← Table of contents
Rimen en Teltsjes

TAHEAKKE.

Reading edition

TAHEAKKE.

JAPIK INGBERTS.

Jimme kenne him ommers wol, net? dy greate prefester yn ’t stellen yn ús pake-en-hjar-tiden? Nou, Japik Ingberts hat ’ris in fyt útrjuchte, dy moat ik jimme wol ’is forhelje.

Japik wenne twisken in boer en in mounler yn, dy deilis waerden oer in kou, en dat gong by ’t bruijen ôf. Lang stunen se; mar de tiid, dy alles slyt, sliet hjar kwestje ek út, en ienders, do se beide yn ’e herberge sieten, kaem Japik der mei in slingerslach twiske beide en makke de frede. De boer wier der sa mei op ’t skik, det er de mounler aenstons de oare deis to gast noade op twa einfûgels, dy’t er krekt sketten hie. Japik scoe se briede; hwent dy koe koaitse en stelle fen beiden. De oare moarns sloech de klok middei, en noch wier de mounler der net. “Scoe er ’t ek forjitte?” sei de boer. “Kom, ik scil him mar gau helje.” Sa as de boer út de doar wier, brocht Japik de twa einfûgels by in pear drege poepen yn ’e skûrre-reed, dy de bistkes yn in amerij bihimmelen. Mei’t de einfûgels op wierne, kaem de boer wer en sei, “set it iten mar op, de mounler komt al.” Mei ien bigoun de boer de messen op ’e hoeke fen ’e mûrre to slypjen, en Japik gong nei efteren; mar yn pleats fen de fûgels wer út de termen fen de poepen to heljen gong er de mounler to mjitte, en sei tsjin him: “De divel, maet, hwet hat de boer it bryk mei dy foar. Dou biste in goe’ frjeon fen my, dêrom siz ik it dy; mar hy wol dy de beide earen fen de kop snije. Hark mar! dêr slipet er ’t mês al.” “Dy loebes! sei de mounler, “woe er my sa bitrekke? Nou wit ik hwet dy frjeonskip bitsjut.” En dy mei ien op ’e hael wer nei syn mounle ta. Do Japik aenstons nei de boer, dy’t noch al stie to mêsslypjen en him frege: “haste de fûgels net?” “Wel, sei Japik, dat is in nuvere gast dy mounler; hy komt de doar yn, skoert my de panne mei einfûgels út ’e hânnen en rint der mei foart.” “Dêr scil him de divel for helje! sei de boer, ik moat der dochs ek ien fen ha.” En de boer sa mei it blanke mês yn ’e hân en de bleate kop de finne út, en de mounler efternei, rinste net sa haste net. “Ien! ien! gûlde er him nei sa lûd as er koe, ien mar! d’oare scilste hâlde.” Mar de mounler, dy ’t mês seach, miende det de boer it op in accoart smite woe en mar ien fen syn earen hawwe woe; dêrom spile er hakken op, en sa krigen se allebeide nin byt.

J. H. H.

Oanteikeningen fen DON ANTONIO DE MAGINO.

Volle Maan. Maendagh den 31/ ’s morg. 10 u. 41 min. in de weeghschaele; groeysaem. Der binne forskate skealjen op ’e wrâld, minsken, mar Don Antonio ken der mar twa, in polletike skealjen en in ordenaris dagelikske skealjen. Yn de polletike weage se inkel hwet swierst is yn ’e pong ef yn ’t bilang, en dy is makke for de greaten fen ’t ierdryk, binammen for de keizers, keningen en prinsen; yn sa’n dagelikske boarger-skealjen weage se mar simpel hwet binlik, fromst en earlikst is, en dy is for de gemiene ljue. Yn dizze tiid komme der lykwol ûnder de boargerminsken ek inkelden, dy ’t oan de polletike skealjen toarne wolle, en dat bikomt hjar as de houn de woarst. Hwent de oare boargers sizze, det se biskiters binne, en wolle neat mei hjar to dwaen ha. Ik Don Antonio ha dy skealjen yn Italien ek ’ris probearre; mar, minsken, it is sa nau to hitten! It spande om trochslach to krijen, en de prinsen, dy’t der flink it hantsje fen hienen, laken my noch út ta det sa’n knoffeler as ik oan hjar skealjen poarne doarste.

De deuker: dêr forsjit in stjerre troch de weeghschaele. Hwet scoe dat bitsjutte? Ha! Don Antonio de Magino sjucht it al. Oer hûndert jier, krekt oer hûndert jier, siz ik jimme, den rache en skelde in partij boargers op de keningen en greaten krekt eft se nin turf heech binne en ûnderwiles wrakselje en wrame se om in skealjen to krijen, dy wol tsjien ’ris sa polletyk is as der noait ien yn de hânnen fen in prins west hat. Bankerot spylje, falske boeken hâlde, wer greate negoasje dwaen, moai klaeid gean, sûpe, frette, banketearje, hoerkje en hjar fortille oan fleskfetten, alles fen it jild fen de earme minsken, dy se oplichte hawwe, dat binne mar wyssewasjes by dy hearen.

Dêr forsjit wrychtich al wer in stjerre! Dy is noch wol helte greater as de earste! Ja, mannen, mar nou is ’t noch ek wol helte briker; hwent de measte earlike ljue, dy noch net stellen hawwe, prate net allinne, mar hannelje en wannelje mei dy skelmen en bankerottiers krekt eft der noait nin stek oan los west hat. Dat wol nei it dom bigryp fen Don Antonio de Magino sizze, det dy earlike ljue allehiel’ nin bien mear yn in bankerot fine, en det se ek mei in tontsje twa striken gean scille, sa gau as se mar in bytke yn ’e knipe komme. As ien fen jimme oer hûndert jier noch libbet, dy moat him foaral en bileaven for de neikomlingen fen dy earlike ljue wachtsje, en de beide hânnen deun op syn haloazje-bûske hâlde, as er neist hjar yn ’e tsjerke sit.

Mannen, mannen! Sjugge jimme it wol? Dêr barnt in great fjûr oan de himel tichte by de weegschaele. Hwet scille wy nou ha? Kom, Antonio scil it fjergesicht ’ris úthelje; dat lûkt danich oan. It liket wol in bakker, dy brea yn ’e oun sjit. Né, né! Don Antonio de Magino sjucht it al, frjeonen! In partij binne greate skelmen wirden: de earlike ljue skouderje de skelmen net, mar achtenearje se allike goed as ien, dy altyt from en earlik bitelle hwet er skildich wier. Minsken, Minsken! nou is ’t allegearre tsjef wirden, en dat tsjef barne se dêr boppe. Mar stil ’ris! Scoe dat wol wier wêze? Kinne it ek smoarge pipen wêze, dy’t se útbarne om der neijerhân krekt as nije wer út to smoken? Né, né! Don Antonio de Magino hat it wol goed sjoen. It wirdt net út-barnd, mar for-barnd; it is tsjef. “Yn de oun mar!” roppe se dêr boppe. Sjen ’ris, minsken! It is in griis en in grouwel. De blauwe lôge en de fonken fleane ’er nei troch de hege himel.

Nota Bene. De skealjen, dy oan ’e himel hingje, en dêr it greate himeleach oer en troch giet, dat binne skealjen fen de suvere rjuchtfirdichheit. Dêr wirdt it yn ’t ein allegearre yn woegen, Don Antonio de Magino ek. Meitsje mar, det jimme wicht hâlde kinne.

YBEL EN JELKE, OF DE BOASK OP IT IIS.

Der ried in gnap faem fen Suwâlde nei stêd; Hja wier ris opstreake sa tsjep en sa glêd; Hja waeide en hja swaeide sa flink oer it wiid, En ried mar mei alle de fammen om striid; Hja wier sa fornimstich, sa prot en sa wiis, En seach nei nin redens en seach nei nin iis; Hja glied ’er mar hinne en tocht nearne net om, It hertsje dat wier hjar sa nommel en rom. En kamen hjar fammen to mjitte op hjar wei, Den rôp se fen fierren al: “dei fammen, dei!” Mar feinten dêr like se neat mei op ’t skik, Dy joech se op it moaist ’ris in frjeonlike knik. Sa dreau se foar ’t wyntsje de Langemear del, Mar, Jemi! hwet waerd se do bjustere kel, It roun hjar sa kâld en sa skril troch ’e lea, Hja wirdde sa wyt as de baerlike dea. Hja taest’ nei hjar hals en hja skrilde der fen, En gûlde: “dêr haw ik myn kroantsje forlern! Dat kroantsje, dat krige ik fen oarre to jow, “Dat laeit op it iis, en hwet moeit my dat nou!” Hja swinkte werom, nei Suwâlde wer ta, En socht om dat kroantsje, en se digere sa, Hja skrepte en hja snúvde tsjin de eastewyn op, En pûstte as in man mei it kin op it krop. Dêr dreauke fen fierren in feintsje hjar oan, ’t Wier Jelke, de Birgommer bysitters soan; Dy rôp al: “Wel, honke, ho rydste sa hird?” “Ei fanke, kom stan hwet, en sprek ’ris in wird.” “Myn kroantsje, sa kriet se, dat haw ik forlern, “Dêr ried ik sa om, en dêr scoe ik nei sjen.” “Dyn kroantsje? dat is al nei Altenborch ta: “Dat wit ik, dat scil de kast’lein dêr wol ha.” “Ho baestou sa nuver fen Altenborch ju? “Ja, haw dou de gek mar mei simpele ljue.” “Och, faem, ik haw siker de gek net mei dy, “Liz op mar, ik siz dy, en ryd ’ris mei my; “Liz op mar dyn hân, kom, liz op mar om nocht.” Dêr rieden se hinne as in fûgel dy fljocht! It hearren en sjen wier hjar omtrent forlern! De holle dy gonze en dy sûze der fen. En krekt as in laem yn ’e finne wol docht, Sa sprongen se oer dykjes en ronfels út nocht; En kamen se fammen en feinten neiby, Dy swaeiden se en swongen se as ljippen foarby. “En, holo! dêr hawwe wy Altenborch nou!” Sa rôp er, en kraste ’ris det it sa stau. “Kom Oeble! jaen nou ’ris hwet brandewyn, frjeon! “Wy ha’ dochs yn lang fen dyn sûpkes net preaun.” En Oebele dy skonk hjar in gleskefol yn, En Jelke dy moezze er it kroantsje by yn. “Haboes nou, jong fanke! kom, bring my ’ris ta: “In rider dy swit, komt in dripke wol ta!” Dêr foun hja yn ’t gleske hjar kroantsje werom! Hwet waerd it dat fanke do noflik en rom! It brochte hjar sinnen alheel wer yn ’t stjûr, Hja flijde hjar smûkjes by ’t knappende fjûr. “Dou bysfeint, sei sy do, hwet haste my hawn; “En hwerom, siz, brochste my net yn ’t forstân? “Hie ’k nou mar myn strinkje mei gitten ek wer, “Den hie ik myn winsk en den hie ik myn ker.” Nou seach se sa frjeonlik, sa noflik, sa blier, En teach do ’ris tige mei Jelke to bier: Hja hoalle en hja lúst’re en hja hie him sa ljeaf, En klamm’re om him hinne as de bân om ’e skeaf. “Wel, Ybel, sei Jelke, is ’t dy dêrom to dwaen, “Den ride wy mar nei de Ljouwerter baen.” Hja moasten noch earst op ’e Froskepôle oân, Dêr smakket in minsk boerekoffy sa skoan. Hja rieden nei stêd, en hja koften in string, En rieden nei hûs ta, en út is it ding. Hwent Ybel en Jelke dat waerd ’er in span: Hja socht om in kroantsje, en hja foun in tsjep man.

Tollens fen fierren neifolge. 1832. E. H.

YBEL EN JELKE. IISWILLE.
YBEL EN JELKE. IISWILLE.

YBEL EN JELKE. IISWILLE.

DE IERE MAIMOARNE EN DE MINSKE.

Dêr ha we it ljeave foarjier wer Mei al syn noflikheit! Elts fûgelke is wer yn de wer En sjongt, en gûlt, en geit. De ljeave flinter komt ’er út En dwarlt de fjilden om, En siket mei syn fine snút, It swiet út krûd en blom. Hark dêr dat sefte siichje ’ris Troch blêd en twiichjes gean. Snuve op! hwet is de moarnloft fris Hjir yn dy boeken lean. Hark dêr dy ljeave nachtegeal! Scoe dy hjar leedsang jaen? Ho kweeljend, earnstich klinkt dy teal Sa dompich út dy loan! “Wy binne allegearre blij,” Dat roppe se ús nou ta: Ja, stomme blomkes sizze my: “Den biste it ek wis; ja?” En biste it net, och, minskebern! Hwet dochste yn ’t ljeave fjild? Krûp yn dyn hûs by de hirdshern’, En sucht, ef tel dyn jild. De greate master fen natúr Formeidet hjoed syn bern; Hy spriedet ’t fjild mei blomkes oer En lit syn goedheit sjen. It gêrs komt út de groun as brûs, De beam syn knopkes set. Fjild op! forlit it neare hús, Dy ’t hert fol soargen het. Fjild op, mei lichte trêd en swier! Wêz’ blij mei krûd en djier. Sjen op! ’t ropt alles heech en fier: “Us God is great en goed; “Is great en machtich, ivich goed For al syn créatûr: Dou, minske, biste sof en tsjoed; Och, jaen dyn soargen oer.” Dat sizze blom en fûgels my As tsjûgen fen Gods macht; Mar hwerom sjonge en pronkje sy Net yn de tsjustre nacht? Hjar sang, hjar swiete melodij Komt mei de dage oan: Ut ljeafde en pearsjocht sjonge sy Wer om Gods ljeave moarn. Mar ’t is oan dy allinne jown Gods greatheit oan to sjen, En den, fen ierde en flesk ontboun, Nei Him ta op to tsjen. Mei krêft’ge wjukken rjocht, myn siel, Dy tsjin Gods himel oan! Oanbid mei de earste sinnestriel De Skepper fen sa ’n moarn!

