DE LAPEKOER FEN GABE-SKROAR.
Reading edition

Beppe sneupt yn ’e lapekoer fen Gabe.

De pleats fen Pibe en Saske.
DE LAPEKOER FEN GABE-SKROAR.
IN WIRDKE FOAROF.
Twiske Bolswert en Frentsjer wenne Pibe Rommerts mei syn wiif Saske. ’t Wierne tsjeppe ljue, en goederjowsk boppe miette. As der in bidler kaem, wier der nin brea brek, en wierne de ierdappels rom, den hie mannich earm widdou in wintertarringe. Domeny krige alle jierren in heal baerch en in goes to krysttyd. Pibe syn jonges wierne tige sa tûk as hy: hwer’t se kamen, moast hjar hoanne kening kraeije, al scoe de ûnderste stien boppe; en yn ’t keatsen en tippen, dounsjen en koekeslingerjen, rinnen en hirdriden, koenen hja alleman oer. Allegearre waerden hja for ’e boerkerij great makke; mar Gabe, dy krepel en troch in dei altyd sa hwet gammel wier, moast dêrom skroar wirde. Dizze Gabe koe nuver prate en sjonge, en al hwet er sizze woe, koe er yn rym sizze. Skroarje koe er ek wol; mar in jongfaem hie er dochs ljeaver op ’e knibbel as in âld broek. Hy is jong stoarn, en nei syn dea hat beppe ûnder syn skroarsbank yn ’e lapekoer dizze sankjes en rymkes foun.
DE BOLSWERTER MERKE FEN HOATSE MEI SYN WOBBEL.
To Bolswert yn ’e merke Seach ik in famke gean. Ik tochte, bern! hwet bistou tûk; Sa jong en prûs, sa nuver smûk; Ja, nuver smûk; (bis) Sa tsjep yn sneinske klean. Ik kaem hjar wer to miette, En seach hjar bjuster oan, Ik seach hjar oan, ik seach hjar nei: Mar seach hja my, den roun ik wei; Ja, roun ik wei, (bis) En like hast bistoarn. Soms teach hja nei de kreammen, En koft’ hwet nije klean: Mar hwet hja koft’ en hwet hja die, Ef hwet hja to binoaskjen hie, Binoaskjen hie, (bis) Hja moast my altyd sjên. Den glûrke se oer it skouder, Krekt as ’t in skjirkert wier! En hwet hja glûpte, ef hwet hja seach. Ik wier hjar nea net út it each, Net út it each, (bis) Al wier ’k ek noch sa fier. De joun bigoun to kommen, En ’t foltsen gong to bier; De famkes kuijren hân oan hân, En hwet ’er wier yn ’t Fryske lân, Yn ’t Fryske lân, (bis) Moast nou ris oan ’e swier. Myn makkers teagen hinne, En namen elts in faem. De pipen stieken se op ’e hoed, En seinen: “Man! hwet bist’ in bloed, “Hwet bist’ in bloed, (bis) “Ik wist wol hwa’t ik naem.” Myn bloed bigoun to koaitsen; Ik wist to wrâld nin rie’. Ik wier dochs yet mar sauntsjin jier, En nou al mei in faem to bier, In faem to bier, (bis) Dêr ’k nea net dounse hie. Nou stie ik by in kreamme Fol koeke en swietekou; Ik kocht hwet dúmkes for de bern, En tocht’ den dêrmei wei to tsjen, Wer wei to tsjen; (bis) Mar né, dat wier dêr: hou! In hele rig’le fammen Dy kamen op my ta, En tomm’len my dêr op it liif, En seinen: “Man! dêr is dyn wiif. “Dêr is dyn wiif; (bis) “Hwent Wobbel woestou ha.” En Wobbel liet hjar sinke, En patte as in wyld. As pypkeniel oer rizenbrij, Ja, noch wol swieter smakke ’t my, Ja, smakke ’t my, (bis) Fen sokken aerdich byld. En dêrmei ûnder ’t dounsjen En ’t patsjen sûnder ein, Sei Wobbel: “Hwerom stunest’ sa? “Dou woest my ommers lang al ha, “Ja, lang al ha’, (bis) “Ei! hiest’ it my mar sein.” “Dêr,” sei ik, “dêr, myn Wobbel! “Dêr hast’ myn rjuchterhân. “Bliuw altyd rjucht en sljucht as nou; “Hâld jimmer dy oan Fryske trou, “Oan Fryske trou, (bis) “Der is nin fêster bân!”
Nei it Dútsk. E.H.
Dit sankje hat Gabe makke op ’e bêste snein fen ’e Bolswerter merke, dy er nea forsomme. Dêr sjit ús by yn ’t sin, det er de lêste reis mei poarte-lieden de stêd útgong, en do er in heal kertier op wei wêst hie, him in Siktaris mei in oeribel tsjokke wyn-bealch mette. Dizze frege him: “Jongetje! zou ik nog door de poort kunnen?” “Ja wol, hear!” sei Gabe. “Daelk is der noch in weide hea mei twa grouwe hynzers sûnder kantroeren trochriden.”

BOLSWERTER MERKE.

WIDZESANG
Myn ljeave mût’le jonge, Ei! kibje net sa fel. Ik scil in sankje sjonge: Myn boike! jaen dy del. Knyp dou dyn ljeave eachkes, Dyn mûzige eachkes ticht, En wiggelje as de weachkes Mei ’t reid oan ’e wetters-ich. Dou hast’ nin sorge ef kommer, Dou witst’ yet nearne fen. Dyn widze is dy nou rommer As de wrâld dy wirde kin. Dou haste in bûkfol tate, En mem dy hat wol mear. Och! lit dy mar biprate; Sa’n sliepke docht net sear. Dou kinste ek swieter slomje As mannich stumperke docht, Dy yn ’e widze forklomje, Dêr moer noch minske nei sjocht. Dy lytse earme hertkes, Dy sloofkes haww’ ’t net bêst: Hja lizze yn fodden en flardkes, En dou yn in warem nêst. Dou haste it folle better As mannich prinske it het; Dy wirde net tsjokker en fetter Fen al dat swiete banket. Dy hawwe in frjemde minne, En keapje hjar tate for goud; Dou heste dyn ûrkes allinne For tútkes, myn ljeave bout! En wirdstou den to wekker, En rekstou dyn earmkes út, Den smakket it dy sa lekker; Dêr is it ein fen út. Den tilt dyn mem ’t girdynke, It tsjustre girdynke op, En kipet as poes yn ’t spynke, En gizet mei hjar pop. Den tilt hja dy út ’e gloppe En triuwket en tutet dy sa; Den meistou hjar oankrûpe, En sobje en knobje mar ta. Myn ljeave mût’le jonge, Ei! kryt mar net sa fel. Lit my net langer sjonge: Myn boike! jaen dy del.
E. H.
Dit sankje is hwette onnoazel; mar Gabe wie’ ek mar in foech jonge, do er it rymde. Mem wier der wakker greatsk op, en do lânhearre, dat in permantich stedtsjer wier, eris kaem to tsjokiten, moast Gabe it mei syn skel lûd fen A. ta Zeddet ophelje. Do it út wier, seach Saske lânhearre oan, eft se freegje woe, eft dat net ris tige gnap wier; mar hy striek de fingers oer syn spits kin en sei: “Ja, boerinne! dat is aardig. Maar, vroeg rijp, vroeg rot. Kinders, die zoo vlug zijn, worden veelal botterikken, als ze op jaren komen.” “Den,” herfette Gabe, “scil lânhearre wol tige ier wiis west hawwe.”
J. H. H.
JONKER PIET EN SIBBEL.
Jonker Piet hie op ’t oanrieden fen in poep, dy syn heit him ta in gouverneur jown hie, in roun jier yn ’t Franske lân omswabbe, en as in great hear banketearre. Mar net fetter, net riker, net better kaem er op it slot werom. Flokken hie er leard út ’e pin, en oare dingen, dy’t er foarhinne net neamen heard hie, en dy’t er op it slot ek net leare koe. It Fransk hie er wakkere hiem, en mei de fammen fen it slot libbe er lyk as men ’er to Parys yn it Palais Royal mei libbet.
Daelk nei syn oankomste (’t wier op in waerme simmerjoun) siet er op in bank oan ’e bûteleane fen it slot mei in âld jachtpakje oan en boksen à la cosaque. Dêr kaem Sibbel, de slotboers dochter, mei in linige stap de leane del, jok en amers oer ’e skouders, en tinsende, det it in oar hearskip wier, gong se mei in frjeonlik “goen joun” foarby. Mar jonker seach hjar net, ef hy fleach as in hokling op hjar ta, en pytske hjar mei in ryske tsjin ’e rokken oan. Dêrmei hat men nou it folgjende twiske jonker Piet en Sibbel.

JONKER PIET EN SIBBEL YN ’E SLOT-LEANE.
Jonker.
Bonjour, mijn allerliefste kind! Zeg, waarom vliegt gij zoo gezwind? Of kent gij dan den jonker niet, Die voor een jaar het dorp verliet? Ik heb gereisd in ’t Fransche land, Partout, partout, en homme galant: Mais telle teinte, tels yeux jolis, N’ont pas les belles de Paris.
Sibbel.
Goen joun, mynhear! Binn’ jy dêr wer? ’k Bin wrammels bliid det ik it hear. Ik roun hwet gysten troch de lean, En woe sa nei de yester gean. Mar jonker, né!—ik koe jo net. Ik tocht, jy wierne tier en fet; Mar nou binn’ jo de klean sa rom; Ek sprieken jy sa nuver krom.
Jonker.
Hy kriget hjar by de hân, en smyt hjar it jok mei de amers fen it skouder ôf efter oer, en sa foart hinne.
Morbleu, mon coeur, vous êtes niaise. C’est des galanteries Françaises. Kom, fop mij niet, mijn’ lieve zus! Gij weigert toch geen welkomkus? Amusons nous in deze laan, En laat dat boerentuig maar staan. Amusons nous, amusons nous! Point d’amusements plus doux.
Sibbel.
Brimstiger.
Ei fij, myn jonker! fij, myn frjeon! Hwet binn’ jy rimpen, mâl en gleon. Jy binne dochs in grytmans bern; Fij! lit my ljeaver mar bitsjen. Och né!—Kom, foart! It wirdt to bot. Rin nei jins fammen op it slot. Ik nim myn amers en myn jok: Wy haww’ it nou mar tige drok.
Jonker.
Hy glimket, en strykt syn great Fransk bosk hier yn ’e hichte.
Ma foi! vous êtes plus difficile Que les laitières de la ville. Ei! laat mij maar eens met u gaan, En kijk mij dan eens vriendlijk aan. Of meent gij dat ik u niet min? O ja, gij zijt mijn hart en zin. Je lui ferai pourtant la cour; Elle est trop belle voor een boer.
Sibbel.
Noartich.
Ik hâld net fen de Franske swier. Och, praet mar as forline jier. Sprek net to folle fen jins hert: Hwent siker, Sibbel leaut it net. It streakjen, jonker! helpt jo net: Ik haw myn sin op Rommert set. Dy wrot dêr yn it roggefjild. Dy haw ik ljeaver as jins jild.
Jonker.
Hy gysgobbet.
Ah peste! Ah, quel trait mauvais! Non vive donc le gout Français! Wel, meisje lief! word toch niet zot. Die vent? Ik lach mij nog kapot. Gij zijt te vlug, gij zijt te schoon Voor een zoo lompen boerenzoon. Je suis un cavalier galant. Ik bied u aan mijn’ linkerhand.
Sibbel.
Finnich en lilts.
Nin lofterhân, nin rjuchterhân Fen sokken banjer fen it lân; Mar earme Rommert, from en froed, Dy wangen hat as mâlke en bloed. Dêrom, o jonker Piet, myn frjeon! ’k Wier ljeaver by de Franskes bleaun. De famkes yn it Fryske lân Dy hâlde fen de rjuchterhân.
Nei it Dútsk. E. H.
DEAGRAVERS SANKJE.
Lodde, lodde en modder, Deawirks ark en reau, Dêr ik earme bodder Mannich grêf mei kleau! Modder, grêf en lodde! ’t Needbrea, dat ik ha, Wyt ik skeppe en lodde, Grêf en modder, ta. Earme en rike ljuwe Tsjen’ hjir op my oan. Minske! hjir moast bliuwe, Boer en kenings soan. Smoarge kop mei hierren, Laeist’ dêr op’e flier? Blank—foar trije jierren, As s’ in ingel wier. Tûzen jonge feintkes Sobben hjar de hân; Stauwen mei har weintsjes Om sa’n byld troch ’t lân. ’n Dou, formôgle plasse, Nimmen knikst’ goên dei. Hwer binn’ nou dyn skatten? Hwer dyn greatheit? Wei! Lodde, lodde en modder! Jow my brea en rêst; Jow my earme bodder ’n Grêf, in grêf for ’t lêst.
Nei Hölty. E. H.

