LEED EN WILLE, EN DE FLOTGERZEN. (continued 5)
Reading edition
Doctor. Nou ja, de earme ljue moatte de lawabbel noch ek útpiterje! Den wirde se noch slopper yn de termen, en dêrom ek noch slijer nei Jan-Doedel; hwent dêr sit de kerl yn.
Hansma. (President fen it nut, komt yn). Binne jimme noch al oan ’t eameljen oer ’e ierdappels? Foar ’n healûre wierne jimme der ek al mei dwaende. Scil dat de hiele nacht dûrje? It wier better, det jimme mei ús de sedelike forljochtinge fen it gemien foartsterkene; den scoe it de jenever wol stean litte.
Doctor. As it gemien nin goed foer kriget, den komt fen jimme sedelike forljochtinge nin byt, Hansma! Alles giet by de minske fen de mage út. Lit ús arbeidersfolk mar spek en flêsk ite, en it scil mei goede skoallen wol better wirde.
Ubele. Sa tochten de Romeinen der ek oer. Dy forneamde helden, dy djippe steatsmannen, dy snoade wysgearen, dy hjar wjergeade net op de wrâld habbe, wierne altyd beuzich mei dong en ploech, mei greide en boulân; hja sprieken en skreauwen oer it boerkjen, omdet hja mei hjar kleare koppen seagen, det men in folk goed foerje moat om ’er greate dingen mei út to fieren.
Doctor. Sa tink ik ’er ek oer, en hab ik for jimme to lang op de ierdappels omeamele, ik bin bliid, det ik fier-s-to koart fen stoffe for trochloftige Romeinen as Scipio en Cato west habbe scoe. Mar dêr komt Joute-baes oan. President, set je nou skrep. Nou scil de bûter jilde.
Joute-baes. Moarn, hear president!
President. Goemoarn, Joute! Doctor seit my, det je net ongenegen wierne om de drank stean to litten. Is dat wier?
Joute. By God is alles mûlk. Mar ho scil in lupaert syn plakken en de moar syn hûd foroarje? Sa seit de profeet, en sa siz ik ek.
President. Nin jenever mear, man! It is de pest for siel en licham.
Joute. Ei! Mynhear. En den de wyn, dy jy brûke? It eksimpel fen sokke ljue as jimme docht mear ôf as al de tractaetkes fen ’t Matigheids-Genootschap. Wy boargerminsken hinkje de greaten ommers yn ’t ein altyd nei. Lit de wyn stean, meitsje jimme bûken slanker, en wy scille de jenever stean litte, en ús noazen fen pûkels en snijwirk reinigje. It eksimpel, it eksimpel, mynhear! dat docht de doar ta.
President. Ik drink wyn, mar bin der net oan forslave; ek bin ik der by myn witten, noch noait onbikwaem fen west as by ’t Nut to Amsterdam.
Joute. En wolle je ús den neat tahawwe?
President. Drink in kopke thé, ef meije jy dat net, Joute?
Joute. Ja wol, mynhear. Ik bin in kattechismusbern; ik leau oan de erfsonde. Us heit mocht wol in slok, ús mem dronk jern in kopke thé, en ik, de soan, mei graech fen beiden.
President. Mar hwet gelove habbe jy den, Joute? Ik miende det jy Luthersk wierne.
Joute. Ik hab in hounegeloof; ik hâld mear fen it flêsk as de bonken. Mar it flêsk mei my net barre, en de bonken wolle myn tosken net.
President. Ik mei ek jern flêsk. Mar ik woe wol, Joute, det je allinne nei jins mem útskaeid wierne. Hwet smeits ha je doch, yn godsnamme, yn dy jenever, dy in minske ta alle hoeken en hernen fen syn hûd útstjonkt?
Joute. De godganske dei bodzje om in stik brea: in liiffol ierdappels mei mosterstip, en in lafenis fen sûkereiwetter. Jonge, mynhear, as je ’ris fielden ho lardich in minske dêr op wirdt, den scoenen jins termen ek wol ’ris grine om in drip; hwent dêr sit noch kerl en stôk yn.
President. In drip kin nin kwea; mar de earste drip hellet de tûzenste oan. Joute, Joute! It misbrûk.....
Joute. Hat de grouwelikste gefolgen for my, en myn wiif en bern.
President. Hwerom litte je it den net stean?
Joute. Och, mynhear! Jy witte net hwet it is earm to wêzen. De skeamele wente dêr wy yn omkruse; de foddige plunjes dêr wy ús yn klaeije; de honger en kjeld yn de winter; de minachting dêr de riken mei oer it skouder op ús skogje; o, dat is sa ontmoedigjend! Dat forslacht ús sa djip! En den siikje wy in blik fen moed en treast yn de jenever. Wy wirde net earm omdet wy sûpe; hwent dat wierne wy al; mar wy sûpe, omdet wy earm wirde ef binne.
President. Ja, jimme sûpe, dienen jimme it noch hân foar de fûst; mar jimme dûke wei yn smoarge krotten en stjonkhoalen, en dêr sûpe jimme as mûzen. Nin minske heart, nin minske sjocht jimme, tadet der fjouwer binne, dy it lyk op in ljedde nei hûs sjouwe.
Joute. Dat hat de policie ús leard. Eltse hillige syn ljocht. Eare dy eare takomt!
President. Sprekke je kwea fen de policie?
Joute. Ja, de policie, en nimmen oars. Sa lang as wy op strjitte swiere, joele en sjonge mochten, wierne der in bytke kroegen. Wy gûlden en kraeiden it út fen wille, en wy diene nin kwea ef ontucht. Hwent dat docht men yn donkere slûphoalen, net foar alle minsken op strjitte. Mar Napoleon wier in tiran, en omdet hy yn eltse trop minsken, dy hwette woelich op strjitte wierne, in complot seach om him de nekke to brekken, liet er syn policie de strjitten fen alle gedjoei en gegûl skjin feije. Wierne der mear as njoggentsjin by eltsoar, yn ienen mar, wei mei de boel! Mei de bajonetten dreau hy se út eltsoar. Yn dat bêd is ús policie lizzen gien. As wy jountiids joelden en gûlden lâns de strjitte; as de bern mei Sint-Mertenstokjes rounen; as se in govert yn in foarname strjitte dounsen; aenstons de policie mei de tsjinners, en mars wier de boel! En hwet bleau ús do oer, as wy ús formeitsje woene, as yn in kroech sitten to gean, en ús yn alle stilte stomdronken to sûpen?
Tamke. Sa gong it hjir to lânne alear ta op de dank-, vast- en bededagen; den wierne alle herbergen sletten. Elts moast mei tichte doar en finsters thús bliuwe, en op sa ’n vastendag waerden der binnen hûs mear rûzen sûpt as oars yn seis wike op alle herbergen yn ’t iepenbier.
Hessel. Yn Skotlân wirdt ek grousom sûpt; dêr binne de Ingelsken mar bern by. Mar dêr binne de Skotske domenijs de skild fen; hwent dy wolle habbe, det de ljue op snein neat oars dwaen scille as bidde en yn ’e bibel lêze. Laitsjen en gibeljen is sabbatskennis. Nin rydtúch meije hja oanspanne; nin kuijerke snein-to-eftermiddeis dwaen. Men sjocht nin minske op ’e wei ef strjitte as dy nei tsjerke giet ef ’er útkomt. En omdet de goede kristenen bûten hûs net kuijerje ef dounsje meije, sûpe hja binnen hûs in rûs, en de domenijs hawwe lâns dizze wei, dy hja for de wei nei de himel hâlde, hûnderttûzenen oan de whisky brocht en nei de hel stjûrd.
Joute. Dat is de bêste útlizzinge op myn tekst. De policie hat ús op deselde wize fen de strjitte dreaun en tûzenen yn namme fen de orde oan de drank, de biddelsek en giselpeal brocht.
Arkema. (Lâns-ontfanger en lid fen de rie fen it mjittigheits-geneatskip). Dat is geen tail, die wy hier fan in scheerbais, ik laet stain, fan in super, hore wille. Wil jou wel lowe, Joute, dat ik dat woard fen jouwes by de commissaris fen polysje angewe sal? En wil je ook wel lowe, dat je foar ’n maind na et hues fan Jan Nekje gaine?
Joute. Men hat it mei de luzen slimmer as de niten. De feinten fiere nou in steil wird tsjin de hearen, dy hjar leanje.
Arkema. Wat wustou dair met segge, bretale keerdel? Weestou wel datste spreekste tegen ’n amptenair fan de Eerste Klasjes?
Joute. Mynhear, de ontfanger! As jy in slot op de mûle hiene sa great as der laeit op jins swiere izeren kiste, dêr ús aep yn sit, den scoene je in gnap keardel wêze. Ik winskje jimme allegearre de segen en gesontheit.
President. Hâld je stil, ontfanger. Jy hawwe in kwea pleit tsjin in partij, dy neat to forliezen hat. Dy docht en seit hwet er wol, en dy tinkt mar: Hja kinne in lûs net mear nimme as it libben.
Doctor. (Yn it útgean). Is der nou net oan to dwaen, Joute?
Joute. Jy miene it goed, docter. Mar ik bin in forlern man.
Sate Westerein. J. H. H.

DE SKEARWINKEL FEN JOUTE-BAES.
DE SKEARWINKEL FEN JOUTE-BAES. TAJEFTE.
Gouke. (slachter). Woll’ je my gau rêdde, Joute?—Joute. Myn ljeave man, ik kin net hirder. Skearen is nin bargeskraebjen. Ho sa’n hast?—Gouke. Myn sweager hat dêr jisterjoune yn ’t Dockumer trekskip in raer ding hawn.—Joute. Ei? Dêr ha ’k neat fen heard. Bouwe slachter?—Gouke. Ja, Bouwe. Jy kenne him wol. Hy wennet to Birdaerd. In moai tsjok keardel, mei in roune fette troanje en bolle wangen.—Joute. Ja, ik ken him wol. As it op syn troanje reint, rint it wetter der ôf as de fearren fen in ein.—Gouke. Hy siet mei in kok fen Ljouwert en domenij Skrokstra to praten. De kok spoun braef op fen fette kalkoenen, dy er op in rikeljues brilloft to Dockum levere hie. Domenij is in earst ljeafhabber fen swiet iten en drinken; mar hy hat suppleesje, en der kinne nin kalkoenen op stean; hy komt faek by de grytman to tsjokiten, en as exteur him forknipt, det der kalkoenen komme, dêr festet er twa dagen to foaren op. De kok fizele syn kalkoenen sa heech, sa hearlik op, det domenij de flibe om de tosken roun en op iens in hap die yn it rjuchter wang fen myn sweager, dêr er neist siet. It like wol, det er dat bolle fette wang oanseach for it gat fen in brette kalkoen, sa’n oanstride hie de man der fen. Myn sweager moartte fen pine, en it bloed sipere him it baitsje lâns. Domenij waerden earmen en skonken fleugele, en sa waerd er mei syn parleplu en syn koperen stove yn ’e bollestâl treaun. Hwent elts miende, det er mâl wier. Mar dat is nou noch neat. Domenij hie krekt in skram yn de noas, dêr er lêsten, do er oan ’t earterûpeljen wier, mei yn de toarnen fallen is, en nou hat Rients trekskipper myn swager wysmakke, det domenijs fidelke mâl is en him yn de noas biten hat. Nou boarst sweager hast fen binaudheit, en mient det er ek mâl wirde scil. Syn wiif en bern binne skjin mei him forlegen, en ik moat aenstons nei Birdaerd om rie to skaffen.—Joute. Fal del mar, Gouke. It kin raer as ’t ’er op wjirret. It wang fen in grou slachter for it fet gat fen in bret kalkoen oansjen! Dat is briker as bryk.—Ubele (studint). Nou, as se de lândomenijs nin mear tractemint jane, den scille we fen mear ongelokken hearre. Hja sizze den wol ’ris, yn ’t gat bibiten; mar nei jou sizzen, Gouke, is jins sweager yn ’t wang en ’t gat beide bibiten.—Gouke. Dat bigrypste, Ubele! Stjonke fen eangstme. Dêr laeit it botsen, Joute! Goe’ moarn jimme!—Joute. Goereis nei de skjippeslachters. Dat binne allegearre stomearlike ljue. Hja ljeage noait ef hja binn’ der sels by.—Allegearre. Moarn! Goereis!
