← Table of contents
Rimen en Teltsjes

TWIGEN UT IN ALDE STAMME. (continued 2)

Reading edition

It hele selskip dêr yn ’e herberge lake wakker om dit forteltsje, bihalven de ontfanger; dy seach my stiif oan, en knarste soms op ’e tosken; mar do frege Jouke my: “Wiste ek, Gabe, ho eft it tonei mei dy kreeft gien is?” Ik sei: “Ja, kastelein, dy is op in simpele menear wer to lânne komd. Ytlike jierren dêrnei, do de kreeft al lang forgetten wier, do fisken de hearen fen Dockum de stedsgrêften mei in seine ôf, en do fongen se ús maet de kreeft wer.” “Zoo’n grote grenaal is er noch nooit in Europa fonnen as dizze hier in dit kleine Dockum, sei in hopman fen de Boargerwacht; Die zal ik beware zoolang as syn Hoogheit de Prins hier komt.” Dy lei him oan in silveren keattinkje ûnder in brêge fêst om him yn it libben to hâlden.” “Het dat nou langer noeg duurd, duvelskyn, met dyn smeulen en tryttrotten? Ik hew myn nocht!” rôp de ontfanger pûr razend, en hy griep de tange út de hoeke om my der ’ris helder ôf to ticheljen; mar de hospes sprong twiske beiden, en do wier it dien. De ontfanger stau omtrint breinroerd ta de doar út. It hele selskip, en binammen Jouke, lakene wakker; mar de kasteleinske wier ek al lang stymsk; dy woe my nin goed wird mear jaen, omdet hjar pake ek in Dockumer west hie. Dêrom ried ik de moarns heel ier foart en kaem de jouns yette thús.”

Do rôpen se allegearre yn de skoalle: “Wierne dy ljue den gek, Gabe, det se hjar oan in grap steurden. Us hat dat forteltsje skoan smakke.” “Yette sa gek net as jimme, sei Gabe dêrop. As ik jimme nou allegearre ’ris for mirden útrachte, den scoene jimme my it ljocht wol út de holle helje, en den wierne jimme yette dommer as de Dockumers. Dy binne yette lilk as men hjar in ding oantiget, dat se wêze kinne, namentlik dom en onnoazel; mar jimme binne lilk as men jimme mirden neamt, en dat kinne jimme ommers noait wirde.” Hja moasten Gabe gelyk jaen, mar dy lytse lilke tapassing op dy moaije lange preek stoe de ljue net oan: hja mochten it wird net ienris hearre, en de iene nei de oare roun noartich ta de skoalle út, en fen it koardegearjen mei de fammen kaem dy joun net. Gabe koe mei syn omke nei hûs ta strampelje, en do wier it feartflagjen út.

TAHEAKKE fen J. H. Halbertsma.

Hwet Gabe hjir yn syn reis fen de houn yn ’e tsjerke forhellet, wit ik net eft wier is. Mar efkes nei 1787 is der yn in tsjerke fen Eastdongeradeel in ding bard, dêr ik foar ynstean. Dêr preke in domenij mei in fyn forstân, en dy ’t hert op it rjuchte steed siet; mar hy hie it ongelok, det hy net sa gleon for ’t hûs fen Oranje wier lyk as der do wol folle bearden. Hy hearde, lyk as men it neamde, ta de patriotten, en de patriotten wierne troch de bajonetten fen de Prusen ta swijen brocht, sa det se moai ûnder de knip sieten en amper kikke doarsten. De domenijs krigen allegearre in foarskrift hwet en ho se for de prins bidde moasten; dy it net dienen, wisten hjar lot. Do ús domenij, dêr ik niis fen sei, yn it neigebet oan dy wirden ta kaem, hie de master, dat in biis wier, in houn ûnder de bank by him klear lizzen, dy er sa ongenedich op de stirt trape, det it earme bist moarddedich bigoun to janken en do dit al oanboaze, stiek de hele gemeinte de holle op. Domenij bleau midden yn dy wirden stykjen, en sei Amen. Sa as domenij fen de stoel kaem wier syn earste wird oan de master: “Meester, wat schandelyk leven was dat met dien hond?” “Ja, domenij, sei master, as jy for de prins bidde, den gûle de hounen it út.”