DEAGRAVER. SUD-YNGONG FEN IT TSJERKJE TO WEIDUM.
IT LIBBENSEIN.
Dêr laeit er oan ’t sûre libbensein; Dêr laeit er, de wrâld is him ontflein. Och, binn’ dat nou dy flinke lea, Dêr kreft en fjûr troch fleach en sea, Sa ticht foar tweintich jierren, Nou rank as spjucht’ge spierren? Dêr laeit er, en ribosket stiif en krom, En skrousk en forskromle, yn ’e slom: It fel forwile en toar as hea: Fen kjeld de neilen blau en rea: Syn skonken, alear sa firdich, Ho lam binn’ dy tsjinwirdich! Dy stjerrende eagen dof ef skel, Hwet sinke hja djip yn ’e holle del! Syn wangen, ear’n sa blier en rea, Dy lizze nou sa dobbich en dea; De fingers, tinner as rizen, Mei wrinen en plomkes to tizen. O! harkje dat near gewein, dat gekjirm, Dat rocheljend sykjen en getsjirm. It lûd, foarhinne glêd en klear, Bistjûrt nin snipp’re tonge mear; Dy tomm’let yn ’e mûle, As in bline yn ’e kûle. Dêr laeiste, myn earme âlde sloof, Fij! blyn en forlamme, staf en doaf. Noch trije siken, den is ’t dien. Hy leit it ôf. Noch twa, noch ién.... Moastou sa stil de wrâld ontslûpe? Dy altyd fleach, it ein bikrûpe? Ja, ’t glês wier forroun; hy is er wêst. En hwa, dy de grime dea bilêst? ’t Is kening, skoaijer, jong ef âld, De dea is master fen ’e wrâld; De wrâld forgiet, en wy forsinke; O! lit ús jimmer dêr om tinke.
E. H.

IT LIBBENSEIN.
Nou ta bislút noch in wirdtsje oer Gabe. For in jonge, lyk as jimme niis heard ha, wier er hwet to ryp yn ’e mûle. Wier er by ljue, dy hwet op ’e hoarnen hiene, den roun er folle mei de stikel om. Mar mei de jierren waerd er wizer. “De ljue,” sei hy, “dogge hjar bêst om my it priizjen allehiel ôf to learen, en altiid to lekjen is my dochs to grinich.” Tsjin de Eksteur, dy him biskrobbe det er op jonker Piet rymd hie, sei hy: “Ik ha nin feet op de minsken, mar op hjar ondogensheit en mâlle poepske franjes.” Op in oar tiid wier syn wird: “De ongelokkige minsken biklei ik dûbeld; ienris omdet se yn ’t ongelok binne, en noch ris, omdet se it hjar sels meast to witen ha.” Oer syn kreupelens tilde Gabe net swier. In pronkske boerinne, dy frege, eft er him net biskamme, as de stedsjonges him oer syn bryk gat en sarjes baitsje neirôpen, krige dit fen him: “Ik scoe my skamje as ik flinke, moai oppronke lea hie, en dêr yn in fordraeide en smoarge siel.” Nearne wier Gabe mear mei op it skik, as det er him sels mei it skroarjen bidrippe koe: tûzen-ris hat er it wol sein: “Eigen brea is swiet brea; hwent dêr hoeft men nin hoedtsje for to lichten, as by ús lieven Hear.” As de stokmantsjes him to mjitte rôllen, scoe hy se net weiskoppe, mar Gabe woe der sa net om skreppe en skoerre as de measte ljue. Hy hie ’t wakkere hiem, det it bisitten fen hûndert-tûzen goune sa swiet net wêze koe, as it forlies fen twa tûzen fortrjitlik wier. Fen rike ljue, dy út ’e mûle bigoarrene om noch mear to krijen, wie syn wird: “Earme minsken hawwe in bulte brek, mar gjirge minsken alles.” Op de oanmerking fen immen, det er dochs ek in bulte wiernen, dy ’t jild brûkten, hie hy dit wer: “Alles is for jild to keap; mar it bêste, in goed sin en in gesoun forstân, net; en as dat al to keap wier, scoenen der dochs hast nin keapers op útkomme: sa ’n bytsje binne der, dy dy waer kenne.” ’t Moeide Gabe bjuster det er sa ’n bytsje leard hie; mar do him ris in Domeny tsjin kaem, dy him gek studearre hie sei hy: “Dy man hat de mage oeriesd. Hy woe de geleardheit opfrette, en men kin der, tinkt my, mar fen priuwe.” Oan in studint, dy him forhelle det hy al acht jier Gryks en Latyn leard hie, liet Gabe rûke, det it in moai mar djûr ding wier, mei him to freegjen, eft hy dat frjemd praten nou sa goed al koe as de skroar fen Cicero en de faem fen Demosthenes? Ien fen Gabe broerren, dy fen syn wiif, dat in bjuster aerdich minske like, skaet wier, waerd dêroer fen in selskip frouljue birabbe. Gabe, dy der by wier en krekt in pear splinternije skoen oan hie, stiek syn beide skonken út en frege hjar, hwet hjar fen dy skoen tochte? “Dat binne tige moaije skoen, Gabe!” seinen se. “Dat kinne jimme sjen,” herfette de snedige skroar, “mar fiele jimme nou ek, hwêr ’t se my twinge?”
Gabe hâldde in bulte fen de frouljue; mar se wierne him to rynsk yn it oertollige en to deun op it nedige. Jamk sei hy: “Troch in dei in tige miel en altomets in sechsteheal oan ’e earmen griist hjar wol helte mear as in flardtsje kant fen fyftich goune.”
Gabe is ek ris forloofd west. Yn it neiste doarp by hjarres wenne in faem, dat wier syn sin en syn libben; hja hjitte Wobbel Baukes en wier in skippers dochter, dêr se wol ris in reiske mei dien hie nei Rotterdam ta. Onfoege moai wier se net, mar hja wier mear as moai; hja wier aerdich, nuvere aerdich yn wird en biskie, boppe-al sêftsedich; mei ien wird, it wier in ljeaven ien. It waerd gau sok sib wirk, det alle ljue seinen: “Dat wirdt in pear;” mar troch folle rabjen en stokeljen fen wanginstige boartfammen rekke de boel dochs wer ôf. Alde ljeafde roastet net, seit it sprekwird; en op âld iis wol it jern frieze, en dat seach men hjir ek wer. Do de hollen hwet bitommele wieren, kamen bier en barmherticheit wer boppe; de âlde achting liet him by beiden jilde, en Gabe loerde op eltse gelegenheit om Wobbel to oerrompeljen. Dat lokte him op it ein, en wol, nuverdernôch, yn ’e tsjerke. Op in snein tomoarne gyng Gabe yn ’t doarp, dêr Wobbel wenne, to tsjerke. Dêr hienen se in kinstener fen in domeny, dy meast in tekst keas fen twa ef trije wirdkes en dêr den in preek út spoun fen in pear ûre lang. Dat wieren allegearre pronkstikken yn syn eagen, mar der wier nei syn sin nin moaijer ûnder as syn preek oer de wirden: Ende de mol, dy Leviticus XI, fs. 30 biskreaun steane. Yn dy preek forlike er de minske mei in molwrot, en dat die er yn de fiif folgjende punten. “1o. De molwrot is blyn, en de minske is ek blyn for it wiere ljocht. 2o. De molwrot wrot yn ’e ierde om, en sa wrot ek de minske op ierde, om goud en sulver, lân en fé, by eltsoar to skraebjen. 3o. De mol iest yn ’e modder op earme wjirmen, en de minske iest yn it tsjuster op it swit en it brea fen de arbeidersljue. 4o. De molwrot bidjert de tunen en finnen mei syn gatten en molsbulten, en sa foroaret de minske ús ierde, dat in himel wêze koe, troch syn ondogensk gewrot yn in hel. 5o. De mollefanger wipt de molwrot midden ûnder it wrotten út syn hol en slacht him mei de lodde dea; sa grypt de divel op it ein de minske mids ûnder syn skraebjen ef oerdwealske flinken oan, en slingert him by de hierren yn ’e ivige hel, as er net by tiids yn it omsjen komt.” Dizze selde preek hie domeny yn de lêste tsjien jier twaris dien, en dat scoe de tredde kear wêze. Do Gabe yn ’e tsjerke kaem en Leviticus XI fs. 30 op it tekstboerdtsje foun, sei er yn him sels: “Dou biste ’n âlde kinde fen my, feint! Dy haw ik al ienris wrotten sjoen. Ik ha mei dy neat mear to parten, mar in bulte mei Wobbel.” Hy seach roun yn ’t boun, en ja wol, man, hy bimirk hjar op de efterste bank fen’e frouljue; en eft it spil sprekke moast, krekt efter hjar wier in iepen mansplak, dêr hy sitten gyng. Do domeny de tekst ôflies bigoun Wobbel yn it âlde testemint om to siikjen as in forlegen minske; hwent hja wier better thús yn de evangeeljes en yn it boek fen Ruth as yn de boeken fen Mozes. Gabe, dy hjar al hinne en wer blêdzjen seach, rikte hjar syn bibel ta; mar de biis, yn pleats hjar Leviticus op to slaen sette syn finger op de Openbaring fen Johannes, kapittel twa, fers fjouwer. Wobbel lies de wirden, dy dêr stienen, en bisauwe; hja seach foardel yn Gabe bibel, en de domeny mei syn molwrot en de hele gemeinte draeiden om foar hjar eagen. Dat dûrre in heal kertier, do bigoun hja wer to blêdzjen, en joech Gabe syn bibel mei de lofter-hân wer, wylst hja de foarste finger fen de rjuchter hân sette op fers sechstsjin en sauntsjin fen it earste kapittel yn it boek Ruth, dêr se in tear by dien hie. Gabe lies de hearlike wirden fen Ruth, de hearlikste dy oait út de mûle fen in fromminske komd binne, en hy sei yn him selme: “Dy priis ha ’k woun!” De tsjerke gong út en elts nei hûs. Mar Gabe seach dadelik om nei in fyn sidene Eastynjeske halsdoek, dy er einling tsjin ’e jountiid for in kroan bisette. Dêr biknoopte er mei de Amelander ljeafde-strûp twa gloednije dikketons yn, dy er fen beppe erfd hie. Om acht ûre gyng er nei Wobbel to meiden; hy wier bjustere wolkom, dat kin men wol tinke, en hy hie net lang mei hjar allinne west, ef hy hâldde de sidene doek mei it jild foar Wobbel hjar greate blauwe eagen, sizzende:
Wotte sa wotte, Dêr haste de knotte; Wost’ it net dwaen, Moast’ him werjaen.

En hja griep ta sûnder in wird to sprekken, mar joech him in tútsje, en dêrmei wier de boask twiske Gabe en Wobbel klear. Ongelokkich is ’t net ta ’n houwelik komd. Dêr Gabe krepel wier en net reedride koe, die hja by in skerpe Eastewyn mei hjar broer op in freed in rit nei Ljouwert ta, dêr se hjar biklomje liet. It gefolch wier in droege kuch, dy ontaerdige yn bloedspijing en longtarring, en op it lêst yn hjar dea. Sa giet it yn it hôf fen it minskelik libben; de edelste fruchten en de sierlikste blommen wirde it alderearst fen wjirmen en earkrûpers stitsen. Mar Gabe wier sa ontheistere, det er sont net wer nei in houwelik taeld hat; ho deadlik hy op hjar forslingere wier, sjocht men út syn rymke it Famke, dat hy op Wobbel makke hat.
Do Gabe foar syn lêste anker laei, biklage Saske him, det er sokke bittere drankjes ynnimme moast. “Klei dêr net oer, mem!” sei er. “Dat is sa ús lot it hele libben troch. Fen de tûz’nerlei bitterheit, dêr wy hjir for bleat lizze, is er net ién, dêr wy fen genezen wirde kinne, as troch in oare bitterheit. As God tinkt, det dit libben in kwea for ús wirdt, helpt hy der ús ek allinne troch de bittere dea út.” Do de toersklok nachts toalf ûre bromde, sei Gabe mei in kleare stimme: “De tiid is forroun; de ivichheit bigjint.” En foart dernei krige hy in lytse knik troch de lidden en stoar.
Hjir mei winskje ik Gabe goenacht, en jimme allegeare sokken libbensdei, dêr in swiete nachtrêst en blide dage op folgje kin.
J. H. H.
UT-FEN-HûS BY DE BOER.
De Moarntiid.
It ljocht brekt troch de griene girdynkes. De klok slacht healwei-fiven. De wylde fûgels tjirmje oer ’t fjild. De hoanne kraeit, en de ljipkes liepe yn ’e finne. De protters kwele en tsjotterje op it ûleboerd en de skoarstien. De earebarre klaphalzet. De ljurken sjonge oer ’e skûrre. De âlde mem heart de klok. “Bauk,” seit hja, dou moast’ der ôf komme, fanke! en roppe Hidde en de feint: den kin de âldboer yette hwet lizzen bliuwe.” “Goed,” seit Bauk, en wriuwt e’ris yn ’e eagen, en strykt oer ’e reade roune wangen. Hja skouwt de glêdde billen oer’e bêdsplanke, klaeit hjar oan, en ropt Hidde en de feint.
Dêrmei is alles yn ’t spier. De feint jowt de kij earst in lyts jefte hea, en Hidde bigjint to mjoksjen. Bijke, dy de hiele nacht op de âldboer syn broek laein hat, rekt him út, en de bûthúsdoar útgeande snuffelt er op it hiem om, en siket de ongânzen op. Bauk set nou fjûr oan en hinget it tsjernwetter oer. “Mar wy moatte ek hwet ljocht ha,” seit hja, en skouwt it ramt op, en smyt de finsters iepen, det se tsjin ’e mûrre stuitsje. Nou stekt se hjar tsjeppe troanje yn ’e loft, en sjocht mei in pear frjeonlike eagen oeral yn ’e blide dage om. It ljochte grien fen ’e simmerkrite skimert troch de tsjokke dauwe. It jonggûd haffelt yn ’e lizen om. De ropeinkes wraggelje nei hjar ta, en langhalzje om in hânfol beane. De âlde mem lit it molken yn ’e tsjerne rinne. Hja is lykwol in minske fen sechstich jier, en dochs tilt se de tine mei op, det hjar de lidden knieze, en set him op ’e tsjerne, en lit it molken der útrinne, det it brûst. Dêrmei wirdt de spatskûtel der op lein, it tsjernlid festkile, de pols oanslein. De âlde loaije bûnte wirdt fen ’e stâl helle, en bigjint to tsjernjen, det it hûs droant en de bynten kreakje. Nou it oar folk sit to meltsen, bigjint de âldboer him ek to rissen. Hy stiet op, en klaeit him oan, en snijt for it folk elkmis in tsjok omstik brea. As dat dien is, faget er it mês ôf, en stekt it yn ’e skie. Hy nimt de brul út it finsterbank, en bigjint to lêzen yn ’e Reis nei it himelske Jeruzalem.
It meltsen is dien. It folk komt by de hird. De âlde man nimt syn roun breedskade hoedke ôf, en bidt. De feint gobbet efter de hoed wei, en giizjende tsjin Bauk trapet er hjar ûnderwiles op ’e teannen, det se it laitsjen ek net ynhâlde kin. Elts nimt syn stik brea, leit it op ’e knibbel, en yt ’er fen. De âlde mem is bang, det it waer foroarje scil, sa hat it hjar jisterjoune yn ’t krús stitsen. De âldboer klaget ek oer jichte en de slimme tiid. Hy biskrobbet it jongfolk, det se sa oerdwealsk net wêze moatte; hwent det hjar de earen yette wol bikôge wirde kinne. Dêrmei, as de kopkes en pantsjes weibirgen binne, birêdde de frouljue de tsjerne, en bjinne de tinen en aden út. De manljue geane oan ’t sjeadriden, ef leikje de simmerdykjes op. De âldman bliuwt yn ’e hirdshoeke om de fûken to laepjen, en bisjocht de kobbe mei de brul op ’e noas....
E. H.
Hjir brekt it ôf. Ik leau det Gabe it skreaun hat wylst er by beppe út-fen-hûs wier. Alteas oan ’e oare side fen dat pljims pompier hie er dit moalke: “Beppe, goemoar, scil yn it earste fearnsjier net oan hjar forstân boarste. Forline snein to eftermiddei, do de kaeijen fen ’e himel skjirre waerden en it measte folk slepte, bigoun hja yn ’e tsjerke as in bern to skriemen. Domeny tocht det hy hjar sa by it hert nomd hie en frege hjar, mei ’t de preek út wier, nei hjar sielsbiswieren. Mar danich seach de man by de noas lâns, do it âlde sloof him dit biskie joech: “Scoe ’k net krite, myn ljeave Domeny? Okkerdeis is ús moaije twinter bolle stoarn; jy witte wol, dy mei dat koltsje foar ’e kop; en do ’k jins lûd hearde, wier ’t krekt yn myn earen eft it earme bist noch ris bigoun to bâlten.”
J. H. H.

De Tsjernmounle.
DE BEAR OP REIS.
Der wier ris in jonge bear, dy in wyld hier yn ’e nekke hie en in danigen niget krige om to reisgjen. Hy woe op ienen sa mar de wide wrâld yn. Syn moer, dy in bulte noed fen him stie, hie der in bulte op tsjin, hwent hy kaem as in lompe klompe, krekt eft er út de dyk dold wier, to wrâld, en dêr it earm sloof him wol in jier bislabbe hie om der hwet fatsoen yn to krijen, gyng it hjar as alle oare moers, det se it measte hâldde fen it bern, dêr hja it measte mei útstien hie. It minske wier ôfgryslike bang, det hjar soantsje noch fen honger en kjeld omkomme scoe. Mar de heit seach der nin swierichheit yn: “Us Olfert,” sei er, hwent sa hjitte de jonge bear, “Us Olfert hat goede lea, en hwet er yn syn kloeren kriget, dat is happa; dat triuwt er ek stiendea. En in buffelske jas hoeve wy him net mei to jaen: hwent hy hat in hûd sa tsjok as in iken bast, en dy is mei sok ticht lang hier biwoechsen, det er yn rein en wyn, ja bidobbe ûnder de snie, in knipperke nimt en sliept as in roas. En bûten dat reisgjen makket in minske.” Sa gong den ús Olfert ûnder it skriemen fen syn mem en it fûstkjen fen syn âlde faer en broerren de wide wrâld yn.
Hy reisge fen heidefjild ta heidefjild, fen bosk ta bosk, fen doarp ta doarp, fen lân ta lân, en seach tûzen dingen, dêr er noch nea fen dreamd hie. Hy waerd al gau greatsk op syn ûnderfininge en sei faek yn him selme: “Us folk, hwet binne dat onnoazele minsken; sa dom as it efterein fen in kou! Mar sa giet it as men ivich by syn moers brijpôt bliuwt. Den wit men net fen toeten ef bliezen. Myn broerren en sisters miene al, det hjar hoale in paleis is, mar den moasten se sa’n tsjerke en toer ris sjên! Jonge, jonge, hwet scille ús folk nuvere eagen opskoerre as ik hjar dat alles ris forhelje, hwet ik sa al sjoen hab.” Nou, ho fier de jonge bear it yn de kinde fen de wrâld brocht hie, dat bliek ek al gau by ’t folgjende foarfal.
Hy kaem by in boerehiem, dêr in team fen njuggen wjittene hinnen mei in reabûnte hoanne om in holpanne stienen to drinken, en by eltse swolch, dy hja dienen, de kop yn ’e hichte stieken. Dat bigriep Olfert de bear net, en hy frege oan in kreaze hin út ’e keppel, hwet dat kopopstekken to bitsjutten hie. “Dat is ús gebet,” sei de hin. “Jimme gebet?” andere de bear, en mei ien bigoun er út to boarsten yn laitsjen. “Jimme gebet? Nou is ’t briker as bryk!” en dêrmei de bear al wer oan it geijen, en hy waerd op it ein sa slop fen laitsjen det hy mei de grouwe bealch al sketterrende oer de wjuk truzele. De hoanne, dy dit seach, wier in great hear; hy hie lange wite blibben, dy him om de kiel bingelen; in brede bloedreade kaem, dy him as in lape op ien ear by de kop del hinge, en den hie er noch lange flonkerjende stirt-fearren, dy him ûnder it gean bôgjende op en del gongen; mar hy wier der edelmoedich by en koe de smaed, syn godstsjinst en syn wyfkes oandien, net kropje. Mei in pear deftige stappen kaem er op de bear ta, en sei him: “Frjemdling! It is fen âlder ta âlder in godstsjintich gebrûk ûnder ús folk, det wy by eltse swolch de holle yn ’e loft opstekke, om him, dy boppe de wolken wennet en ús it wetter tareint, to tankjen; hwent sûnder dizze goedheit fen him moasten wy earme fûgels fortoarstje. Oer dat gebrûk mei immen tinke hwet hy wol, mar hy mei der net mei spotte. Allinne in bear kin der om laitsje.”
De hinnen binne de minsken, dy oare ceremoanjes yn ’e tsjerke hawwe as wy en de bear binne sy ûnder ús, dy der om laitsje.
J. H. H.
DE FûGEL FEN BEARN-POEP.
Bearn-poep waerd njunken-lytsen in dei âlder en it swierste wirk wier him ontkomd: it meanen binammen wier in wirk, dat him op it lêst dregernôch waerd. Ek dat jierlikske kuijerpaedtsje werom, bigoun him lêstich to fallen. Dêrom bistege er him for hearefeint by in Drint mei in greate parade en in lyts garnisoen; hwent yn pleats fen him efter de tafel oan ’e mieltiid tsjinje to litten ef op de bok fen ’e koets to setten, lieten se him dong kroadzje, ef setten him by de jachtige fammen yn ’e koken oan it wirk. Sa smiet den de kokenfaem him ris in ezel (kenyn) ta en sei: “Dêr, Bearn, dêr hastou in einfûgel; ropje my dy ’ris.” Bearn helle it beest de hierren getrou by plôken út de hûd, en hie nin oare oanmerking as det er op it lêst sei: “De fûgels hjir to lânne binne heel oars fen skik as yn Dútsklân; ik kin my op de wide wrâld net bigripe ho de bisten mei sokke koarte fearkes fleane kinne.”
J. H. H.
DE REIS NEI DE JICHTMASTERS.
“It minskelibben is net altiten rys mei rezinen; it is elk wol ris groat mei krôde,” sei Gabe oan Saskemoi, do er in danigen pine hie oan in hounemiezel, in kwael dêr de skroarren folle mei oanhelle binne. Dit hat syn heit Pîbe ek al e’ris ûnderfoun, as er troch folle ier opstean en let nei bêd gean, troch folle heljen en skoerren jichtich wirden wier, en sa krebintich as in kroade. Fen it bêd kroep er nei de hird, en fen ’e hird nei de bêdsiggen. It spinnen fen Saskemoi wier him ta lêst; it keakeljen fen ’e hinnen; it kraeijen fen ’e hoannen; it tsjernjen fen ’e âlde bline, en ’t sjongen fen Gabe, wier him ta lêst. Mar as de bûrljues bern mei hjar hipperts foar ’e glêzen kamen to toetsjen, sprong er neiby út syn fel, sa noartich waerd er. En omdet er fen pine opfleach, en nacht noch dei lins hie, wier er ek meager en toar as in latte. Saskemoi, goemoer, bigoun al gau mei hjar Pîbom to dokterjen. Hja helle in âld skinkebonke, dy fiif jier yn in pûdke op ’e hoannebalken laein hie; bûke him mei in heal âldfries op ’e drompel to knetter, en joech Pîbe fen it murch, om der him mei to smarren. Mar hwet de man smarde, it holp net in bean. Gabe tochte ek det it better wier, om ’t ris mei hounesmoar, kattesmoar ef hazzesmoar to bisiikjen: in baerch hie er noait net folle rêdde sprongen fen sjoen. Pîbe bigoun to kroanjen, dêrnei lûd to brommen, en einlings to kibjen. “Dou, biis!” sei er, “dou jowst’ nearne nei; rounom hast’ de gek mei; troch yl en swaerd gieste. Mar it scil yet op dyn kop del komme!” Gabe sei: “Ik haw de gek net mei ús mem, mar mei hjar ienfâldige rie. Om jo moat ik wol eris krite, heit. Mar, heit, gean nei master Freark: dy scil jo better helpe as al dat bargemurch.” Pîbomme, dy hwette goarrich fen skik wier, treau him brimstich dizze wirden ta: “Hwet eamelste wer fen dat brebjirke Freark! Hat er my forline simmer nin grouwe tritich goune nomd, do er my fen ’e galkoarts holpen hat? En hwet haw ik ’er for hawn, heite? In mannich sûre húshimmelersdrankjes.” Gabe sei: “Scoene jy him wol wer ha wolle for dat jild? Ik wit it wol, it hat jo hirder oan ’e fiter litsen, as Jan Smid, dy ’t wetter nei de piskiker stjûrde: mar dy wier yn ien wike dea, en den hâldt it biteljen op, dat yet al gelokkich is for folle ljue: hwent wier it oars, de jildwolven lieten hjar nin rêst yn ’t grêf, mar wrotten der hjar wer út as de wylde wolven alear.” Dêrmei kaem pestoarske, dat nei ’t forstân, dat se hie, yet al in fornimstich wiif wier, mei in rie by Pîbe. Hja hie den ris lêzen, det de flearbeam in wonderbeam wier, binammen dy op bjintsjekouwen woechsen. As men dêr de bast ôfskylde nei boppen ta, en men sea dy, dêr koe men fen switte en koarje: en skylde men him nei ûnderen ta, den makke it ûnderút romte. It dûrre net lang ef skoalmasters jonges tôgen al gau in heal flearbeam fen ’e bjintsjekou by Pîbom oer ’e flier: dy waerd ôfrûpele nei boppen ta. Mar Pîbom hie net lang fen dat middel ynnomd, ef hy winske pestoarske mei hjar flearbeam op ’e bjintsjekou; switte, koarje, en al hwet onhuer wier, die de man. It wier oars noch oars, sei er, eft der him in libben rôt fen ûnderen nei boppen, en fen boppen nei ûnderen troch ’e termen roun. Dêr siet Pîbom nou mei de pôt twiske de knibbels en de holle twiske de hânnen. Saskemoi stoe efter him mei de triennen yn ’e eagen, en in pantsjefol wetter yn ’e hân. Gabe, dy dat hele wirk net noaske, siet stil yn ’e oare hoeke to skroarjen, mei de poanne op, en de kreupel skonk ûnder de oare trochslein, en bearde det er neat seach. Mar einlings waerd it him ek to mâl. Hy sloech de holle oerein, en sei: “Jy sprekke slimme wirden, heit! Dat geplaster en gekwaksalver mei âldewiifsmiddels scil ophâlde. Ik helje master Freark.” Dizze master Freark wier in kindich lânbrebier, en hwet yette mear wirdich is as folle to witten, it wier in bjuster foarsichtich man. Dêrom kaem er ek net fier yn ’e wrâld. De measte ljue tinke, det se fen izer en stiel binne, en wolle ljeaver mei hynstemiddels genezen wirde as troch de sêfte natûr. Do Gabe werom kaem, wier Pîbe dochs yet al bliid det master komme scoe. “Ik bin oars eang fen dy masters-dranken,” sei er, “mar sa kin ’t net mear.” Gabe sei: “Hwet wy moatte, kinne wy ek; mar as ’t slim is, moatte de hynzers dochs net earslings foar ’e wein slein wirde.” Dêrmei kaem master ek al; in glêd stoel út de pronkkeamer stie al klear; in great kekynje laei al for him yn ’t pantsje, en de piip laei ré. Do er Pîbomme ien en oar frege hie, sei er: Ja, Pîbe! hier zal het recept te pas komen, waarvan de vrome Job eertijds zoo veel dienst gehad heeft in zijne rampspoeden, en dat recept is geduld.” De mûlripe Gabe sei hjir op: “Joegen jimme allegearre sokke goede rie oan ’e minsken, folle scoene der wêze, dy hjar jild biwarren, en dy, as de reap draeid wier, krekt sa fier wêze scoene, as do hja ophâldden fen masterjen. “Ja,” sei er, “ik siz it yette ris, brûkten folle ljue dit middel, hja waerden sûnder swolgjen en biteljen soun as fisken.” Pîbe, dy licht tochte det sok sizzen master net noaske, groude Gabe mei in pynlike troanje ta: “Hâld de bek der út, ju!” De rimpene jonge, dy sok in noartsk biskie fen syn fromme heit net wend wier, gyng forslein de doar út, en kriet him út op de bûthúsbalken. Mar Saskemoi, âld sloof, sloech dochs bier en bermhertichheit om ’t hert, en socht him wer út syn skûlhoale wei. Hja koe hjar Gaebke net kriten sjên. Master Freark teach nou mei Pîbe to wirk, en mei folle pilkjen, drankjen en smarkjen, en yette mear troch sêft iten en hirde bêdden, kaem er sa fier mei de man, det er op in gripestôk nei de skûrrereed skoarje koe om de bargen to bisjen. Mar it fleach Pîbe net hirder nôch, en hy woe it ris heger bisiikje, sei er tsjin Freark. Hy teach mei ’t skip nei in Frentsjerter prefester, dat in kindige skevel wier; mar dy hear hie noait, leau ik, by in boer yn hûs wêst. Dy rette him iten oan, dat Pîbe noait net neamen heard hie, en klean dy him to djûr wierne. Hy joech neat mei as in lyts doaske pillen. Pîbe kaem wakker ongetreast wer yn hûs. “Memke,” suchtte er tsjin Saskemoi, “hwet hat dy man my raer iten opjown: saechmoalsop, lapen fen oksen, rys mei podden der yn, en hwet ik sels wettere moast ik sels drinke mei hwet rea’ wyn der yn. It scoe licht to fortarren wêze, en dêr scoe ’k fen dije.” Gabe sei: “Jy moasten him ris frege hawwe, eft er it fen dat iten hie, det him syn tsjokke bûk fen de iene beam nei de oare slingere, as er neimiddeis op it bolwirk trape?” Pîbe sei: “Ja, heite, en flewiel moast ik ûnder it himd drage.” Hindrik, ús moalkers soan, dat in heal stedman wier, joech der dizze forklearring oan: sagosoep, osselapjes, rijstpodding, selzerwater en flanel. It is net swier to rieden, det de prefester syn bier mei in rep fortape hie. Sok iten koe Saskemoi net koaitse, en Pîbe tocht ek, det syn foarâlders mei groat en bier âld wirden wierne: dêrom tocht er det hy it yette ris heger bisiikje scoe mei de boal to Ljouwert, dêr Gabe ris om lake. Do er by master Durk kaem, moast er him omtklaeije, en do er him ris tige bitomke en útritsen hie, sei er det Pîbe de skammel fordraeid hie. Dêrom woun er him yn in lang wynsel, en joech him in potsje mei griene boalsalve mei. Mar Pîbe dy bleau sa stiif as in kakstoel. Nei dy tiid kaem er yet trijeris by master Durk, en do wier der ek in spalling mei oer ’e mûrre, dat him danich bigreate. Do master Durks rie op wier, wier Pîbe rie ek wei: hy teach fen ’e iene kwaksalver nei de oare, dy allegearre mear fen hjar eigen pong hâldden as fen Pîbom, en hja brochten him sa nei oan ’e dobbe-ich, det it nin stroffeljen lije kind hie, ef Pîbe hie der yn rekke.
It wier op in reinige joun, det Pîbe by trije rykstealen siet to kroanjen. Saskemoi neist him mei in readoekjen oer ’e eagen; de jonges wierne út ’e hûs; de faem siet to hoasstopjen, en knikkebolle det de stoel kreake. Dêr kaem Gabe wer mei master Freark oanstoaijen.
Master Freark. Goeden avond, Pijbe! Hoe gaat het, vriend?
Pîbe. Mei twa foetten yn ien hoas.
Master Freark. Dat zie ik tot mijn leedwezen. Maar ziet gij nu wel, dat gij Jobs geduld noodig hebt?
Pîbe. Praet dêr net to rimpen oer; hie ik Jobs geduld en frommichheit, den krige ik ek help.
Master Freark. Nu, Pijbe, ik heb er geen lust toe om meer proeven met u te doen, maar één goeden raad wil ik u geven. Loop niet te veel naar allerhande kwakzalvers: want dan is uw leven kort. Ik weet raad; ik heb een goed vriend wonen te Groningen; ik bedoel mijn’ ouden leermeester, doctor Pfificus, een bejaard man van veel ondervinding. Reis daar eens heen. Die zal u ongetwijfeld helpen, zoo iemand u helpen kan. Volg mijn raad. Ik meen het goed met u.
Saskemoi seach wol, det Freark hwet brosser wirden wier, en socht him al oer to heljen mei tige swiete kofje mei koeke en trjouweltsiis. Mar Freark bleau der by, geduld moast er ha: en dy him geneze scoe, moast er leauwe, det him geneze koe. En licht stjûrde er him wol oarwei, omdet er rekkene, det hy der syn krûd op forsketten hie, en det dy greate wolfangers der nou ek net swiet fen ite scoene. Gabe tocht ek det it net tsjoed wier, eris nei in âld dokter to gean. “Men kin fen in rier sa folle net bijearje as fen in âld kou,” sei er. “Ik leau oars det Freark net fierder komme kin; hy hat de pong om ’e hals, lyk as de treddekeals kij.” Master Freark, dat in grien stedman wier, forstie it net, det Gabe him priizge en gyng der brimstich en noartich op ou. Mar nei ’t se it ris in wike mei eltsoar bikôge hiene, en Pîbe yette ris hwet sterker wirden wier, folgen hja syn rie dochs; it wier nou dochs in kwea jier, en Pîbe koe de reis dwaen.
De blaukes waerden ynspand en Rommert tôge Pîbomme nei de wein, en sa kroep er by it tiksel op. Saskemoi gyng mei in bidrukte troanje neist Pîbomme sitten: Gabe scoe menne, en ’t wird dwaen by dokter Pfificus to Grins. It wier al let yn ’e hjerst: de beanhearre waeide, en de dyk wier as klaphout sa hird. Gabe wier oars nin hynstetysker: hynzers neamde er folle rikeljues ongedierte. Hy liet de blaukes ris tige los. Saskemoi waerd al eang en frege him ho det it sa mâl gyng? “Us Rommert hat de wein to folle smard,” wier it andert. Dat sei er om it minske to treastjen; hy wier oars mar heal baes mear. De reed gyng oer Boalswert; hjir moast Saskemoi it jern nei de wever bringe. Dizze wever, dat in longerige poep wier, tilde de stive Pîbe, yn trije jassen biteard, út de wein, eft it in bosk swevelprikken wier, en sette him yn in pakestoel del. Hjir waerden hja ris tige traktearre, en it dûrre net lang, ef Gabe bigoun al gau mei Toon, sa hjitte de poep.
Gabe. Wist’ ek rie for de jichte, Toon?
Toon. Jau, manneke! wat scha ’k hum da von siggen? Dat zin saucrementsche plaugen, Man ’k wil im in raut geven, dy veul lu pei ons in Detmold de vliegende gicht afkoerirt hat.
Gabe. Kom, Toon! sizz’ op dyn rie, It moat nou dochs út de fierte komme.
Toon. Noe, manneke! géwet dan acht, man sigge ’t nit gelyk an Piet ond Klaus wider over; ’t hat mich sulf in harden Prusschen daalder kost.
Gabe. Domme ljues praet! Hwet jowt dy dat, eft in oar it wit ef net? Lykwol ast’ der op set biste, scil ik ’t wol swije, as ús heit mar wer holpen wier. En den mocht’ ik ek wol lije, detste yet helte wizer wierste. Ik leau detste in goed dokters-hoed haste, mar de holle scil dy wol to lyts wêze. Dêrom, hâld dy by skearing en ynslach.
Toon. Doe pist ein spitspoev, doe honsvottige hinkende schneidersgezel! Man ’k wil’t dir sagen, om dyn vaar uut den miserabelen gicht to helpen.
Gabe (binnens mûle.) Ef yn in onsêft útein!—Lêz op! Man, ik scil de earen opstekke as in hazze.
Toon. So sel er hingaun, ond wikkelen im gansch ond gaar in zuver flaachs, ond wan er dan so inne lygt as in jufferken inne rosen, so schol er in schafenfel over im ligen, ond nemen dan in drei leffelvol fischtrane, in half vandelken genever ond twei leffelvol semf.
Gabe. Hwet is semf?
Toon. Moster!
Gabe. Fij, man! Flaeks, traen en jenever, dat roaide yette; mar dêr moster by! Dat wirdt raer iten. Oan ’t flaeks kin men hearre detste in wever, en oan ’e traen en jenever detste in poep biste; mar dy moster, dêr wit ik nin rie mei. Hark, heite! As ús heit it lêste yn ’t rib hie, en alle wize-ljues rie dien hie, den scoe ’k sizze, it komt in dea’ baerch op in stek net oan, mar nou, sizz’ ik, scil hy it net ha, ef ik scil nin Gabe hjitte.
Saske. Foi, jonge! Dou moast de mûle hwette ynriuwe. Toon mient it goe; de man scil ús net fen ’e wâl yn ’e sleat helpe. En de man den yette for in poep út to rachen, dat is to bot.

BY TOON-WEVER.
Gabe. Né, mem; Toon ken my wol. Forline Bolswerter merke haw ik en Janke, Hoatse en Wobbel, yette by him op in sûpke wêst. De moandeis yn ’e iere moarntiid, do hawwe wy him noch ien fen syn Dútske margen út de skoarstien kaept, mar dy brieken ús lilts op. Do wy se in healûre yn ’t liif hawn hiene wier it patsjen dien: de fammen mochten ús net sykjen hearre, sa stonken we fen ’e knyflok. En det er in poep is, kin men wol oan syn skeane tongslach hearre. Dat moat er him ek net skamje; mar as er better weve kin as in Fries, den moat er it him ta in eare rekkenje. En al koe er dat net, den moast’ er it yette, hwent dy net fen it lân hâldt, dêr er widze is, dy binne de beane út it wetter to goe.
Saske. Fij! en den de man syn woarsten yette to kaepjen, en dêr den tonei in great wird fen to hâlden, Gabe! Gabe!
Gabe. Hea’ mem, as er jo twa reaf flaeks minder oan doek werbrocht as er fen jo ontfinzen hie, den wier de hele stjonkene woarst al bitelle.
Saske. Hear der mar net mear nei, Toon: hy hat de gek ’er mei. Dêr ha jy fiif inkelgounen weeflean, yette tweintich poun toppen, en in flesfol reamme for ’e kofje.
Toon. Noe, goete frau, gott befohlen! Dank veur ’t wark ond ’e munte. ’k Schal ’t ou bal suverkens afweven, ond de rohm dar kan Liesken de kartoffelen in opsnorken. Und doe, spotvogelken! dich scha ’k nog ’n söpken geven.
Gabe. Ja, Toon; mar nin great sûpke; de blaukes binne my oars rom folhandiger nôch. Wy koene oars wol yn ’e blaumodder by de doeren en pompeblêdden to lânne komme yn pleats fen by dokter Pfificus to Grins. As ik hjir Bolswerter merke werkom mei ús âlde Noarger rún, taepje op den; den komt it my op in dripke nidlesmoar net oan, al woeste der den ek moster by dwaen.
Toon. Boe maneke! moster oder nicht moster, ’t is ’n goete-frunde rath, ond wen dyn vaar em nu einmaal probierte, so broekt’ er nau keen dokter meer to laupen, Und dit wil ’k dir nogmaal sagen, pei ons in Detmold had ’s recht viel leute kesonnd gemacht.
Fridrich. Hat aber auch recht viel leute zum teufel geholpen.
Toon. Halt smaul, Fridrich!
Fridrich. Der wirt da im Rothen Hahn, meister, is dran crepirt.
Toon. Halt smaul, sag ich dir, schlingel!
Fridrich. Weissen sie nicht? der kerl der sein weib jeder sonabend so ungeheuher durchpriegelte.
Toon. Halt smaul, hontsfot, sags ’ch dir oder!
Fridrich. Gnädiger diener, meister!
Toon. Du geschwätziger luder!
Gabe. Nou bigjint de poep to stjonken. Mar, Toon, wy moatte der út, en til ús heit ris út de stoel nei de wein; dy is dêr mei al dat eameljen al yn de swiete rêst fallen. Dy goede man! wier er mar better, den hie ik ek wer wille.
Do se wer op ’e wein sieten, kroande Pibe en riboske, en hjitte Gabe net hird to riden op ’e balstiennen. Saskemoi biskrobbe him, det er Toon jimmerwei de foet dwars sette. Gabe sei: “Ja, tsjinakselje mei ik graech ris. ’t Is in gelok det domme ljue sa goed binne; oars hie ik oan de oare side ek kreupel wêst.”
Hwet hja fierder nei de wâlden ta kamen, hwet it foltsen tsjinstfirdiger en better waerd. Nuver seach Saske op, as de hospessen foart de blaukes útsloegen en yn de stâl laetten, hwer hja den waerm drinken en hjouwer en gêrs krigen by ’t bealchfol, en as se for in mannich stûrkes iten en drinken nôch krigen for hjar trijen. “Nin wonder,” sei Gabe. “’t Jild is hjir djûr, mem; en it is mei de minsken net as mei de kij, hwet fetter, hwet better. Do Hearke jonges de ierdappels sa djûr forkoften, wier der nin dwaen mei to hawwen; oeral hongen se it baitsje op; oeral rounen se ’er yn as de bolle yn ’e reak; hwet hjar yn ’e wei stoe waerd net út ’e wei set, mar út ’e wei slingere. Keatsen wier nin wirk for sokke ljue; in biljart moast der komme om de hospes ryk en hjar sels earm to meitsjen. De Franske kelderrotten[1] laken der om, as der hannen as slaeijen op dy griene tafel kamen mei kromme knoarrige ierdappeldolderfingers der oan; mar hja binne yet net oan’e reap slein.”
Pîbe. Fij, jonge! ho sûr it laitsjen my ek falt, ik moat wol, sa raer komst’ der wer mei oan.
Gabe. Jy laitsje, heit? Dat haw ’k yn nin tsjien wiken sjoen. Kom, dat wier goe’. Laitsjen is soun wirk. Och, man, ik woe wol, det ik myn heal âld skonk miste, en jy twa soune werom hiene; den wierne wy beide klear. Skroarje kin men sachts, as men mar goede fingers en gleone eagen yn ’e holle hat. Mar ploeijen en eidzjen dêr hearre earmen en skonken ta.
Pîbe. Ja, boi, dou mienst’ it bêst; dat wit ik wol; mar men moat de mûle wol ris hwet ynriuwe. De wierheit is in spoek; folle ljue skouderje him, omdet er in bysjager for hjar eigen rêst is, lyk as greate Gerben fen Jobbegea wol ris sei.
It wier lette joun do de ljue to Grins kamen; dêrom koene hja foart net by dokter Pfificus klear komme. Pîbeman wier wakkere wirch, en dêrom gyng dy mei Saskemoi ek al gau nei bêd. Mar Gabe, dat in plakkersbaes wier, kocht yette hwet klúnbier, en snapte mei de oare ljue, dy dêr yn ’e slingerij wierne, oer alle dingen. Under dy minsken wier in man, dy him yn ’e merke in gouden haloazje fen in smous út de bûse troggelje litten hie. Dizze man klage earmlik, ho se him nou by de noas hawn hiene. “De skande wol ik net iendris rekkenje,” sei de man. “Hwent al hie immen saun jier by prefesters roun, en mear boeken lêzen as er hierren op ’e holle hie, en al hie er dêrby yette twa brollen op ’e noas, it holp him net. Gayom-en-hjar steane for gjin brollen; hja geane der alle dagen sels mei om. Mar hwet yet briker is, de skea komt hjir by de skea. Ik hie ’t oan de prokkereur oanjown, do ’k bistellen waerd, dêr tochte my, koe nin kwea fen komme: mar nou ’t se miene, det se de biis by ’t baitsje hawwe, nou wird ik hjir alle blaumandeis opontbean om to biwiizgjen, eft hy it is ef net, howol ik net in fear fen ’e smous sjoen haw. Nou kin ik ’er yet it jild by forreizgje. Fij, hwet in lêst!” “Ja,” sei Gabe, “it giet jo as ús oarremem; dy woe forline wike mei de lantearne in kroantsje wer siikje, dat se by dei forlern hie: it minske is yn hjar bernskens.” Mei dizze lange noas koe de man nei bêd gean, lyk as Gabe ek die.
De oare moarns rieden hja al ier nei dokter Pfificus ta, dy op it oar ein fen ’e stêd wenne. De feint fen ’e hospes ried mei, en dy tilde Pîbe út de wein. Nei ’t hja in lyts kertier riden hiene, stien’ se foar in great hûs stil, dêr wol tweintich lamme ljue, dy dêr foar ’e doar stoenen, ek al help sochten. De feint loek oan in earnen knop, dy neist de doar yn ’e mûrre siet, en do waerd der skille.
Dokters Feint. Wat blijft?
Hospes Feint. Hier heb ik luden oet Frijsland, dij dokter spreken wollen.
Dokters Feint. O, freunden! komt in de zydkôamer.
Hwet wier dat dêr in pronkkeamer! It wier eft hja op side trapene. Oan ’e mûrre hingen printen sa moai, det men yen net sêd sjên koe. “’t Is onnoflik; men doar hjir net sitten gean,” sei Gabe; “hie ’k hjir mar in wâldstoel!” Mar de âlde Pîbe foel sêft del yn in greate flewielene briedstoel. Do er dêr sa sêft ynfoel, sei er tsjin Saske: “Ik leau det it al mei my bigjint to betterjen.” Gabe sei dêr op: “It giet jo bynei as my. Do ik foar jierren sa hwet gammel wier, scoe ús Rommert my hwet pillen helje fen master Freark. Ear det Rommert heal werom wier, siet ik al oer ’e groppe. As jy sa fêst oan Freark leaud hiene as ik, jy wiene al better wêst.”
Pîbe. Hâld op! dêr komt de dokter oan.
Dêr kaem dokter Pfificus oan, in lang man mei in kattestirt yn ’e nekke en puijer yn ’t hier. Bisiden fen ’e holle hong him lang toppich hier ta de hoed út, eft it in strike flaeks wier. In great trijekantich hoed siet him djip yn ’e eagen. Oan ’e lytse kromme noas laei de lytse finger fen ’e lofter hân, en yn de rjuchterhân hie hy in fine rotting mei in silveren kjetting, wol in healjelne lang. Mei’t er foar ’e doar kaem, namen al dy earme ljue de hoed ôf, en do er even mei de stôk foarút swong, spatte dat hele soadtsje út eltsoar.
Gabe. Is ’t net krekt eft ús Rommert de keallen boarnt en der de bollepyst ris trochhellet, as de iene de oare fen de trôch kringt?
Pîbe. St! dêr komt er yn.
(De dokter komt yn, set syn stôk tsjin de mûrre oan, en giet foar Pîbe sitten mei in gouden snúfdoaze yn ’e hân.)
Dokter. Goeden morgen, vrienden! Goeden morgen! Welzoo, gij komt er al vroeg met de wagen op los. Gelukkig dat de wegen nog zoo goed zijn in den herfst. Waar komen de vrienden van daan?
Gabe. Ut Fryslân, dokter, djip út Fryslân.
Dokter. Wel zoo, vrienden! ik wist niet dat ik zoo veel roem ook buiten de provincie had. Maar laat hooren, wat gij mij te zeggen hebt. Spreekt duidelijk en kort!
Gabe. It ding sprekt fen sels, as ’t in mûle hie: ús heit kin gean noch stean fen ’e jicht: dêr wirdt rie for frege. (Dokter leit de finger fen ’e rjuchterhân op ’e noas, en freget him fen alles. Einling ropt er Gabe bûten de keamersdoar, en seit:)
Dokter. Hoor eens, Jongetje! drinkt uw vader ook te veel rooden wijn?
Gabe. Och né, dokter! Forline jier hat ús heit to Makkum-op-sé de earste kear fen syn libben in flessefol opdronken, en as dat it him dien hie, den hie ús bysitter al lang dea west; dy kin alle dagen wol in heal ammerfol op. Freegje je my eft er wol ’ris oars to folle dronken hie, forline jier yn ’e mylde dagen wier it soms mar it iene hanfetfol waei efter it oare; putskje wei mar!
Dokter. En uw grootvader aan vaders kant, vriendje; was die ook niet wel eens jichtig! Wat deed die?
Gabe. Us oarreheit dat wier in kofskipper: dy hat my wol forhelle, det er soms wol fjouwer roune wiken trochwiet west hie.
Dokter. Alla, daar zit de kneep!
Gabe. Net ret, dokter! Op syn njuggentichste jier stoar er sa linich as in lape.
Dokter. Maar uw overgrootvader, maatje?
Gabe. Myn oer-oarreheit wier in Amelander fiskerman, dy mar ienris yn syn libben field hat det er in mage hie, do er op in Holwerter merke in pankoek opiet fen oardehealsnies aeijen en in poun spek. Mar jy siikje it to fier, dokter. Us heit hat fen syn âlders neat meikrige as soun bloed, en in korpus, dêr de holle rjucht op stiet; en dêrmei hat hy it, God tank, sa fier brocht, det er him sels en ús allegearre bidrippe kin. Dêr sit de krupsje net, dokter. Mar ús heit wol it goede to folle dwaen; hy hat him forskrept, to folle wirk dien, en gjin rêst hawn. (Hja geane wer yn ’e keamer.)
Dokter. Nu, wij zullen kort zijn; ik zal uw vader een middeltje voorschrijven, waarvan ik in vele gevallen zeer veel dienst gehad heb. (Dokter Pfificus hellet in moai rea’ boekje út ’e bûse, en kriget út de oare bûse in silveren ding dêr pin en inket yn is; leit de finger op ’e noas, knypt de eagen ticht, brimt e’ris, en skriuwt it middelke op.)
Dokter. Ziet daar vrienden! gaat hiermede naar den apotheker. Het gebruik staat er op. Maar nu, wat uwen leefregel aanbetreft, heb ik u de volgende lessen te geven. Eet geene te sterk aangezette spijzen; houd u bij de eenvoudige kost; geniet de vrije buitenlucht zooveel mogelijk is; gaat vroeg naar bed, en dekt u niet te sterk. Eindelijk overwint het geduld alles.
Gabe. Dit docht de doar ticht, dokter! As ús heit hjir oan leauwe wol, den is jins preek de reis en it jild wol wirdich. Master Freark hat ús dy rie ek al jown, mar dy wennet to tichte by om him folle to leauwen. Dêrom leauwe folle minsken de jenever-oalje-kopen sa; hwent dy komme út Hongerijen, sizze hja. Ik scoe oars sizze, det hja better oan ’e seine foegene as oan ’e fizel. En hwa wit, ho folle om hjar great geloof oan it frjemde nei it greate mienskar reizgje! Mar hwet scil men sizze, dokter? It moat mâl wêze, oars wolle folle minsken it net leauwe: en dat folk hat mâlle klean oan, en hja sjugge as nytlige bollen; hja rûke sa frjemd, en hja prate sa krom, det sokke minsken moatte wol rie witte for frjemde kwalen. Mar hwet miskearret ús heit nou, dokter?
Dokter. Die laboreert aan ’t Rhumatismus Chronicus, vriend.
Gabe. Is dat Hebreauwsk, dokter? Dêr pielde de âld domeny ek wol mei, as er yn ’e knipe siet.
Dokter. Neen, babbelaar; dat is Latijn. Ik heb den tijd niet om met u hier te reutelen. Ziet gij daar die arme ellendelingen niet, die op mij wachten?
Gabe. Yet in wird, dokter! Dat Latyn, dat je dêr neamden, wier dat nou de jichte?
Dokter. Hoor eens, maatje! Rhumatismus Chronicus en jicht zijn een zusje met een broertje. De naaste oorzaak van deze kwalen mag de duivel weten. Maar geduld is er bij noodig. Adieu, kreupel maatje, al genoeg gebabbeld.
Gabe. Dêr ha jy in goune, dokter. Ik tankje jo for jins wiere rie. As ik yette riker wird, as ik nou bin, scill’ jy myn dokter wêze. Nou, gesontheit en wolwêzen.
Dokter. Adieu.

PLEISTERJE BY IN WALD-HERBERCHJE.
Pîbe siet al wer mei Saskemoi op ’e wein mei de feint fen ’e kastelein, en Gabe wipte der mei syn oardeheal skonk ek gau op. Hja rieden nei de herberge en lieten it reau klear meitsje; do it bitelle wirde scoe, klage Pîbe oer ’e snijerij. “Dy sok smoar net hat kin mei nin wein mei twa hynzers ride,” sei Gabe; “den wier it better mei de bilwein to reizgjen; dêrom treastgje jo, heit, en wêz tofreden, det jy soks habbe.” De reed nei hûs gong firdich: de blaukes hiene wille, en oeral hwer’t hja kamen, waerd hjar ek rie for ’e jicht jown. Gabe stoe de toet net stil. “’t Giet ús,” sei er, “as Klemint Marrot, do er pine yn ’e mûle hie; dy krige ek rie fen alle man, ta de kening ynklús.” Pîbe en Saskemoi laken der beide om; mar dit stie koarts dêrnei yn skriemen en kibjen to foroarjen. Pîbe, dy wol wiste, det kasteleins-brea djûr brea wier, liet Gabe twa hiele breaën helje, do se yet yn Grins wierne, en dy yn ’e bak fen ’e wein lizze om dêr de hynzers mei to foerjen; en dêr kaem it drankje by. Gabe, dy wol seach, det dy trije nin goede bûrljue wêze scoene, sei al: “Heit, it is krekt sa folle, as je ’t by de bolle op stâl settene.” Mar it koe net oars; der moast mar tige rûchte en hea omwoelle wirde; hwent Saske snobkoer wier oan ’t lid ta fol fen Grinzer koeke en stoeten. It gyng yette lang goed, mar do se einling by in waerdshûs kamen fier yn Fryslân op, scoe der foerre wirde, en do briek it onwaer los. It brea wier heel, en it glês ek, op in lyts roun gatke nei, en dêr wier alles ta útroun hwet der yn west hie. “Flokken is sonde, en it stiet lilts, mar dit is wol divelsk, heit!” sei Gabe: “it drankje is britsen.” Hwet hjir op folge kin elts tinke, dy mar ienris fen syn libben yn ’e boddelerij fen syn wiif in treppôt omreage hat. “It moeit my,” sei Gabe, “hwent jy binne better wirden sont je it gûd yn ’e wein hawn habbe; hien’ je ’t ris yn ’t liif krige, je hiene klear west.” Wyl’t se dêr sa yn eltsoar omtsjouwden, kaem der ek oar folk by, dy hjar fregen, hwer se sa om klagen. Gabe forhelle alles koartwei. Ljue, dy it leed is, as it in oar wolgiet, laken der om; oare biklagen hjar, en wer oare, dy it yette better mienden, joegen hjar goe’ rie; en goe’ rie wier nou djûrder as brea, sei Gabe. Under dy riejouwers wier der ien, dy lang neat sein hie, mar einling opstoe, en mar tige ris it leksum opsei. “Ik hjit Pieter Flapút,” sei er. “Omdet ik dy namme ha, scil ik ek mar ris útflappe hwet my op it hert laeit, en om jimme nou it hier ris tige út ’e eagen to striken, sa sizz’ ik jimme, det jimme steapelsljucht west binne, det jimme sa fier reizge binne om hwet jimme sa neiby fine koene to Frentsjer. Man! dêr wenje ommers ljue dy mannich domme loebes en ondogenske swiften ta formaerde ljue meitsje; en scoene sokke ljue sa’n man net helpe kinne? Mar it is sa mar, op ’t lêst rint men nei de prefesters, en op ’t alderlêst nei de boal: dêrom wol ik jimme yet ien rie jaen. Hjir tichte by wennet in keardel, dy ek wol ris mei de jicht ommastert: hja neame him wol de divelbander. Hwet dêr oan is, lit ik oan jimme oer, mar hwet er útrjuchtet is op ’t tsjoenen ôf. Hja lizze de ljue bânnen, en jowe se hwette krûden; dêrmei is de boel ôfdien; mar dit sizz’ ik jimme, it is in mâl feint.”
Gabe. Den docht er krekt as ús beppe die: dy pielde ek wol mei knoffelbânnen, as ik my ris forkloft hie, en den waerd der ek wol in goed wirdtsje by sein. Ik leau oars net, det se fen it wird wier; hwent al hie se tsjien jier op it tsjoenen gien, hja hie it net leard.
Pieter. Jins beppe, dat is dêr oan ta: mar ik siz, it wirdt hege tiid, det jimme nei dy man ta reizgje. It giet mei dy steddokters as in lûs op in tarrich kleed, en jimme heit is sa ribskjin al, det as er net makket, det er by dy man komt, den koene de hounen wol ’ris skielik om him bylje moatte.
Gabe. Nou, heit! hwet sizz’ je? Wy binne nou dochs yn ’e lytse lij.
Pîbe. Jonge, dou moast’ it witte. Dou haste mear forstân as ik.
Gabe. Tinkt jo dat, heit? Nou, fyat den; nei de divelbander!
Gabe mûskoppet ris hwet mei Pieter en de kastelein, en lit ynspanje. Saskemoi wier der skouderich fen en bleau yn de herberge: tsjin de divelbander wier men net opwoechsen. Dêr rieden se wer hinne; Gabe bliid, det er wer in nij iffentûrke op stôk wier, en de goede Pîbe heal bliid en heal bang. Do se oan de wringe fen de yester kamen, dêr stoe de man sels.
De Divelbander. Dêr komme jimme al oanriden? Ik hie jimme al forwachte, mar sa ier net.
Pîbe. (Binnens mûle.) Och hea’, hwet is ’t raer!
Gabe. Ja, man, dêr kamen wy oan. Wennet hjir de divelbander net? De jichtmaster?
Divelbander. Dou smytste my kneppels foar ’e skinen. Scoe der wol in divel wêze, heite? Dou likeste oars mar in kanstoppe fen in keardel.
(Pîbom wirdt út de wein tild en yn hûs tôge.)
Divelbander. Ik wit net, boer, dit stiet der skean foar. Jy binne oars in keardel as in lôge, en dochs as jy net by my komd wierne, jy hiene de koekkoek net wer heard.
Gabe. Sizz’ net to folle! Earst dwaen, en den sizze.
Divelbander. Hâld der dyn toet út, dou gerstige skinke, ef ik jow ’er dy for in fjirtsjin dagen in pine yn, dêr gjin smous dy fen rêdde kin, al skoert er dy al dyn kjizzen út.
Pîbe. Fij, man!
Divelbander. Habb’ jimme al frij folle mastere mei alderhânne frjemde snûshoannen?
Gabe. Snûshoannen habbe wy nin ien by west, dêr ’k fen wit, oars net as by de boal; dy seit it ris hird en heech; dy skynt it wol to witten, eft er ’t út de krante lies: mar ’t ein learde, det er om ús heite jild sa opswetst hie. Oars binne wy yette by twa steddokters west, fikse ljue, mar dy hwet folle geswaei en bistel hiene.
Divelbander. Habbe jimme ek al by de âlde hirdbaerch west, de soldaet fen Herbaijum?
Gabe. O ja, man! dy wier lilts op syn wize, det wy net earder by him komd wierne, en ik leau det de skevel gelyk hie: hwent hie ús heit nou by him komd, nou de pitten der yet mear útgien binne, hy hie de man kâld makke as in frosk. Hy joech ús heit in lyts middelke for in ryksdaelder, en ik leau net, det er ’t heal op hie, ef it wier oars net eft er heit de termen mei hânskrobbers útreage.
Divelbander. Ja, it is in mâl feint; dêrom leauwe de ljue him; scoene der oars wol sa folle nei de piskikers rinne? It liket nuver sa mar út in bekjefol pisse to sjen eft de ljue in lintwjirm habbe, ef it kolyk, howol dy twa nei gedachten al oare middels foreaskje. En dit wol ik yette rinne litte; mar út de pisse to sjen eft immen foar fiif jier bloed spein hat ef in breuk hawn hat, en sokke ljue braekmiddels to jaen as der galkoartsen omgeane, dat koe wol ris blide erfgenamen meitsje. Ik leau oars net det dy ljue it sels ek leauwe, mar jildwinnen is swiet, en dêrom sjucht men ’t tsjinwirch ek al fen oare dokters to Ljouwert en Snits, en dit giet eft it skonken hat. Fen sokke ljue is ’t yet ondogensker; hwent dy witte better. Die ik, dom boer, it yette, ik koe miene, det ik it wiste. Hja binne minder as de gûchelhanzen, dy de mouwen opstrûpe, as se bigjinne.
Gabe. Ja, ús master Freark kniest der soms ek wakker oer.
Divelbander. Jimme master Freark is in gek; dy wol de ljue net biskite, en dêrom moat er earm bliuwe. Hwer kniest de man oer? Hy scil fen de hûndert wol tachtich genêze as de piskikers der tweintich genêze. It giet hjar as de baden yn ’t poepelân: dêr binne fen dy wetters, dêr de ljue mei hjar lamme lea ynkrûpe. Dêr wirdt lûd fen roppen, alle jierren wirde der boekenfol fen drukt, ho folle det dêr al genêzen wirde; mar waerden al dy ljue ek ris opjown, dy der net genêzen wirde, dy der stjerre, ef der slimmer wei komme, de nearring roun gau staf, en sa scoe it my ek gean.
Gabe. Ho? Jo ek? Dêr hear ik nij fen op.
Divelbander. Ja, skroarke! Ik bin, God tank, sa fier, ik hoef net to ligen om it brea, lyk as folle wize ljue wol ris dwaen, woll’ se de stôk út de hals keare. Sjuch, feint! folle ljue komme hjir om rie; ik haw in âld middelke for ’e jichtkwalen, en dêrmei wirde folle genêzen, en folle ek net. Mar omdet it nuver liket sa fen in boer fen sa’n swiere pleage bifrijd to wirden, dêrom tinke de ljue det ik alles genêze kin, en det der mear as ien oer geane: dêrom neame se my ek divelbander.
Myn jonges, dat swiften binne, sizze oars det de divel nei Eastynjen tein is sont er nin heil mear op ’e preekstoel hat, en det it him gean scil as Malbroek, det er net werom komt. Wol jimme heit fen my genêzen wirde, den moat hy leauwe hwet ik siz. En folle haw ik genêzen, dy yette slimmer wierne as hy.
Gabe. Mei heit moatt’ je dwaen sa je wolle; hy is dommer nôch. Hy scil jo wol bitrouwe en leauwe.
De man giet allinne by de suchtsjende Pîbe yn ’e keamer, en hwet dêr geskaet wier, hat er net forhelle, mar it hie in nuver getsjoen west, en as er net moatten hie, hja hiene him der net ta krige for nin tsjiis-tsjettel-fol-jild. Hy joech Pîbe yette ek krûden, en sei der by, det der net mear as twa pear eagen oer gean moasten.
Hja rieden wer nei hûs, en it draeide der op út, det se allegearre mis west hiene. Hwent Pîbom krige in abstoanje oan de skonk, dat master Freark iepenje moast, en dat er einlings mei folle kinst en flyt ticht makke, sa det Pîbom de oare maityds ier al wer to Frentsjer yn ’e poarte mei in greate kneppel yn in keppel lammen omtyske.
E. H.

OMKEARDE WIDZESANG.
DE OMKEARDE WIDZESANG.
Myn ljeave mût’le jonge, Ei! kibje net sa fel. ’k Moat krite, bern, en sjonge. Och, boike! jaen dy del. Knyp dou dyn ljeave eachkes, Dyn mûzige eachkes ticht, En wiggelje as de weachkes Mei ’t reid oan ’e wetters-ich. Dou krytst’ sa earmlik fen honger; Dou witste oars nearne fen, En ’t lod’rich tategelonger, Dat is dyn paradys, bern! Dy lytse earme hertkes, Dy binne yet ryk by dy; Dy lizze yn fodden en flardkes, Mar memke tate ha sy. En hawwe se fjûr noch sinne, En knippe de glêzen fen froast, Den krûpt de mem ’er om hinne, En triuwt hjar djip yn it boarst. Och, wierste ek ryk as in prinske, En hiest’ dyn widze fol goud, Yet hieste net dyn winske, Myn boarst fol tate, bout! En hast’ den hwette slûge, Och, rek dyn earmkes frij; Dou kinste smachtsje en sûge, Mem hat dochs neat for dy. Den tilt in frjemde minne Dyn tsjuster girdynke op; Dy hat de wille allinne En gizet mei myn pop. Dy tilt dy út dyn glûpe, En tutet en boartet mei dy; Dy wolste ticht oankrûpe En ljeaver hawwe as my. Ik haw for dy nin tate, Ik haw de boarsten for pronk; In sankje en noflik prate Is al hwet natûr my skonk. Och, koeze, net sa kibje! Mem mient it sa mei dy; En kin ’k net for dy libje, O! stjerre scoe ’k for dy. Myn ljeave mûtle jonge, Ei! kibje net sa fel. Lit my nin triennen sjonge, Och, boike, jaen dy del.
Nei it Dútsk. E. H.

NIJE WIDZESANG.
Dou, dou biste myn Anke; Dou, dou biste myn bern; Dou, dou, biste myn fanke; Witst’ net ho goed ik it mien, Ja, ja, witst net ho goed ik it mien. Sliep, sliep sêftkes myn bernke; Sliep, sliep stil as in blom. Dûk, dûk, krûp yn dyn hernke, Tink dou mar nearne net om. Ja, ja, tink do mar nearne net om. Dy, dy scoe ik wol triuwe, Ticht, ticht, djip oan myn hert. Nin, nin pinnen biskriuwe, Nin memme-ljeafdefjûr net. Ja, ja, tink dou mar nearne net om. Troch, troch fjûr en troch wetter Gean, gean, flean ik for dy. Nin, nin libben is better As it stjerren for dy. Ja, ja, tink dou mar nearne net om. Dou, dou biste myn koeze, Dou, dou tôgest my wei. Na.. na.. nane sûze, Bliuw ’er sa swiet yn wei. Ja, ja, tink dou mar nearne net om. Tût! tût! tûzen priuwkes Ut, út myn libbens-ier: Tût! tût! tûzen triuwkes Wekje myn fanke moarnier. Ja, ja, tink dou mar nearne net om. Dou, dou biste myn Anke, Dou, dou biste myn bern: Wird, wird in tige fanke, Wird in Friezinne, myn bern! Ja, ja, tink dou mar nearne net om. Sliep! sliep! slút hjar de eagen. Sliep! sliep! krûp troch hjar lea. Tiis, tiis hjar yn dyn reagen, Meitsje hjar libjende dea. Ja, ja, witst’ net ho goe’ ik it mien.
Nei it Dútsk. E. H.
OAN LIUWE,
do er troch it dom fearnsjier kaem.
Wolkom, trij’ris wolkom, Liuwe! Ut it dom fearnsjier. Ik moat dy ’ris tige triuwe; Dy, myn libbensier! Lit ik dy myn hert útjitte, ’t Folle blide hert! Slûgje sêft op memme skirte, Sûch dy roun en fet. Yette foar in mannich wiken Laeiste as Bouke yn ’t koarn, En nin gyzjen, roppen, striken Helle in glimke oan. Nuver skaeiste, lytse solle, Mei dyn losse lea, Knikkebolste mei de holle As hanswoarst om ’t brea. De eagen rôlleste yn ’e holle, As in stjitrich raem; Soms seachste as in nytlich bolle, Nou wer as in laem. Mar dou bist’ der troch, myn jonge! Dou hast’ nou forstân. Yet laeiste ’er hinne as in wronge, Hast rinst’ ús oan ’e hân. Laitsje kinste, en sjongen hearre, Nei de lampe sjen; Ja, de widze skjin bidjerre, Krekt as greate bern. Hy hat forstân, myn lytse koeze; Hy hat forstân, ja wol! By mannich sit it yn ’e bûse; Hy hat it yn ’e bol. Wolkom, trij’ris wolkom, Liuwe! Ut it dom fearnsjier. Lit, boike, dit it lêste bliuwe: Wird wizer jier op jier.
E. H.
Dizze Ljouwe ef Liuwe wier de âldste soan fen myn broer Dr. Eeltsje. Hy hjitte Liuwe nei syn oarreheit oan memme-side, Liuwe Fockens, boargemaster fen Bolswert, in brave stege stân-Fries, in man mei in gesoune kop, en dy ’er altiten op út wier om syn folk en frjeonen en my boppe-al, goed to dwaen. By syn bêste beppe en moikes hat neef Liuwe syn learjierren as Latynske jonge to Bolswert sliten, en mei dy opfieding kaem in sêftheit yn syn seden en manieren, dy ús folk oars net eigen wier. Hy wier bileefd, billik, meigeande en geskikt. Hy siet fol geast, en wier sa lear-gjirrich, det neat, hwet in minske foredelje kin, him frjemd wier. Hy teikene út ’e holle alderlei flinke karikatúrtsjes. Hy wier handich yn it biknitseljen fen lytse ystremintsjes; as bern pielde er al mei ’t knippen en teikenjen fen sinnewizers. Fjirgesichten en mikroscopen hie er altiten by de hân. De rin fen de stjerren koe er op in prik. Yn de muzyk wier er for in ljeafhabber in master. Net allinne bispile er de klawier, de fyoele en guitarre; mar faek sette er syn muzikaliske ynfallen op ’e noat; hwent hy koe nuver aerdich kompenearje. Hy song fol smaek en ynfieren, en dat talint brûkte er jamk om in forslein hert hwette op to beurjen. Ik ha der by wêst, det hy in boartfeint, dy hopeleas mimere, hwet moed ynsprekke woe, en do him dat mislearre, gong er yn in tsjustere gong bûten de keamer, en song dêr sa lang de moaiste Dútske sankjes, dy er koe, ûnder de guitarre, det der in glimke op de lippen fen syn miich kaem. Sa wier Liuwe. Fier scoe hy ’t yn ’e wrâld brocht ha, wier er nin domeny wirden; mar al syn talinten, dy him oars foartholpen hienen, wierne him dêr tsjin. De ljue hjir to lânne miene, det it hynste-wirk is om yn seis dagen in preek by eltsoar to haspeljen, en dy den sneins út to galmjen; en as se sjugge, det de domeny dêr ek noch ûnder sjongt, spilet, rekkent, stjerresjit, ef michjes en wjirmkes troch forgreatglêzen bilôket, dat giet fen it preekjen ôf, tinke se. Dat kin noait in rjuchte domeny wêze, sizze se. Dêrom studearje de measten ek net; foaral en bilieven net yn Gryks ef Latyn, dat sa ’n ivigen tiid nimt. Sa dageliks wei hwet godgeleard mâlk-en-wetter yn it Lêsselskip, dat is alles hwet se fen geleardheit en kinst ynnimme. As er nou fierder mar permantich stapt, deftich praet, en binammen snjeons for nimmen to sprekken is, den scil de gemeinte bêst mei him op streek wêze. Snjeons, siz ik; hwent den moat in goed domeny wêze as in jong wiif, dat yn ’t roeijen is; op it punt fen to boarsten oan al de geleardheid, dy er yn ’e wike ynnomd hat. Dêrom, hwet sei pastoarske Wolf-Bekker, dy oan domeny Wolf to Beverwyk troud wier, do de schout hjar man op in snjeon sprekke woe? Mijnheer de Schout, sei hja, mijn man is Saterdags altijd onzichtbaar, om Zondags onverstaanbaar te zijn.
Om koart to gean, Ljouwe hat it net fierder brocht as Imbden; dat wier syn earste en lêste birop. Dêr is hy ier stoarn; ik mien al yn 1855, mar noch libbet hy dêr yn de hege achting fen elts, dy sok in holle as op him stoe, en sok in hert, as yn him sloech, op de rjuchte priis to skatten wiste; noch libbet hy dêr yn de fjûrige ljeafde fen twa trouwe sielen, dy moarns mei syn byld foar de eagen opsteane en der jouns mei to bêd geane, ik mien syn treasteleaze widdou en syn jinnichste dochter, dy er ús neilitten hat.
J. H. H.
GEALE SLJIPKE.
Yn poepeslom bidobbe Laei Geale yn ’t leavich reid; Hy hie de kersen gnobbe Yn ’t hôf fen oarreheit. De pet oer ’t holke hinne, En oer ’e eagen del; Hwent warem wier de sinne, En brimzen stieken fel. En oan in wyljen stobbe, Dêr hong syn baitsje oan, En oan it baitsje sobbe In tsjoarre kealke oan. De rûge holders sûzen Troch blomkes en troch krûd, En troch ’e stannen rûzen De simmertwjirkes lûd. De wettergulpen fleagen En gûlden yn ’e fljocht, En nei de terpen teagen De hoantsen yn ’t gefjocht. De skouwe teaperts songen De âlde lange team, En d’ ekster wipt’ mei sprongen, En gloep fen beam ta beam. En Toon de seine harre Fier yn it lege mêd, En Doeke mopke narre, Fen ’t swyljen wirch en sêd. En koazze yn ’e doeren, Dy haff’le yn ’e brij, Laei hymjend loai to poeren En joech de sinne frij. En op ’e daem dêr blaeide In eike sêd en slûch, En oer ’e lânnen waeide Sint-Janstried wyt en rûch. Swiet yn ’e sliep fortize, Wist’ boi fen nimmen kwea, As sêftkes him hwet kize Oer holle, boarst en lea. Hy gappe en rekte en sette Syn doave skonkjes út, As by de noas him fette In kâlde keallesnút. “Hoei!” skrilde er, “Oarre, Oarre!” En sprong hast út it fel, En seach nou as in bloarre Op ’t earme kealke del. Och, Geale wroechwjirm kneage, ’t Wier oeral: “Oarreheit!” Hy waerd ’er yet troch pleage Bidobbe yn ’t leavich reid. Krûp yn in syd’ne wrine, ’t Kwea lit dy nearne rêst; Dou kinste it net ontwine: It fret dy sliep en rêst.
E. H.

GEALE SLJIPKE.
IT FAMKE.
Myn famke kipet gol en blier Ut hjar twa blauwe eagen. Hja is sa mûtel, glêd en tier; In flodder draegt se nei de swier, In kyps mei syd’ne beagen. (bis) En om ’e sêfte hals in string Fen moaije reade kralen: Dêr foare yn in gouden ding, It flikkert as in stjerrekring, Mei stienkes gleon fen stralen. (bis) Mar boppe pearel ef robyn Blinkt yet hjar spitsich kinke: In dobke stiet ’er midden yn. Hjar wankjes binne waerm en fyn As ’t iere foarjiers-sinke. (bis) En fen dy ljeave kralestring, Dêr wynt in slinke hinne; Mar hwer dy slinke hinne wynt, En hwet dêr efter ’t jakje tynt, Dat wit hja mar allinne. (bis) Hjar tútke—o, sa weak, sa hyt! Dat wit ik mar allinne. In rig’le tosken, geef as kryt, Biseamd mei lipkes read en wyt Eft ’t Berlts’mer kêrsen binne. (bis) En yet by al dy snipperheit Fen klean en ien en oare, Sa hat s’ in fromme, froede sin; De kreazens fen in wjitten hin, De blierens fen Aurore. (bis) Mar hwet yet swieter is as swiet, Dat kin nin bloarre priuwe. Hwent is hja tsjep en smûk en moai, En hat hjar kantens mjitt’ noch roai, Hja wol it sels net leauwe. (bis)
Nei it Dútsk. E. H.
IT MARKE.
It wier op in simmerjoun; It sinke stoe op ’e groun Wol heal yn ’e dauwe wei, Krekt as it yn ’t wetter laei. Sêftkes en stil wier de wrâld, It wetter laei sûnder fâld, En ’t goud’ne sinnefjûr, Spraette syn gleonens ’er oer. (bis) Men hearde nin flinter ef mich Sa flodderjen oan ’e ich, Ef gonzeljen oer ’e poel, En ek nin bernegejoel. Smûk mei de kop yn ’e plom Driuwkelen de einkes rounom, Yn ’t lizich-blêddige gnod Yet syljende yn ’e dod. (bis) Djip yn ’e ladene tsjalk Song skûtefaer as in alk In sang fen d’âlde tiid, En wier mei ’t wyfke sa bliid. En ’t wyfke spoun en striik, En digere troch ’e riik Troch it heal opskoude lûk, En wier by hjar hirdke sa kloek (bis) En Hearkeman om hwette bút Skouwt mei de peasjou ’er út. Sakeman fisket op iel, En skouwt, det er stint, nei it wiel, En keilt der syn dôperkes yn, En jowt se oan waer en wyn; O, roun ’er in ielke oan! Hwet joech it in rike moarn. (bis) En ik mei in wiffe sin Roike myn swiet ingelin Flink oan ’e oare marswâl, En wier mei it famke sa mâl. Hwet songen, hwet boartten wy! Hwet wier it ús rom en frij! O wille! O noflike tiid! Hwet tins ik oan dy wer bliid. (bis) Soms dreauke it sa sêftkes wei, De riemen sleau efternei: Den fette ik hjar ljordichkes om, En neamde hjar hunichblom. Den lake hja wyt en blier, As it maiblomke op ’e wier Tsjin ’t ljeave rea’ sinke oan Yn de iere foarjiersmoarn. (bis) O ljeaflike stille mar! Hwet lake en gobbe ik mei hjar! En hwerom brochtste sa fier Us lûd gegou en getier? Ei! hwerom wierste sa froed? Ei! hwerom tilste ús lûd, Al pipen we ek as in mûs, Sa hearrich oer fjild en hûs? (bis) O joun! o ljeaflike dei! Hwet tink ik dy efternei. En hwerom fleachste sa swiid, Dou goudene griene tiid? Dou himelske simmerjoun, Hwet wierste my rêd forroun! O, kaemste! Ei! mylde, kom! Ei! kom my faker werom. (bis)
E. H.

DE ALDE SKEPER EN DE GRYTMAN.
NIMMEN LIBBET FEN ’E OERFLOED.
In grytman libbe op syn stins As d’ earste fen it lân; Hy hie dêr alles nei syn winsk, En alles yn syn hân. Hy iet al hwet syn mûle mocht, Siet ivich oan ’e fles, En dochs hy krige gau syn nocht, En waerd dat libben wers. Soms reage er troch it hele slot En flokte op ’e fammen. Den wier ’t, verd.... kale rot! Al tsjinnen s’ him as lammen. Sa’n mâlle boi wier wer ’ris oer, Mynhear woe út to jeijen; Hy socht Diana en syn roer, Om wyld en tiid to deijen. ’t Hie reind, it bosk wier him to wiet; Nou teach er nei de heide, Dêr Oedsom by syn skjipkes siet, En fredich pypke en breide. Hy rink’le mei de hân yn ’t jild En Oeds sei: “Goeden dei!” “Sa, Oedsom, sa allinne yn ’t fjild? Hwet jowt dat wol sa’n dei?” “O Jonker, neat as kost en klean Fortsjinje ik dei op dei: Dat is jier út, jier yn, myn lean. Ik lizz’ myn botsen wei.” “Dat is in bytke!” sei mynhear; “Dat is nin billik lean.” Mar Oedsom sei: “Ha jy den mear?” Dêr koe mynhear mei gean.
Nei it Dútsk. E. H.
ALD JANOM.
Wel, boer, ’t is eft ’t hjir frijers reint. Is dat hjir ek in spil? Ik bliuw net langer jins âldfeint, As dat sa langer scil. Do Fyke yet in famke wier, En yn ’e widze kriet, Do wist me yet al gau ’ris rie, En hwer de pleage siet. Den loek ik oan it widzetou, Ef roan ’t ús oer ’e fûst, Den joegen wy hjar oan ’e frou, Den dronk hja det se pûstt’. En waerd hja yn ’e kakstoel boas, En hie hja hwet gegryn, Den ram’le ik mei de brilledoas Mei trije duiten d’r yn. Hwet ha we wol in wille hawn! ’t Wier altyd Janoms pop. Hja sjag’le mei my troch it lân, En socht de blomkes op. Hja trog’le my de duiten ôf For swiete snobberij; Ik tom’le mei hjar yn it hôf, En waerd in bern as sy. Mar nou, nou hat s’ in oare pleach: De deale wit er fen! Fê! sa’n gefljoch en sa’n gereach, En dat fen oarljú’s bern. ’t Is eft w’ in slimme sike ha, Sa wirdt me hjir oerroun; De masters komme ’er hird op ta. Och, wier hja mar wer soun! Den komt ’er wer in gielbird oan, Dy just is út de dop. Den lange Jelke, ús bûrmans soan, Dy mei syn poepekop. Den komt ’er ien troch rein en wyn, It wetter dript him nei; Den seit de fryster: “Skik mar yn; D’ âldfeint kin dêr wol wei.” Dêr sit er den, en dampt en smookt, Krekt as in grytmans soan, Wylst Fyke tige prikken stookt, En ik sit efteroan. Den jowt se him hwet brandewyn: Hwet laket se den wyt! Den is ’t: Skink Janom ek ’ris yn!” En oars krij ’k nea nin skyt. Den stekt se him de fûst ’ris ta; Den knypt se him yn ’t ear; Den smyt se him myn prûk ’ris ta. Fê, hwet in mâl gebear. “Kom, Janom, jaen myn guds hwet foer; Sa skikt er my den wei. Ik bin ’er as de wever oer Alear op ’e lânsdei. Soms komme ’er trije op ien joun: Den stroukje, hest’ sa net! Twa ite hjar de bûk den roun, De tredde krijt de pret. Twa slûpe ’er út, en helje mear, En komme let werom. Den strúnje, en snuve om hûs en hear, Troch skûrre en hôf rounom. Den dekke se ús de skoarstien ta, Den komme se ’er ta yn: Al hwet wy bûten doarren ha, ’t Is earsling hwet ik fyn. Den stiet de haiwein op it hûs, De bolle oan ’e klink. Den skreppe en skoerre by de rûs, En de oare deis to sink. En gnoarje ik ’ris oer dat spil, Den seit dat famke yet: “Och, Janom, hâld je dochs mar stil, De âlde dei forjit.” Né, boer! as dat sa langer kin, Ik kin sa langer net; Ik tankje jo en ’t húsgesin! Myn hearring bret hjir net.
E. H.

SNEINTOJOUN.
IT TSJERKHôF BY JOUNTIID,
EF
IT GRêF FEN LOKKE.
Dêr op dat hege tsjust’re hôf Lei ik myn Lokke del; Dêr setten hjar myn bûrren ôf, Dêr yn dy kûle del. Dêr laeiste, Lokke, dêr, myn bern! Dêr yn dy kâlde groun. Mei dy ha ’k alles hjir forlern, Hwet me oan de wrâld forboun. Dêr laeit myn libben en myn sin, Dêr yn dy griene wier. Det nimmen mear in trien ontrin, Ik fiel en fiel it swier. De toersklok bile hol en fol, Do ’k hjar nei ’t hôf ta brocht’; My tinkt, ik hear it yette wol, En sjen it as by ljocht. En mannich famke teach ’er mei Nei ’t hege tsjerkhôf ta, De bier mei Lokke efternei, En kriet en snikke sa. En mannich feintke teach ’er mei, Nei ’t hege tsjerkhôf ta, De bier mei Lokke efternei, En kriet en snikke sa. En beppe mei hjar reinkleed om Kaem slierend efteroan; Dat âlde minske, goed en from, Troch rou en leed bistoarn. Sa tôge se hjar lêste blom Nei ’t neare tsjerkhôf ta, En moast noch yn hjar âlderdom Ek dizze rouwe ha Hwet is it libben op ’e wrâld In wif en faei bistean! Ho selden sjucht men immen âld! Ho faek in blom forgean! Dy hjoed fol libben en fol fjûr Om grêf noch stjerren tinkt, Hat moarn it wite deakleed oan, Forjit men—en forsinkt. Mar, famke, sliep en slomje dêr, Dêr yn dyn griene wier; Det wjirm en modder dy fortar, Fortar mei ’t earste jier! As nei in lange wile en tiid Nin trien mear om dy rint, En de âlde frjeonskip wiid en siid Wer nije frjeonen fynt, Den tink ik yet om dy, myn bern, To ier forwile blom, Sa faek as ik it tsjerkhôf sjen, En op dyn grêfstien kom.
E. H.
TRIJE GEBETKES FOR FRYSKE BERNTSJES.
Moarngebetke.
Scoene wy dy forjitte, dy net tankje, ô Heit yn ’e himel? Tûzen bern binne dizze nacht ynslomme, en hawwe hjar eagen for ivich sletten; mar myn eagen hastou wer iepene, om it bliere ljocht fen dyn moaije gleone sinne tsjin to laitsjen. Ieremoarn stiet it brea for ús ré, detstou simmers waechsje litste. Dêrom binne wy ieremoarn ek bliid, en sizze tsjin eltsoar: “Kom, lit ús tankje en bliid wêze! Der is nin heit, sa goe’, sa frjeonlik, as ús Heit, dy yn ’e himel wennet, en ús it libben en alle dingen jowt!” Hoedzje ús dizze dei for alle kwea; bilieven, hoedzje ús for de sonde, dat it iselikste kwea by dy is, o God! Jow ús dêrta in fromme sin, det wy flitich yn ús wirk binne, en by âlde ljue om sizzen jane. Doch dou goed oan hjar, dy my goed dwane: seinje myn ljeave âlders, myn folk en frjeonen, myn masters en oppassers! Hwent ik bin earm; ik haw neat om hjar to forjildzjen. Tink ek om myn ongelokkige evenminsken! Jow brea oan ’e neakene en bleate! Stjûr dyn hillige ingel mei in treast oan de siken, dy folle pine útsteane, en mei it each nei dyn hege himel sa earmhertich kroanje en weinje. Helpje dou se allegearre, hwent dou biste de heit fen ús allegearre troch Christus ús forlosser. Amen.
J. H. H.
Gebetke foar it iten.
Wy tankje dy, goede God, for it iten, dat hjir foar ús klear stiet. Ho goe’ bistou, ô Heit yn ’e himel, detstou alles jowste, hwet wy fen dwaen hawwe! Hwet jowstou ús folle mear as oan ’e earme minsken, dy bitter honger lije! Lear ús dêrfor tankber to wêzen, en hwet mei to jaen fen alles, dat wy to folle hawwe. Dêr hastou ommers wille oan, ô Heit fen meilijen, det wy dyn skepsels, ús evenminsken, goeddwaen, lyk astou ús goed dochste en forjowste om Christus dyn soan. Alles hwet goed is skinkstou ús, en howol wy it net fetsje, kwea komt nea út dyn seinjende hânnen. Scoene wy den net op dy trouwje? O, jow ús hwet goed is, as wy ’er net om freegje, en omthâld ús, wize God, hwet kwea is, ek as wy ’er yn ús blinens by dy om krite en trúnje. Amen.
J. H. H.
Joungebetke.
O Heit, dou dy fier boppe de stjerren wenneste! Ik bitankje dy, det ik de hiele dei dyn goedheit priuwe mochte. Klean en iten, ûnderwys en gesontheit, alles hwet my lêstte, hwet my tsjinstich wier, haw ik hawn. Tanke, tanke dêr for, ô beste Heit yn ’e himel! Myn eachlidden wirde swier, en ik moat to bêd. Forkwikje myn wirge lea troch de swiete sliep, en weitsje foar myn bêd, as ik net wit, det ik yn ’e wrâld bin: hwent dou, o ljeaven Heare, sjuchste alles, hearste alles, ek de kweade minsken as it tsjuster is. Tink net om it kwea, dat ik dy hjoed dien haw; forjow it my om myn sillichmeitsjer, dy alle froede bern by him ropt, dêr it nea nin nacht wirdt. Amen.
J. H. H.
DE ROTTELWACHT.
Tsjien hat de toerklok slein! In swiere dei is wer forflein. Minsken, harkje nei myn sizzen; Bid, en gean to rêsten lizzen! En dy nin tsjoed gewisse het, Slept sêft en swiet op sa’n gebet: Hwent yn ’e himel hâldt de wacht In helder each de hiele nacht. Alve ûre hat de toersklok slein! It fjûr is hast yn yeske lein. Harkje, hwet ik dy wol sizze, Dy ’t yet net to rêsten lizze, Ef dy noch oan de arbeid swit, Ef dy yet by de kaerten sit; Dy sizz’ ik for de lêste kear, De deaklok slacht for immermear. Toalf hat de klok! sa ropt de wacht, Boargers, it is middennacht! Harkje, hwet ik dy wol sizze, Dy ’t de soarch to heech mocht lizze, En hwer noch yn de neare nacht In hert fol soarch en kommer smacht, Sa jow dy God in swiete slom; Ja, sliep de wizer yn ’t rounom. It is ien ûre, dat dêr slacht; Kâld en tsjuster is de nacht. Harkje, hwet ik dy wol sizze, Dy yet helske leagen lizze, As hjir ef dêr mei satans ried In tjeaf op tsjustre gongen giet. Sa gean nei hûs en tink to rjucht, Det God dêr boppe dy wol sjucht. Hark, dêr slacht de klok al twa! Dat rint nei de moarntyd ta. Frij fen soargen en fen lêsten Laeit nou alleman to rêsten, En hwa ’t nou, foar det it daget, De swiere soarch oan ’t herte knaget, Dou earme sloof, dyn sliep is oer. Hwet soarch? God soarg’t yn syn bistjûr. Trije hat de klok, God tank! Kom, de kjimmen wirde blank. It ljocht brekt troch ’e wolken hinne, En dêrmei komt de blide sinne. Bilibbest’ nou gesoun de dei, Sa tankje God, en gean dyn wei. En gean mei friske goede moed Oan ’t wirk, en hâld dy goed.