1833. E. H.

Fammewille.
Fammewille.

FAMMEWILLE.

Heare, Saske, hwet in nocht! Hear ik dêr de trommen net? Blinke de gewearen net? Ljea! It Skuttersfolk is thús; Daelk is ’t keamerop mei ús. Den springst’ mei hjar yn de bocht; Heare, Saske, hwet in nocht! Saske binn’ dyn redens klear? Al de Skutters út it lân Nimme in famke by de hân. Saske, heste boaske, ljea? O dyn Skutter is net dea. Fiel, dou hest him by de hân, Dy syn trou dy joech to pân. Ryd den det it gûlt en giet: Nin faem dy allinne stiet; Alles rit wer pear oan pear, Saske, is dyn ark al klear? Liz’ nou oan, in tútsje ta, Nin poepinne scil him ha. Foi dat wier nin wachtsjen ljea! Sûnder Skutters wier ’k ljeaver dea.

IN PEAR FERSKES UT DE QUICKBORN.

(Platdútske rymkes, Klaus Groth) 1857.

Dr. E. HALBERTSMA.

JOUNFREDE.

De wrâld is o sa sêftkes, As laei hja yn ’e slom, Men heart nin sucht, nin laitsjen, Hja libbet, mar is stom. It sûzet troch ’e blêdden, Sêft as in bernesliep; Dat binn’ de widzesankjes For kij en ’t froede skiep. It doarpke laeit yn ’t tsjuster, In nevel laeit ’er oer; Twa ljeafsten heart men lústrjen, As ’t frjeonlik dou-gekoer. Men heart de kijkes snuven Yn ’t lange, griene krûd, Dat houwen en dat snuven Dat is it ienichst lûd. Dat ’s wis de Himelfrede, Nin haet, nin niid, nin spot; O! ’t is de tiid fen bidden,— Hear my, o goede God!

SNEINSREST.

De stille rêst is yn it hûs, oer ’t fjild is nin getier, En op ’e delle laeit it skaed, de sinn’ skynt op ’e wier. Dêr is in plak for frede en rêst, binêst de jonge frou! Hja triuwt hjar berntsje oan it boarst, sa ljeaflikjes en sa trou. Nin wolk is yn ’e blauwe loft, op ’t wêzen nin fortriet, Nin lûd is oer it stille fjild, as ’t plechtich klokgelied.

ALD-JONG.

Wy gongen togearre yn ’t fjild, myn Hans, Wy gongen togearre to rêst, Wy sieten togearre oan ’e disk, Sa waerden wy griis op it lêst. Trep op sa licht, trep ôf sa traech, Sa mannich, mannich jier— ’k Ha dochs myn Hans yette krekt sa ljeaf As do mei ’n kroes kop hier.

NIJJIERS-WINSK FOR 1841.

DE WACHTMAN.

Toalf slacht de klok yn de âlde toer, It winter-waer is kâld en sûr. Ik wol mar út it wachthús gean: Mar sjen ’k dêr jinsen immen stean? Dêr komt in skynsel op my ta; Hwet wol dy faem mei blommen ha? De klean dy binne wyt en rea, Dy flodderje hjar om de lea. Ei, ljeafke! siz, ho lakest’ sa? En rikst’ my moaije blomkes ta? Dat is sa nuver hjir op strjitte, Dat mei wol tsjoenderije hjitte.

IT NIJE JIER.

Ik bin ’t Nijjier, sa is myn namme; Ik bin yet fen in âlde stamme: Myn mem wier Hertha, de Godinne, Fen alle minsken mem en minne; Dy al hwet libben hat op ierde De segen en ’t gelok ta fierde. Kom, wachtman, lit my hjir hwet bliuwe; It lykje hjir wol tsjeppe ljuwe, En lit my einling hinne rinne, Dêr al myn sisters gongen binne.

DE WACHTMAN.

Men acht hjir sokke fammen net, Dy nachts op strjitte omrinne as slet.

IT NIJE JIER.

Ik kom fen God hjir yn it lân, Om goed to dwaen mei ’n mylde hân; Dêrom lit my mar feilich binnen, Om ’t goede dalik to bigjinnen.

DE WACHTMAN.

Wel, bistou sa’n fornamen frou? Kom, wolkom den yn ’t âlde Grou; En strui den út, nei east en west, Hwetstou fen God ontfinsen hest. Jow sinneskyn genôch en rein For ’t sie, dat yn de groun wirdt lein; Jow de earme ljuwe wirk en brea En berntsjes mei gesoune lea. Jow rike ljuwe in edel hert To heeljen earme ljuwe smert; Biskerm de Keuning en syn hûs, Jow frede yn paleis en klûs. Stjûr ús in nije Grytman oer, Dy de âlde liket yn ’t bistjûr; En meits ek de âlde, as Gouverneur, Der Friezen eare en freugde en fleur. Skink ek de boarger goed gewin En frede yn it húsgesin; De keapman, skipper en de boer Lit dy it goed gean op den djûr; En ljue, dy tsjiere om in strie, Bisêftsje dy mei goede rie. Dy noait genôch ha, skink dy neat, Dy binne dochs oan de earmesteat, Mar bring forleeg’ne ljuwe treast En de earme siken aldermeast. En mennich faem, dy kreunt en stint, En ’t wetter oer de wangen rint, Jaen dy yn ’t ein hjar hertewinsk, Jaen dy in keardel as in stins.

IT NIJE JIER.

Dat alles kin ik jimme bringe, Mar ien ding wirdt ’er by bitinge: Pas jimme op! De Grouster ljuwe Moatte altyd âlde Friezen bliuwe. En as hja ’t jier forkeard bigjinne, Den koe it yet wol earsling rinne. Wêz’ wirksom, kloek, mar ek pleizierich, Den bliuwt ’t âld Grouwergea woltierich: For loaijens bring ik mei in roede, Dêrom wêz’ elk mar op syn hoede.

E. H.

De Grouster rottelwacht.
De Grouster rottelwacht.

DE GROUSTER ROTTELWACHT.

GROUSTER ROTTELWACHTS NIJJIERS-WINSK FOR 1842.

Ho fljocht de tiid dochs foart! Sa blaest de stoarm de weagen Yn skom en bûrlen wei.— In skynsel foar ús eagen! Der ’s wer in jier ten ein; Ho fol fen soarch en lêsten! En mennich goede frjeon Kaem yn it grêf to rêsten. Wy libje yet, Godtank! Kin men ’t wol libjen neame? Hwent mennich fljocht ’er troch As ’t foaltsje sûnder teame. En mennich droamt ek mar; Hy wit net det er libbet. In oar is ’t libben sêd, Dy klaget ef dy kibbet. Is dat de tankberheit For ’t goede dat wy krije? “For ’t kwea”, ropt mennich licht: O, lit ús dêr fen swije! Hwet de iene ôfnimd wirdt, Hat de oare wer oerfloedich: De rykdom bringt syn soarch; Dy soarch hat wirdt swiermoedich. En de earme hat mar soarch For klean en for hwet iten, Dat faek fen rike ljue Oerdedich wirdt forsmiten. Syn greatste fyand is De bittre kjeld en honger, In hûsfol earme bern, En ’t jamm’re brea-gelonger. Sa hat elts hûs syn krús, Syn swierrichheit en lêsten. Is ’t op in sekfol goud Wol altyd swiet to rêsten? De nijjiersdei is dêr! In dei fen lanterluijen. De winsken heart m’ oeral Sekfollen for ús struijen. De ljuwe fen de stôk En fen de âlde rottel, Dy komme ’er ek wer oan Mei hjar nijjiersgekwattel. Elts rymt sa goed er kin; Wy rime neat as winsken For boer en edelman, For goede en kweade minsken. Us jonge Grytman earst Wirdt winske heil en segen, Gesontheit en gelok, En elts him tagenegen. De ljuwe fen ’t Bistjûr, De Tsjinners fen de leare, De keapman en de boer En dy de bern meneare; Mar de earme minsken ek, Dy sa nei wirk forlange, Bifelle wy elts oan, As kjeld en earmoed strange. Dy winskj’ we in tankber hert For alle goede dingen, Dy ús de Himel jowt Yn túzen segeningen. Us Grouster fankes ljeaf, Dy sa nei frijers wachtsje! De hoop dy libbet yet: Wol dêr foaral op achtsje. Nou binne ús winsken út, Wêz’ nou den ek tofreden. Wêz’ bliid op dizze dei, Mar mei forstân en reden.

E. H.

GROUSTER WEACHBRIEFKES 1839.

I.

In wird fen de Weachmasters oan de Merkegasten yn Groustermerke.

Forline jier tochten wy: nou is ’t for ’t lêst det wy jimme hifkje, frjeonen! Under de greate heap, dy ús de flesksek joegen to weagen, wieren rju dy ’t ús skeetsk oanseagen, krekt eft se sizze woene: “Jimme ha de skelm spile, feinten!”—Det dêr neat fen oan wier scille wy net sizze; mar, minsken! it koe net oars om it stik brea. Der binne folle, dy gean mei in moed fen hûndert poun op ’e skealjen, en as wy hjarren den mei ús wichten bitsjutte, det se to licht binne, den smite se ús noartich it skrokke weachlean nei de kop en woene der ús wol in mep by jaen. Der binne oare, dy ’t jier op jier tsjin wille en tank in poun mannich oplizze. Dy tinke: nou bin ’k lykwol net groeid. En as de punt fen de evener den yet altyd op hjar tawiist, den is ’t: “Hawar, ik wol net wer.” En as wy dat hearre, den giet ús de moed yn ’e hakken sitten. Noch hiene wy ljue, dy ’t keken op ’e wichten wieren, en wy brûkten gûds dy ’t yn saun jier net by de itigmaster wêst hiene,—net omdet wy dy man net bitrouden, mar omdet it sa’n ougrysliken jild kostte. Wy bigripe net hwêrom se de eveners ek net itigje,—hwent dat is in goudmyn for de biskiters. Mar ho stilder ho better.

Al dy minsken ha wy om ús eigen bilang hwet bigûchele en sa ha wy de iene hwet jown en de oare hwet ontnomd, sûnder det wy it mês der by hoefden.

Om nou dy noartige ljue ta klanten to hâlden, wolle wy hjarren bitsjutte, det it gjin skande is al dript hjarren it fet ta de boksen út, ef det men se mei in kearse fen efteren trochljochtsje kin. Dêrom ha wy in list fen de Weachmasters út Ingelân en Frankryk komme litten, dêr ’t wy jimme de útrinders fen opjaen scille.

George de Twade foun op in reiske yn ’t greefskip Lincoln ûnder syn ûnderhearrigen ien, dy woech 583 poun. Hy wier om ’e mil 10 foet en 4 tomme tsjok, hy wier 6 foet en 4 tomme heech. Dy man syn iten waerd net folle, mar hy pluze deis 18 poun flesk op, bûten ’t byspil. Hy stoar yn syn tritichste jier. Ien fen syn saun berntsjes, in jonge fen fiif jier, krige in pakje klean út ien fen de mouwen fen heite jas.

Eduard Brimet, in Ingelsk keapman, stoar op dyselde âlderdom to Mader yn Essex, dy woech 609 poun. Saun ordintlike mânljue koene tagelyk yn syn jas biknoopt wirde. In forwoechsen skroar, dy ’t graech in slok mochte, naem oan om for in skelling troch ien fen de mouwen fen Brimet syn ûnderbaitsje to wramen. It keareltsje kaem der troch, mar mei folle skreppen.

Michel Sponer, yn de prowinsje Warwich, wier de baes fen alle bealchseinen. Hy woech fjouwer wike foar syn dead 649 poun. Hy wier 57 jier en koe net gean, mar ried alle dei yn in wein dêr ’t er krekt yn koe en dêr ’t er út en yn takele wirde moast. Nei syn dead wier er fen ’t iene skouder oan ’t oare 4 foet en 3 tomme. Op ’e jiermerke to Atherston krige er rûzje mei in smous, dy him mei in pinmes yn de termen rippe woe. Mar Abram koe mei it lytse mês net troch ’t fet rikke; oars hie Michelom do in lyk wirden.