De Friezen is altyd in frij folk west, frije ljue litte hjar net licht oan it lyntsje bine fen ceremonies; as it ding, dêr it op oankomt, yn ’e heak is, kinne hjar de omballingen net folle skele, en hwet de ljue mei complimenten fen hjar sizze, dêr laitsje se hwette om. Dat sjucht men noch oan de Ingelsken; en sa wier it to foaren ek mei de Friezen. In folk nou, dêr sa’n frije geast yn spilet, hat kwinkslaggen en oanslaggen, dêr in folk, dat nei oarmans pipen dounset, nin bigryp fen hat. As ik de Friezen forgelykje mei ús lânsljue yn de oare provinsjes, den leau ik, det der wol minder Kristenen binne as hja. Flokwirden dy yn de mûle fen oare provinsje-ljue bistoarn binne, en spotten mei de godstsjinst, wier hjar in grouwel, mar dat naem net wei, det der yn dy pleatsen, dêr se oars nin wird kikke doarsten, onfoege dingen barden, dêr wy nou suver tsjin opsjenne. Yn de tsjerke selme, dêr de Friezen oars sa dimmen en stil binne, koenen se it net litte om soms mear mei hjar gemak, mei hjar lust en spotfûgelige aert as de deftichheit fen de pleats to riede to gean. Ik scil der jimme in pear staeltsjes fen sizze, mar ik wol nin nammen neame, howol ik se wit. De neikommelingen fen dy nammen libje noch, en dy scoene licht tinke, det dit wier om hjar in stikel to stekken, dêr it fier fen dinne is. Wierheit siz ik, mar ik bin bang, det de ljue my dochs net leauwe scille, omdet ik nin nammen neam. In tûk leagener hat dit boppe my foarút, det er altyd syn minsken neamt, en de ûre, en de pleats.

In Domenij fen Aldegea bipreke Hynlieppen eftermiddeis, as it dêr vacant wier. Yn de toer to Aldegea wier in klok, mar sûnder slachwirk, en omdet er bang wier, det er to lang preekje scoe om yn tiids to Hynlieppen to wêzen, liet er syn dochter om tsjien ûre mei in kneppel op de tsjerkedoar bonzje. As dy pomp kaem, wier de ûre forroun, en Domenij sei Amen.

De Domenij to Eastermar, dy de twade Augustus 1705 stoarn is, kaem as elts treftich predikant mei rôk en mantel op stoel; mar as it simmers myld wier, en de boeren yn de tsjerke sieten to switten en to sliepen, den hong er syn rôk en mantel oer de rânne fen ’e preekstoel, en preke yn in rea damasten baitsje mei silveren knopen, dêr peerdtsjes op wierne. Ik leau, as dat nou barde, det der mear om it baitsje as de preek fen domenij komme scoenen, en lykwol preket it baitsje net ef de mantel en rôk, mar de man, dy der yn sit.

In domenij, dy twiske de 4 en 5 April 1745 stoar, stie yn ’e Haskerdiken, dêr do in lytse gemeinte wier. De man wier bêst, mar hy koe it ein net fine; hy preke to lang. Ienders waerd it sa let, det de boeren ien foar ien dripjende út de tsjerke sloepen; op it lêst bleau de master allinne oer. Mar dy makke it ek koart, en sei by it útgean: “Domenij, as je dien hawwe, woll’je den de doar hwet efter jo talûke?”

Sommige domenijs lieten ek wol ’ris Frysk yn de preek floeije. De foargonger fen myn stalke sei ’ris op Palmpeaske oan de gemeinte: “Frjeonen, ik forsiikje jimme takommene Freed to bigraffenis, mar der wirde nin bôlen jown.” Hy woe sizze: “Onaris komme jimme op bigraffenis om de leedbôlen; as ’t jimme dêr hjir ek om to dwaen is, moatte jimme mar thús bliuwe. Hjir is it om de deade to earjen.” De lêzer sjocht, de wirden, dy sa ienfâldich en plat lykje, sneinen as in flime.

Mar net alle Domenijs hiene sa folle forstan as dizze man. In bulte wierne better yn de flêsk-kûpe en hjar hôf thús, as yn de boeken. Dat giet yn alle fakken sa; goeden en tsjoeden rinne troch eltsoar, ek ûnder de doctors en abbekaten, mei dit ûnderskie, det in kindich doctor ef abbekaet, dy flitich is, fierder yn de wrâld komt, en det it domme heapske in kindich domenij meast sitte lit, as se him mar net forkettert. Sa meitsje domme gemeinten domme domenijs, en beide binne se oan eltsoar weage. In ljeaf lyts eximpeltsje scil jimme dat klearder meitsje.

In domenij yn Frentsjeradeel hâldde der saun ef acht preken op nei. As er No. 8 preke hie bigoun er wer mei No. 1 fen foaren ôf oan; den hie er skjin linnen. De boeren hiene dy acht hirddravers sa faek rinnen sjoen, det se it eindlik sa wirch waerden as spein spek. Twa boeren klagen do hjar need oan de Grytman Sicco Goslinga, dy hjar frege, hwet for teksten dy acht preken hiene? De boeren karden de holle; de iene seach de oare oan, mar nin ien fen beide wist it. “My tinkt, sei de Grytman, den moat domenij sa mar foartfarre ta jimme my dat sizze kinne.” Mar de snoade man ontbea de domenij, en rette him, om for syn eigen goede namme sa lang to studearjen ef to soldearjen, det der noch acht preken bykamen.

Hjir sjit my by yn ’t sin, hwet Lodewyk de XIVde ’ris oerkomd is do er in reis troch Frankryk die. Hy kaem ek yn in doarp, dêr er in bytsje lyn in pryster skikt hie, dy útmintte yn geleardheit. De kening frege oan de skout en syn bysitters, eft er dat net kapitael mei hjar makke hie? Nou ja, dat koe wol, seinen se. “Ho? sei Lodewyk, skilt der den hwette oan?” Dêr woene se net folle fen sizze, mar de kening faksearre hjar sa lang, det it hege wird ’er einlinge útkaem. “Om jou majesteit de wierheit to sizzen, anderen se, den hienen wy fen de kening forwachte, det er ús in persoan stjûrd hie, dy trochstudearre wier, en dizze keardel is to dom om foar de divel to dounsjen; hwent hy sit noch fen moarns-ier ta jouns-let to studearjen.”

Jimme bigripe wol, dy Fryske staeltsjes binne opteikene; oars koe ik se net witte. Hja binne mei in heel bult oare opteikene fen in âld treftich Bolswerter, dêr in skrandere holle op siet, en dy sokke dingen opskreau om der ús de kleur en de geast fen dy tiden út to learen. Mar det hy se oanteikene hat is al in blyk, det dy dingen alle wiken net barden; hwent den hie nimmen der niichheit oan hawn. As jimme dêrom út dizze staeltsjes miene, det de domenijs fen 1700 in soadtsje onbiskoften wierne, dêr skik ef fetsoen by wier, den scoene jimme de planke drôvich mis wêze. De deaker, né! dy hearen wierne sa edel. Hja lieten hjar it tsjiende part net dwaen ef sizze, dat se nou as swietekau trochswolgje. En hwet it fetsoen bilangt, dat lústere mei hjar folle nauwer as yn ús tiden. In moeike fen myn wiif wenne yn 1750 by hjar heit, dy predikant to Goutum wier, en dy hat my forhelle, det in domenij by hjarres om, dy apels út syn hôf forkoft hie, nin holle by syn collegas heel hâlde koe. Dat wier poetsje it each út! In domenij apels forkeapje, krekt as in boer ef in gnjirker? Oan syn frjeonen ef de earmen moast hy se jown hawwe, as er to folle hie. Ik leau net, det de iene collega de oare tsjinwirch op de rêch oansjen scoe, as er apels forkofte, dy er mei syn húsgesin net op koe.

Hwet scil men sizze? Sa lang as in minske hwette to sizzen hat, fielt er him sels; mar as er neat yn to bringen hat, lit er de moedfearren sinke, en it kin him net folle skele, ho er in wintertarring for wiif en berntsjes binnen kriget. Aste to folle ierdappels oan de merk bringste, hawwe boargers en boeren ’er de spot mei, en sa is it folle domenijs mei hjar sels gien.

IT BOIKE FEN SEISBIERUM.

To Seisbierum wenne in boike, Dêr in sémanskop op stoe, En dy de earen wyld opstike As er Noarman hearre koe. “Hark!” sei Tsjerk den oan syn âlders, “Hark! ik hear de sé al wer. “Lit my farre, lit my sile, “Ear’t ik op it lân fordjer. En den siet syn mem to suchtsjen, En bilove klean en jild, Det er ôfseach fen dy raenjen, En him hâldde op ’t romme fjild. Mar hjir holp nin memme-suchtsjen, Gjin formoanjen fen syn heit. As er boartte, makke er skipkes, Plankjes mei in mêst fen reid. ’t Wier syn sliepen en syn weitsjen, d’ Oceäen syn himmelryk: As de weagen ’t pealwirk bûtsten Den wier ’t hearlik op ’e dyk. Hy kaem ’ris yn Harns by skippen, Rêd hie him syn heit forlern, En hy kladdere yn de mêsten: ’t Wier in griis om oan to sjen. En syn heit dy wier forlegen, Hwent it roun al tsjin de joun, Mar hy hie ek gânsk syn moed net, Do hy Tsjerk by skippen foun. O, ho krinkte it de âlde Hidde! ’t Wier sa’n fluch, sa’n proastich bern! Thús do groude er op it boike, “Dou scilst’ noait de sé wer sjen. “Ploegje ljeaver hjir ús terpen, “Men it ripe noat yn hûs. “Och, dyn mem kryt hjar ta wetter, “Aste weifljochst’ fier fen hûs.” En syn mem bigoun to kriten, Mar it boike skriemde mei; Snikjend rôp er: “Ik moat stjerre. “As ik noait nei sé ta mei.” Wylst dy trije dêr sa tsjierden, Kaem in liereman der oan, Goike mei syn houten stompe; ’t Wier in Grienlânfarders soan. Hy hie ek de sé biswabbe, Mar hy wier nou earm en bleat; Hwet er mei de liere opskoaide, Oars hie de earme stimper neat. “Jy komm’ hjir al moai fen passen,” Sa spriek do de âlde boer, “Jy moatte oan myn soan fortelle “Al de sé syn swiet en sûr.” “’t Himelinkje, dat sa skriemt hjir, “Siket sémans lot en wé, “Praet hjir jimmer foart fen farren, “Hwent syn hert lûkt nei de sé.” Goike bliuw hjir mar to nachte, Yt en drink en sliep hjir swiet, En fortel den oan myn boike, Ho it sémans libben giet.

Goike Liereman.

’k Scil de sé net priizgje ef lekje, Hwent dy hat syn wille en wé; Mar ik scil myn lot fortelle, Dat ik hawn haw op de sé. Ho ik swalke en swiere Om dizze âlde liere. Heit hat ek de sé biswalke, En dy wier der ek op bleaun, Dy is oan Straet-Davis klippen Twiske bergen iis to-treaun. Dy binn’ dêr sa forklomme; Der koe nin siel ontkomme. En dêr bleau ús mem do sitten; Treast en steun hie hja forlern. Hele nachten koe se weine As earm widdou mei seis bern; As wy dêr onnoaz’len laeine, Nachts oan ’t widstou weine. En wy fregen ek nei heit al, Dy brocht jild en koeke mei. Bitter kriet ús earme mem den, Hwent for ivich bleau er wei. En mem bleau stil en sletten: By ús wier ’t gau forgetten. Ho myn bêste mem my rette, Om to bliuwen oan de kust, Sy koe noait myn sin forsette, Hwent de sé dat wier myn lust, Mei syn hege wylde weagen, Mei syn stoarm en touwer-fleagen. ’k Hie in broer, in skoander jonge, Dy in jier twa jonger wier, Dy liet him fen my forlokje Om to smaedzjen memme rie. En dêr teagen wy do hinne, Lieten mem bidrukt allinne. Meast op fluit- en koffeskippen Teagen wy om hout to fjild, By de Noaren yn hjar skjearries, En fortsjinnen frij hwet jild, Om den ús skoane hieren Op ’t iis wer to forswieren. En sa swalken wy to gearre Ek nei Ruslân ef de Eastsé. Lang det ús nin reis mislearre, Mar op ’t lêst do kaem it wé. ’t Die ús mem it stjerren. ’t Is yslik om to hearren! Hwent ús wiffe losse sinnen Dwelmden heel de wrâld yn ’t roun, Do ús in great Smirnaes-farder For in reis nei Zante woun. O losse jonge jierren! O wylde sémans-hierren! Skoander skip foer noait út Hollân, Mei it flinkste folk er op; Myn broer Ynte wier de gnapste, Ynte mei syn krûze kop. En eft ús mem al rette, Hja koe ’t ús net bilette. Mei in friske easterkoeltme Stauwen wy hast troch ’t kanael, Lâns âld Ingelâns wite bergen Fleagen we as in bliksemstrael; Sa as swellen fleane, As se nei ús ta geane. Op de hichte fen kaep Finster Moast it folk nei boppen ta: ’t Wier in neare tsjustre hjerstnacht, En it skip dat helle sa. In onwaer woe bigjinne; De stoarm koe ús birinne. Ynte roun net, mar hy fleach hast. O, it wier sa’n fluggen kwant! Mar troch ’t swypkjen fen de mêsten Rekke Ynte út it want: Hy tommele yn de weagen. O minsken, slút jimme eagen! ’k Woe him yet in tros tasmite, ’k Hie as man to roer de wacht, Mar ik heard’ him aeklik roppen: “Goike, yn ivichheit goe-nacht.” Oan help wier net to tinken: Syn lot wier dêr fordrinken. ’k Waerd útsinnich do fen rouwe, ’t Libbenssin wier my forgien. ’t Hat myn wylde sin bitomm’le, ’k Hie neiby my sels fordien. Mar do hat God my sparre, En for dat kwea biwarre. En do sylde it skip foardelich By Gibraltars klippen lâns, Mar by ’t eilân fen Majorca Stille nachts it wyntsje gânsk. Dat siichjes deadlik swijen, Dat brocht ús skip yn ’t lijen. ’t Greate deiljocht boarstte steatlik Ut de Grykske seën op, En dêr dreau it machtleas hinne, Seil en wimpels hongen slop. Mar, o, dy blide dage Moast ús sa wreed bidrage! Fen de Barbarijske kusten Dage in swarte roaver op, Roeijende mei fyftich riemen, Mei de bloedflagge yn de top, Om ús oan board to klampen. Dêr wier net tsjin to kampen. Daedlik sprongen tweintich Turken As de kweade ús oan board, En hja fleug’len ús as skjippen, En wy moasten mei hjar foart Nei ’t Algierske yn Barbarijen, Yn de wrede slavernije. En dêr haw ik saun jier tsjinne Mei de slaven op it lân, Dêr dy Afrikaenske sinne Barnde op it gulle sân. Hoop en treast forfleagen As we ús boalen seagen. Stjerren wier myn greatste sucht do, ’k Waerd wanhopich yn it lêst. ’k Fluchtte, mar op in galeije Klonken sy ta straf my fêst, Fêst om yn swiere boeijen For ivich dêr to roeijen. Mar Gods hân hat my biwarre, Hwent in Franskman hat ús nomd En in koegel naem myn skonk wei, Mar gjin Turk is do ontkomd. Ik moast wol pine lije, Dochs koe it my bifrije. ’k Waerd bihann’le as in broer do, ’k Tink ’er yet mei triennen om. ’t Wierne my wol frjemde ljuwe, Mar wy hien’ ien Christendom. Dat hat my biwarre, En myn libben sparre. ’k Koe ús Ynte dea forjitte, Mar de slavernije net. ’t Flymde my troch siel en sinnen, ’t Wier to wreed for ’t Fryske hert. O, ljeaver smerten lije, As sokken slavernije! ’k Foun ús mem yet al yn libben, Mar do ik fen Ynte spriek, Niigde se as in wite leelje, Dy in rouwe hân to-briek. Dat koe se net forwinne; Sy wile en stoar der hinne. En nou siikje ik sa myn iten As in earme liereman, Strompelje sa mei myn stompe Oeral troch it Fryske lân, Om sa mei goede wirden Myn earme brea to bidden.

“Wolst’ de sé nou yette ploegje? Spriek de heit syn Tsjerk do oan, “Yslik is it om to hearren! “Is ’t net wier, myn bêste soan? “Wy haww’ lânnen, wy haww’ grounen; “Bliuw den by dit stille wirk. “Joechste dy oan ’t wylde farren, “Licht forfoelste by de Turk. “Oerfloed haste hjir en wille, “Frijheit haste hjir, en brea; “En de neare slavernije, “Slimmer is se as de dea.” ““Hwet sizz’ jy fen slavernije? ““Dat wirdt noait Tjerk Hiddes lot. ““’k Scil my noait oan minsken oerjaen, ““Mar ik jaen my oer oan God. ““Né, ik wol net warleas farre! Sa sprong Tsjerk do fen syn sté, ““’k Wol se straffe en to-gniedzje, ““Dy my oantaest op ’e sé. ““’k Haw nin skrik for sa’n forteltsje, ““’k Scil se boarje yn de groun: ““Dy oait op myn frijheit loere, ““Scil ik deije as in houn.” En hy hâldde wird, it boike, ’t Fyt’re ’im oan, dit near forhael, En in simpel boeresoantsje Wirdt in Fryske admirael, Dy troch de admirael de Ruiter ’t Neist oan him gelyk waerd steld; ’t Wier Tsjerk Hiddes fen Seisbierum, ’t Wier de greate Fryske held.

E. H.

TSJERK HIDDES.

Tsjerk Hiddes.
Tsjerk Hiddes.

“KIERKIDES”

6 AUGS. 1622.—TSJERK HIDDES.—15 JULI 1666.

It is noch al nuver, det fen alle kopstikken fen biromde ljue, dy Lavater yn syn great wirk oer de kinde fen de wezenstrekken oernomd hat, hast net ien is, dêr er sa folle greats en goeds yn sjocht as yn dat fen Tsjerk Hiddes.

De Friezen hiene eren nin fannen, en ús Tsjerk ek net. Do er in bineamd séheld waerd, neamden de Hollanders him de Vries, omdet se Tsjerk net úterje koene, en dy fan hat er do oannomd; hwent it hert siet him heech, det er in Fries wier. Hy hâldde syn moersteale ta it lêste ta oan. Do se him de vice-admiraels-rôk for it allerearst oanteinen, sei er as in goed Sexbierumer: “Hwet scil ús Tryn nou sizze?” Dêr miende er syn wiif ef syn sister mei. Dit is my sein fen in âld Secretaris fen Bolswert, dy it út de hân hie fen in Harnzer, dy ’er by stie, do de admirael him klaeide.

De Fransken seinen net fen de Vries, mar op hjar wize Tjerk Hiddes. Yn de rapporten fen de Franske Admirael oan de kening hjit er altyd Kierkides. Wy brûke de tsj foar de k, sa as yn tsjerke, tsjerne, for kerk, kern (karn), en de Fransken, dy tsj hearden, mar net úterje koene, brochten dy tsj ta de k tobek, ta in biwiis, ho ticht dizze twa bûrljue yn ús ear en mûle by eltsoar wenje. De Angelsaxen, folle broerren fen ús foarâlders, seinen den ek fen Cerdik, de namme fen ien fen hjar keningen, en de Yslânners Kiarkr, der wy Tsjerdic, Tsjerk, en Tsiark foar sizze. Cerdic, en kiarkr biteikent immen, dy syn man stean doar, en dat doarst Tsjerk Hiddes.

Admirael Tsjerk koe it Hollansk opperbêst, mar it wier him sa hiem net as syn moers-tale. Dêrom spriek er ljeafst Frysk. Men scoe sizze, hwet koene ús foarâlders opjeije mei sa’n pringel, dy plomp boersk praette! Hy koe nin versen opsnije oer Neêrlands vlag; nin lange oanspraken útbromme; nin volkslied mei de matroazen sjonge; admirael Tsjerk koe fjochte. Sjoch dêr alles! Fjochte, det ’er de spoennen neifleagen! Mar it like wol eft dy boeren der better regaet ûnder hâlde koenen as ús ljue. Hwent as de Ingelsken do net in fyftich oarlochskippen by eltsoar hienen, doarsten se net op sé komme, sa bang wierne se for dy ljue, dy boersk praettene; nou stjûre se mar in pear fregatten om foar ús havens to krusen, en de âlde lieu laeit er net stil efter syn izeren traeljes to gromjen?

Jimme sjenne, lânsljue, det wy gelyk hawwe, det wy folle wizer en gelearder, folle polyster en machtiger binne as ús foarâlders. Wy moatte it sels wol sizze, oars scoene de oare naesjes miene, det it net wier is.

Der hat altiten in teltsje ûnder de âlde Seisbierumers gien, det er sa hwette, as yn it rymke sein wirdt, mei in liereman oan it hûs fen Tsjerke heit bard is. Wylst wy sa goed as nin byt fen sa’n held witte, woene wy dit teltsje net forgean litte, en oan ús neisiet teane, det wy, howol sels neat, lykwol de biwondering for de trou en de dapperheit fen ús foarâlders net forlern habbe.

J. H. H.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings