fen dwaen?” Mar Maeike sei: “Tsjin de kweade moat fochten wirde, oars wirdt er al to great baes.”
Oer de Godstsjinst tocht se mear as se sei, mar sy woe der noait oer haspelje en tsiere mei ljue, dy oars tochten as sy.
“De greate Lantearne”, sei se, “is for ús allegjerre opstitsen, en ljochtet oan alle iggen. Der binne folle knoflige hânnen west, dy de glêzen gruzich en grounich makke hawwe; lykwol barnt it troch alles hinne. Elts moat dêr stean, dêr hy it measte ljocht fen de lampe kriget, en dêr moat nimmen yen ta yn ’e wei stean.” Folk, dat net nei de tsjerke omseach, woe se net yn hjar tsjinst hawwe. “Dat is fisk noch flesk!” sei se.
Tsjin hjar bern koe se it ek nuver sizze. Do se hjar âldste dochter in gouden holgûd kofte, bitinge se, det se noait oars as silver yn ’e tsjerkepong jaen mochte: “oars stiet sa’n giel ding lilk. De Tsjerke en de Wrâld elts syn part”, sei se.
Yn hjar húshâlding wier se rjucht en sljucht. Hja woe noait keapje fen ljue, dêr se tingje moast, ef dy hjar waer bjuster priisgen; sy koft ek mar selden, mar as ’t wêze moast, den goed en fen de bêste ein. As ’t bûten de tsjerke ef ongelokkige minsken omgong, hie se wol nocht oan bizerije. Hja koe ’t bjuster bryk útstelle.
Ienris do in jeneveroalje-keapman, in keardel as in twinter okse, by hjar oanskeat, en alle kwalen oplies, wol in heal ûre lang, sei Maeike: “Altyd net ret, Ome!” Mar op it lêst sei se: “Wol ik jo ris sizze, hwer de measte ljue de kwael sit? Dêr sit it!” en do sloech se op ’e bûse.—“My ek, sei de man, en gong syn wei.
Hjar siktaris soan, dy in jier to Frentsjer oan de Akademie west en yn dat bytsje tiid sa flokken leard hie, det hy net ien Prefester foarút joech, en syn tiid mei smoken, bolwirksljuchtsjen en kaertspyljen oan ein brocht hie, en, nei syn sizzen for divel ef spoeken wykte, hat ris in lyts húsmiddeltsje fen Maeike-moei hawn.—Op in joun teach de studint dêr ris hinne to jounpraten; en do hy nei Maeike sin genôch flokt en swetst hie, waerd der in skiepperib nomd en dêr in wyt lekken yn spraeit; do hjar swarte wetterhoun dêr op ’e rêch yn fêst fisele, de bek opspjalke mei it heft fen in great mês det it bist net oars dwaen koe as âlje en mâlle geluten jaen, do dat spil oerein, en sa lieten se kardoes trije kear fen boppen it finster lâns giere, tsjin de studint oer.
Do de flokker dat ôfgryslik ding troch de glêzen hinne seach, fleach hy as in pyl oerein, en hals oer kop oer stoellen en tafels hinne, en oan de skouders ta foaroer yn in fol kret, dat al yn tiids for him klear stie, en sa reisge hy, sa hird as er oait dien hie, nei de Siktarij. De klerk rekke fen ’e drang ûnder ’e foetten, en krige in print fen ’t kret ta. It hiele hûs yn rep en roer; de wite mûrren kouwestront; Juffrou fen hjar sels; Siktaris fen ’t stik. Dy frege forheard: “Mijn zoon! wat is dit?”—“Och, Heere! Pa, ik hef de Duvel zien!”
Op in winter, det hjar man en Domenij de tried ris fen de redens ôfride scoene op oardeletmiels iis, rekken se beide oan ’e skouders ta yn ’e opsleat, dêr se as kikkerts wer útkrûpten; gûle en oefje, det de ljue mear om hjar laken as meilijen mei hjar hiene.—Do se de bûtdoar yn stoepen, mei de flotgêrzen op de rokjes, koe Maeike yn hjar sels it laeitsjen net litte. Sy sei: “It is noch bêst bislein mei jimme: hwent as it wetter hjit west hie, koene jimme jimme drovich barnd hawwe.”
Yn hjar dwaen en litten wier se sa from as goud: hja hiene in feint út Kollumersweach, dy in jier by in tysker wenne hie. Dizze scoe mei in kou, dy it njuggende kealtsje al forsomme hie, nei de merk, mar sette, lyk as hy wend wier, it âld bist earst in nij earizer op. Dit hie hy út ’e pin leard. Mis wier it nei Maeike sin. De feint krige in fet baerch; sy joech him seis wike, en gereis. “Jild, dat mei sokke kinsten woun wirdt (sei se) hat men fen de divel op skea, en dêr wol ik net by yn ’t kryt wêze: hwent it is in nuver jildsjitter, dy’t by nacht en ontiden mei saundûbele yntressen opeasket, as ’t him mar yn syn mâlle kop oankomt.
Hjar man wier in biheind minske; hy hie twa kromme tommen en gjin naule, en mar ien tean, bjuster gysten mei in bytsje forstân, en wier fûlfrettende gjirrich. Hy koe, as hy mei Maeike út to gast wier, yn in stik boffert bite, sa great, det him it wyt fen ’e eagen foardraeide, en sy hjar de lea searhâldde.—Moast der slachte wirde, den sels oan ’t wirk, om it slachtlean to fortsjinjen. Sa krige hy in snau fen in âld baerch, omdet hy net redsum wier, dêr hy trije fearnsjier mei om mastere, en him wol in heal baerch kaem to kostjen.
Op in tiid, det hy in stik oan it ûleboerd spikerje woe, yn pleats fen de timmerman, rôlle hy as in einepyk fen boppen: twa ribben stikken en ’t skouder út it lid, dêr de Boal twa fjirders bûter oan fortsjinne. Smelle ûngelokken, fen barnen, snijen en biknipen, stiene net stil, dy Maeike altyd biplasterje moaste. Yn dat wirk brocht se it mei de tiid sa fier, det men alle amerijen om ried kaem, ek for tjirmige berntsjes. Altyd baet by Maeike! Hja wier der handich yn!—As hjar man nachts mar in sike kreunde oer pine yn ’e mûle, den siet hy al ear’t hy it wiste, mei in holle as in einekoer, yn kamfer en kamelleblommen en sliepte as in roas. Hja hie ek mei wêst: hwent de knoffelbân lei se sa goed as de bêste út de hiele Gritenije.
For de measte kwalen joech se in rie en die.
Sa joech se for:
Splitterige hânnen: kouwegalle.
Hounemiezels: in tried Keulse side.
Fjûr-brân: skrabe rie ierdappels.
Wetter-brân: sjerpplasters.
Swollen fingers: Basilikum salve, en fine koeke om út to lûken.
Seare spjinnen: klimmerblêdden, flessehalzen, en waechs- ef krytdoppen.
Ringfjûr: mei erfsulver strike.
Kjeldhakken: brette rapen.
Bifêrzen earmen: rottige apels.
Rude ef frjemde jokte: kwik en griene sjippe, ef in potsje út it stêdsweeshûs.
Hûchhingjen: oan in hier lûke.
Skoerrende roas yn ’e mûle: brea, moster en yettik op it wang, op it lêst in sjip-plaster, en mei in healfearntsje jenever en tritich drippen Haerlemmeroalje yn ’t liif, ûnder de tekken, en sa foarthinne.
Dy hûsmiddels liken noch hwet, mar dy salve noaske Japik net ûnfoech, om syn pong en eare beide. Hy makke in pear ienfâldige ljue wys, dy in kwinerich berntsje hiene, det Maeike Jakkeles in tsjoenster wier. Dit woe men witte, en dêrom waerd it sike berntsje trije erfde bloedkralen yn in tried reade stikside om de hals dien, en dy kralen as in klaverblêd reaun, en dêr trije knopen yn Godsnamme op dien. En jawol, mei 24 ûren wier der al in krael bûten de knopen, nei ’t sizzen fen ’t wiif, dy se der om dien hie, en dy Maeike net lufte.—Dit woe bûrwiif Reinou ek yn ’t ear, dy de lytse bern net foart krije koe, omdet se meast op ’e fljocht wier, en de lytse sloofkes by in oar omtôgje liet. Dizze sei, det it iten, det se yn ’e lêste kream fen Maeike krige hie, mei twa dagen yn spjelden en nidlen foroare wier, en det se sels witte moasten hwet se yn de widzekjessens dien hie. Mei ús tsjerne hat se ek al dwaende west, mar se scil nou wol foar ’e daem opstrûpe. “Det hjar de wjirheit ridt, dy selde Maey!”
Al hwet lilk wier, waerd by eltsoar socht; sy hie pankoeken jown, dy yn njirren,—in moai bûsapel, dy yn in pod foroare wier. Nou siet it der op as âld fet. Maeike-moei, goêsloof, in tsjoenster! It wird gyng húsriem. Der wier hâlden ef kearen oan. Dit smakke Maeike min, mar hja hie to folle forstân, om lilk op domme minsken to wêzen, as se der net ondogens by wierne. “Der is romte yn ’e wrâld”, sei se, “om eltsoar mis to reisgjen.” Sy pielde it âlde paed lâns, en liet de ljue mar prate, lyk as it leksum seit fen Domenij.
Ienris, do it nei Stiensermerk roun, teach se dêr hinne, nei hjar dochter en sweager útfenhûs. Dêr wierne twa opskettene dochters oer ’e flier, dy bjuster snjit mei de merke hiene. Op in snein-to-joun, det de fammen sahwet om hoalle-foallen, kamen der in mannich by hjar yn ’e hûs. De sweager, dy in bysfeint wier, en folle nocht oan pleagjen hie, sei: “Fammen! Oarre moat jimme ’ris wiersizze, hwet frijers jimme krije. O, sy kin ’t sa út de kopkes oplêze, sy wit mear as rjucht hinne.” Dêr hiene de fammen sin oan, en ’t wier allegjerre: “Ja, heden ja! toe Maeik-moi, ei toe!”—“Brui hinne, sei se, “hwet skeelt jimme, bern?” Mar de sweager sei: “It is merke, en mar koartswyl; dêr moat in set fen wêze; jy kinne hjar wol in leksum jaen; jy witte ho ’t jy moatte.” Maeikmoi fette de miening en sei: “Nou fammen! den moat ik ris sjen, hwet ik kin.” Oarre oan ’t wird; it gong eft it fen de tsjerkelaeijen ôfrôlle. (De frouljue kinne it wird dochs goed dwaen, as se op hjar stoeltsje sitte). De fammen harken eft hjar lij wetter yn ’t ear getten waerd. Do Maeikmoi hjar nocht hie, sei se: “Nou kin ’t ek sa wol. Jimme hawwe my hjir to fiter. To Hallum bin ik in tsjoenster, en hjir moat ik wiersizze!”—“It heart by eltsoar”, sei de sweager.
De fammen dripten ôf. Inkelden, dêr Maeik-moi de spiker mei op ’e kop slein hie, seinen tsjin eltsoar: “Hea, sa ’n nuver wiif! Sy wit ’er dochs neat fen.”
Binne der nou ek ûnder jimme, dy it net noasket, det Maeike dy fammen soms in lyts hompke joech, tink it wier in âld rydlich sloof, hja miende it oars trochgoed mei hjar. Tûzenris hat se wol sein: “Ho folle hawwe hjar gelok út to grabbele smiten, dat for nin goud ef triennen wer to krijen is. De wirden fen Master Gysbert laeine hjar foaroan yn ’e mûle:
Orck, myn soan, wot dû bidije, Rin net oan allyk in moll’: Jeld en rie lit mei dy frije, Bern, sa gean’ dyn saken wol.
DE WIERSIZZERIJ FEN MAEIKE JAKKELES.
1.
Dou biste sa glêd om ’e troanje as in spegel. It scil hastich oanrinne mei dy nei it greate gild. It is ek better sa, as oan acht-en-tweintich jier ta to wachtsjen; den is ’t alle amerijen it earizer opsiede, in oar lint oan de kyps, en sa foarthinne. In âld gek mei dêr nei sjen; mar for in jong minske liket it raer, sokke gleone blommen op sa’n toarre groun.
2.
Ik woe wol graech mei dy, det de frijer, dyste ljeafst haste, opdaegjen kaem; mar dou krigeste him joun net, Fanke! Mar dat is neat.
Jaen de moed net op; men wit net ho in dûbeltsje rôlje kin, sei baes Gosse, en hy miende, det hy to gast kaem, mar hy krige bruijen. Us oarre-mem waerd frege op ’e lette joun to Ljouwter merke, en de nachts om hjelwei twaën boaske se al yn ’e hoek fen ’e opkeamer fen ’t Rea hert.
De frijers binne tsjinwirdich net hastich yn ’t bitingjen. It is in ôfrinnende merk. Smyt dy lykwol net wei: de greate merken komme oan.
3.
Fanke! Fanke! hwet bisjuchste dy yn ’e spegel! Nou! as it der ek om sit, eft it der om smiten is, stiet it rûzich. Klaei dy kreas en dimmen, en sa moai, detste altyd noch moaijer bitelje kinste. Dit lûkt de frijers oan, dy to fjild tsjenne om in wiif; en sa’n ien past dy, is ’t net wier? En ast’ dy optakelste as de pompierblazers út Parys, den wirde de mynders eang fen jimme. Hwent al boartsje en djoeije se al sa hwet oerdwealsk, hja kenne de fûgels wol oan de fear. Dêrom, kreas en dimmen! en foaral sa skjin as de brân! den scilste oan twa frijers blauwe skinen jaen; mar de tredde (o! sa’n noflik prater) scil dy sa nei de ljirre tingje, detste him op in nacht om ien ûre om de hals fljuchste en him, ûnder de tútsjes bidobbeste.
It folk yn ’e hûs scil towekker wirde fen jimme patsjen, en sizze: “hark! nou is ’t klonken wirk mei ús fanke!”
4.
It gelok sjocht dy ta de eagen út! D’iene frijer hat de hakken net oer de drompel, ef de oare hat de teannen der al wer op. Pas op! en lit de fûgel net oer it net fleane lyk as folle dien habbe; oars rekkeste mei ûnder de fodden yn ’e koer.
De kar giet der út, en den giet it soms op in âld strider oan, dy in wiif for de warmte nimt.
5.
Dit stiet der nuver foar mei dy! Nou! in jong minske moat twang wêze en op in dûbeltsje oan lint net sjen. Yn de earste jierren fen it trouwen sakket dit wirk fensels; as de widze en bakerkoer oer de flier komme moatte.
Dou biste net ien fen de ongelokkichste. Der sit folle mânljuesflesk oan dy, fanke! en dêrby sa’n noflik boartlik sin! Dou biste klaeid, sa ’t heart. Koartom, in frouminske mei lokken en flokken, linten en flinten. Der is al in blêd yn it trouboek for dy iepen. It scil moai waer wêze op dyn troudei. De ljue scille sizze: “Dat is in gnap pear; in houwelik yn ’e heak!” Mar de man efkes lytser as dou.
Der scil noch in pear mei jimme trouwe: in âld man fen njoggen en sechstich jier mei in frouminske fen in great tweintich. Dêr scille de ljue fen sizze: “Dy âld gek set noch in mounle, om in heal ljippen koarn to meallen, en mei in jier scille se eltsoar net sjen meije.”
6.
Dou biste net forgetten by de feinten, Fanke! Gloeije dy de wangen net? Dou tinkste, detste noch faek to merk gean scilste. Mis is ’t! ear detste der om tinkste, rekkeste oan ’e man.
Ik haw al heard ho jimme op ’e lêste Snitsermerk yn ’t Heechhûs mei elkoar sieten to lústerjen.
Dou scilste goed onthâlde yn it houlik. Twa jier nei it trouwen scil in Domenijs soan dy for in jongfaem oansjen, en dy to Weidumer merke freegje to dounsjen.
7.
Dou sjuchste al skruten, nou Maeike Jakkeles dy hwet sizze scil. Ik sjuch, dou biste der oars fen. It is ek nuver, fanke! op dyn jierren net to witten honear detste mei in pûrfrjemd minske hûshâlde scilste, en noch minder hwa: in lytsen, in greaten, in lichten, in swieren, in rjuchten ef ien mei in slach ef in bocht yn ’e rêch. It scil mei in amerij gean mei dy. Dy it wêze scil, frijt net lang, mar taest ta, en den scilste der omhingje as wiet hea om ’e skûte.
It scil dy goed gean yn ’e wrâld: saun bern, meast jonges, yn trettjin jier krije. Dou krigeste ek misgunders yn dyn steat. Dyn man scil dy tige ljeaf hawwe, en nin kwea fen dy sjen kinne, omdetste alles dwaen scilste hwet er mar tinkt, en omdet er sjucht, det er mei dy bihâlden is.
Dyn makkers scille op jimme troudei tsjin elkoar lústerje, en sizze: “sa weagje ik it ek, dou?”
Jimme mem scil dy in leksum jaen, dyste net forjitte moaste. Hja seit: de kinst om troch ’e wrâld to reisgjen, en oeral it gelach to biteljen, en tank nei to litten, wirdt net oan de Hegeskoallen leard. It sit yn ’e regel fen trijen, en goeddwaen.
8.
Fanke, dwaen dyn bêst, om dy gnap op to striken; mar om de wide jaksmouwen ef de klienens fen de mil, krigeste net gauwer in man. Lykwol scil ’t wirde. Mei in sêft sin en noflike tútsjes kinste folle dwaen, en dou scilste einlik mei in fiks keardel opstriken gean, ast’ mar tiid dochste. Nimmen moat sjen kinne, det de pong om de hals hinget.
9.
Dou moaste net fortrietich wirde, Fanke! as de frijers dyn doar foarby geane, krekt eftste der net biste. Goede en onbilekke waer wirdt altyd opsocht, al laeit se noch sa efter ôf.
Fammen, dy in jachtweide for alle eagen binne, en dy oer alle tongen rôlje, dêr wirde lekken en brekken oan foun.
Gnappe fammen en jonge hynzers moatte oars net as fen fierren bikend wêze, scille se goed oan ’e priis komme. Wêz’ net bang fen foarby to reitsjen; dou biwachteste gjin skea. Dou krigest’ in rimpen man, mar oars troch goed; dou scilste bjuster folle fen him hâlde.
As hy it ongelok hat, det hy mei in noflik holle thús komt, sjen den net eftste út it yettikfet komste. Mei bliere eagen en goede wirden kinne jimme tsjoene; dêrtroch binne folle mear manljue to rjuchte brocht as mei skerpe wirden en ôfwêzich sjen. Dwaen lyk as Beitskemoei. As Janom fen ’t paed wier, den sette hja him yn side en forwiel; en as de sinne yn ’t roun west hie, den sei Beitskemoei in wirdmannich dy op it rjuchte steed kamen. Doch ek sa, en hy scil der op poche, det der nin better wiif yn ’e hiele gritenij is.
10.
Fen dy hoef ik neat to sizzen. Dou biste al lang bisteld, Fanke! Men kin ’t wol oan dy sjen. Net wier?
11.
Dou wachteste ek al, det ik dy hwet moais sizze scil, fen flinke frijers, moai klaeid gean, yn in hûs wenje mei treppens der foar; en it silver en goud by kistfollen erve!
Set dy dêr ôf, Fanke! hwent dat wirdt dyn part net. Dou scilste gelokkich wêze, mar net yn in hege steat. Dou krigeste in bêst man, dy fen de iere moarn ta de lette joun for dy skreppe scil, en astou de dûbeltsjes sa hantearreste, lyk as earlik woun jild bihannele wirde moat, den scille jimme rju bidije, en fjouwer bern great bringe, dy klinke as klokken. In ryk man tichte by jimmes, dy jierren lang om it gelok socht hat, en it op it lêst alhiel bjuster rekket, omdet er it op paden siket, dêr it net to finen is, scil jimme it gelok, dat hy yn syn moai hûs ek nearne fine kin, for tûzenen ôfkeapje wolle. Mar hy kin net. It gelok lústert him yn ’t ear: “keapje mei dyn goud it bihear fen de hiele wrâld; Myn ôfkomst is to heech: Ik bin for nin jild to keap!”
12.
Ho it mei dy komme scil, mei de deale riede; dou biste sa boartlik en sa wif as in maeilaem.
Jaen dy del, Fanke! den scil ’t goed komme. Aste merkeste mei in feint, dyste graech wer sjuchste, pas den op det it lêste tútsje it bêste is; dat giet him troch de lea as in heal fleske fol Haerlemmeroalje in jichtich hantsjemier.
13.
Ik sjuch dy oer fyftich jier al. Men kin dy den net. It skeelt ek folle by nou. As men dyn noflike sankjes heart, as men dyn glêdde troanje, roune bolle earmen, dy kiere rêch en trippeljende foetsjes bisjucht, en dêr tsjinoer in âld kibbich minske mei in skromfelich fel, in sleepjende gong, den scoe men sizze: ho kin sa’n moai jongfaem sa’n âld sloofke wirde? Us heit sei dêrom altyd: “Fanke! meitsje plezier yn dyn jonge jierren, mar pas op, detste dy der net oan forhingeste. Dit siz ik dy ek: hâld altyd in from sin, en meitsje det al it kwea, dat dy oerkomt, troch eigen skild net is; den kinste op de âlde dei yette blomkes ploaitse, der in lyts blêdtsje tûzenris safolle fen wirdich is, as dy greate bosken, dy op de moaije kypsen swypkje.
Doch sa, en de frijers scille as mieren op dy ta komme, en dyn man scil sizze: “ik wist net det it trouwen sa’n wille wier!”
14.
Ik kin wol oan dy sjen, detste net bitsjoend biste. Dat merkte Japik lêsten wol, do jimme oer iis op de Froaskepôlle dounse hawwe.
Dou wotte ljeaver by in gnap jong keardel opsitte, as in nacht by de baerch weitsje. Dou moaste dy hwet ynhâlde, it rint hirdgenôch mei dy; se litte dy net ien snein-to-joun sitte.
Hy wennet net fier fen dy ôf, dy ’t wirde scil; hâld dyn kleur mar! Ik scil ’t net sizze, hwet jimme hokkernachts ôfpraet habbe; jimme habbe lûdernôch lústere.
15.
Dou haste by dy sels it akkoart al makke mei ien; mar hy wirdt it net, bern!.... Biste bang fen foarby to reitsjen, treast dy dermei detste it net allinne biste.
Ik sels hab west, nei det ik oan trije blauwe skinen jown hie, det my de wrâld oanfleach, as domenij in pear fen de stoel rôlje liet, salang as myn goede Jan opdaegjen kaem, dy ik yn trije jounen al bilêzen hie.
Der scil ien by dy komme mei in moaije rôk en glêdde learzens oan; in keardel eft er út in bargeriezel draeid is en dy der oer giet eft er waeit.
Hy is lang net gek, sjucht goed om him hinne en tinkt oars oer it trouwen as in faem, dy sei: “It moat ris weage wirde”, en troude oan in âlde rike gjirgert, om hjar libben yn boalshannen to sliten.
Hy scil nei dy fornimme, ho it moarnsier mei dy is, omdet hy mei in fryster ôfballe is, dy op in joun bjustere kreas wier, en de oare moarns der útseach eft se út de yeskkroade kaem.
16.
Dyn frysterjierren binne dêrmei út; it giet nei de lange tsjinst. De man, dy for dy bisteld is, is in goed keardel, mar hwet hollich; lykwol kinste him oan in siden tried liede, ast’ him mar heinste. Yn de earste fiif jier fjouwer bern, en folle drokte yn ’e húshâldinge. Den scil ’t der op oankomme as de hânnen net sa linich binne, as nou de kreaze foetten foar de fijoele.
17.
Dou tinkste: Maeike Jakkeles wit der neat fen; mar dit siz ik dy, patsje koe ik sa goed as de bêste yn myn tiid. Dit wist de Officier wol, dy my de gouden puntheak wêrom joech, dy in smous my ontstiel. De fammen kinne ’t allegjerre net allike goed; freegje de feinten mar. It koe mei dy wol better. Jaen ’er dy tige nei, en de frijers scille as in swerm bijen om dy hinne gounzje. Op in noflik tútsje is folle de boask sletten.
18.
Der komt op in joun onforwacht in frijer by dy, dy oantinget. Hy scil dy oanlekke wirde. Dou moaste al harkje hwet in oar seit, mar ongelyk hwa. In faem, dy yn ’t eftermiddeiskoft oprint, en bang for de fodkoer is, scil him dy oanlekje, al is ’t noch sa nei ’t sin, en in frijer sa kant as in knikkert.
Der binne ek, dy dy nei de mûle prate en de frijer dy oanpriisgje, al is ’t de greatste dogeneat ef in knoflich stimper. Ik bin bang detste dêr it ear to folle nei hingje litte scilste, en den rekkeste yn ’e maling en fen ’t paed. Falt it onfoech út, den glûpje sokke wei; mar den komme de lekskoaijers mei hjar feninige tongen en sizze: “Sa lizze de wize hinnen de aeijen bûten it nêst!” Moat ’er rie wêze, nim den foaral dy fen de âlde ljue en goedmienende frjeonen.
En noasket dy rie dy net, en is de hân strûf yn it oantaesten, hâld mar fêst; it binne de feilichste paedwizers.
Doch sa, en dyn gelok scil binyd wirde fen folle, dy der ynroun binne as de bolle yn ’e reak, lyk as Tet mei de kreamer.
19.
Hieste hokker sneintojouns dyn slytsje der better by skoud, dou hieste better diel krige.
Wêz’ noait stymsk, al rint it mis; en aste acht-en-twintich jier âld biste, den giet it op in healsliten oan. Foarby komste net, mar it kin fiif-en-tritich jier mei dy wirde. As it dy to lang oanhâldt, en dou wolste sels freegje, doch it den yn in skrikkeljier, de earste folle moanne nei Sint Japik, mei in klear loft.
20.
Op dy binne folle eagen smiten. Dou sjuchst der gnap út en twang yn ’e klean; nou, ’t each wol sines ek hawwe; yn ’e merk moat it ek oars as kom-al-dei.
Ien ding moat ik dy lústerje, en triuw dat efter it jak.
Der binne folle dy wol woene, det se noait merke ef baenriden hiene tsjin ’t sin fen ’e âlde ljue; tink dêrom, den scil ’t wol gean mei dy. Dou witste net heal ho goe as se it mei dy miene.
21.
It lit him mei dy net slim sjen. Dou tinkste folle om it houlik. Hokkerdeis seiste yn dy sels: “ho scil ’t oer fjouwer jier mei my wêze?”
Ik scil ’t dy sizze: Troud en mem oer twa bern. Dyn man scil greate reizen dwaen. Jimme scille net lang wenje yn ’t selde hûs. Ien tichte by jimme scil in hiel great trek út ’e lotterij krije. Jimme krije der ek sin oan, en scille altomets in hânfol jild nei Ljouwert bringe oan de lotterijljue, oer hwaens drompel folle de tarring krije. Oer twa jier scil dy man folle earmer as to foaren en fen ’t wirk ôfwend wêze; dit scil jimme ôfbalje ta jimme gelok. Twa jonges yn ’e earste treddeljier; den in stilsit, neijerhân noch trije dochters.—It troupak fen de Brêgeman koe wol better sitte: de broek scil to leech hingje, en de skoen gapje en kreakje; se scille fen dy sprekke, det it der sa twang by stiet. Jimme trouwe mei noch twa pear; mar ien pear, de man fen 24, en ’t wiif, in widdou fen 42 jier, moatte in wike wachtsje, omdet it boek fol is. It minske scil bjuster oerstjûr wêze en krite, en sizze: Wier ik noch faem, den wier ’t neat; mar for in widdou is ’t in hird gelach.
22.
Aste noch net bitinge biste, Fanke! wird net bang; licht komt der op de lette joun noch in forflein fûgel. As dat bykomt, gean den foaral mei; tink: merkjen is nin boaskjen; de frijers binne krap, en hwa wit hwet der út foart komt.
Durkom en Kykmoei boasken al foar toalven op it tsjernpaed.
23.
Yn de merk biste de gelokkichste net. Sa faek as ’t der oan ta komt, falt it dy ôf. Wêz’ dêrom net stymsk. Mei blier sjen en golle wirden komt men fjirder, as mei smeulske praetsjes.
Trouwen is dyn foarlân; der wirdt mear om dy tocht aste mienste. Dy it wêze scil, hat omflein as in flinter op de blommen; hy scil it nearne fine kinne, mar by dy is hy fêst sitten bleaun. It scil in knap feint wêze, mei in stûrke yn ’e bûse, en forstân om ’erby to fortsjinjen; mar winterdei kin him de noasdrip wol ris hingje; dêrom foaral in bûsdoek mei, as jimme oer iis útgeane.
Yn de earste twa jier folle bilommere loften en beide hwet knypsk wêze. Mar as jimme it rjuchte paed ûnder ’e foetten hawwe, scille se fen jimme sizze: “dy jonge ljue glêdzje op; it bettert dêr fen dei ta dei.”
Der scil earst ien by dy komme, dy oars net leard hat, as in great hear to wêzen, sûnder it jild der for fortsjinje to kinnen. Jimme mem scil ’t goe talykje, mar jimme heit scil sizze: “dou hearste yn Loailekkerlân thús, feint!”
24.
In ryk mans soan hat eagen op dy smiten; mar hy hat acht ûren oanien sitten to rekkenjen mei syn heit, ho folle jild hy mei dy biboaskje koe, en dat skynt hjar to bilytsjen.
Dou scilste den in better part krije, as mei ien, dy for in stûr wol dea wêze wol, en fen gjirgens net groeije kin.
Hy scil der stil mei oankomme, mar ’t is ien dy der wêze kin en doar: en as jimme togjerre geane, scil de hoed for jimme ôfnomd wirde.
25.
Oan de noas to sjen, scilste einlik noch ris oan ’e knokkels ta yn ’t jild omskreppe, aste kloek en sunich biste, en de bûse ticht hâldste, as oars nimmen dy twingt om him op to dwaen as de keapdivel.
Dyn man scil twa tomme lytser wêze as dou, mar wol sa goed as mannich, dy in foet greater binne. Dou moast him tige oanhelje, dêr hawwe lytse ljue skeel oan.
26.
Ho sjuchste sa? Mienste det ik tsjoene kin? Né, Fanke! Ik wit net folle fen dy to sizzen, mar ien ding sjuch ik, detste ljeaver to bier wolste, as om tsjien ûre to bêd. It scil krap omkomme tojoun, en hwet it nuverste is, de alderbêste en de alderminste bliuwe oer; mei dy scil ’t knipe.
Smyt dy lykwol sels net to grabbele! It kin nuver, sei wylde Tryn, yn fjouwer jier net in frijer en nou trije tagelyk.
27.
It scil mei dy yn twa jier folle foroarje. Trije skroarren in hiel wike for dy yn ’t wirk, en pjukke sa folle as se ôf kinne, om it útsetterspak nei de lange tsjinst klear to meitsjen. It scil hastich ta gean.
De frjeonen scille yn ’t skik wêze mei de boask, en dou aldermeast. Dy for dy bisteld is, is net swier fen gewicht, en bysfeinten scille sizze: “hy moat yn lije mâlke-en-bak to weak, om hwet út to tinen; mar hy is birekkene for it mêd dat hy oannimt.”
In eameleftich bûrwiif, dy alles swiet opiten en dronken hat, scil graech mei dy rabje en dyn man for gjirrich útkrite wolle, omdet hy oars net folle keapet as it nedige; mar dou biste wizer, en dou scilste hjar ôfringje; en dyn man ho langer ho ljeaver hawwe.
Yn ’t earste fearnsjier scilste tige bliid wêze, as hy thús komt mei blau Dimterkoeke en healripe parren.
28.
Dou sjuchste der út as in maeiblom, en sa kant! dou kinste wol op in stûr yn ’t roun draeije. De frijers scille dy net lang for spek en brea rinne litte. De earste, dy oantingje scil om tinken, is ien fen in oar lape as dou. Den krigeste in lyts wird fen jimme mem. Sij seit: “man en wiif moatte elkoar tige ljeaf hawwe, en it mei elkoar hâlde. It lekken moat kleure. As it nij is, en de wol der noch op sit, liket it noch sa hwet by elkoar; mar as it bidragen is, rint it sims fier útinoar. It iene is fyn, it oare grou; it iene yn de wol ferve, it oare yn alle nuvere kleuren forsjitte.
De twade scil sa oanhâlde, det hy it net slûpe lit, ef dou moaste ja sizze. Den scil it tige kâld wêze, en aste it jimme mem seiste, den scilste de eagen foardel hâlde, en in rea kleur hawwe.
29.
Der scil dy aste útfenhûs biste, ien op de griene side draeije, en der mei troch in great tún gean. Syn praet en menearen scil dy bjuster oanstean. Hy is net great, mar dûbeld.
Jimme mem scil sizze: “Hwet poarreman hat ús Fanke dêr yn de earm?” Mar jimme heit seit: “Lit de lytse mar rinne: sy stean wol sa fêst as de greate.” It boask is mei in rep klear, mar it trouwen dûrret twa jier; beide scil ’t bjuster fortriette; it wachtet nei in great pompier út Den Haag.
30.
Mei dy komt folle to dwaen: twa frijers scille rûzje krije om dy. Ien, mei in moai sabel op ’e side, en plom op ’e hoed, scil ek eagen op dy smite; der wirdt tsjin ynlein fen jimme heit. Neijerhân komt in neef fen in Boargemaster, dy in kleur hat as in healgear bôle, mar dy kriget blau.
Dêr komt in proponint, dy al trije pakken klean oanein reisge hat op vakante pleatsen om in birop.
Nou bigjint jimme mem mei to frijen, en it komt goed, mei ’t Jawird komt der tagelyk in birop fen 775 goune; en dêrmei Pastoorske, en mei trije fearnsjier in jonge, eft er út ’e dyk dold is.
31.
Ik kin wol oan dyn kâldgnyskjen sjen, detste my to fiter hawwe wolste, en litte my om de nocht riede; mis is ’t! Dou haste langer bisteld west as de ljue miene.
Dou wierste sa bang om as in âld erfmoeike to stjerren, detste mar oan ’t baitsje litsen haste, sa fûl aste koeste.
Nou, gelok ’er mei! Haw de man tige ljeaf, en knyp de eagen ticht for syn lek en brek.
Ef kinst’ se him bitsjutte en sa frjeonlik ûnder it each bringe, det hy se ôfleit, den is der net in prinsesse, dy sa’n moaijen kroan op ’e holle sette kin as dou.
32.
Mei twa jier biste in hiel oar minske as nou, lyk aste foar my komste.
Den gieste op ’e side fen in man, dy fen alle kanten klear is.—Troch mannich tsjinrekjes yn de earste jierren moatte de hânnen út de mouwen; mar as jimme dy boppe arbeide hawwe, kin ’t rom sile, as der op ’t roer past en op alles tasjoen wirdt.
Der scil faek kream-visite by jimme hâlden wirde: for de earste kear scille der njuggen mislike frouljue mids ûnder iten út ’e keamer tôge wirde, omdet se yn in ticht bidompt keamer sitte, en smoare fen de waermte: der is nin hofman ef yettikriedensein oan.—De skoalmaster scil dêrom in redefoering yn it Nut dwaen oer: De nadeelen der voorouderlijke gebruiken in het houden van kraamvisites.
TJALLING HIDDES.