De Fransken dije sa goed net. De heechste dy dêr bikend is woech 385 poun.

Nou hwet fen de lichte ein.

In sweedsk skoenmaker woech op syn tritichste jier, mei ’t skoatsfel foar, 43 poun en wier dôch 5 foet en 4 tomme heech. Hy is mei in simmertwirre to Stokholm fen ’e strjitte ôf op ’e tsjerkegoate set.

In dounsmaster to Rouaen woech mei fyoele en strykstok 33 poun en in lead mannich. Hy wier 5 foet en 2 tomme heech. Hy naem ienkear oan om in deuntsje to dounsjen op tûzen skriesaeijen. Hy die dat al, mar twa aeijen, dy ’t net goed op ’t ein stiene, rekken stikken. Sa forlear de man de weddenskip en do skeat er him sels foar de kop.

In skroar út Hamboarch, fen amper 5 foet heech, woech nei iten 32 poun. Hy iet folle fisk. By hirde wyn droech er lead yn ’e skoen om fêst to stean.

Dit binne mar inkelde út de greate heap. Nou kinne wy jimme fortelle fen ljue, dy ’t op in biezemstôk troch de loft fleane ef op aeisdoppen nei Eastynjen reisgje. Mar dat binne tsjoensters, sokke telle wy net. Bikreun der jimme mar net mear oer, det de iene in hûndert poun mear hat as de oare. Wy woene ’t wol hwet liker ha yn de wrâld. Mar wy wolle der ek net mear oer falle, al krije wy se as salmen sa fet ef sa toar as stokfisken. Om’t it ús om jildfortsjinjen to dwaen is, hâlde wy ús fen alle rie ôf. It giet en bliuwt dôch lyk as in glûpert fen in jonge tsjin syn mem sei:

De iene pronket sûpt en set, De oare neat to bikken het. De iene giet yn sydne klean, De oare nei de lappen flean. De iene laeit yn fear en plom, De oare hat noch yn noch om. De iene hat linnen yn ’e kast, De oare hat neat oan ’e bast. De iene yt dat hy graech mei, De oare beane alle dei. De iene yt tsjokke rizenbrij, De oare keallesûpen lij. De iene dy drinkt bier en wyn, De oare slacht ’er wetter yn, De iene kin fen fet net rinne, De oare springt der ribskien hinne. De iene hat neat yn ’e bûs, De oare gounen by de rûs. De iene nimt in wiif yn ’t bêd, De oare is froulju wêrs en sêd. Us heit dy skrept en docht syn bêst, Us mem dy sûpt en fret fen ’t bêst.

“Kinste oars net, loebis?” sei syn mem. En hy striek út.

Nou farwol yn ’e merke! Wachtsje jimme for brân en snijen, en foaral for de smouzen.

Grou, 24 Oktober 1839.

H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.

GROUSTER WEACHBRIEFKES 1840.

II.

Wy winskje jimme gelok mei ús nije Goeverneur. Jimme kenne Sytsma as in Fries yn mirch en bien, dy it lân, dat er regearje scil, ken en ’t der bêst mei mient. En nou sizze wy: Wolkom yn de merke, folkje! de iene sa wol as de oare. Mei rokken en stokken, mei prûken en broeken, mei jakken en pakken, mei linten en flinten, garren en harren, allegearre wolkom!—Wy binne der wer mei de weagerij. Us úthingboerd is net great en wy mjitte it nut en de lof fen ús wirk net by Nederlânske jellens út, lyk as gelearde en ongelearde swetshanzen. Wy mochten oars ris minder dwaen as sizze, en as stadige lju den seine: “It feilt wol ’ris” ..... dat scoe ús searder dwaen as det in lûdropper ús for biskiters útrachte. Mar wy wolle graech det de ljue ús flitiger bisiikje, om ús en hjar eigen bêst. Wy habbe folle bêste mingers, dy ’t ús jier op jier de rompslomp op ’e skealjen bringe; mar der binne ek folle, dy der noait om tinke, eft se mei hjar breasek foar- ef efterút gean: It griist ús!

Groustermerk sjen wy se ús foarby kuijerjen, dy de hele dei oars neat dien habbe as hjar ierdske tabernakel goed to dwaen, mei kofje en klontsjes as bargehokken, mei smoken en snuven, mei bittere, kleare en swiete sûpkes, ef mei al hwet de tapkast for nektar to pronk set mei forgulden letters,—mei gebradens, det it fet ta de hoeken fen ’e mûle út rint,—mei appelsmots en bofferts, det de knopen fen ’e klean boarste, en den soms yet de hoekjes en herntsjes mei rinnend gûd fol jiette, sûnder det se witte eft se der hwet mei bidijd ha. Hja kinne sadwaende út de liken groeije, ef, as ’t forkeard gong, scoene se ’t hele grim kwyt wêze ear ’t se ’t tochten. En ho den to rie?

It is nuver! tinke wy wol ris. Ho faek sitte de ljue to rekkenjen mei de pong, en as der in knoarke jild oerfortsjinne is, o! ho nochlik wirdt den de kast op dien. En dat hearlike liif, dêr ’t safolle yn en om dien wirdt, dêr ’t nachts en deis op arbeide wirdt om it goed to dwaen: dat net to weagen om to sjen eft it helpt ef net; it is skande! Sadwaende rinne de knapskrinkels gefaer om libbens-liif in stokfisk to wirden, en de wyndrinkers, det de learen sek út it fetsoen tynt en hja gjin minsken lyk binne. Dat kin sa net langer.

Wy scille de nije kening (hwent de âlde hear hat de effearen oerjown; och! koene wy it ek sa fier bringe mei de weagerij!) forsiikje om in wet, det eltse jongkearel, dy ’t in wiif ha wol, op eltse foet hichte 26 âlde pounen swier wêze moat, en dêrfen in sertefikaet nimme fen de weachmasters. O hwet scoene se faek op ’e skealjen komme, as se hwet lichtliddich wieren, en hwet scoene de breiden hjar faek hifkje, eft se ’t wicht hast hiene. En wy, wy hiene kâns op in stikelpingje as wy in trije for in fjouwer oanseagen. En it scoe spanne ef wy biswieken lyk as folle, dy ’t offysjes habbe. As der gjin twang komt, sjen wy net út, det it yn ’e heak to krijen is. Sa liket it wol, det de minsken twongen wirde moatte, lyk as de baerch fen ’t âld wiif.

Hwet in gegnoar tsjin alles hwet om bêst dien wirdt. Hwet in gegei oer de djûrte fen ’t skoallegean! Mar hja bigripe net, det it saunris sa goed is as dat âlde ge-ab eb ib ob ub, en den wer ba be bi bo bu. Hwet hiene de lju dy dat opsizze moasten, in wirk om troch ’e wrâld to kommen, hwent hja wieren en bleauwen kouwedom. Hja tochten oer ’t forstân fen ’e bern lyk as oer hjar greiden,—det ús ljeaven Hear beide grienje liet as ’t tiid wier, om ’t dy iere gêrskes dôch net strieken. En sa tochten se noait om ontwikkeling! Ho dom, net? Hwet is der do al in forstân forroaste en forwirden, omdet men net wiste fen ontwikkelen! Nou leare se ommers fen alles yn in amerij. Ja, al wolle jimme de bern ta kinsteners for Franconi opliede, in leksum mannich yn ’e gymnastyk, en klear is ’t as in klontsje! O, as jimme dy sprongen seagen!

Jimme binne oars ek dwersdriuwerich. Jouns wolle jimme net út de herbergen ef jimm’ moatte der troch de frouljue ef brijleppel wei tokke wirde. En den doare jimm’ ek yet sizze, det de foetten sear dwaen, om ’t wiif hwet wys to meitsjen. Jimme wolle de wichten net itigje litte al is ’t noch sa. Sokke stjonkerts wieren der op ’e 1e Oktober yet 19 en dêr yet in dûbeldjerre ûnder. Jimme ..... mar hou! wy binne weagers en wolle net yn de sek kypje. Mar men docht wol rimpen in taest as men immen oansprekt.

Forline jier joegen wy in register fen swiere en lichte ljue, nou scille wy it jaen fen greate en lytse. Dat is wol bûten ús fak, mar wy dwane ’t om ’t bêst,—om sokke, dy ’t as in Itaeljaenske popelier yn ’e hichte sketten binne, en sokke dy ’t men proppen ef kannestoppen neamt, to bitsjutten, det se de greatste en de lytste net binne en hjar dêrom net skamje moatte om by ús op to stappen.

Yn ’t jier 1735 wier yn Parys ien to bisjen út Finlân, fen 6 foet en 8 tomme. Thoresbey yn Ingelân wier 7 foet en 5 tomme Ing. In tsjinner by de hartoch fen Wurtemberg 7-1/2 foet Rynl. Ien yn Ingelân 7 f. 6 t. Yet ien 7 f. 7 t. Id. 7 f. 8 t. Ing. Cajanus yn Finlân 7 f. 8 t. Rynl. ef 8 f. Sweedsk. In boer yn Sweden allike heech. In soldaet fen de garde fen de hartoch fen Bronswyk-Hanover 8 f. 6 t. Amsterdamsk. De reus Gilli fen Trente, yn Tyrol, 8 f. 2 t. Sweedsk. In Sweed ûnder de garde fen de kening fen Prussen 8 f. 6 t. Sw. Goliath fen Geth 9 f. 4 t. To Rouaen is in reus to sjen wêst fen 8 foet en in mannich tomme. In Fries, Britsanus Joulsma, fen Britsum, dy yn ’t jier tûzen libbe, wier tsjiendeheal foet lang, do men syn geramte foun. Garapius seit, dat hy in reusinne sjoen hat fen 10 foet.

Plynjus forhellet, det Orestis 10-1/2 foet wier, Funnam de Skotsman 11 f. 6 t. Ingelsk.

Dat binne bazen, net? As sokken in sigaer yn ’e mûle hiene, den koe men sizze: dêr is in man mei in sigaerke. Mar nou sjucht men jonkjes mei in ontwikkeld forstân, sigaren smoken; dêr kin men fen sizze: sjen! dêr giet in segaer mei in mantsje hinne. De geramten fen Secondella en Pusio, biwarre yn de tunen fen Sallustus, wieren langer as 10 foet.

Nou is ’t oan ’t gnob ta.

Bibé, by de kening fen Polen, Stanislaus, 33 tomme Franske mjitte, is 23 jier âld wirden. In lyts forstân as de man. In Poalsk edelman, dy men to Parys sjoen hat op syn 22ste jier, wier 28 tomme. In moai mantsje dy forskate talen spriek. Syn âldste broer wier 34 tomme. Ien to Bristol wier op syn 15de jier 31 Ing. tomme. Dy wier mar 13 poun swier en p.... dôch sa heech as de Gr.... brânspuit. In Fries, dy him yn Amsterdam bisjen liet (lytse Wybren) wier op syn 26ste jier 29 tomme Amst. In kibich rimpen mantsje. In dwerch fen Norfolk liet him it selde jier to Londen bisjen. Hy wier op syn 22ste jier 38 tomme en woech 27-1/2 poun Ing. Der is ûnder it kroas ien wêst, dy wier op 37 jier 16 tomme. Sa’n frijer wier net ongeryflik, fammen! Dy koene jimme by jimm’ yn in doaske ef koerke stekke.

Dy ’t ús nou net leauwe wol en tinkt, det wy jimme hwet op ’e mouwe spjeldzje, dy kin ús neisjen hy: Schreber, Histoire des quadrupèdes, en yn l’Histoire naturelle de l’homme & de la femme, d’après Buffon, Cuvier, Lacépéde, Viret etc.

Nou yet in lytse, mar âlde rie. Snij net en lit jimme net snije, fen bisneine noch onbisneine. It jouwe smetlappen yn ’e bûse, en dy onthâldt men langst. Nim tsjin de kâlde loften hwet út ’e flesse, mar safolle net, det jimm’ âlje lyk as de âld boer. Nim gjin oandiel yn ’e lotterij by Abram, Izak en Jakob. Dat is ’t paed nei de rúchskerne.

Groustermerk 1840.

H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.

GROUSTER WEACHBRIEFKES 1841.

III.

Ik tochte to nacht: dou komst’ noait wer yn Groustermerke. Ik droomde, det ik mei in boat yn ’e Pikmar laei to angeljen, en sa kaem der in âld earn oan, dy ’t my by de krage pakte, en dat wier hâld. Do mei my en de angelstôk, dêr’t in pouns bears oan sparle, yn de hichte. Ik fleach as in sweal by de wolken lâns, wol helte hirder as de kening troch Akkrum flein is. En do ’k in stik nei Ingelân ta wier, kaem der yet in earn oan, dy ’t in weachmaster fen domenijs yn ’e flecht pakt hie. “Hwêr scille wy it soadtsje biplúzje, makker?” frege dizze. “My tinkt”, sei myn sipier, “wy fleane mar efkes nei Amerika, op ien fen de Cordilleras. Ik hâld fen ’e hichte. Den kin de tsjiissloft der hwet ôfwaeije, en dines rûkt ek al nuver.” Yn ienen heakke myn snoer oan de Sint-Paulustsjerke to Londen fêst. Ik mei in hoart los en bigoun sa oeribel to gûlen fen “hein my, minsken, hein my!” det myn wiif kjel to wekker waerd en sei: “Sit dy de weagerij wer yn ’e holle? Jimme wirde yet stapelgek mei jimme mirakels.” Ik sei: “Wyfke, as ik 1400 goune krige, sa lang as wy gjin grytman habbe, den woe ’k net weage en den joech ik elts lid fen ’t bistjûr frij klontsje-iten op ’e heap ta. Mar nou praktisearje ’k nachts en deis om frede mei myn mage to hâlden. Nacht Jikke!”

Wy winskje jimme in plezierige merk ta, frjeonen! Himmen en hjarren, sa ’t se ride en farre.

Oan de hirdsilers—in feger fen in koelte, det se de hânnen allegearre fol habbe. Op it ein hwet tsiere en flokke oer lavearjen, fen de wyn, silen, loeven, ôfhâlden, gybjen, knipgongen dwaen en elkoar op ’e seilen farre,—det de romers op ’e tafel dounsje yn de wolken fen tabaksreek. Mar de rûzje net langer as ien joun, en de oare deis forgetten.

“Ljeafhabbers fen de pluzerij—smaeklik iten! Wêz’ net to haestich en to roppich. Flij it goed, lyk as de hantsjemieren, hwent it merkjen en ’t meanen komt op ’e hûd oan.

Ljue dy ’t it grim fen de tapkast ljeaver ha as hjar eigen, as hjar bûse en forstân,—winskje wy safolle swiete swolgen, det se de Boarnster toer for in útpluzer oansjen. Op in ljedder nei hûs, in trochrookt noas, mei snijwirk en forguld, en den goenacht! yn ’e hirddobbe, mei in wiet dweil om ’e hals.

De fjuchtersbazen—in dûbeld purgaesje om hwet oanslach to habben, en oars neat as lij wetter to drinken. Helpt dat net, den nei master Kloppenboarch om trochgeande fûstsâlve, en in moanne nei Ljouwert útfenhûs.

De feinten en fammen winskje wy nochlike, ynnochlike, trochnochlike, troch-enwertrochnochlike tútsjes, triuwkes, grypkes en knypkes.

De âlde feinten—in dikkop brandewyn mei sûker en in tige griene rite, det it hjarren yn ’t liif omkrâllet as in libben iel. Dêrmei yn ’e Govert en op ’t lêst in âld slydtsje op ’e skette en mei Douwe Japiks yn kennis.

Oan alle fammen, jonge sawol as útwiksele, hipskroarren en tipskroarren, lapskroarren en knipskroarren, winskje wy in frijer, en is er hwet licht ef in knoffeler,—den twa. Mochten der gûds foarby reitsje,—dy keapje for in botsen taeimantsjes en geane dêr mei to bêd.

Pake en beppe—moai skimerjen mei in romerfol brandewyn mei sûker. Net folle kleije en kibje. Jimme habbe ek merke. Nacht pake! nacht beppe! Goed bistopje!

Jonges en famkes winskje wy yntiids mei in liif fol poatstrou ef brij op bêd. Den flokke se skraech safolle as fen tabak en jenever en den heart men gjin wirden fen de ontwikkelde en gevormde jeugd, det yen de grize oer de grouwe rint,—en hoeft men net eang to wêzen for in geslacht, dat troch de âlden forlitten liket en oan de divel oerjown is.

De kastleinen winskje wy folle pongen, mar gjin jild dêr ’t de mage neijerhân wrake oer ropt. In sekfol pipermintsjes en in fetfol kâld wetter by de doar, for de berntsjes, dy ’t miene det se jenever- ef brandewyntoarst habbe.

Oan ljeafhabbers fen dounsjen—alderfreeslikste hege sprongen, op de wize fen: “Ik scil dy wol krije, krije krije!”—Ef:

Rommert laeit by Tryn yn ’t hea En Doekele is biskonken, Harke laeit yn ’t baergehok, De hele boel is dronken. De baergen rinne yn it nôt. Hwet is ’t in rare wrâld! Hea! sjen ús jonggûd springen; De keallen dounsje om ’e toer. Hwet sjucht men nuvre dingen! De wrâld is sûnder stjûr.

Oan ljue, dy to heech by hjar sels opsjugge, riede wy de stoarje fen David Ipes to lêzen. En dy to rom mei hjar spil omslingerje, forwize wy nei Japik fen ’e Geast. Neijer ynljochting by ús oan hûs, for fiif stûren de man.

Nou moatte wy jimme yette in âld wierheit fornije, lyk as Ulespegel oan alle skroarren fen Prússen dien hat.

Pas op it âlde folkje, net om de ljue, mar om hjar streken. As jimme praten hearre fen lotterij, nim den de pong en set der in knoop op, net in knoffel- ef âldwiveknoop, mar ien dy’t fêst sit.

Wy scille jimme takomme jier in priuwke jaen, ho ’t ús bûrlju de Fransken oer dat spil tinke. Troch dat hele greate ryk habbe se de ienfâldige ljue de lantearne opstitsen yn in boekje: La Loterie dévoilée. Mar ien bitingst: jimme earst net earm lotsje.

Nei de merk binne wy to sprekken by Hindrik Bearenboarch. Wy jaen rie for alle lek en brek, mar net for in útlibbe merkepong. Us eigen wier yn ’e tarring; dy ha wy, op rie fen goede frjeonen, nei ús Hindrikje-moai to Berlyn stjûrd. Mar wy ha oars neat as in doaskefol linten werom krige, mei in knipbriefke, det de ljue yn Nederlân dêr bjuster mei tsjinne wieren. As hjar dat oan ’e rôk spjelde waerd, den stiene se krekt eft se molken waerden ef det men hjarren lij wetter ta de klompen yn geat. En den gûlden se “Hoera!” det se altyd heas bleauwen.

Grou, 21 Oktober 1841.

H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.

GROUSTER WEACHBRIEFKES 1842.

IV.

As ’t Grouster merk is, den tinke jimme oan ús, mar oars yn ’t hiele jier net, ef jimme moatte in lek tsjettel, in smoarch klok ef in stikken broek ha. Fen jier ta jier stean’ wy hjir to weagen, en for in cint twa trije jaen wy jimme op de heap noch in goe’ rie mei; mar jimme tinke: it is koartswyl, oars neat as koartswyl. Wier en net wier: koartswyl en âld earnst troch eltsoar mjokse, en, om ’er rjocht foar út to kommen, sit de koartswyl om de âld earnst hinne, lyk as it silver om de stjonkene pillen, dy de dokters fen allerlei kjitte by eltsoar klieme. Dat sanikjen en eameljen fen dy Grouster weagers, sizze jimme, wirdt ientoanich. Ja, it is sa, frjeonen, mar lang sa ientoanich net as de tsjusternis yn Lâns- en Gritenij-kassen. Wy scille it lykwol oars probearje, en kinne it allike goed weagje en noch better as baes Oene. Baes Oene mei syn fet swolm oan ’t wang kaem by in snijersbaes yn ’e stêd om rie en help. Dokter naem it him ôf en Oene waerd genêzen. “Man, sei de master, dat was een waagstuk: van de 100 geen 10 dat lukt.” Nei nijjier kaem de rekkening fen Ljouwert, mar Oenebaes sei: “lyk om lyk: hy hat ’er my oan weage, nou weagje ik ’er him oan”, en bitelle net. Wy weagje it om jimme in stealtsje fen ús filosofy to jaen. Bitelje ef net, dat litte wy oan jimme sels oer. Hark:

Hwerom giet in apel, dy fen de beam falt, net krekt sa goed nei boppen ta, ef hwerom bliuwt er net sweven twiske himel en ierde, lyk as de Sint Jans triedden? hwent der is neat dat him foartstjit ef driuwt. Hwerom fljucht in koegel, dy út in roer sketten wirdt, net altyd foart as de foarsje fen it boskrûd him net mear driuwt? Hy is dêr boppe ommers frij; dêr is ommers neat as de loft, dat him keart?

Ja, jimme scille sizze, omdet er swier is; mar hwerom is er swier? Wy scille it jimme sizze: it is omdet alle lichamen hjir op ’e wrâld troch it middelpunt fen de ierde oanlitsen wirde. Dat is de natûrkindige oantrekkingskracht, heel ûnderskieden fen de natûrlike oantrekkingskracht twiske feint en faem. Ho greater, mar boppe al ho tichter in ding yn eltsoar sit, ho greater dy oantrekkingskracht nei it middelpunt fen de ierde is, dat is, des to swierder is it. En dochs giet dit yn alles net troch: hwent izer is hirder en tichter as lead, en it is dochs lichter, en dat neame se specifyk gewicht. Dat dwane de gelearden altyd, as se in ding net goed forklearje kinne; den bigjinne se latyn to sprekken, om in boargerman yn de mist to fieren. Sa is goud specifyk swierder as silver, wetter is specifyk swierder as oalje, ensf.

Sa hawwe de minsken ek in ûnderskieden gewicht, en yn dat opsicht is er ek al in stien ef in blok gelyk: ho greater en tichter de minske is, ho swierder. En yn de rigel binne de minsken ek al de bargen gelyk: ho better foer, ho loaijer libben, ho mear pounen; mar dêr is ek al nin sizzen fen: hwent ús Dokterom, dat nin oerdedich iter is, is meast de swierste klant, dy wy op ’e skealjen krije, en dy man bokselt yet al frij hwet yn ’t fjild om, dy is folle op ’e soalen. Mar ús nachtwekker, dy de minsken moarns út it bêd bûket, en dy in goed bout skiepflêsk mei in kynsen ierdappels mei glâns yn trije miel opfret, dy sjocht ’er út as in forlijd hjerstkeal: der sit nin groede yn.

It komt der ek net folle op oan ho swier in minske lichem weagt, as er mar net to folle smoar hat, nei det er in beest is. Men sjocht minsken mei in slach yn de rêch, mei lekkenske rokken en gledde learzens, dy hawwe mear smoar as hjar takomt, en dat hearde eigenlik yn de ierdappels, dy se ite. Al to swier is ek mar ongemaklik, mar al to licht makket de minsken al to fluch, binamen de frouljue, dy wirde den koart fen hakken. Swier en swier is twa; in swiere pampus sit net altyd oan in gewichtich persoan: hwent in gewichtich persoan moat eigenlik in man wêze, dy in great forstân hat en dy it goed brûkt.

As der twa ljue om in ding forsiikje, in lichten en in swier man, en as se beide op ’e skealjen komme, en de lichte man hat hûndert goudstikken yn de bûsen, den wint er it; dat is: omdet it goud swierder is as minskeflêsk en minske forstân.

Oerwicht is ek net goed by de minske; mennich minske wirdt oerwichtich as er by in folle flesse sit ef in moai jongfaem, en den forliest er it wiere gewicht. Oerwicht fen flêsk makket loai, mar oerwicht fen forstân makket gek; oerwicht fen wille makket droefheit; oerwicht fen fortrouwen makket skelmen; oerwicht fen jild makket gjirrich ef geweldich. Koartom, de middelwei is hjir ek al wer it bêste, en wy weage jimme flêsk en bloed mar; ho swier jimme oars weage, dat moatte jimme sels witte. Wy sizze it jimme: skat jimme net al to swier boppe in oar; it komt ornaris oars út. Warachtich, de ûnderfining leart it: as immen al to folle sin oan him sels kriget, den hat gjin minske op it lêst sin mear oan him: en dy in oar op ’e kop sitte wol, dy rekket sels ûnder de foetten, lyk as...... mar wy scille mar swije.

Tawicht hoeve wy net to jaen; dêrom, as lytse baes op ’e skealjen komt, den scil er de bom ôfsette; hy hoeft him syn lichtens net to skamjen; hy is krûdigernôch for syn gewicht.

Nou yet in wirdtsje oan de merkegasten. Troude manljue! bliuw mar net by de rollebol stean to spyljen; dat kinne jimme frouljue wol ôf, nei ’t der forhelle wirdt: dy sette jimme jild al yn ’t aventûr: fen de lotterijbriefkes wol to forstean, as jimme net thús binne, en sa kinne jimme, sliepende wei, bûten jimme witten om, ryk wirde ef dea-earm, sa it mar útkomt.

Dêrom, merkje ljeaver in bytsje mei fatsoen; den kinne jimme ’ris laeitsje for jimme jild yn pleats fen skrieme.

Gean de jouns mei in dikkop Hubert en Wopke ûnder tekken, den sliepe jimme as roazen, en nim de moarns twa romerfollen Berenborch om ’t forstân op to skerpjen; mar pas op, det it stiel der net ôfgiet: jimme smid kin ’t der net wer op lizze, lyk as op de tjoksels.

H. Epema, Weachmaster, S. de Vries, Scriba.

Grouster Merk, 1842. E. H.

GROUSTER WEACHBRIEFKES 1843.

V.

Wy binne forline jier oan de filosofije west: dêr scille wy nou mar net oan dwaen, hwent by filosofen en de dichters sjocht it ’er troch de bank lang sa moai net út yn hjar huzen as yn hjar boeken. Wy scille nou mar wer oan ’t weagen gean, en wy hoopje mar net, det jimme ’er sa bang for wêze scille as dy man, dy for gjin kynsen bûter der in foet opsette scoe. Hy hoefde it him oars noch net to skamjen; hy is yet sa meager net as in skroar, dy in jier oan ’t liifrinnen west is.

As jimme der sa bang for binne, den krije wy gjin jild yn de pong, en by gefolch gjin ierdappels yn de kelder. In lege pong is dochs in heislik ding, al sit ’er ek noch sa ’n moaije oranjestrik oan; ’t is dêrby in twangneil, dy keuningen ta smouzen en de smouzen ta keuningen makket.

Wier it det jimme forstân ef jimme jild hjir op de skealjen lein waerd, den scoe mennich ien al foar de skealjen opstûke, dat koe dochs bjuster ôffalle: hwent mennich ien hat yn de eagen fen him sels en yn it each fen oare ljue in great forstân, en as dat op ’e skealjen kaem, koe it ôffalle. Sa scoe it ek wol mei it jild gean, en dy ljue, dy hjar jild afterbak hâlde, om net to heech yn de doarps-omslach to kommen, wierne der it minste oan. Mar wy weage mar flêsk en bloed, en dy him sels to licht achtet, dy kin sa folle lead yn ’e bûsen stekke, as him sels goedtinkt, om mei fatsoen op ’e skealjen to kommen; wy scille it der net úthelje, mar wy moatte dochs ien ding sizze, wy scille alleman op ’e skealjen litte; wy hawwe ljeaver jonge fammen op ’e skealjen, dy oan de lichte kant binne as âlde wiven, dy hwet licht binne: hwent jonge frouljue binne trochstrings de plezierichste merkegasten, en as âlde frouljue yn ’t gewicht ôffoelen, den koene lichtgelovige ljue hjar for tsjoensters oansjen, en den hiene wy de flok op ’e hals. Jonge ljue! bitrouwe jimme ús net, en wolle jimme elkoar ’ris neihifkje, taest eltsoarren dêr oan, dêr it jimme minst sear docht; wy kinne it net helpe as ’er yn sa ’n drokte mistaesten dien wirde. Jimme sjonge allegearre: “Hoog om hoog, de keel is droog.” Binne jimme den smids wirden? dy hawwe allegearre in fonk yn de kiel, dy moatte se eaze ef forbarne; bakkersfeinten, dy foar de oun fordroegje, dy moatte hjar wol ’ris útweakje. “Hoog om hoog!” toe mar, de foet fen de romer mar nei de wolken ta; de kastelein moat ek libje; tink mar net det it sûpe is: haw hjoed wille sa folle as jimme opkinne, mar liz it sa oan, det jimme moarn gjin birou hawwe.

Plezierige merke, frjeonen! en wachtsje jimme for de knyflokiters.

Grouster Merk.

1843. E. H.

It gewicht fen is Ned. Pounen. ” Oncen.

H. Epema, Weachmaster. S. de Vries, Scriba.

IN NIJ LIET OP GROUSTER MERKE.

Voys: Het zal wel gaan, wel gaan, wel gaan van avond in het schuitje.

To liz’ mar, liz’ mar, liz’ mar oan, Us mem dy wol ’t wol lije. Hja sei tsjin heit: “wy ha ’t wol dien; Us Tryn mei ek wol frije. Strak scille wy skotse, Trala, la la, tra lalderala; Strak scille wy skotse, It keallebout ropt ús ta. Us omke hat it jak al oan; Dêr sit de man to bazen; Hy hat it by syn wiif fordoarn; O, wé, hwet scil se raze! Mar omke en moeike Dy bruije ús allebeide net, Wy scille mar skotse, Hwet ha wy hjoed in pret. In âlde, âlde, âlde prúk Mei nou noch gnoarje en stinne, De faem en feint dy krûpe oan; En litte it gleske rinne. Kom litte wy sjonge, Trala, la la, la lalderala. Kom, litte wy stampe; De hospes wol ’t wol ha. Nou romte, romte, romte mar! Wy fleane nei de bûrren, Dêr stean’ twa feinten yn it grien To fjuchtsjen en to skoerren. Wy sjonge ljeaver Trala, la la, la lalderala. Wy patsje de fammen En sûpe astrinta.

J. H. H.

De Brune en de Bles op Trije Romers.
De Brune en de Bles op Trije Romers.

DE BRUNE EN DE BLES OP TRIJE ROMERS.

Brune: Ho! bist’ dou dat, bleske? Wel, ik koe dy net goed langer, dou sjochste der gammel út, ju, sa meager det men alle ribben wol yn ’e bealich telle kinn, en de stirt by ’t gat ôf? Fiterlokken ôfknipt? Dat stiet der skean foar. Fij man, it griist my as ik dy goed bisjoch, en hwet rint dy mâl gûd ta de noasters út. Ik wit net eft Frentsjer dyn lêste merk net is, en den it baitsje nei de loaijer, feint; dou hast yn rare hânnen west.

Bles: Ja, Brune, yn rare hânnen west. Ik bin nou trettsjin jier âld, mar ik haw nuvere bazen hawn. Op myn tred jier for fyftich dikketonnen to Eastermar forkoft, bin ik nei Wergea komd. Myn nije baes sei, ik hie in stap út tûzen, dêrom moast ik oan ’t hirddraven. Dat selde jier learde ik sa folle, det ik in priis to Weidum woun. Dat klonk de hiele Zwette lâns, it wier oars safolle gerop net wirdich, it like sulver, mar ik wit net hwet it wier. Myn baes dy in goed wird dwaen koe, gong ’er lûd oer út, oeral wier ’t, as wy by in herberch kamen: “dêr ha jy in aerdich bleske, keapman”.—“Ja, it spil stiet der op sa it heart, der sit in puggel oan”. (Ik hie do oars in bealich as in wynhoun.) “Rint it ek hwet oan?”—“Hwet oanrinne? Fleane, det it yen grien en blau foar de eagen wirdt. To Weidum hat it de priis woun, mar it like neat.” (Ik hie do oars sa folle as ik hysje koe).

Myn twade baes wier in stedman, dêr kaem ik yn ’t gasthús. Trije Romers en ’t Swarteweister tolhûs wierne de fierste einen, mar dat libben dûrre net lang, lyk as ’t mei folle moaije dingen giet. Myn baes teach Freedtomiddeis al ier nei de Okse, om mei syn ljue oer hirddravers to praten, yn pleats det er mei in skerldoekje foar, lyk as to foaren foar syn toanbank stie, om in poun kofjebeane to weagen. De mingers bleauwen wei en de nearring teach de doar út. Do by in tsjok lân-notaris mei in liif as in hjerstkeal, dy wend wier, det de hynzers it paed jouns sochten, as hysels it sûr hie; mar mei my koe it treddeheal flesse minder lije; dat wier in great gat yn in minskemage, en skolpere al to folle. Dêrom moast ik nei in oare baes en dat wier Gleone Wiltsje. Do feije, det de stront fen de dyk fleach. As wy ta in stêd útrieden, gong it sa hird, det de poarten ús fen de swang hast efternei fleagen. De ljue bliid, det wy foarby wierne en de kreamers alderbliidst. Dit dûrre sa lang, det ik stôkmeager wier en op trije foetten sprong, en myn baes syn bûsjild op wier; hy hie de rekkening net goed makke. Wy krigen beide rêst, ik op ’e stâl, en Wiltsjebaes útfenhûs by in stêds rekkenmaster.

Do ik wer sahwet opfoerre wier, rekke ik by in keapman dy folle hyngsteried. Dêr moast ik de telstap leare, mar dat gyng lyk as mei ús skoalmaster: dy man wier gjin útrinder mei de pen, en do der in frjemd poehaen yn ’t lân kaem mei in nije mode fen skrift, scoe master yn in amerij in prefester yn ’t skriuwen wirde.

Mis wier it! Nin minske koe it nije skrift lêze, en do siktaris in brief krige fen master, det it wiif yn ’t waerm bêd laei, lies notaris, det er in kou slachte hie mei hûndert poun smoar, en sei hy: “Zoo, zoo, dat meestert goed.”

It gyng my neat better fen de hirddraversstap ôf en springe lyk as de eksters.

Bleske kriget in slach mei de swipe en tsjocht hinne.

Takommende jier komme se wol wer byinoar.

DE GRYTMAN.

Ik woe wol, det ik Grytman wier, Sa’n ampt stiet my wol oan. Dat baentsje is ek gâns net swier En it fortsjinnet skoan. It rjuchtshûs sit it hearlik op, Men smookt en drinkt der ta. En jowt Mynhear in foarstel op, Den knikt Assessor: “ja”. Wol er ljeaver swije, Nigen is genôch. O, hwet binn’ dy Hearen Bargen oan ’e trôch. Hjar feinten hawwe se ek goedkeap, Hwent d’ earme Gritenij Jowt jild, en den noch op ’e keap In moaije liverei. En hat Mynhear it podagra, Wol hy fen reisgjen frij, In rinner bringt him tiding ta, Dy skikt de Gritenij. Wol Mynhear út jeijen, Boeren sjagglje mei. Sizz’, hwa lykje dy sloven? Lammen oan ’e wei. En moat Mynhear it wird ris dwaen, En falt it praet him swier: Siktaris hat er by de hân, Dat is syn offisier. En is ’t forstân net al to great, Is him de saek net klear,— Dy leit him alle dingen bleat, En sprekt mar for Mynhear. Fjirtsjinhûndert goune En sa’n tsjerkfoudij— Is in akkefytsje, ’t Komt ’er aerdich by. Mar komt der soms hwet jild to koart, Hy skriuwt in omslach út, En eft de boargerij al moart, Biteljen is ’t bislút. Hwer, sizz’ wy, is yn ’t hiele lân, Sa’n hear as Grytman is? Hwa komt sa maklik oan it jild? Net ien, dat is gewis. Kom, myn goede Friezen, Sjen mar ta en swij, Wêz’ mar tige fleurich, ’t Sjongen is yet frij. ’k Woe dochs net, det ik Grytman wier, Fen ’t brea fen d’ earme man, Sok jild misgun ik him gjin hier, De flok dy kleeft ’er oan. Sa’n hounebaes fen ’t heech Bistjûr, Op ’t great lâns tichelwirk, Is der by alle Friezen oer, Dy heart nou by de Turk.

E. H.

Foeke Skutter en Hospes-Tryn.
Foeke Skutter en Hospes-Tryn.

FOEKE SKUTTER EN HOSPES-TRYN.

De Sneins op de neidei kaem Foeke yn de jachtweide stappen. Dêr siet syn fryster Tryn to sliepen. Hja sprong einling fen ’e stoel, en sei tsjin him: “Biste dêr, Foeke? Kom, ik bin bliid, det ik dy sjuch—en dou griiste my ek mei dy heislike knevels. Kom, dat trefste goed; ús Grytman hat hjir in flesse wyn stean litten, dêr is mar ien romerfol út, en as er werkomt, den wol er dochs wer in nije hawwe”.—“Ja, mar hwer is baes Abe?”—“Dy laeit op it noflik ear oer de matten yn ’t keammerke”.—“Kom”, sei Foeke, “dat wier fiks! Den scille w’er in sankje by hawwe,” en do songen se by elts romerfol in ferske, lyk as hjir to lêzen stiet.

Hwer moastou nou hinne, myn skutter? (bis) Nei Braban ta, myn ljeave Nynke! Nei Braban ta, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). Hwa scil dy dyn potstrou den koaitsje? (bis) De kok, de kok, myn ljeave Nynke! De kok, de kok, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). As de potstrou den klutert, myn Foeke? (bis) Riere, riere, myn ljeave bêste! Riere, riere, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). Hwet potstrou scil de kok dy d’n riere? (bis) Ratsjetoe, myn ljeave Nynke! Ratsjetoe, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). Hwa scil dy dyn kofje den siede? (bis). De pomp, de pomp, myn ljeave Nynke! De pomp, de pomp, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). As de saed den kâld wird, myn skutter? (bis) Den in slokje, myn ljeave Nynke! Den in slokje, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). Hwer scilste op sliepe, myn skutter? (bis) Op de striesek, myn ljeave Nynke! Op de striesek, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). Hwa scil dy dyn wrine den spriede? (bis) De kapot, o myn ljeave Nynke! De kapot, o myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). As it strie den to hird wirdt, myn skutter? (bis) Skodzje, skodzje, myn ljeave Nynke, Skodzje, skodzje, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). Hwa jowt dy dyn bûsjild, myn skutter? (bis) Keuning Willem, myn ljeave Nynke, Keuning Willem, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). As de tiid dy den lang falt, myn skutter? (bis) Poetse, poetse, myn ljeave Nynke, Poetse, poetse, myn ljeave Tryn! Kom, taepje ris yn. (bis). As de Brabanders komme, myn skutter? (bis) Sjitte, sjitte, myn ljeave Nynke! Sjitte, sjitte, myn ljeave Tryn! Fen boppen del d’r yn! Kom, taepje ris yn.

Do wier de flesse leech, en hospes Abe kaem opljippende lilk út syn fjouwerkant springen. “Hat dat sjongen en balten langer nôch dûrre? Skear jimme der út, as jimme langer wolle. Nin minske kin rêste”, sei er.

“Abe-baes”, sei Foeke, “is de holle tizich fen de moarns-slok? Haw ik dat nou fortsjinne? Ik haw altyd in goed minger fen jo wêst; jy hawwe mannich fen myn stûrkes yn ’e bûse. Ik stap ’er út, man!”—en Tryn lei him de foarste finger oer de knevels, en joech him in tútsje yn ’t foarhús—en do wier ’t út.

1831 EELTSJE HIDDES FEN GROUWERGEA.

DE BESTE FREED YN LJOUWTER MERKE.

Voys: De bochel die pareert altyd.

To, Nies, ik wol de merk bisjen. Hwet is it folk oan ’t djoeijen! Der is gjin âld wiif by de wiel, Nin boer tinkt om syn ploeijen. Oeral yn ’e stêd Is ’t minsken tsjep en glêd, En lâns dy rygle kreammen Frjemde ljue fen fier en hein, Bern by hiele teammen; De stêd is hjoed oerein. Gleone Koen dy stiet ’er al Mei syn forskimm’le koeke, De skarren for de flauwe ljue Lit hy syn mingers rûke. Sjen, dêr is gûchler Murk, Hy is al drok oan ’t wirk. Sjen, Nies, hwet mâlle freanjen! Roel, syn feint, is mei to gong Om hjar sels to leanjen Mei in tsjokke boerepong. Gauke bliest op syn trompet, Set wangen as in bonge. Bonsen mei syn klarinet Gûlt ek al om ús pongen. Hwet gappet Gelf der nei! Hy is der heal yn wei. Gelf, Gelf, dou wirdste lûse; In pongeleger docht in taest. Gelf slacht op syn bûse, Ja, man hy is al leech. Geale Romkes fen Sân-Lean Is ek al moai bitritsen, For tritich goune bûterjild, Hy is ’er fen bilitsen. Jan fingerhoed dêr nêst Dy docht ek fiks syn bêst. Hy tipelt mei syn fingers, “Dêr is er net, en dêr is ’t wêst”. In sûr fortsjinne goune Skoert hy sa yn syn nêst. Kom, gean wy by dy snaken wei, Ik wol mei dy nei boppen. Jakle Rientses fen Blauhûs Dy hat ús niis al roppen, Wy fleane nei de Kroan En dounsje ta de moarn. O Nieske hwet in wille, Beits dyn spylfaem sit ’er al Mei Mient fen Keimpetille, Sjuch, sjuch, hja lizze al oan. Wel, Nieske ljea, ho scil ’t nou, man? Dou kinste sa ast wotte; Dounsje ef patsje is hjir de kar. Earst patsje, sei se, Botte. Kom, kom, myn famke, kom! En Nieske hinge er om. Koal,[68] Koal, kom den ris harren, It kielsgat wirdt ús beide soor;v Jaen ús hwet to smarren, Wy dounsje dêrmei foar.

TJALLING HALBERTSMA.

IN JOUNPRAETSJE FEN ORK EN SINT OER IT BANKEROTSPYLJEN.

Ork. Ho litste de holle sa hingje, heite? Haste forkeard iten yn ’t liif?

Sint. Ik wit net, mar it moed sit net heech.

Ork. It moed net heech? Hwet skeelt der oan?

Sint. Der binne forskate lju, dy jild fen my ha moatte; dat is my bjuster yn ’e wei. Ik bin sa net great brocht.—Dat paeit al mei goede wirden, mar dêr wirdt nin kwitânsje op jown.

Ork. Den haste de kramp yn ’e pong, bigryp ik. Jonge! dat falt my ôf mei dy. Dou hiest oars in moai spiltsje, tocht my, en dou gongst der ek stil mei lâns. Ho is dat komd?

Sint. Ja, Ork-om, der waerd ridlik goed fortsjinne; mar der moat safolle wêze, as men sa hwet meidwaen wol. It giet oars as by ús oarrememme tiden. As dy sûpenbrij ietene en der gjin sjerp genôch yn ’e kanne wier, den sei oarre: “It kin joun sa wol.” Krigen ús grytmans en siktaris bern moadrige rokjes oan en wy mienden det wy ek sa moasten,—ja wol! den sei oarremem: “Jonges, wy komme der sa maklik net oan as sokke ljue. De âlde klean moatte earst oan ein, en den scille wy ’t jild ris oertelle foar det wy de nije keapje.”—Sa giet it nou net by ljue fen fetsoen. It wirdt der nou earst fen nomd en den de pong neisjoen. Ja, as de lekkenkeaper komt om syn jild, wirde de naden lostoarnd om de lêste stûr to finen.—Dêrby hab ik yet ek al tsjinrekjes hawn yn ’e hânlinge.

Ork. Dou seiste dêr sa ien en oar, dêr is al oan. Mar dou moast der sa swier net oer tille.

Sint. Ja, jy sizze wol. Mar de ljue falle my sa lêstich. De iene komt mei swiete praetsjes, de oare mei flokwirden en drigeminten fen rjuchtsjen en warren. Hjoeddei hab ik yet ien hawn, dy sei by de foardoar: “Ik scil dy roepelje, divel!”

Ork. Dy hat dêrom yet net folle.

Sint. Dat is sa wol; mar as se it bargefel oantsjenne en oan bigjinne to knipen, den moat ik der lykwol oan. Hja kinne my strûpe.

Ork. Net wier. Kom oan: ho sit dyn boel? Dou woest wol rie habbe, net? Siz op, den!

Sint. Ja, dat kinn’ jy wol riede. As elts sines ha scil, kinne de einen net oan elkoar komme.

Ork. Skeelt der folle oan?

Sint. Folle en folle is twa. In túzen goune ef tsjien scil der wêze moatte om ’t gat to stopjen en ’t skip yn flot wetter to krijen.

Ork. En dêr woeste swier oer tille! Biste gek?

Sint. Ja, hwêr skoer ik it wei? De fortsjinsten wirde lytser en de bilêstingen binne swier yn dizze dagen.

Ork. En dêr woest tsjin oan wrame, en al dyn libben oan ’e flotgêrzen hingje? Mis, man! Ik wit better rie for dy.

Sint. En dat is?

Ork. In foech bankerot slaen.

Sint. Fij Ork-om! dêr wird ik kjel fen. Bankerot?

Ork. Ja, bankerot. Witstou better rie?

Sint. Den bin ’k ’er ommers glêd út en oan ’e dyk.

Ork. Hwet praetsjes fen der út? Dou moaste fiif-en-tweintich-tûzen goune oerhâlde. De krediteuren gnoarje allike folle, eft se in dûbeltsje fen de goune krije ef tsjien stûren.

Sint. Dêr kin ’k net by. Ho giet dat?

Ork. It is gjin domme ljue’s wirk. Hark, ik scil ’t dy leare. Dou sitste dûbeld en dwers yn ’e keappenskip en biste yet dwaender en litter. Krûp in goe frjeon ûnder ’e side, dy ’t yn alle silen mak is, en gean dêr mei nei de ondogenste abbekaet dy der to finen is. Den moat der skreaun en leagen wirde, det de gleone lôge der nei fljucht. Den binne der yette húsmiddels, dy ’t hjar fen sels oan ’e hân jowe.

Sint. Ork-om! Ork-om!

Ork. Hwet woeste oars?—Mar dou moast op ien ding divelsk passe.

Sint. En hwet scoe dat wêze?

Ork. Dat is dyn boek. Dat moaste moai skriuwe, det elts der yn lêze kin, hofolle aste forlern en hwet greate bankerotten aste krige haste. Dat moat goed mei eltsoar útkomme, hwent dêr binne se fûl op, mear as op ’e pong. Ik wit de wei en ’k wol dy helpe.

Sint. Soa. En hwet den?

Ork. Aste den goed op ’t skerp stietste, liz den de kaeijen op ’e kiste en siz tsjin dyn krediteuren: “Frjeonen, ik jaen my oer. Ik bin in ongelokkich minske; hwent myn boel kin net út. Part it mei eltsoar.”

Sint. It liket my net goed ta, Ork-om!

Ork. Witste better? Hark, lit my earst útprate. Den komt dyn namme in wike mannich yn ’e krante, en den litste de abbekaten en krediteuren mei eltsoar flokke en tsiere en om de langste ein lûke. En as dat spil oer is, stek den de kop út de fearren as in âld swan; den bist genezen en sa soun as in fisk.

Sint. As ik jo goed fetsje, den wolle jy my in paed lâns liede, dêr in earlik man net gean wol.

Ork. Ja heite, men kin dat sa nei net nimme. Ast’ it allinne wierste, den wier ’t yet hwet oars. Mar, myn goede man! sjen de krante ’ris nei, fen in jier twa, trije, fjouwer. En de measte, dy ’t bankerot gien binne slaen op ’e hakken.

Sint. Ja, mar hwet wirdt der den ek fen yen sein, en hok for nammen jaen se yen net nei?

Ork. Gekheit! Ho hab ik it hawn? Dat wier oars hwet as sa’n skiterich bankerotsje fen dy. Ik lit de ljue mar prate hwet se wolle. Dat is mei in jier twa al biwend. En dêr binne de ljue yette al nochlik fen tsjinwirdich, de measten wolle greach wer mei yen hannelje, as se in stûrke oan yen fortsjinje kinne. Ja, ik hab der ljue ûnder, dy ’t oars yet al in pongfol mannich by my opset habbe, en my lykwol de soallen út de skoen tsjinje wolle. Ik hab der sels niget oan.

It is “mynhear!” foar en nei, op inkelde âldmoadrige stiifkoppen nei; mar dêr kin men neat mei wirde.

Sint. En den in oarmans namme sette ynpleats fen yens eigen? Fij! fij!

Ork. Nou, hwet skeelt dat? As ’t mar giet. En dat komt mei de tiid ek wol wer yn ’e heak, as men ’t paed mar wit. De greate ljue, dy dy helpe scille, moaste ûnder ’e side krûpe, en aste witste det se in rudich steed habbe, den moast hjar tige kardzje, al kardzje, al kardzje. Den kinst’ mirakels dwaen. O, Sint! dou witste net, ho dom in bulte minsken binne. Ik moat der wol om laeitsje. Hja mienden ek, det ik my forrekkene hie, do ’t ik bankerot gong. Dêrom moast in kindich master yn ’e stêd myn boekje neisjen. Mar master sei: “Hoar, jonkje! jou make sommen die ik niet begryp. Jou binne my feul te slim in de rekenkunde. Ik kan je niks leere.”—Nou, wier ’t nen wonder? Ik hie bûtelâns op ’e skoalle wêst.

Sint. Mar ho meitsje jy it mei de krediteuren? As dy jo neijerhân tsjin komme, sjen se yen den net raer oan?

Ork. Dou moast hjar altyd net yn ’e tût rinne. Biljeaven de greate net, dy ’t hele knoarren ha moatte; hwent dêr binne lilke ûnder, dy doare yen yet wol by de hûd krije, as ’t slim komt. Mar dat is my yet mar ienkear oerkomd, en dy liet ek al wer los. Slaen doare se yen net, al hat men ’t tsjiendûbeld fortsjinne. Elts is eang fen útfenhûs yn ’e stêd.

Sint. Men kin se net ontrinne, tinkt my, as der sa folle binne.

Ork. Nou, dy lytse, dy ’t om dy hinne wenje, lyk as timmerljue, ferwers, skroarren en moadewinkels, dy moast glêd bitelje. Dat smyt dôch gjin seadden oan ’e dyk. Den hast ek ljue, dy ’t dy priisgje, wyls ’t oarren dy forflokke.

Sint. Den is der yet hwet, dat my net moai taliket.

Ork. En hwet is dat?

Sint. Det se yen nei wize en sizze, lyk as dat wol sein wirdt: “Dêr giet dy greate skelm hinne; in hear fen stellen jild, dêr ’t in oar jierren lang sûr for tobbe hat, dy ’t nou troch sa’n snaek yn ’t ûnderbaitsje rinne moat. Dy moaije rôk moasten se him fen ’e bealch barne!”—It scoe yen grize!

Ork. Jonge, dat hear ik allegearre net; en dat binne gjin kanons-koegels.

Sint. En den de bysfeinten yen yn almanaks-koerren rinne litte troch de hele stêd hinne.

Ork. Dat komt my net oan ’e kâlde klean.

Sint. Nou, Ork-om, ik tink der yet sa net oer as jy. Us dominys leare ús dat sneins ek net yn ’e tsjerke; dat skeelt folle.

Ork. O, dat wit ik sa lyk net. Dêr dwaen ik net oan. En aste dat sa fyn ûtplûzje woste, den kin der neat fen komme.

Sint. Jou paed doocht net, man! It liket neat! Ik scil ’t earlik bringe sa fier as ik kin. De seilen der plat by en de húshâlding bisnoeije. De ljue meije sizze: “It spil fen Sint wirdt der net better oan”: hja scille my net forwinskje en forflokke. Kin ik net in rôk mei gleone knopen drage, mei in baitsje kin ’k my ek waerm klaeije, en dat scille de ljue my wol hâlde litte. Kin ik myn bern net as hearen opfiere, en in bult jild neilitte,—hja scille der mei soune lea en in goed sin, troch Gods help wol troch komme. Hja scille hjar net to biskamjen habbe as hjar heite namme neamd wirdt, en nimmen scil hjar forwite, det se fen stellen jild greate ljue binne. In wiis man út de âlde tiid sei: “Beter is een weinig met gerechtigheid dan de veelheid der inkomsten zonder recht.” En in oaren: “Het weinige, dat de rechtvaardige heeft, is beter dan de overvloed der godloozen.” Sa tink ik ek, Ork. Us heit hat faek sein: “Jonge! tink ris om dat jild, dat sa by eltsoar komt.”

Ork. Dêr wit ik net fen. Ik lêz sokke boeken net. Dou wirdste fyn, leau ik.

Sint. Ik bin fyn noch grou; mar it is my dêrom net allike folle.

In Faem ropt by de doar. Sit mynhear Ork hjir? Dy moat gau ynkomme. Der is in great brief komd, dêr stiet sok raer lêzen yn, det jiffrou is der mislik fen wirden.

Ork giet rimpen opstean en seit yn ’t hinnegean: Dy divelske frouljue lizze aenstons fen hjar sels. Hja bihirdzje der ek net yn, al lêze se fyftich rare brieven.

Sint allinne. Nuvere brieven! Ork! Ork! Ork! Net yn ’e tsjerke komme; nen bibel lêze; folle bêste ljue yn ’t ûnderbaitsje helpe, om sels in hear to wêzen; kindige ljue forbjusterje mei rekkenjen! Ik wit net, eft de greate slútrekken net in trien-eager wirde scil.

1832. TSJALLING HIDDES.

IT PAED NEI DE JILDDOBBE.

It is in lyts toarntsje forlyn, det ik ris yn in koer mei pompieren omskoerde. By it trochnoazjen fen dy skriften foun ik der ien ûnder, dat yette al hwet mear like as kom-alledei. Ik lies it ien en oar ris oer en tocht: Soa! dat is ek lang net fen in gek skreaun, al is de skriuwer den ek mar in boereminske.

Ik bitocht my in bytsje en do skeat it my yn, det it wol net ontsjinstich wêze koe, om it ek ris oan oare minsken to lêzen to jaen, wol to forstean, as hja ’t lêze wolle. Ik scil it den mar drukke litte, tocht ik, en dy it den net lêze en ynsjen wolle, kinne it stean litte. En oaren, dy ’t ris ynkypje wolle, kinne der út meinimme hwet hjar oanstiet, it oare kinne se bliuwe litte. Ik scil it mei twa, trije wirden sizze hwet for ding dit grienmank fen goed en tsjoed is.

It is den in brief fen in faer oan syn soan, dy troch syn heit en mem to goed, to wiis en to great achte waerd, om him yn it platte lân yn ’t ien ef ’t oare bidriuw op to bringen. Soan wier de oare skoallebern, ja him sels, yn ’t learen fier foarby roan. Hy lies as in abbekaet en spriek de wirden nei de nije wize, sûnder missen út. Hy skreau op ’t lêst,—dit hied er op ’e lâns-sikterije leard,—sa kribelkrabbelich, det nimmen it lêze koe. Hy koe ek wol birekkenje, det der fiif cinten yn in stûr gongen, det twa ien mear is as ién en det men in stûr ha moat om ien útjaen to kinnen. De âlders hiene master tige holpen, om soan foar ’t forstân geleard to meitsjen. Dit wier sa wol mei him lokt, as mei sa folle ierripe berntsjes fen ús tiid, dy’t bynei tinke en redenearje foar det se fen heit en mem sizze kinne. Troch tofolle ljocht snieblyn makke, reitsje hja den oan ’t omdwelmjen en komme út it lân yn ’e stêd to lânne.

Sa wier den ek heite en memme ljeaf snieblyn soantsje yn ’e stêd earne as skriuwer oanrekke. Hy waerd jongehear hjitten en hie syn wapen, de pinne, efter ’t ear sitten. Moai út de kluten sketten, tige wiis en great yn syn eigen eagen, seach disse ynkommeling yn ’e stêd altyd omhegens. Allinkom stoep er fen de ûnderste trep op ’e twade en sa op ’e tredde, as skriuwer, en waerd sa al mansker by him sels.

Dit noaske heit bjustere skoan. Alders tsjugge ’t sa graech, det it mei hjar bern yn ’e hichte giet. Heit woe him yette heger ha, en op in dûr op ’e heechste trep, dêr de jonge komme koe, to stean hâlde. Dêrom skreau hy dy brief. Dêryn redt er syn soan oan hokker paed er hâlde moat om to kommen dêr ’t heit him habbe wol, en dêr ’t de soan ek wêze woe.

Ho ljeaf habbe sokke âlders hjar bern! Ho bodzje hja en hwet bitinke se net al om de bern gelokkich to meitsjen. Ho sûr litte se ’t hjar wirde om de bern ryk en great to krijen. Hjiryn bistiet dôch it wiere lok fen in minske. Ja, it is wol wier, det twa âlders makliker saun bern ûnderhâlde en troch ’e tiid bringe kinne, as saun bern twa âlders.

Mar dy âlders habbe ek in tige bult plezier oan de bern, bynammen oan sokke bern, dy’t sa fiks út de hânnen wolle. En de bern, hofolle moatte dy den ek op hjar bar for sokke âlders oer habbe! Ho moatte dy, op rie fen hjar âlders, net grabbelje om jild en oansjen! Hwet bihearre se, om âlders sin en plezier, net al to dwaen om greate hearen to wirden!

Ik winskje det beide út dit blêdtsje pompier der mear ynsjen yn krije meije, hwet hja for eltsoar wêze en dwaen moatte. Ik hoopje det dit pompier yn dizze dagen, hweryn it sa krap mei de boerkerij en oare bidriuwen omkomt, in bytsje wolkommer wêze mei as in slynske kat yn ’e molkenkeamer. Ljue dy yette siikje nei hwet oaren al foun habbe: in swier ynkommen en goede trakteminten—meije oan dit skriuwen in eksimpel nimme. It briefke fen heit wol oars neat sizze as:

By jild, by oansjen, hege steat, Is alles, sels de deugd mar neat.

Leau it mar, minsken! Lêz’ dêrfor de brief. Dêr habbe jimme hjar. Meitsje der út hwet der út makke wirde kin.

Ljeave Soan!

Ik hab dyn brief wol krige en myn hert hipperde-wipte my yn ’t liif om, det ik ris skrift fen myn ljeave soan ûnder de eagen habbe mochte. Saun kear moast ik út blydskip de brief oerlêze, foar det ik der út lies, detste soun wierste. Ik lêz net folle sok moai brieveskrift as dines. It stie nuvere moai, howol de letters tige op putheakken liken. It moat moai wêze, hwent dou haste by knappe skriuwmasters leard. Det ik der hast net út komme koe, laei by my, om’t ik sa oandien wier.

Ik makke der den langomlet, mei in bulte oandwaenlikens út op, det it dy goed giet en detste it goed haste, en hjirút lied ik ôf, detste ’t ek goed makkeste. Dou witst’ it net heal ho bliid ik dêrom bin.

Ho nochlik is it my, detste yn lean forhege biste. Dou stietste den goed yn ’t blêd by dyn master en hâldste en draechste dy ek fêst bêst; oars giet it dôch sa net. Sa moat it gean, jonge! Al njunkelytsen opkliuwe yn fortsjinsten en den sparje om in moai stûrke oer to garjen tsjin de kweade en âlde dei.

Aste sa faesje hâldste, den kin heit gerêst om dy de holle dellizze, hwent den scilste gjin brea brek ha. As ik weireisgje en den sjuch detstou fen dat roune gûd genôch haste en yn in goede kostwinning ef ljeaver jildwinning sitste, hofolle lichter is den it stjerren for my! Dou hast nou de rjuchte wei foar dy lizzen, soan! forjit dit net!

Ik scoe der greatsk op wirde, as dat gjin kwea wier, mar ik draech it hert der al helte heger om, det ik sa’n jonge hab, dy’t yn ’e stêd is en mei alle jongehearen fen fetsoen omgong hat. It kitelt my danich detst my skriuwste, det jimme jamk mei eltsoar yn sokke huzen geane, kofjehuzen en soasjeteiten,—sa neamstou se ommers, net wier? en dêr den oer sokke hege dingen lyk as ’t lânsregear en de staets-pompieren, sa wiis prate det ik der mei myn bot forstân hein noch nei by kin. Soks stiet for sokke jonge hearen sa moai!

My tinkt it kin ek yet al troch de bûgel, det jim jimme dêr den ris fordivedearje mei in bytsje to spyljen en in slokje to drinken. De bôge kin dôch altyd net spand stean, en dyn holle, dêr’t safolle yn omgiet, moat soms ek ris útspield en bunske wirde. Do’t ik jong wier, gyng ik sels ek wol nei ’t weardshûs om in healfeantsje en in dripke plezier, howol dat alles mar op syn boersk gyng.

Ik lêz út dyn brief, detste wol fyftich goune bûsjild habbe woeste. Ik bigryp wol, detste net sûnder jild kinste en scil it dy dêrom stjûre. Mar nou moaste dôch foaral en biljeaven net rij wêze en der oan de hoasbânnen ta troch gean. Troch net djipper to tarren en to smarren as de bûse lije wol, wirdt der in stûrke oersparre, en it jild is yn dizze tiid net rom. Mar dou kinste dôch ek dyn fetsoen as jonge hear allykwol om in stûrke jild net weismite. Fetsoen docht ek jild. It is fierwei it bêste twisken de wâllen yn to bliuwen, den rekket men noch oan de iene noch oan de oare kant yn ’e sleat.

O hwet in hearen-eintsje-libben haste dêr nou yn ’e stêd. It is in himel op ierde, omgong to habben mei sokke jonge feinten fen oansjen, dy sa moai klaeid binne en safolle better prate kinne as in boer. “In boer en in beest habbe ién foarletter,” sei in potsjemakker ienkear tsjin my. Nou, dou biste nou ta in minske, ja, ta in hear makke, en scilste, as ’t hwet slachbûgje wol, it yette wol fierder bringe.

Ik hab it altyd al sein, heiteman! detstou fiers to goed wierste om mei dyn tsjep en heech forstân, by sa’n oerstalligen geleardens, altyd op ’e groppemiellen yn ’e kouwekjitte om to rieren, oan ’e seine, sichte ef leppe to stean, ef it ien ef ’t oar swier en gemien hantwirk to learen. Dêr koe neat fen komme mei dy; dêr foel noch dyn noch myn sin op. Ik woe in hear fen dy meitsje, en wol dat nou yette ienris sa graech dêr ’t ik better en better ynsjuch, det ik gjin bûter oan ’e galge smar mei dy. Hwet scoe men ek mei det ezeljen bidije kinne? In bodder bliuwt altyd in bodder en moat, krekt as in ezel, altyd for oaren in tige swier pak toaije. En dêr hat mem dy net for yn ’e widze lein. Mei de pin, mei de pin is it to heljen, heite! Dat seach heit al lang en dou learste ’t nou ek al.

Myn bûrljue bigjinne my wol mei in skean each oan to sjen, en myn goede kinders wirde al kweaginders omdet ik sokken jonge hab, dy’t hjarres sa fier boppe de holle en oer ’e fûst is; dy’t as hear yn ’e stêd is en stedsk prate kin. Hja sizze wol ris: “Hearre syn soan wirdt sa greatsk, det er hast net mear wit ho ’t er him posture en gean scil, en hy stapt dêr yn syn moaije rôk om as in ingelske hoanne.”—Mar dat is kleare bare misginstigens, en oan sokke ôfwaeide praetsjes moat men yen net steure; dy scille wol wer oerbetterje.

Meits dou mar, ried ik dy, detste omheech komste, lyk aste ont nou ta dien haste. Ho mear men yn ’e hichte giet, ho minder men ek yn ’t each rint en ho minder oaren it dy misginne scille. As dit mei dy lokke mei en ik it mei dy bilibje mei, den reitsje ús kweaginders der op ’t lêst yette wol om oan ’t plokhierjen hwa ’t earst in frjeonlik wird fen dy krijt en dyn greatste boetsje wirde scil. Dit is sa de menear fen dwaen en tinken by de minsken; hja binne sa, en sa moast hjar ek brûke.

Nim dou sa de reamme fen ’e mâlke ôf en lit oaren de tinne flut fen dreage mâlke hâlde. Sjuch dou de huning for dy to krijen en lit hjar, dy safolle mânsk net binne as dou, it wirk mar dwaen. Den is ’t yn ’e rjuchte, foaral aste hjar soms ris in ljeaf lyts bytsje mei priuwe litste.

Dêr hearste ’t op yn to hâlden. Siikje sa mei nimmen en jaen der boppe op to kommen. Dit is heite winsk. En heit scil dy hjirfor ek yette iene en oare middels oan ’e hân jaen, dy ha ’k for in part sels útfoun en for in part ha ’k se krige fen ús domeny, dy him yette al ridlik nei de minsken jaen en him goed skikke en foegje kin.

Dou moaste den dyn bûsen wiid en waech iepen sette, det de reade en wite flinters der sûnder kantroeren by de rûs yn fleane kinne. Flinters fleane meast dêr ’t de sinne skynt en de swiete blommen rûke. Dou makkest den ek, detste tige blinkste en swiet en fier rûkste, om se sa oan to lokjen. Aste den de bûsen, dy ’t mei lym bismard wêze moatte en kleevje, goed fol haste, den dochst se ticht en hâldst se sletten, om de flinters net wer fleane to litten.

Sûnder jild is alles neat. Mei en for jild kin men alles krije. For jild kin men folle keapje, soan! Sokke frjeonen kinne yen altyd tsjinst dwaen, en oare frjeonen—helpers en kroaders—hiere. In minske sûnder jild hat it wol helte swierder, as er op ’e kluten komme wol, as ien dy dûbeltsjes op ’e bûse hat. Mei jild kin de iene goe minske de oare in deugd dwaen. De iene hân wasket de oare en sa wirde hja beide skien.

Hâld dyn mûle to riede lyk as dyn pong. Wêz sunich op dyn wirden, aste ’t net al to goed witste hwet for flêsk aste yn ’e kûpe haste en ho de ljue, dêrst by biste, it ljeafst hearre wolle en meije. It moat in goed prater wêze, dy ’t in swijer forbetterje scil. Dou moastte mar meien neiprate en sjonge, sa as men ’t dy den foardocht. Den rekkest yn ’e ginst fen ’e ljue, den mei elk dy graech lije—aste ’t net to lûd en to folle dochste. Nimmen wol graech tsjinspritsen, mar sa folle to ljeaver meifoun en foartsterke wirde yn syn sin en miening. Sa binne wy ek al, en hwêrom scoene oaren den sa net wêze? Sjuch dyn folk oan, dit hab ik fen domeny leard. As dy op ’e stoel stiet to preekjen en de gong fen ’t spil it meibringt, den sprekt er alle ketters lûd en lilk tsjin, en wiist it oan, det hja allegearre op ’e dwaelwei binne en wy allinne ’t rjuchte foar habbe. Hwent sa wol syn folk it dêr it graechst hearre en de oaren komme net by him yn ’e tsjerke. Mar is dominy ris by in ketter to gast, den hâldt de man him stil en praet swiet mei de ljue hinne. Dit lear ik nou wer oan dy. Meitsje gebrûk fen dizze ried; hja helpt in bulte. Dou meiste domeny en heit hjir wol yn leauwe, wy habbe ’t by ûnderfining.

Foaral en biljeaven hearste op dyn iepenst to wêzen, as de ljue in bytsje balstûrrich binne, as se de kâlde koarts earst yn ’t hert hawn habbe en den de hjitte yn ’e holle krije; hwent den wolle se soms wol hwet dwylje en bûtenslaen. Ja, as dat slim oankomt, den mei yen de eangstme wol oanslaen, en den moat yen de grize oer de grouwe gean, sa nau is ’t den to hippen. Den de mûle ticht op ’t slot, jonge! Ef oars, neat oars as út de selde noat sjonge en mar tige mei bâlte!

Noait litste ’t yn dyn hersens opkomme om dyn hearen, masters en greate ljue tsjin to praten. Sidesêfte wirden wolle hja út dyn mûle habbe. Jow hjar dy; hja kostje dy ommers neat. Alles hwet sokke ljue moai fine, fyn dou dat ek moai, en priisgje ’t yn hjar by- en ôfwêzen, det oaren soks ek to witten komme. Hwet hja mâl en lilk neame, jow dou dêr ek slimme nammen oan. Flaei hjar, mar sa, det hja ’t net hearre kinne, det it flaeijen is. Nimmen wol wollens en wittens flaeid wirde en elk flokt op ’e flaeijers. Aei hjar, mar sûnder hjar to knipen ef to folle to kiteljen. Net to grou en net to fyn; hâld dat yn ’t each.

For hjar kweafrjeonen, ef dy net allyk mei hjar tinke, kinst’ dy wol in bytsje mije, en wêz’ dêr biljeaven net great mei. Hearste ’t dat sokken hwet sizze det dyn hearen net oanstiet en mûlket, forfyskje en draech it hjar oan; dêr winste rju mei. Fandelje dat op; it binne gjin wyn-aeijen, hear!

De wearhoanne op ’e toer kin dy fierder de wei wize. Dy stekt altyd de kop yn ’e wyn, en as er mar rûkt det de wyn omfleane scil, den smyt hy ek yn in amerij it gat om en stekt de kop sa al wer yn ’e wyn. Hâld dou ek sa de noas en de holle dêr hwêr de wyn wei komt, detste sjen, fiele en rûke kinste as de wyn draeit en sels as er draeije wol, en dat hwet foarút; den bist’ altyd klear. Nin wearhoanne moat better draeije as dou. “Oermacht docht wykjen”, seit it sprekwird, en sa kin de hoanne ek de wyn net forstean. Stean dou de wyn den ek allike min tsjin. It is swier wirk en dôch om ’e nocht.

Wêz’ linich yn ’e rêch, linich yn ’e mûle en redsum yn al dyn dwaen en litten. Hwent minsken dy ’t sa stiif binne as dampeallen bliuwe op ’t selde steed stean en wirde wol ris omjage. Mei dy moat it wêze: “Foarút is de wei!”

Mar nou scilste sizze: “Moat ik den oars prate as ik tink?”—Biste gek, heite! Dou moaste krekt sa tinke aste praetste. Mar dyn tinken heart nearne oars om to wêzen, as om great to wirden. En dat woest ommers wol, net? Wolnou, den scil dyn praten en tinken wol by dy sels yn elkoar slute as in bos, aste ’t mar goed ûnder ’t forstân haste en hâldste.

“Mar”, fregest’ my mogelik, “ho moat ik den mei myn konsjinsje, as dy net ris om ’t lyk wol, en as ik dêr den mei yn omslach reitsje op dat paed, dat soms wol hwet bôgje scil?”—Dit is bernepraet, jonge! Bitsjut dou dyn konsjinsje, det men yens eigen bêst siikje moat, stek hjar den yn ’e bûse en bidobje hjar ûnder ’t jild. Hja scil dêr wol stil wêze en dou scilst der den net mear lêst fen habbe.

Sa hab ik dy nou it paed nei de loksberch foarskreaun. Dou biste der op; pas op, detste ’t ûnder ’e foetten hâldste. Kinste soms ’ris op in goede kroade to sitten komme en dy sa in ein om hegens kroadzje litte, dêr moaste foaral om siikje.

Ik sjuch dy al oan it great ieslok swiet stean to plûzjen. Meitsje dôch detste dêr gau oan komste, en skoer der den mar de greatste lokken út; dat binne de bêste. Ik winskje neat mear as det ik dy hast yn sa’n smoarrich ampt sjen scil, det it fet dy fen ’e fingerseinen ôfdript. It is my allyk as dyn namme den yn eur ef aris útgiet, aste mar ontfanger wirdste. Ja, ontfanger fen greate slompen jild scilste wirde, hoopje ’k. Ik siikje sokken bistean for dy, en siikje dou der mei om,—hwêryn oare ljue for dy jouwers wêze moatte en de stokmantsjes by de rûs ta dyn doar yn komme.

Mar der binne nuvere minsken yn ’e wrâld. It moat dy dêrom ek net rimpen oerkomme, as der ris immen komt dy, astou sa yn ’t bûterfet fallen biste en it jild dy by skepfollen ta de doar yn smiten wirdt, seit: “Sjuch, dêr giet ek al ien fen dy greate earmen hinne, dy ’t wy ûnderhâlde. Dat is nou ek al ien fen dy ljue, dy ’t út de greate bûse tarre, en dêr ’t wy it baitsje for lûke moatte.”

Der binne in bulte kwea minsken, jonge! De niid is great. Lit hjar mar hinne prate. En howol men der gleon om yn ’e hakken wirde scoe, tink dôch mar: hja witte net better, en stoene hja ris op myn steed,—stil wieren se as in mûs. Dou kinst’ sokken wol heine en slaen en troaije.

Ien ding is der lykwol, dat my hwet slimmer taliket. As de ontfangers sa yn tal en ynkommen oanwinne, det de jouwers gjin jouwers bliuwe kinne. Ho den?—Komt dei, komt rie; dat is alles hwet ik dêr fen sizze kin.

Dy ’t langst hjir bliuwt scil ’t al bisitte. En dêr is ’t mei dien. It slimste dat der op sit: as der gjin mear jouwers binne, det jimme hjar den jouwe.

Ik scil myn brief, dy sa lang wirden is as in foech prekaesje, hjir mei eingje: det ik dy tawinskje, detste gau great wirdste, in rom baentsje, in ryk wiif en in moai hûs krigeste.

Ik bliuw dyn ljeave heit

Hearre F. Jildsma.

Nou is de brief út. Dy ’t it better wit as heit, moat it mar sizze.

1833. TSJALLING HIDDES.

MAEIKE JAKKELES EN HJAR WIERSIZZERIJ OAN DE FAMMEN.

Maeike Jakkeles (dit witte jimme) is to Gauw op ’e wrâld komd, en to Hallum great makke. Der stiet fen hjar skreaun: “It is in minske, kant fen liif en lea. Sy stiet midden yn ’e skoen en giet mei de teannen foarút. De mûle sit hjar op it rjuchte steed. Hja hat in rjucht noas, mids yn ’e troanje, en net in tipnoaske, mar in gevel dy it gebou moai stiet, sa it heart. In pear rjochter hânnen hat se oan ’t liif, as ’t oan ’t wirk en skroarjen takomt; en sy sjocht der út, as in Ontfangers- ef Bysitterswiif op it bêst fen hjar libben.

Hja kin Bibel-lêze, krantsje en Almanakje, briefskriuwe en alle Salmen glêd sjonge. As se to brilloft is, den hellet se op fen “Japik yn ’e parrebeam en Nynke wol net heine”, sa goed as de bêste út de heap, mei gjalpen, det de pannen op ’e richel rinkelje. Hjar forstân is klear en ryp wirden op ’e kâlde groun, lyk as de maeigêrzen.

Yn hjar sizzen foel se wol ris oerbidige skerp, as hjar de mûtse oerdwers stie, om ondogensheit fen minsken. “Ik haw net tsjin de minsken (sei se), mar tsjin hjar ondogense streken”. As der ljue út Israël by hjar oan de doar kamen—en dy kamen der do tiids ek al rommernôch yn Hallum—dêr woe se nin dwaen mei hawwe. Hja sei: “Ephraïm en hjar skoerre en tôgje mei ienfâldige ljue om, sa lang as se der hwet fen ploaitsje kinne, lyk as de roeken mei de ongânzen.”

In kliemsk, tipsidich bûrwiif, dy net suver oan ’e lever en yn hjar jonkheit rom genôch hantearre wier, sei tsjin Maeike: “Fij, hwet binne jy yette luftich en idel nei jou jierren!”—“Hwet mienste”, (sei se dêrop) “det ik sels de reamme allegjerre nomd hab, en ús ljeaven Hear oars net as flut jaen wol, lyk as dou?”

By ljue dy altyd oer it goede prate woenen, en it yn hjar dwaen sa krekt net hifken, oan de greate inster, as de bûse der mar baet by hie, roun se folle mei de stikel om. Sa praette en eamele hjar skoenmakker ek jimmerwei. Dizze man wier út Loeksterhoek komd as in minger fen ’t earmbistjûr, en yn seis jier, nei det syn âlde baes it kistelid oer ’e noas stritsen wier, en de erfgenamen yn de holle kast omsjoen hiene as in kou yn ’e Ljouwter poarte, in great man wirden to Hallum. Nou it skammel mantsje de skiepkes op ’e droechte hie, liet hy de holle yn ’e tsjerke op ’e side hingje, en krûpte mei syn wyt prûkje op en brún sarjes rokje oan, deun ûnder de listen fen ’e preekstoel.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings