DE LAPEKOER FEN GABE-SKROAR. (continued 5)
Reading edition
Nou wier de keap sletten. De neistkommende snein foel it pear al fen de stoel, en yn trije wike wierne se man en wiif. De jonge ljue krigen binnen ’t jier in erfgenamme, dat in flinke jonge wier, dy rjuchtút dijde, en dêr pake noch mâller mei wier as mei syn eigen soan. For in jonge wier it bern wakkere stil en dimmen; mar hy seach as in falk út de eagen, en as heit selskip krige, siet er folle to harkjen, hwet de âlde ljue seinen. De âlde man, dy by syn bern ynwenne, hie it ûnderwiles sa mar hwet matichjes. Sa lang as er him sels drippe koe, koene de bern him noch fele; mar mei de jierren naem er ôf; op it lêst koe er nin slach mear dwaen, en do waerd er alheel in skoveling. De soan wier oars sa slim noch net; mar syn frommis, dêr de greatskens fen hjar faer en moer ynsiet, hie it ljeaver om ’e earmen as yn ’e termen, lyk men seit, en hwet hja mei de rjochterhân forpronke woe hja mei de lofter wer ynskoerre. Mids yn de rijste forkwisting wier se sa earnich en fûl as in foarke. Op in bosk swevelstokken scoe se ôftingje; de boden waerden troch it rib foerre, en it wier hjar to folle det hjar skoanfaer it liif fol iet. Hwet de âld man die om it hjar to goedzjen it koe allegearre net helpe. Alle dagen laei se him to narjen en to hjitfolgjen, om him it hûs sa wers to meitsjen, det hy ’er útgong; mar hy forkroppe alles, goeman. Hwent hy koe nearne hinne, en as er al koe, op syn âlde dei by frjemden, dat wier ek net folle; onwente jowt blierren. En den noch de skande fen syn eigen jinnichste soan, det er him út hûs staet hie! Mar do it frommis dit mislearre, bisike se it op in oar boech, en bigoun hjar man to pleagjen, det dy syn heit forstjitte scoe. Nou sizze de Friezen wol det de bern, dy in stypmoer krije ek in stypfaer krije; mar hjir seach men, det de âlders mei in kwea snoar tagelyk oan hjar soan wol ’ris in kwea sweager krije. De soan, forgetten hwet er oan God en de natûr skildich wier, sei syn heit det er om in oar hinnekommen sjen moast. Dit wird gong de âld man troch yl en swaerd hinne. Hy siet krekt yn it efterkeammerke in netsje for syn bernsbern to bûtsjen; mar hy liet net in prikke út de hânnen sakje en seach stiif tsjin ’e groun, krekt eft er in maling krige hie, dêr syn earme holle fen sûze. Einlik mei in pear skrille eagen opsjende sei er tsjin syn soan: “Hwet wird giet dêr út dyn mûle, Ige? Hear ik ’t goe’? Ik ha dy alles jown dêr ik fyftich jier om switten en bodde ha, en ta dankberheit reageste my it hûs út. Dit is den myn sonde, det ik to folle fen dy hâlden haw; dêrfor wolste dyn âlde heit kastije. Yn Gods namme, lit my net fen honger omkomme. Dou sjuchste, myn foetten wolle my net fier mear drage; jow my yn dit dyn hûs den in lyts oertollich herntsje dêr ik myn koarte tiid rêste mei. Ik freegje om nin plommen bêd, net om it swiete iten fen dyn tafel: in bytsje strie op dizze ûnderlegers, hwet brea en wetter is alles hwet ik dy bidde mei. Op dizze wirden folge in amerij stilte; mar to lêste bigoun de soan wer to sizzen: “Ho scil ik ’t stoalje mei myn wiif? Alle dagen hat sy it mâl fel oan.”—“Hwette?” sei de âlde man, “Kinste dyn wiif net ljeaf habbe sûnder dyn heit to forstjitten? Is it biwiis, det in wiif fen de ljeafde fen hjar man easket, hjir yn gelegen, det hy de stimme fen de natúr en de tankberheit smoaret? Ik scil de hân net twiske bast en beam stekke; mar dit is in tsjoede ljeafde. Lykwol net om my; om dy, om dy sels, myn soan, wêz my genedich! Tink om de segen, dy God oer alle goede bern útspritsen hat; tink om de lôge fen syn flok dy ivich barne scil boppe de holle fen de ondogenske. Ear dyn heit en mem, seit de greate God, den scil it dy goe’ gean yn ’t lân, dat de Heare God dy jown hat. Mar dy hjar fortreaune faer yn ’t grêf stjitte, wé dy ûngelokkigen! Hjar wjirm scil net ophâlde fen stekken ek den net as it fen bûten inkel goud en hearlikheit is.” Dizze wirden troeften ta en brochten de soan frij hwet fen syn stel; mar krekt eft ’er trijedûbel yl om syn hert woechsen wier, kaem er gau wer op de âlde team det it syn wiifs skild wier, mar det syn skoanmoer der ek ûnder roeide, en det hy om frede mei dy beiden to hâlden, graech hawwe woe det syn heit der út gong. “Mar hwer wolste den, frege de âld man, det ik hinne scil? Scille wyldfrjemden de âlde man opnimme, dy’t fen syn eigen soan forstaet is. Sûnder jild, sûnder breawinning, is biddeljen fen dizze ûre ôf myn foarlân, om net fen honger to stjerren.” Wylst er dit sei, dripte him in greate trien by de rimpelige wangen del; mar de soan bleau as in stien. Yn ’t ein wirch fen al dat preekjen en smeekjen, naem de âld man it stokje, dêr er ûnder it gean op line, yn ’e hân en wylst er syn stramme lea oerein skoarre, seach er earmhertich omhégens, kjirmjende yn him sels: “Onhjirmlike sear docht it! Mar, God, forjow it myn bern; hy wit net hwet er docht.” Lykwol foar det er de doar útgong, hie er noch ien forsiik. “De tiid heget; sei er, en ta de winter ha ’k nin hâld. As God my forwiist om dy noch to bilibjen, ha ’k fjûr ef flam om my tsjin ’e kjeld to warjen. Ik bin lask klaeid en myn jas, lyk aste sjuchste, is yn flarden. Jaen my den foar al de nije rokken, dy’t ik dy meitsje litten haw, ien jas fen dines werom; jow my de minste, dyste sels net mear drage wolste.” Ek dit forsiik waerd ôfslein; de snoar grouwde him ta, det se de âlde jassen oan in Jeud forkoft hie. Do bea de âld man for it alderlêste noch, eft er den net ien fen dy twa hynstetekken ha mochte, dy’t yn ’e stâl hongen, en do de soan seach, det er dêr net ôf koe, joech er syn jonkje de knik om der ien fen to heljen. Dit bern wier do tsjien jier âld, mar hy hie it forstân fen ien fen tweintich. Mei de hantsjes gear en greate eagen hie er den syn heit, den wer syn pake, dy earmhertich kriet, oan gappe; mar do syn heit him de knik joech, roun er fluch nei de stâl ta. Dêr helle er in skerp knyfke dat oarreheit him to Ljouwerter merke jown hie, út de bûse, en snei it moaiste tek, dat er fine koe, op eigen manneboet yn twa stikken. Mei dy stikken, yn elts hantsje ien, kaem er wer yn ’e keamer en joech oan pake de iene helt. De âld man, dy miende, det dit it jonkje ynstitsen wier, waerd lilts, spriek nin inkel wird, en smiet it bern mei it stik tek om ’e earen. Dit wier syn soan den einlik ek to bot! Hy biskrobbe it bern, det er mear dien hie as him hjitten wier, en mei dat snijen it hynstetek for pake en him beide bidoarn hie. Mar it bern joech goe’ reden fen syn dwaen. “Ho kin heit sa op my kibje? frege it jonkje. Ik miende det jy pake gau dea hawwe woene, en dêr woe ik jo in hân ta helpe. En tinke jy det dy oare helt fen it tek wei is? Ja, wol! Dy biwarje ik as goud! Dat stik tek scil ik oan heit tsjin de kjeld jaen, as heit ek sa âld ’ris as pake wirden is.”
Dit antwird bûke de hirde siel fen it greatske wiif to pletter, en snei de ûntankbre soan as in flime troch hert en sinen. Hja seagen al it grousomme fen hjar bistean yn en beide, eft se troch it waer slein wierne, knibbelen foar hjar teistere heit del, en beane om forgiffenis. Op dit teiken fen birou sloech de âld man al de ljeafde, dy in faer ea fielde, wer om it herte. “Scoe in heit, sei er, scoe in heit him net erbarmje oer syn bern? De forlerne soan waerd oannomd: scoe ik jimme forstjitte? Dêr is myn hân; alles is forjown, forgetten, útwiske mei dy triennen, dy ’t ’k út jimme eagen biggeljen sjen. En dou, (dit sei er tsjin it lytse jonkje) myn ljeave boi! Soan fen myn soan! Kom yn myn earmen, slaen de hantsjes om myn hals en tútsje dyn pake! Hwent dou biste it wirdich det in Fries dy ljeaf hat. Frjemd bloed krûpt yn dyn ieren; mar dyn hert is lotter, suver Frysk.”
Gabe. Dêr koen’ je wol in moaije preek op meitsje, domenij.
Domenij. Ja, Gabe. En den scoe ik der yn ’e tapassing dit by sizze:—“O âlden! onthâld dizze skiedenis, en spegelje jimme! Wêz wizer as dy goede man, dy ’t him omtklaeide foar det er nei bêd gong. Jimme bern scille jimme achtsje en eare; dit wolle wy hoopje; hwent God en de natúr hjitte it hjar; mar it wiste is om dêr net op to fortrouwjen. Der is neat gelokkiger as ôf to hingjen fen him dy ’t yn de himel wennet; mar dy ’t him ôfhankelik makket fen immen op ierde, wirdt de slaef fen de grillen fen dat wispelturich gûd, dat men minsken neamt.”
Gabe. Dêr seit eltse Fries amen op.
Allegearre. Amen, domenij! Amen!
Nift Jieldouw wier sa weak, det it moed hjar fen it teltsje fen domenij alheel fol komd wier; de triennen stienen hjar yn de eagen. Mar de oare niften houdden mear fen hwette luftichs, en trunen danich by Gabe, det er noch ’ris op ’e proppen moast. “Wel, hwa scoe for sokke tsjeppe fammen as jimme net fortelle wolle? frege Gabe. En o, ljea’, as jimme wisten hwet in moai teltsje ik noch binefter haw! Mar it is ek in nuver teltsje. It bigjint mei in riedsel, en as jimme dat riede, wirdt it aenstons útforteld. Mar as jimme it net riede, den moatte jimme allegearre aenstons to bêd en fjouwer-en-tweintich ûren wachtsje. Dat moatte jimme nou sels witte. Jimme bigripe wol, it kin my nin byt skele.” Hja fregen eft it riedsel ek slim wier. “Slim? sei Gabe, “och hea! In lyts bern kin ’t riede.” Nou, den moast it mar oangean, seinen de fammen. Do joech er hjar it riedsel op: “Hwet gelikens is der twiske in goe’ domenij, en de tonger en de bliksem? Rie, rie, hwet is dat? De iene rette dit, de oare dat; mar om koart to gean, hja wisten ’t allegearre net. “Nou, sei Gabe, den winskje ik jimme allegearre goe’ nacht, en as jimme útslept binne, in tige birie oan ’t moarn-to-joune ta.” Dêrmei gong it selskip út eltsoar: domenij mei syn gasten nei hûs, de niften grinende to bêd, en Pîbomme nei it bûthús om it fé ôf to ljochtsjen. Mar de niften wynde dat riedsel al yn ’e holle om en de nijsgjirgens prike hjar sa fel, det se nin wink yn ’e eagen krigen. Saskemoi, dy’t noch hwet om krúste om de boel op to rêdden, waerd al sa fen de nijsgjirgens pleage, en op it lêst bipraetten de niften hjar om Gabe op it bêd to freegjen hwet er der mei sizze woe. “Ha jimme it sa slim, sloven? sei Gabe. Nou den moat ik ’t ommers mar sizze. In goe’ domenij dy tongert mei syn wirden, bliksemt foarôf mei syn eksimpel. ’n Nacht!”
J. H. H.
DE ALD KIES FEN PIBOMME.
Wy trapen ’ris mei ús trijen op ’e terp om, sei Gabe; ik, master en ús heit, om i’s yn ’t waer to sjen. It dûrre net lang ef dêr kaem in keardel mei in swart bosk hier en in kromme noas, mei in gieleftich jas oan, it paed oer. Dy frege ús eft wy ek âlde kiezzen ef tosken to missen hienen. “Dwane jy der keappenskip yn, hear?” frege ik. “Wel nha!” sei de man, “bhen je mal, bhoertje! Hik bhen gehadmitteerd, mhond-, khies- en thandmeester. Hik trekse hyt zonder phijn.” Ik gappe dalik sa wiid det er it bigjin fen de swolge sjen koe, en do knerste ik op ’e tosken as in âld skiep. Hwent ik hie tosken as in wynhoun. “Heen sterke mhond heb je!” sei de man. Do gappe ús heit. “Daar misshe der drie,” sei de man. “Ja hear, sei ús heit: mar de oare binne goed. Stek ’er de finger mar ’ris yn; weagje it mar ’ris.” “Mhar de bhinne sho swart; de mhoete gepoetst worde.” “O, sei ús heit, ik haw wol ’ris lêzen, det it de moade yn Eastynjes is. Dêrby is myn wiif wol mei my to frede, en as hja stjert den siikje ik noait wer ien, en sels jaen ik ’er net om.” Do spriek er master oan: “Houwe heer, hoe is ’t met je mhond gesteld?” “Och, man! sei master, “myn âld mûle is in wyldernisse. Hjir en dêr stiet in swarte stobbe, en dêr is sa mannich hûndert poun tabak al yn forsmeuld, det ’er nin skoarstien op ’e hele bûrren is, dy fyftich jier oan ien stadiger rikke hat. Mar ik rêd it der mei. Smoke kin ik yet sa goed as foar fyftich jier. It iten lit ik meast tin meitsje, en de breakoarsten lit ik myn bernsbern opite. En dêrby frjeon, ik bin op it lêste skoft: ik hoef net ôf to brekken. It âld gebou scil njunkenlytsen fen sels wol ynfalle.”—En dêrmei winske de man ús goe’ joun, en wy him goêreis. Wy gongen do yn hûs, en sa kaem ús heit fen syn âld kies to forheljen.
Hy sei: “do ik in opslopen jonge wier, hie ik folle lêst fen pine yn ’e mûle. Us oarremem, dy meastal de masters út it hûs keare koe, jeuzele jimmerwei: Bjinroas, heite! Allegearre bjinroas.—Dy lei my roaspûdtsjes fen roggenmoal en blausel op it wang, mar it holp neat. Do lei se my griene sjippe efter de earen: al wer it selde. It biet en lûkte, mar de pine hâldde oan. En ik wier do in rimpen blastich jonge: ik roun dalik mei in opljeapjend sin nei ús brebier, master Keimpe, ta. ’k Hie mar amper de boppedoar iepen, ef ik rôp al: Toe, master! Ik haw dêr in âld kies sitten; skoer dy my ’ris knaphandich út. Wy binne yn ’t hea to skreppen, en dat rottige pjut fen in ding pleaget my mear as de hele ûngetiid.—Eat is makliker sein as dien, heite! sei master Keimpe; wiste wol det minskebrekken sear docht? Ik wol ljeaver frij: ik dwaen ’t net folle.—As jy it weagje, andere ik him, ik weagje it, al scoe ’er de heale kewel mei út.—Do helle master in brekizer út syn tafelslaed, en skoerde my twa kiezzen yn ien hoart út. Dat die my gryslike sear; ik spei se yn myn hân, en sei: O divel, master! dêr haw je my twa yn pleats fen ien útskoerd. Dat is jammer.—Ja! sei master Keimpe, dat in skarlún wier, de goede moat it soms mei de tsjoede ontjilde. Treast dy, heite! As de forkearde der út wier en de kweade wier sitten bleaun, den wier ’t slimmer: den moaste twaris pine útstean.—En mei dy treast reisge ik nei hûs. De pine wier glêd oer, mar ik tochte, dat is ienris, mar noait nin kies wer útlûke litte. For sa ’n moardnerspine woe ’k ljeaver in ûre oan myn hierren hongen hawwe. Lykwol twong my de need tonei yet al ’ris ta dat kwea. Dat scille jimme nou hearre.
Mei trije jier krige ik wer in hol kies oan de oare kant fen de mûle, dy my wer folle pine die. Nou, tochte ik, scil ik my oan ús oarre hâlde. Dy wit for alle mies’lerije rie; dy scil my ek wol helpe. Oarre sei al dalik: Ik haw it dy al sein, Pîbeman. It scil dy net helpe, boi, dat kiesútlûken. It is bjinroas, op en út bjinroas. Dou kinst’ der de faren yet fen krije; faren, siz ik dy, en fliegende jichte.—Ik leaude it minske nou better as de earste kear. Ik wier wiis wirden troch it swiere pynlike leksom fen master Keimpe. Hja teach nou wer mei my to wirk: earst wreau se my it wang mei nofteren flibe; do lei se my hjar roaspûdtsjes op it wang, en woun my de holle yn fette wol; en do joech se my hite mâlke mei hinnekjitte yn, en sa waerd ik den yn de broei set ûnder twa smoarge hynstetekken. It wier freeslik hwet my det âlde minske útstean liet! It swit briek my ta alle hierseinen út, en ik flamme as in flêsktsjettel, en ’t mocht my doch neat bate. Mar as ik it den útgûlde fen pine en binaudheit, den joech se my yette in stik fine koeke om my to treastjen, en as dêr in kromke fen yn de kies kaem, den wier ’t krekt eft der oalje yn ’t fjûr getten waerd, Ik âlle fen pine as in onwennich houn; ik waerd optild fen pine, moat ik jimme sizze. Do lei se my griene sjippe mei fine piper efter de earen, en brea mei yettik op it wang. De holle singere my do dat goed triek, en de pine lichtte; hwent it iene kwea fordreau it oare. Mar it dûrre net lang ef it waerd my efter de earen sa iepen as spek, en dêr waerden lapkes mei rinnend wetter op lein om to heeljen. Mar twa dagen dêrnei krige ik de hals fol gleone pûsten, dat oeribel jokke. Master Keimpe, dy it ek seach, sei det it fen dy skerpe sjippe kaem; mar oarre sei, det it ringfjûr wier, en hja bistriek it mei erfsilver. Mei twa ef trije dagen joech him dat ek wer del, mar dy pine bleau pine. Us oarre kriet der om: hja hie jong by in kindich master wenne; hja koe brânsalve koaitse; roassalve, spjinsalve en skynplasters meitsje; hja koe de kjeld ôfnimme, de hûch lichte en breukwine; hja wier op in snein berne; hja koe knoffelbânnen lizze; hja wier mei in helm to wrâld komd. En dêrby wier se fen it wird! En det se nou hjar Piibke net helpe koe gong yn hjar eare. Nou bigoun se my de pine to bisetten mei de tomme yn ’t krús en nei ûnderen ta. Ik miende det it for in toarntsje lichtte; mar hwet wier it, man? As der in pûst wyn ef swiet gûd yn de kies kaem, den waerd ik gek fen pine. Om koart to gean, oarre rie wier út. Nou kaem der in Ongersman by ús oan de doar, dêr oarre, goe’ sloof, for fjouwer goune gûd fen kofte, dat ysbaerlik stonk. It wier in lyts fleske, dêr ik ytlike drippen fen yn brandewyn geat, om yn de mûle to hâlden: hwent de man woe der op út det ik in libben wjirm yn de kies hie, en dy woe er mei stank fordriuwe. Mar de wjirm kaem net; de Ongersman mei ús fjouwer goune teach foart, mar de pine yn de kies bleau.
Us bûrwiif Tettsje, dy ’t it altiid sa goed mei my miende, spriek my sa oan: Pîbeheite, ik hear fen alleman, detste danich yn de pogge sitste mei dyn kies. Hwerom sprekste my net oan? Haw ik dy net mei in simpel triedtsje reade Keulske side fen in hounemiezel holpen?—Ja, Tettsje-ljea’! sei ik, alle rieders binne nin dieders: mar witte jy rie for my, ik woe om jo en my det ik de lêste wier.—Dêrop sei se: Dou moast’ twa parten pokhout en ien part alún op trije parten brandewyn sette, en hâld dat yn de kies; dat lûkt der de fûlens út.—Ik haw hjar rie folge út frjeonskip. Ik moat jimme sizze, it loek my de mûle by eltsoar as in Harmen-Harkes-par, mar bate koe ik der ek al net by fine, en ik tochte: Moaste pine lije, dou biste it allinne net. Dat treastte my machtich.
Do krige ik rie fen in jiffrou, dy op it slot út-fen-hûs wier, dat in dokters wiif wier. It middel bistie út tredderlei oalje: spykoalje, nieroalje, en oalje fen pjirren. Dat moast ik op de nekke smarre, en den stopkes mei Haerlemmer oalje yn ’e earen: dat wier fjouwer oaljes tagelyk, en net ien fen alle fjouwer holp my. Do kaem ús grouwe smid by my; dy treau my mei in spiker de kies sa fol thélead, det wy it der hast net wer úthelje koene. Us ferver treau der my waeks yn; dat joech lichting, mar de kies wier bidoarn en stonk as in rúskerne, sa det it kliemske waeks der einling ta út stonk. Us timmermans wiif lei my brea mei yettik hjit op it wang; ús skipper treau der my in prûmke mei tar yn. It hert keart my yn ’t liif om as ik der om tink! In klokmakker barnde my de kies út mei in gleon priem, det ’er de reek nei gong. Dat holp earst folle; it dûrre mar fjouwer dagen, do foel der in stik fen de kroane ôf, en de pine kaem werom. Us Minniste preker treau der my in heal krûdnagel yn; dy tynde út, en it foldie. De oare deis om njoggen ûre kaem er al by ús oer de ûnderdoar roppen: Ho is ’t Pibe?—Skoan, domenij! It hat holpen.—Kom, sei er, dêr helje ik de kofje ’ris for tonei. Ik scil nou út to peasjou-fiskjen. Goe’ moarn, Pibe!—En do teach ik mei jimme mem nei Bolswerter merke, mar dêr iet ik wer koeke, en oer wie de nocht. Ik makke det ik thús kaem: ik kroep ûnder de wrine, en ik slepte ridlik op de merkebrandewyn. De oare deis kaem ús seilmakker by ús om nije mounleseilen to mjitten: dy seach my mei myn holle yn de doek sitten, en frege: Ho nou, Pibe? Formerke, heite? Hat de faem to hird oanlitsen? Ef hast’ in stik lead op ’e holle? Dou biste oars noch al fleurich as dy neat skeelt. Toe, lûk de holle ’ris út it helter, man!—Och, man! sei ik, baes, baes! Ik forgean fen pine yn de mûle.—Pine yn de mûle, man? Pine yn de mûle? Dêr wit ik fen to sizzen. Mar ik wit ’er in rie for; dat giet troch, grif troch: dat siz ik dy, Pibe!—Do de man sa praette loek ik de doek oer it kin, en sei: Hwet is dat den, baes?—Ja, sei baes, it hat frij hwet omslach dat middel, mar ik siz it dy, it giet grif troch, glêd yn ienen. Dou moaste in great fjûr oansette fen lindeturf, en gean dêr mei de holle by lizzen, en den moaste in healmingelen kleare jenever by mûltsjefollen foar dat fjûr yn de toet hjit wirde litte en wer útspije: en as it healmingelen leech is, den bistou in genêzen man, dat siz ik dy. De onkosten binne net swiid, mar it hat omslach.—Lit dat hinne bruije! sei ik, en ik de selde jouns yette to wirk. Heit en mem wierne dy deis by de kûper to Bolswert to iten, mar oarre wier der by. Dy noaske dat wirk al net, lykwol woelle se my in kleaun wirk om de holle, en liet de troanje frij, en do oan ’t brieden. Jimme kinne tinke hwet ik útstie midden yn de simmer foar in great fjûr mei in mûlfol-jenever en dat wirk om ’e holle. Mar it slimste wier binefter. Hwent just wier ’k mei it lêste mûltsjefol to wirk, dêr bigoun oarre to roppen: “Pîbe! Pîbe! Bern! Dou biste yn de brân.” Do skoerde en plôkke ik al yn dat wirk om en barnde myn fingers ek al. Mar gelokkich roun ik nei de pomp ta; dêr stoe in ammerfol saedswetter en dêr stiek ik myn rûge holle yn. Dat wier yn ienen út de oun yn it bit. Ik oeffe der fen! It hier wier my fen de kop singd. Ik hie gjin tiid om oan de kies to tinken, mar ik fielde him gau wer do de skrik oer wier, en ik forwinske de seilmakker: mar dat moeide my tonei, hwent de man hie nin skild.
Us domenij, dy ek al gau fen myn ûngelok hearde, kaem de oare deis mei in opstritsen seil nei my ta. Pibe! Pibe! sei de man, Wat ga je maken? Ben je razend, ventje? Je zoudt je zelven ongelukkig maken. Ga naar mijn zwager den dokter; die zal beter raad geven. De oare deis ried domenij mei my nei syn sweager ta. Dy man frege my folle, mar de mûle biseach er my net. Gevatte koude, sei er, Gevatte koude, man! Anders niet. We moeten je aan ’t zweeten helpen.—Switten haw ik genôch, hear, do ik mei dat kleaun wirk om ’e holle by it fjûr laei.—Ja Pibe! sei de dokter, Maar dat was geen natuurlijk zweet. Hy skreau in briefke, dêr ik in drankje op helle by de aptheker, en in dracht kamelleblommen om to drinken as thé. Op oanstean fen domenij reisgen we yette trije wiken nei stêd, mar det it net holp, wier de man net kwea to nimmen: hwent hy wiste net det ik in hol kies hie, en ik doarst it him net sizze, sa bang wier ’k for ’t brekizer. De fjirde wike kaem ’k wer ’ris by ús aptheker. Dy sei: Hoe is ’t, Pibe? Betert ’t ook wat?—Och, né, man! Hwet betterje. Wit’ jy der nin rie for? Hwent dy dokter wit der net fen. Jy moatte witte, ik haw in rottich kies, en dêr hat er my net iendris nei frege.—Och, hor i’s, Pibe! Wij gain ook al zoo feul met sukke dingen om, dat wij binne ook al halve dokters. Gain mar in ’t kamerke: dar hefje ’n glaske mee; dat zal je wel smake.—Hy joech my in lyts pakje krûden; dy moast ik op in koaltsje forbarne, en den in trachter oer de reek hâlde en de tute yn de holle kies sette. It dûrre net lang ef ik waerd dronken en mislik fen dy stjonkene reek. Ik tochte: Heite, dou meiste in heale dokter wêze ef in fjirde part, dou bist’ mines net.
De pine waerd nou sa slim det ik hast sljucht waerd, en det ik alle rie dwaen woe al like se noch sa raer. Do kaem ús bakker by my, dat in echten skarlún wier; dy sei: Dou sitst’ der raer ta, hear ik, Pîbe. Mar, heite, der moatte oare prikken yn ’t wirk. Ik haw in middel dat liket noch raerder as de rie fen de seilmakker; mar it is probatum. Ik siz it dy, der is in oare wei op, en it is in lytse pine. Dêr hast’ tsjien piperkerlen, en aste joun op bêd laeiste, den moaste dy sels yn ’t stompe ein triuwe.—Ik scoe it net dien hawwe as ik goed by myn wé west hie, mar do ’k de jouns yn de waermte kaem, wier ’k gek fen de pine, en ik treau se der ien foar ien yn op. Tink e’ris ho dat my bigoun to barnen en to biten, do dy kerlen dêr bigounen út to weakjen. De bakker kaem net wer, mar de oare moarns ier om fiif ûre kaem ús bûrman by my, dy mei yn de grap siet. Dy sei: Wel nou, Pîbe! Hast’ al lichting? As dit net helpt, moast’ earst in ôfspile fyoelesnare om de hals bine, en den moast’ in bekfol kâld wetter nimme, en gean dêrmei tsjin it fjûr oan lizzen, det it bigjint to sieden.—As ’t flokken do sa yn de moade west hie as nou, den hie ik bigoun to kettermintsjen det de lôge der nei gong; mar ik stiek him de fûst ta, en groude him ta: Skear dy ’er mar út, âlde prûk!
Nou bigoun ik to bigripen, det se my allegearre to fiter hiene; de iene om it jild, en de oare om ’e nocht. Ik slûpte de jouns stil nei master Keimpe ta, en frege him eft er my wer in kies útlûke woe. Dêr scille wy net fen hawwe, sei master. Dou haste do de mûle sa wosken oer dy twa kiezzen, det ik scil der myn hannen net wer oan bikweadigje. Dêr hast twa pilkes; triuw it lytse yn de kies en it greatste yn ’e mage; en den scilste to nacht swiet sliepe. It is moarn merkedei to Ljouwert; dêr stiet Rotarmel foar de Hopsek; dy scil der dy wol ôfhelpe.—Ik die as master sei. Ik slepte de nachts swiet, en ik reisge de oare deis nei stêd. Gabe-heite! hwet wier ik raer yn ’t liif, do ’t ik de stêd ynried. ’t Wier eft se my mei in stik iis by de rêchstring lâns strieken. Dêr siet de man op in meager guds, dat de holle sinke liet, krekt eft it de groun bea om him mar gau yn d’ ivige rêst op to nimmen. Hy sels hie in rôk oan mei gleone knopen en kwasten; in heech hoed, mei in plom der op, op ’e holle. Hy hie in wreed gesicht yn de kop. Ik sei him, det ik in kies misse woe. Wo sitst er? sei er. Dêrre, master! sei ik, en dêrmei loek er in skerp swird út de skie, en sei tsjin ús heit, dy efter my stie: Halt den bursch! Hy stiek my de degen yn de mûle, en ear ik ’er om tocht, staette er my de kies der út, en joech my him oer. Das war ein luder! sei er tsjin my. Sie mir die wurzel! Ein alter kuh hat se gewis nicht ticker. Ik frege him ho folle jild. Drei gulden, wier it andert. Us heit woe krimmenearje, mar ik joech it de man risselút wei. Nou is al dat gepleach en gehún oer. Ik stiek de kies yn ’e bûse, en ik haw him yette biwarre, en dy scil by wolwêzen en gesontheit mei my yn de kiste. Mar yn ’t ein fen ’t jier krigen wy in rekkening fen de dokter: dy moast seisenfyftich stûren hawwe, en de aptheker fjouwer goune en in dûbelke. “Dat dûbelke, sei master, wier for dat glêske mé. Dat is al nuver, Pîbe, hwet je ús forhelle hawwe. Op in oar joun scil ik jimme ’ris hwette forhelje fen in rottich skonk, dy ’t ik foar jierren hawn haw. Goe’ joun jimme!”
E. H.

KWAKSALVER FOR DE HOPSEK TO LJOUWERT.
IT HOLOGRAEF.
Der hat in boer yn Dútsklân west, Dy hie sa ’n skoander houn; In biter út it echte nêst; Hy hjitte Frans, dy houn. Dy hâldde alline by de nacht Oer hûs en hiem en alles wacht. In ychel wier ’t; it wier in aes; Nin minske stie him as syn baes. Bisprekke koe him ek net ien, Nin skoaijer, nin soldaet, Ef hwa ’t mar fen dat wirk forstoe, It holp net, hjar gepraet. Nin bûrman liet er op it erf. Hy tinge dalik nei de nerf, En siet hjar yn it hier Krekt eft ’t in frjemde wier. Nin frjemde pijde ’im iten ta; Al wier ’t ek frikkedil; Frans tocht: “Ik wol der dochs net oan.” Hy eange for in pil. Forrifelje koe men him net, En fluitsjen, flaeijen holp ek net. Dy nei him ta doarst gean Dy snaude er yn de klean. Op ieners wirdt de houn sa stil, Hy sjucht sa slûch, sa sleau. Nou tocht de boer al om de pil, En sei: “Dat divels reau!” In hounedokter tige wiis Dy jowt him oalje yn mei tsjiis, Dryakel, skrabe bokkehoarn— It holp net! Frans dy moast ’er oan. “Dat griist my om myn bêste Frans!” Sa kreunde do de boer, “As ik nou mar syn moardners foun! “Mar dêr ta is nin kans. “De strûper scil him dochs net ha. “In earlik tsjerkhôf komt him ta. “Nin dief kaem hjir myn hiem tonei. “Nou is dy stimper wei.” En om ’t syn Frans sa ’n bêsten wier, Sa hâldde er ek syn wird. Hy draegt him nachts nei ’t tsjerkhôf ta: ’t Bidobjen foel him hird. “Och! tocht’ er, ’t is de neare nacht; “Nin minske hâldt hjir dochs de wacht. “En merkte it ek tonei al ien, “Dat grêf wirdt gau wer grien.” Sa tocht de boer, mar ’t wier wol mis; It wier nin eigen fjild. De opdracht, ja, dy wier goedkeap, Mar ’t leed dat kostte jild. Hwent praet de boer hwet plomp en krom, En liket hy de stedljue dom, Hy is yn ’t sparjen oars nin bloed; Hy stiet syn man den goed. De skoalmonarch giet ier oer ’t hôf, En sjucht al fluch dat stik. “Hwet?” seit er, “iere moarn in grêf? “Dit spil is út de mik. “Né, hjir is modder oan de kloet. “Lit ik dit sitte ûnd’re ’e hoed, “En rop ik hjir pastoar net by, “It wier forhelle op my.” Nou rint er nei de pasterij, En skillet heftich oan. “Ja, tocht er, Master, skilje mar!” Mar master hâldde oan. Do rôp pastoar fen boppen del: “Ho liedt dy skoallebok sa fel? “It is in dondersk lêst! “Men hat hjir noait nin rêst.” ““Net kibje, bêste hear en frjeon! ““It ding is fen gewicht. ““Ik bingelje sa by pastoar ““Foar saunen oars net licht. ““Gau oan de mantel en de bêf! ““Dêr by de mûrre is in grêf: ““Dat is to nacht der komd! ““En ik haw neat fornomd.”” Pastoar smyt gau syn mantel om, En giet ek dalik mei, En sjaggelt op it eagenblik De master efternei. “Nou”, seit er, “Frjeon, it ding is sa; “Lou deadegraver moatt’ wy ha. “Hjir, master, sit hwet yn; “Hjir skûlet kwea fenyn.” Dêr komt Lou loddeman al oan. “Kom, meits dat grêf ’ris op!” ““Bêst, hear! Wacht mar in eagenblik ““Det ik myn ark opskop.”” Hy dolt en wrot, en ta bislút Hy lûkt der Frans by ’t stirtein út. Dêr steane se forheard! Dat spiltsje wier forkeard. Pastoar dy ropt út hals en kiel: “’t Is slimmer as in moart. “God jow, det sokken ketter wirdt “Yn sieden’ oalje smoard. “Siz my, hwa scoe de skild hjir ha?” ““’t Is Frans! Dy hearde oan Michel ta.”” “Kom, helje ’im mei in rin, “Siz mar det ik ’er bin.” Nou, dêr kaem Michelboer al oan: Dit scil hjir nuver gean. Pastoar dy gûlt fen fierren al: “O Michel, dat stiet skean. “Siz my, ho komt dy houn yn ’t gat? “Hwent, Michel, w’rachtich! Wiste hwet? “Bring ik ’t net dalik oan, “Den helje se my moarn.” ““Sêft, sêft, mynhear! Ei wachtsje hwet! ““Dat ding hat, tink ik, tiid. ““It wier in Kristenhoun, mynhear! ““Dy makket jo yet bliid”. “In houn, ek as er alles het, “Dy heart yn wijde ierde net. “Ik siz it dy mar ier: “Michiel! dyn straf wirdt swier.” ““Hwet straf? Dy houn hat jo, mynhear, ““En dy twa, dy dêr stean ““Ek yn syn testemint bitocht. ““Wel, woll’ je yette mear? ““Hwent fiifentweintich goune maet, ““Is fen in houn in gnap legaet. ““For Lou en master elkmes tsjien. ““Wier dat net Kristlik dien?”” “In houn, dy testeminte het? “Dat liigt Michiel!” sei Lou. ““Wel, man, ’t is nei de nije wet, ““En seiste det ’k it flou? ““Nin preester ef nin domenij ““Skreau dêr in ink’le letter by. ““It is in holograef! ““Wier dat for Frans net braef?” “Nou, om’t dy houn sa Kristlik wie, “En hie sa ’n fromme wil, “Sa stopje him mar yn it grêf, “En jimme hâld’ it stil. “It is oars ivich string forbean, “Mar nou moat dat sa gean.” Troch ’t testemint bleau Frans to hôf: Sa roun dit wirk do ôf.
Nei de Neurenborger rimer Grübel. E. H.

PASTOOR BISKROBBET BOER MICHEL.—STIENNEN KLOKKESTOEL.
DE KLUNSKONK FEN US ALD DOMENIJ.
“In klúnskonk! Dat scil jimme nuver yn de earen rôlje; net? En dochs binne der rju ljue, dy der mei troch de wrâld strampelje moatte.” Sa bigoun Gabe op in reinige hjerstjoun yn de hirdsherne to forheljen om in bûrreselskip to formeitsjen. Saskemoi sei: “Net al to mâl, jonge. Heite! heite! dat mûltsje seit wol ’ris hwette, dêr it holtsje wol ’ris om krite moat.”—“Lit him syn feart mar gean;” sei master, “It wird is him bitroud.”
“Us âlde domenij, sei Gabe, wier in feardich keardel, dy in liif hie as in folle sûch, en in holle as in rea’ bûskoal; hânnen as slaeijen, en skonken as skûrstilen. In goed, ynnich goelik man wier it, mar oan syn preekjen koe men hearre, en oan syn noas koe men sjen, det er mear yn de romers[10] as yn de boeken studearre hie. Hy wier mei in ryk boeredochter út it Oldambt kepp’le; in tutte, dy in kroadfol jild hie, en mar in nútsdopfol forstân. Dit minske sea en brette him al hwet hjar eigen mûltsje bijearre, en domenij dronk ’er by al hwet syn mûltsje bijearre. Berntsjes krigen de lju net. Hwet in oar oan it hoarnwiif en de kreamheinster, oan ruften, oan naulebantsjes, oan greate spjelden, oan widzen en koerren, oan bôlen en kofje, oan klontsjes, oan sûkerbakken, oan doopmiel en brandewyn, bistegen, brocht domenij oan de wynkeaper to Frentsjer; net wier, master? Jy wierne do skipper. Gong it net mâl?
Master. O man! Dy wyn, dy ’t ik nei de pasterije tôge ha, dy kin yn jimme mounleïe net, Gabe.
Gabe. Nou, dit dûrre sa ytlike jierren. Dy ljue dy gruzen dêr sa fredich hinne. Pastoarske krige ek in gnap riezel oer de bûk, en dy die neat as tsjanterjen en snuven; mar op it lêst krige domenij foetten as learzens. Men koe nin ankel mear bikenne en de man bigoun sa strompelich to gean! Do frege ik jo yet al, master: “Ho giet dat mei ús domenij? Dy man kriget foetten as hele breaën, en dy gong wirdt sa loom.” Do sei master yette: “Och, jonge! De wynkeaper komt om syn jild.” Is ’t sa net, master?
Master. Dou kinste selsom onthâlde, jonge! Dou wierst’ do oars mar in opslopen jonge; mar it is sa. Dou haste gelyk. ’t Is wierheit.
Gabe. Op in jountiid let komt domenij mei ’t weintsje fen de slotboer thús fen de klassis, en dêr glydt de man út, en biseart him oan de treeft fen de wein, en skramt de hakskine. Dat joech in gejammer! Pastoarske, dy al nei bêd scoe, kaem foar de doar as in sjamme. Skrieme en bâlte nin gebrek. De âld faem mei de lantearne efternei. Domenij laei efteroer op de wiete terp mei de stôk yn de hân, hoed en prûk ôf. De slotboer, slop fen laitsjen, hie wirk om syn jong hynzerke to hâlden. Einling komme der twa fen de bûrren op it lûd ta, en dy tôgje domenij mei folle kreunjen en suchtsjen to bêd. Hja krije in mûltsjefol for de alteraesje, en do se dat út hiene, do snoarke domenij al. “Nacht, pastoarske! Betterskip mei domenij.” “Dankje buren!” Knip, de pasterije ticht, en it ljocht út. “’n Nacht, domenij!” Mar de oare moarns, do domenij wekker waerd, do wier dy skonk sa glei en oerstjûr, det de man fin noch fear reppe koe. De man wier forlegen. “Ien gelok, sei ik do noch, ien gelok, domenij, det de mage net biseard is.” Hy seach my skean oan.
De boerefrouljue rounen al gau to heap. De iene sei, der moat sûpenbrij op mei knikelsblêdden; de oare sei, lynkoeke yn sûpen sean; de tredde, greate beane sean; de fjirde sei, der moat spek op. Masterke (Ja, jy sjenne my oan!) dy woe der wite hounekalmei yn mâlke sean, en dêr hunich yn rierd, oplizze. (Dêr bigoun it hele boun to laitsjen, en masterke waerd read om de troanje.) Us timmerman woe der kalk en tar oplizze om it kwea der út to skoerren. In oar woe der kouwedong op lizze: en einling, Joukeboer woe hawwe det domenij scoe der syn eigen kwea op lizze. “Dat haw ik by ûnderfining,” sei dy âlde goede man do; “der is neat dat in swolm better ta rypjen bringt as dat.” “Altegaar gekheid! sei domenij. Daar zulle wij niet van hebbe. Ik heb in mijn jeugd te Groningen te veul van dat zware kluunbier dronken. Dat gaat iemands altiid na de bienen. Wij zulle ons niet met kwakzalvers ophoude. Wie van de vrinden wil voor mij eens na Bolsward rijde om onze dokter te halen?” “Ik wol graech,” sei Joukom do, en omdet de man âld waerd, dêrom gong ik do mei. Wy hiene sa’n âlden ruter mei dy rottestirt der foar: as men dy oan ’t efterein kaem, den sloech er as in fiterhynst; mar as er ynspand wier, den wier ’t in keuning; den gong er der út as de reek foar de wyn. Nou, man, dêr kamen wy to Bolswert by dy dokter, in swier man, mar sa frjeonlik en plezierich! Do wy him forsochten om by domenij to kommen, “Zo!” sei er, “Zit mijn vriend de klassis al in ’t lijf? Nu, hij is de eerste niet.” Hy pakte ’t ien en oar yn de mantel, en dêrmei foart. Do de dokter by domenij kaem, sei er al gau. “Jongetje, wat heb jelui ’t daar gister diep in laten hangen! Maar dat is gepasseerd. Laat je been eens zien.” Do er dy gleone bonke oanskôge en bitomke sei de man: “Nu, het zal wel schikken.” Mar der moast in ierlitting dalik gebeure; den moast domenij fen binnen skjinmakke wirde; der moasten toalf bloedsûgers oan de skonk lein wirde, en den moast der pappe wirde mei hjouw’ren-groatten-brij. De litting waerd dien; de bloedsûgers waerden oanlein, en wy brochten ús dokter wer nei stêd. Wy namen in drankje mei om dy klassikale onhurichheden op to romjen, en wy kamen mei in pear ûre wer by domenij. Mar dêr wier it lijen geande. Dokter hie haest hawn, en dy sei, as de bloedsûgers der ôffoelen, den moasten se mar weismiten wirde, en domenij moast dy sûchgatten mar bliede litte sa lang as se rounen. Mar do dy dingen der ôffoelen, do sipere dat mar wei. Al oan, al oan bliede: de iene fodde nei de oare fol bloed. En domenij wier sa heislike bang for syn hearlik eintsje libben, en for syn kroadfol jild, en syn pasterij, det hy bigoun lûd to jammerjen: “Och, heere! Ik bloed mij dood.” “Nin need, sei ús bûrwiif Janke; “helje mar gau hwet tonder.” Ja wol! Der waerd in hânfol tonder op lein, mar dat holp net. Do grou pompier; dat spielde der ek al gau wer ôf. Do sei baes timmerman: “Ik scil rie skaffe.” Dy helle boppe út syn timmerhûs in hânfol spinreach. Ek al mis! Joukeboer striek ’er mei in stik fen in stroefe têst oer. Us mem joech him ús stimpheft yn ’e hânnen. Heit jage ús Jelke de finne út, en sei: “Jonge, siikje my gau in mannich ûlefysten.” ““Hwet binne dat for dingen, heit?”” “Och, wist’ net? Fen dy brune dingen, fen dy fordroege poddehûden, dêr fen dat stof útfljocht, as me der op trapet.” Jelke op ’e rin, en wylst dy siket, pielde pastoarske mei alúnwetter. Dêr kaem Jelkeboi oan mei trije ûlefysten yn de hân; hymje as in wynhoun! Us heit teach dalik to wirk en treau dat stof op dy sypnêsten, en it like earst ek det it hwette stie. Mar it woe nin koarste sette, en domenij blette mar foart. Einling komt ús grouwe smid der op ta stoarmjen; dy sei: “Hwet divel, nou? Witte jimme dêr nin rie mei? Ik haw sa mannich hynzer litten; dat binne oare gatten dy wy der yn bruije, en wy kinne se altyt ticht krije! Toe, Gabe, skoer jimme âlde bonte in mannich hierren út ’e stirt, en den moast pastoarske my in mannich fen hjar fynste niddels jaen; den scille wy der gau in ein oan meitsje.” De smid stiek dalik dy fine niddels dwers troch dy sûchgatten, en woun do in hynstehier om de niddels, krekt eft er in hynzer litten hie, en oer wier it blieden. Domenij wier eft er in oar minske wier, en sei tsjin de smid: Het heeft mij wel zeer daan, en het is een peertemiddel, mar jou benne de middelijke redder van mijn leven.” “Dat is neat, domenij; sei de smid, “hwent as dat middel net holpen hie, den hie ik dy nêsten mei in gleon izer taskroeid.” “Wel ijselijk! sei domenij, Wat benne jimme wrede menschen.” Us bûrwiif, de kûperske Aukje, in rimpen sloof, dy kaem der ek op ta, just do dy bloedd’rige flarden to wâl brocht wirde scoenen. Dy bigoun lûd to geijen en to razen: “Heare, domenij! Hwer bliede jy sa fen?” “Ja, buurvrouw, sei domenij, dat komt altemaal van dat zware Gronninger kluunbier, dat ik in mijn jeugd te onmatig bruikt heb. Wacht je voor de onmatigheid!” Dêr liet ik boppe oer hinne falle: “Oan de kleur fen ’t bloed to sjen, scoe men sizze, det er ek wyn mank wier, domenij.” “Waar is de pap, Gabe?” sei domenij. “Hjir, myn frjeon. Dat scil jo goeddwaen. Dy is sa hwet mâlklij.” Wy flapten domenij de pap om de skonk, en winsken de man goenacht.
De oare deis kaem dokter werom, en dy hâldde it roun liif fêst fen laitsjen, do er dy niddels fen de smid sitten seach. Domenij suchtte: “Dat kluunbier! Dat kluunbier!” “En die klassikale en synodale vergaderingen, die doen ook geen goed aan uw been, domeny,” sei dokterom.

DOMENIJ EN SYN RIEDJOWERS NEI DE OPERATIE FEN ’E SMID.
“Dy scille it domenij net wer dwaen, dokter, sei ik; hwent de lêste kear is de domenijs oansein, det it lân nin stûr mear ta dy mieltiden jaen wol, mar det se it út hjar eigen bûse bitelje moatte. Is ’t sa net, domenij?” “Ja, Gabe; snap niet zoo veul. Maar is de pap gaar?” “Krekt ré, domenij. Hjir is er.” Ik lei de pap der op, en winske domenij en dokter it bêste.
Dokter rette domenij om net mear iten to nimmen as er nedich hie, om it libben to hâlden. Moarns mâlkengroat; deis kealflêsk en griente; jouns sûpenbrij: en den moast er oanhâlde mei de pap op de skonk. Domenij folge dy rie. De skonk waerd slank, de noas fetsoenliker, en it liif joech ’im ek yn. Mar as domenij nei de deizen seach, en hy seach dêr dy fette skinken en woarsten, en as er den tochte: “Dêr laeit dat ljeave iten, en it is net for my.” En as er den om syn folle kelder mei wyn tochte, den suchtte de man: “Heare, hwet is it libben sûnder swiet iten en drinken!” Moarns yn it nofteren moast domenij in gleske saedswetter drinke, en as er de pomp kreakjen hearde, dat klonk him yn de earen eft it syn deadklok wier. Lykwol it die him goed. Mar dat libben stoe de man sa min oan, det er sa suchtich en siikkreunich waerd as ien dy ’t op ’e dea siet. Einling sloech it de man heal yn de sinnen. Den byldde er him yn det er in nêstfol ylbijen yn ’e holle hie; den det er in kikkert yn de mage hie; as him it liif oproun fen de winen, den byldde er him yn, det er in izeren pôt yn it liif hie; as it wetter net sjitte woe, den byldde er him yn, det se him in kleaun jern yn ’e bonge tsjoend hiene, en as it den goed roun, den rôp er lûd: “Gaauw, gaauw de haspel, vrouw! Het komt al.” Al dizze franjes praette dokter him út de holle; mar einling troch dat folle papjen en stoven miende de man det syn hele skonk pap wier, en sa weak as bôledaei. Dit koe nin minske him út de sinnen prate. Hy liet de skoenmakker in learen hoas meitsje, en dêr teach er in greate Yslânske hoas oerhinne om dat spiltsje by eltsoar to hâlden; en sa hompele domenij mei de papskonk troch it gea. Pastoarske en dokter hâldden it stil, en it hjitte domenij hie in sear skonk; de man wier oars souner as er yn tsjien jier west hie. Hwent fen to foare wier er poffich en opblaesd, krekt as in bûk kealflêsk, det de slachters mei wyn oppûste om great for it each to lykjen; mar nou wier er sa as er hearde, meager en gesoun. De klúnskonk wier genêzen, mar de papskonk dat wier slimmer; hwent dy kaem út de holle foart. En dy holle! dy holle! Praten holp neat mear, en hie men de gek ’er mei, den waerd er pûr lilts. Einling is domenij der noch al nuver ôfkomd; sa nuver, as it mar koe.
Net fier fen de pasterije laeine twa Kompenijster bysfeinten mei in âld snikke; de âldste hjitte Harke en de jongste Stoffel. Deis rounen se sa hwet mei reap en hanskrobbers om it wirk yn de huzen sa hwet op to nimmen, en den nachts hjar iffentûr to meitsjen, en to kaepjen hwet los en neilfêst wier. By ús bûrman Wâtse mâlktaper, dy ek in slok forkofte, en dêrby in snobwinkeltsje hie, dêr wierne se wakker hiem. Dy earm man hie yn it efterhûs in fet skiep stean. Dat moast ’er de nachts mar oan, tocht’ hjar. Om toalf ûre kroepen se stil út hjar snikke, elts mei in lege sek op de rêch, lyk as sok reau to fjilde tsjocht. In brekizer, in fjurslach, en in eintsje kears mei. Oan it efterhús wier it mis; dêr siet in boam foar de doar. Foare gong it better, mar do se yn it foarhús wierne, do miende Stoffel, dy yette jong en skruten wier, det er gerissel hearde. Hy spatte de doar út, en Harke him efternei; mar dy grypte yn de rin noch gau in great sekfol nuten, dy dêr yn it foarhús stoene. Hja fleagen op it tsjerkhôf; do sei Harke: “Dou bist’ in bangeskiter. Jokket dy de rêch wer? My tinkt, de earste giseling biste yet al goed ôfkomd.” “Dat bytsje bruijen is neat, sei Stoffel, mar dat tichthûs, dat tichthûs!” “Nou, wiste hwet? sei Harke, “ik leau net det se ús fornomd hawwe. Dêr heste myn sek. Deel dou dy nuten dêr yn de bjintsjekou: dêr scil nin minske dy bitrappe, en as ik it skiep krij, den scille wy it dêr deije. Den kin nin minske bloed fine.” Harke teach wer op ’e strún en Stoffel gong op de bonken fen ús foarâlders om de nuten to parten. Den naem er in hantsjefol út de sek, en dy die er yn syn eigen sek, en den in hânfol yn Harkes. En den sei er yn de gedachten wei: “Dat binne mines, en dat binne dines,” en dat lûd op. Domenij, dy folle laei to mimerjen oer syn kwael, dy koe dy nachts net sliepe. Dy hompelt op ’e kruk fen it bêd, en docht it finster iepen om yn it waer to sjen. Do er dêr in bytsje sitten hie, do hearde er dat gerottel fen dy nuten, en dêr by: “Dat binne mines, en dat binne dines.” It wier in stille nacht. Him tochte it wier op de bjintsjekou, lyk as it ek wier. Nou wier der in boekje útkomd fen in domenij hjir net fier fen dinne; dêr stoe yn biskreaun, det de wrâld yn dat selde jier forgean scoe. Us goede domenij makket him dêr sa eang oer, det hy seit tsjin pastoarske: “Roep gaauw meester. Zeg dat die hier dadelyk koomt.” Master wier just út iten west, en mar heal út de klean; dy tsjocht fluch de rôk wer oan, en dy nei domenij ta. “Hwet is ’t nou wer?” seine jy do, Master; “Ik bin noch bang, det domenij de holle trochrinne scil.” Hwent de man wier noartich: is ’t net sa, master?” “Ja, sei master Harke; Mar, heite, ik hie my oars foarnomd, om it oan nin minske to forheljen as oan dy, en detste it der nou sa mar útflapste, dat is net from en earlik fen dy. Mar dou haste it nou sa fier brocht, it moat der nou mar út.”
“Nou, frjeonen, sei master Harke do, “ik kaem dêr by domenij, lyk as Gabe wol forteld hat, noartich en ongemaklik. Hwent dat wier mar alle klapsketen, det se my dêr hellen om rie. Dêr siet domenij mei syn skonk biwoelle, de reade japon oan, en de wite sljipmûtse op. De kruk stoe nêst him. Mei in ophef rôp er my ta: “Meester! Meester! De groote dag breekt aan. Ik ben stellig overtuigd dat mijn collega waarheid zegt in zijn boekske. Nog dezen nacht zal de wereld vergaan. De dooden verdeelen reeds hunne beenderen in het knekelhuis. Ik heb het duidelijk gehoord. Wees zoo goed en draag mij naar den grietman. Mijnheer is mijn oudste en beste vriend; ik moet, ik wil eerst afscheid van hem nemen.” Ik stie earst al hwette biteutere, en ik tochte, dit rint mis mei domenij; mar ik hie den wol ’ris sizzen heard fen dokter, det as it net útscriptis mâl wier, den moast er syn sin mar ha. Pastoarske skriemde en dy joech domenij for de soarch in wyt tekken om de rêch for de kjeld; en sa naem ik domenij oer it skouder, eft it in nofter kealleboltsje wier, en teach rjuchtút mei him nei de grytman ta oer it tsjerkhôf hinne. Mar dêr komme wy by de bjintsjekou lâns, dêr Stoffel mei syn nuten siet, en do dy dêr ien oantôgjen kommen seach mei in wyt ding oer de nekke, do rôp dy al: “Biste dêr al, Harke, mei de bút? Ik haw it mês al klear.” “Nu geldt het mijn leven!” sei domenij, en ik, om’t myn namme neamd waerd, wier sa bisouwe eft ik yn de groun weisonk, en ik liet domenij falle. Mar hy wier gauwer wer by pastoarske as ik, kin ik jimme sizze. Frjeonen! hwet roun dy man! Yn nin tsjien jier hie er sa roun. Hy fleach pastoarske om de hals. “Oude! rôp er lûd út. Wat was dat een ontmoeting!”—“Maar waar is de kruk?” sei pastoarske.—“Dat weet ik niet, sei domenij. Maar nu ondervind ik de waarheid van het gezegde van ons kreupele Gabe: Jins skonk scil hird wirde, as jins holle soun is.”—Wy sloegen in Franskman de mûtse ôf, en dronken en praetten oan fjouwer ûre ta. Pastoarske snúfde hjar greate doaze leech, en wy gongen nei bêd, bliid det domenij syn skonk wer hird wier.” En do hie master dien.
“Wel, ho gong dat do tonei, Gabe?” sei ien fen de bûrren. “Wel, sei Gabe, dat gong sa. Domenij libbe op de âlde foet foart. Hy die nin minske kwea. Hwet er oer hie joech er graech oan in earm minske. Hy preke net oer waer en wyn, mar gong syn âld paed lâns. As er de tekst ôflêzen hie, den joech elts him del. De gemeinte tochte: Wy witte nou hwet for wei wy op moatte; lit ús dy wei maklik opnimme. Hja slepten hjar sillich, dy fromme ljue. En as domenij syn skonk oerstjûr waerd, den seine de ljue: Hy hat it poatsje wer. “En hwer bidarren Stoffel en Harke, Gabe?” Dy krigen elts, yn pleats fen in boutsje skjipflesk fen Wâtse, in waerm poarsje rizenbrij fen master Durk to Ljouwert.
E. H.
Hjir is noch in teltsje. Ho dat der by komt wit ik net, mar it siet der oanspjelde.
Der wier in keuning, dy ’t in reis oer sé die, en in Persiaenske slavejonge meinaem, dy neat oars sjoen hie as it sân fen syn woastinen. Mei it earste slingerjen fen it skip bigoun de jonge to triljen as in poarsk, op it lêst to gûlen en to moartsjen krekt eft er stjerre scoe; en dat al oan en oan, det de keuning skjin syn nocht krige. Do frege de dokter fen de keuning eft er der ’ris mei riede mocht. “Ja,” sei de keuning, “gean jou gong mar.” Do liet de dokter dy slavejonge mei in boat en twa silers útsette, dy him hals oer kop yn sé bruiden en wer by de hierren opskoerden; en do se dat sa ’n tweintichris dien hiene, triuwden se him nei ’t roer ta, dêr er as in kat by op kladdere; en sa skrabe er oer it dek hinne wer yn de kajút. Hjir kroep de jonge yn in herntsje wei, en men hearde kik noch mik fen him. De keuning, dy dat wol sinnige, frege, hwet kinst dêr nou oan wier? “Dêr sit dizze kinst yn,” sei de dokter, “det de jonge net wiste hwet forsûpen wier; nou fielt er ho noflik en feilich it oan boart is”.
J. H. H.
HIDDE EN ALMANSA.
BALLADE.
1217.
Hidde wier nei Lisbon tein Om de Moar to reagjen. Goud ef silver woe er net, Mar de hill’ge himelwet Fen syn Hear fordeegje. Iv’ge flok oer Mahomet Bea er yn elts moarngebet! Mei it krús op helm en skild Fleach er oer de mûrren. Mannich Moar foel yn syn swird, En de dea dy meande hird Under ’t fjochten, skoerren. ’t Kristenfolk woun ’t ta bislút, En de Moarman moast ’er út. Ear en bút, oerwinners lean, Krigen nou de Friezen. O! de Moar dy hâldde neat. Lân en jild en hege steat Moast hy hjir forlieze. Jonge fammen noch dêrby Moast hy jaen yn slavernij. Hidde krige ’er ien fen mei, ’t Púkje út de riken. Tsjep, en edel fen geslacht, Klaeid yn keuninglike pracht, Woe s’ in prins net wike. Hidde brûkte hjar for faem, En hja tsjinne ’im as in laem. Mar ús sillichmeitsjers wet Woe sa ’n twang net lije. “Frijheit, rôp de keuning út, “Kristenen, for minskebút! “Oars scil God ús krije.” Dêrmei elts syn faem weidreau, Mar allinne Hiddes bleau. “Moaije ridder, sei de faem, “Wol my net forstjitte. “Fier fen âlders, ticht by jy, “Yn jins swiete slavernij “Wol ’k myn libben litte. “Lichemsfrijheit helpt my net: “Finzen giet mei jo myn hert.” Ho, Almansa! Is ’t dy earnst? Scoest’ dyn fyant minne? Dat moai flaeijen stean ik net. Njirren krôlje ier en let Dêr de blomkes binne. Gean nei heit-en-memmes ta, My, leas famke, scilst’ net ha. “God stjûr al dat kwea oer my “Dat ik jo tawinskje. “Swiete fyant! do myn each “Friezen yn dit Lisbon seach, “Wier ’k in lokkich minske. “Mei ús pleats hien’ j’ ek myn hert; “Fier den mei hwet jo taheart.” Jonge blom, kom, skriem net mear. Frijers kinst’ nôch krije. Eltse Spanjert flamm’t op dy, Sjongt de swietste melodij Om dyn hân to winnen. Friezen binne stymsk en stil, Spanjerts bûge nei dyn wil. “Spanjert is jeloersk en falsk; “Dêr mei ’k net fen hearre. “Jy allinne ha myn hert; “Jow my oan in Spanjert net; “Ljeaver woe ik stjerre. “Lokkich sit dat wiif ’er ta, “Dat sa’n dapp’re Fries mei ha.” Skande, skande oer de man Dy ’t in faem woe stelle. Né, sa ’n frouljuedieverij Stiet de frije Fries net frij. “’n Faem, scill’ jy net stelle, “Sei hja, ’k klaei m’ yn manljuesklean, “En as feint scil ’k mei jo gean.” Goud en silver haw ik net; Hwer scoe ’k dy fen fiede? Mei in hearefeint to fjild, Faem, to reisgjen kostet jild. Dêr kin ’k net for riede. Moed en stiel is al de skat Dy ’t ik ha fen ’t nidich lot. “Nommele kaptein, dat ’s neat; “Lit my dêr for riede. “Fier in hege banjersteat, “En al binn’ jy earm en bleat, “Ik scil jo wol fiede. “Honderttûzen goune jild “Ha ’k bidobbe dêr yn ’t fjild. Faem! de stoere reis op sé Scoe dy rouwen leare. Stoarm en klip en tongerfleach Tape triennen út dyn each. “Lit de sé mar beare, “Sei hja, dea mei jo is swiet, “Bûten jo is ’t al fortriet.” ’t Hege wird sit tsjin myn kiel. Moaije, ik moat it sprekke. In ljeaf breid yn ’t Fryske lân Hat al lang myn hert en hân. Scoe ’k myn trou den brekke? Spanjes goud en ’t Moarske swird Troaije my net fen myn wird. “O, ho sillich is de faem, “Dy ’t sa ’n frjeon mei krije! “God joech hjar syn heechste sein. “Hjir nimt myn getrún in ein, “En bigjint myn lijen. “Och, forjow myn kwea oansiik! “Ljeafde wier ’t dy ’t yn my spriek.” “Siz fen my jins breid goe’n dei; “Bring hjar dizze kanten; “Dit swier keatting fen fyn goud, “Dêr ús mem noch is yn troud, “Dizze dyamanten, “Lit se sierje jins swiethert: “My forlitt’ne stean se net. “Ik swar ljeafde en manljue ôf. “Jouwes mei ’k net wêze. “Yn in kleaster slûp ik wei, “En ik slyt myn libbensdei “Om ’t gebet to lêzen. “Leau det ien ynfieren bea “Dêr yn dûrret ta myn dea; “Bea, o ridder, for jou min, “For jins breid en ljuwe. “Swij hjar hwet Almansa die! “Swij hjar ivich ’t onbiskie, “Dat hja woe bidriuwe.” Hidde spriek (syn moed waerd fol) “O dou—ed’le faem!—farwol.”
J. H. H.
Dit rjimke laei ûnder in restje skroarsmjitten. Der wierne in hele boel snipperkes by, dêr Gabe hwette op kwattele hie; mar ik kin ’t allegearre net lêze, sa droevige fyn is ’t skreaun. Hwer ’t er dat allegearre weiskrabe hat, wit ik net. Hjir is ’er in bytsje fen: foldocht it hwet, der binne noch wol twahûndert sokke flardkes.
SNIPPERKES.
* In from man bea fen âlds: “o God! ha meilijen mei de godleazen. De fromme ljue ha je genôch bitocht mei hjar deuchdsom to meitsjen.”
* “Dy gelearde man, hwet is hy stikelich! Dy rike man, hwet is hy dwers! hwet is hy deun njunken de earme!” Nou, siz hjar den: Dou biste in bij sûnder hunich. Wolste nin hunich jaen, stek den ek net mei dyn angel.
* “Sjuch my dat folk ’ris! In bytsje lyn noch lyts, dom, earm, forgetten, en nou alle man oer ’e holle. Dy poddehoeden!” Treast dy, fromme siel! Lit de dyamant yn de dong falle, it bliuwt in edele, djûre stien. Lit in twjirre wyn it smoarge stof fen ’e strjitten nei it swerk optouwerje! it bliuwt stof, en hâldt syn lege forachtlike komôf.
* Ik foun in pauwefear yn ús memme bibel. “Feintsje, sei ik, dizze wenje is fier boppe dyn steat.” “Sêft in bytsje, andere de fear; in gnap jongfeint, dy’t aerdich is, fynt nin hân, dy’t him út de doar stjit. Ljeaflik is fen adel.”
* Dy him ôfjowt mei dogeneaten sjucht nin goede dingen. In ingel út de himel, dy mei in divel forkearde, scoe einling syn húnjen, syn nocht oan onnocht, syn falske knepen, oernimme. Deuchd! nea learste hwette goeds fen minne ljue. De wolf is ’t net to dwaen om de hûd to touwjen, mar to forskoerren.
* Wêz’ sa fûl net, det de ljue dy skouderje, en sa goelik net, det se mei dy weirinne. In skieppeherder frege syn heit om in spreukje. “Jonge! sei de âld man, mei goedens scilst’ it fier bringe; mar lit de skerptoskige wolf de baes net spylje.”
* Hja fregen in âld man hwerom ’t er net troude. “Ik haw nin sin oan in âlde fekke,” sei er. “Nou, seinen se, siikje den in jong wiif. Jy binne ommers ryk.” Mar dêr andere hy dit op: “As ik, dy ’t in âld man bin, nin sin oan in âld wiif ha, ho kin den in jongfaem ljeafde for my hawwe, dy’t in âld man bin?”
* In gek hie it wakkere drok mei in ezel, dy ’t er it a-bie leare woe. In wiis man seach it, en sei tsjin him: “Dat is forkeard, boi! In beest kin fen dy nin sprekken leare, mar lear dou swijen fen it beest.”
* Trou him net, dy gappet fen honger, en syn gebet by God forjit, as hy iten kriget. Dy syn plicht net telt njunken God, dy boppe him is, fynt der nin bien yn om syn evenminske to misdwaen, dy gelyk mei him stiet.
* Hâld it kwea en fortriet fen oaren for dy sels. O nachtegael! bring dou de tynge fen it ljeave foarjier, en lit de ûl it ûngelok fortelle.
* Ik seach in rykmans soan by it grêf fen syn heit twistjen mei in earm mans soan. “Sjuch, sei er oan de earme, hwet rêst ús heit dêr ûnder in moaije greate grêfstien, en dyn heit, fij man! dy laeit dêr ûnder hwet skovele klinkerts, dêr in mannich teisterkes trochwaechse.” “Wier is it, andere de earme feint, lyk as je sizze. Mar foar ’t jins heit him ûnder dy swiere stien weiwrot, is mines al lang opwjukkele en yn ’e himel flein. Neat fitere him oan in ierdryk, dat him twong om ivich to bodzjen, en earmoede ta lean joech. En dy yn hege steat libje, hwet scil it hjar sûr falle yn oerfloed en eare fen sa’n hearlike wrâld to skieden. De slaef, dy syn boeijen ôfskoddet, is lokkiger as de prins, dy se finzen nimme.”
* In hillich minske drôge eren, en seach in keuning yn ’e himel, en in wysgear yn ’e hel. “Ho is dat komd, rôp er gysten, det dy sa forhege, en dy sa forstaet is? Dat moast oarsom wêze!” Do kaem dizze stimme út ’e wolken: “De keuning krige de himel omdet hy de deuchdsommen heech sette, en de wysgear sonk yn de hel, om ’t er him mei de ljue fen de keuning ôfjoech.”
* O keuningen, harkje nei myn rie! Der is nin moaijer, nin wizer yn al jimme brieven as dizze: “De wizen binne de pronk fen it keuningryk, en de deuchdsomme de rom fen de godstsjinst. De keuningen hawwe it selskip fen de wizen mear nedich, as de wizen it selskip fen de keuningen.”
* In ûngelokkich heit hie in deuchdsom soan, dy ’t ier stoar. De stienhouwer frege him: “Hwet skriftuerpleats moat ik op syn grêfstien bikje?” Do spriek de heit: “It wird fen God is to hillich om ’t op stiennen to bikjen, dêr waer en wyn it útfaget, dêr minskefoetten der op traepje, en dêr de hounen it bismoarkje. Wolste lykwol hwet hawwe, bikje der dizze wirden op: “Ik spriik, Och! ho swiet, ho streeljend wier myn hert it blide grien fen dyn libben, dat nou yn de tún forsoarre laeit!—De deade andert: Heit! ha geduld ta ’t foarjier, as de roas wer út it môg’le stof opsjit, en op myn boarst stiet to pronkjen.”
J. H. H.
OAN IN BERNTSJE YN DE OARE WRALD.
Byld fen myn hûs en myn herte! Bern fen myn siel en myn sinnen! Wêzen fol ljeafde en fol nocht! Neame, o! doar ik dy nimmer, Mar binnen hjir yn it herte Dêr stiet dyn namme biskreaun. Lakest’ my frjeonlikjes oan Mei glûpige freegjende eagen, Gods ingel lake my ta. Sietste my jouns op ’e skirte En streak’ne dyn hantsjes myn wangen, Oer wier de soarch fen de dei. Leiste jouns ier sa to sliepen, Mei ûnskilds waes oer dyn troanje, Roazen bloeiden sa net. Twiske de sliep en it weitsjen Tyspele yet foar myn sinnen Inerlyk, berntsje, dyn byld. Twisken it ljochten en tsjuster Wekken dyn flaeijende lûdtsjes Ljeaflikjes my út de sliep. Triennen forrinne en fordroegje, Mar wounen yn memmeherten Helet de ivichheit mar. Tiden en minsken forgeane, Mar libjend’ stiet foar myn siele Ivich en ivich dyn byld.
E. H.
SKIPPERS-SANKJE.
Forjit my net as bolle wyntsjes waeije, En ik oan ’t roer myn sankje sjong; As kroeze weagen ’t glêdde skip omaeije; Forjit my net. Forjit my net as millioenen stjerren, En ’t frjeonlik moantsje my biskynt; En dou swiet droam’ hast yn ’e sêfte fearren; Forjit my net. Forjit my net as wrede touwerfleagen My slingerje dêr God it wol. As ik ompolskje mei de dead foar eagen Forjit my net. Forjit my net, as wreed de stoarmen bylje, En ’t libben hinget oan in tried; As wy forslein oan ’t needtou ride en fylje; Forjit my net. Forjit my net as swarte tommelweagen Oertruzelje it warleas skip, En alle eleminten tsjin ús teagen; Forjit my net. Forjit my net as w’ einling yet forsinke, En teare yn ’e djippe sé: Wol den mei triennen om my tinke; Forjit my net.
E. H.

REQUEST.
Jow, keuning, oan forbûke minsken, Oan breid en fryster dochs de freed’! Lit ús ús ljeave skutters patsje: Wy hawwe boaske en sitte yn need. Hwent is der hjir ef dêr in merke, De spylman saget om ’e nocht; Net ien dy ús to dounsjen freget, Net ien springt mei ús yn ’e bocht. Hwet hawwe wy in moaije winter! En as de diken is it iis; Wy fleane ’er oer as winterfûgels, Mar sûnder skutters. Is ’t nin griis? ’t Is wier, jy litt’ se útfenhûzje; Mar, och, wy sjen dy maets net oan. In djakensrôk mei gleone knopen! En poepeskoen mei spikers oan! In bollefel sit op hjar rêch boun: Dêr sit in blikken thébos op. En om ’e hals, yn pleats fen doeken, In learen ding, it hjit in strop. Ho heislik is hjar toet biwoechsen! ’t Is eft ’t in âlde tarkwast is: En wol men hjar ’ris ljordrich tútsje Men rekket noait dat kramtried mis. De iene hompelt op syn blierren, En klaget oer de hirde wei, En bringt ynpleats fen Dimterkoeke In koarste knersich mikk’brea mei. Dy bringt in himdfol hippentrippen; De grize rint ús oer de grou! Hwet stjonke se fen ’t plaggestoken! In neare wallem giet hjar ou. In tredde skarlt op Keulske redens, Dêr opkoft yn dat heidelân: Mar is dat poepe-ark hwet roastich, ’t Gewear dat blinkt dochs as de brân. Mar, och, wy meij’ dat ding net lije: Dat moardzjen, o! dat griist ús sa. Och! teagen se mei sein’ en kanne Mar nei de lege mieden ta. En as wy ’ris in oansit hâlde, En komt it op ’e bûse oan, Den moatte wy de gearjeft meitsje: Hja ha forkearde broeken oan. Mar heart men den dy feinten praten Fen fammen dêr yn hjar kertier, O né! dy meij’ se net oan rûke. Wy leauwe it wol! Hja binne tier!! Wy kenne ek wol manljue, keuning; Leau dat de Fryske fammen mar. Mar hawwe wy hjar op ’e skirte, Den hawwe se mar ienris kar. Dêrom wol dochs in bytsje tajaen; Och, keuning, keuning, jow ús freed’! Jy scille tûzen tútsjes hawwe: Help mar ús skutters út de need.
Lisk Doekeledr Rjimkema.
Ut namme fen alle Fryske fammen, dy skutters yn ’t fjild hawwe.
E. Halbertsma.
IT ALDERSHUS.
Hwer libbet in minske loksillich? Hwer libbet in minske mei nju? Yn ’t âlde âlderlik hússté, Dêr libbet, dêr hoalet er willich, Dêr hat er sa’n wille, sa’n nju. ’t Neitinsen fen bernefornoegen Fen âlders hjar ljeafde en trou, Fen koestringe by de gloede, Dat jowt in ynfieren forhûgen Oan it Halbertsmas-nêst fen Grou. Kom, treftige boikes fen Hidde, Fen Hidde, fen Hidde en Rjurtk! Lit ús for ’t âlderhûs bidde, En tsjûge hwet it bitsjut, Det Hiddes âlde klûs Is ’t echte Fryske hûs.
E. Halbertsma.
TOEVOEGSEL OP DE LAPEKOER van 1829
voor de goede vrienden van den uitgever.
Friezen, waarde landgenoten!
Onfangt met genegenheid deze zwakke pogingen van mij en mijnen broeder Eeltsje Halbertsma om uwe schone taal enigen hoe flaauwen luister bij te zetten. Gaarne hadden onze ontwerpen zich tot groteren voorraad en ene prachtiger uitvoering der drukkunst uitgebreid, indien de last der onderneming tusschen de bijdragen van vermogende Friezen en den arbeid onzer hersenen had mogen verdeeld worden; maar in beide opzichten aan onze eigene geringe middelen alleen overgelaten, omdat wij ons het vragen schaamden, zijn die ontwerpen uit onmacht en niet uit onwil tot dit geringe beperkt gebleven.
In dit boekje zult gij vinden proeven van allerlei stijl: kindergebeden en satires; verhalen en zamenspraken; het vaderlandsche lied en den tederen zang der moederliefde naast het kluchtig minnedeuntje. Indien het enen meester vordert in slechts één dezer onderwerpen uit te munten, zult gij de moeilijkheid beseffen om aan alle deze uit één lopende onderwerpen te gelijk den eisch hunnes stijls te geven. Zijn wij slechts geslaagd om u de mogelijkheid te bewijzen, dat de taal, die heden nog onder u wordt gesproken, zich in allerlei gedaanten zal laten plooien, zoodra haar ooit een vernuft als Gijsbert te beurt valt, dan zullen wij het doel van onzen arbeid getroffen achten.
Grote moeite hebben wij ons gegeven tot ene waardige behandeling van het hekelschrift. De satire, die de ontdekking van het menschelijk hart, de opruiming van vooroordeelen en de verbetering der zeden ten oogmerk heeft, wordt hier te lande ongelukkig verward met bouffonnerie, die niets hogers bedoelt dan een ijdel lachen. Zeer zelden, en dan nog met luim verstikkenden schroom, durfden vaderlandsche vernuften dit vooroordeel trotseeren, uit vrees van hun karakter in het oog der menigte tot dat van een potsemaker te verlagen. Ondertusschen leren de voorbeelden van Persius en Juvenalis bij de Romeinen, van Boileau bij de Franschen, en van Rabener bij de Duitschers, dat het hekelschrift bij andere volken zijne eigene plaats der ere heeft naast dichtkunst en welsprekendheid, en ook wij, zonder enige aanspraak op de hoge verdiensten dier vernuften te maken, hebben gemeend op onze wijze de satire te moeten beproeven, als een onderwerp, waarvoor de aart der Friesche taal bij uitnemendheid berekend is. In de deftigste kerkrede en in het kluchtigste hekelschrift zijn doel en waarheid één; de omhulsels verschillen slechts.
In dit geschrijf, waarde landslieden, zal zeker, gelijk in alle voortbrengselen van stervelingen, het kwade met het goede gemengd zijn. Vergeving vragende voor het kwade bedelen wij gene lof voor het weinige goede, dat uwe welwillendheid hierin misschien zou kunnen ontdekken. Uit uwen lof immers kunnen wij niet leren, maar veel, zeer veel uit de openhartige aanwijzing onzer misslagen, waarom wij minzaam verzoeken. Mocht ons het geluk gebeuren van u te vernemen wat u mishaagt, wij zullen gene kosten of moeite, die onder ons kort bereik vallen, sparen, om ons te verbeteren. Wij kennen geen strelender denkbeeld, getrouwe Friezen, dan dat van u vermaak te doen, dewijl het zich sluit aan het andere denkbeeld van langs dien weg een kleine plaats te verwerven in uw welwillend aandenken.
Justus Halbertsma.
Deventer den 28 Augustus 1829.
NARICHT.
In de Lapekoer zijn twee eigentlijke vertalingen: It deagravers sankje is Holtys Grabe, grabe und spade, en de Rottelwacht is de Nachtruf uit de Allemannische gedichte van Hebel, vrij gevolgd. Genoodzaakt om met de zangwijze van Duitsche liederen tevens de maat van het vers over te nemen, verviel men somtijds ongevoelig in het hoofddenkbeeld tevens, of in den algemeenen gang van het geheel. Vergelijk uit dit oogpunt de Bolswerter merke met de Hans und Verene uit de Allemannische gedichte van Hebel; Jonker Piet en Sibbel met Verzeihen sie, mein herr Baron; het Skippers-sankje met het bekende Vergiss mein nicht; de nije widzesang met Du, du liegst mir am herzen; en Sibbel fen de Ryp met Das mädel im thal. Het prosa is, zo veel wij ons kunnen herinneren, alles oorspronkelijk. Alleen zijn de verhalen in het Miswier van oud-Franschen oorsprong, verfriescht echter en overal verrijkt met brede verzinsels. Het skelet der eerste vertelling van de drie pelgrims vindt men in de Fabliaux et contes des poètes Francois des XI, XII, XIII, XIV et XVe siecles publiés par Barbazan, augmentés par M. Meon. Paris 1808. Tome II, p. 127, en aldus beginnende:
Encore chastioit le pere Son fill en itele maniere. Beax filz, se tu prenz compagnie A nului, ne l’engigne mie, Que tu ne soies engennez Et par ton pechié encombrez, Si com as Borjois avint ja, Que li Vileins bien engenna.
Het twede vertelsel van de boer geneesheer is uit het zelfde boek, Tome III, p. 1, alwaar het aldus aanvangt:
Jadis estoit uns vilains riches, Qui moult estoit avers et chiches; Une charrue adés avoit, Tos tens par lui la maintenoit D’une jument et d’un roncin.
Het derde en laatste verhaal van het overzetten der schapen staat aldaar Tome II, p. 89, en begint in deze voege:
Un Roi un Fableor avoit, A qui deduire se souloit. Une nuit avoit molt conté, Si que tot en estoit lassé, Requist le Roy qu’il puist dormir, Mais li Rois nel’ volt pas soffrir.
De vergelijking zal enige zwarigheid ontmoeten, omdat het boek, behalve op de koninglijke bibliotheek en bij een enkelen beoefenaar der Noorsche talen, hier te lande niet gevonden wordt.
De tegenwoordige uitgave der Lapekoer zal wegens de toevoeging der muzijkstukken te veel moeten kosten om door al die menschen gekocht te worden, in wier handen men het boekje gaarne zien zou. De uitgever zal daarom op een goedkooper uitgave en zonder muzijk bedacht zijn, zodra hem enige snipperuren van gewichtiger bezigheden zullen overschieten.