DE LAPEKOER FEN GABE-SKROAR. (continued 3)
Reading edition
Domenij. Sjuchste wol! En de siktaris fen it Nut hat my jister noch mei it kryt yn ’e hân útrekkene, det ik wol fyftich jier mei de letter binefter wier.
Gabe. Lêsten frege ik dôve Japik, ho jy ’m foldienen; nou, jou preekjen wier oars sa slim net, mar der siet nin lonte yn je.
Domenij. Dat scil de jiffer fen ontfangers om de deaker net sizze. Dy krige forline snein de limoer yn ’e tsjerke, do ik in gjalp yn ’e tapassing die, dy hwette hird oankaem. Mar Teake Stikel, (witste? dy al myn teksten opskriuwt,) dy hat ’m noch better ward; dy kraeide okkerdeis oer it hiele gea út, det ik twa âlde preken nei eltsoar dien hie.
Gabe. Men hat it slimmer mei de niten as mei de luzen. De stimper kin der oars neat fen as de tekst. It bytke dat er mear fen jins preek thús bringt, berget er jouns noch mei de sneinsklean yn it kammenet; as je mar in oar kraech op dy âlde rokjes settene, Teake scoe allegearre for nij oansjen. Mar, hawar, it is om yen stikken to laitsjen. Okkerdeis siet Tetkemoi goêmoer by de tsjerkefâden, en klage earmlik hjar need; en hwer mien’je oer, domenij? Det jins gebetten en jins preek eltse snein oars wierne. Jy giselen alles troch inoar as in keallestirt, en der wier nin each op to hâlden. Fen ’e âld-domenij koe se foar- en nei-gebet op in prik fen bûten, en dat koe se den sa swietkes yn ’e tsjerke neiprottelje! Mar al stiene jy ’er noch fyftich jier; den wist s’ er noch nin grevel fen. Jy laitsje, domenij; mar sizz’ my, ho scil men al dy ljue de mûle stopje?
Domenij. Ei, Gabe; doch dyn plicht, en lit de ljue rabje. Kom, lit ús fen hwette oars prate. Witst’ ek nijs? Hwer kaemste hjoed wei, doste uzes foarbygongste?
Gabe. Ik hie nei Auke-boer west om in rokje to mjitten. Hwat ha ik ûnderweis lake, domenij!
Domenij. Hwet wier ’t den?
Gabe. Jy kenne masters Olfert wol?
Domenij. Dêr de âlders sa ier fen weirekke binne, en dy do by master, syn omke, ynkomd is?
Gabe. Krekt. Nou, dy laei plat op ’e rêch sa lang as er woechsen wier yn ’e ûnderwâl fen ’t leanke del; krekt kaem der in jong fyndoekspoepke foarby, dy him de wei nei Frentsjer frege; en ho mien’ je, det er dy man dat bitsjutte? Om ’t er to loai wier oerein sitten to gean, tilde er ien fen syn longerige lobben yn ’e hichte, en wylst er dy nei de kant fen Frentsjer swong, sei er: “Dêrre, keapman!”
Domenij. Dat wier den danich, ju! Ja, hy moat hwet útmintsje yn loaijens.
Gabe. En dêr hat er gelyk oan. Olfert hat ommers oan âlderserf meibrocht njoggentsjinhûndert goune en seis pounsmiet bêst finlân; en den noch de oanstjerte fen in âldomke fen in keeft mei klean en linnen. Dêr kin in keardel wol loai op gean.
Domenij. Dat ’s wier. Mar wy wolle hoopje, det ús ljeavenhear dy en my for in segen biwarje scil, dy ús de bargen allyk makket.
Master. (Oan ’e doar.) Hijla! Folk?
Domenij. Kom yn, master.
Gabe. Jy moatte him ’ris tantsje oer Olfert.
Master. Ik scoe ’ris freegje, domenij, eft jy moarn de koalplanten hawwe wolle?
Gabe. Binne ’r noch net nôch domenijs, dy koal forbouwe en forkeapje? Moatt’je ’r ús domenij ek noch oan helpe, master?
Domenij. Hâld dy stil, Gabe: wy krije nou prefesters, dy de jonge domenijs dat leare scille, as se ’t út hjar sels net koenen. Mar do ik op ’e stúdzje gong, waerd de gnjirkerij noch net leard, en dêrom scill’je wol wachtsje moatte, master, as myn wiif thús komt.
Master. Nou, domenij, den winskje ik jimme genacht.
Domenij. Né, né! In eagenblikje. To! Toalf minniste blêdden, wylst ik selaed yt. Jy hawwe ommers neat to forstriken.
Master. Nou, for jins rekkening. Wy scille stroukje, en as ik de tsjien geboden fen myn wiif yn ’e troanje krij, for jins rekkening. (Master stoppet.)
Domenij. Wy hiene jimme Olfert by de holle. Hâldt dy ’m noch noatich?
Master. Sa matichjes. Hy hat in tsjoed kwael, dy noch folle slimmer is as de treddeis tsjinst. Alle dokters en prefesters fen ’t lân kinn’ ’m net weimasterje; hy hat evert op ’e rêch.
Gabe. My tinkt, dêr binne noch al middelkes for. Hwette trochgeande salve op syn tiid is ’er bjustere skoan for, wolle de ljue wol sizze.
Master. Dat leauste! Mar foaral en bilieven mei de fûst ynsmard, en as ’t slim komt, bollepystsmoar der boppe op. Mar hy wirdt nou sa âld, det er de mint fen dat smarren kriget, en ik moat nou mar, tuike, tuike, mei him oan.
Domenij. Jy wolle sizze, master, Olfert mient, det ús ierdkleat in planeet is om der baei to smoken en yn ’t waer to sjen, mar net om to adamjen.
Master. Op ’e kop, domenij; op ’e kop! En ik miende, det it in planeet wier om er op to pocheljen en to smoken fen beiden; mar binammen pochelje.
Gabe. Mar hien’ je den nin licht wirk for him master, dat him sinnige, sa as hwet túntsje? Jy hawwe ommers in great hôf.
Master. Túntsje? Myn ljeave man, hy forflokt alle griente, dy ús ljeavenhear oer ’e groun krûpe lit. As er him bûgt om de stambeantsjes út it onk to redden, ef hwet bledkeselaed ôf to snijen, den stint er eft er boarste scil. Lêsten heard’ ik him as in âld bear yn him sels gromjen: “Dat goare gêrs.... ik fordom it sa wyt as sûpe! It is noch nin goe’ kouwefretten...... det in jong keardel dêr syn soune lea op brekke moat!”
Domenij. Mar kin hy net skriuwe? Skriuwe is tinkt my, goe’ loai-ljues wirk.
Master. Skriuwe, domenij? Skriuwe? As in abbekaet, wo’k jo sizze. Mar de deaker, loai is slim. As ik tsjin him siz: by jountiid fiif skriften klear, den binne se klear, mar allegearre hoannepoaten; hwent ik haw him nin tiid dien, seit er; en as ik him langer tiid doch, den skriuwt er yn in hiele dei just in pljims foarskrift.
Gabe. In mâl séskip, dat op nin ien fen beide boegen sile wol.
Master. Ja, mar op it lêst ha ’k dochs hwette foun, dat him noaske. My tochte, dat gewyn en gebombam fen in klok wier noch sok onbinlik wirk for Olfert net. Ek wier er sa âld al, det ik him it setten fen ’e klok der wol by tabitrouwe koe. Op ’e sinnewizer scoe er him net gek studearje, en op it winen en lieden net lam arbeidzje. En, ja wol, man, dat wier rekke; hy hie ’er aenstons krêft op. To njoggen ûre, to twa ûre, to acht ûre lette Olfert, det de bynten wriggelen, en de kaën fen ’e toer fleagen. As ’t dien wier, hinge er mei syn grouwe hûd oan ’e klokstouwen, en liet him op en del slingerje sa lang as de klok neilette. Lêsten fleach er noch mei de plasse tsjin ’e balken oan, det er yn ’e sûs delfoel, en for heal-dea thús kaem.
Domenij. Sa giet it mei dy fornimstige ljue: hja siikje allegearre de hichte.
Gabe. Dat wier in stik bûter yn ’e brij. Mar wier it wol dûrjen?
Master. Fjouwer wiken hat it goe’ gien; mar do rekke er yn omslach mei de skoalbern. Okkermoarns, do er fen it njoggenûrs let thús kaem, hie er danich it mâl fel oan. Hy seach as in ûl, kin ’k jo sizze, en do ’k him frege, hwet him ritte, keilde er de klots tsjin ’e flier: Dat wjirmske kloklieden! sei er. Dy syn faer en moer foarmoarde hat, is noch to goe’....
Olfert. (Hy ropt oan ’e doar.) Omke, as je ynkomme wolle; de pankoeken binn’ klear.
Master. Dêr is er; freegje ’t him nou sels. Hy is tsjinwirch sa flak en njuet, det me him wol om ’e finger woelje ken.
Domenij. Olfert, kom yn! Omke hat daelk de piip út.
Olfert. Joun allegearre!
Gabe. Joun Olfert! Is dat sa, det jimme omke seit, detste sa ’n mier oan ’t kloklieden haste? My tochte, dat mêd wier sa ’n dûbelliddich keardel as dy oars net to mansk.
Olfert. It wirk pleage my net, skroarke.
Gabe. Hwet pleage dy den, heite? Binne der spoeken yn ’e toer? Haste de liken sykjen heard, ef in bigangel sjoen? Binne de minske-skrinkels út ’e bjintsjekou tsjin dy oandounse?
Olfert. Né, né, Gabe! De deade hawwe it my net dien, mar de libbene. Ik woe det de toer mei de klokken en de hele santepetyk ombruide.
Gabe. Nou, dêr haste wol kans op; hwent de domenijs bidde wol for de tsjerke, mar net for de toer.
Domenij. To, Olfert, forhelje dou it my ’ris, en hear mar net nei dy praettsjemakker.
Olfert. Wel, domenij, foar trije wike hat de sinne mei dat dizenich waer wol in dei ef fjouwer biskûl west, en do er wer troch ’e wolken kipe, seach ik op ’e sinnewizer, det de klok krekt in healûre binefter wier. Ik tochte, kom, koarte metten; ik naem myn trekken daelk ûnder skoaltiid waer, en sette de klok twiske ienen en fjouweren in healûre foarút. Dat wier in skoft fen treddel-ûre for de skoalbern en timmerfeinten yn plaets fen trije.
Gabe. Sinnige hjar dat net, Olfert?
Olfert. O man, hja sprongen as hoklingen út ’e skoalle, en do se hearden, det ik it dien hie, wier der nin skoander keardel yn ’t hiele gea as Olfert. Mar foart dêrnei krigen wy wer trije dagen efter inoar in bilommerde loft, en do it opklearre, wier de klok in healûre foarút. Ik tochte, kom, feintkes, fen ’t selde lekken in pakje; en ik liet de klok ûnder skoaltiid in healûre stilstean. Dat wier in skoft fen fjirdel-ûre yn pleats fen trije for de skoalbern en timmerfeinten.
Domenij. Hwet sein’ se do, Olfert?
Olfert. Myn ljeave domenij, de jongens pjuwden my efternei, en forsprieken my. “Olfert, rôpen se, loaije Olfert komt noait yn ’e himel.” In hiel espel fen de alderûndogenste namen my yn ’e maling, det ik sa mâl as in tûr yn ’e termen waerd. De joune, do ik acht ûre let hie, stie der in swift fen in timmerfeint om ’e hoeke fen ’e toer, dy my de glêzen fen ’e lantearne ynskopte; man! de kears út, en in slinger om ’e earen ta, det ik om ’e mûtse sochte. In lyts bytke fierder hien’ se op it tsjerkhôf in stûrts-line staid; dêr trûzele ik hals-oerkop yn ’t grêf fen fine Lyske, dy ’t d’ oare deis opdragen wirde scoe.
Gabe. Olfert en fine Lyske! In skoander pear! It bêst wier, det ’er nin skaei fen komme koe.
Master. Ja, mar der kaem in bûde fen oan ’e holle, sa great as in hânplak. Net wier, Olfert?
Olfert. Sjuch, dêr kinne jy de groede noch sjen, domenij. Ik haw ’er altiden noch hwette foetpok op.
Domenij. Mar hwet dieste do?
Olfert. Wel, ik waerd eang. Ik tochte, kom men moat de divel wol to frjeon hâlde, det er yen nin kwea docht. Ik joech de klok eltse dei in knikje fen in goe’ kertier yn skoaltiid foarút, en dat woun ik wer op skofttiid út. Sa wiern’ se in kertier koarter oan ’e bân, en in kertier langer frij. Man, hwet wier ’k do in spekkeaper by de skoalbern en de timmerfeinten! Mar it briek my op as de houn it spek. Forline freed mette ik fjouwer timmerbazen, dy my oanseagen as nitelige bollen. Sy gongen om my hinne stean, krekt eft se my to liif woenen. Ien krolle syn fûst op en douwde ’im my ûnder de noas, det ik tochte, dêr krij ’k in maling. De oare sei: “Loebes! biste to loai om de kop yn ’e hichte to stekken en nei de sinnewizer to sjen? Mienste det wy in hiel skoft bitelje wolle, as der in heal arbeide wirdt?”
Gabe. Dat wier in trawaet, Olfert. Ik hie op ’e naed gien. Biste er noch mei de hiele hûd ôfkomd?
Olfert. Efkes. Ik sloep as in lyts honke mei de stirt twiske de skonken troch, bliid as in ingel, det ik der sûnder flikken ôfkaem. De selde eftermiddeis liet ik de klok ûnder skoaltiid in lyts kertierke stilstean. Do laken de bazen wol sa wyt; mar....
Domenij. Mar de skoalbern, en de timmerfeinten?
Olfert. Pûr gleon, domenij! Breinroer! Sy scoenen my wol roppe hawwe, det er nin fear oanbleau. Nou bin ’k er sa skjin yn fortize, det it ein der fen wei is. Ik kin de iene de mûle net stopje, ef de oare gappet wer as de sé.
Master. Hark ’ris, Olfert. Doste sa’n foech jonge wierste, ha’k dy in bulte bitsjut mei de bollepenis; nou woe ’k dy ek wol ’ris hwet leare mei sêfte wirden. Ik scil dy in goe’ rie’ jaen.
Olfert. As it jo bleaft, omke.
Master. Set den de klok altyt nei de sinnewizer. Hâld dy by de wiere tiid, en wyk der nin sekonde fen ôf. Hawwe de ljue noch hwet oer dy to sizzen, paei hjar mei swiete praetkes, en as der hjir ef dêr al in stúthaspel is, dy oer de klok gnoarret, de measte minsken scille goe’ mei dy op streek wêze.
Gabe. Hwet sizze jy der fen, domenij? Dat komt krekt op jins sizzen del; doch dyn plicht en lit de ljue rabje.
Domenij. Op in hier, Gabe. Elts scil op syn wei skoalbern en timmerbazen fine, en de iene scil him hjir hinne tôgje wolle, en de oare dêrre. Aste dêr nei harkje wolste, den scilste as de hoanne op ’e toer mei twa-en-tritich winen omdraeije, en noch scille de minsken hjar moed net oer dy ha. De iene is lilts, aste de oare syn sin dochste. Dêrom bitink dy earst goed; mar aste dy ienders ryp en goed bitocht haste, folgje den dyn ein paed, en wyk dêr om rabjen ef priizgjen nin striebreed fen ôf. Doch lyk as master seit; sjen nei de sinnewizer, dêr it ljocht fen ’e himel de ûren oanwiist. Dat giet altyt grif.
Gabe. Ja, domenij, dat is in bêst ding for Olfert, dy de klok sette moat; mar....
Domenij. Hat de selde, dy ’t de sinne gleon makke hat, syn ljocht ek net yn it binnenste fen dy, fen alle minsken, skine litten? Ef is dyn geweten hwette oars as it ljocht fen God, dat yn dy skynt?
Gabe. Dat is de suvere wierheit. Mar as ’t ús yn ’e kreamme to pas komt, den lizze wy dat geweten sa nuver út. As it seit, krom, den tsjoene wy it rjocht; as it seit onfrom, den draeije wy it mei in slingerslach from, en sa gûchelje wy ús selme in rêd foar ’e eagen. It ljocht is himelsk en godlik en grif; mar wy forbûge de sinnewizer, en den wiist er net goe’; sims to let, sims to ier.
Domenij. Dêrom, Gabe, skynt dat ljocht twaris for ús; iendris yn ús hert, en yn ’e skrift iendris. Om al dy miswizingen fen dyn geweten to forhelpjen, hast’ it ljocht noch ’ris yn ’e bibel. Dêr skynt de sinne fen ’e gerjochtichheit ûnforfalske. Sjoch dêrnei, aste dyn eigen sinnewizer yn dy net bitrouwste, en dou scilste noait net yn ûre ef tiid fen dyn plicht felearje.
Gabe. Mar de minsken, domenij!
Domenij. Nou, ja, de minsken! de minsken! Hwet scoe dat? Wy siikje ommers de lof net fen minsken, mar fen God.
Gabe. Wier, domenij; allegearre wier. Mar wy sitte mei de minsken yn ’t skipke, en wy moatte der mei farre. Fen Gabeskroar ôf oan kening Willem ta kin nin ien der bûten, en wy moatte mei it foltsen oanpiele, sa as it is.
Domenij. Wolle se net om lyk, nou, lit se smaedzje en dwersbongelje: hy dy de sinne skine lit, is dy ommers mear wirdich as alle minsken mei eltsoar. Mar hwet scoene se sizze? Detste in gnap keardel biste, dy rjocht troch sé giet. Sy scille it allegearre net sizze; mar de bêste, oan hwaens lof dy allinne hwette fêst is. En leau my, Gabe, ien middelke is der, dêr se hjar noch al troch liede litte: swiete praetkes jaen, lyk as master seit.
Gabe. Ja, dy swiete praetkes lizze my dreech yn ’e mage. In minske is sa net, ef hy wol de mûle wol ’ris spiele oer gekken en snaken.
Master. Dat moat ik ek sizze, Gabe en it is net onnoflik, as me oer skis de galle ’ris kwyt rekket. Mar gekjeijen is fyn wirk. Elts ken ’t lang net, en folle wolle it ek net fele. Uble fretter hat dy dat op Wytmarsumer merke noch bitsjut, do ’t er dy in âld grou-bôle tsjin ’e holle keilde.
Domenij. Gabe, harkje ’ris. Binne de minsken net in goedkeap ding, aste hjar for in tik oan ’e hoed, in bliere troanje keapje kinste? O man, den witste net hwet se yn dy oersjen, aste hjar swiete praetkes jowste. Mar al dyn goeddwaen scil dy ek nin byt helpe, aste swart sjuchste en de wierheit oeral mei bitsens seiste. As men de bern mei in daelder koeke paeije kin, hwa wol den dat gegryn en getrún....
De faem fen Master. (Hja ropt foar doar.) Master, de pankoeken wirde kâld.
Master. De donker, ja! de hiele pankoeken forgetten. Nacht domenij!
Domenij. Nacht, allegearre! Olfert, hâld dy by de wiere tiid.
J. H. H.
MISWIER.
Yn ’e krystdagen hie Saske hjar broers bern, twa soannen en fjouwer dochters, fen Aldegea oernoade, dy ek kamen; hwent it wier moai iis. De Woansdeis scoe der to Frentsjer in silverheften mês forhirdriden wirde, en dêr woe de hiele fleet fen jongfolk mei Rommert foarop hinne; mar de foarmiddeis lune it waer mei stilte en bilitsene loft sa hwet om. “Ik wit net, sei Pîbe; ik haw ’er swak moed op. Der wier jister in waerûl om ’e sinne, en it hat my fen nacht yn ’t krús stitsen; ik tink, hjoed in tige pak snie.”—“Ei né, omke, sei ien fen ’e niften. It bigint to glierjen, en nyskes kamen der al hoeken en gatten yn ’e loft.” Mar in bytke foar toalven bigoun it to krôkjen, en wylst se oan it iten sieten, sloech it mei in eastewyn, dy fiks trochkaem, danich oan it wiskjen: men koe net út ’e eagen sjen. De fammen, dy de kriuwel yn ’t liif hiene om nei Frentsjer ta, rôpen al: “It scil op ’e sté wol betterje.” Mar yn pleats fen better boaze it waer oan, en it waerd for hjar allegearre in thúsbliuwer; hwent in boer scoe syn houn net útjage ha.
It wier kâld, en de froast kitele mei dy hirde wyn yn ’e huzen op, det se jouns moai ticht oan ’e hird kroepene. Do se hjar nocht fen dammen hiene en allehiel útpraet wierne; sei ien fen de bern, det se mar ’ris teltsjes fortelle moasten. Dat scoe ek aenstons oangien ha; mar krekt stapten der twa útfenhûzers fen domenijs yn ’e keamer, dy ek nei Frentsjer ta west hawwe scoene, en dy nou op ’e reek fen ’e moaije frouljue ôf by Pîbomme kamen. It wierne beide studinten fen Grins; de iene, in miich fen domenij, en d’ oare, syn kammeraet, de soan fen in divelbander dy it sei sa de wrâld woechsen wier. Dizze twa stienen hjar diel mei oan ’t fortellen. “Mar dêr nin kriich is, is nin eare,” sei domenys miich; “dy it moaiste teltsje fortelt, scil kar út de fammen ha, mei hwa-d-er fen nacht meide wol.” Dat wier klear. Saskemoi sette in tinnen kanne mei boerekofje by it iene ein fen it efteroansblok op ’e hird del, en Gabe smiet hwet dôve prikken op ’t fjûr, dy braef spatten en knapten, wylst de soan fen ’e divelbander dit teltsje bigoun.

DE BISITE BY PIBE EN SASKE OM ’E HIRD.
“Yn it jier fen trettsjinhûndert-trije-en-fjirtich gongen twa boargers fen Dockum mei Rouke Lefferts, in boer fen ’e Geast, op in pilgrims-reize nei Romen ta. Om ’t de weardshuzen do sa net yn swang wiernen, gongen se mei in knapsek op ’e rêch, in lange kouwestôk, dêr in tsjokke roune knop op siet, yn ’e hân, en in restje âlde skeljen yn ’e bûse, nei Itaeljen ta. Kaem it sa út, det se by jountiid oan in kleaster ef slot kamen, den hienen se tek, fjûr en wetter frij, en dêr seane en brettene se den hwet hjar knapsek ef de tiid sei. Mar wier der nin kleaster ef slot yn ’e omtrek, den slepten se lyk as Adam en Eva ûnder de loft, en wylst de blêdden fen ’e beammen hjar for girdinen tsjinnen, wier de groun mei gêrs hjar bulsek. Noch in heal dei wierne se fen Romen ôf, do ’t er mei de knap net bêst bigoun út to sjen. Hjar moal wier sa nei op, det elts fen it krouske, dat er oer hie, nin bôle mear for him sels bakke koe, en by ongelok wierne se binachte yn in oarde, dêr nin slot ef kleaster hyn ef nei to sjen wier. Ho scoe dat de oare moarns gean? Hwent de mage bigoun hjar nou al to kiteljen, en as se in heal etmiel fierder wierne, scoe it net better wêze. Lyk as de honger nou in skerp swird is, en de minsken bjustere fornimstich makket, sa wier it ek mei dy twa Dockumers. Sy reauntene eltsoar, yn ’t ear: “Scoene wy nin útfynsel witte om dat moal fen Rouke yn ús mage to krijen? Sa ’n boer kinne wy stedkers licht formale, en bynammen dizze Geastmer; hy is sa gload, det in jonge him bijeuzelje kin.” “Ei, ja, ju!” sei d’ oare; “dat is neat. Dy boer scille wy mei ús beiden wol forrifelje!”
Aenstons stie ’er ien fen hjar oerein, en bigoun syn twa kammeraten mei dizze wirden oan to sprekken: “Frjeonen! It stiet ’er skrok mei ús foar. Hwent it klikje moal, dat elts fen ús oerhâlden hat, is sa lyts, det it him tsjin ’e honger neat helpe kin; mar as al de trije poarsjes by eltsoar kamen, scoe it ien allinne noch in eintsje term folle kinne: dêrom liket it my net slim ta, det wy it allegearre yn ién hân brochtene. Mar for nin kleasterfol skeljen scoe ’k in byt yn ’e mûle stekke, dat my net from en earlik takaem, en dêrom wol ’k it op ús ljeavenhear jaen. Wy geane nou lizzen to sliepen, en hwa-d-er de moaiste dream tastjûrt, dy scil alles hawwe.” “Baeseftich, man!” sei de oare Dockumer, lyk as by sels spriek, en howol de boer in slûch-slimme en bitûfte feint wier, dy de beide Dockumers gau yn ’e myt hie, joech hy lykwol ek tawird, en hâldde him eft er him gewillich yn dizze falle biflapje litte scoe. Sy diene den hjar trije poarsjes moal aenstons by inoar, en do se it in bytke kwytst en knypt hiene, leinen se ’t daei op gleone stiennen, en bidobbene de hiele boel ûnder hjitte yeske: dêr koe it skoan gear bakke, wylst se it fel oer ’e eagen hienen. De Dockumers hiene krekt sa min erch yn in bizestik fen ’e Geastmer boer, as yn ’e ûre fen hjar dea: det hy soks haftich wier, kaem net ienders yn hjar op. Dêrom leinen se de holle rêstich del, en wirch as in maits fen it rinnen, foelen se mei in boarst yn ’e sliep. Mar de boer, dy lardich fen it festjen wier, loerde op dit eagenblik. Hy gong sunichkes op hoasfoetlingen fen syn leger ôf, wyndere de yeske mei de sliepmûtse wei, en iet de hiele bôle mei ham en gram op. Do er de boel himmele hie, koe er it kâldgnyskjen dochs net litte, en wylst er dy snoade Dockumers sa swiet mei de bobbels swit op ’e noas raspjen seach, sei er sunichkes yn him sels: “Sjê sa, goede minsken! Nou is Roukomme gerust. Nou scille jimme de mage net oerieze. Sa’n daeijige bôle wier jimme ommers al to dreech, en Roukomme koe it brief allinne moai skoan lêze. Hwet steane jimme nou to moarntiid frisk op! Nacht, bêste feinten! Nacht!” En mei in rep gong er wer lizzen to sliepen.
Sa gau as de sinne út it nêst wier, waerd ien fen ’e boargers to wekker, en do er syn beide kammeraten roppen hie bigoun er it neifolgjende to fortellen: “Frjeonen, harkje! Ik scil jimme myn dream forhelje. Ik stie op in jountiid by Fetse-put to Dockum, do der twa ingels mei wjukken út ’e loft delsaeiden, en my, krekt as twa earnen in dou, yn ’e loft opnamen. Yn dy fljocht waerd it my grien en blau foar ’e eagen; de loft gûlde my lâns de earen as de stoarmwyn, dy troch de touwen fen in skip fluitet, en de hierren waeiden straelrjucht efterút, mei in gewelt eft se út ’e holle wei skoerd waerden. De iene ingel stroep it fel op fen ’e fingerseinen ôf oan ’e earmtakke ta, sa fûleindich wier de swang. Do wy sa fjouwer-en-tritich wiken flein hiene, kamen wy oan ’e poarte fen ’e himel, dêr de oare ingel in gouden kaei út ’e bûse naem, en de doar iepen die. Mar hwet ik dêr seach, dêr is it ein fen forlern! Al hie ’k in inkethoarn sa great as de Spaenske sé, en in pin sa lang as fen Dockum ont Romen ta, scoe ’k ’t noch net biskriuwe kinne. De strietten en mûrren glinsteren allegearre fen goud en dyamanten, det it yen de eagen blyn teistere. In minskelichem ha ’k der net ien sjoen, mar wol miljoenen fen sielen, en dy wierne sa fyn, sa fyn, det der âlve-tûzen op ’e punt fen in nidle dounsje koenen.”
De man forhelle noch wol helte mear mirakels fen ’e himel, mar dy wy mar oerslaen scille. Do er dien hie, bigoun de oare Dockumer syn droam to forheljen.
“It kin raer, sa bigoun er, dou haste dreamd detste yn ’e himel wierste, en ik yn ’e hel. Op in jountiid metten my yn ’e Keppels in pear ljue, krekt eft ’t smidsfeinten wierne, dy my by de hân namen, en yn in omsjen by de fjûrput fen Starum skoerden. Dêr sakken wy mei in blits yn del, en do wy ûnder komd wierne, stie ik mids yn in meagere lânsdouwe, dêr neat oars groeide as mork en risken. In hiel toarn hiene wy dêr yn omdoarme, do wy by in steile berch opkladderje moasten, en sa gau wierne wy op in trêd ef fjouwer nei net boppe komd, ef ien fen dy swarte ljue sei: “Foarsichtich! Hjir binne wy by de rânne fen ’e hel.” Dat wier it earste en lêste wird, dat ik fen hjar hearde. Ik kroep aenstons op ’e knibbels nei it uterste seamke ta, en wylst ik my goe’ skrep op ’e hânnen skoarre, seach ik mei in lang útritsene eibertshals oer dy rânne hinne yn in sé fen fjûr del. Dat gromde en spatte dêr, dat knette en djoeide, dat skomme en brûze, krekt as in broutsjettel, dy oan ’t oersieden is. Ik skrilde; ik skrabe my to bek, sa eang as in wezelke. Mar myn swarte kammeraten bounen my mei in amerij twa wjukken oan ’e earmen fêst, en fleagen mei my boppe de barnende hel. Dêr wyndere ik mei de wjokken, en krekt as in meau, dy nei in fiskje loert, en pal op ién plak yn ’e loft boppe it wetter stiet to flodderjen, stie ik onbiweechlik fêst boppe de greate helledobbe. Mar, minsken, as ’k tink, hwet ik dêr seach, den griist it my sa, det it einefel my noch op ’e earmen komt. Ik hearde de swiere pûsters, dy it fjûr fen ’e hel oanblieze, rocheljen en smûgen. De hjittens stime fen tiid ta tiid mei walmen fen neare binaudheit nei boppen, det ik koarts swimele, en de gleone lôge fleach my sims mei miljoenen fonken om ’e earen, det it hier my fen ’e holle skroeide. Dêr moarten se; dêr flokten en fordomden se; der fleagen hiele fleten fen divels op en del, elts mei in trop minskebihagers efter hjar, dy se for hanswoarsten brûkten.”
Wiles de Dockumer dit forhelle bearde de boer det er wer ynslept wier, howol er alles wirdke foar wirdke ôfharke hie. Sa gau as ’t fortelsel út wier, rôpen se him. Hy waerd kwanskwys kel to wekker, en wylst er stikelich seach, krekt as immen dy út in djippe sliep opkomt, frege hy mei in skrille stimme: “Hwa is dêr?”—“Wel, wy, seinen se; kenste ús net, ju?”—“Jimme? frege er wer, Jimme? Hwennear binne jimme den werkomd?”—“Werkomd? seinen se. Wy ha net wei west.”—“Hwet deale, nou!” frege hy wer: Net wei west? Wel, sa kin ’k it net oan. Net wei west? Mar, krekt...... den ha ’k it droamd.”—“Hwet haste den droamd?” hja wer: “Siz op dyn leksom!”—“Wel, ik drôge, sei Rouke, det ien fen jimme mei twa ingels nei de himel fleach, en det de oare mei twa swarte keardels foar de divel nei de hel gong. It is krekt eft ik jimme noch ôfreizgjen sjen! Earst eage ’k jimme nei sa lang as ik koe, en do’t jimme út it gesicht wierne, wachtte ’k al en wachtte al, ien lang en twa breed! mar hwa ’t wer kaem, jimme kamen net wer. Op it lêst tocht ik, dy twa Dockumers komme yn der ivichheit net wer, en omdet jimme den ek nin iten mear brek hiene, haw ik yn myn jinlikheit (it hege wird moat der mar út!) de hiele bôle allinne opiten.”
Dat teltsje wier dêrmei út. De niften fen Aldegea harken hjar de earen fen ’e holle; men koene se net sykjen hearre; sa stil wiern’ se, en do it dien wier lieten se alle fjouwer in djippe sucht. Mar Saskemoi brocht de kop mei boerekofje ’ris om, en do bigoun de miich fen Domenij it neifolgjende teltsje.
“Yn it jier fen saunhûndert-en-sauntich, do Radbod de twade to Starum kening fen Fryslân wier, wenne der to Almenum in boer, dy Gjalt hjitte, en it moai goe’ stouwe koe. Hy hie altyt âld jild yn foarrie, en hy sâlte syn weet en koarn op, as ’t net nôch nei syn sin jildzje koe. Mar hy wier hwet âldfrinzich yn syn dwaen, en tilde altyd oer it swierste ein fen ’e balke. Omdet er al moai jeltich waerd en mar feint bleau, wierne de bûrljue him altyd oan om to boaskjen; hja seinen tsjin him, det er in heukerers libben hie, mar hy smiet hjar foar ’e skinen, det me licht mei frouljuesflêsk bidragen waerd, en det in kwea frommis in min stik húsrie wier. Lykwol scoe er wiivje, sa gau er syn bûkswjergea foun.
Nou wenne der to Almenum ek in âlde fjûrfretter, dy ûnder kening Radbod de Utersken efter de boksen sitten hie, sa faek as de biskop fen Utert yn Fryslân mankes meitsje woe, en dy nei jierren fen moardzjen en barnen fen syn kening to folle krige om to stjerren en to min om to libjen. Hy wenne to Almenum, omdet it him ûnder de forweende bern fen Starum to djûr wier, en wylst er dêr mei túntsjen en goarjen sa hwet troch ’e tiid kaem, seach er sims op syn groeden del, lyk as âlde ljue de gekke flinken fen hjar bernejierren neitinke. Hy hie in ljeave dochter, (Keimpke wier hjar namme), dy syn meager stik brea mei him dielde; in wakker kein en tipsidich ding, dy krekt op hjar sels, en kras yn ’e hûshâlding wier. Hja wier sa snoad as roet, en like yn hjar snedige krychslisten wol hwet nei hjar faer útskaeid to wêzen. Ek koe se spylje op ’e Noardske balke, dêr se de fiktoarjes fen ’e Friezen oer prysters en keningen ûnder song. Om koart to gean, Keimpke wier de treast en wille fen hjar heit yn syn heukereftich libben, en hy hie nin oar fortriet fen hjar, as it útsicht, det se earm en forlitten wêze scoe, as hy de holle ’ris del lei.—Ienders kaem ’er om skimerjoun in âld bûrwiif by him, dy earst in swiet praetke makke, en him op it lêst ’ris bigoun to klirkjen, eft Gjaltboer wol ’ris by syn dochter komme mochte. De kaptein seach nuver op, en fielde, det nou de kniper op ’e skinen kaem; hy woe syn dochter minlike graech by him hâlde, mar hjar it brea út ’e mûle to stjitten koe ek net. Einlik omtinkende, det it gelok fen syn ljeave Keimpke boppe alles gean moast, gong er nei hjar ta, en sei det Gjaltboer hjar de knotte jaen woe. Sy hie er allehiel nin smuchte op, en woe ljeaver by hjar earme heit bliuwe, as yn ’e romte lyk in rike boerinne libje; mar troch folle oanretten fen hjar faer joech se einlik tawird, en yn fjouwer wike wier Gjaltboer frijer, brêgeman en troud man.
Yn ’t earst snijde it neat as roazen en anjelieren by Gjaltboer; mar do de wiggemoannen om wiernen, bigoun er oan ’e pong to merken, det sokke wite hynzers in bulte struijen nedich hienen. De hânnen stienen hjar allehiel net om ’e bûter to baren; ek woe se de húshâlding yn ’e esse ha, nou ’t hjar barre mochte, en omdet de boer altiten mei in gjirch âldfaem húshâlden hie, krimmenearre er alle dagen: “Hwet nimt dat! Hwet nimt dat!” Lykwol hy koe dat rêgje, en Keimpke wier sa tsjildich tsjin him, en wist him sa to heinen, det er op it lêst oer ’e kosten net folle mear kreunde. Mar Keimpke wier moai, for Gjalt fiersten to moai, om nin skalk each to hawwen op in pear jonge stroatskavers, dy by sines wol ’ris ynkipen en oer ’e flier wiernen, as hy yn ’t fjild stie. Hja wier lykwol sa ûnskildich as de wite snie; mar syn jaloerskens, dy út alles fenyn sûgde, waerd fen dei ta dei grimmitiger, sadet er hjar dy’t er yn syn hert oars ljeaf hie, einlik mei bruijen twinge woe, om, as hy út wier, in oar manminske net ienders blier oan to laitsjen. “As ik hjar moarns hwet knoffele,” tocht er by him sels, “den scil se de hiele dei oan ’t gekjeijen fen ’e feinten nin nocht ha, en jouns scil ik hjar mei streakjen en patsjen wol wer goed krije.”
Do er dit yn ’e holle krige, kaem er krekt fen ’t lân thús to iten, en mei det er it lêste byt trochswolge hie, stie er op as in wjoldich man, en joech hjar in earbân, det hjar it fjûr út ’e eagen spatte. It minske koe yn ’t earst (sa forheard wier se!) nin wird kikje en nin trien út ’e eagen krije; mar do se wer in bytke by hjar wé komd wier, boarst hja út yn kleijen en skriemen. “Och, heare!” sei se. “det ús heit my oan dy boal jaen moast! Hiene wy den nin stik drûch brea mei eltsoar? Wier ús fredige earmoede net tûzenris better as it libben mei in rike wivebruijer? Mem, mem, stieken jy de holle út it grêf op; it hert scoe jo tobrekke oer jins ûngelokkige dochter!” Sa klage en skriemde Keimpke; mar hja hie it wan wei, en Gjaltboer krige syn sin: hwent hja wier de hiele dei for nimmen to sprekken. De jouns, do er thús kaem, wier syn earste wirk om it wiif del to bêdzjen. Hy sei hjar, det de divel it him ynjown hie, mar det er it noait net werdwaen scoe, en hy bea hjar mei sa’n earmhertige troanje om forjiffenis, det it goelik wyfke it net langer útstean koe. Hja joech him de hân fen frjeonskip, en in tútke ta; en do se swiet mâlken-groatten-brij iten hienen, kroepen se mei eltsoar efter de bêdskirden eft der de deis neat omgien wier.
Dat hie dy pringel sa goed foldien, det hy tochte, “moarn fen it selde lekken in pakje.” Sa gau hie er de oare moarns it ombyt net op ef hy naem de lodde op it skouder, en joech yn it weigean syn wiif in trewinkel, det se tsjin ’e mûrre stuitte. As se fen it waer slein wier koe se net raerder opsjoen ha. “Hwet in falske loebes is dat!” tochte se yn hjar sels. “Mar de kerfstôk is izer, feint, en ik scil dy fiele litte, det in Friezinne, dy de earste mâlle flink wit oer to sljuchtsjen, ek forstân hat om de twade bitelle to setten.”
Wylst it wyfke dêr oer mimere, seach se twa jonkers op wite hynders foar ’e doar stean, dy yn hûs kamen en út namme fen kening Radbod om hwette iten en drinken fregene. Keimpke, dy wakkere foldedich wier, diste tige op, en wylst de jonkers swiet ieten en dronken, frege se hjar, hwer ’t de reis hinne scoe. Wel, seinen se, boerinne, it stiet der skeef foar. Prinsesse Bauk, de dochter fen ús kening, hat earjister skylfisk iten, en omdet it fanke hwet roppich is, is hjar de graet yn ’e kiel sketten, dêr alle masters fen Starum al mei ommoarde ha, mar dy nin ien der útkrije kin. De prinsesse hat nou yn twa etmiel neat dien as kokhalzjen; nin wiet ef drûch is der oer hjar lippen gien, en nin wink hat se yn ’e eagen hawn. De kening sit as in forwezen minske by hjar bêd; hy hat ús yn ’t fjild stjûrd om in dokter to siikjen; en as ’t ús hjir mislearret, den geane wy daelk nei Dockum ta. “Wel, dat treft skoan, sei Keimpke; hjir to Almenum is jimme man. Nin snoader pisbiloaitser yn hiel Fryslân!” De jonkers stienen beide gysten fen ’e stoel op, en seinen: “Myn ljeave minske! Dat flouw’ je ommers.”—“Né, siker sonk,” sei se, “mar it is in man op him sels, dy dokter. Hy wol net dokterje, ef hy moat ’er mei bruijen ta twongen wirde.”—“Is ’t oars net,” seinen de jonkers, “lit ús dêr for kedize. Wy scille him wol neef hjitte. Wiis ’m ús mar.”—Do die Keimpke de bûthûsdoar op, en sei tsjin hjar: “Dy dêr mei de eide op it foarhaed fen dy kampe boulân stiet, dy is ’t; mar dat siz ik jimme noch ’ris, jimme krije ’m net mei as troch gewelt.” De jonkers, dat twa linige keardels wierne, namen dêrom elts in grou kneppel yn ’e hân, en gongen rjucht op Gjaltboer ta. “Eale, frije Fries, gemoarn!” seinen se tsjin him. “Wy moatte jo goendei fen ús kening sizze, en dy lit jo bidde om ta him to kommen.” “Hwerom?” frege Gjaltboer forheard. “Om syn dochter, prinsesse Bauk, to genêzen,” seinen se. De boer andere, det er goe’ mjoksje en eidzje koe, en as de kening him dêrta nedich hie, det er den alle ûren fen ’e dei klear stie; mar dokterjen, dat hie er noait net leard. De beide jonkers seagen eltsoar oan, en seinen: “Mei swiete praetkes kinne wy hjir net winne. Mar wy hawwe oar remeedzje, feint!” en mei ien setten se beide skonk, en bruiden der op sa fûleindich as se koenen. Dat bikaem Gjalt bjustere nij, en hy rôp wraek, det in frije Fries sa slein waerd.
“Ja, ja, seinen de jonkers, dy net hearre wol, moat fiele. Woste mei, ef net?” en den wier it al wer, dek op. Gjalt, dy fielde det twa tsjin ien nin partuer wier, joech gau krimp: pipe ef lipe, hy moast mei. Sy spanden it hynzer foar ’e eide wei, dêr se Gjalt opsetten, en howol it in floateftich bist wier en lang net hertlik, giselen se it mei swipen om ’e bonken, det se as de baerlike fiand nei Starum fleagen.
De kening siet mei it moed fol en de triennen yn ’e eagen foar it bêd fen syn ljeave dochter, do de beide jonkers mei Gjaltboer yn ’t slot stapten, en in steil wird fen hjar nuvere dokter diene. Aenstons liet de kening syn dochter foar de boer del sette, en sei tsjin him, det er hjar genêze moast; hy hie mar kar, ho ’t er ljeafst woe, mei goedens ef mei lilkens. Dêrop rôp de boer alle hilligen út ’e himel ta getúge, det er krekt sa folle forstân fen dokterjen hie as de kat. De kening sei neat, mar knypeage tsjin in pear bjinitige keardels, dy efter de boer stienen, en him sa ongenedich mei bollepysten op ’e rêch tichelen, det er útgûlde: “Genede, genede! Ik scil hjar genêze, ik scil hjar genêze.”—Dêr siet prinsesse Bauk foar him, sa bleek as in wytling, en de mûle wiid iepen, dêr se mei de finger yn wiisde, om him it plak fen hjar kwael to bitsjutten. Gjaltboer seach hjar oan, en wier noch binauder as hja sels; bruijen ef genêzen wier hjir syn foarlân. Nou tocht’ er yn him sels: “De graet sit hjar net yn ’e mage, mar yn ’e kiel; as ik hjar ’ris oan ’t laitsjen krije koe, wit eft de graet der fen sels net út fleach.” Dat kaem him net slim foar: hy forsike de kening dêrom, eft se in great fjûr yn ’e seal oanlizze woenen, en him den in amerij mei de prinsesse allinne litte. Sa gau wierne se allegearre net wei, en ’t fjûr oan ’e brân, ef Gjaltboer klaeide him op it himd ôf út, en gong foar ’e hird lizzen sa lang as er woechsen wier. Wylst er dêr in toarnke stôkrjuchtút as in deade lein hie, sprong er yn ienen as in kikkert fjouwerkant fen ’e groun, en tommele sauntsjin slaggen oer ’e kop de hiele seale lâns. Do dit dien wier, bigoun er to skeuken eft er rudich wier; hy roste en klaude de hirde hûd mei syn swarte kromme neilen, en makke sokke mâlle gibelkes, det de prinsesse mei al hjar pine op it lêst útprústte fen laitsjen, en hjar yn ienen ûnder it sketterjen de graet ta de kiel út fleach. Gjalt stroep flink syn klean wer oan, en roan mei de graet nei de kening ta, dy net wiste hwet goed er him for sa’n greate deugd dwaen scoe. De kening woe him do minlike graech ta slotdokter hâlde; mar it wier altyt mei Gjaltboer: “Greaten tank for my!” De kij moasten forweide wirde: it noat stie to fjilde en moast noch yn ’e berch; o! hy hie hûndert fiven en seizen, dy him allegearre bittere nedich thús rôpen. De kening, dy sjoen hie ho skruten er for bruijen wier, rôp dy selde twa manljue, dy him nyskes huf jown hiene; mar sa gau as dy foar ’e tried kamen, joech Gjalt de war aenstons forlern, en bilove net allinne in dei mannich, mar syn hiele libben, as ’t de kening syn biljeaven wier, to Starum to bliuwen. Hy seach der lykwol for in keningsdokter hwette grobbelich út; hwent hja hiene him sa mar yn syn arbeiderspakje fen ’t lân opnomd. Dêrom waerd him de klapmûtse ôfset, it pijen rokje úttein, de bird skeard, it hier knipt, en do er sa fen top ta teil opgnapt wier, waerd him in rea’ flewielen mantel om ’e skouders hinge. Dêr siet er sa moai as poes! mar syn hert wier yn ’e hirdsherne by syn Keimpke, en it wjirme him al yn ’e holle om, troch hwet lûk er him út dit keninklik hounegat wei wine scoe.
Ungelokkich waerd it genêzen fen ’e prinsesse húsriem forteld, det it mei in omsjen as diggelfjûr troch ’e stêd wier, en binnen ’t healûre stienen der fjouwer en tweintich siken foar de poarte fen it slot, dy troch alle masters en divelbanders fen Fryslân opjown wierne. De kening dit foltsen sjende, en in bytke greatsk, det hy in wonderdokter oan ’t slot hie, hjitte Gjaltboer om se allegearre to helpen. “Fjouwer-en-tweintich opjowne siken helpe?” sei de boer mei in swiere sucht: “Nou, kening, as God it net docht, ik kin ’t net dwaen.” “Kom, andere de kening, “den moasten je ’t earst mar ’ris oerlizze mei dy twa prefesters, dy ’t jo niis it resept for myn dochter op ’e rêch skreaun hawwe.” Mar sa gau hie Gjaltboer nin skimke fen dy twa stoere keardels sjoen ef hy trille as in poarsk, en hy bilove, det er alles genêze scoe, hwet de kening him foarlei, al wiern’ se lam en blyn en stom en lazeris allyk.
Do de fjouwer-en-tweintich siken yn ’e seal brocht wierne, ordeneare Gjalt oan ’e fjûrboeter fen it slot om in fjûr fen hûndert-fyftich lange smoezen oan to setten, en do dat tige oan ’t barnen wier, forsocht’ er kening Radbod om him mei dit heapske noch ’ris allinne to litten. De kening gong út ’e seal en bleau yn ’t gesicht fen ’e doar stean. Sa gau wier Gjaltboer net allinne ef hy liet de siken allegearre yn ’e kring om ’e hird stean, en wylst de lôge fen dat hege fjûr yn ’e skoarstien opfleach, spriek er hjar mei dizze wirden oan: “Frjeonen! It scil der hjoed swier for my ynhingje, om sa ’n bulte minsken yn in amerij to genêzen. Ik wit der mar ien smeet op; to witten, om de aldersiikste út jimme to nimmen, en dy op dit fjûr to forbarnen. As syn lichem dêr ta polver op fortard is, den wol ’k in leppelfol fen syn yeske yn in swolch twa bier riere, en litte dat de oare trije-en-tweintich ynnimme. It middel is rjue kras, mar it is probatum, en ik forset ’er myn holle ûnder, det it jimme allegearre helpe scil.”—Do er dit útstel dien hie, seinen de siken nin inkel wird; hja seagen eltsoar oan eft se freegje woene, hwa ’t de slimste fen hjar wier; hwent ûnder it hiele boun wier net ien, dy for kening Radbods jild bikinne woe, det er de tsjoedste kwael fen hjar allegearre hie. Undertwiske bigoun Gjaltboer hjar fen d’ ein ôf oan mei greate permantichheit to freegjen, en spriek de sike, dy ’t yn ’e hirdshoeke stie, alderearst oan. “Ho komstou sa yn ’e mizel?” sei er: “Hwet is dyn kleur plotsk! Dou bist’ in kwiner, man! It kâlde swit stiet dy by kobbels op ’e foarholle.”—“Ja, mar, dokter, dat...., dat....” sei de sike, “dat komt egentlik fen ’t fjûr. As ’t mei jins biljeaven wier, woe ’k wol i’s efkes út ’e seal om azem to skepjen.” Hy gong de seal út, en do de kening him frege, ho ’t him ôfgien wier, sei er, det er yn ’e groun genêzen wier; en hy kaem noait wer.—Nou kaem Gjalt by de twade sike, en do er dy in toarnke yn ’e eagen sjoen hie, skodholle er bjuster, en sei tsjin him: “Ik wit net, feint; ik wit net, eft ’t mei dy wol giet. Dou sjuchste ’er my sa geizenich en tsjouwerich út, det it eintsjebislút scil de dea wol wêze. My tochte....”—“Hwet tocht’ jo, dokter? frege de man triljende, det ik barne moast?”—“Ei ja, ju,” andere Gjaltboer; “dou biste ommers sa slop as in jernwine, en de bonken wolle dy net langer drage.”—“De gong is oars noch sa slim net, dokter,” sei de man; “wol je ’ris sjen, ho ’t ik rinne kin?” En mei ien wipte er de seal út, en romde tsjin ’e kening, det er al sa soun as in fisk wier, en ek net wer hoefde to kommen.—Do kaem Gjaltboer by de trêdde, en sei tsjin him: “Lit my de pols i’s fiele. Dou biste tsjinstich, feintke! Stek de tonge i’s út. Fui, man! hwet in swarte koarste. Maet, dou rûkste nei de lodde. My tochte as wy dy ’ris efkes op it fjûr bretten; de pine is gau oer, en den wierne dy oare ien-en-tweintich minsken ek holpen.”—“Ja, mar, dokter,” stammere en swolge de man, “sa slim is ’t noch net. Ik scil ’t bêst hise.” “Ho!” sei Gjaltboer, “biste net siik? Hwet dochste hjir den? Komste hjir om de dokter fen ’e kening de gek oan to stekken? Loebes! skear dy út myn eagen, ef ik scil dy....!” Dy ek al mei in boarst de doar út, en do de kening him frege, ho it gien wier, rôp er: “Klear, Sire! Klear as in klontsje!” Dat gong ek sa mei de fjirde, mei de fyfte, oan de fjouwer-en-tweintichste ta, allegearre mei kûgelsgewelt de seal út, det se de kening hast ûnder de foetten rounen. Om koart to gean, der wier nin ien, dy nocht hie om him for syn bûrman ta yeske barne to litten, en de iene nei d’ oare namen se allegearre hakken op, omdet se dat greate fjûr fen lange smoezen as de baerlike hel en divel skouderen.
Kening Radbod stie eft er foar ’e holle slein wier, det in simpel boer sa folle sike ljue mei de nuverste kwalen yn in amerijstiid genêze koe. Hy wiste ek net hwet goed er him dwaen scoe; mar Gjalt houdde ’t ’er mar op yn, det er bittere nedich thús wier, en frege neat oars as frijheit om nei Almenum by syn Keimpke to gean. “Nou,” sei de kening, “omdetstou it biste, scil ik it ynskewiele, mits aenstons opkomme, as ik dy opontbied, sûnder det wy de kneppel hoeve to brûken.” Dat bilove Gjalt, en dêrmei naem er ôfskie fen ’e kening, dy him in span moaije hynders, en sa folle jild mei joech, as er mei skik bergje koe. Sa gong Gjalt as in boer út Almenum, en oerlistige fen syn wiif kaem er as in bineamd dokter werom. Hy hie nou nei syn sin to folle yn ’e wrâld, om sels yn waer en wyn langer to lânjen; it útwirk liet er dêrom oan twa feinten oer, en thús houdde er sa hwet pieljen for him sels. Syn wyfke, dat er yn ’t hert ljeaf hie, sloech er nea net wer, omdet er sels field hie, ho ’t bruijen smakke. Hy libbe yn greate frede en frjeonskip mei hjar, en krige in keppel moaije bern by hjar, dy de steun en eare fen syn âlde dei wierne en him fiele lieten ho folle in troud man lokkiger is as in âldfeint.”
Ut wier dit telke ek. Nou wier de bar oan Gabe: mar Gabe woe ljeaver efter de girdinen as forhelje. De bern fleagen him lykwol sa lang by it liif op, det er moaste, en dit telke bigoun.
“Yn ’e tiden, do de kou Bartele hjitte, wenne der op Westerein by Warkum in boer, dy tichte by syn hiem yn in âlde leije in lytse butte foun, dêr sechstjinhûndert goune yn laeinen. Hy gong aenstons nei de wâlden om ’er skiep for to keapjen, en hy kochte tsjin acht goune it stik sa lang as syn jild op wier. Do hie er twahûndert skiep. Hy dreau se swietkes nei hûs ta, mar do er oer Galamadammen scoe, wier it wetter danich opset; it lân stie bros, de skou wier yn ’e groun, en de skouman hie neat oars as in lyts mâlkboatke, dêr’t net mear as twa skjippen allyk yn koene. Do de boer roppen hie, makke er it miertou los, kaem mei syn boatke, en helle twa skjippen oer.”
Hjir houdde Gabe him stil, en sette de sliepmûtse op. “Nou,” seine de niften fen Aldegea, “do ’t dy twa oer wierne, hwet die de boer do?”—“Wel,” sei Gabe, jimme witte, mei dat hege wetter wier de feart helte wider, it boatke wier lyts, en der wierne twa hûndert skjippen: der gong in bulte tiid mei wei. Lit ús dêrom, wylst se oerhelle wirde, in bytke sliepe; moarn scil ’k jimme forhelje, ho’t fierder gien is.” Mei ien loek Gabe it baitke út, en gong to koai.
De niften fen Aldegea wierne der mar matichkes mei to freden; mar omdet it waer oanhâldde mei sniewiskjen, kamen se de oare jouns wer by inoar, en do hat Gabe it foart útforhelle. Do hawwe Saskemoi en Pîbomme ek noch in telke fen ’e âlde tiid dien. Ik leau de niften fen Aldegea elts ek ien. Mar omdet wy net witte, eft jimme dat it harkjen wol wirdich is, scille wy earst ris wachtsje, hwet jimme fen dizze sizze.
J. H. H.

IT BLOMKE TINK OAN MY.
(Walstroo, galium palustre.)
Der waechst in blomke yn de mêden, Nin minske tinkt der oan; It wirdt fortrape en fortrêden, Dy ljeave simmersoan. It libbet jinlik, stil en frij, It is it blomke tink oan my. It floddert net as ’t hege reid Hjar leaven troch de wyn, Mar yn de stille ynfâldichheit Dêr is hjar wille yn. De lege groun dêr bliuwt it by, Dêr sucht dat blomke: tink oan my! Lit stoarm en weagen hjar birinne, Hjar grien komt jimmer wer. Bliuw wei, dou mylde simmersinne, Hja komt op tiid en bar, Den seit dat lytse pôlke my: “Hjir bin ik nou! Tinkstou oan my?” Scoe ’k, holpleas krûdke, dy forjitte, Dy, frjeonskips nommel byld? Dou dijste op yn kjeld en wiette; Dyn loft is swiet en myld; Djip út de gêrzen ropste my: “Ik bin it blomke tink oan my.” En as myn berntsjes om my krite En snikjend’ stean’ op ’t hôf, Den bloeiste wer, myn lytse wite! Lizz’ ik dizz’ ierde ôf, Dou lytse treaster, bliuwst’ hjar by, Dou ljeave, froede tink oan my. Mar wirdt dyn libbenstried forbritsen En wirdste bút for ’t grêf, De meaner komt, wei wirdste stritsen, Fortoarst’ as hea en tsjêf. Yet ropstou, lytse blomke, my, “O minske, minske, tink oan my.” En seiste my: “Ik kin net bliuwe, De sinne nimt my wei;” Ik tink werom: “Ik mei net bliuwe, De dea stiet oan de wei.” Den seistou, stille frjeon, oan my: “Ik kom werom; o, tink oan my.” As frjeonen lang forgetten binne, En ierde en ivichheit hjar dekt, En as de triennen net mear rinne, Ef dea ús stjerrende eagen brekt, Al hwet forgiet, dou bliuwst ús by, Dou lytse, ljeave tink oan my. Jow, hoaske blomkes fen de sleatten. Fortrape miedebern, Jow, byld fen echte frjeoneherten, Jow my myn frjeonen lang forlern. Krûp oer hjar grêf, en siz oan my: “Hja tinke yn de ivichheit oan dy.”
E. H.
“Eltse man, dy kaem, woe him sels in nij hûs opsette; hy gong wei, en liet syn wenje oan in oar. En dy oare foldie syn idelheit ek al; mar nimmen fen hjar lei de lêste hân oan syn gebou. Dêrom set dyn sinnen net op sa’n wiffe fryster; in wezen, dat sokke kuren hat, fortsjinnet dyn ljeafde net. Dêr de goeden en de tsjoeden demd binne ta stjerren, lokkich hy dy mei de priis fen de deugd striken giet! Lit de tarissinge ta dyn takomstich gelok foar dy útgean nei it grêf; stjûr it foarút, hwent nimmen kin it dy neistjûre. It libben is lyk as snie, en de sinne barnt op ’e lape. De idelheden fen dizze dei, o minske, fortiermje as de tinkoanmykes yn de mieden.”
Ut it Persiaensk fen Sadi, yn syn Gulistan ef blommetún, fen domenij for Gabe fordútske.
J. H. H.

REIDMOSKJE, MEI OP ’E EFTERGROUN IN IELTICHTSET.
HET RIETMUSCHJE.
Philomela in het riet, Ik veracht uw’ zangen niet, Lieve vogel van het meer, Lieve vogel, komt gij weer? O, de morgen is zoo schoon; Zing maar, lieve waterzoon! Zingt uw’ zuster van het woud Treurend in het donk’re hout, Gij roept al in den ochtenstond, Gij zingt al de wat’ren rond, Spartelt, diertjes in het meer, Uwe zangster is er weer! In de ontwakende natuur, Bij het dauwend morgenuur, Hoor ik u zoo menig keer, Lieve vriend van ’t stille meer; En gij roept mij in het riet: “Waarom looft ge uw Schepper niet?” Somber bij dit hemelsch weder Hangt mijn suffend hoofd ter neder, En ik drijf uw riet voorbij, Stom voor uwe melodij. Philomela van het riet, Vraag mij, vraag mij de oorzaak niet. ’k Heb ook eens met forsche longen, ’k Heb de wereld volgezongen. Was de wereld wereld niet, O, ik zong als gij in ’t riet. Treurend, morrend hoor ’k u aan, Want mijn zingen is gedaan. Philomela in het riet, Ik veracht uw’ zangen niet. Lieve vogel van het meer, Lieve vogel, komt gij weer? O, die morgen is zoo schoon; Zing maar, lieve waterzoon!
E. H.
DE LêSTE FRJEON.
Hwet bistou, libjen? Tsjin ’t lot to stribjen Yn noed en yn hoopjende weane: Lange riten fen rou, En nochten, dy as dauw’ By de moarntiid yn wolk forfleane. En hwet bistou, dead, Foar hwaems skepter fen lead De slaef en de keningen trilje? De lêste, bêste frjeon, Dy ús oer is bleaun, Om ús soargen yn ’t grêf to stiljen. As ’t alles is weiflêd, Spriedstou ús noch in bêd, Dêr w’as roazen op sliepe yn freden: Alle hertwounen helest’ ús, En de eagen bisegelst’ ús Forskriemd en forwekke yn neden.
J. H. H.
OAN PETRUS DO ER DOCTOR WAERD.
Lyk as in man to roer, Troch klippen en troch banken, Heart nei nin stoarmrumoer Ef nei Sireneklanken, Mar ’t skip mei goe’ bileid Wer stjûrt yn feilichheit, En om gjin need ef dead mear tinkt, Dêr ’t lûd hoezé fen wâl ôf klinkt; Sa gean’ ek Pallas bern Nei al hjar peinzjend bodzjen, Nei al dat lettersjên, Dat digerjen en dodzjen, Ut Leidens wyld gesûs Nei ’t noflik âldershûs, Dêr blydskip op de troanjes blinkt En ’t wolkom hjar to mjitte klinkt. Gelokkich, nomm’le miich, Ik mei dy wolkom hjitte: Dou bist dy sé oerdreaun; Dyn skipke koe net stjitte. Dou jagest’ stille skatten nei, (Dy feije tiid noch oermacht wei,) En eare, dy net kin forgean. Dat, Petrus, is dyn heechste lean. As ginstling fen natûr Forskopste nea hjar ginsten, Mar fleachst’ mei iverfjûr Nei wittenskip en kinsten. Dy sa syn tiid mei iver slyt, Fielt nea it bittre selsforwyt, Mar ’t is in streling for de geast, For d’âlde dei in stipe en treast. Gelok, gelok, myn frjeon, Op al dyn libbens-wegen! Dou hast’ it swiet fen ’t libben preaun Priuw ek yn ’t ein hjar segen. Dije oan yn learing en forstân, Wird d’eare fen dyn hûs en lân, En fen Bolswinas âlde stêd, Dêr mannich wize kop útbrett’. Farwol! Forjit dochs net, Ho w’ altyd frjeonen wierne. Farwol! Forjit dochs net, Hwet wille wy wol hiene, En hwer it lot dy hinne stjûrt, Tink faek ho wy togearre oan ’t roer, Sa mannich ljeave simmerjoun Oer Fryslâns poelkes hinne dreauw’n. Driuw ek dyn skipke sa’ Swiet, sêft, troch ’t libben hinne! En falt ea it gelok dy ta, Ef moatt’ ’er hjitte triennen rinne, Biwarje den dyn edel aerd, En wêz’ foarsichtich en bidaerd. Hwer dy den ’t lot ek hinne laet, Den hat it ûnk op dy nin faet.
Grou, Oct. 1841. E. H.
Do myn âldste soan Piter to Leiden opgien wier ta dokter yn ’e letteren winske syn omke Dr. Eeltsje him gelok mei it rjimke, dat hjir foargiet. Piter wier der wakker mei yn syn bladeren en liet it drukke efter de Latynske forhânlinge (dissertatie),[5] dêr hy op promowearre wier. Nimmen hie dat stikje hjir achtslein, mar do dit ûnder de eagen fen de gelearde Dútskers kaem, waerd it oars. Dadelik nei det Piter to Leiden promowearre wier, gong hy nei Berlyn ta, om dêr syn Grykske stúdzjes ûnder de biromde Böck foart to setten. Nearne nou bloeit de greate taelstúdzje yn it algemien, en dy fen it Germaensk en Frysk yn it bisonder, mear as to Berlyn, dêr de biromde profester Fryhear von Richthofen, nei jierren en jierren fen in reusaftich blokken, dat biromde wirdboek fen it âld-Frysk yn quarto ôfmakke hat, dêr nin taelgelearde hjir iendris in drukker for fine scoe. As men dizze hearlike skat goed yntaest en it lân-Frysk ’er by forstiet, den moat men bikenne, det de Friezen nei sa folle forwoastjende ieuwen noch in ryk en geheimnisfol taelynstinkt yn hjar binnenste omdrage, dêr hja selme onbiwust fen binne. Us Piter makke to Berlyn gau frjeonen ûnder de studinten, dy dadelik foelen op it rjimke efter syn dissertatie, dy hy hjar jown hie. Troch hjar stúdzje wend oan de ienfâldige en edele skiente fen de Grykske dichters, fielden hja dat deselde geast yn it Fryske stikje amme.
Under syn gelearde kammeraten to Berlyn wier der ien, Ferdinand Hanthal, dy ek mei rimen pielde, en sa’n skik yn it stikje fen myn broer hie, det hy der in Heechdútske fortolking fen makke, dy ik hjir folgje lit.
J. H. H.
AN PETRUS, ALS ER DOCTOR GEWORDEN.
Gleichwie ein steuermann, Durch banke und durch klippen, Nicht hört das sturmlied an, Noch auf Sirenenlippen, So dass auf sich’rer bahn Sein schiff geht wohlbethan, Und er so noth wie tod vergisst, Bis “Hurah!” laut von wall ihn grüsst: So geht der Musensohn, Nach vielem bücherlesen, Wo erudition Sein mühsam ziel gewesen, Aus Leidens wildem saus In ’s liebe vaterhaus, Wo freude auf dem antlitz blinkt, Und “Wilkomm!” ihm entgegen klingt. Heil, neffe theuer mir! Glücklich bist du gelandet; Die see ist hinter dir: Dein schiff ist nicht gestrandet. Du jagtest stillem glücke nach, Das zeit und neid nicht tilgen mag. Die ehre, die nichts kann bedrohn. Dies, Petrus, ist dein höchster lohn. Ein günstling der natur, Hast nie du sie verachtet; Mit eifergluth die spur Des wissens nachgetrachtet. Den, der die zeit mit werken schmückt, Nie eignes herzens vorwurf drückt; Sie sind des geistes ehrengab’ Und einst dem greis ein trost, ein stab. Heil dir, mein theurer, heil Auf deines lebens wegen! Du kennst des lebens schönsten theil, Erfahr’ auch seinen segen. Nimm zu an wissen und verstand; Sei du der stolz von haus und land, Und von Bolsuinas alter stadt, Die manch talent geboren hat. Leb’ wohl! Vergiss es nicht, Wie stets wir freunde waren. Leb’ wol! Vergiss sie nicht Die lust, die wir erfahren. Wohin das loos dein steuer lenk’, O sei in freuden eingedenk, Wie wir so manche sommernacht Auf Frieslands wellen zugebracht! So fahr’ auch sanft, in ruh’, Dein lebensschiff von hinnen, Und, fall’ ihm glück einst zu, Ob heisse thränen rinnen, Bewahre deine edle art, Mit vorsicht auf der weisen fahrt: Wohin sich wende dann die bahn, Das unglück selbst hat dir nichts an.
H.
Myn broer wier dichter geboren, en sûnder dat hie er ek nea dichter wirde kind. Mar bûten it dichterlik tinkbyld en de gong fen de tinkbylden is noch de foetmjitte, dy folgens de rigels fen de kinst yn elts couplet deselde heart to wêzen. Dy nou kriget de dichter troch oefening, en as hy oplet wirdt him dat sa eigen as in twade natûr. Nou op dat diel fen de rjimkinst hat myn broer him nea mei de boarst talein. It wier him genôch, det it tinkbyld edel, ienfâldich, eigenaerdich útdrukt waerd, en det de fersmjitte yn syn muzikael en dichterlik gehoar harmonieus floeide, sûnder him to bikommerjen, eft yn elts couplet it selde getal syllaben werkaem. For it gros fen de lêzers komt dat der ek net op oan, as de mjitte hjar mar ljeaflik yn ’e earen klinkt. Hwa fen myn lêzers, by foarbyld, hat him ergere oan de sonde tsjin de fersmjitte, dy de gelearde Hanthal Piter oanwiist yn it folgjende briefke?
Verehrterster, liebster freund!
Meinem versprechen gemäss habe ich das glükwünschungsgedicht ihres herrn onkels ins Deutsche übersetzt. Das bild von dem steuermann und dem lebensschiff ist in der urschrift durch die fahrten auf den Friesländischen wellen gut motivirt und recht gemüthlich und sinnig durchgeführt. Von der dritten strophe an aber sind, statt der 3 jamben im 4 u. 5ten verse, allemal vier vom dichter gesetzt worden, und ich, als übersetzer, habe dasselbe gethan; ja, in der 5ten strophe sind sogar im 3ten verse auch einmal 4 jamben geworden, die ich auch treu wiedergegeben habe. Nehmen sie diese kleinigkeit mit nachsicht auf und als einen beweis meiner freundschaftlichen hochachtung, mit welcher ich die ehre habe zu sein.
Ihr Sie hochschatzender und liebender freund FERD. HANTHAL.
H. am 21/2 XLII.
BLOMKE OP IT GREF FEN PETRUS.
Passieflora, dou ljeave blomme, O! byld fen krús en lêst, Dy wol ik op de dobbe plantsje, Dêr nou ús Petrus rêst. Us Petrus, de eare fen syn stamme, Sa edel, from en trou, Forliet syn frjeonen hjir op ierde Yn triennen en yn rou. Geleardheit mocht dyn holle siere Mei earekrâns en lof, Dyn eedle deugden wierne, Petrus, Mear as dat tsjef en stof. Forsierd mei inerlike deugden, Mei ’n hert, sa Frysk, sa roun, Naem him in Demon yn syn kloeren En trape him to groun; Bitsjustere syn kleare holle, Binaem him frede en rêst, En skoerde him mei earne-klauwen Yn syn forskriklik nêst. Hwa kin de tûzen jammers neame En ’t hert-forwringjend leed? Nin swirden fen de wrâld-tyrannen, Nin folter wier sa wreed. O! ’k sjen him yet sa djip forsonken Yn mym’ring sûnder ein, Forskromfele ta sine en bonken, Fortoarre en forslein. En do de dead syn bânnen loste, Do tanke ik God út herten-groun. De triennen fen ús frjeone-herten Binn’ nou forsige en forroun. Mar ivich scil myn siele eare Dyn eedle neigedachtenis, For dy dit blomke bloeije litte, As ik ek yn de ierde liz. Ho steatlik sprekt mei hirde wirden Syn eedle neigedachtenis, Det bliere jeugd en wrâldske hope Mar inkel stof en spinreach is! Wier him troch tûzen martelingen In tsjuster Golgotha dizz’ wrâld, Wol God syn earme siele treaste, En nimme him yn syn bihâld! Passieflora, dou ljeave blomme, Sa hearlik oan to sjen, Dou ropste ús ta yn earnst’ge tale, “Bist’ ek sa’n minske-bern!” Passieflora, dou ljeave blomme, O! byld fen krús en lêst; Bliuw yn gedachtnis fen syn lijen; Us goede Petrus rêst. Emden, 27 Decembris 1855.
Doctor E. HALBERTSMA.
DE GEBOARTE-LEPPEL.
It is in âld gebrûk ûnder de Friezen, om oan elts bern by de geboarte in silveren geboarte-leppel to jaen, dêr syn namme en de dei fen syn geboarte yn snein is. Us stamneaten, de Ingelsken, hiene dit ek yn gebrûk, en neamden dy leppels apostel-spoons, Apostel-leppels, omdet hjar geboarte-leppels op it ein fen ’e stalle it byld fen ien fen ’e toalf Apostels hienen. Ik hab in âlde Fryske geboarte-leppel sjoen, dy it byld fen in santinne op it ein fen ’e stalle hie. De fraech is, hwer dit gebrûk fen dinne kaem?
Om dêr it andert op to finen, moat ik jimme in amerij yn de alderâldste en rouste tiden fen de Noardske naesjes tobek bringe; hwent dy wierne mei de Friezen nau bisibbe. Us Fryske kroniken rikke sa fier net, det se ús dêr it minste biskie fen jane, mar wol de âlde boeken fen de Noarljue, dy ljeafhabbers fen oanteikenjen wierne, wylst de Friezen, howol se it koenen, sa bang for skriuwen wiernen as in houn for giseljen.
Yn dy alderâldste tîden den wier der yn folle oarden bynei nin boerkerij ef bouboerkerij to bikinnen. Hiele lânskippen laeinen for wyld, en men seach ’er hast neat as ûnôfsjenbre heidefjilden en wiet onlân, hjir en dêr mei pôltsjes skrale greide ôfwiksele. Hjir kaem by it ivich gefjucht fen stam tsjin stam, hwerby it bytsje, dat der groeide, noch roofd ef forwoestge waerd. It gefolch wier, det der mear, folle mear minsken geboren waerden as der iten wier, en det der by it minste misgewas hongersneed kaem. De barmhertichste âlders moasten dos yn dy dagen wol oppasje, det se nin mear bern oanfokkene as se iten en klean jaen koenen, en by de geboarte fen in bern wier de earste fraech fen ’e heit, eft er it bern opfiede koe ef net. Wier dit it gefal net, den waerd it op in iepen fjild to fondeling lein, mei in pûdtsje sâlt neist it earme hert oan ’e side. Dat mocht de faer lykwol net dwaen, as hy it bern it minste kromke iten ef it lytste dripke drinken jown hie. Hy moast it suver nofteren op it fjild bringe; as it bern mar in drip hunich slikke hie, hie de wreedste moardner it hert net yn it liif, om it bern in inkel hier to krinkjen, sa hillich en djip siet dat forbod yn de siel fen dy rouwe naesjes skreaun. En neat minder hillich wier de plicht fen him, dy it bern mar efkes laefde, om for it hert to soargjen, it to fieden en to klaeijen; mei ien wird, om it bern alles hwet it nedich hie to jaen; om it op to fieden en great to bringen, lyk as eigen heit en mem hearden to dwaen. Dêrom leinen de earme âlders ek in pûdtsje mei sâlt neist it bern del. As der nou in meilijige siel foarby kaem, dy it net útstean koe, det sa’n onnozel skepselke dêr fen honger en toarst omkaem, ef fen it wyld forskoerd wirde scoe, dy foun dêr it sâlt, om him ta de opfieding to forbinen. Hy struide in griselke sâlt twiske de lipkes, en mei dat griselke wier in hillige eed foar God yn ’e hege himel sward, det hy for it bern as syn eigen bloed soargje scoe.
It kristendom preket ljeafde, meilijen, woldwaen, minsklikheit, en ien hjarrer tearste soargen is, om de lytse bernkes as in mem to kweekjen. “Lit de berntsjes ta my komme,” sei Jezus. Howol nou de earste kristenprekers hjir kamen om it heidendom út to roeijen, sa namen se dochs de heidenske ceremonies, dy in woldedich doel hiene, yn ’e kristelike religie oer, om de bikearde heidens troch plechtige foarmen, dêr se oan wend wierne, des to krêftiger ta kristlike deugden to bringen. Hja joegen oan elts bern, dat to wrâld kaem, in pleech-heit ef pleechmoer (Nl. v. peet-oom ef peet-moei), dy by de doop de post fen heit ef mem, as it need wier, for hjar rekkening namen.
Dy peten nou namen it forplichtsjend sinnebyld fen de heidens oer, mar forkristlike en nei de tidelike foarderingen yn biskaving. Men iet do net mei foarken; hwet wy ite mei foarken, dy fen in lettere útfining binne, ieten hja mei de fingers, in wisansje, dy yn myn bernetiid by de wetterlânners om Grou hinne, noch net útstoarn wier. Brij en oar wiet iten allinne nuttigen hja mei de leppel. Lytse berntsjes ite meast leppel kost. As nou in pleech-faer ef pleechmoer oan hjar pleech-bern in silveren leppel, mei it bern syn namme der op, joegen, en dêrút ite lieten, woe dat sizze: Ik nimme oan, om dy as myn bern to ûnderhâlden, hwennear dyn heit en mem to koart sjitte.
En hwet bitsjutte dat byldtsje, dat op it ein fen ’e stalle stie? It wier it byldtsje fen de apostel ef hillige, oan hwa de pleech-âlder de gelofte die, om for it pleech-berntsje, hwaens namme de leppel droech, as syn eigen soan ef dochter to soargjen en op to kommen. Dy hillige, dy selde apostel, mocht op de ontsettende dei fen it lêste oardiel foar de ivige rjuchter tsjin him getúgje, as hy it earme skepselke oan it lot oerlitten, en noch nei lichem noch nei siel forsoarge hie. Hwent de earste fen alle plichten fen de pleech-âlders wier, om it bern yn godstsjinst en kristelike deugden op to kweekjen.
Mei sa ’n miening waerden de geboarteleppels fen folk en frjeonen oan it bern skinsen, en fen de âlders oannomd. Hûnderten fen jierren dûrre dat, mar de tiid, dy alle minskelike gebrûken slyt, sliet eindelik ek dizze tinkbylden út, en yn de lêste tiden waerd de geboarteleppel net oars, as in biwiis fen forknochtheid fen de jower oan de âlders fen it bern, dat hy mei de leppel foreare.
Ienders mar haw ik tsjinst fen myn geboarte-leppel hawn, en dat by ’n gelegenheit, dy nimmen fen myn lêzers riede kin. Under de republyk wierne hjir to lânne nin ampteners fen de burgerlijke stand, dêr men de geboarte fen syn bern oanjaen moast. De oerhearsking fen de Fransken fierde dy ynstelling hjir yn, en as men trouwe woe, moast men op ’e rjuchtkeamer ef ’t stedhûs earst it officiéle biwiis ynleverje, det men den en den, dêr en dêr, en út dy en dy âlders berne wier. By gebrek fen in lânsregister moast de boargemaster do ’n biwiis oannimme fen de geastelike, dy yn it tsjerkeboek de bern, dy yn de gemeinte berne en doopt wieren, opteikene. By de Roomsken wier dat klear; hwent dy houdden hjar doopregisters; sa ek by de Lutheranen en Reformearden, howol net sa naukeurich; mar by de Minniste gemeinten, dêr nin bern doopt waerden, en oerskis nin register fen geboarten houden waerd hinge dat der jamk swier yn. Getúgen moasten faek wech-en-weer opswile wirde, en hjar getugenis troch in notaris mei folle kosten ynlevere wirde. Der wier mar ien middel, om dy jildfûke to ontkommen, en dat wier in geboarte-leppel.
In Dútsk amptener fiert de wetten fen it lân út as in korporael syn exercitiereglemint; hy freget net eft it wiis ef gek is, eft it dwaenlik is ef net; hy giet as in machine troch linnen en wollen hinne; it reglemint seit it. De Franskman dêrtsjin is in rekkelik en forstandich man, dy by it onmûgelike jowt en nimt, en bûten de letter fen de wet om hwet ynskewielt. As immen nin biwiis hie ef fen getugen krije koe, en hy woe trouwe, den teande hy syn silveren geboarte-leppel, en de Franske administratie naem de bytsje letters, dy der op snein stienen, as in officeel getúchskrift oan. Do ús lân by Frankryk ynlive wier, frege ik in pas, om nei Hollân to reizgjen, dêr ik studearje scoe. It wettiske biwiis fen myn geboartedei hie ik net; mar ik hie ’n geboarteleppel. Do ik oan it Franske bureau fen policie forskynde, kaem der in gendarme foar, dy my sei: Monsieur, Votre billet de baptême! (Nl. Mijnhear, uw doopcedul.) En do ik him anderde, det ik net doopt wier, skoerde de man rare eagen op, seach my skean as in heiden oan, en die der biskie fen oan syn baes. Dêrop lei ik de commissaris sels myn gefal út, teande him myn ienfâldige geboarteleppel[6], dêr neat oars op stie as dat ik de 23 October 1789 geboren wier, en do de Franske commissaris fen policie de leppel naukeurich bisjoen hie, joech hy my dadelik in officiéle pas.
Mei dy pas kaem ik to Amsterdam en seach mei myn eigen eagen, det Napoleon, krekt sa lyts wier yn de kinst om in steat to regearjen, as great op it oarlochsfjild. Elts dy fen it iene trekskip yn it oare stapte, moast syn pas oan ’e skipper teane, ef de skipper mocht him net oan boart litte. It respekt fen de skippers en foerljue foar dy passen wier den ek great! Do ik to Amsterdam kaem, woe ’k dadelik nei Saendam, om in stalke to praeijen. Dat gong mei in fearskip, dat by de Nije-steds-herberge laei. Foar oan boart to stappen iepene ik myn pas; sa gau krige de skipper de earn, it keizerlike wapen op de pas, net yn ’t each, ef de man sei: Ik zie de kraai al; het is in order; steek je pas maar weer op.—Noem je de keizerlijke arend een kraai? frege ik de skipper, hwer hy op sei: Als ik maar een roofvogel op de pas zie, dan ben ik wel te vreden.
J. H. H.

DE ALDE FRIEZEN.
Frysk bloed, tsjoch op! Wol nou ’ris brûze en siede, En bounzje troch myn ieren om. Flean op! Ik sjong it beste lân fen ’e ierde; It Fryske lân fol ear en rom. Klink den, en daverje fier yn it roun Dyn âlde eare, o Fryske groun! Ompolske fen it hege sâlte wetter, Fortroppe op in terp ef stins, Hien’ d’ âlde Friezen yn de wrâld net better. Hjar lân en frijdom wier hjar winsk. Klink den, en daverje fier yn it roun Dyn âlde eare, o Fryske groun! Frjemd fen it jok fen frjemde hearen, Faek earem, mar dochs sterk en frij, Stoe de âlde Fries stânfêst by syn menearen. Hy wier in Fries, in Fries stoar hy. Klink den, en daverje fier yn it roun Dyn âlde eare, o Fryske groun! Troch waer en wyn, tsjin need en dea to striden Mei ’t gleone swird yn d’iiz’ren hân, Wier wille yn dy fromme tiden, Wier ’t for de frijdom fen hjar lân. Klink den, en daverje fier yn it roun Dyn âlde eare, o Fryske groun! Fen bûgjen frjemd, en fij fen ljeave wirden, Wier rjucht en sljucht hjar hert en sin. Hja beane om neat, mar mei de bleate swirden Stoen’ s’ alle twang en oerlêst jin. Klink den, en daverje fier yn it roun Dyn âlde eare, o Fryske groun! Sa faek troch stoarm yn djippe sé biditsen, Oerâlde ljeave Fryske groun, Waerd noait dy taeije bân forbritsen, Dy Friezen oan hjar lân forboun. Klink den, en daverje fier yn it roun Dyn âlde eare, o Fryske groun! Trochloftich folk fen dizze âlde namme, Wêz’ jimmer op dy âlders great. Bliuw ivich fen dy grize hege stamme In grien, in krêftich dûrjend leat. Klink den, en daverje fier yn it roun Dyn âlde eare, o Fryske groun!
E. H.
FRYSLâN.
Alle minsken binn’ myn broerren, En de hiele wrâld myn thús; Mar it bloed yn Fryske ieren Krûpt nei Fries en Fryslân ta, Krûpt nei Fries en Fryslân ta. Brabân, ha! dyn snipp’re famkes En dyn bierkes hien’ myn hert. Skoander lân as dou bloeit nearne, Mar ús Fryslân biste net; ’t Trouwe Fryslân biste net! Hearlik Hollân! mei dyn stêdden, Moaije greften, jild en rie: Hwer scoe ’k earne ljeaver wenje, As ’er mar nin Fryslân wier, As ’er mar nin Fryslân wier. Gelderlân! hjir op dyn bergen Sjen ’k Gods moaije wrâld yn ’t roun O gesichten! Ho forruklik Is ’t dêr jinsen op ’e groun, Is ’t dêr jinsen op ’e groun! Fryske hert! kinst’ hjir noch grine? Hert, myn hert, ho stunest’ sa? ’k Bin fen ’t platte lân onwennich; Och! ik moat nei Fryslân ta; Och! ik moat nei Fryslân ta. Ja, ik sjuch dy flakke weiden; Karren stouwe oer’e wei; Feint en faem nei merke jeije; Flodders fleane efternei, Flodders fleane efternei. Fryslân! Fryslân! de lânsdouwe Dêr ús mem my widze het; Dêr ik boarte mei de famkes; O! dat lân forjit ik net; O! dat lân forjit ik net. Fryslân! Fryslân! dy forjitte Scil ik yn it tsjustre grêf, En dyn heldenrom útmjitte Sa lang as ik sykje kin.
J. H. H.

SIBBEL FEN DE RYP.
Sibbel fen de Ryp stiet op ’t skerp; Scil ride. Wol ’ris nei Harns op redens ta; Lit glide! Allinne ride, En noait net glide Mei frjemd folk wol hja, Traldra. Is Sibbel nin tsjep faem? seit sy; Hwa bliuwt ’er in tsjep faem mei my? Dêr tsjen’ de keapljue op hjar ta Mei heakken. “Moai famke, sizze sy, ryd net Yn wjekken.” Mar hja oan ’t rekken. Docht lange skekken. Net to keap! seit hja, Traldra. Myn waren binne to djûr for jy; Siikj’ yn ’e stêd jins kreammerij. ’t Studintke wonk to Frentsjer my, Woe patsje. Lei sêftkes om myn hals syn hân, Sei: “skatsje!” Meist’ my net patsje, Al seiste, skatsje. Feint, studearje dou! Traldra. Mar Sibbel hat nin boekje for dy: De flinkste faem yn ’t gea is sy! Is Sibbel fen de Ryp nin tas? Lit saeije! Mei my lei mannich hearke op, Woe aeije. Meist’ my wol flaeije, Mar ’t kin net aeije. Hearke, hânnen thús! Traldra. Sibbel is in flink kant faem, seit hja: Wol heare-hân net oan hjar ha. Hâldt Sibbel fen de Ryp nin streek Yn ’t riden? O! ja, as sy mei hjar ljeaf feint Mei glide. Den kin ’k wol ride, En lit my glide Yn syn earmen. Traldra. Bin ’k net in rappe faem op it iis? Mar hwa wol ride mei in biis? Is Sibbel net for hjar ljeaf feint Allinne? Hy is in boer, en ik wird syn Boerinne. Ik wol him nimme En lit se rinne Dy my sa aeikje. Traldra. Bin ’k net in echte faem fen ’t lân? In boer jow ik myn hert ta pân.
J. H. H.
NACHT.
Stjerren blinke, wyntsjes swije, En natûr laeit yn ’e slom. ’t Is de stille nacht fen ’t frijen; Kom, myn ljeave famke, kom! Lit ús hân oan hân hjir sitte, For nin loerende eagen bang; Lit ús wrâlds fortriet forjitte, Ljeafde wit hjir fen nin twang. Djippe stilte is om ús hinne, En it fjild laeit yn de dau: ’k Hear it flústerjen allinne, “Ivich, ivich, ljeafde en trou!” Ingels yn dit hillich tsjuster Flodderwjokje om ús ta; Sizze fen ús lok forwond’re: “Hwer is ’t yn de himel sa?”
J. H. H.
FORTELTSJES FEN MASTER ALE BYFOET.
Lytse master Ale Byfoet wenne to Dockum, en hie noait fierder yn ’e wrâld op west, as nei Kollum en Birdaerd. En yette hie er mear sjoen yn ’e wrâld, as mannichien, dy syn âlders jild yn Parys ef Londen forslampampet. Faek forteld’ er alderhanne lytse forteltsjes, dy er sa út egen ûnderfining opskoffele hie. Folle krollen wierne ’er net oan, mar hja taestten op ’e lever, en ’t nuverste der fen wier, det der jimmer twa en twa sokke forteltsjes by eltsoar wierne. Ienris priizge him Jarich Tille, syn bûrmanssoan, oer syn skoan forstân. Ei, sei de âlde master, bin ik den sa wiis yn dyn eagen, heite? en knypeage ’ris.
Jarich. De hiele stêd seit it, master, en ik woe ek wol, det hja dat fen my seinen.
Mr. Ale. Nou heite, aste der oan wo’ste, dat ’s nin hynstewirk. Dou moaste mar tige sjên, Jarich heite, ho ’t de gekken dwaen.
Jarich. Hwet gûd? ho de gekken dwaen?
Mr. Ale. Ja, ja, en den rjucht oars dwaen as sy.
Jarich. Ho giet dat, master?
Mr. Ale. Hark, boi, ik scil ’t dy fortelle. Foar jierren wenne hjir in rekkenmaster, in tin, splinterich, grimmitich keardeltsje, master Spin hjitte er. Dy roun deis oer ’e strjitten, eft er in slach mei de moalpûde hawn hie, en praette en eamele jimmerwei binnensmûle mei him sels; mei nin minske praette er oars. En immen ’ris rjucht yn ’e tût to sjen, dat doarst’ er net dwaen, sa fier kaem er net; ivich seach er foardel, en nei him sels.—Ho mienste wol, Jarich man, det de Dockumer ljue dy man hietene?
Jarich. Wel! in man dy yn ’e stúdzje roun, tinkt my.
Mr. Ale. Jûk! ja wol, man, it liket der net nei. In gek neamden hja him.—Fij man, tocht’ ik by my sels, dy titel stiet my net oan: lyk as master Spin scil ik net dwaen, dat roait net. Sjuch dou de ljue fiks yn ’e tût, tocht’ ik. Ef, hwet yette briker is, yn dy sels to praten, as de healwize ljue; né, fij! sprek dou ljeaver mei oare ljue, sei’k.—Nou, hwet tinkt dy, Jarich heite, hie ik nin gelyk?
Jarich. Ei, wis en wrachtich, master! wis dat!
Mr. Ale. Ik wit n’t, ik wit n’t, keuninkje; alheel-en-al yet net. Hwent der roun do yet ek ien yn Dockum om, dat wier mynhear Mich, de dounsmaster, dy seach alleman rjucht yn ’e troanje, en tsjantere mei alleman, dy mar earen oan ’e holle hie, jimmerwei by de rige lâns. En, Jarich heite, ho mienste det de Dockumer ljue dy man wer hietene?
Jarich. Wel! in plezierich man.
Mr. Ale. Bynei; ’t is der op ôf.—Né, man! hja neamden him ek al in gek. Hea! tocht’ ik wer, dat is onnoflik, hjir wit ik nin rie mei: ho moastou nou dwaen om wiis to hjitten?—Net alhiel-end-al as master Spin, en ek net alhiel-end-al as mynhear Mich. Earst moast de ljue fiks yn ’e toet sjen, as de iene, en den sjuchste bidaerd foardel en nei dy sels, as de oare. Earst praetste lûd mei de ljue, as mynhear Mich, en den yn ’t geheim mei dy sels, as master Spin.—Sjuchste Jarich, sa hab ik dien, dat is it geheim.
Op in oare kear kaem in jong keapmantsje by him, mynhear Skrepper hjitte er, dy illindich oer syn ûngelok simpere.
Ei, kom, keardeltsje! sei master Ale, dou moast’ it lok mar siikje; dou moast’ der mar op rinne.
Skrepper. Wel, ik rin der lang op, man, mar hwet kin it helpe? ’t Is eft de divel der mei spilet. Ik scil tonei de hânnen oer eltsoar lizze, en bliuwe by honk.
Mr. Ale. Foaral net! Foaral en bileaven net, mynhear Skrepper! Net opjaen! jimmerwei moatt’ je der op gean; mar tige der om tinke, ho je it gesicht drage.
Skrepper. Ho? hwette? ho ’k it gesicht draech?
Mr. Ale. Ja, ja, ik scil ’t jo better bitsjutte.—Do myn bûrmans hûs boud waerd, do laei de hiele strjitte fol spierren, balken, stien en kalkbakken. Dêr kaem ús boargemaster Kriek, dy do yet in piipjong en blastich froedsmantsje wier. Dy roun mei de earmen fier fen eltsoar, mei de holle yn ’e nekke en de noas steil nei de wolken ta, en de brol op. Pomp! dêr laei er hals oer kop, en briek syn lofter skonk, dêr er yette krepel oan giet.—Hwet wol ik dêr mei sizze, mynhear Skrepper?
Skrepper. Och! it âlde leksom, det men de noas net al to heech hâlde moat.
Mr. Ale. Ja, sjugg’ je wol? en dochs ek net al to leech. Hwent in toarntsje dêrnei kaem der wer in oar foarby gean, dat wier mynhear Bombom, de stedsrymler. Dizze man moast jimmerwei ien fen beiden yn ’e kop hawwe, soargen ef gedichten. Dy slûpte sa glûpsk en forslein foarby, en seach stiif nei de groun, eft er der yn delsinke scoe. Krak! dêr briek in tou; as de blits foel der him in stegerbalke foar ’e noas del. De stumper foel fen kjeltme yn ’e swime, en moast fjouwer wiken siik op bêd lizze.—Bigryp’ je nou wol hwet ik mien, mynhear Skrepper, ho men it gesicht drage moat?
Skrepper. Jy miene yn ’e mids, net?
Mr. Ale. Ja, just, det me net to dryst yn ’e wolken, en net to bang nei de groun sjen moat. As men de eagen bidaerd nei de beide siden weidzje lit, koartom as men om yen hinne sjucht, den komt men yet al troch ’e wrâld, en it ûngelok sit meast yn ’e holle fen ’e ljue sels.
Op in oar tiid kaem der in jong kouwekeaper by him, Pjitter Ploffer hiett’ er; dy woe in bytsje jild ha for in lytse negoasje, dy er yn ’e holle hie. “Ik wit wol, sei er, folle scil der net útkomme; mar it rint my nou dochs yn ’e bek, en ik ken ’t sêfts meinimme.” Dit praet stoe master Ale net oan.—Ho folle scoest’ den wol hawwe moatte, Pjitter?
Ploffer. Och! net folle, in fotsen hûndert goune sa hwet.
Mr. Ale. O! as ’t net mear is, dy kinst’ krije; heel wol, man! En den scilste sjen, det ’k it goed mei dy mien; hwent ik scil der dy yette hwet op tajaen, dat ûnder goe’ frjeonen wol tûzen goune wirdich is.
Ploffer. Mar ho nou, master! der yet op ta?
Mr. Ale. O! ’t nimt my net ôf; ’t is mar in forteltsje.—Do ’k jong wier, hie ’k hjir in bûrman, in wynkeaper, mynhear Gleon, in nuver mantsje; dy him in selsom praet oanwende, mar dat brocht him ta de poarte út.
Ploffer. Ei? en hwet for praet wier dat?
Mr. Ale. Wel, as men him ’ris frege: mynhear Gleon, ha je dêr net wer in plomp bulte jild fortsjinne? “Och, sei er, in luzige tûzen goune; hwet wol dat sizze?” As men him sei: mynhear Gleon, de ljue forhelje, det jy frij hwet in slompe by dat bankerot sitte litte. “Och!” sei er den, “hwet scoe dat bitsjutte? in pear sekjes sechstehealen sa hwet. ’t Is de pine net wirdich om der sa oer to jeuzeljen.” Lyk as ik dy sei, Pjitter, de man hie in brede rêch; mar dat fordomde praet lichtte him glêd wei út it seal; hy moast der mei de poarte út.—Ho folle moaste hast ek hawwe, Pjitter?
Ploffer. Ik haw jo om hûndert goune forsocht, myn frjeon.
Mr. Ale. O ja! ’t is ek sa; ik wird hwet staf.—Mar ik hie hjir yet in oar bûrman, dat wier de flaekskeaper mynhear Foeger, dy boude troch in oar menear fen praet dat greate hûs mei dy skûrre der efter.
Ploffer. De diker! dat woe ’k wol ’ris witte; ho wier dat?
Mr. Ale. As men him ’ris frege: dêr ha je in gnap plokje hawn, net? dêr ha je frij hwet jild fortsjinne, net? “In bulte, man! in tige skoane bult, in grouwe hûndert keizersgoune.” En den koe men sjen, det de man it hert yn ’t liif lake. Mar as men sei: Ho nou mynhear Foeger! stiet de mûtse net goed? “Och,” sei er den, “praet der net fen, man! ik haw in lilke dei hawn, ik haw in hânfol jild forlern, fyftich goune, man! in grouwe skoane fyftich goune!” Hy wier mei in bytsje op ’e stap komd, mar lyk as ik dy sei, dit hiele hûs, mei dy greate skûrre der efter, hat er der del set. Nou, Pjitterman, hwet for praet stiet dy nou bêst oan?
Ploffer. Nou, dat wit’je wol, master Ale; de lêste.
Mr. Ale. Neiby, mar alleheel-en-al stie er my dochs ek net oan, dy mynhear Foeger. Hwent hy sei ek: Folle jild! folle jild! as er oan ’e earmen, ef oan it lân jaen moast. En, Pjitter heite! ik, dy twiske beide praters yn wenne, haw fen beide in bytsje nomd, en den praet ik nei de tiid seit, soms as mynhear Gleon en soms as mynhear Foeger.
Ploffer. Wel, de deale! né; ik hâld it mei mynhear Foeger.
Mr. Ale. Ho folle moast’ den ek habbe, Pjitter heite?
Ploffer. Folle jild! folle jild! in grouwe hûndert goune!
Mr. Ale. Sjuchste, Pjitter? ’t scil wol gean mei dy: dat wier ’ris gnap fen dy, man! As men fen in goe’ frjeon boarget, moat men prate, as mynhear Foeger; en as men in goe’ frjeon út ’e need helpt, den moat men prate as mynhear Gleon.
E. H.


IT MAERTEBLOMKE.[7]
Kom, myn ljeave foarjiersberntsje, Mei dyn wite poanne op: Krûpstou ek wer út dyn herntsje? Wolkom, wolkom, griene pop! Koeste troch ’e snie yet boarste, Lytse ljeave poanneman? Koeste troch ’e hirde koarste Poarje, lytse maerteman? Wierste dêr net trochforklomme, Yn dy izerhirde groun? Koeste troch ’e winter komme? Wierst’ de hiele winter soun? Hieste ’t dêr net kâld, myn koeze, Hast’ dêr ek nin selskip foun? Haste dêr allinne klûze Yn dy djip-bifêrzen groun? Wolkom, trijris wolkom, soantsje Fen ’e skrouske wintertiid! Wis, dou bliuwste hjir in toarntsje, En dou makkest’ ús ’ris bliid. Mar myn ljeave griene boade Fen dy romme griene tiid, Fij! it rûge en kâlde noarden Gûlt en bilet wiid en siid, Spijt yet heil út swarte loften, Reint en touwert wyld en kâld, Eft der tûzen tongers ploften Op ’e keale kâlde wrâld; Pipet yet troch mêst en toerren, Faget tek en beammen wei; Skoddet yet mei hûs en skûrren, Bliest de wylde weagen wei. Nou, dou bist’ der nou, myn koeze, Mei dyn wite poanne op, Simmerloften scill’ hjir rûze, Bliuw hjir mar, myn ljeave pop. Och, dou kinste hjir net bliuwe, Dat laeit net yn dyn natûr; Mannich ûren scilste kliuwe, En den is dyn libben oer. Hast litstou dyn holtsje sinke, En den giest’ wer nei de groun; Nimmen scil om dy mear tinke, As dy ’t libben dy hat jown. Dy scil dy yn ’t libben roppe, Grien en prûzich lyk as hjoed, En dou komste wer hjir boppe, Ljeaf forgetten maertekrûd!
E. H.
OAN DE SWANNEBLOMMEN.[8]
Lang forgetten swanneblommen, Driuwers op ’e stille mar; ’k Freegje wirden fen de stommen, Alde Fryske wapenblommen! Tinkt der immen yette oan (hjar)? Mei hjar griene sterke spjirren Komme se út it wetter op, Ivich bluistrich alle jierren, Prykje en loaitsje hja fen fierren, Tsjin it gleone deiljocht op. Fyn bisneine syd’ne lapen Dobberje op it wetter om; ’t Binn’ hjar griene gledde kapen, Dy op ’t âlde Fryske wapen Sprieken: “Sa driuwt Fryslân om!” Winters binne hja forgetten, En hja rêste yn de groun; Under iis en snie bisletten, Yn de poellen, yn de petten, Sliepe hja de winter roun. Hwa scil hjar wer libben meitsje? Hwa docht hjar de eagen op? Ut hjar deasliep hjar opweitsje, Det se boppe wetter reitsje, Frjeonlik glûrjend út hjar knop? Lyk as d’ âlde Fryske lânnen Faek forswolge troch de sé, Mar troch krêft’ge Fryske hânnen Wer forlost fen twang en bânnen En ophelle út de sé; Komt de hân, dy ’t al bistjûret, Lûket jimme út de groun, As de maitiidssinne gloeret, ’t Dôve libben wer oanfjûret, Krûpe jimme út de groun. Yn in weake groun fortize, Sitte se yn hjar stamme fêst; Frjeonlik scill’ s’ hjar troanje wize, Frjeonlik laitsjend wer oprize, Ut dat kâlde wetternêst. Blier sjen se oer it wetter hinne, En hja rypje ta in knop, Stoov’ hjar berntsjes oan de sinne. Geane hjerstmis den wer hinne, En fordriuwe as kaf en hop. Sa ek, Fryske wetterfammen, Gongen de âlde Friezen oer, Binn’ forgetten de âlde nammen, Binn’ fordylge de âlde stammen, En útwjoed mei ierd en oer. Binn’ der nou ek krêft’ge tûken, Utroun út dat âlde haed, Dy fen bûgen witte ef bûken, Mei gjin twingen ef gjin lûken Binn’ to troaijen fen hjar paed? Fryske blommen, wetterfammen, Pronkers op de stille mar, Tsjûgen fen dy âlde stammen, Fryske blommen, wetterfammen, Siz my, lykje wy oan hjar?
E. H.

YN ’E PIKMAR BY GROU.

DE FRYSKE HIRDSILER.
Skipkesile, skipkesile, Dêr nei stiet myn Fryske sin. Skipkesile, skipkesile, Sa lang as ik tôgje kin. Wetter, wetter is myn libben, Hinget siel en libben oer. ’t Libbet, popert my troch de ieren As ik oer de weagen stjûr. As de wylde fûgels djoeije, ’t Reidmosk tsjottert ljeaf fen toan, De eintsjes troch de weagen roeije Mei de piken efteroan; As it djier yn griene weiden, Yn de gêrzen wille het, Ef biskûle yn de reiden Fiskerman syn fûken set; Den oer Fryske markes driuwe Yn de romme simmertiid, Yn de lije simmerjounen Makket hert en sinnen bliid. Yn de kâlde hjerstmismoarnen, Wolkom, stoere noardewyn! Moantsje mei dyn silv’ren hoarnen, Wolkom mei dyn gleone skyn! Sûzje my troch mêst en linen, Ljocht my op de tsjust’re poel! Noarman hirdet ier en sinen, ’t Moanljocht wiist my paed en doel. Yn de kâlde hjerstmismoarnen, As ’t noardwesten giert en bromt, As de heil it wetter giselt, Dobb’rje ik iensum op de romt’. Diggelfjûr sit oan de toppen, Swarte loften hingje ’er oer, Touwers fluitsje troch de stroppen, Eangstich skoarje ik oan it roer. As de wite koppen stouwe, ’t Skipke kreaket, hellet, sûcht; Hingje, slepe, dweile, sjouwe, Dat is ’t libben dat my noecht. Noflik is ’t den thús to kommen, Om de ljochte gleone klûs Fen it diggelfjûr forhelje, Fen it wylde weachgebrûs. As de bernkes freegje en harkje Hwet hjar heit het ûnderfoun; Moast ’k sa ’n dei mei noed trochfarkje, Trij’ris noflik is de joun. Friezen binne wetterlieuwen; Het it wetter wille en noed, ’k Wol in wetterpolsker bliuwe; ’k Bin fen ’t âlde Fryske bloed. Sa, Tsjerk Hiddes, greate lieder Fen de frije Fryske fleat, Wier dyn libben, waerd dyn stjerren Op it wide wetter great. Silen, swabjen wier dyn libben, Hiest’ net oer de weagen bromd, En de Ingelskman bitong’re, Hwa hie den dyn namme romd? Ja, de Vries, dyn Fryske namme Is net op de weagen stoarn: Né, hy libbet oer de séen Ivich, Fryske wettersoan! Skipkesile, skipkesile, Dêr nei stiet myn Fryske sin: Skipkesile, skipkesile, Sa lang as ik tôgje kin.
E. H.
TROCH IT RINKET.
Foar tachtig jier wenne der in smidswiif op ’e Gordyk, dy hjar man skjin oer hie, en dy nearne mear nei langhalze, as nei de ûre fen syn dea. In bysfeint, dy ûnderdúms ek in goe’ frjeon fen ’e smid wier, joech hjar de rie, om hjar man alle moarnen op waerme boltsjes to traktearjen, en dêr scoe er blyn fen wirde, en einling wol stjerre. Dêr harke sleaukemoi nei, eft hjar lij wetter yn ’e earen getten waerd. En man! hjar bislút wier: de smid scoe der oan, hy scoe de sêfte waermboltsjedea stjerre. As hja moarnsier de bakkershoarn hearde, den fleach hja as in wylde draek ta de doarren út, en helle for in skeljen waerme boltsjes. De smid bearde det er nearne fen wiste, en sei tsjin syn wiif, dy oars sa fym’l as in skjirre wier: hea ljeave, ho komt Peaske sa yn ’t lân? Dou wirdste rynsk! “Ja,” sei hja, “baes, wy habbe langernôch goarre, wy moatte it der mar ’ris hwette rommer fen nimme; en jy moatte der sa swier for smeije, det, my tinkt, jy meije it der to minste wol goed fen nimme.” En de smid, dy in great longerich keardel wier, en dy lyk as de measte fen syn swarte collegas, in man oan it ambeld, mar ek in man oan ’e krêbbe útmakke, friet as in lieu alle moarnen wol tweintich waerme boltsjes op. Einling stoe it him dochs tsjin, en do er seach, det it syn wiif ek bigoun to bigreatsjen, klage er det him de eagen bigounen to skimerjen, en hy dronk syn dikkop ek net mear, omdet er wol ’ris heard hie, det it kwea for it gesicht wier. Dit stoe it bygelovige wiif danich oan, en hja biklage him yette ek, dy falske njirre! Dit wirk sjampere noch al twa dagen sa oan, mar de tredde deis, do de smid moarns opstoe, woe er syn broek krije, en hy taestte yn it turffet; hy woe syn skoen oantsjen, en hy krige de âlde boarre by de kop; hy woe de prûk opsette, en hy hie de feger beet. Jimme kinne tinke hwet in nocht it wiif der oan hie, mar hja hâldde hjar froed en fyn, en sei: “Och hea, baes! kinn’ jy net mear sjen?” “Né, Lys!” sei er; “Nou woe ik mar, det ik mar dea wier: mar ho kom ik dea? Ik hab wol ’ris heard fen master Ipe, det fordrinsgjen de sêftste dea is. Mar ik doar it sels net dwaen; den moastou my helpe, ljeave. “Fij, sok raer praet, baes! Jy moatte sa net,” sei it falske wiif, “jy kinne licht yette wol ’ris betterje. Ik scil ’ris nei master Baltes gean; dy hat sok superber eachwetter.” “Wel,” sei de smid, “ik wol dea, dat hab ik sa mar yn myn holle set, en dou scilst’ my helpe.” “Dat is oars al hwet raer, sei it wiif, mar it is lyk as jy sizze, baes; in blyn minske is in ûngelokkich minske. Sa is ek dochs neat oan it libben. It griist my oars as ik der om tink. Mar ho moat dat den, baes?” “Wel,” sei de smid, “my tochte, dou moaste my mar nei de rânne fen ’e feart liede, en dêr scil ik stil stean bliuwe, en den moastou der my mei in oanrin yn fiere.”