Douwe (sylman). Ha, Ubele? Ek wer ’ris by ’t folk sjen?—Ubele. Wel ja, Douwe. Dêr to Grins om to bingeljen hie ’k ek net folle oan. De studinten en prefesters binne yn de facantie wei; en den rin ik yn sted en lende om as in siik houn.—Douwe. Dou biste der nou in jier west, net?—Ubele. Op ’e kop.—Douwe. Dat wist ik, omdet ik to Drylst krekt wier, doste mei de preemje opgongste nei de academie ta. Dou spriekste do de rie fen Drylst yn ’t Latyn oan; ik koe der nin wird fen forstean, mar de rie nei ’t skynde wol; hwent dy prottele wakker, omdetste hjar yn hjar eare kaemste.—Ubele. De rie fen Drylst my forstean? Nou, ja! Ik scil ’t dy sizze sa as it ding laei. Yn myn oratie kaem noch al faek it Latynske wird quibus foar, dat “oan hwa” bitsjut, en sa ek vestra, dat “jimme” bitsjut. Vestra munificentia, by foarbyld, “jimme myldens”, en vestra approbatio, “jimme goedkarring”, en sa foart hinne. Do ’k oan ’t orearjen wier, seach ik wol, det it dy rie net noaske; hwent hja seagen my oan as ûlen; mar do ik dien hie, foelen alle froedsljue oer de rector hinne. “Hoar ’ris rector, seinen hja, gekheit is gekheit; mar om ons fen in strop fen in jonge hier in ons weerdichheit op ’t statshues fen Drylst allegedurigen in ’t Latyn foor quibussen uetmaike te laten, dat gait niet an. Want as jou miene, dat wy dat woart quibus niet ferstaine, den binne je mis. So dom binne wy noch niet! Wy gewe de ondankbre loebes ’n gouden preemje, en hy skelt ons nog de hued fol toe. “Maar, Mijne Heeren, sei de rector, de jongeling heeft u toch bedankt voor de premie. Hoe kan hij u dan uitschelden?” “Dat is wair, rector, seinen hja, mar wie het er bedankt? Ommers froedsman Westra mar allienig; Westra foar, in Westra na! It is krekt as Westra de preemje allienig geeft, en hy komt ommers fan de hele raid fan Drylst. Soa binne wy hier noait nog afgrondeert. Wech mar met de stinkert!” De boargemaster trille fen lilkens, en scoe froedsman Westra wol forgriemd ha. “Ik weet niet, ho jou by Westra komme, kniep er de rector yn ’t ear. Westra is in lief man om de raid fen Drylst te representeren! Syn meiske loopt met in tromke met keapmankes by de strait te koop. Sa as er dat sein hie, teach er it mâl jak oan, en sei oan de bode: “Bode bring dat aes it statshues af.” De bode griep my mei in izeren hân yn de earm (dy keardel hie de moarns noch oan ’e seine stien) en skodde my ongenedich as in wetterhoun. “Ik sal dy Westra en quibus leare; dou biste sels in quibus, streupert!” sei er, en mei ien staette er my út it stêdshûs en smiet my de gouden preemje as de houn in bonke op strjitte efternei. Dat wier nou myn yngong yn de timpel fen de wittenskippen.—Douwe. As de útgong ek sa tagiet, is ’t net bêst for dy sjoen, Ubele!—Ubele. Mar hwer hastou hinne west, Douwe? Ik ha dy allehiel noch net fornomd.—Douwe. Ei! Myn sweager hat heiwirk oannomd oan de dyk to Starum, en dêr hab ’k in dei ef trije by west. Mar ik hab earst in omlânske reis dien. Ik moast ús frjeonen wol ’ris forsiikje; hwent oars forfrjemdet it sa. Op it lêst is it allehiel kâld.—Ubele. Hwer gong dyn paed den oer?—Douwe. Foarearst bin ik to Akkrum west.—Joute. O! to Akkrum! dêr tsjerke en toer bûten it doarp steane, omdet se oars ûnder ’t preekjen sa ’n lêst fen de katten habbe. To Akkrum? Krekt! dêr se in boarre in wike op wetter en brea yn ’t hounegat settene, omdet er de reamme fen de aden slabbe hie.—Douwe. Ei, né, ju! Biste gek? To Akkrum is tsjerke en toer ommers yn ’t doarp. Né, Akkrum dat is in treftige pleats. Dêr hawwe se it mear mei de hirddravers as de katten to rêdden. Us omke hat my mei hynzer en sjeas weibrocht; mar mei sa ’n guds fljuchste troch de hel, det dy nin hierke op dyn kop singet. Ik kin my wol bigripe, as in hear mei in liiffol wyn sa troch de loft fljucht, det er net leaut, det immen noch ellinde en honger habbe kin.—Joute. Ja, wy kinne allegearre net ryk wêze. Dat is al âld. As ik by ús oarre op ’e skirte siet, den sei se ús altiten dit rjimke op:
De iene yt swiete rizenbrij[55], De oare keallesûpen lij, De iene yt beane út wetter wei, De oare wit net hwet er mei. De iene giet yn sydne klean, De oare nei de lappen flean’.
Ubele. En hwer do hinne? Nei Vianen?—Douwe. Né, nei Loijengea, Goijengea en Offingawier, dêr habbe wy allegearre folk fen ús mem.—Joute. Fen âlds bineamde pleatsen, folgens it sizke fen beppe: “Ut de trochgong fen Loijengea kaem Goijengea en fen de stank Offingawier.”—Ubele. Dat jildt dy, Abe. Dou biste ommers fen Offingawier.—Abe. Ja, hwet in skeve skearbaes seit, der jowt de lommert nin jild op. (Abe giet prot wei.)—Ubele. En hwer do hinne, Douwe?—Douwe. Do nei Toppenhuzen en Twellingea; dêr wenje omkesizzers fen ús heit; boeren mei rêgen. Dêr hie ’k it as smoarge beane.
Joute. To Toppenhuzen Dêr fange men de luzen, En to Twellingea Dêr knippe men se dea.
Dou biste fen Twellingea, net Sjouke?—Sjouke. Ja. En dou fen Schiedam, hê? Dou falste hwet rjimmerich, Joute. Haste in doaske rjimmersgûd ynnomd? Mar it liket my noch wol sa gnap om de pejoatkes to knippen, as om se oan to setten lyk as de jeneverljue dwaen.—Joute. Nou, ja; it komt sa yn ’t rym to pas. Dou hoefste dêrom sa lêbich net to wêzen. Us beppe hat it my sa leard, en ik hab ’t net makke. Frou bring my in nij stik sjippe!—Ubele. Dou biste noch net to Starum, Douwe!—Douwe. Noch lang net. Fen Offingawier bin ik nei Snits gien, en do mei it fearskip nei Sleat syld.—Sjouke. Is dêr noch al hwette agoasje?—Douwe. Né.—Sjouke. Hwer libje se den fen?—Douwe. Fen de brêge. Brêgebidlers sizze ommers de bizen.—Gouke. Siz hjar dat ’ris! Den kneppelje se dy dea.—Douwe. Ik scil my wol wachtsje; hja binne nin narjen wend.—Ubele. Den wier er allehiel nin nijs?—Douwe. Nijs en nijs is twa. Ald nijs is der in bulte. De rottelwachten rounen yn âlde tiden mei hoarnen en dêr bliesden se de ûren fen de nacht op. Yn ’t poepelân dogge se it noch.—Ubele. Ja, hoarnen wierne de earste klokken. De bakkers blieze noch op hoarnen as de boltsjes nôch binne. Mar hwet woestou sizze, Douwe?—Douwe. Det de Sleatumer nachtwachten, do de rottel yn swang kaem, mei in rottel en in hoarn ta gelyk rounen. En dêr komt it noch fen, det de rottelwacht to Sleat, as er de lêste rop docht, dit rjimke seit:
Boargers fen Sleat! Stean op! It is dei. De hoarn is fol skyt en de rottel is wei. De koster is gek, en de toer is mâl; Ik wit net, hwet ik roppe sal.
Ubele. Dat liichstou, Douwe!—Joute. Nou, ik hab dat rjimke wol faek heard.—Douwe. Aste seiste det ’k liich, siz ik nin wird mear.—Ubele. Nou, nou, sa gysten net. Dou biste sa gau op ’e tean trape. Forhelje dou mar foart. Wy scille alles leauwe hwetstou seiste; aste mar net forhelleste, det de soan âlder is as de faer.—Douwe. To Sleat mette ik ek noch in âld sib fryster fen my; mar, jonge, jonge! toft ik, ho is ’t mûlk, det sokke tsjeppe jonge fammen sokke smoarge âlde wyfkes wirde kinne! It minske wier al stiif fyftich, mar hja waerd noch read om ’e holle. Alde ljeafde roastet net, en in frommis nimt sa’n ding altyd hwette earnstiger op as in manminske. Mar ik hie der nou nôch fen, en gong mei in wâldweinke fen Sleat nei de Galamadammen. De skoufeint dêr is myn miich; dy woe minlike jern, det ik dêr oernachte, en dat hab ’k do dien.—Ubele. Foel der ek hwette to skûrren, lyk as de Gaesterlâners sizze?—Douwe. Né, it wier nin merke. Ik hie ’t der as smoarge beane, mar ik hab nin wink yn ’e eagen hawn.—Ubele. Ho kaem dat by? Wier der jongfolk?—Douwe. Né, it wier der dea-stil. Mar de godsganskelike nacht gounze it sa foar myn earen lâns, bom-bam! bom-bam! bom-bam! It wier krekt eft de greate klok fen de Aldehouster toer fen Ljouwert djip ûnder de groun let waerd. Do wy de moarns ombietene frege ik de kastelein, hwet dat west hie? mar dy seach my skean oan, en sei det er ’t net wiste. Dat leach er; hwent syn mem, in âld wyfke fen 80 jier, kaem op hjar kruk by my: “Niis, do it folk der by siet, koe ik it dy net sizze, Douwe, mar ûnder fjouwer eagen scil ik dy dat bombamjen forklearje. Dou haste wol heard fen St. Ealskleaster to Starum, dat nou yn sé laeit?” “O ja! sei ik; “myn pake hat mei syn koffe noch ’ris op dat plak ankere. De beanhearre hie do krekt lang waeid en it séwetter troch ’e gatten yn ’e noardsé jage. Mar do it ebbe, kamen de ûnderste stompen fen it mûrwirk fen de tsjerke fen Sint-Ealskleaster boppe; ús pake laei der midden yn en do de wyn opstiek koe er der net út.” “Nou, heite, sei âld beppe, de klokken fen Sint-Ealstoer hienen se forgetten to wijen, en do dat nei in hûndert jier oan ’e bisskop fen Utert forknipt waerd, sei dy: “Den binne dy klokken for de divel.” Sa gau hie er ’t wird net sein ef koarthakke net links fleach as in wylde tsjin Sint-Ealstoer op; skoerde de klokken troch de kloksgatten út, en keilde se sa fier as Himelum. Dêr sloegen se in gat yn ’e groun, dêr wol in boereskûrre yn koe. Mar do woe oerdwealske koarthakke der ek noch wille fen ha. Hy hie in kammeraet hjir op Galamadammen, dy mei in âlde tsjoenster tahâldde, dy hjir de skjippen molk. Dy en hy boartten alle nachten efkes nei toalven heinebal mei de beide klokken. Hja keilden se eltsoar ta. As koarthakke ien fen Himelum nei de Dammen smiet, saeide syn miich him de oare ta nei Himelum, en dat hat krekt sa lang dûrre, as se de klokken goed heinden. Mar de miich, in jong gysten divel, wier sa tûk net yn ’t heinen as de baes sels, syn omke, en sa kaem it to barren, det hy ien fen de klokken yn ’t wetter fen de Dammen del soalde, en de oare in ruk fierder yn ’e Fljussen. Nou let koarthakke noch mei dy klokken hjir ûnder ús yn de groun; hwent hja binne mei geweld dwers troch de koarste fen it ierdryk hinne flein, en sa komt it, det de fiskers op de Fljussen en wy hjir op Galamadammen nachts it doffe bombamjen út de groun opkommen hearre.” “Mar, ho komt it, moeije, sei ik, det ik dat sa klear heard ha, det ik ’er net fen sliepe koe? Dat is ommers alle nachten sa net.” “Né, Douwe, sei it âld wyfke. Mar earjister is de hûnderttûzen yn de lotterij fallen, en den is ’t altiten freugdedei yn de hel. Den lit Satan piktonnen barne en alle klokken liede.” “Ik winskje jo gesontheit, sei ik tsjin it âld wyfke. It is myn tiid, ik moat foart.” Ik fûske mei myn miich, en gong nei Rawier ta, dêr ik noch nea west hie.—Ubele. Rawier! Rawier! Hwet is dat?—Douwe. Sa neamden de Súdhoekers by âlds it[56] Readeklif. It is dat steile en hege punt fen de Gaesterlânske dunen, dat tsjin de stoarmweagen stean bleaun is en yn sé útstiket.—Ubele. O krekt, dêr Tjesk-moer op stie, do hjar swift ûnder seil gong;
Tjesk-moer seach fen fiere weagen Ho se fêst fen lân ôfteagen. (De eagen gâld’ se, earm-moer, koarts út,) Dêr se op ’e hege wier del bokke, En fen beide ich ’t lân bilôke, En de sé seach yn syn tút.
Haste dêr ek hwet nijs sjoen, Douwe? Neat; as hja wiisden my dêr noch it gat, dêr de fjûrige draek út oplein is; dou wiste wol, dêr de kroniken fen skriuwe. En, ja! den habbe se my ek noch it plak yn sé wiisd, dêr greate Rodger fen syn wiif dea makke is. De grizel rint my noch oer de grouwel as ik dêr om tink.—Hessel. Ik bin der wol faek west; mar dêr hab ik noch nea in wird fen heard.—Douwe. Rodger, lyk it telke seit, wier in fiskerman fen it âlde sterke Fryske laech. Hy wier acht foet lang, en syn wiif Saske spile net swak by; hwent dy wier mar in foet lytser. Rodger skeakelfiske sa hwet by Starum om; ek gong er wol om kongeriel yn de Sudersé op, en do er iens op in moarntiid thús kaem to iten, hie Saske neat klear. “Ik hab der nou al trije dagen droechskûrre, sei Rodger, “en nou noch nin waerm iten. Hwet doch ik den mei in wiif?” Mei ien waerd er sa breinroer, det hy hjar mei in heak in gat yn ’e skonk sloech, en dat kaem sa hird oan, det sy der wol in fjirtjin dagen mei to bêd lizze moast. Rodger, dy hastich en opljeppend wier, bitommele gau, en hie sa folle birou as hierren op ’e holle. Hy wier net by it bêd wei to slaen, en hy paste hjar op sa soarchfâldich as in mem hjar gammel bernke dwaen kin. De fyftjinde dei kaem Saske wer oer ’e flier, en do gong Rodger wer oan ’t fiskjen; hwent yn de lêste pear wiken hie er neat fortsjinne en hja koenen hjar koarsten, lyk as de measte fiskerljue, wol op. Hja wennen yn in âlde tinte op ’t klif, en as hja de holle út it finster stieken, seagen se op ’e boatsjes del, dy lâns de séwâl foeren. Sa seach Saske hjar man Rodger ek farren. Hja bigoun to tinken oan de pine en smerten, dy hja útstien hie, oan it djippe gat, dat se noch yn hjar skonk hie, en mei ien wier it krekt eft der saun divels yn hjar foeren, sa koegelsk waerd se; hwent in frommiske forjit en forjowt net licht; hja is goed fen onthâlden, as it op wraek oankomt. Hja naem hjar bêd op, flokte alle divels út de hel op om it yn in stien to foroarjen, en smiet it Rodger do boppe fen it klif ôf yn sé efter nei. Koarthakke stie klear, lyk as oeral; dêr er in spoenke ûnder it fjûr stekke kin; hy hearde dy winsk, en yn in amerij foroare er it bêd ûnder ’t weisoalen yn in stien sa great as it bêd sels. De stien plofte boppe op Rodger del en bidobbe him mei aek en al yn sé, det der neat fen him oerbleau as in kûle yn it wetter en de lêste bûrlen fen syn smoarde amme, dy boppe kamen en in amerij op it wetter omglieden. Do Saske dy bûrlen seach, lake hja gigeljende, wyld, lûd en ôfgryslyk; it wier krekt eft de moer fen de divel kâldgnyskjende hjar tryomf útskettere en útkraeide. Mar lyk as men seit: “smertkerne komt efter nei.” Bier en barmhertichheit kamen njunkenlytsen wer boppe. It birou sloech hjar einlik om it hert, en yn de jinlikheit mei honger en ellinde, as hja mei holle opsparde eagen oer it flak fen de sé, it grêf fen hjar man, hinne seach, den mompele hja yn hjar sels: “Mei Rodger wier ’t net bêst; mar sûnder him is ’t noch folle minder.” As hja in brok fen Rodgers klean ef skeakels seach; as hja syn namme hearde, kearde it yngewand yn hjar om. As hja tochte om dy kûle yn it wetter, om dy bûrlen, den wier ’t eft hjar it hert tichtknypt waerd. Hja sloech oan ’t kwinen en tsjirmde út, det men hjar wol mei in kears trochljochtsje koe. Do hja op it úterste kaem, kearde se de holle noch ’ris nei hjar Okele om, in skrander boi fen acht jier. “Hwet likestou op heit, boike!” sei se sêfkes: “Bid for mem, ljeave.” It bern bea in Vader onse; ûnderwiles kaem der noch in lyts, lyts sigentsje út hjar wite lippen; Saske rekte hjar langsom út, en wei wier hja.—Ubele. Wiste mear fen dy telkes? Douwe. Ja, de fiskerljue habbe my noch ien sein fen de faem fen Inkhúzen, dy yn in aed oer de Súdersé roeike; mar dat scil ik dy tonei ’ris fortelle.—Joute. Dat is bêst. De skearwinkel skinkt jimme alle âld-wive-telkes.—Ubele. Hwer biste do hinnegien, Douwe?—Douwe. Nei ’t heksershol.—Iebele. Hwet is dat?—Douwe. Dat is Molkwarren. Dêr tilt it op fen tsjoenders en tsjoensters.—Ubele. Ei, wakker! Ik miende, dat dy útstoarn wierne.—Tamke. Dy stjerre nea út sa lang as der minsken mei ynbyldingen binne.—Douwe. Nou, ik leau, det der hwet is; ik hab dêr sokke nuvere telkes en fen sokke stadige dimmene ljue heard, det ik it hast leauwe moat.—Ubele. Wel, hwet den? Lêz e’ris hwette op.—Joute. Frou, woll’ je de âlde baker ’ris komme litte? Hjir scil hwette forteld wirde; dat is krekt hwet for hjar.—Douwe. Nou, wy scille der jimme net mear lêstich mei wêze. Den kinne jimme nei hertenlust rabje en oare ljue by it gat ophelje. It wier noch better, det jimme fen kjitte praettene.—Joute. Al wer lêbich. Ik bigjin wrammels to leauwen, Douwe, detste greatsk biste, detste in einke yn Fryslân op west biste en nou hwette nijs wiste to forheljen. Mar dou biste noch net fier yn ’e wrâld op west. Hwer biste west? By de Jirnsumer katsjes; by de Gaesterlânske heidebikkers; de Starumske ribbekliuwers; de Molkwarrenske tsjoensters, en dêr is nou alles. Mar ik kin jimme noch hwet oars forhelje, as jimme op mirakels bilust binne. Hwent do ús oarreheit mei de merse troch Fryslân roun, wier ik as in boi fen toalf jier altiid mei him om de knapsek to dragen, en sa bin ik as bern al west by de Ljouwerter galgelapers, de Harnzer tobbedounsers en neven, de Frentsjerter klokketsjeaven, de Snitser dúmkefretters en weaksk .... rs, de Bolswerter oaljekoeken, de Warkumer brijbekken, de Drylster kipmankes, de Hynlipper húlen, tsjeunken en tsjoaten, de Dokkumer grenaten, en de Grinzer klúnkoppen. Fen Ljouwert tôgen pake en ik nei de Berltsumer hounefretters en de Hallumer koekefretters; ef de oare wei út nei de Wirdumer toerfretters, de Wergeaster brêgebidlers, de Earnewâldster luzefeijers, de Ureterper oanbreide hoazzen, de Grouster tsjiisfordounsers, de Jirnsumer kattekneppelers, de Boarnster toermjitters, de Akkrumer skytstoellen en de Hjouwster klienroggen. Wierne wy to Dockum den sjouden wy nei de Kollumer kattefretters, de Hantumer margeïters, de Ternaerder bargestrûpers, de Holwerter roekefretters, de Wierumer katsjes, de Peazumer hountsjes, de Blijer bellefleuren, de Hallumer koekefretters ef de Birdaerder skieppekoppen. Wierne wy to Snits, den dienen wy útfallen nei de Gaestmer hounewippers en otterfretters, de Hegumer brêgebidlers en de Wâldeinsters driuwpôlen; en fierder op nei it Dockum fen de Súdhoeke, nei Koudom, de koude turven om, en nei de Warnzer skieppeloarten. Ek bleauwen wy wol ’ris tichte by honk, en gongen in dei nei de Idzegahúster beanefretters. Fen Bolswert út nei de Arumer moudekrûpers, en de Makkumer strânjutten, de Peinjumer beanehulen, en de Kimswerter moudekrûpers, en ienders allehiel nei de Texelske kraeijen, en de Amelânske balketsjeawen[57]. Hwer bistou mei dyn reizen Douwe? Mienstou my nijs to sizzen? As jonge hie ’k tsjienderis mear sjoen as dou op dyn âlde dei.—Douwe. Ik jow it dy woun, Joute. Ik bin it bernsbern net fen in merskreamer, en ik hab de ear ek nea hawn fen syn knapsek to dragen. Mar hieste dêr nocht oan, oan dat gesjou it hiele lân troch?—Joute. Ik hab nea mear wille hawn. En pake wier goed. Hie er in goede dei hawn, den treau er my in dûbelstûr yn de hân, en sei: “Dêr, myn feint: keapje dêr koeke foar.” En nei det ik den earne wier, koft ik Frentsjerter dúmkes, ef Harnzer hoiteflip, ef Dockumer glêddingen, Bolswerter oaljekoeken, ef Drylster kipmankes, ef Drachster koeke, ef Boarnster flut, ef Ljouwerter deadmansfingers.—Douwe. Wy prate mar net mear oer ús reizen; hwent den komme wy noch yn tsjok waer. Mar dêr, Ubele, dêr haste in pompier fen de âlde skoalmaster fen Molkwarren. Dêr kinste alles yn lêze, hwet ik fen Molkwarren heard hab.
IT HEKSERSHOL.
Sa neamt it sprekwird Molkwar, en nou scil ik jimme ’ris sizze, hwer dat fen dinne komt. De Molkwarrers binne allegearre nin heksers en al hjar âlde wiven nin tsjoensters, mar der is by âlds in houwelik to Molkwar west, dêr forkeard skaei útkaem, en dat moatte se nou allegearre ontjilde. Dêr is in Gosse Knop west, dy it spil bidoarn hat, en dy it troch syn neisieten sa fier brocht hat, det it sprekwird sei:
Flokken en swarren Is ’t wapen fen Molkwarren.
Sa gau as Gosse to wrâld kaem, wier der sa’n sterke swevellucht yn ’e kreamkeamer, det it hoarnwiif tsjin alle brûkme oan it finster opskouwe moast; hwent nin minske koe yn dy stank dûrje. De wâldierde, dy de jonge ôfgong, wier pikswart en kleare divelsdrek, en it hat wol in fearnsjier dûrre foar det de faem de lucht út de ruften en doeken spield hie. Syn faer wier in fyn kofskipper, dy mei in greate bibel ûnder de earm en de holle op side sneins trijeris nei tsjerke gong. Syn moer Isabella wier in gnap frommis, de dochter fen in poep, dy as hearefeint by de Grypman tsjinne. Mynhear wier for in fjirdepart reder yn in koffe, en do hja seis jier as keamerfaem by mefrou tsjinne hie, troude se mei Jeyp Knop, dy fen mynhear it kapteinskip yn ’e koffe krige mei in tsjep jong wiif; hwent de âlde skipper wier gammel en krukkich, en koe de sé net mear bitsjinje. Do se trouden koe Isabella net mear allinne rinne, en Gosse Knop kaem al mei de fiifde moanne opdaegjen, folgens it sprekwird: “It twade bern komt op syn tiid, mar it earste komt as it klear is.” Jeyp waerd der twaris om fen ’t Avondmael set; mar hy wier kofskipper.
Gosse waerd yn ’t opgroeijen yn alles in onfoech skepsel. Nei it lichem dijde er oergrousom út; op syn tsjiende jier wier er al sa dûbelliddich, det se him oanseagen for in feint fen sechstjin. Alle jonges, dy er oer koe, skopte er en knoeide er, en fen nature wier it in boal; hwent syn greatste wille wier it âljen fen in earm kat, dy er by it ein fen de stirt jinnige minuten as in stien oan in reap yn ’t roun gizele. As master him forbea, seach er dimmen en démoedich foar him del, krekt eft er nin trije telle koe; ja, den liet er ek wol ’ris in inkele trien fen djip birou rôlje; en as de man him omdraeide, stiek Gosse syn greate blaijer út, en sei: “Alde poep, forrek!” It moaiste wier, det sa ’n loebes, sa ’n olfert de fine man úthinge, en as er nachts mei in skearsliperssleep yn it hea laein hie, det er den de oare jouns mei de âlde wyfkes yn ’e kosterij siet to fimeljen en to ’salmsjongen. Dat die er al op syn sauntjinde jier; mar it wier noch stil. Dy him goed koenen seinen, det er de smoarchste pluch en de fynste pilarbiter allyk wier, dy ea minske-eagen sjoen hienen. Mar ho er de knepen ek yn ’e mouwe hie, op syn tweintichste jier hie er in bink, dy him hwet mear bikend makke.
De soan fen de Molkwarrer kaeich (beurtman) noadde him ’ris om in reiske mei nei Amsterdam to dwaen; hy scoe frij út en thús. Dat gong oan, mar dêr rekke er allehiel to sink, sa det syn kammeraet him op it lêst bjuster waerd en sûnder him thús kaem. Hwer dy planeet do al sa omswalke hat, dat hat nin minske ea neispoare kind; ik scil allinne sizze, hwer er hjir en dêr op syn omswervingen fen syn kinde sjoen is.
Op it Wetter to Amsterdam mette him in man fen Molkwarren, dy boekhâlder oer in mannich Rigafarjers wier; hwent do laeinen der soms sechstich Eastséfarjers fen Molkwarren, allegearre mei it swanke yn it wyt yn de flaggen, oan de brêge to Riga. Dy man wier in biis; hy hie in bulte nocht oan gridzen en nuvere setten; en hy hie ek wol ’ris nocht oan onnocht, lyk as der folle âlde Friezen wierne, do se noch nei hjar eigen holle, en net nei de mode fen Hollân, as apen fen apen, libbene. Hy wiste det Gosse in earste prefester by de panne wier, en det er koarts sa folle as trije hongerige poepen bergje koe. “Wolste mei my ite, Gosse?” sei de boekhâlder. “Ja wol”, sei Gosse, dy by de Jonker-en-Ridderstrjitte omflintere hie, en rammele fen honger; hwent dêr wier mear to drinken as to iten west, en it flêsk, dat se dêr forkoften, wier ek nin kouweflêsk. De boekhâlder naem him mei nei de Keizerskroane yn de Keallestrjitte. Dêr sette er Gosse op it ein fen de tafel, dêr in tritich hearen oansieten, flak tsjin in Eastynjisk kaptein oer, en hy sels ’er neist. Do de mieltiid sa hwette healwei wier, hie Gosse der al in heal skinke en al de klokspizen, dy der om hinne stienen, ynproasse. De feinten tôgen al mear en mear oan, mar it forsonk alles yn de boaijemleaze mage fen Gosse. De Eastynjiske kaptein koe net ite fen niget; hy hie it each net fen dy greate kevels fen Gosse ôf, dy mar ivich troch mealden. “Ho sjen’ je my sa oan?” sei Gosse einlinge. “Wel, kammeraet, sei de kaptein, “ik bin jister fen myn reis út Eastynjen thús komd: dêr bin ik op Borneo ûnder de minskefretters west, en it hat my nei stien ef hja hienen my mei myn stjûrman ek opkôge. Mar as my dat ongelok oerkomme moat, den ho koarter lijen ho better, en dêrom hoopje ik detstou my den opfrette scitte. Hwent dou kinste mei it spil foart.” Al de hearen laken, en dêr alles oan dat ein wer skjin ophimmele wier, waerd it tiid, det hja opkroadene. Do de boekhâlder de kastelein bitelle, sei dy: “Mynhear, as je my mear sokke gasten recommandearje, siz it my den foarôf; den scil ik se neist de hynzers op stâl foerje.”
In wike ef seis dêrnei binne hja him wer ’ris op spoar komd to Aldwâlde yn Noardhollân. Dêr kaem er oan op in snein-to-moarn, en omdet it jild op wier hie er nin boadskip yn it weardshûs. Hy gong dos aenstons yn tsjerke, dêr er flak tsjin de domenij oersiet, en him elts wird út de mûle seach. Mar foar det de preek oangong seach Gosse noch in raer ding. Der wier in keardel mei in mirdefanger yn ’e tsjerke; dy houn hâldde him njuet en from, en laei mei de kop twiske de twa foarste poaten flak op domenij ta to sjen. Dat kaem domenij lykwol yn syn eare, en hy sei tsjin ’e hounegiseler det dy houn de tsjerke út moast. Mar do dy tagripe scoe, liet it bist de tosken sjen, en gromde en raspte sa freeslik, det domenij tsjin de hounegiseler sei: “Och Manus, lit de houn mar wêze. It bist bigrypt ’er sachts sa folle fen as de measte fen myn tahearrers”. Dêrop bigoun de man to preekjen oer de gewichtige wirden fen Leviticus âlve, fers tritich: Ende de mol. Hy dielde syn preek in trije parten; ten earsten, de mol is blyn, de minske is ek blyn, ten twadden, de mol wrot yn de ierde; de minske wrot ek yn de ierde om goud en wrâldske eare; ten tredden, de molwrot wirdt wipt mei de lodde fen de mollefanger; sa wirdt de minske, de earme ierdwjirm, wipt fen de divel. Do de domenij sa oardelûre wakker yn de stoel omskrept en omslein hie, gong de tsjerke út, en domenij wier net yn de pasterij ef Gosse wier der ek. “Jy kenne my net, domenij, sei Gosse, mar ik moat jo dochs sizze, det je my skoan foldien habbe. Dat wier in dierbar wirdke, dat je dêr oer de satan spritsen habbe. O! o! dat ivige helske fjûr! Ivich is sa lang! Mochten de godleazen dochs noch hearre en hjar wei bikearje! Mar wy binne de útforkoarnen, domenij! Wy kinne net to bek falle.” Domenij wier in from, bêst man, mar in dripke drankswiet, en dat wier bikend; dêrom waerd er net forroppen, en hy woe sa minlike jern ’ris út dy fûke fen Noardhollân wei. Do domenij syn lof hearde, frege er Gosse: “Hwa binne jy, frjeon?” “Ik bin in koukeaper fen Warkum, sei Gosse; “dêr moat in nije domenij wêze, en nou ’t ik dochs nei Pormerein moast, hat de tsjerkerie my forsocht om jo trije sneinen oan ien to hearren, en hjar den ’ris biskie to dwaen, eft er goede lonte yn jo siet en eft jy suver yn ’e leare wierne.” Domenij tocht: dêr is byt, en sei tsjin Gosse: “Den kinne je hjir yn ’e pasterij ek sa goed wêze, tinkt my, as yn ’e herberge.” “Dat is al sa, domenij, andere Gosse, mar ik moat ûnderwilens myn affearens dwaen.” Sa bleau Gosse dêr trije wiken út-fen-hûs; hy praette wakker mei domenij oer it goede, soms let yn ’e nacht op; hy iet en dronk fen it bêste; hwent domenij, dy ’t each altiten op it Warkommer birop hie, helle treftich út, en sette him hiel sêft; middeis hie er sels in flesse wyn oer tafel; en as er it iten binnen hie, sjoude er sa beare by de boeren yn dy krite lâns om de kij to sjen. Tsjin itenstiid wier er jouns altyd wer by de krêbbe; dêr hapere nin menút oan.
Domenij hie ek in faem fen achttjin jier, it ljeafste en golste skepsel, dat men mei minske-eagen sjen koe, mei namme Elisabeth Klant. Hjar heit wier loats op Texel, en om ’t er in bulte noed fen hjar stie en de mem dea wier, wier de man bang, det se yn de hânnen fen de iene ef de oare sékaptein falle scoe. Dêrom die hy hjar as faem by in lândomenij; hwent dêr miende hy, det hja feilich wier for de forlieding, dêr jonge fammen op sépleatsen altiten oan bleat steane. Der siet in skrandere holle op dy faem; mar hja hie dit mei folle dochters fen Eva hiem, det hja jern leaude, hwet de feinten hjar fen hjar himelske blauwe eagen, fen hjar leeljeblanke hals, en hjar geve rigele tosken wysmakken. Gosse hie dat gau yn ’e noas, en wist hjar dat forgif sa fynkes en sa faek yn to jaen, det hy gau hjar hert stellen hie, en hja him de soalen út de skoen tsjinne. Op it lêst bigoun er hjar ’ris to tantsjen, wylst hja foar him stie om de thékopkes om to spielen. Hy klamde syn beide greate hânnen fen efteren om hjar mil, en wylst er sei: “Betsje, hwet hastou in moai kier yn de rêch!” joech er hjar oer it skouder in tútke. Hja waerd sa read as bloed, en fleach wei; mar hja sei it net oan domenij. Hy wier wakkere roazich nei ’t er foarjoech, en om hwet út to wazemjen liet er him de lêste wike in kopke thé mannich moarns fen de faem op bêd bringe. Do de tredde wike ten ein roun, kamen der echte koukeapers út de krite fen Warkum yn dy oarde, en Gosse, dy bang wier, det dy him forklappe scoenen, sei nei de tredde preek oan domenij, det er net twivele ef hy scoe nei sok hearlik preekjen wol to Warkum biroppen wirde. Hy scoe alteas dwaen, hwet er koe. “Mar nou is der ien slim ding”, sei er. En hwet is dat?” frege domenij. “Wel, sei Gosse, de riem is plat. Ik kom hwette bûsjild to koart.” “Wel nou, sei domenij, “wy binne ommers yn de wrâld om eltsoar yn ús neden by to stean. As dat net to hird oankomt, kin ik jo wol helpe.” “Ik wit net, sei Gosse, “jildlienen oan in man, dy men net ken, dat is al hwette nuver. Mar mei in hûndert goune wier ’k rêdden, en myn kammeraet, dy hjir mei in dei mannich komt om kijnegoasje, kin it jo werjaen.” Domenij telde him hûndert keizersgounen op tafel, en dêrmei en in swiet galgemiel gong Gosse opstriken nei de Helder ta. Domenij hearde fen syn nije frjeon, fen jild en birop tael ef teiken; mar mei in wike mannich kaem der in gnap keardel fen Hynlippen, dy him fortelde, det ’er to Warkum yn nin fiif jier in birop facant west hie, en nou seach domenij yn hwet hânnen er west wier. “Den hat dy keardel my bidragen, sei domenij, “en ta tank hat hy my myn hiele wynkelder der noch by leech sûpt.” Mar ’t slimste wier noch bihâlden. De ingel wier fallen; Betsje moast yn de kream. De heit kaem fen de Helder, en geat as in rou séman al de flokken fen de hel oer de holle fen domenij út, det er net better op syn bern past hie. “Ik miende, sei er, “ik miende det ik ús ljeavenhear by de holle hie, mar nou sjen ik, det ik de divel by de foetten haw”. Dit barde de jouns let; de man trille fen lilkens, en koe de hânnen hast net fen domenij ôfhâlde. De oare moarns rôp domenij de faem; mar der kaem nin gewach. De man gong skruten opstean, en sa as er nei it fammekeammerke gong, seach er de reinwetterbak wiid opstean en de toffels fen de faem ’er foar, krekt eft hja nei bêd gien wier. De ljeave Betsje hie hjar, nei it toaniel fen de foarige joun, yn ’t holste fen de nacht fordronken. Hja koe hjar skande en ’t fortriet fen hjar heit net oerlibje, en de ongelokkige loats koe oan syn bern op de Helder neat oars ta wolkom-thús bringe as it lyk fen hjar fordronken sister.
Foar det ik nou fierder forhelje, moat ik jimme sizze, det Gosse mem nou in âlde fekke fen in snufnoas wier, dy de brune drip altyd hinge. De ljue woene wol sizze, det hja in tsjoenster wier, en sels nin frommiske ta hjar moer hawn hie. To Molkwarren leauden se allegearre, det hja bret wier út in hoanne-aei; hwent in hoanne leit om de saun jier in aei, en as dat bigjint to hikjen komt der in tsjoenster út. Gosse wier ien fen twalingen, broer en sister; mar hy wier allehiel ongelyk oan syn sister; hwent dat wier de gollens en frommens sels, en hy wier in ondogenske loebes, dy jimmer op falskheit en forried út wier. Hy seach ek mear as in oar; mar dat kaem dêr fen, det hy mei in helm berne waerd, dy it hoarnwiif him ûnder de pap opfoerre hat. De sister hie ek in helm; mar dy hie de kreamheinster forbarnd, en dêr, woenen se wol sizze, kaem it fen dinne, det hja net mear sjen koe as wy allegearre, wylst Gosse bigangels seach en foartsjirmerij hearde. Dêr scille wy nou ’ris in jestael fen sizze.
Do Gosse dat fyt to Aldwâlde útrjuchte hie, gong er nei de Helder, en nei ’t er dêr in pear nachten for de gounen fen domenij by Janke-en-hjarre út-fen-hûze hie, swaeide er mei de postboat nei Terschelling. Syn earste oanrin wier al wer by de domenij, in bêste en ek wol in gelearde keardel, mar sa skichtich as in akke, en dy men mei skik nin ûre by yen hâlde koe as troch frjemde telkes fen foartsjirmerijen en spoken. Dêr hie Gosse altiten in sekfol fen klear, en om ’t er fen domenijs swak gau de lucht krige, bitsjinne er de man mei sokke nuvere en ôfgryslike stoarjes, det er soms fen forbazinge hast net sykje koe. En dêr sloech noch ta in bigangel, dy Gosse sjen koe, mar in oar net, en dy krekt útkaem, lyk as hy ’t sjoen hie.
Gosse hie mei domenij op in jounpraetke út west, do hja om tsjien ûre hinne wer nei hûs trapen; it wier tsjuster moanne, mar de wyn waeide út it noarden, en den is ’t altyd ljochter as mei oare winen. Hja rounen in smelle wei lâns, dêr amper in wein troch koe, en it wier sa hwette healwei do Gosse skoftich bisiden it spoar sprong en rôp: “Sjoch, sjoch, domenij! Kom hjir!” “Hwet sjochste? sei domenij. Ik sjen neat as wolken.” “Sa klear as de dei sjen ik foar my in bigraffenis, andere Gosse; “ik sjen in haiwein mei it swarte deafet ’er op, en in swart en in wyt hynzer ’er foar. En dêr komme de frjeonen ek al oan, dy efter it lyk geane. Sjoch! In oar domenij hat de foargong; den folgje jy mei jins boike oan de hân; den jins skoanfaer, en nou jins sweager fen Pitersbjirrum.” En sa neamde Gosse de hiele smite, dy mei to hôf gong, fen de earste ta de lêste op. Sels de frouljue, dy der efter rounen, koe er troch it reinkleed en al hinne. Domenij woe him dy bigangel as franjes út de holle prate, mar Gosse woe der op swarre, det hy it by dei net klearder sjen koe, as hy it nou sjoen hie by nacht. In fjirtjin dagen dêrnei stoar domenijs wiif oan de reahoun; hwent dy jachte wier do húsriem op Terschelling. Domenij wenne wol in healûre fen ’t tsjerkhôf ôf, sa det it lyk ’er hinne riden wirde moast, en om Gosse’ bigangel nou ta in ljeagen to meitsjen, liet er twa swarte hynzers komme, en de lykwein lâns in breder wei, in einke fen de smelle leane, dêr de bigangel sjoen wier, nei ’t hôf ride. Sa as de boer de hynzers yn ’e sile sloech, krige it iene bist ongemak en foel del as in stien; men seach oeral om in swart hynzer, mar der wier neat oars to krijen as in wyt, mei in swart koltsje foar de kop. Sa gong it nei ’t hôf; mar do se by de brede wei kamen, laei der in greate Noardske balke, dy út in bútskip oanspield wier, dwers foar de yngong, sa det ’er neat oars opsiet as de smelle leane lâns, dêr hjar de bigangel mette, dy nou mei it wite en swarte hynzer, en domenij en syn boike oan de hân, ta wierheit waerd.
Do it folk werom wier, gongen se oan it leed, en der weard rju reaunte en mûskoppe oer dy bigangel. Mar do de pipen yn ’e brân kamen, waerd ’er fen ljue, dy ’er oan leauden, hwette lûder oer praet, en dêr hearde ek domenijs sweager fen Pitersbjirrum ûnder, dy by syn beppe yn ’e Bjirrumen greatmakke wier, en as bern folle fen skynsels bigangels en foartsjirmerij heard hie. Hy koe de heit fen Gosse, dy fen Welsryp fen dinne en to Pitersbjirrum greatmakke wier. “Nou, mannen, sei er, “jimme leauwe net oan Gosse bigangel, mar lit ik jimme nou ’ris forhelje, hwet ’er om 1680 hinne bard is mei Reink Ipes, dochter fen Ipe Jochems en Sipk Brongersma. Hja wier troud mei Tjaerd Poppinga, domenij to Pitersbjirrum, en hie op in nacht, det hja en hjar man to bêd leinen, in alderfrjemdst fisioen. Hja wier heech en dreech, en lyk as sokke frouljue rare ynbyldingen en oankomsten habbe, sa seach hja fen it hege bêd ôf yn ’e holle keamer del in deafet oer ’e flier stean. It wier in kordaet wiif, en hja hie moed genôch, om hjar nijsgjirrichheit to foldwaen; fen it bêd to gean, en to sjen, hwa’t yn ’e kiste laei; mar ho great wier hjar ontsteltenisse, do hja hjar sels dêr lizzen seach! Riboskjende fen skrik skodde hja hjar man oan de earm om ek ’ris to sjen. De man seach nin kiste, seach neat, en sei: “Hwet gridzen binne dat, Reints, yn ’t holste fen de nacht! Kom mar gau wer ûnder de wrine; oars fetteste noch kjeld ta.” Hja gong wer op bêd, mar koe hjar eagen net fen it deafet ôfhâlde, en sa as se dêrop digere, komt der in man mei in read ûnderbaitsje yn ’e keamer, dy in hânfol skroeven fen de skoarstienmantel griep en de kiste taskroefde. Do waerd der in wyt kreamlekken oer it deafet spraet, en de dragers kamen en gongen dêr mei wei. Domenij Poppinga, dy neat fen dat alles seach, lake om de ynbyldingen fen pastoarske. “As de frouljue hwette ûnder de mûtse hawwe, sei er, den is ’t altiten mei fisioenen to rêdden; mar aste yn twa stikken fallen biste, ljea’, den sjochste krekt sa folle as wy allegearre. En dy man mei it reade baitsje is klearebare gekheit. Hwent yn hiel Pitersbjirrum is net ien, dy in read baitsje draegt.” “Nou, ik hoopje it bêste, man, sei hja, “mar it laeit my sa op ’e lea, det dizze wâldreis myn lêste wêze scil.” En dat wier dochs misret, hwent hja hie in flotte, makkelike reis, en krige in skoan grou famke, dat mei in ûre al oan ’e tate laei en dronk det se pûstte. Domenij doopte it Tite, en do hja mei it bern yn it moaije reade kapruft út ’e tsjerke kaem, sei domenij laitsjende: “Dat is nou it reade baitsje, datstou sjoen haste, Reints. En dy deade is ús moaije poppe, dêrste sa greatsk op biste. Nou sjochste, Reints, in dream moat yn de útlizzinge altiten omkeard wirde.”
Maeije dêrop joech ’er him in timmerman to Pitersbjirrum del, dy in read baitsje oan hie, en sa gau krige pastoarske dy man net yn ’t each, ef hja sei: “Dat is nou de eigenste timmerman, dy myn deafet taskroeve hat.” In jier dêrnei wier it wer sa mei hjar. Hja krige in moai boike, dat hja Ipe (Epeus) neamden, mar hja stoar yn ’e kream. Do die domenij alles om it fisioen ta in ljeagen to meitsjen. Foarearst liet er it lyk yn de oare keamer oer ’e ierde sette; mar dat koe net; de pastorijdeaden kamen altyd yn de sliepkeamer to stean, omdet de dragers oars de swaei net mei it fet krije koene. Yn de oare keamer moasten se to koart krieme, en domenij, eft er woe ef net, moast tajaen. Domenij liet de skroeven ek yn ’e finsterbank lizze, mar ien fen de bûrren naem se yn gedachten wei, en lei se op ’e skoarstienmantel del. De timmerman mei it reade baitsje scoe as bûrman it lyk mei drage, en in pear oare de kiste ticht skroeve; mar dy koene der net to goed mei to rjuchte en knoffelen sa lang om, det de timmerman, dy krekt syn read baitsje oan hie, taskeat, de oare skroeven fen de skoarstienmantel naem en de kiste ticht draeide. Domenij woe ek nin wyt kleed oer it fet hawwe; mar ien fen de bûrwiven gong dit sa oan ’t hert, det hja, in amerijke foar det it fet op ’e bier tild waerd, hjar skjinne wite bûsdoek oer de kiste spraette, en sa waerd it lyk opdrein.”
Underwilens dit forteld waerd, wierne der folle, dy hast net sykje koenen fen oandacht; mar oaren glimken der om, en domenij sei neat: de man wier oerstjûr en djip forslein; ek wier er nou fiers to weak en to swak fen geast, om op sokke frjemde dingen troch to tinken. Der wierne jonge wyfkes by, dy fen de stoarje bisauwen. Mar domenij, dy nea forgeat det hy harder fen de kudde wier, sei tsjin hjar: “Dêr hawwe jimme neat mei to parten, sisters. Hwent de iepenbierde dingen binne for de minsken, en de forborgene for God. Jimme binne yn de hân fen God, en dat moat jimme genôch wêze.” Domenijs sweager krong nou hwette tichter oan Gosse; hwent nou er sjoen hie, det dy mear sjen koe as in oar, woe er him jern ’ris oer in en oar útkloarkje. Mar Gosse wier stil en hâldde him yn sa folle as er mei skik koe. “Dy man ken heit al, tofte Gosse, “en hy koe ek licht ’ris útfiskje hwa ’t ik bin. En dat hoeft net. Ik moat meitsje det ik út de reek kom. Hjir bret myn hoanne net.” En dy selde jouns gong er mei in botter nei Amelân, sa er sei, om havergûd fen in strâne skip to keapjen.
Der wierne do in bulte kapteins en silers oan wâl, dy mei bûsenfol jild út east en west thús komd wiernen, en Gosse foun gau syn folk, dy hjar eigen jild en de gounen fen de domenij fen Aldwâlde mei him forswiere woenen. Dat gong der oan ’e hoasbânnen ta yn lâns! Hwet hja sels net opkoenen dêr holpen hjar de ljitskes ta, dy op Amelân rju wierne, en mei in fjirtjin dagen wierne hja der sa skjin troch, det se eltsoar wol op ’e kop sette koenen sûnder det ’er in duit út de bûsen rôlje scoe. De oare moarns pandere it hiele boun nei in Eastynjisk kaptein ta, dy nei Macassar moast, om in hier by him to krijen en sa oan hânjild to kommen. Dat krigen se, mar foar det hja nei de Helder teagen, sei de kaptein, det hy hjar net oan boart hawwe woe, foar det de lêste stûr fortard wier. “Mei folk, sei de kaptein, dy noch in duit to forswieren habbe, kin ik nin lân bisile.” De makkers tommelen sjongende en sûpende yn de miebringer; en Gosse, sûnder frjeonen ef jild, bleau allehiel mistreastich op it strân fen Amelân stean, en seach it skip nei, sa lang er noch in stipke fen ’t seil oan de kimen biëagje koe. De grize joun foel melancholiek del, en goede rie wier nou djûr. Hy koe nearne ûnder tek komme; hwent kredyt hie er net. Hy gong nei in pear ljitskes, dêr er rju mei omslingere hie, eft dy him dy nacht ûnder tek nimme woenen; mar do hja fornamen, det syn dûbeltsjes op wierne, namen se elts in bjizzem en tichelen him sa ongenedich op syn grouwe hûd, det er de knip noch gauwer út rekke as hy der ynkaem. In ljeaf moai fiskersfamke, dy dat seach, krige sa’n meilijen mei him, det hjar de triennen út de eagen spatten. Hja naem him by de hân, en frege flaeijende: “Hwet is ’t, ome?” Hy sei det er nin ûnderkommen hie, en eft er net by hjar heit-en-hjarre yn koe? “Né, ome, sei hja, dat kin net; hwent wy binne mei ús tsjienen; saun broers en sisters en ús heit en mem, en wy hawwe mar in lytse hutte. Mar ik scil jo dochs ûnderbringe.” Nou stoe tichte by Ballum in forlitten hûs, dêr de baes mei de noarder sinne fen útknypt wier, en dat de earme eilâners by nacht en ontiden wol heal ôfsloopt hienen foar det it oan de krediteurs takaem. Dêr laette it famke Gosse hinne, en do hy yn de holle keamer stoe, tute hja him de hân, en sei: “Nacht ome! Nou moat ik gau foart; oars wirdt mem ongerust.”
Dêr stoe Gosse allinne yn ’t neakene hûs; it bigoun to skimerjen, mar hy koe noch sa folle sjen, det de biwenner neat oars bliuwe litten hie as it bêdstrie, en in reap fen it tou dêr er syn plunjes mei pakt hie. Twiske dy twa dingen hie Gosse nou kar; it bêdstrie om ’er dy nachts yn to sliepen, ef de reap om him op to hingjen! Dêr yn ’t tsjuster allinne sûnder tek, sûnder iten, sûnder in swolch wetter, fen God en minsken forlitten; op it lêst mûlk stelle om oan in stik brea en dêrnei oan de giselpeal to kommen. En dat nei al dat fretten, dat bealgjen, en rinkelroaijen mei dronkene silers en it skom fen slepen! “Né, sei Gosse, ljeaver in koart en in goed libben, as in langer libben mei sa’n ellinde.” Hy makke in stroppe fen de reap; probearre forskate reizen eft de strûp goed glide woe, en do dat klear wier gong er mei de stroppe om de hals de treppen op. Dêr sloech er de luts om in spiker oan in dwersbalkje boppe de treppen; mar yn it eigenste eagenblik, det er klear stie, om sa yn it treppenslûk to springen, waerd ’er ûnder roppen: “Hijla! Folk?” Gosse skrikte, makke gau de stroppe wer los, en gong nei ûnderen.
Dêr stoe in man foar him mei in dievelantearne yn ’e hân, dy Gosse yn it eansicht ljochte, om to sjen hwa ’t er wier. “Dêr, sei er tsjin Gosse, dêr hastou de lantearne; den kinste ek ’ris sjen, hwa ’t ik bin. Wy moatte witte, mei hwa ’t wy to dwaen habbe.” Gosse biljochte de man yn ’e troanje, en seach de moaiste jongkeardel foar him stean, dy ’t er ea mette. Greate iepene blauwe eagen, dêr him de suvere, oprjuchte nommelens út to mjitte blonk; foars en ta gelyk frjeonlik fen troanje, en it hiele wêzen ynnimmende; mei ien wird, in gesicht, dêr men fen sizze scoe: “Dat is in man, dy it hert op ’e tonge laeit. Dêr kin ik my mei liif en siele oan oerjaen.” “Hwet dieste dêr boppe?” sei er oan Gosse, do dy him bisjoen hie. “Ik makke my in legerstede klear,” sei Gosse. “Ljeach net! sei de man. Hwent God dêr boppe wit en heart alles, en hy scil syn blaksem op dyn holle slingerje aste ljeachste. Hearste ’t net tongerjen?” It rommele krekt yn ’e kimen, en Gosse foel troch ’e koer en bikende alles. Do bigoun dy man him sa dierbar to kapitteljen, det Gosse sa lyts waerd as in bern, en fen binaudheit net wiste yn hwet gat er krûpe scoe. “God yn dy hege himel! sei Gosse einlinge, Hwerom hab ik my dochs net ophinge?” “Bêst, opperbêst!” sei de man. “Sa moat it just komme, aste frij fen galge en hel scilste. Fen natûre biste in grousom en fordommelik skepsel, en de toorn Gods is op dy; mar dêrom kinste wol sillich wirde.” “Ho den? frege Gosse, “troch goeddwaen?” “O! Lit dy dat foaral net troch de werkheiligen wysmeitsje, andere de man; “alle minskelike deugden binne mar blinkjende sonden, en fen natûre wolste en kinste ek neat oars as God en dyn evenminsken to haetsjen.” “Fen natûre? sei Gosse, “dat bigryp ik net. Binne wy minsken den divels berne?” “Dat scil myn kammeraet dy útlizze, sei de man, en rôp: Wobbe, kom hjir ’ris!” Mei ien kaem ’er in turfskipper yn, dy him dat út de skrift bigoun to forklearjen. Earst praette er oer de erfsonde, en ho elts minskebern yn sonden ontfinsen en berne is. Do, det God eltse minske syn bistimming al jown hat foar det hy to wrâld komt, de iene for it ivige helske fjûr, en de oare for de ivige sillichheit, sûnder jinnige oanmirkinge fen hjar goed- ef kweadwaen. Do fen it borchbloed, en ho de flammen fen Gods wrake dêr yn dweste binne. “Dêr, dêr allinne op, op de genade, sei de turfskipper, dyste dêr troch krigeste, moaste it stean litte. As brochtste dyn hiele libben yn laster en bidroch, yn forgif en bloed troch, dy genade scil dy silligje, en nin macht op ierde ef yn himel scil dy it erfdiel ontskoerre, dat God syn útforkarden troch syn ivich riedbislút yn de himel talein hat.” “Kin it sa?” frege Gosse. “Deugd helpt dy neat, siz ik dy noch ’ris, sei de turfskipper; “it makket dy noch stjonkender, omdet it dy noch greatsker op eigen gerechtigheid makket. Dou biste mar in blok ef stien yn Gods hân, dy dy smyt hwer ’t er dy hawwe wol, en dou haste fen dyn kant neat oars to dwaen, as dyn fordommelikheit to erkennen, dy sels as in monster út to spijen en den wetterbeken fol to skriemen. En dat alles haste ommers folbrocht! Hwer scoeste den langer eang for wêze?” Dat lêste wird noaske Gosse. It wier in salve for syn britsen hert. Dit libben deselde wei lâns út to libjen; net ien fen syn foarige streken to litten; net ien bistaftige tochtme to bitwingen, en nei de dea yn de himel mei de útforkarden oergean! sa woe Gosse wol. Nou hie er wer frede mei ’t libben, en hy tanke de man en de turfskipper, en kniep hjar yn ’e hân as syn sielefrjeonen, dy him út de strik fen de dea ta libben en gelok to bek roppen hiene.

YN ’T WAD TWISKEN HOLWERD EN AMELAN.
Gosse hie nou sielefrede, mar nin bûsjild, en sûnder jild scoe him de frijpas fen de sonde, dy de turfskipper him op de mouwe spjelde, net folle helpe. “Oan hwa, frege Gosse de turfskipper, “oan hwa hab ik dy dierbare treast to tankjen?” “Ik bin Wobbe Lak fen Hauwelerwyk, sei de turfskipper, “ik bin niis mei in weinfol tsjiis oerkomd, om dy hjir op Amelân út to súteljen. Wein en hynzer steane hjir ûnder ’e gelderij.” En ja wol, dêr stie in Kollumersweachster tsjiiswein mei in meagere gûl fen trije goune der foar. De turfskipper gong ’er opsitten, en sei: “Ik ryd mar foarút Keimpe.” “En nou, jy! sei Gosse oan de onbikinde man, “ik hab jo sein hwa ’t ik wier; mei ik nou ek witte, hwa ’t jy binne?” Hiel wol, sei de man, “ik bin in fabrikant út Súdhollân, ûnder de firma fen Pik en Zonen. Mar ik sels hjit Keimpe Jakkeles. Ik hab twa stille compagnons, de iene is debitant yn de Loterij, en de oare is in jeneverstoker; dy leverje my it fabrykfolk, en ik it jild en forstân. Ik hab de administratie. Sa wasket de iene hân de oare. Der is hjir in skip mei pik en swevel strâne, en dat brûk ik folle yn myn fabryk; dêr scil moarn feilinge fen wêze, en dêr woe ’k myn part wol fen habbe as ’t in bytke like. Hjoed bin ik mei in rottich fearskipke fen Holwerd komd; mar do wy healwei wierne, waerd it blêdstil en der roun in felle eb, sa det wy op it lêst om it skip hinnegongen, en wol pierewaije koene. Dêr habbe wy de hiele dei laein to brieden yn ’e gleije sinne en do de floed opkaem, krigen wy noch in tongergeate op ’e kop ta, det ik miende det ús lêste ûre slein wier. Gelokkich binne wy yn skimerjoun noch oan wâl komd; mar nou bin ik ’t paed nei Ballum bjuster rekke, en hjir yn dizze âlde brake by dy to lânne komd. Bliuwstou hjir?” “Ik scil wol moatte, sei Gosse, “ik hab nin duit op ’e bûse, en yn Ballum wol nimmen my sûnder jild ûnder habbe.” “Jild? Praetste fen jild? Jild is neat. Jild kinste yn binlikheit krije, aste my mar in rispiske jowste. Ik bitrou dy wol. Mar dou moaste meitsje detste wer by honk komste; hwent oars is ’er nin jildriedens ein oan. Ho folle wolste habbe?” “Wel, hûndert goune, dêr kin ik wol mei yn Molkwarren komme, en hâlde noch jild oer.” “Dat scoe ’k ek leauwe,” sei Keimpe, en helle in fjûrreade pong út de ûnderbroek, dêr er Gosse tweintich goudene ducaten út tatelde. “Nou in lyts biwyske twiske libjen en stjerren,” sei Keimpe, en joech Gosse út syn memoarjeboek in stikje skjin pompier en in pin. “En nou de inket?” sei Gosse. “Ja, dy hab ik net, sei Keimpe, “mar dat is neat; jow my dyn lofterhân mar ’ris.” Dêr die Keimpe mei in flymskerp pinnemeske in ljeaf lyts pjukje yn, det ’er in dripke twa bloed útkaem, en dêr moast Gosse do mei skriuwe. Gosse waerd in bytke skrutel fen dat bidriuw, en wier der noch net oan ta om syn hân to setten. “Nou, sei Keimpe, “ik scil it dy en my makkelik meitsje. Dou scilste wol gau wer oan jild ta komme, en den moaste al wer kwitansje jaen, en ik hab al wer al dy briefkes to biwarjen. My tochte, dou moaste yn binlikheit sa folle jild mar fen my helje astou nedich haste; dou scilste der nin misbrûk fen meitsje; aste my dy sels den mar ta in generael hypotheek jowste.” “Oan dat hypotheek hat Keimpe net folle,” tochte Gosse, en skreau by ’t ljocht fen de dievelantearne in briefke mei syn eigen bloed, hwerby er syn siel en lichem oan de firma Pik en Zonen to pân sette, om al syn skilden fen de earste duit ta de lêste ôf to dwaen. Sa as Keimpe dat biwiis yn syn memoarjeboek stiek, flikkere de blaksem en boarstte der in ôfgryslike tongerslach as in kanonskot oer hjar hollen út, det de bynten fen de âlde brake der fen kreaken. Der klettere ringen in tongergeate fen greate heilstiennen en reindrippen as tommelidden oer hinne, det hjar hearren en sjen forgong. Gosse waerd ’er bleek fen; mar Keimpe sei hiel bidaerd: “Ik bin hwette skriel by kas”, en mei ien naem er in stikkene pôt, dy noch op in bedsteed stie, en sette him ûnder de goate fen it hûs. Mei in pear minuten sei er tsjin Gosse: “Fantelje de fangst mar op, heite!” Gosse helle de pôt, en seach neat as reinwetter, mar do Keimpe it wetter der ôfgetten hie, seach Gosse, (en hy bisauwe!) det ’er hûndert ducaten op ’e boaijem laeine, dy Keimpe yn syn ûnderbroek stiek. “Dat kinstke scil ’k dy ek leare, sei Keimpe, “mar dou moaste dy allehiel oan my oerjaen. Aste wer to Molkwarren komste, en dou komste yn krapte fen jild, den haste by it earste reinboike it bêste, as de goaten mar rinne wolle, de amer jouns mar ûnder de goatte to setten, en de oare moarns scilste sa folle âlde skeljen op de boaijem fine aste yn binlikheit nedich haste. Mar dou moaste it foarsichtich ôfdruije, krekt as in goatling mei wite beantsjes. Kom nou mei, en bring ús yn it weardshûs to Ballum. Dou wiste de wei.”
Sa gongen dy beiden nei it weardshûs to Ballum, dêr Keimpe noch twaris by gelegenheit fen feilingen thús west hie. Do hja tichte by de doar kamen bigoun it to libjen fen hûnderten katten; hja wipten oer en troch elkoarne; fleagen as wylden Gosse troch de skonken troch; giselen om him hinne; sommigen kladderen by him op en sprongen fen syn skouders wer yn it boun del. Hy wier skjin forlegen en sette it op ’e doar ta sa hird as er koe; mar hwet er mear wraemde, hwet er stilder like to stean, ta er einlik en to lêste de doar ynkaem. “Hwet wjirmsk spil is dat hjir mei dy katten?” frege er oan de kastelein. “Ja, sei de man, “dêr binne wy hjir altiten mei oanhelle as keapman Keimpe hjir komt. Mar dy scille jimme net opfrette.” De turfskipper stie mei de tsjiiswein al foar de doar, dy er jern yn de stâl ride woe, omdet er oars bang wier, det de Amelânders him de tsjiis ontkape scoenen; hwent hja sile dêr krekt sa goed to kaep as to keapfardije. Mar Keimpe sei: “Der is neat to dwaen. For myn rekkening de tsjizen, dy der moarn misse. Lit de wein mar feilich stean.” En mei ien gong er de wein trijeris tsjin de sinne om en om, en eltse reis spriek er in swier wird. “Kom yn, mannen, sei de kastelein. “Kom yn, ik hab in opperbêst soad skylfisk oer it fjûr. Dêr moatte jimme strak mar oer gear. De mage scil jimme wol kitelje.” Wylst hja dêr nei wachtene dronken se in gleske Spaenske bútskipwyn mei in preker fen Hollum, dy hjar in raer gefal forhelle. Hy hie dy deis (it wier krekt snein) yn de formanje to Nes preke, en nei de preek wier er to pearde wer nei hûs riden. Hy wier amper in kertier fen Nes ôf, do him in hear yn ’t swart op in wyt hynzer fen efteren ynried, sa as er nin hynzer op hiele Amelân bikend wier. “Ik wist net hwet dat bitsjutte, sei de preker, en ik sette myn hynzer hwette oan; mar ho snjiddich ik ek ried, de swarte man bleau my altiten op ’e hakken. Ik tochte yn my sels, ik moat witte hwa-s-tou biste, en ik liet myn hynzer stappe. De swarte man kaem my op side, en ik frege hwet er fen syn bigearte wier. Hy andere nin wird, mar joech my in drinkhoarn oer mei silver bislach, en bitsjutte my mei syn gebearden om ’er út to drinken. Ik sette de hoarn sa beare oan de lippen, mar liet it fochte dat ’er yn wier, bihindich by de oare side fen ’t hynzer del rinne, en do seach ik det it allegearre fjûr wier! Ik joech de hoarn oan de swarte man werom, dy dêrop yn in omsjen fordwoun.” “En hwer hâld’ jy dat nou for?” sei Keimpe. “Wel, dat wit ik net, sei de preker. Sjoen en ûnderfoun hab ik ’t. Mar hwet it is, wit ik net. Ik hab hjoed oer de dronkenskip preke, en de gemeinte warskouwe tsjin ’e jenever as in brousel fen de divel. Mûlk woe de helske barnder my dêr for strafje mei my in slok fen syn hjitte koite yn ’e termen to stjûren; mar dêr binne wy to hoedend ta, en ik hab ’er allinne út leard, det jenever floeibar fjûr út de hel is. Hwent it fjûr, dat ik út de hoarn geat, stonk krekt as jenever.”
Nei dat praetke gongen se oan de skylfisk, dy sa út sé komd wier en yn skulpen op tafel stie. De faem garre de ribbelde bientsjes út de koppen, en die se yn hjar knipke ûnder in mannich dûbelstoeren en duiten. “Is dat nou dyn bûsjild, ljea?” frege Keimpe. “Né, keapman, sei se, “dat binne gelokbientsjes. As men dy altiten by yen draecht hat men gelok.” “Krekt, ljea’! sei Gosse, “dy gelokbientsjes helje dy in gnap keardel oan.” “Nou, ja! sei de faem, “it is krekt eft wy ’t bûten jimme net rêdde koene. Dat scoe wol spitich wêze, jimme sloven, det jimme binne! Wel, wel!”—“Wol, ik wit net, ljea’! sei de ljeafdepreker: “it is nou mode, det de manljue frije om de frouljue, mar as wy net by jimme kamen to meiden, den scoene jimme by ús komme to meiden.”
Mei al sokke praetkes scoe ’t op lêst to koai. Keimpe en Gosse scoene sliepe op in opkeammerke, elts op in bêd. Keimpe gong earst by de ljedde op, do Gosse, dy him folge, en bimirk det er mei de iene foet hwette stompele, him frege: “Ho is ’t? Ha je ongemak oan ’e foet?” “Wel, sei Keimpe, “ongemak en ongemak is twa. Mar as bern bin ik ’ris trape fen in hynzer, en dêr hab ik altiten sa hwet in knollefoet fen hâlden.”
Gosse klaeide him út, en gong to bêd. “Ik wit net, sei Keimpe, dat scil ik mar net dwaen. It is sa myld, ik gean mar mei hear en fear op ’e wrine lizzen yn pleats fen der ûnder.” Hy lei in pak pompierkes op ’e tafel del en wipte mei klean en al op bêd. It wier de oare moarns al ier dei for Gosse. It wier brodsk en myld, en dêrby hie de gleije sinne op dat opkeammerke bret, det it wier dêr smoarwaerm, en healwei fjouweren wier Gosse de sliep al bjuster. Do bigoun him syn nije frjeon en dy bloedrige acceptatie troch de holle to winen; hy koe de sliep mar net fetsje. Hy seach fen ’t bêd ôf dat pakje pompierkes op tafel lizzen en tochte: “as de acceptatie dêr ûnder is, scil ik him donderske gau weimoezje.” Sa sein, sa dien. Mei in wip ’er ôf, op ’e teannen nei de tafel ta, mar dat pakje wierne allegearre lotterijbriefkes, meast hierlotten. Keimpe skynde fen nin waermte to witten; hwent hy slepte as in roas, en raspte troch alles hinne, det it keammerke der fen droande. Gosse die de gerdinen sêfkes fen eltsoar om to sjen eft ús maet syn memoarjeboek ek op ’e bêdplanke del lein hie. Mar it wier wol mis. Keimpe hie him op bêd ontklaeid; hy hie it memoarjeboek ûnder it kjessen stitsen en laei der mei de holle op to sliepen. Gosse liet de gerdinen falle; mar do er wer nei bêd gean woe, kipe der in soarte fen bargestirt mei in wjerheak efkes ta de spleet fen de gerdinen út. Hy bikipe dat ding ’ris goed, en ja wol, it wier ’t eintsje fen in stirt mei lytse fearkes fen kleur as tou, en oan de kop ta fol piper. “Hwat moat dat skepsel brânich en jachterich wêze, tochte Gosse, “dy sa ’n stirt oan it gat hingjen hat!” en mei ien bigoun de stirt fen in blauwe gounzer, dy der op kaem, in bytke to kroljen. Hy die de gerdinen noch ’ris hiel, hiel sunich iepen, tilde de wrine hoedend sa fier op, det hy der efkes ûnder digerje koe. En hwet seach hy? Dy knollefoet wier in hynstepoat; it fel fen syn frjeon wier leadblau mei it einefel ’er op, en hjir en dêr in tin ûlefearke. It like folle op in âlde plôke sophoanne, dêr noch lytse poddefearkes oan sitten bleaun wierne. Dêrby kaem ’er in smoarge swevellucht ûnder de wrine wei, dy folle nei rudesalve swime, en dêr Gosse wol fen koarje koe. Gosse liet wrine en gerdinen sêfkes út de hân glide, en sei yn him sels: “Ik hab nôch fen dy rudige lucht; mar dou biste in nuvere ome!” Hy kroep wer ûnder de wrine, en tochte: “Dy bongel hab ik ivich oan de foet, mar ik hab ek jild.” Hy laei pas, ef hy hearde wol tweintich katten âljen, en dêrby fleach dat túch sa heiselik by de ramen op, det hy der wer útstapte om ’ris to sjen, hwet dêr to redden wier? Sa as hy foar ’t finster kaem, wierne de katten wei, krekt eft hja weifage wierne; mar de tsjiiswein stie der noch, en dêrby trije keardels mei in wiif, dy elts in tsjiis yn ’e hânnen hienen, dêr se mei foart woenen, mar net koenen. Hja stienen stôkstil as sâltpilers en liken wol bitsjoend. Gosse net links skodde Keimpe oan de earm, dy wekker waerd en heftich sei: “Hwet is der?” “Wel, strûp jo oan, sei Gosse, en sjen it sels. Hwent it is nin minskewirk.” Keimpe gau de ûnderbroek en hoazzen oan, mar do er dat trijetal dêr by de wein seach, hy as de blits de ljedde del, en mei in swier ein piktou dy trije tsjiiskeapers sûnder jild sok in onwiten pak bruijen om barren tateld, det hja it yn ’e gedachten útmoartten, as tsjeaven dy de lieu yn de bek sjenne, mar nin oar lûd joegen, as dat binaude gepiip, dat immen ôfgiet, as hy in akelige neare dream hat. Hja koenen ek nin fin riere, en it like wol eft hja oan de groun fêstneile wierne. “Ho let is ’t? sei Keimpe; “kin ik noch in reedtsje oer dy rêgen hinne dwaen?” “Dat wit ik net, sei Gosse; “it is fjouwer ûre, en mei in kertier komt de sinne op.” “Den is ’t heech tiid, sei Keimpe, det se los komme.” Mei ien gong er wer trije slaggen om ’e wein hinne, mar nou mei de sinne om, en yn pleats fen trije swiere wirden reauntte er nou trije goede wirden; it tredde en lêste wird wier der amper út, ef de trije tsjeaven lieten de tsjizen falle en stauwen as reek út eltsoar. “Hwet haest makken je? sei Gosse do. “Jy moasten noch mar in rid dien habbe. It koe hjar bêst wachtsje.” “De diker, né! sei Keimpe; Dat scoe to hird oankomme. Hwent hie ’k se foar sinneopgong net onttsjoend den hienen se dêr ivich stean moatten. En sa ek dy by dei bitsjoend binne; as dy foar sinneûndergong net onttsjoend binne, bliuwe se ek ivich oan ien-en-itselde plak fêstneile. Kom, it is noch ier; wy habbe neat to forstriken; wy kinne noch wol in reedtsje op bêd dwaen.” En sa gongen dizze twa wer to koai.
Hja ombieten dy moarns mei hjar fjouweren, Gosse, Keimpe, de turfskipper en de preker. Keimpe song earst in ’salm, en die do in lang gebet. Under it thédrinken bigoun de turfskipper en de preker to dispetearjen oer it gelove, det de lapen ’er nei fleagen. Do it sa fier kaem, det it op lilts wirden ôf wier, sei de preker: “Wy scille hjir mar in spjeldke by stekke. Wy krije dat net yn de liken. Jy scille in bulte wirk hawwe, skipper, om my sâlte baggeler for ferske en in skriemer for in geve tsjiis to forkeapjen. Wy reisgje as de Easterlingen mei in liedsman op in kamiel troch ’e woastine; jy wolle alle pakkaedzje op it lêstbist smite, en ik wol ’er myn poarsje mei fen drage. Jouwes is ’t maklikste; mar mines is ’t binlikst, en as wy thús binne, scille wy sjen hwa ’t gelyk hat.” Do waerd de turfskipper grimmitich. “Praetstou fen maklik? sei er, “dou, dy mei dyn goede wirken bihâlden wirde wolste? It stiet dy moai! Dou strûzeste op dy brede wei, earm minske, dy yn ’t forderf liedt. Mar ik gean yn troch de inge poarte. Ja, wol ing, man! Ing, ing, siz ik dy! It fel scil de útforkarden, dy der troch wrame, noch tsjin de doarstilen fen de hûd strûpe; mar dou, wirkhillige, komste der yn der ivichheit net troch. Hwet sizze jy kastelein?” “Dou moaste der my, as ’t dy bljeaft, bûten litte, Wobbe. Ik bin in Romein. Ik oardielje net oer jimme gelove; ik oardielje oer jimme dwaen; mar dit moat ik dy sizze, det de preker in kinst forstiet, dy ik net kin, en dy ik yn dyn kaliber, keapman, alteas net jamk sjoen hab.” “En hwet is dat den?” frege Wobbe. “Wel, sei de kastelein; “hy hat alles forlern; earst syn wiif, do syn bern, lêsten noch syn jinnichste soan, dêr er koarts alles, hwet er yn de wrâld hie, by opset hat. En nea hab ik him oars as oars sjoen, mar evenredich, altiten evenredich en dimmen. Ho habbe je dat dochs, preker?” “Dat scil ik dy sizze, kastelein, sei de preker; “it geheim is dea-ienfâldich. Aste om dy hinne sjuchste, wiste it ek. Yn hwet steat ik bin ef kom, ik sjen altyd earst op nei de himel, en ik hab dit yn myn eachmerk, det ik hjir bin, wrot en arbeidzje, om dêr hinne to sjen en einlik ek myn ivich honk to finen. Den sjen ik del nei de ierde, en stel my foar eagen it lytse dobke, dat ik deryn mei koartens bislaen scil. Den loaits ik wech-ende-wear yn de wrâld om, en sjen tûzenen en tûzenen om my hinne, dy folle ongelokkiger noch as ik binne. Sa lear ik, hwer al myn soargen eingje moatte, en ho ’n bytke reden ik hab om to kleijen en to gnoarjen.” “Allegearre riddenaesjes, sei Wobbe, fen de natúrlike minske, dy de dingen Gods net bigrypt. Litte wy bidde, det de eagen fen dyn forstân iepene wirde meije, en dêr ta sjonge fen de stieren fen Basan út de twa-en-tweintichste ’salm.” “My tochte, sei de preker, “det de fjouwer earste fersen fen Camphuysens 36ste ’salm jo better passe scoene.” Mei ien droande Wobbe al op fen de stieren fen Basan, en de preker gong wei. Op de ’salm folge noch in lang gebet, dat Keimpe útgalme, mar hwerby Gosse mei forfelinge efter de hoed seach, en dêr waerd dat ombyt mei sletten.
Wylst Keimpe nei de condysjes fen de feilinge fornaem, mocht Gosse, dy wakker nijsgjirrich wier, sa oan de kastelein freegje: “Hwet âld stikken skoudermantelke mei gouden heakken hinget dêr dochs op ús sliepkeammerke?” “Wel, sei de kastelein, “dat is fen ús oarre. Wobbe sei niis fen it felôfstrûpen yn de inge poarte; mar dy hat it nei stien by in wide poarte. It is in frjemde extoarje, dy ’t ik oan syn pleats lit; mar it âld minske woe der wol op stjerre, as se ’t ús forhelle. Hja wenne to Nes en gong alle moarnen, dy God joech, nei de misse. Ienders op in moarn, do hja noch to bêd wier, hearde se it misklokje lieden. Forskrikke forriist it sloof, en seit: “Heare, hear! dêr liedt it klokje al, en ik noch yn de fearren!” Hja tochte noch, det it in ynbyldinge wier; harket noch ’ris skerp; mar ja, it wier sa. It klokje lette wol. As de blits de rokken oer de holle; jak en hoazzen oanstrûpt; de skoen oan; it skoudermantelke om, en do hals oer kop nei tsjerke, dêr se nin inkelde libbene siele yn foun; mar de kearsen stienen op it altar to brânnen en joegen in kwinend triljend ljocht, towyl in sêft orgelmuzyk mei missjongers út de groun like op to kommen. Hja knibbele, en do hja hwet lêzen hie, kamen ’er eindelik forskate minsken deastil yn ’e tsjerke, mar dy al lange tiden wei west hienen. Ek wier der in bûrman ûnder, dy noch nin wike dea west hie, en dy gong flak efter hjar sitten. Kel seach hja om, en sei: “Myn God, bûrman, ho komstou hjir?” “Bûrwiif, andere de geast, “dit is in mis, dy for ús lêzen wirdt, mar net for de libbende. Sjen mar net om, en stean net op foar ’t wy der allegearre út binne. Rep je den sa gau je kinne de doar út; mar pas op, det je de heak fen jou skoudermantelke los habbe, hwent oars binne jy in lyk.” Mei ien kaem in pryster op it altar, dy ek al lang wei west hie, en do dy de misse lêzen hie, stoenen de geasten op en gongen de iene nei de oare mûsstil de tsjerke út. Do de lêste der út gong, wier beppe him as de blits op ’e hakken; mar hja hie de teannen noch net oer ’e drompel ef de doar waerd mei in gryslik misbaer tasmiten, sa det de slippe fen beppe mantel yn ’e doar biflapte, en hja hie siker efteroer slein en de plasse forbrizele as de heak fêst sitten hie. Hja helle de mantel mei alle macht nei hjar ta en krige him ek los, mar mei forlies fen de slippe, dy yn de biknipinge fen de doar sitten bleau.”—“En dêr is dat skoudermantelke noch in reliquie fen! sei Gosse; “as ’t bard is, is ’t wier!”
Keimpe kaem gau werom en helle Gosse op om mei eltsoar nei de feilinge to gean, dy ticht by de séwâl wier. Underweis bigoun Gosse al wer fen dat rispiske to neuljen; dat wynde him al yn ’t liif om, ho mear as er der oer neitochte. “Hwet meije de ljue wol tinke, sei er tsjin Keimpe, “as se in rispis fen my sjenne, dat mei myn bloed skreaun is? Ik scil jo dat straks mei inket wol oerskriuwe.” “Hwerta dy moeite? sei Keimpe, “it bliuwt ommers ûnder ús, en der kinne nea mear oer gean as fjouwer eagen. En hwet kin ’t skele eft in ding mei swarte ef reade inket skreaun is?” “It mei de divel! sei Gosse; “yn alle gefal bin ik dy neat mear skildich as jild, mar bloed hâldt yette hwet mear yn. Né, mynhear Pik en Zonen! al binne jimme Hollânners noch sokke bitoevde feinten, sa lit ik my net forrifelje. En wiste hwet, keapman Keimpe? Aste my dat rispiske op it eagenblik net wer jowste, den scil ik de minsken op ’e forkeapinge ’ris fortelle, hostou der útsjuchste aste nin broek oan haste.” It wier, tink ik, sa hwet healwei tsjienen; hja wiernen yn de neakene dunen, dêr neat to sjen wier as it skaed, dat de gleone sinne efter hjar makke. Do Gosse drige, bearde Keimpe eft hy bang waerd, en helle it memoarjeboek út de bûse, kwanskwys om it rispis to siikjen; mar hy lei it op ’e groun del, en flink rôlle er mei beide hânnen it skaed fen Gosse op, krekt as in reep swart pompier, dat lâns ’e groun laei, fâldde it op yn in lyts bistek; hwent it wier sa tin as in loverke; en sa biteard lei er it yn it memoarjeboek, dat er yn in binnenbûse fen it baitsje stiek. Dêr stie Gosse sûnder skaed! Hy seach wakker sneu, krekt as in jonge, dy de draek ôfknipt is. “En hwet scoe dat nou?” sei er. “Dat scilste daelk wol wys wirde, sei Keimpe; “mar dou krigeste dyn rispis net wer, feint!”
Hja kamen by de feilinge, dy yn ’e iepene loft hâlden waerd; mar it dûrre net lang, ef in boun ondogenske Amelâner jonges krigen Gosse yn ’t each. Hy hearde al efter him: “Sjuch, sjuch! Dy keardel hat nin skaed!” Dêr kaem ek in âlde fekke by, dy tsjin ien fen de jonges sei: “Dat skaed hat er forkoft oan de kweade. Hwent dy docht yn skaed; dat is de prins fen skaed en tsjusternisse.” Gosse hie in bytke nocht oan dy praetkes; hwent hy tofte, as de Amelâners dat leauwe, forsûpe se my noch as in mâl houn yn sé. Dêr kamen al mear jonges by, en hwer’t er hinne wynde, hja folgen him oeral op de hakken mei de rop: “In keardel sûnder skaed!” Gosse, dy bang waerd, det de jonges him allehiel yn ’e maling nimme scoenen, seach op it lêst nin oare útkomste as mids yn ’e heap fen de feilingkeapers to kringen, en dêr to hûshâlden, sa goe’ as er koe, ta it bigoun to jounjen, en it skaed mei it ljocht to neate gong. De preker wier der ek, en hie meilijen mei Gosse, en naem him mei yn in tinte, dy in weard dêr for it jongfolk opslein hie. Dêr bleau er ta de lampe opkaem. Do kommandearre er in flesse wite wyn; mar do de taper him dy brochte, en seach det de lampe nin skaed efter him joech, houdde de man de amme yn fen forbauwerearringe; hy stie sa lang as er woechsen wier stôkstil Gosse oan to gapjen, en sette einlinge de flesse wyn hoedend foar him del; it jild striek er yn in pantsje, dat er heech op in keeft weisette; hwent hy doarste it net yn ’e bûse drage. En om ’t er eang wier, det de kweade mei yn ’t spil wier, doarst hy der ek nimmen in wird fen kikke. Nei de feilinge waerd it op ’t lêst in heale merke; it streamde der brandewyn en bier; de fyoele kaem op ’e lapen, en silers en fammen skotsten dêr, det it klapte. Gosse naem ek in slytke, in moai Amelânner blomke fen achttjin jier, dy om him hinne hinge, as hea om ’e skûte, en dat spil gong opperbêst ta det hja ek foar de fyoele kamen. Der waerd skotst; de kreakeling waerd makke, do yn de rounte, en nimmen hie hwette mirken, as de taper, dy bang waerd, det syn hiele tinte yn de loft fleane scoe. Mar do it oan de Uterske mars takaem, wier it mis. Wylst se foar in lampe, dy yn ’e tinte hinge, op ’e rigele stienen om foarút to marsearjen, dûrre it noch hwette foar de spylman klear wier, en op iens mirken de feinten efter hjar, det de hiele rigele skaed efter him hie, allinne Gosse net; efter Gosse wier ’t ljocht. Op iens gûlden se ’t út: “In keardel sûnder skaed! Mannen, bergje jimme!” Nou wier ’t krekt eft de tinte leech fage waerd; de dounsers spatten út eltsoar as diggelfjûr; de kreupele spylman sprong fen de tafel ôf en briek de hals hast, goeman. Mar der wier nin ien dy mear skonk makke as Gosse faem; dat sloof miende, det hja mei de bare divel oanlein, ja, op syn skirte sitten hie, en it minske fleach yn de dúnen op sa fier as hja lân fine koe. Dêr stie Gosse; hy hie it ryk allinne, mar dat noaske him net, en hy makke, det er ek út it ljocht fen de lampe kaem. Sa as er de tinte útsloep, seach er de preker, dy by de yngong stean bleaun wier, om to sjen ho dat spilke ôfrinne scoe. “Dat is forlegen spil. Dou biste dêr al raer yn ’e lampe roun”, sei de preker. “Skjin forlegen”, sei Gosse. “Ik hie nea tocht, det it skaed ús noch nediger is as brea.” “Ja, sei de preker, “yn sa’n wrâld binne wy. By it ljocht heart hjir skaed, en it ongelok by it gelok. Sûnder skaed en tsjinrampen kin de minske net troch de wrâld komme. Skaed en ongelok meitsje him ta in man, dy oeral achtenearre is.” “Is ’er den nearnze ljocht sûnder skaed? frege Gosse; “dat is in rare biskikkinge.” “Ja, wol, sei de preker, “is ’er ljocht sûnder skaed, en laitsjen sûnder triennen. Mar dat is boppe, net ûnder de sinne.” Keimpe kaem der ek op ta, en romde wakker, det er de bêste percelen pik en swevel for in pryske krige hie. “Mar ik bin wirch, sei er; “litte wy nou nei hûs gean.” En hja gongen wer nei it weardshûs to Ballum, dêr Gosse neat gauwer to dwaen hie as om to meitsjen, det er út it ljocht fen de lampe efter de gerdinen kaem.
Sa gau wierne se de oare moarns net op, ef Gosse moanne Keimpe om syn skaed. “Dou haste my jister moai to fiter hawn, sei er; “gekheit is gekheit; mar det de minske nearne forskine kin, ef hy wirdt for in trewant fen mynhear Rounpoat oansjoen, dat is nin gekheit.” “Nou, sei Keimpe, “dyn skaed scil ik dy wer jaen, aste my swarste, detste nea wer fen it rispis, ef ho ik ’er ûnder de klean útsjen, reppe scilste.” Dizze condysje brocht Gosse wakker yn de knipe; mar omdet hy nou dudelik ûnderfoun hie, det hy sûnder skaed ivich yn de tsjusternisse omstrune moast, die er dy eed. Do rôp Keimpe in âld wyfke, dat dêr wier to kreamheinen, en mei hjar en Gosse sloep er yn de dunen midden yn de gleone sinne. Hy helle it swarte pompier wer út syn memoarjeboek; striek ’er de tearen en knûkels sa hwet út, en lei it krekt op de selde ûre as de foarige moarns, do hy it der ôfkrige hie, efter Gosse del. De âlde kreamheinster, dat in tsjokke moggel fen ’n moeije wier en fen it mylde waer wakker útwazeme, helle hjar finger trijeris troch de hoksen hinne, en striek en lymde it skaed oan de rânnen fen Gosse soalen mei hjar swit fêst. Keimpe bliesde der op en sei: “Klear is ’t!” En, ja wol, Gosse hie syn skaed wer, en wier sa bliid as in ingel, det er wer reisgje koe, hwer ’t er woe. Mar it kaem dochs sa út, Gosse wier nou bikend op Amelân; en ho bikend? As in hekser, in trewant fen de bokkepoat, en hwer ’t er hinne draeide, it wier en bleau dochs “Gosse sûnder skaed”, al hie er den ek syn skaed wer krige. Dêrom ho earder det er fen Amelân ôf wier ho better, en noch dy selde aftermiddeis brochte Keimpe him yn in âld fearskipke, dat nei Holwert gong. Keimpe krige syn sin. Mei Gosse it skaed ôf to nimmen woe er twa miggen yn ien flap fange; hy woe Gosse ôfleare om him ea wer om ’t rispis to moanjen, en him ta gelyk twinge om wer nei hûs to tsjen, en ’t kaem beide sa.
It wier moai waer en flak foar ’t lapke nei de wâl ta. De skipper joech it roer oan de feint, en kroep sels yn ’e roef om in praetke mei Gosse to hawwen. De skipper hie ek al heard fen de keardel sûnder skaed, en nou er seach, det Gosse krekt sa wol skaed hie as hy sels, miende hy det de kweade de eagen fen hiel Amelân dy deis bitsjoend hie, hwent hja swarden der allegearre op, det nimmen dy deis skaed oan Gosse bikenne koe. “Ik wit net, Amelân is myn geboartepleats”, sei de skipper, “mar it is dêr yn der ivichheit net plús. Hja sizze ommers ek, det it mei de namme fen Amelân oremus is.” “Ei! sei Gosse, “en hwet is dat den?” “Dou wiste ommers wol, sei de skipper, hwer it wird Ameland fen dinne komt? Alteas de Amelânners witte it wol; mar hja scille it faek net sizze.” “Ik mei it dochs wol witte?” sei Gosse. “Hiel wol, sei de skipper. “Dou moastte witte, det Harmen koarthakke oan alle eilânnen hjar nammen jown hie, en det hy dy yn syn memoarjeboek oanteikene. Hy hie efter de lêste namme al Amen set, do er to let bimirk, det ’er noch in eilân binoarden Fryslân forgetten wier. Om nou net yn syn memoarjeboek to malkjen sette er after amen it wird land, en dêr ús maet in Amsterdammer fen geboarte is, dy de N op it ein net útspriek, sa kaem fen Amen-land de namme fen Ameland”—Der foer ek in fiskael mei hjar, dy Obbe Ruardi hiette; hy hie foar jierren in bankerot slein, en do fluchtte er nei Vianen, om net mei de sintinsje op de boarst in healûre oan de kaek to pronk to stean[58]. “Dat lit him wol hearre, sei dy fiskael, “mar de reden fen de namme fen Vianen is noch wol sa apokryf.” “Vianen, Vianen? sei Gosse, “hwer laeit dat?” “Der binne twa Vianens, sei de skipper; “ien yn Hollân en ien yn Fryslân, mar fiskael hat, bigryp ik, Vianen yn Hollân op it each.” “Ja, wol, skipper! sei fiskael, Vianen yn Hollân. Nou, dêr kaem yn toalf-hûndert-twa-en-tweintich fen bûten in ezel oan, dy midden yn ’e poarte in greate brodze, in dûbeld miel, falle liet. In mounts, dy krekt út de poarte gean scoe, sei yn ’t Latyn: Fi, Ane! Fy Ezel! en dêr fen hawwe se dy pleats do Vianen neamd. Sa det Amelân en Vianen wol op hjar nammen romje meije.” “Ik winskje jimme wolkom oan wâl, mannen!” sei de skipper; hja stapten út it skip, en gongen yn Holwert op.