← Table of contents
Rimen en Teltsjes

LEED EN WILLE, EN DE FLOTGERZEN.

Reading edition

LEED EN WILLE fen E. HALBERTSMA. EN DE FLOTGERZEN fen J. H. HALBERTSMA.

IN WIRDKE FOAROF.

Friezen! Nommele lânsljue!

Dêr is nou it lêste gerjucht, frjeonen! Der mei noch in lyts priuwke neikomme; mar dêr moatte jimme net op rekkenje. Hwent it is burgerklokke mei ús, lyk as de Grinzers sizze. Wy wolle hoopje, det it jimme goed smeitsje en ek goed bikomme scil, howol ik eang bin, det dit iten in bulte to dreech ef to skerp wêze scil; binammen dy in swakke mage ef in rudige consjinsje habbe.

Myn broer Eeltsje onthellet jimme hjir op syn Leed en Wille. In bulte fen dy stikjes binne noch al wakkere faei west; mar sa folle as ik koe hab ik se trou by eltsoar swile, en nou is ’t bihâlden smoar, dêr jimme bernsbern my noch for tankje scille. Hja seagen ’er ek al nuver út, en der is net ien ûnder, dat ik net ontciferje, wirdke for wirdke boekstaverje, bipuntsje en bistreepje, en oerskriuwe moast. It lêste foel my swier, noch swierder as it hoffenjen en himmeljen sels; hwent ik bin to loai om myn eine tinzen op to skriuwen, ik lit stean dy fen in oar, en wier it net west for Fryslân en myn broer, den hie ’k se driuwe litten.

Dy forfrysket ef yn ’t Frysk neifolget moat sizze, hwer hy to gast west is; hwent oars miene se jamk, det me mei oarremans fearren pronket: en dat scoe hwette smoarch stean. Nou scoe ik jimme ek alle nammen wol opneame, dy Eeltsje by fierren ef op ’e hakken folge hat; mar hy sels hat it yn der tiid forsloffe, en de measte stikjes binne al sa folle jierren lyn makke, det ik it net neifiskje kin; binammen ek, omdet ik hielkomselden Dútsk lêz. Ik wit, det it Ingelske A Tear him ta In Trien, en Two Children in a Wood him ta de Twa Bernkes yn ’t Wâld brocht hat. Hy hat my ek sein, det it Pelsrjucht bisibbe is mei in âld telke fen Pater Abram, en det Grubel neifolge is mei Twa Boeren en de Skrie. Ik mien, det de Wylde Rúter fen Dockum.... mar lit ik ljeaver sizze, det ik it net goed wit. Ien ding wit ik, det it klaed, dat hy alles oantein hat, suver Frysk is, en dat moat jimme genôch wêze. Dy ’er mear fen habbe wol, moat se mar rigel foar rigel neisneupe; mar ik leau net, det hy folle mear fine scil.

Hwet my oangiet, de holle stiet my fiersto wyld om oan ’e ljidbân fen in oar to rinnen. Ik haw myn bêst dien, om Fryske aert en tinzen, Fryske bigripen en tsjoen-telkes, mei Fryske wirden to uterjen, en dat hab ik dien, frij, sûnder immen ef eat to ontsjen; yn de miening, det ik skriuw for wize ljue, dy op myn rekkeninge net stelle scille, hwet ik in oar, om nei syn aert to praten, yn ’e mûle liz. Ik siz dit allinne, omdet yn lytse riken as uzes de ljue al gau miene, det men dy ef dy persoan op it each hawn hat. Wy binne net folle; mar om ús op to hâlden mei de ljue, dy nou libje, en dy ûnderdúms stekken to jaen, sjoch, dêr binne wy dochs noch to heech ta. As dat sa wier, scoene wy allinne for de tiid, dêr wy yn libje skreaun habbe, en dat liket er net nei.

Yn de Hoanne fen Westerein sprekke de Friezen ûnder de republyk, do se de frijheit mei de ynfierenste genegenheit for de prinsen fen Nassauwe yn hjar binnenste forsmolten hienen. Yn de Ljue fen de Pomp hab ik de tsjinnichheit fen de âlde Friezen op lotsjen, sûpen en de ierdappels yn ’t eachmerk hawn. Immen kin twifelje, eft it wier is, hwet der oer de reden en de dûr fen de sjeachtme yn ’e ierdappels sein wirdt; hy mei mûlk sizze: “Minsken en planten kinne sjeak wirde, en ek wer betterje; krinten en druven hawwe ek de sjeachtme al, mar dêrom scille de minsken net ophâlde dy frucht to forbouwen;” oare meije sizze, det it sûpen net komt fen slop iten en earmoede; wer oaren meije sizze, det de brakken by de dei yn ús lân betterje. Dat alles giet my net oan; fen my kin neat oars easke wirde as det eltse fûgel, dy ik sjonge lit, sjongt nei det hy bekt is; mei oare wirden, det hy sa’n miening oer in ding utert, as men in syn jeld en skaei, fen syn kinde en steat, fen syn lân en syn tiid, wachtsje mei. Dit is foaral wier fen it Heksershol. Dêr komme telkes yn foar, dy de ljue nou amper leauwe kinne, det ea leaud binne: lykwol hienen dy sa’n byfal, det sokke treftige ljue as siktaris Elgersma fen Bolswert, nou fyftich jier lyn, it net ûnder hjar rekkenen om de allerslimste, dy hjir teld wirde, mei eigen hân oan to teikenjen. Dêr heart, by foarbyld, ûnder it Nachtgesicht to Pjittersbierum, de Bigangel op Skiligen en de Bitsjoeningen en Onttsjoeningen to Warns en to Aldegea. Yn de Súdhoek wirdt soks noch faek forteld; ja, hûnderten leauwe der noch mûrrefêst oan. En is ’t net nuver? Nearne is mear fen de âlde Fryske tael en de eale Fryske aert; mei ien wird, nearne is mear fen de Fryske nationaliteit oerbleaun, as dêr ek it measte fen de âlde nationale bygelovichheden hingjen bleaun binne! It selde sjucht men yn Ingelân. Nin lân, dêr sa folle nationaliteit en ek sa folle nationael bygelove noch is. De bigangel is, by foarbyld, yn Skotlân ûnder de namme fen second sight noch yn folle swang. De Ingelske frouljue yn de provinsjes forbarne de placenta lyk as de Friezinnen yn ’e hirddobbe.

Ho sit dat nou? Kin bygelove den ea it fondamint wêze fen de deugden fen in natie? It liket ’er net nei, Friezen; mar it bygelove sit ongelokkich troch de wirtels fen de âldste deugden fen in folk hinnefrissele, en as men dat onkrûd útskoert lûkt men de echte plant faek mei út. It nationale bygelove is egentlik in oerbliuwsel fen dy âlde godenlear, dy by ús âffaers foar de ynfieringe fen it Christendom yn swang wier en dy dos mei de heldensin, mei de âlde trou en de ljeafde for de lânsljue, yn ús stam foar ieuwen en ieuwen forgroeid siet. Dy nou oan dy nationale bygelovichheden toarnt, dy toarnt ek oan dy nationale deugden; dy it iene los makket, makket ek it oare los, dêr it yn fêst sit, en dy it rimpen en gysten docht, dy giet it as immen, dy âlderwetske hoeken en plakken út in griis kastiel wei bikket, en sokke greate gatten makket, det hy it hiele gebou op ’e holle kriget. It schoolwezen yn Nederlân hat ’er it bygeloof mei kracht en macht úthammere, en men meije wol freegje, eft it dat sa bihindich dien hat, det de deugden, dy ’er yn it nationael karakter mei forgroeid sieten, stean bleaun binne, ef det se dêrfor in algemien wetter-en-mâlken wrâldboargerskip en in gemüthlich poependom yn ’e pleats loatst habbe? Dat hie net bard, as se de wirtels fen it onkrûd twiske de wirtels fen de goede planten swietwei oan ’t rotsjen brocht en sa ta lêste útroeid hiene; den hienen de goede planten geef bleaun. Hienen se it bygelove stilkes bitsjen litten, en mar al kindichheden op kindichheden yn alle hoeken en hernen spraet, den hie it bygelove op it lêste foar it ljocht fen de witenskip forblike en úttjirme, wylst eltse nationale deugd fen it âlde folk oan syn pleats bleau. De spoarwein is allinne wol yn steat om oeral, dêr er troch fljucht, alle spoken en skynsels ûnder syn wjillen to forpletterjen. Hja, dy de skiednis fen de folken lêzen habbe, bigripe my; hja witte, det de nationale deugden, dêr de helden sa folle wonderen for hjar lân mei útfierd habbe, mei de haet, mei it foaroardiel ef it bygelove jamk yn eltsoar fortiisd sieten.

It giet yn myn eagen mei myn gemalk as mei de bargen; dat binne as biggen alderljeafste dingen, dy men wol op ’e skirte lizze scoene; mar hja groeije lilts op, en ho âlder ho smoarger en onhurer. As myn stikken gloednij binne, den hab ik ’er noch al sin oan, mar as se hwet lein habbe, den sjen ik ’er alderlei lek en brek yn, en dat boazet oan hwet se âlder wirde, sa det ’er op it lêst nin goed hier mear oan bliuwt. Dizze stikjes hab ik earst it Nijgêrs neamd; dat is yn alles wol sa pittich net as it maigêrs, mar it is dochs goed foer en in forfrissinge for it fé. Dy namme wier den op it ein nei myn sin ek to goed for dit wirk, do it hwette bilegere wier, en dêrom hab ik ’t mar de flotgêrzen neamd. Dêr haffelje de kij ommers noch wol ’ris yn om, as se út de sleat drinke, en de bealch al fol fen it goede gêrs habbe.

De Flotgêrzen peare oan Leed en Wille? Dat is in frjemd houwelik. Ja; dy twa dingen lykje krekt sa folle eltsoar as de trant fen my en myn broer; dat wol sizze, neat. Mar just dêrom jow ik se hjir tagelyk út. De iene hat sin oan de moer en de oare oan de dochter, en wy habbe nou twa kânzen yn pleats fen ien, det eltse lêzer hjir hwet fen syn gadinge yn fine scil.

Ik hab okkerdeis oan Eeltsje sein: “De rjimstikken fen dyn Leed en Wille binne al forskate jierren âld. De ljue witte wol hwastou as rjimmer wierste, mar net hwastou nou biste. Dou moaste my in splinternij rjimke meitsje. Den wit de hiele wrâld, ho fier astou hinne biste.” De oare moarne brocht er my de Blide Bernkes.

Farrewol, nommele lânsljue, en forjit ús net.

J. H. H.

Sathe Westerein,

18 Juny 1854.

LEED EN WILLE.

As it gelok mei tûzen blommen Us om de krûze lokken waeit, En ’t wyld gemoed, forwend fen ’t krommen, It swerk net sjucht dat oer him swaeit; Den komt it leed mei tûzen pleagen En bûket ús forbolgen hert; Driuwt skerpe triennen ús út de eagen; Wy wirde wiis, mar faek to let. Dêr stean wy den... ho lyts! forlegen! As frjemde yn in woastenij. Nou komt in ingel út den hegen, En stiet it earme skepsel by. Dêr seit hja yn hjar himelteale: “Drink, minsk’, dit mingsel ta dyn dead! En rikt ús frjeonlik ta in skeale Mei blomt bikrânze, wyt en read. “Dyn libbens-biker is fol wille, “Mar ’t swartste leed laeit ek der yn; “Lit dochs forstân dyn lusten stille! “Oars drinkst’ dy dead oan hjar fenyn.” Dy skeale moat elts minske drinke: Dat is de wrâld; dat is dyn lot. En eft wy fleurje, stige, sinke, Wy binne yn de macht fen God. Sa binn’ de blêdden dy hjir lizze, Bisonge’ yn nocht, biskriemd yn need; De sinnefleagen, dy hjir sizze: “Nou hien’ se wille, nou wer leed.” Nim, roune, nom’le Fryske ljuwe, It Fryske, dat ús hert hjir biedt, En eft wy rize, sinke, driuwe, Ljeaf bliuw’ ús Fryske tael en liet!

E. H.

OP ANNA’S DEAD.

Myn Anna, dy sa rein as snie En my sa nei oan ’t herte wier, De ljeafling fen myn siele; Myn Anna, och myn yngelin, It blomke fen myn húsgesin; Hwa kin myn rouwe fiele? ’k Moat krite as in bern; Dy haw ik nou forlern. ’k Moat treure, God, sa ynnichlyk: Dat famke wier myn himelryk, Dat hjir sa koart mar tierde; Dat as in fûgel for my song, Ef dertel as in lamke sprong, En heel myn hûs forsierde; Dy lust, dy glorie fen myn hûs, Formoddert yn hjar klûs. O, ljeave, dy forjit ik net; Dat bliere each, dat frjeonlik hert Stiet ivich foar myn eagen. Myn okkebyld, myn yngelin! Dou wykste noait wer út myn sin Al stou ik oer de weagen, Dyn byld is ivich tichte by: It stiet, it praet foar my. Mar ’k tankje God for ’t koart bisit; Hwent hearlik, treastlik is it yet, Det hja al op dizze ierde Sa goed, sa from en freedsom wier; Sa ’n yngelachtich wêzen hie En noait myn hert biswierde. Mar, och, ik mis hjar al to ier; Dat falt myn herte swier. Nou bloeit nin blomke mear for my, Nin ljurkje sjongt syn millodij, Dat oars myn hert sa streelde; De simmer hat nin freugd for my; Né, de ierde is my in woastenij Mei al syn plantenweelde, Nou ’t ’k alles haw forlern Yn dat oanminnich bern. De hjerstwyn bliest de blêdden wei, En wy, wy stouw’ hjar efter nei, En wirde in hânfol ierde. De stim, dy hjoed sa hearlik klonk, De blom, dy ús to mjitte blonk En hôf en fjild forsierde, As God almachtich winkt, Fordoavet en forsinkt.

Grou. E. H.

OANTINKEN OAN JUSTUS.

Nou is ús ljeave Justus wei, De fleur fen ’t húsgesin. De rouwe, dy myn hert oerstjelpt, Biskriuwt nin swakke pin. It wier sa’n frolik derten bern; Sa boartlik en sa goed. O, as ik om dat boike tink, Bin ik sa near to moed. Ik wier syn makker op en-út; Ik waerd om him in bern. Syn aert, syn namme wier my ljeaf; Eilaes! dat is forlern. Wier ik soms trurich yn ’t gemoed, Hie skild myn siel bidrukt, Syn freugd, syn onskild wier myn treast: Dy treast is my ontrukt. It hûs, dêr ’k al dy wille hie, Is my sa stil, sa near. Ik sjen syn ljeafste boartersgûd, Syn boartfeint sjen ’k net mear. Forplettere is it húsgesin. De faem, him sa getrou. Syn âlde trouwe foedstermoer Forkniest fen leed en rou. De winter hat mei stringe hân It fjild mei snie bifracht’; Yn ’t hôf, dêr ’k mei him kuij’re hab, Is ’t winter en is ’t nacht. Faek rikte hy my ’t hanke ta, Ef naem myn rôksseam faet, En hy formakke my yn ’t hôf, Mei ljeaf healmûlich praet. De keale strûken stean nou dêr, De roazen, o! sa skoan, Dêr ’t boike faek syn lust oan hie, Dy binne as hy forstoarn. Dy habbe ienris bloeije dochs, Troch Gods almachtichheit, Sa ljeaflik, en sa swiet en myld, Byld fen syn majesteit. Sa libbet ljeave Justus wer, As dizze roazestrûk, Hjir boppe yn it parradys, Sa hearlik en sa smûk.

E. H.

Grou.

Ik seach syn ljeafste boartersgûd.
Ik seach syn ljeafste boartersgûd.

IK SEACH SYN LJEAFSTE BOARTERSGÛD.

OAN BESLINGE-STATE.

O Beslinge! o, edle state! O, lusthôf fen de Fryske groun, Oer al de ridderlike staten, Ho is dyn bluister nou forroun! Dyn steatelike abeeljebeammen, Dyn fleur’ge loanen ticht en grien, De wylgen oan de wetterseammen Binn’ keal en fen hjar lof ontdien. En Flora’s núv’re bonte drommen, Mei kleuren troch nin minsk’ bitocht, Dyn keur fen wonderfolle blommen, Ut alle wrâld hjir hinne brocht! Ho blêdleas steane hja der hinne, Forlitten, toar as in struwel, Ef for ’t forlies fen mylder sinne Bisletten yn in neare cel. ’t Noardwesten hat mei woaste fleagen Dyn erf mei ’t giele lof oerspraet, En, as de woaste wetterweagen, Neat sparre yn syn wylde feart. Mar komt ’er wer in mylder sinne, Ontjowt him alles wer op nij, De twiichkes litte knoppen rinne, En alles libbet en is blij. De resida, sa lyts, mar geurich, Magnolia yn syn hearlikheit, d’ Oleander mei syn blêd sa keurich, De roas mei syn oanloklikheit; ’t Scil alles wer de groun útstige, De fûgels sjonge yn it lof Fen beammen, dy hjar tûken nige As de earste beam yn Edens hôf. Mar ien stam scil net wer forrize: En freget men dêr reden ôf, Ik moat him nei it tsjerkhof wize; Dêr laeit er op dat hege hôf. Us Eiso is dy ed’le stamme! De pin bistjert my yn de hân By ’t skriuwen fen dy goede namme; Hwent goed wier hy as ien fen ’t lân. Men mei geboarte in foarrjucht hjitte, As deugd en minsumheit hjar siert; Dy hie er yn in greater mjitte As mannich dy nin wapen fiert. Syn oankomst scil my nea forjitte, Mei flaggen, skippen sûnder ein. Elts woe syn frolik hert útjitte; De soarg’ wier do to side lein. My tinkt, ik haw it yet foar de eagen, Ho do de jonker hild’ge waerd, En ho de heit mei ’n trien yn de eagen Him oan ús opdroech as ús haed. Hwet hoef ik hjir nou út to lizzen, Ho de ed’le man do wier ontdien: De wirden stûken him yn ’t sizzen, En my ontfoel ek al in trien. En Eiso wier sa gol fen wêzen! Syn roune, nomm’le, Fryske sin Stie him yn ’t frjeonlik each to lêzen, It woldwaen wier for him gewin. Hy troude in frouwe fol fen deugden, Foarsjoen fen wittenskip en kinst, Dêr w’ allegear ús yn forhûgden. Hja woun troch frjeonlikheit ús ginst. In hûs en hôven waerden stichte, Dêr ’t jonge pear yn wenje moast; Mar, och, de dea kaem mei syn sichte, Dy skriklike fornielings-foarst. Dy meande ’im wei yn prille jierren, En ’t slot dêr jinder oan de wei Ropt alle minsken ta fen fierren: “De dea, de dea brekt alles wei!” En hwa scil nou it leed útsprekke Fen de edle âlders en de rou? Dat kin de ierde mar bidekke, Dat wisket tiid noch wirden ou. Wol, lusthôf, sa bibeamd, biblomme, Forsierd troch kinst en troch natûr, Hjar faek it trurich hert opromme, En bring it britsen hert yn stjûr. Wêz’ lang de taflecht yn de smerte, O, stil, mar ljeaflik Beslinga! De treaster for ’t forplettre herte Fen de edle stam fen Sytsama.

Grou. E. H.

OFSKIED.

Goede, echte Fryske ljuwe! d’ Smertlike ûre is ’er wer, Det ik hjir net mear mei bliuwe, vDe ôfskiedsklok wer brommen hear. Goede, echte Fryske ljuwe! Ik mei hjir net langer bliuwe; ’k Hear de ôfskiedsklok wer byljen. Och, ús ûre is forroun. Trije, greate, hege winsken, Winskje ik jimme, ed’le minsken! Scoe ik dûbelfâldich wêze? Dat is ’t Fryske wêzen net. De earste is, det w’ as Fryske ljuwe ’t Swiet fen echte frjeonskip priuwe, ’t Alde sizzen goed onthâlde: “Rjucht troch sé, dat giet ’er mei!” Lit ús ’t oarde wol onthâlde; Mei ús sels de frede hâlde. Lit de wrâld ús den forlitte, ’t Stringe ik fordomt ús net. Einling, bêste, golle ljuwe! Wol yn iv’ge frjeonskip bliuwe Mei dat onbigryplik hege, Dat ús de ivichheit ontslút. Goede, echte Fryske ljuwe! Langer doar ik hjir net bliuwe. ’k Hear de himelharpen klinken. God en segen oer dit hûs!

Grou. E. H.

IN TRIEN.

Hwet is de wolkomstgroet Nei ’t lêste smertútkriten, Nei ’t earste inerlik getroet, Dêr mem hjar berntsje mei bigroet? Dêr hja hjar yngel earst mei moet, As wird en sucht forsmoare binne? O, ’t is in trien, in trien allinne. En ’t swietste fen de nocht, As ’t bern moai op hjar skirte Sa gutich de eachjes opdocht, En loerkjende nei hjar sjocht, En streaket en aiket en docht, En ’t swiete: “Memke!” lit rinne? O, ’t is in trien, in trien allinne. Mar ljeafdes earst biwiis, Hwet mei dat dochs wol wêze? Is ’t dounsjen? Djoeijen op it iis? Né, yn dat frjemde singetiis Hast’ wird, ef sucht, ef sang ef wiis, Jildt hege eed by moanne ef sinne, Mar in hândruk, in trien allinne. It skieden falt sa swier For trouwe frjeoneherten; De tiid wirdt lyts, de wei is fier, En de onrêst fljucht troch hert en ier; De lêste klokslach bromt sa swier; Mar as de klok en spraek forstomme binne, Den sprekt yn ’t each in trien allinne. In frjeon forjit syn wird; Dat flymt ús troch it herte: ’t Forjitten fen dat hillich wird Dat falt oan al de frjeonen hird, Dat flitset as in snijend swird Troch hert en nieren hinne; Dat heulet in trien mar allinne. Dou biste heech fen steat; ’t Is wille om dy hinne. Nin kening is sa ryk, sa great. ’t Forried komt op; dou biste neat, En mei in wink, dou earm en bleat; Dyn frjeonen ta de lêste tinne. Hwat bliuwt dy? In trien mar allinne. Dêr stjert forsuffe en siik In sloof; hjar suchten rinne Nei ’t lêst, it allerlêst ontwyk, Nei ’t ivich ljocht, it himelryk, Dêr earme en rike binne allyk. For de earme bern fen honger fortinne Is ’er neat as in trien mar allinne. De hân, dy jowt, is ontslein En jowt hjar brea en segen. Hjar tankbre blydskip ken nin ein; Hjar hert is nei de himel tein, Fier boppe stjerren en sinne, Mei in trien yn de eagen allinne. Dêr stiet dyn woaste soan, It doel fen al dyn soargen. Sjuch dêr dyn hoop, dyn earekroan, Forwoaste, forwyldere en fordoarn Dyn deugds, dyn grysheits kroan. As rie en treast forgongen binne, Den bliuwt dy ’n bittere trien allinne. De hoop dy is er west, De dea stiet foar ús leger; It flauwe libben wirdt in lêst; De minske sucht om de iv’ge rêst: En ’t ierdske lean op ’t alderlêst, As wy oprjuchte minsken binne, Dat is in frjeonetrien allinne.

Grou, 2 Nov. 1842. E. H.

TWA BERNTSJES YN ’T WALD.

O, âlders! O, bitink nou wol De wirden hjir biskreaun. In drovich stik fortel ik hjir, Oan Skotlâns kust bidreaun. In edelman fen heech fatsoen Alear yn Noardfolk libbe; Hie lân en grounen fier yn ’t roun, Wier noait fen ’t lot jinstribbe. Mar siik waerd hy, de dead neiby; Moast fen syn rykdom skiede. Syn wiif waerd deadlik siik as hy, En beiden wachtte ien ierde. Dochs ljeafdes treast wier net forlern, Al wier de hoop ek wei. Mar, och, twa lytse ljeave bern, Dy bleauwen holpleas nei. Och, de iene in moaije fikse boi Mar trije jier pas âld, En de oare in famke, o, sa moai! In pronkstik fen de wrâld. De jonker liet syn lytse soan, As hy ’ris mounich wie’, Jiers trijetûzen goune nei, Dat fêst op lânnen stie. Syn lytse Jane’s útset wier Yet tûzen goune mear. De dei as hja ta trouwen kaem Den laei it for hjar klear. Mar as de berntsjes stoarene Foar hjar folmounichheit, Den waerd hjar omke erfgenaem As sibste oan hjar heit. “O, broer-ljeaf! sei de sike man, “Sjuch op myn berntsjes del; “It is myn eigen flêsk en bloed, “Dat ’k oan dyn soarg’ bifel. “Oan God, oan dy, lit ik se oer, “Myn berntsjes nacht en dei; “Hwent mar in lytse wile tiid, “Den binne wy al wei. “Dou moaste wêze mem en heit “En omke tagelyk, “God wit, hwet lot hjar is bireid, “As ik nou wird in lyk. “En ’t is nou yn dyn folle macht, Sa spriek de mem yet ek; “Hjar op to bringen great en ryk, “Ef for de biddelsek. “En binne jy hjar treast en steun, “Dat leannet God jo wis: “Is ’t oars, syn straffe bliuwt net wei, “Dy God fen wezen is.” Do tute hja hjar berntsjes yet Mei lippen kâld as stien. “God segent jimme, ljeave bern! “It is gau mei my dien.” En hark ’ris hwet de broer do sei: “Ik haw nin hert fen stiel. “Hwet soarg’t dyn teare memmehert? “Ik nim it op myn siel. “En as ik oait dy ljeave bern “Fordruk ef kweadwaen mocht, “Den winske ik, det Gods swiere straf “My nacht en dei bisocht.” En do de âlders laeine yn ’t grêf, Naem hy de berntsjes oan; Hy brocht se beide yn syn hûs As dochter en as soan. Hy hâldt him oer dy ljeave bern In jier heel goed en sacht; Do naem de divel fen it jild Dat onminske yn de macht. Hy hierde do twa keardels ôf, It útskot fen de wrâld, Det dy for jild dy lytse bern Scoen’ deije yn it wâld. Syn wiif dy makke hy do wiis En alle man yn hûs, Dy berntsjes scoen’ nei London ta By in goe’ frjeon yn hûs. Wei gongen do dy sloofkes, wei. Hja wierne blij to moed; En seine yn hjar onnozelheit, “Wy kedtsje-ride hjoed.” Sy prate en snappe frjeonlikjes, Och, sûnder earch ef kwea, Mei dy forwoaste moardeners, Dy ’t oanleine op hjar dea. Dy ljeave praetsjes makken do Dy moardnersherten weak, En neiby roan troch yntinken It grouwelstik to speak. Mar ien fen hjar, forstield fen hert, Spriek: “Né, ik hâld myn wird. “Hy leanne ús goed; hja moatte dea, “Al falt it stik my hird.” Mar de oare stimde ’er net yn ta; Hja foelen do yn striid, En fochten hevich mei eltsoar, Hwa ’t earst scoe út de tiid. En dy de sêftste ynboarst hie Staet d’oare ’t mês yn ’t hert. Dy berntsjes yn dat iensum bosk Dy trillen as in blêd. Hy naem de berntsjes by de hân; Dy yngels krieten lûd. Hy sei: “Kom mei, en skriem mar net: “’t Is alles nou wer goed.” Twa lange milen laet hy hjar; Do kaem de honger op; En ’t onminsk sei: “Bliuw hjir mar stean; “Ik helje iten, pop.” Dy ljeave berntsjes hân oan hân Dy kuij’ren do dêr om, En seagen nei hjar rêdder út, Mar hy kaem noait werom. De wylde beijen in it bosk Dêr laefden hja hjar mei. Hja skriemden do de nacht oankaem En snikten oan de wei. In minskehert moat brekke nou, As hy dit stik oertinkt, Ho det dy ljeave onnoazle bern Hjar flauwe moed ontsinkt. Forlitten yn dat iensom wâld Biliet hjar ek de gong. Och, koen’ hja nou mar bidde yet! Mar hja wier’n yet sa jong. Dos swalkene dy bloedtsjes dêr, Forkommere en forlamd, Forloste einlik hjar de dead, Yn elkoarms earmkes klamd. Nin minske makke in grêf for hjar; Nin deaklok waerd ’er laet; De hjerstwyn hat hjar lykjes do Mei ’t giele lof oerspraet. Do foel de hege wraek fen God Swier op hjar omke del. De fyand kaem forwoastend op, Syn binnenst’ waerd in hel. Syn skûrren barnd; syn goed fornield; Syn grounen plat toflein; Syn fé waerd slachte op it fjild: Nin hut bleau him oerein. Twa soannen, beide yn Portugal Forgongen op in tocht, En ta bislút waerd hy yet sels Ta de uterste earmoed brocht. En ear it saunde jier om wier Wier al syn lân forkoft, En kaem yn ’t ein syn grouwelstik Yet ek alheel oan ’t ljocht. De woastling, dy dy ljeave bern, Oerjown hie oan hjar lot, Siet op ’e dead om roverij; Dat wier de will’ fen God. En dy bikende ’t yslik stik Lyk as hjir stiet biskreaun, En de omke stoar, wylst hy om skild Waerd yn de kerker treaun. Mar jimme, dy it opsicht ha Oer lytse wezebern, Dy yn de earste onnozelheit Hjar âlders haww’ forlern. Nim in eksimpel oan dit ding, En jaen oan elk syn rjocht, Ear ’t Gods hân mei sa’n aeklik lot Jimme ek bisiikje mocht.

Grou. E. H.

Twa berntsjes yn ’t wâld.
Twa berntsjes yn ’t wâld.

IT LIET FEN IN EARM MAN.

Ik bin in earme biddelman, Allinne yn de wrâld, En simmers skroeit de sinne my, En winters bin ik kâld. Ik woe sa graech ’ris sjonge yet, Mar ’t moed dat sinkt my wei, En tink ik my al effen bliid, In sucht dy folget nei. Hwent yn myn ljeave âldershûs Wier ik sa’n frolik bern; De bitt’re kommer is myn lot Sont ik hjar hab forlern. De moaije hôven bloeije sa; It noat dat stiet sa skoan; De keale wei dy is for my; Ik earme minske-soan. Ik bin dochs graech dêr freugde is Mei myn bidrukt gemoed. En ’k winskje elts den goeden dei Sa hertlik en sa goed. O, goede God! Dou lietst’ my dochs Alheel net sûnder treast. Ien hoop’ skink Jy oan heel de wrâld, Mar oan de earmen meast. Dêr stiet op ider doarpke yet In hillich hûs oerein; Dêr klinkt for elts in from gesang, In treastwird wirdt der sein. Yet ljachtsje, sinne, moanne en stjerr’n Sa frjeondelik op my, En as de lêste bêdklok slacht, Den sprek ik, God, mei jy. Hwent ienris komt jins himel op For eltse fromme siel. Den tsjen ik ek myn feestklean oan, En sit mei Jo oan ’t miel.

Grou. E. H.

DE LYTSE TOARNBEISIKER.

In earme jonge yn de wâlden Dy toarnbei-sike oan de wei, En song dêrby in aerdich sankje; Hy njuente sa de hele dei. Ja, soms bigoun er lûd to sjongen; Dat klonk sa yn dy stille loan! O! ’t earme boike hie sa’n wille, Wol mear as mannich kenings soan. Mar, sus! der stûke wirk en sjongen. Hwerom, myn boi? Hwet is der oan? Hy seach in siden ponkje lizzen, Dat laei dêr sa mar oer de loan. De earme stakker wier bisauwe, Do hy dêr goud yn ’t ponkje foun. Hwent trije goudene dukaten, Dy foelen dêr sa oer de groun. Hy keart se om wol hûndert kearen, Hy telt en sjocht se oer en nei. Hy lit it toarnbei-siikjen wêze, En gong sa bliid met ’t ponkje wei. En ûnderweis oan ’t praktisearjen Hwet hy for ’t jild al keapje scoe Oan moaije klean en ’t swiete iten, Krekt eft it jierren dûrje koe. Mar, och, hy moast gau ûnderfine Hwet oan sa’n stikje goud ek wier, En koart bigoun hy al to kleijen, Det hy mar trije duiten hie. Ho gau wier ek dat jild forsjidde! Yn koarte dagen hie er neat, En earm, ja, earmer as foarhinne Stoe dêr it boike kâld en bleat. Nou gong er wer oan ’t toarnbei-siikjen, Mar hy wier stiller as alear. Hy koe nin jolich sankje sjonge. En hwerom song er nou net mear?

Grou. E. H.

De lytse toarnbeisiker.
De lytse toarnbeisiker.

SEMANS KLACHTE.

Under de boartfeinten fen syn jonkheit hie Gabe ien dy him nei oan ’t herte laei. Hy wenne to Abbegea, dêr Gabe in omke en moike wenjen hie; dêr kaem er folle koarts foar de ongetiid to út-fen-hûzjen; dêr toudounse er mei syn niften, ef siet er hele nachten by op to jongfolkjen en to sjongen. Den wier Sierd Anes, in flugge sterke Fryske feint, syn maet. Dêr bleau, dêr wier syn libbenslust. As moarnsier de prachtige sinne syn blinkjende holle út de dauwe opstiek, en oer de marren en poelen bigoun to spegeljen, den gong de sinne ek yn syn hert op; mar as er oer dy wetters brûsde en sûsde mei Sierd yn it lichte boatsje, den dounsen syn sinnen as it skipke op ’e weagen. En dochs forlange er, as de tiid om wier, wer nei hûs en hiem, nei heit en mem. Sa’n bistean hie Sierd net. In lytse mistribelinge yn de frijerij mei Eke jage him it ségat út. De jonge, sterke, feardige Sierd, dy oars nin sé to heech gong, dy ienris de hoop, de fleur fen syn folk wier, rekke ûnder forkearde makkers en forwyldere ta dy úterste mjitte, dy in biskaefd minske birikke kin. Einlinge kaem er werom, mar it wier for in koart eagenblik. Hy roun in lytse tiid yn it doarpke om as in balling mei in forbritsen gemoed, en is foartgien, sûnder det immen oait wer fen him heard hat. Dat taestte Gabe yn syn siele oan, en hy makke ’er it rymke op, dat hjir folget.

SIERD ANES KLACHTE.

Sierd Anes teach mei wylde sinnen Fen ’t lân nei ’t rouwe ségebrûs; Forliet syn terpen en syn finnen En ’t ljeave âlderlike hûs. Him wier de Fryske loft to dompich. “Ik wol, sa spriek er, heger op. “Dat earme lân is my to sompich. “Hozé! de flagge moat yn top.” En kamen frjeonen him to rieden, Dat bloes syn woaste moed yet op. O, den bigoun syn bloed to sieden En steger waerd syn Fryske kop. Syn Eke kaem him ek formoanjen: Dêr hong syn hert oars jimmer oer. Mar, né! der wier net oan to toarnjen. Syn wylde holle wier oerstjûr. “Och! sei hja, lit dy dochs bilêze!” En treau him oan hjar bounzjend hert; “Mar kin ’t net, moat it einling wêze, “Forjit dyn heil’ge wirden net. “Yet ienris, Sierd, foar det wy skiede, “Druk ik dy oan dit tikjend hert. “Ta det de klokken fen my liede “Forjit ik dizze ûre net.” “O, né! spriek Sierd, in man moat swiere “En swalkje troch Gods wide wrâld, “En oer de séen dweile, giere: “Dat hirdet him ta syn bihâld. “Ik wol myn hjitte kop ôfspiele, “En bring dy jild en skatten mei “Wei, fanke! ik moat myn hert forstiele; “Oars tôget my dyn flaeijen wei.” Hy swalke earst nei kâlde lânnen Fier nei de rûge Moscowyt; Hy seach de woaste Hecla brânnen, Ho dy syn ivich fjûr útsmyt. Do teach er nei dy easterlânnen, Dêr specerij en goud wei komt. Hy hearde oan Bandas geurge strânnen, Ho skriklik Goenong-Api bromt. Hy kaem to lânne wer nei jierren, Bitomle wier ’t forwyldre brein. Hy seach it toerke al fen fierren, En sonk der hinne yn gewein. Hy koe syn suchten net forkropje. “Wêz’ wolkom, rôp er, âlde toer! “Ho? Kinste nou nin triennen stopje? “Myn God! o né! ik jaen my oer.” Hy skoarre nei it dorpke hinne: Mar wolkom wier er nearne mear, En elts roun fier fen him fen dinne, Dat die him yn it hert sa sear. Hwent Eke..... (’t is net út to sprekken!) Dy wier it yn ’e sinnen slein, En wier fordrinsge yn de Brekken, En dat waerd Sierd to lêste lein. “Och! spriek er do mei drôv’ge wirden, “Is nearne rêst for my yn ’t ein? “Is ’t nearne den for my to hirden? “Ik bin in skip, troch stoarm forslein. “Hwa kin it albistjûr bigripe? “Dat kin men oan myn libben sjen. “Dou, Eke, wierst’ myn lêste stipe; “Dy lêste treast is ek forlern.” Neargeestich gong er do wer hinne, En seach it stille tsjerkhof nei. Hy liet dêr bitt’re triennen rinne, En rôp: “o God! wier ik mar wei! “Hwer scil ik my nou hinne keare? “Myn lust is wei, en ik wird âld. “Wiis dou myn paed, o Heare, Heare! “Ik bin in frjemdling yn de wrâld.” O, siikje net oan fiere strânnen ’t Gelok, dat foar dyn foetten laeit; It skieden fen dyn ljeafste pânnen, Bitink it, jongling, hwet it seit! In stil bidriuw mei froede sinnen, (o Jeugd, ik sprek in treftich wird!) Dat jowt in himelryk fen binnen By eigen folk en eigen hird.

Grou, Maeije 1841. E. H.

It doarpke Abbegea.
It doarpke Abbegea.

IT DOARPKE ABBEGEA.

BELLIS PRATENSIS.

Minsken bliuwe: Hjar sizzen komt net nei; Mar út Gods heilichdomme Komstou, o ljeave blomme! Maitiids earste blomke, Ljeave fen de wei, Ut Gods heilichdomme, Komstou, o ljeave blomme! Wêz’ wolkom, ljeave! De Maitiid is ’er wer. Det minsken en tiden forgeane; Dou komste, dou biste hjir wer. Wolkom wer hjir yn ús lân! Kuijere ik ’ris oan de hân Fen myn ljeave famke, “Wolkom! siz ik, hjir is ’t, bern; “’t Iere foarjiers famke.” Ja, wy kuij’rje hân oan hân Troch it golle Fryske lân, Friezen binne altyt frij, Fyanden fen slavernij. Blomke, blomke, bliuw ús by!

Grou. E. H.

DE TERP.

(Wiize: Menuet de Don Juan. Mozart. In bytsje foroare nei de rymmjitte.)

As ik oan myn bernejierren Oan dat golle boartsjen tink, Wrâld, hwet binne den dyn skatten? Hwet is ’t goud mei syn geblink? As de Maitiid oer it lân Blomkes struit mei mylde hân, O, hwet wiern’ w’ as bernkes blij! Alde terp, ik tink oan dy. As de earste bonte flinters Flodderen fen blom op blom En de earste ljurken songen, Waerd it bernehert sa rom. En de earste rin wier den Fen de lytse skoallebern, Hien’ wy fen ’e skoalle frij, Alde griene terp, nei dy. As de lytse foarjiersblomkes Wrotten troch it griene krûd, Rôllen, trûz’len wy sa jolich, Hoallefoallen wy sa lûd. Jagen wy de lea den ôf En de skonken wirch en dôf, O, hwet laeine en rêstne wy, Alde terp, den swiet op dy. As de famkes toutsjedounsen En de jonges pleagen hjar, Waerden wy sa faek ôfsnoarre: “Dondersk’ jonges, sa ’n genar!” Mar wy houdden ús mar dom En wy joegen nearne n’t om; En hwet tochten hja der by? Alde terp, o siz it my. Och, myn bernejierren fleagen Lichter as it swerk foarby, Mar dyn griene, ljeave blomkes Binne alle maitiids nij, En in oare nije jeugd Hat op dy wer wille en freugd: En liz ik it libben ôf, Alde terp, wird den myn hôf. Lit de berntsjes oer my boartsje, Blomkes ploaitsje op myn grêf. Gouden is de bernewille, Al it oare reek en tsjef. Is de winter rou en wyld, Grienje maitiids blij en myld; Bloei as byld fen Fryske kracht, Alde terp, yn iv’ge pracht!

Grou, Juny 1847. E. H.

De terp. As de famkes touwtsje-dounsen.
De terp. As de famkes touwtsje-dounsen.

DE TERP. AS DE FAMKES TOUWTSJE-DOUNSEN.

TWA BOEREN EN DE SKRIE.

Twa boeren, beide út Longerhou, Dat wierne rare omen, Mar makkers wierne it goed en trou, En rekke de iene oan de sjou, Siet de oare ek noait to droamen. To Frentsjer oan de bargemerk Dêr siet dat pear to priuwen, Mar op ’e neidei kaem dat swerk Troch dat gelurk mei Age en Tsjerk Almeugend swier to driuwen. Mar tsjin de joun do teach men foart, Men sjagg’le troch ’e poarte. Soms kaem ’er wol in núv’re hoart. Dat boks’le troch de modder foart, Dy oer de skoen hjar kwatte. By ’t hiem dêr hearre se yn de loft De skrie syn griet-toe roppen. “Dou steltman mei dyn miggeskoft, “De bek ta, ef pas op, der poft “Dy joun yet ien fen boppen!” Sa raesde Tsjerk do tsjin dat dier, En sei: “Hâld op fen skelden! “Dou, langbek, hast in raer getier. “Is Ageman hwet oer syn bier “Hoechst’ dat syn wiif to melden? “Hwent hark ’is, Age, hwet er seit; “Griet, toe! Sjoch, Age is dronken! “Jaen him nou earst mar goed biskeid; “Mar as er yn de fearren laeit, “Brek him den hals en bonken.” “Dat liichste, ju, sei Age do, “Hy baut dy nei yn ’t meiden; “Kom yn de skûrre, Grietsje, toe! “Wêz’ dochs net bang, toe, Grietsje toe! “Wy binn’ mar mei ús beiden. “Hy wit, dou hâldst’ it mei de faem, “En telst de frou net folle. “Dyn wiif is sleau en Griet bikwaem, “Mar hoedzje dy mar for de blaem “Fen Longerhouster bolle!” Dêrop wirdt Tsjerk sa pûr, sa gleon; Dy smyt him oer de finne, Slacht bont en blau syn bêste frjeon; Ja, hat him yn de jarr’sleat treaun, En lit him sa wer rinne. En Tsjerk dy knypte stil nei hûs En joech him gau ta sliepen, Mar do er fiks laei yn de sûs, Do krige er bruijen by de rûs, Do kaem de hel earst iepen. Hwent ear ’t er ûnd’r’e wrine kroep, Wier him de noas al skile, En wylst it wiif nei boppen sloep Foel der by him al mannich knoop, Mar ’t oartsen wier forspile. Mar ’t slimste wier bihâlden yet; Hwent Age dy woe rjuchtsje. De oare deis siet Tsjerk yn ’t swit; Hy tocht: “Dy diker! ik krij pit; Ik mei dochs ek net fjuchtsje.” En ear de klok al middei sloech, Kaem dêr exteur oan stappen, Dy him in brief yn hânnen joech, En Tsjerk dy seach al net onfoech: Hy tocht: “Dit binn’ gjin grappen.” Dêr stoe in great citatie yn Om foar ’t gerjucht to kommen. “Dêr ha wy ’t al, dou ychel-swyn! “Dêr stean wis nu’vre wirden yn.” Bigoun do Griet to brommen. Dêr stien’ se beide foar ’t gerjucht Forslein as earme stakkers, In skylde noas en lang net rjucht, En blauwe eagen; ’t wier nin nocht: En dat for trouwe makkers! De grytman, ’t wier in stringe hear, Dy sei: “Gaen sitten, boeren. “Sit’ jimme nou mekaer op ’t leêr? “As ik die saek goed instrueer, “Gaen jimme koekeloeren. “E’n jaer in Wybren Wybrens gat, “En hondert daelders breuken. “Want sien, daer op e’n heerenpad “Mekaer te kloppen, seit al wat, “Jimme oude, kale scheuken! “Dat fecht in scheurt mekaer de bek, “En dat van knappe luden! “Die sitte Sundags ook in ’t hek; “’t Was wrachtig al e’n knap bestek, “As wy dat folge suden. “Spreek op nou, Tsjerk; hoe is ’t gefal? “Dou siest al raer uet de ogen. “Dyn dikke neus is ook al mal “Spreek op, in lieg my niemendal; “Dat suud dyn straf verhoge.” En Tsjerk forhelle do dy saek, En fen de skrie syn roppen; De grytman dy hie wol formaek, En dochs hy siet dêr as in staek; Hy tochte hwet to toppen. “Nou, Age, wat heww’ jou in ’t fat? “Het Tsjerk de warheid sproken? “Dyn ogen blau, dyn neus hast plat; “Dou seist dat Tsjerk is e’n Jan-Gat; “Hy het doch fikse knoken.” “Hy hat yn alles wierheit sein, “Bihalven fen myn bruijen. “Ik net, mar Griet dy hat him slein. “’k Die neat, hwent ik haw ûnder lein, “As flokken en as spuijen.” ““Dat liichstou, divel, as in snaek; ““Dou pluch, hwet woest’ hjir sizze? ““Pas op, ik spylje wer om raek, ““En as ik dy by ’t baitsje taek, ““Den scoeste er fluch ta lizze.”” “Kom, boeren, hier gien kiblerij; “Die saek komt gou te rechte. “Ik hoor, niet ien van jimme is frij. “Nou geef jimm’ elk e’n som aen mij, “Dat kan de saek beslechte. “Tien ducatons de man glad of, “Dat moet hier daedlik weze. “Ik bring it anders voor it hof. “Die heren levere and’re stof. “En laat’ hoor niet beleze. “In as de skrie nou roept griet-toe, “Dan moette jimme dinke, “Nou roept mynheer syn dochter toe, “Hael my e’n flesse wyn, Griet, toe! “Dou moest my ook ’ris schinke.”

Grou, Oct. 1841. E. H.

DE WYLDE RUTER FEN DOCKUM.

Der is yn keizer Karels tiden In allernuverst stikje baerd; Der hat in wylde ruter riden: Heel Dockum wier der fen forfaerd. Hy hie gjin learzen oan noch spoaren; Hy droech gjin houwer noch pistol, En wier er al hwet lyts geboren, Hy stoe syn fyanden dochs wol. Syn wenning hie er yn de holen; By dei liet hy him seldom sjen; Mar nachts den kaem er op ’e soalen En roofde en moarde sa ’t mar kin. Der wenne in brouwer yn dat stedtsje, Dy folle by de boer om ried. Den siet er op sa ’n feardich kjedtsje, Ien dy it noait net sitte liet. Mar koppich wier it bistke danich, En kaem ’er him hwet frjemds yn ’t sin, Den waerd er noait net slûch ef wanich, Mar teach yn ienen op ’e rin. De brouwer scoe nei hûs ta ride, It gong sa yn in sukkeldraf. Syn hountsje roun him op ’e side, Dy snúfde en hie frij hwet geblaf. Mar blaffen kin net folle bate, Der moat ek biten wirde sims. En scill’ de ljuwe yen ek hate, Men moat faek wêze as in brims. En wylst dat beest sa sneupte en blafte, Roun der in mird dwers oer ’e wei, Dy ’t hountsje for syn keffen strafte, En naem him dêr mar helder mei. Dat koe baes brouwer net oanskouwe, Sprong dalik by de kjedde del. Dy woe er mar ’ris fiks ôftouwe, Mar ’t bistje wier him al to snel. Dat is in folk dy kinn’ hjar rêdde; Hy wier to fier ôf fen syn hol; Nou fleach er dalik op ’e kjedde. Dat makke it hynzer razend dol. Forskrikt set hy it op in rinnen; De mird dy klammere oan it seal. Wis krige er ek al nu’vre sinnen, Mar hy siet fêst dochs as in peal. De brouwer, ’t wier net to fordragen, Stoe dêr mei ’t hountsje op ’e wei: Dy hie noch noait syn libbensdagen Sa flokt as nou op dizze dei. Mar flokken koe hjir ’t skird net laepje, To foet gean wier de brouwers lot. Hy koe nou swiet nei Dockum traepje En hearre dêr de smaed en spot. Hwent smaed en spot moast hy forwachtsje; Mar hy bitocht in fine set; Hy liet him by in boer binachtsje En kaem by tsjuster yn de stêd. It kjedtsje kaem de stêd op fleanen, De mird dy siet him op ’e hûd; De stêdsljue seagene as earnen En sein’: “It spultsje is niet goed.” ’t Gerucht dat roun troch alle strjitten, Dat baes sa heislik tsjoene koe, En ’t waerd fordûbele en útmjitten Lyk as it giet mei simple ljue. En leaude ’er ien net oan dy grappen, Dy waerd gau oer de flalie slein; En doarst er folle tsjin to snappen, Den waerd ’er sels de lap op lein. Den rôpen se fen alle siden: “Wat suest dou prate, heiteman? “Myn gunst, wat leiste noch te striden? “Want hele Dockum looft er an. “Ik hew him op it peert sien sitten; “Maer ’k liet it beestje stil betiên; “Syn ogen as twie lampepitten “Die waren glandich om te sien. “De brouwer, dat mag elk wel lowe, “Het him feranderd in en mu’d. “Nou kin er nachts braef stele in rowe: “So rake al ons kipen fu’t. “It peert, krekt of in man him mende, “Gong na de stal, dat arme dier, “Dat is ien duwelsch’ swatte binde, “Dat tsjoenders-reau in Dockum hier.” “It wemelt hier fan tsjoenderije, “Ja, ’t schuelt sels by de magistraet. “In as ’t so bliift mach ik wel lije “Dat Dockum na de duwel gaet.” Hja wierne breinroer om dy gritsen, Gjin minske dronk fen baes syn bier, En fen binaudheit gong er ritsen Nei in goe’ frjeon yn Metslawier. Dêr moast er him for útgean mije, Opdet it stik gjin eagen hie. Dêr siet er nou in wike ef trije, Sa lang de boi bisakke wier. Nou stoep er dryst wer nei it stedtsje. En daedlik nei de brouwerij: Dy wier hast útstoarn for in setsje En ’t stie der al gefaerlik by. Mar hy liet oan heel Dockum witte, Det hy yn de stêd Grins hie west; Hy woe it klúnbierbrouwen witte En nou forstie er ’t opperbest. Yn trije wike in kinst to learen, Dêr mannich trije jier oan hie; Dat leaudene dy skrandre hearen, Dêr do heel Dockum fol fen wier. En baes gong daedlik oan it brouwen; Dêr smiet er keallepoaten by Mei hûd en hier, mei klei en klouwen, Dy kôke er yn dat bier ta brij. Dat joech in limichheit oan ’t bierke, Dat, sei er, kaem fen ’t bêste koarn, En dreau ’er hjir ef dêr in hierke, Dêr steurden s’ hjar sa krekt net oan. Hy die ’er by hwet coriander, Hwet piper en hwet brandewyn, Hwent wier’n de Dockumers do skrander, Baes brouwer dêr siet ek hwet yn. En do se fen dat bierke preauwen, Do sein’ se: “Blikstien, dat is raek! “Sok bier is in gien fyftig eeuwen “Hier in ons oude Dokkum maekt.” Dat waerd in klúntsjebier as olie, En ’t wier ek warem yn de bûk. ’t Wier goed for jicht en melancholy, En ’t swiette oan by it gebrûk. “Ja, ons baes brouwer is e’n mantsje! “Die het wel hassens in syn kop. “Kom baes! sei elts, Geef noch e’n kantsje! “’t Loopt my so smeudich deur it krop. “Wat heww’ se laest die man belasterd “Fan tsjoenderij en ’k weet niet wat, “Ons Dockum is all’heel verbasterd “Ja, ’t is e’n aeklich rabbers-gat.” “Wel, ja! sei baes, Sy heww’ ’t my weten, “Dat er e’n mu’d op ’t kettsje sat, “Die het my fan it peert of smeten; “It was de kwaide, loof my dat. “Ik seg jimme, ik was so verlegen, “Ik guelde anders niks as moort! “Maer ’t was voor my e’n grote segen, “’k Was dichte by it Hues-ter-nood. “Daer moest ik doe ris wat bedare: “De knecht die brocht my naer de stad. “Wat kin min raer ten hering fare: “Dat hew ik met myn fluchten leerd.” “’t Is best beteerd aen alle kanten: “Want ’t klúnbierbrouwen hè je leerd. “Brou jou mar fu’t!” sa sein’ de klanten, “Mar ryd fooreerst niet weer te peert.” Dat is yn keizer Karels tiden, Alear yn ’t âlde Dockum baerd, En lit ’er wylde ruters ride, Ald Dockum is en bliuwt formaerd.

Grou. E. H.

FRANSKE TURVEN EN ORANJE-BITTER.

Der laei in skipper to Wâldsein; Ho eft er hjitte wirdt net sein; Hy hie in feint dy hjitte Duije, In bysfeint wier it, in skarlún; Mar as dy hwet hie’ yn de krún, Den koe ’t ’er nuver hinne bruije. Hy hie syn komste by Tryn Klear, Dêr koft er sûpkes kear op kear. Dy hie sa hwette snobberije; En dy mar rûch op side wie’, Ef boargen after hânnen hie, Dy koe to mûk in sûpke krije. Dêr libbe it minske aerdich fen: It wier in widdou sûnder bern; De winters spoun se for de ljuwe, En hokk’ne pearen by eltsoar, Dat wier in akkefyt for hjar: Dy koe’n dêr noflik sitten bliuwe. En as er ien to sink west wie, Ef ’t mei syn folk forkurven hie, Dy woe se graech in bulsek spriede, En broei him dêr ’ris tige út, En wie’ er flau, him ta bislút Wol hearrings op ’e tange briede. Dêrom waerd sy Tryn Klear ek neamd, Dy namme wier ek heel net freamd, Hwent wier ’er ris oansetterije, En wier ’er ’t ien ef ’t oare brek Fen oalje, drank ef bôle ef spek, By Tryn wier ’t klear; dêr koe men ’t krije. ’t Wier winter, mar nin riders-iis, En dat forfeelde d’âlde biis; De liddichheit jowt nammers flinken. De fammen pleagje as in Turk, Dat wier sa hwet syn hele wirk, En mâlle potsen út to tinken. Dat tipte den op teijich iis, Ef ’t souke en tjirre as healwiis, Ef ’t sloerke op ’e glêdde strjitte; En ûren yn de smitte stean, Ef for de kjeld yn ’t bakhús gean; Dat scil den frijgeseljen hjitte. Hy komt by Trynmoi op in joun Wylst dat goe’ sloof by ’t fjûrke spoun, En sei: “Kin ’k ek in koaltsje krije? Us folk is út to praten gien, En hawwe al it fjûr útdien.” “Hea’, ja! sei Tryn ik mei ’t wol lije.” Hy hie in sponturf yn de hân Lyk as ’t gebrûk hjir is to lân; Den is it koaltsje fjûr bitelle. Hy treau him by it hirdtsje yn, En sei goe’n avend do oan Tryn. ’t Wier ’t lêste koaltsje dat er helle. Hwent, o, it stik dat wier to bryk! It wier nin bizerij allyk. Dy turf hie hy in gat yn boarre; Dat nôgergat mei boskrûd stopt, Do mei in grenen kyl forpropt, En feardich mei in tou forsjorre. Dêr siet ús Trynmoi nou, En spoun hjar triedtsje flaechs sa trou. De wekker tikke en ’t wieltsje snoarre; Ald mopke snoarke op ’e plaet, En poeske spoun wer de âlde maet; De sûpenbrij dy soarre. Hja spoun en waerd sa slûch, sa sof, Mar einling boarst der út in plof; ’t Waerd alles yeske en fonken. De poes fleach by de ljedde op, En op it bêd der fluchtte mop; En Trynmoi makke ek skonken. Hja fluchtte ta de doarren út, Mar foar de gevel stoe de gút; Hy socht de lijte hwet, sa beare. Do roun âld Tryn him op it liif, En sei: “Dou swift, dou snaek, dou dief! Ik scil dy fjûroansetten leare.” Hja tich’le ’er ek mar helder op: Mar, och, hy hie in Fryske kop, En mannich slach mislearre. Mar hy sei: “Slaen dochs net sa, sloof, Jy slane my yet blyn en doaf; Jy moatte ek nei reden hearre.” En Duije sei: “Wy geane yn hûs. “Dat wier der niis sa’n raer gedrûs; “Dat scil der nuver hinne lizze. “Wy moatte sa net, âlde frou. “Ik scil jo earlik bychte en trou; “Ik kin jo krekt de reden sizze.” Hja geane yn hûs. Dat wier in boel! De oaljesnip laei op ’e stoel; De brijpot laei yn stikken; De tafel op ’e side teard; De spinwiel ûnderst-boppe keard; It flaechs wier gleon, de matten rikken. De steallen laeine oer it hûs, En op ’e souder âlle poes; Ald mopke siet op bêd to kriten; De sûpenbrij stroamde oer de plaet. “Och! rôp dy leaze kammeraet, “Dat skoane ljeave iten!” Sa moast’ er prate op dy joun; Oars hie se nei ’t gerjucht ta roun. Hy streake en flaeide om hjar hinne, En rêdde fluch de boel mei oan. Hwent reagje en klinsgje koe er skoan, Lyk as de skippersfeinten binne. Do spriek dy goede Tryn him oan: “Dit rint to fier, Jan Jappes soan; “Dou scoest my ’t hûs yn yeske stoke. “Hwet diker, nou! dit is nin nocht, “En as ik ’t foar de grytman brocht, “Den scoest’ in skeadlik pypke roke.” “Och, bêste Nynke, jaen jo del, “En kibje en smeul dochs net sa fel. “Ik die it siker net út wille. “Wy hawwe Fransken hawn yn ’t skip: “Dat wier in ondwaen en geskrip! “Den moatt’ jy ljeaver dy bidille.” “De Fransken binne núv’re ljue, “En flinken hat dat foltsen rju. “Dy brochten brânje mei en iten. “Dy brânje wier as oalje en tar, “En as ’t net flotsje woe mei hjar, “Den waerd ’er gau sa’n turf op smiten.” “Dat súze en pofte it rom yn ’t roun, “Lyk as jy jouns hawwe ûnderfoun, “En as de fonken ’t mâlste fleagen, “De steallen stauwen oer de flier, “Den laken se en hiene tier, “Al koen’ se hearr’ ef sjen út d’ eagen. “Is dat net heislik, Tryntsje-moi? “Dy Fransken, ja, ’t is aeklik; foi! “Dat binne heidens, rare ljuwe. “Dy fjuchte en swalkje oeral roun, “En hwer se in foet sette op ’e groun; “Dêr litt’ se krús noch mint mear bliuwe.” “Den moeit it my, sei Tryntsje-moi, “Det ik dy slein haw, bêste boi! “Dy Fransken binne skelmen, snaken. “Hja sette in beamke yn de groun, “Dy dounsje gekken den yn ’t roun, “En ’t is mar om ús jild to taken. “Och, hien’ wy mar ús prins werom! “Hwet wier ’t yn âlde tiden rom! “Men wist do fen gjin frjemde flinken. “It iten wier goekeap en bêst; “Fen ’t frjemde reau hie nimmen lêst. “Dêr hoefde nimmen om to tinken.” En Duije gong do stil nei boart. It stik wier yn de doafpot smoard, En dochs hy koe ’t net by him hâlde. Hy hie it yn de smitte sein, En dalik wier ’t troch heel Wâldsein; Dat hearde ek skielik al dy âlde. En dochs hja kikte nearne fen, En hy kaem wer oan hûs as bern. Hy skold den op de patriotten, En priisge wakker de âlde prins. Sa flaide er den dat âlde minsk; Mar Tryn wier snoader as de rotten. Hwent hy kaem wer ’ris op hjar ta, En sei: “Ik moat in sûpke ha, Mar ’t moat oranjebitter wêze. Ik bin oranje yn myn hert; Ja, yn ’t gebiente is ’t my set.” Sa woe er do dat sloof bilêze. Hja hie for jicht en oare smert, In sûpke op Spaenske piper set: Dat naem hja yn by njoggen drippen Mei bêste swiete wite wyn; Dêr geat hja him in slok fen yn, Om ’t sa yn ienen yn to wippen. “De divel! rôp er, Tryntsje-moi! “Dit komt to hird oan! foi, o, foi! “O minske! ik forbarn fen binnen. “Ik spring warachtig út myn fel. “Dou sleep! dou âlde totebel! “Ik fiel it gleon troch ’t lichem rinnen.” Hy roun al dalik nei de bak; Hy sûpte in kúle, mar ’t wier lak. Al hwet er iet dat smakke as galle, En Tryn-moi sei: “Dat siet yn ’t fet, “En hwet dêr yn is sûrret net. “In âlde rôt sit yn de falle.” “Dy Franske turven makken kel, “En skroeiden immen hier ef fel; “Oranje flymt ús yn de termen. “De neismaek is as trjimmich spek; “Dy dûrret ek in aerdich rek.” Sa siet do Duije-man to kermjen. Do joech dy âlde bêste Tryn Him sjerp mei farske bûter yn. “Wy scill’ ’er noait net wer oer prate, Sei Tryn, en gean dou stil nei boart. “It ding is dieverij noch moart; “Dou moast ’er my ek noait om hate.”

By Tryn-moi.
By Tryn-moi.

BY TRYN-MOI.

IT PELSRJUCHT.

To Warkum bûten oan de brêge Ticht oan de greate sésylskolk, Dêr stie yn ’t jier fen achtenfjirtich In tropke liddich farjensfolk. Hja hienen ’t dêr, dat stiet to tinken, Al meast oer sémans-wé en need. Dêr waerden al de stakkers helden, De skiep dy waerden tiger-wreed. Dat liigde dêr fen frjemde dingen, (Ut fiere lânnen liigt it goed!) Mar meastal krigen hja op ’t lêste De lânsregearring by de hûd. En wylst dat foltsen stie to praten Stoep de stêdstamboer op hjar ta; En greatsk op swird en glêdde tromme Sloech hy der op, en spriek do sa: “De Burgemeester en Vroedsmannen “Verbieden aan de burgerij “Na tienen in de kroeg te zitten, “Maar aan de huzen is het vrij. “Die na dien tijd daar wordt gevonden “Betaalt voor d’ eerste maal een kroon, “De tweede maal drie guldens boete; “Als ’t driemaal beurt is ’t hok z’n loon.” Do seach dat foltsen op eltsoarren. De ropper glimke en gong wer foart. Elk sei: “Binn’ wy nou Russen wirden, “Det dat hjir sa yn Warkum moat?” “Us boargemaster, scoe ik miene, “Dy spijt ek yn de romer net; “Dy hat it flêsk om njuggen ûre “Al feardich yn de pikel set.” “Dat ha de frouljue wis útrjuchte,” Sa rôp in tredde út dy kring. Baes Piktried sei: “Dat kin net wêze, “For hjar wier ’t in oerbodich ding. “Hwent frouljue, o, dy kinn’ ús stjûre! “Dy hoeve wis de tamboer net. “O, as dy mar ’ris efkes bremme, “Den is hjar wille al manljue’s wet. “Dêrom dy moatte krimmenearje, “Dy komt it rjucht oer manljue ta; “Nin froedsljue ef nin boargemasters, “Dy thús allinne in broek oan ha. “Us frouljue binne ús boargemasters, “En elts dy det syn wiif net freest, “Scil ik in bêst pear skoen foarearje, “Dy just nou sitte oer ’e least.” In dei dêrnei hong oan syn finster In gloed pear nije skoen to pronk, Mar tsjok bismard mei traen en ongel, Dat elts al yn de noas op stonk. Dêr hie de baes in brief oan hinge: “Elts dy net bang is for syn wiif, “Jaen ik dit pear ta in forearing. “Dy nimt se mei ta syn geriif.” Net ien út Warkum doarst se nimme, Elts toft det dêr hwet after laei. Dêr kaem in boer oan út Ferwâlde, Dy sei: “Ho! taelt dêr nimmen nei? “Ik frees myn wiif net, doar ik sizze; “Ik hjit oer skis de Wylde Boer: “Scoe ik fordomd for frouljue swichte? “Kom, baes, jaen my de skoen mar oer.” ““As dat sa is, scill’ jy se hawwe.”” Baes nimt de skoen fen ’t finster del, En treau se him yn ’t wite kyltsje; Mar, o, hwet waerd dy húsman kel! “Baes Jappe, dat is net gnap makke: Bismoarkje jy dêr sa myn klean? Wel, man! hwet scil myn wiif nou sizze? In hûdfol kibjen is myn lean.” “Kom, sei baes Jappe, ik sjen ’t wol, maetsje! Dy skoen bihearre dy ek net. Dou bist’ al bang for wivekibjen. En dat om sa’n lyts dripke fet.” Do wier de onnoaz’le boer biskamme, Koe sûnder skoen nei hûs ta gean. De klean fol smargoed swart en stjonken’, In húsfol kibjen wier syn lean. Dêrom, regint fen stêd en doarpen, Wêz’ for de manljue net to strang; Hwent, och, it âlde Fryske pelsrjucht Dat hâldt hjar al genôch yn twang.

Grou, 19 Febr. 1842. E. H.

DE BOASK TROCH DE SKOARSTIEN.

Ho mannichien komt oan syn wiif, Dat is net to biskriuwen. Ja, ’t giet sa selsom yn syn wirk, It is hast net to leauwen. De iene fynt hjar op it iis En de oare yn ’e tsjerke. Op brilloften fynt mannich ien, En meast noch op ’e merke. Mar troch de skoarstien, troch in lûk, Om in gnap skepsel siikje, Dat liket briker yet as bryk, En ’t koe in fabel lykje. Foar tiden wenne op Abegea In boer dy hjitte Rinke, Dy oan in boerepleats ef twa En jild en fé net hinke. Hy wier âldfeint en frijde faek, Mar ’t wier him noait net flotte, ’t Roun altiid speak: hy bleau âldfeint Ho hy syn brein ek hwotte. Hy hie in gnap jongfaem oan hûs, Ik leau hja hjitte Janke, Dêr Rinke gansk hwet smucht op hie, Mar hy wier faek bitanke. Dat hâldde him altyd to bek; Hy koe wol ’ris pinkeagje, Ef strike hjar ’ris oer it wang, Mar mear doarst hy net weagje. Dy faem wier ek net eang fen him, Hja mocht him hiel wol lije, Mar sels to frijen dat koe net, Dat koe hjar ear net lije. Dat stune by elkoarren om, En elts dy liet neat merke, Mar einling roun dy tiid sa fier, Det it waerd Drylster merke. Dêr teach de faem ek hinne do En krige in kreup’le frijer, En Rinke bleau allinne yn hûs: Hy kriet, dy earme lijer. En Janke waerd nei hûs ta brocht; Hja songene as alken. De boer forgrieme ’im yn him sels, Laei op de búthûsbalken. De boer, dy oars sa frjeonlik wier, Waerd noartich nou op Janke; Mar hja, hja tsjinne flitich foart; It wier in hansom fanke. Mar ’t swietste wier bihâlden yet; It moast him better knelle, Do de yntrest fen it merkejild Troch Janke waerd bitelle. Hwent skielik kaem ús maet werom Om by de faem to sitten; De boer draeide alles yn ’t rounom, Ja, hy bigoun to switten. Yn ’t koart, hy gong mar gau fen kant, En sei foaral net folle; It sliepen kaem alheel net fen, Sa draeide him de holle. Yn ’t milhús siet it jonge pear Sa noflikjes to meiden, En yn it binhûs laei de boer, Jaloersk en lilk fen beiden. Mar Rinkom wier nijsgjirrich dochs Hwet eft dy ljuwe diene, En eft se ’t ek oer boaskerij Ef oare dingen hiene. Boppe yn ’e bozem wier in lûk, Dat wist er mar allinne. Hy toft: “Dêr wird ik it gewaer;” En kroep ’er stilkes hinne. Foarsichtich die er ’t lûkje op Om hjar dêr to biharkjen, En kroep ’er tige fier yn wei Om ’t suver út to kloarkjen. Dat rekte al; mar it boppe-ein Waerd swierder as de skonken, En Rinkom foel fen boppen del, En briek hast hals en bonken. De spekstôk briek ta syn gelok; Dêr kaem er op to lânne, En ’t fjurke, dat ’er stie, wier lyts; Hy koe him net forbrânne. ’t Wier roet en yeske hwet men seach, En ’t spek dat laei fen boppen; De feint stau ta de doarren út; De faem him nei to roppen. De feint dy roun sleat yn sleat út, En spile op ’e hakken; Dy miende det de kweade him Sa libbend kaem to pakken. Mar Rinke stie al dalik op, Hy wier forbouwerearre, En ’t moeide ’im det syn strunerij Him sa bidroefd mislearre. Hy gong foar doar; dêr stoe de faem To skriemen en to snikjen. “Kom! sei er, kom mar wer yn hûs, “En wêz’ net fen dyn stikken. “Dou hast oars by dy sels al tocht, “Nou wol de boer ús pleagje; “Mar, famke, siker, ’t is sa net. “’k Woe mar ’ris skoarstienreagje. “Hwent sliep, sa lang as hy dêr siet, “Kaem net wer yn myn eagen: “’t Wier eft de stiennen út de flier “My tsjin de troanje fleagen.” “In moaije skoarstienfegerij, “De nachts om healwei-trijen! “Jy woenen ús biharkje, boer; “Dêr wier it om to krijen. “Jy wiern’ jaloersk, myn goede man! “Ja jy bigjinn’ to switten, “Al komt hjir mar in kreupel skroar “Om by my op to sitten.” Sa spriek do Janke en yet mear: “En woll’ jy yet ’ris frije, “Wol nou, ’t jowt nou just sa gjin pas, “Mar ’k mei ’t oars heel wol lije”. Dat wier de boer nin doave sein, En ’t hie mar ’n bytke dûrre, Do waerd âld Rinkom brêgeman; De flach kaem op ’e skûrre. Dat houlik wier sa mis net wêst, En ’t libbe ’er aerdich hinne; Mar as de frou hwet keapje woe, Den koe ’t ’er wol om rinne. Mar as er net fen ’t jild ôf woe, Koe hja him aerdich pleachje, En sei: “Jy scoene wol by nacht “For ’n stûr de skoarstien reagje.” “Dêr! sei er den, dêr hast’ de pong; “Dou kinste goed onthâlde; “Tsjin frouljue is nin praten tsjin, “Den rekket men forkâlde.”

Grou, 24 Febr. 1844. E. H.

DE RIMPENE DOKTERSGONG.

To Holwert wenne ’ris in pear; Dat wierne tsjeppe ljuwe, Hja sieten gnap yn hear en fear, Hja koen’ hjar spiltsje driuwe. De man die hwet genierkerij En ’t wyfke spoun ’er sa hwet by. Hja hiene in soan dy wier heal dea Al trije, fjouwer wiken. It koalkleed siet him yn de lea; De hûd wier út de liken. Dat mast’re dêr sa jimmer om, En sims den hie er ’t lang net rom. De dokter, ’t wier in aerdich hear, Mar boastich en hwet krûdich, Dy kaem der ek sa faek net mear. De man dy waerd flaumoedich. De rekk’ning (o, sa giet it rju!) Waerd ek to great for sokke ljue. Hy ried sa faek it hûs foarby; Hy niigde en hy bûge; Mar ’t wier mar plommestrikerij, Dy hjir alheel net foege. En kaem er soms ’ris inkel oan, Spriek hy mar efkes mei de soan. Dat wier hjar danich yn de wei; De soan dy krimmenearre. Hja rôpen faek de dokter nei; Mar ’t wier sa faek mislearre, Det einling sei er: “Rop mar net, “Mar gean mei ’t wetter nei de stêd.” Mar dokter kaem yet onforwacht, Ear ’t immen ’t yet koe tinke. ’t Is wier, hy kaem al hwet onsacht, En ’k wol dy gong him skinke. En hat de man it op syn kêr, Hy docht it for gjin rider wer. Wylst dêr dat pear oan tafel siet En ieten greate beane, Bipraetten ho ’t de boer nou giet, Ho ’t flaechs en ’t noat nou steane, Spant dokter-om syn brúntsje oan, En tinkt net mear om Jelte soan. “Dat is in hynzer as in sweal, “Dat dounset foar de karre. “De wearde kin gjin minske heal,” Sa spriek de smid-en-hjarre. Dat steg’re en stiek de kop oerein! It bist wier hast it fel útflein. Mar einling roun de guds dochs foart En draefde det it gounze, Mar ’t karke krige in skeve hoart Det ’t tsjin de mûrre bounze. De dokter fleach by Jelte en Tryn Sa fjouwerkant de glêzen yn. Hy skeat dêr op ’e tafel del, Dêr op dat skoane iten. Hja wierne allegearre kel; De soan bigoun to kriten; De dokter sloech yn ’t iten om; Hy gûlde en waerd fen pine krom. En Tryn-moei wier sa fen de set, It minske koe net sprekke; Dy roun al nei it wetterfet, Wylst Jelte dokter fette. Dy sei: “Jy komme ús hûs net hein: “Dêr ha’ wy jo nou dochs yn ’t ein.” “Och, heare! spriek de dokter do, “Myn skouder is forritsen. “Rin dalik nei de smid ta; to! “Dy hat ’er mear ynlitsen. “En bergje den myn spiltsje op. “Myn earme brúntsje, och! myn pop!” Mar ear de dokter spritsen hie, Wier baes al foar de doarren. Dy sei: “Ho divel, nou to rie? “Ho komt dit foar elkoarren? “En ho is ’t mei dat iene fearn? “Dat skouder dooch net, dat is skean.” “To, dalik! rôp do de baes smid, “To, helje fjouwer bûrren! “Fordomd, dat skouder is út ’t lid. “Wy moatte mar oan ’t skoerren; “To, feardich mar de klean út, hear! “In koart bislút! mar it docht sear.” Dêr hongen fjouwer keardels oan, En loeken det se stinden; De dokter, krollend as in swan, Rôp: “Duwels, beulen, vrinden!” Mar einling ta syn great gelok Fleach ’t wer yn ’t potsje mei in skok. “Sjê sa! sei baes, nou is ’t yn ’t lyk, “De boel dy is to rjuchte. “Dat hong dêr niis al nuv’re bryk, “Mar is hjir net hwet fochte? “Ik haw in fonk hjir yn de kiel: “’t Wirdt tiid det ik him ’ris forspiel.” Hja helje fluch in koer mei wyn By dokter út de kelder, En skinke dêr mar deftich yn. De sike soap ek helder, En sei: “Ik laei net op dit nêst, “Hie der sok gûd op it koalkleed wêst.” Hja brochten dokter mei elkoar De earm hwet yn doeken; De frouljue kamen foar de doar, (Hwet rabben se op ’e hoeken!) En brochten him mei goed comfooi, Yn ’t ein by jiffrou op ’e koai. De sjeas dy wier yn stikken slein, En brúntsje hie him rêdden, Wier koegelsfeart nei Waexens flein Oer hikken, dammen, sleatten. Dêr stoe er by in goede boer; It pjalke trille en wier oerstjûr. En dokter kuij’re yn Holwert om: Dêr moast er nou wol bliuwe; Hy wier sa njuet, sa mak, sa from, Roun trou by sike ljuwe, En as er by in siken kaem Den fleach er nea wer troch it raem.

Grou. E. H.

It hynzer fen dokter op it hiem fen ’e slotpleats to Waexens.
It hynzer fen dokter op it hiem fen ’e slotpleats to Waexens.

IT HYNZER FEN DOKTER OP IT HIEM FEN ’E SLOTPLEATS TO WAEXENS.

FOARLEZINGE

DIEN BY IN OFREKKENING FEN DE “LETTEROEFENINGEN” EN DE “BOEKZAAL” YN IN LYTS DOARPKE AFTER LJOUWERT YN IT JIER 1844.

In ûre ef trije after Ljouwert laeit in lyts doarpke, dat, dat...... Nou ja, de namme is my forgetten; ’t kin ek net folle skele. Dêr is ’t de wizansje, as hjerstdei de jounen lang wirde, det in great part fen de boargers út, en fen de boeren om it doarp wei, jouns nei de herberge geane om tiidkoartinge, ef ek wol út bilang. It is fen sels det men dêr allerhânne slach fen ljue gear fynt, sa yn uterlik as yn praet. It barde ’ris, det ik dêr by occaedzje siet, det ik in bytsje oanteikening hâldde fen de praetsjes dy der foelen. It binne dizze oanteikeningen, dy ’t ik foarnimmens wier, om joun der ris oan ’t selskip foar to lêzen. Der is just net folle oan, mar neat sizze is noch minder oan, en dy ’t er gjin nocht oan hat hoecht net to hearren.

De tahearders moatte hjar den ferbylde, det wy in bytsje nei saunen de herberge ynstappe. Dêr sit in great omsittend laech om de hird, hwer op in heal koerfol sponturf yn en op it hirdtsje stiet to barnen, det de lôge healwei de skoarstienmantel slacht. Dit is in bêst ding, seit de kastelein, om de ljue op de stoel fêst to plakken, en de swierrichheit by de klanten to fordriuwen. ’t Is ek klear to sjen oan de troanjes fen it selskip, det se nou fleuriger binne as do ’t se ynkamen. Sy prate en smoke as om kriich, en de wolken tabaksreek hingje oan de souder as in tongerboi yn de hounsdagen oan de loft, en fortsjusterje it ljocht dat yn in âldmoadrige twatútige lampe oan de souder barnt. De kastelein trapet mei in blier gesicht after syn klanten om, en is tige yn ’t skik, wylst er út de holle birekkent ho heech as syn deihier joun wol rinne scil. For dronkene ljue is er bang, en út goederbêst, seit er, (en dat wol ik wol leauwe) docht er altiid hwet ryklik wetter yn de drank; en det de glêzen net to great binne dêr stiet er for yn. Mar it scil tiid wirde det ik de tahearders fortel, hwet ljue der sa hwet sitte.

No. 1, de hoekman, is in jierrich âld boer, ef eigenlik boer wêst; in giele roetrige troanje, in swarte prûk en in great hoed yn de foarm fen in omkeard boarnamer op de holle. Fierders in buffelske broek en kammesoal, swart fesje, grize foetsokken, en swartferve klompen ef toffels mei koarkene soalen oan de foetten. ’t Is in great ljeafhabber fen smoken en krantelêzen, en troch dy wei hat hy al frij greate foarderingen makke yn de steatkinde. Hy wit de bilangen fen al de Europiske mogendheden op in hier út to plúzjen; dit net allinne, mar hy kin ek fen Amerika prate as hie er der hokkelingen yn de weide hawn. Hy wit krekt to fortellen, ho folle Russen det der yn de lêste fjildtocht yn Sjirkassiën de earen ôfsnien binne, en ho folle det ’er yn it forfolch de kop noch kwyt reitsje scille. Spanjen komt noait wer yn rêst, seit er, ef it moast just wêze, det de soan fen Don Carlos mei de jonge keuninginne troude. Van Hall moat foar in krychsrie to rjuchte stean, en Espartero nei Siberiën band wirde. As de hear Thiers net wer yn it ministerie komt, kin ’t noch wol bislaen, det de Hertoch fen Bordeaux wer op de Franske troan komt. ’t Scil fierders net lang mear oanhâlde, det de Ingelsken mei bloedrige koppen út Sina weijage wirde, en Ierland in keuningryk apart wird. Folgens him ha de Belgen ek wiis dien, det ’t hja yn tritich it gat oan âlde Willem-om fagen en syn ministers bilet hawwe om dêr langer de reaksgêrzen op to swyljen. De man hat nou in nacht twa net gerêst sliepe kind, omdet hy yn de gemingde birichten lêzen hie, det de keizer fen Marokko de oarloch forklearre hie oan de greate Mogol, en om ’t hy bang is det dêr troch de hinne-aeijen goekeaper wirde scille. As de nije bilêsting trochgiet bin ik bang, det er de koarts kriget, en det er de húshieren for de earme arbeidersminsken noch heger meitsje scil. Wy scille him mar Plinius neame.

No. 2, dy ’t neist him sit, is in keapman west; ef det er ’t noch is, dêr is men ’t net goed iens oer; dit is wier, freeds en tiisdeis giet er trou nei stêd en komt ornaris plezierich wer om. Hy is sa hwet in droege prater, en ien, dy ’t him net ken, scoe op de earste opslach miene, det er in slach mei de mounleroede hawn hie: sa ienfâldich is syn útsicht as er neat seit. Hy is in great ljeafhabber fen sûpenbrij en sjerp; dêr nimt hy alle moarnen yn ’t nochteren in leppelfol fen yn. Wy scille him dêrom ek mar keapman Sjerp neame.

Hjir oan folget in jong keardel, in houtkrob, dêr ’t net folle fen falt to sizzen, as det hy wol ’ris flokt en krimmenearret as yn ’t pandoeren de nel fêst sit, ef as syn fyftich net doge. Is dit it gefal net, den is er heel wol mei him to rigelen. Wy scille mar beare, dat hy Piter hjit.

No. 4 is in slachter; in lyts mantsje en lyk as alle slachters, in great frjeon fen de kommizen en de kommizen fen him. As hja yn it doarp binne, stekke se ornaris al ’ris by him oan, en rûke den mei ien ’ris hwet âldst is, it setel ef it flêsk, dat oan de hang is. Okkerjiers hawwe hja ’ris by him west; do wier it setel hwat al to âld nei hjar sin. It gefolch der fen wier, det hja it slachtbist meinamen sûnder it earst to weagen, en om ’t hy der gjin skea fen ha moast, joegen hja him in dei mannich de kost for ’t iten yn in great kofjehús yn de stêd. Dêr learde hy do ek, to minste as er ’t net earder wiste, det de lytste miggen yn it web hingjen bliuwe en de greate der troch fleane; det ien dy ’t in nochteren keal slûket, boete bitelje ef sitte moat, en det men for ien, dy ’t by forsin in miljoentsje fen ’t lânsjild yn syn bûse stekt, de hoed ef pet ôfnimt.

In doarpsherberchje by winter.
In doarpsherberchje by winter.

IN DOARPSHERBERCHJE BY WINTER.

No. 5 is in man, dêr ’t ik oars net fen sizze scil as det er in lange troanje hat, en as er ’ris by tsjuster hjir ef dêr tsjin oan rint, bin ’k ’er boarch for, det hy de greatste smetlape oan de noas kriget. Hy seit troch in tiid net folle, mar harket skerp ta hwet in oar seit. Hy hat al lange jierren praktisearre, hwet er útfine scoe om sûnder arbeidzjen troch de tiid to kommen. Hy hat al forskate affearens by de hân hawn, sa as keapman, kijboer, winkelier, bûksprekker, bêdmeitsje fen strie en toerrebout, healkynsens yn fjirders slaen, en al sa foart. Op heden praktisearret er wer op hwet nijs. As er ’t ek fine mocht, den scille wy sa goed wêze om ’t foart de wrâld to fortellen. Wy scille him nou mar ’ris Noazinga hjitte.

No. 6 is in boer, just net út it selde doarp, mar omdet er in orgeneeltsje is, kinne wy him net sûnder sprekken foarbygean. Hy plachte wol ’ris hwet to handeljen yn kij en skiep. Den wier er in earst master, om de ljue út to lizzen, ho it foardelichst wier, en om mei note bene! ho siz jy? dêrom wo’k sizze, tsjerke en toer midden yn ’t doarp, hjar jild yn syn bûse to stekken.—Mar it scoe to lang dûrje as wy sa by de hele rige lâns gean scoene: ik scil dêrom mar sizze, det de oare allegearre brave ljue út en om it doarp wei binne. Krekt sa komt de dokter yn. De kastelein ropt: “De man in dúmke!” De dokter seit: “n’ Avent”, skikt yn de rigele, en makket de oanmerking, det it kâld is. “Kâld? seit Plinius, “it liket yet neat by ’t jier 95, do hjir de Fransken yn ’t lân kamen. It barde do ’ris, moatt’je witte, det wy forgearring hawn hiene yn ’t Komité fen Herstel.” “Kom, kom, Plinius! seit dokter, ’t Komité van Herstel was maar apespel. Jou hale altyd de oude koeijers uet de sloot; praat liever wat er nou in de wereld is te doen.” “Wel nou”, seit Plinius, “fortel ús den hwet nijs út it Handelsblêd. Dillibberearje de Staten noch al oer de nije wet, dy bilêsting op de bisittingen?” “Ja, der stie jouns yn, det ’er nei gedachten wol trochgean scil.” “Trochgean? Nou, as dat wier is, den is ús lân nei de bliksem, dêr ik sa’n wird om siz.” “Ja, mar, sei ’er ien fen it selskip, “hja kinne sûnder jild net húshâlde, en dêrom moatte hja it op de iene ef oare manier sjen to krijen.” “Is den dy sauntichmiljoen, dy ’t wy jiers opbringe, neat to bitsjutten? As hja kloek wierne, den koene hja der wol mei ta. Hja moasten dy hege trakteminten en dy greate pensioenen mar ’ris hwet ôfskaffe.” “Ja, sei de slachter, “en dy duvelske kommizen it lân útjeije.” “Ha, ha, ha!” lake Piter. “Ja, dat moasten se, sei Plinius, en dy kouponknippers dy moasten sy better neisjen. In streek ’er troch lyk as by de Fransken! Dy ’t do in offysje hie, krige om de donder net to folle; det forasseredear ik jimme. Ik wier do by continuasie sels representant. Do waerden de priweleesjes, en de provietiesjes better yn ’t each hâlden.” “Ja, sei de slachter, it bistjûr mestte tige hjar eigen bûse”. “Wol ik jimme hwet sizze?” sei de boer, “it wie’ do krektlyk as nou. Hja koene yen do de hân krekt sa fier út de bûse bliuwe as nou; en bitelle men al hwet minder, de bûter brocht ek neat op do ’t lân forgong. Om ’t de bûter do net út koe, hie myn bûrman in fjirder mannich stean, dy ’t ik fen him kofte in homp ûnder de tweintich goune. Dêrom tsjerke en toer midden yn ’t doarp. Hwet men yn ’t iene woun, forlear men yn ’t oar; is ’t net lyk as ik siz? ho, hwet sein’ jy?” “Jy ha wol gelyk, sei Noazinga; dy ’t do hwet woe, moast ek al arbeidzje, en in held dy ’t der mei in leaze streek troch kaem.” Wylt er dit sei, lake er yn him sels. “Ja, mar harkje nou ’ris broer! lit my dit fortelle, sei Plinius; Jy moatte obserwearje, det de constetúsje do better wirdearre waerd as nou; de rjuchten fen ’t folk wierne jildiger: elk hie syn stimme; de lidden fen ’t bistjûr waerden út de earlike middelklasje nomd. Dy seagen de dingen better yn. De bilêsting, dy ’t do bitelle waerd, dêr smieten se sa rom net mei om, dat moatte je my consentearje.” “Ik wit fen obserwearjen, consentearjen, renewearjen, constetúsje en contrebúsje neat ôf, sei de slachter; “mar det se net mei ’t lânsjild omsmieten wit ik wol: hja strieken ’t do, dy ’t ’er efter komme koe, ynfâldich yn hjar eigen bûse. Ik ha to minste in representant kind, dy neijerhân folle krekter op syn spil waerd.” De hoekman gong opstean, en bitelle hwet er fortard hie, en dat kaem omdet it 8 ûre wier, ef omdet er sok praet net lije mocht; dat wit ik net; mar ik miende, det ik him yn ’t foartgean sa hwet fen satisfaksje mompeljen hearde. “Ik mei, forfolge de slachter, fen dy neakene Fransken gjin praet hearre; it wierne mar ongemaklike útfenhûzers, do ’t se hjir wierne. Ik haw ’ris ien yn kertier hawn, dy noaske it flêsk net, dat ik him foarsette, mar ik wist wol rie for him; ik liet him ien foar ien de hoeken fen de keamer sjen. Dêr waerd er sa folle better fen, det er slûchstirtsjende oan de tafel gong, en friet fen ’t stoarn keal det him de strôte knapte.” “Ha, ha, ha! dat is moai, foel Piter út; dat is moai! Mar woen’se noch ’ris efkes werom komme om hjir de kommizen, conterleurs, doarwaerders en ontfangers, troch ien strûp nei de oare wrâld to stjûren, dat mei ’k wol lije. Den krije wy de hânnen hwet rommer.” Tsjin dizze redenearring wier neat yn to bringen, en sa dwaende krigen de steatsaken rêst, en ’t wier krekt eft elk útpraet wier, dot ’t der in jong snidersfeintsje ynkaem, dy ’t in glês mâlk-en-wetter easke, en mei in sigaerke yn de mûle heel eptich en presys sitten gong to smoken. Dit wier in âld skipper, dy ’t nei ’t foartgean fen Plinius it anker yn de hoeke fallen litten hie, sa ’t like, mar matich nei it sin. Do ’t er him earst in skoft oansjoen hie, frege er him, eft er yn de tarring wier. “Heare, né! sei er; ho nou?” “Wol, dat tocht ik, om detste mâlk-en-wetter drinkste. Mar nou bigryp ik it al: dou hearste, tink ik, oan it matigheidsgenootschap, dat forline jier to Terherne oprjuchte is. Ha ’k gelyk ef net?” “Volkomen! sei it feintsje; sont ik de krachtige tael fen de Folksbode lêzen ha, ha ’k de drank stean litten as in ding, dat greate forwoasting yn de maetskippij oanrjucht, en de foartgong fen de forljochting en biskavinge, dêr ’t ik in great foarstander fen bin, heislik yn de wei stiet”.—“Dat sniders ornaris gek binne, is eltsien bikend, mar det sa ’n streupert as dou mâlk-en-wetter drinkt, en fen forljochting en biskavinge praet, dat rint dochs hwet fier. Hark ’ris, heite! Do ’t ik sa âld wier as dou, waerd ik jouns mei hwet opwaerme ierdappels op bêd jage.”—“En den hwet sûpenmoalyn efter nei”, sei keapman Sjerp. “Ja! en ta bislút in sobber yn de mûle”, sei de slachter. In âld man, dy ’t oan dizz’ tiid ta net folle sein hie, bigoun nou wakker út to fallen. “Hwer scil dat bidarje, as dat sa foartgiet? sei er; “moast ik yet sa ’n tiid bilibje? Smoarge bern fen in jier ef tsjien prate al oer forljochtinge en biskavinge, en sy binn’ yet lang nin tweintich, den skriuwe se al forhanlingen ta Nut van het Algemeen, en stjûre de earme ljue, dy ’t graech hwet ha wolle, mei in tige formoanninge nei hûs, om dêr hjar hongrige bern brea for to keapjen, ef hjar neakene lea mei to bidekken. O jou! o jou! do ’t ik jong wier gong it heel oars: wy wierne deis flitich op ús wirk, en praetten noait oer steatsaken. Forljochting, biskaving en matigheidsgenootschappen wisten wy net hwet dingen as ’t wiernen. As ús heit in arbeider hie, dy ’t jouns healwiet út it lân kaem, dy krige in slok, en nin minske tochte det it him kwea dwaen scoe. Hjerstmis krige er wol ’ris hwet smoar ef hwet ôffal mei, en as ’t de tiid wier, det de kij keallen, nou en den ’ris in tsjettelfol bjist ef in side kealleflêsk. En det se dat nou net krije, hwer komt dat oars fen dinne as fen dy bliksemske kommizen?” “En det in arbeider gjin slok kriget, sei de skipper, hwer komt dat oars fen dinne, as fen dy skytrige matigheidsgenootschappen, optocht fen ljue, dy ’t it bigrutte, det in earm stumper him ’ris for in eagenblik formakke. It scoe al in moaije forteaning wêze, as ik myn feint, dy ’t de hiele dei yn de line hinge hat, jouns by ’t oan-boart-kommen, yn pleats fen in slok, in putsfol kâld wetter foarsette, en den sei: Dou haste de hiele dei tige litsen, dou moaste nou ek mar tige drinke”. “Ik tink, sei in timmerfeint út it selskip, dy ’t him forbyldde, det de jenever yn syn liif krekt sa goed dûrje koe as yn de kastelein syn fet; ik tink, det je wol om in oar feint sjen mochten, en den woe ’k wol, det je dy snider mar woanen, dy ’t mei syn mâlk-en-wetter drinken en syn gek foarbyld it hiele doarp gek makket”. “’t Wirdt al swietwei minder, sei in boer út it formidden; do ’t ik jong wier pielden wy wol ’ris mei lêzen, en as wy den jierliks ôfrekkening hienen den kaem ’er nei thédrinken in slok op ’e tafel, den koe elts jenever ef brandewyn drinke, sa lang as er sêd wier, sûnder der in duit mear om to biteljen; den krigen yet ’ris ljue in stik yn de lears, dy ’t oars net om de drank joegen, en waerd ’er wol ’ris ien mislik (fen ’t smoken, tink ik), dy ’t oars noait yn de herberge kaem. Mar nou kofje drinke, det men alle amerijen pisje moat; in klontsje yn it kopke en yn ’t pântsje; hja fjuchte hast hwa ’t it greatste hawwe scil, en de kastelein moat hieltyd nei ûnderen om it lege potsje wer fol to meitsjen.” “Ja, sei keapman Sjerp, it scil net lang dûrje, den komt ’er in great komfol brij op de tafel, mei in sleef fol sjerp ’er yn en den in kokynje efter nei.” “En as de ljue den thús komme”, sei de slachter, “mei hwet poatstrou mei lollemanstip op bêd”.

Nou gong de doar. De fjildwachter warskouwe, det it tsjien ûre wier, en ’t selskip briek op. Dy ’t hwet woun hie floite in deuntsje; dy ’t forlern hie krimmenearre braef, en ta bislút waerd de hiele boel troch de kastelein útlake.

Yn ’t doarpke efter Ljouwert 1846. E. H.

DE SINT-PITERSBOASK.

Sint Piters dei, Den grienet de wei, Den bakt mem strou; Den keallet de kou, Den leit de hin, Den hat de húsman it nei syn sin.

Sa songen de berntsjes foar twahûndert jier ek al yn it âlde Grou, lyk as hja yette dwane. Hwer binne den bern hjir to finen, dy it hert net optilt? Ja, de âlden plachten der ek mear mei op to hawwen as nou yette. Sa siet ’ris yn âlde tiid foar minskehugenis in jonge widdou by hjar trije lytse berntsjes to spinnen, wylst de berntsjes apels bretten. It wier in lust ho de lôge fen dat fjúrke de wankjes fen dy ljeave sloven opkleurde; ho hja snapten, en hjar bliid makkene mei de swiete koeke en it moaije boartersgûd, det sinte-Piter hjar bringe scoe. En hja songen! En hja hoallefoallen! Mar hjar memke net. Net, det hja net oer de sint-Piters dei mochte; né! it plezierich neitinken fen hjar froede bernejierren, do alles thús yet folop wier, en ho noflik hja yn hjar famkesjierren wol sint-Pitere hie, wier hjar net forgetten. Hja scoe yette wol wille hawwe, sa âld wier hja net, mar hjar forlittene, faek earme widdousteat, hie hjar de moed ontnomd, al wier de lust ’er yette al. As de berntsjes yn de skoarstien oan sinte-Piter rôpene:

“Sinte Piter, goed heilige man, Trek uw beste tabbaerd an, En reist er met naer Spanje. Sinte Piter, goed heilige man, Reist er met naer ’t ander land, Op een zo moi wit Peertje, Al van ons Lievenheertje.

“Scil ik in moai skipke hawwe mei wite seiltsjes, ef in hobbelhynzer?” den suchtte Saepke (sa hjitte dy jonge widdou) en in trien roun oer hjar wangen, omdet hja sa graech de winsken fen de ljeaflingen fen hjar hert foldwaen woe, mar net koe; omdet hja it fen hjar needdrift net misse koe.

Dêrmei kaem hjar omke by hjar ynstappen, en dêrmei heldere hjar troanje op. Dy gong mei syn damasten baitsje oan en syn Ingelsk mûtske op yn de hirdsherne, en reakele de stealen hwet op, en wylst er dat die, smiet er in hânfol pipernuten oer ’e flier, dêr de berntsjes om grabbelen oan ’t krijen ta. En wylst de bern dêr oer de flier omkrûpten en om de pipernuten kreauden, sei er tsjin Saepke: “Hâld dyn skerteldoek ’ris op”; en smiet hjar in goed hânfol âlde skeljen yn de skirte. Hja naem de âlde man syn toarre kâlde rjuchterhân yn hjar beide lytse hantsjes, en dy hândruk, en de frjeonlike opslach fen twa greate blauwe eagen, dêr in trien yn flimmere, wier al it bitankje, dat hja úterje koe. Nou roun hja dalik nei in âlde hoekspine en dêr helle hja in flesse mei in romer út. “Hjir, omke, sei hja mei in ingelachtich lûd; hjir is in sint-Piters-slok for jo. Ik scil der jo sûker bydwaen. Dy haw ik lang biwarre. It is koeke fen jins eigen daei. It binne swarte beijen út jins bleek, en brandewyn, dy jy sels út Frankryk helle habbe. Dy joegen jy my yette ta myn brillofte......” En do koe hja net mear prate: do kaem it hege moed by hjar op. Dêr siet nou al de âlde man yn syn bladeren. De twa lytste berntsjes sieten elts op in knibbel, en de greatste siet him twiske de skonken, en den song er:

“In, din, din! Fen in aei komt in hin, Fen in hin komt in aei, En fen tsjiis komt waei, Fen waei komt tsjiis, En in sot is net wiis, En in wiis net sot, En fen koarn komt groat En in swiet sûpke bier Ta allemans plezier; En Jouke-bier is swiet, En út is ’t liet.”

En den wer:

“Hoet, hoet, hynke To Ljouwert om in pynke, Nei Snits om in witebrea Dêr ride hja al ús hynkes dea, Op ien nei, op twa nei, Op ús lytse kjeddeman nei, Dy bringt ús swiete koeke mei.”

En den fen it wyfke, dy in houten skeisen foun, o! dat wier in teltsje, dêr hja noait sêd fen waerden. En den brocht Saepke omke wer ’ris ta mei in frjeonlik: “Haboes, omke!” “Grammesoes, sei omke den; lytse tsjoenster!” “Ho sa tsjoenster, omke?” “Wol, sei de âlde hear, as jimme ús goed oansjenne mei sokke eagen astou haste—o! ik scil mar swije; mar ik nim it ús oer-oer-bet-oer-oarreheit Adam net kwalik, det er him troch in wiif forliede liet; hwent dy hie yette sa folle net yn de spreuken Salomons lêzen as wy.” Dy âlde omke waerd Douwe Brander yn de wânlinge neamd, omdet er yn 1672 in brander bistjûrd hie ûnder de Ruter tsjin de Ingelsken en de Fransken; in âld sérob, dy neijerhân kofskipper wirden wier, en nou om syn hege jierren oan wâl bleau, en syn skip oan syn stjûrman oerdragen hie. Dy stjûrman, Haije Rinderts, wier nou ’ris by him út-fen-hûs, en dy hie foar jierren, do Saepke yette faem wier, ris om hjar frijd, mar dat wier mistribele, en do troude hja op hjar achttsjinde jier mei in knap boargerman, dy in lytse keappenskip dreau, sa det dy ljue in aerdich bistean hiene. Mar hja moast hjar man forlieze, do hja der acht jier mei troud west hie, en nou moast hja hjar biholpje mei spinnen en flaekshikkeljen. Mar omke dy wenne tichte by hjar, en dy liet hjar noait forlegen; mar hy koe sa folle net as er woe; hwent syn âld wiif wier de ponghâlder, en dat wier soms ek al goed. Hwent de sé kaem yette wol ’ris by him boppe, al wier er al sauntich jier âld, en den wier it in âlderwetske oarlochsbonke, dy der wol ’ris los hinne flokte en syn sûpke naem; mar hy hâldde altyd ús Ljeavenhear foar eagen. Dêrom scoe er snjeon-to-jouns nei saun ûre neat mear nimme, omdet de snein den yngong by him. Sa wierne dy ljue yn dy tiid, rûch en rou, mar from fen gemoed. Syn âlde wier doaf, mar dy koe altyd rûke eft er in romerfol hawn hie; en den sei hja: “Dou haste ek wer drank hawn, Douwe”. “Ja, âlde! sei er den, mar sa lûd net det hja it hearre koe, “ik woe wol detste hwet minder rûke koeste en hwet better hearre, den hiene wy beide mear wille yn de wrâld”. Dizze joun, do er thús kaem, spriek hja nearne fen; hwent it wier sint-Piter, en den hiene de âlde Grouster ljue mear frij as rjucht hinne, alteast hja namen it.

Do de âlde man foart wier, roun de widdou der hastich út om ien en oare by de bakkers op to keapjen, en do hja just dêr mei thús wier, en de koer mei dy swietekou yn it foarhûs litten hie, kaem ’er gedrús oan ’e doar. De berntsjes sieten yette om ’e hird om de pipernuten fen omke op te kôgjen en do sprong immen ta de gong yn mei in keatting oan de foet, en dy frege eft der ek goede berntsjes oan hûs wierne? “Ja, sei Saepke, kom mar yn, sinte-Piter!” En dêr kaem er oan; it wier stjûrman Haije, mar hy wier net to kennen. In rûge mûtse hie er op en in sek op ’e rêch: en de troanje sa bifommele mei in siden doek, det ’er neat bleat wier as de eagen. De berntsjes kroepen neiby yn eltsoarren; mar do hja seagen, det er omke âlde skansloper oan hie, dy oan alle iggen en seamen mei koeke, Hamborger kreakelingen, en mei boartersgoed en apels binaeid wier, weage de âldste it gau om ’er in stik fen to taken; en dêrop plôken hja him alles fen de klean, ta de knopen ta; dat wierne moaije trynweeskes. Do frege er oan de mem, eft hja goed wierne? “Ja”, sei Saepke. “Oars hie ik se yn de sek stitsen”, sei sint-Piter, en do stoep er yn de gong; mar earst smiet er yette hânfollen pipernuten oer ’e flier. Yn de gong biet Haije Saepke yn ’t ear: “Ik kom joun let yet ’ris to sint-Piterjen, as moaije Kei by dy sit.” “Bileaven net om de doarren strúnje, sei Saepke; den krij ik omke oan de hals, hwent dy is tinsliepich”. “Nou, kom den dalik by omke, sei er; ik hab in skipke for dyn âldste jonge makke: dat kinste den meinimme; ik scil dy myn plannen sizze.” Saepke hie namentlik in frijer, dat in jierrich feint wier, dy op in boerepleats to Easterwjirrum wenne; ien dy it goed dwaen koe. Hja neamden him folle fen Moaije Kei, omdet er hwet pronksk fen skik wier. Douwe Brander, hjar omke, wier wakker foar it houwelik, omdet er tochte, det hja den berge wier, lyk as men seit; en de widdou mocht him ek wol lije, mar der wier in naedtsje oan de man los, en dat bidoar for hjar de hiele man. Hja siet dêr twiske twa gedachten; naem hja him, dy angel scoe hjar altyd prykje, freesde hja; en naem hja him net, den bleau hja earm en forlitten, en tocht hja den by hjar sels: “om dy for ivich to forkeapjen oan in man dêrste in tsjinnichheit yn haste, dêr haw ik yet to goede hânnen for oan it liif.” Sa wierne hjar nacht- en deisgedachten, mar it kaem noait yn hjar gedachten op, det stjûrman Haije nou wer ’ris eagen op hjar smite scoe, nou ’t hja trije stelten op ’e kast hie, namentlik hjar berntsjes. Mar lyk as de measte frouljue bisteane, wier hja ek al, det hja mear fen in séman as in lânman hâldde; en nou er sels yn omke syn plak komd wier en sels in skip ûnder de foetten hie, nou wier hja dêr dochs net frjemd fen. Hwent Kei, ho moai er ek like, in bidaerd feint, dy op in gnap boerepleats siet, wier foar jierren in stik mei bard, dat hja him noait forjaen koe, sei hja, al woe hy hjar mei goud bihingje en yn side en brat klaeije. Dêr hie yn syn âlders hûs ’ris in gnap faem tsjinne, dy in berntsje oerwoun, en dêr waerd Kei mei bitichte; mar dy liet er onbarmhertich it hûs útsette en dy er ôfswarde do hja him foar rjucht dage. En do de jonge greater waerd, do like er him fen top ta tean, ta de neilen fen de fingers en teanen ta. En de faem lei it, do it yette yn de pakken wier, wylst hy op in lânforhieringe siet foar him op ’e tafel, det ’er wol fyftich minsken by wierne; mar hy waerd ’er oars ef oars fen; hy bleau sa hird as in spiker, en de faem koe der mei oanpiele. Hy mochte sa moai wêze as er woe, it mochte hjar yette sa moai talykje om boerinne to wirden, dêr hja yn greatbrocht wier, dy falske eed, dy ontaerdheit, koe hja net forkropje. Tûzen losse setten en mâlle flinken fen in luftige séman wierne yn hjar eagen kwalen, dy betterje koene, en dêr joech hja de jonkheit skild fen, mar sa ’n hou genêsde wol, sei hja by hjar sels, mar de groede bliuwt ’er dochs ivich.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings