DE LAPEKOER FEN GABE-SKROAR. (continued 4)
Reading edition
Sa sein, sa dien. De oare deis, do de fallaetsman krekt oan it skutten wier laette Lys de smid nei ’e kolkswâl, en do gong hja earst efterút, en do fleach hja mei koegelsfeart op him ta; mar de baes, net sleau, stapte twa trêdden út ’e wei, en nou fleach syn wiif him as in swel foarby, hals oer kop yn ’e kolk. Do moartsje en gûle, sa ûnhjirmlik, det yen hearren en sjen forgong. “Och, rôp se, “ljeave baes, help my dochs!” “Ja,” sei de smid, “ik scoe dy wol helpe, ljeave, mar ik kin dy net sjen, ik bin blyn.” “Help, help!” rôp se for de lêste reis, en dêrmei sonk hja ûnder wetter.
De fallaetsman, forheard fen it gûlen en geijen fen Lys, kaem ta de doar út stouwen, en dy rôp oan ’e smid: “Dit is raer, net, bûrman? Moat dit sa, man?” “Ja, man,” sei er, “hja is der sels ynflein, en wolstou se opfiskje, dat kinste dwaen, mar ik wol der nin hân nei útstekke; hwent hja woe der my ynrame, mar ik wier hjar to rêd.” De fallaetsman grypte syn heak, en fiske yn ’e kolk, mar de stream hie hjar troch it rinket litsen, en do kaem hja oan ’e oare kant fen ’e sylsdoar wer opboarsten, en do pikte er hjar mei de heak yn it jak, skoerde hjar op ’e wâl, en brocht hjar healdea by de smid thús, dy hjar in heal romerfol Berenborger yn ’e hals geat, hjar forskjinne en nei bêd brocht. De smid koe sjen, en dronk de selde joun syn dikkop wer op, en ’t wiif wier tonei sa mak, det er se om ’e finger wine koe.
Manljue, dy onmakke frouljue habbe, lit se troch it rinket fleane. It helpt hear!—
E. H.

TROCH IT RINKET.
DE FRYSKE TSJIRLEN.
Wierne de âlde Friezen frij, Fryske soannen binne wy. De âlde moed is net forroun: O, wy stjerre for ús groun! Stoarm en wetter haww’ wy hawn Oer ús ljeave Fryske lân; ’t Folk, dat for nin weagen swicht, Falt it oarlochsswird ek licht. Jane wy den ek nin keap For in wylde stropers heap! Frijdom, koft troch eigen moed, Is ús mear as goed en bloed. ’t Gleone skerpe krigersswird Lûke wy for hûs en hird, En wy binne eang ef bang, As for frjemde keunings twang. Brûz’ nou ’t âlde Fryske bloed! Kom wer, frije Fryske moed! Frijdom, frijdom is ús noft As de fûgels yn de loft. De âlde Friezen wierne frij; For de frijdom fjuchte wy, En in echte frije Fries Hat fen frjemde twang in griis.
E. H.
DE TWADE JOUN.
Dy teltsjes, dat hie moai skoan foldien; de niften fen Aldegea langhalzen der al wer nei. Domenij hie der ek fen heard, en siet de oare jouns al ier by Saske en Pîbomme to pizeljen; it jongfolk wier út to slydjeijen, en der wier nimmen fen hjar thús as de klomske skroar, dy dat fiersto kâld wirk wier. Saskemoi, goêmoer, siet oan ’e kiel ta fol fen dat iene studinteteltsje. Dat fen dy hel en dy himel wier it fromme minske al to ûnfoech, en Pîbomme hie bynammen it grou op de studint, det er ta preker studearre, en den sa grousom forhelje doarste. It wieren beide moai luftige ljue sa yn ’e omgong, mar as der fen ’e skrift yn kaem, wierne se fen top ta teil earnst. Gabe sels wier dat mei al syn flinken to mâl. De bysfeinten mienden wol ’ris, det hy, dy oars sokke brike útstellen die, ek wol mei hjar oer de skrift hinne roffelje scoe; mar mis wier ’t! “Dat is hillige groun, heite!” sei er den; “Aste my dêr op hawwe wolste, den earst hoed ôf en de skoen út.” Mar der siet mei Pîbomme en hjar noch oar sear. Pîbe en Saske hjar beide âlders wierne fen Dockum fendinne, en it stike hjar wakker yn ’e krop, det dy twa Dockumers der mei dy Geastmer sa sneu ôfkamen. Om koart to gean, Pîbomm’ seach noartich, en Saskemoi wier prot. Domenij rûkte gau, dat wier poetsje it each út, en makke in boadskip nei hûs ta om de studint to sizzen, det er dat wer yn ’e es bringe moast. Dy kaem aenstons mei domenij werom, en do hien’ je it praetsje, dat folget.
Domenij. Biste oer Dockum reisge!
Studint. Fen Grins ôf? Ja, domenij.
Domenij. Wel, ho wier ’t mei de greate granaet? Laei er noch oan ’t keatting; ef hiene de Dockumers him al oppluze? It is in krappe tiid, en yn de kjeld is men roppich.
Saskemoi. Dêr ha je it deukerske genar wer. Hie ’k it net toft? Nou scill’ der de kâlde turven wol by komme.
Pîbomme. En de protter, dy it plakkaet bisnjit. Ik woe jo wizer ha, domenij.
Studint. Ja, dat earm Dockum hat in bulte to lijen. It is de bok Azazel; alle sonden wirde der op laden.
Saske. Hâld dou dy mar stil, feint. Dy mei dyn Geastmer stroufretter kenne wy wol.
Studint. Wel, nou ja, boerinne! Dat wier al hwette. Ik kin ek noch in teltsje det twa Geastmers fen ién Dockumer bijeuzele wirde. Scil ik jo dat ’ris forhelje?
Saskemoi. Né feint! Wy hawwe ús meuch al fen dy teltsjes. Doch dy to Grins! Wit, jowe se dy gjin stik stoete.
Domenij. Om dy de wierheit to sizzen, fljochste de ljue hjir to heech ef to djip. Dou gieste mei hjar nei de hel en nei de himel; dat woll’ se wol lije yn ’e tsjerke, mar ûnder de boerekofje is ’t hjir in âld jestael om op it ierdryk to bliuwen.

JONGFOLK TO SLYDJEIJEN.
Studint. Den ha ’k ’t dêr mei forbruid. Nou, dat wier ek by ’t mak ôf, dat biken ik. Mar dat fen Dockum, né, dat lit ik net op my sitte. Hwent as der ién is, dy fen Dockum hâldt, den bin ik it.
Pîbe. Dou? Ja, dou!
Studint. Hark ’ris húsman: alle gekheit op in stokje; Dockum is nei Starum de âldste stêd fen ús âld Fryslân! nin pleats haww’ we ek dêr sa folle wize ljue, sa folle krychshelden út foart komd binne as út Dockum. Lyk as men nou de âlde ljue yn eare hâldt omdet se âld binne en de fale merken fen ’e tiid op ’e holle drage; lyk as we tsjin de grize held mei eagen fen earbied opsjen, omdet wy ’er by tinke hwet hy west is en dien hat, sa ear ik in stêd, dêr de geboartedei fen weisinkt yn ’e forgettene ieuwen fen âlds, en dy sa goed as de bêste syn part oan de leaven hat fen ús Fryslâns earekrans.
Saske. Scil ik dy in pantsje bysette, feint?
Studint. Nou, kom, ja, boerinne! Lit ik de mûle ’ris wiet meitsje.—En hwet scil ’k fen Dockum sizze, as ’t oankomt op it bergjen ef oanfokjen fen tige wize ljue? Ik swij fen wrâldske wysheit; ik sprek allinne fen de himelske, en den siz ik, det it Dockum is, dêr it Kristendom alderearst leard, oannomd, en foart oer hiel Fryslân útspraet is. Dêr hat Bonnefacius de groun mei syn bloed hillige: dêr hat Willehaed de bern fen de Fryske edelljue it Evangeelje leard: dêr hat Alberic wenne, dy ek yn ’t lân fen plak ta plak, fen doarp to doarp, it Heidenske gelove útroaide en it Kristelike yn ’e pleats plante.
Saske. Hwet haste ljeafst, feint? In wyt ef in read klontsje?
Studint. Kom, jow my mar i’s in read. Dat is goe’ for myn âld boarst.—Om nou noch in wirdtsje to sizzen fen de kriichstikken fen Dockum; hwet wolle jimme ljeafst? Scil ik bigjinne fen anno 1218 do se mei twa koggen it kestiel fen Damiate ynnamen, en for de oare kristenen romte makken om de Sarracenen op ’e hûd to kommen? Mar né!....
Saske. Kom, feint, stek i’s oan; dêr is piip en tobak.
Studint. Mar, né; ik scil mar i’s hwet neijer oan ús tiden delkomme. Siz my ’ris, goede minsken! do de Spanjerts.... De deuker! dêr brek ik myn piip.
Pîbe. Dat is nin byt. Helje in oaren, Gabe.
Studint. Do ’t de Spanjerts hjir to lânne troch moardzjen en barnen alles forstomd hiene, en in kik ef mik de dea wier; do allinne in heapske Wettergeuzen, dy op ’e Noardsé omswabberen, net bûge ef swichte woenen; ja do dy earme sérobben yn hjar wrakken de frijheit fen ús lân laden hienen, en by gelok de Briel ynnamen, siz my, hwerre kamen do de Fryske kapteins wei, dy mei dizze helden foeren en fochten? Hja kamen fen Dockum; it wierne twa broerren, Fokke Abels en Jan Abels, boargers fen Dockum.
Domenij. Ei, ju! Dat ha ’k noait net witten.
Studint. Hea, Domenij, wisten jy dat net? Op dy twa broerren hat Oene Zwier ommers noch dy moaije rimen yn syn Geusen makke.
Domenij. O ja, dy ken ik; mar sizz’ se mar ’ris op.
Studint. Harkje den!
Die stuurse weezens zyn twee Friezen; Eén schip is onder hun gebied. Sy kunnen niets als dat verliezen, En hebben ander erfgoed niet. De moeder ging daarvoor verpanden Haar huys, haar haav’, en hare landen; Geen ampt voor soonen was ’t begeer. “Gaat,” zeide zy met norsche woorden, “Verjaagt die wet en godsdienst stoorden, “En keerd hier, Vry! of, Nimmerweer!”
Gabe. Dy dat makke wist ho it Friezen om it hert is. Dêr sit pit yn.
Domenij. Krekt, skroarke! Dêr sit pit yn, en dêrom meije de ljue der nou net oer. De mage fen hjar hersenpanne is nou allehiel oan dat winerich en wetterich flut fen rimen forwend.
Gabe. Ik hear in belgereid. Dêr scille Rommert en hjar wêze.
Studint. Kom, ja; den gean ik foart: oars wirdt de keamer to fol.
Pîbe. Wel, my tochte, feint, dou moaste hjir to joune mar bliuwe; wy scill’ ’t nou hiel wol mei dy skipperje.
Studint. Ja, mar, myn kammeraet sit allinne thús.
Pîbe. Domenijs neef? Wel nou, helje dy, man; den hawwe wy ommers it folk wer by de ljue.
De studint gong om domenijs neef op to heljen. Undertwiske kaem Rommert mei de frouljue yn, en do it folk allegearre by honk wier, fiteren de niften fen Aldegea Gabe oan om syn teltsje út to fortellen. De skroar sei, det de skiep bihâlden to Westerein oankomd wierne, en det syn teltsje dêrmei út wier. “Né, seinen de niften fen Aldegea, dat hâldt net. Den moaste in oar. Scoestou frij? Wylst Gabe dêr mei alderlei kwinkslaggen tsjinaksele, sei Pîbomme, det er him mar i’s bitinke moast, en det Bokke ûnderwiles wol in teltsje opsnije scoe. Bokke wier de âld feint, dy alear mei in Hynlipper fluit op Nerf fearn hie, en dy ’t de nuvere staeltsjes, dy’t er as siler heard hie, noch yn ’e holle sieten. Syn teltsje bigoun sa:
“Yn ’e wâlden stoe alear in domenij, dy rju neigeande wier. Hy neamde him sels harder fen ’e gemeinte, mar de man houdde hast mear fen de wol as fen de skiep sels, en as er hjar de skjirre op ’e hûd krige, like it mear nei fillen as nei knippen. Dizze domenij hjitte Gripius, en domenij Gripius galme yn ’e tsjerke noch al folle fen ’e wirken fen ’e barmhertichheit, bynammen dy men dwaen moat oan de tsjerke en de wachters fen Syon: dêr miend’ er de domenijs mei. Ienders sleat er syn preek mei dizze wirden: “As jimme oan de minsken jild liene, jowe se jimme krap fiif goune fen it hûndert, mar al hwet jimme oan ús ljeavenhear jane, dat jowt er dûbeld werom.” De preek wier dien, it ponkje waerd troch de earmfâden lege, en sjochste wol, ûnder in pearhûndert duiten laei ek in gouden rider forsyld. “Dy preek hat fortuten dien,” rôp de dyaken, dy de rider earst yn ’t each krige, en omdet it noch noait bard wier, roun domenij mei greate feart nei hûs ta, om pastoarske dit greate nijs bikend to meitsjen. It fromme minske hearde ta syn forbazing alheel net frjemd op: mei in blier wêzen andere hja: “Den stiet jo dat goed oan? Kom, dat foldocht my, domenij! Jy hawwe sa dierber preke, det ik koe ’t net langer útstean. De rider fen beppes hie sa lang al yn ’e bûgel omtoarke, det hy moast der nou mar oan, tochte my.” “Ja, mar, de deuker, sei domenij, sa ha ’k dat net miend, wyfke. As wy sokke dingen sizze, dat is for de gemeinte en net for de pastoarskes. Foi, man! In grou rider!! Dat is ommers sa bryk as in hispel.” Mar domenij woe heech springe, hy woe leech springe, de rider wier wei en pastoarske houdde fol, det de leksoms fen ’e preekstoel yn ’e earste pleats wierne for him, dy se joech, en for syn húsgesin, om nei to dwaen. “Och! hwet bistou in sloofke!” sei er op it lêst, en helle de skouders op.
Mar dy preek dêr kaem noch in oar bollekeal fen, dat net better wier as it earste. Domenij hie do ek yn ’e tsjerke in âlde koaterboer, Ealsom wier syn namme, mei syn wiif Botsjemoi; in pear dippere, sunige ljue, mar dêr it sa hwet mei by de flotgêrzen lâns moast; hja hienen hjar brea, en ek net mear. De greatste rykdom fen de âlde minsken wier in kou, dy bloarre hjitte, en dy se mei in tou by de kanten fen de bosken en bou-ikkers lâns laetten om it beest oan ’e kost to helpjen. Do de preek út wier en hja nei hûs panderen, sei Ealsomme tsjin syn wiif: “Haste wol heard, ljea’, hwet domenij sein hat? Dat wy oan him jane, jowt ús ljeavenhear dûbeld wer. Hwet toft dy, ljea’, as wy domenij ús bloarre joegen?” Op dit wird seach Botsjemoi de âld man oan, krekt eft se sizze woe, det it him yn ’e holle slein wier. Hjar bloarre weijaen, dy hjar jinnichste treast en gewin wier; dêr hja mei praette as mei hjar eigen bern; né sa sterk wier hjar gelove net. Mar hjar tsjineameljen holp net folle; Ealsom houdde oan as in klis, en hy sei op it lêst: “Dou wiste ommers, ljea’! it bist jowt net to folle mâlke; forline jier wier it jaer der skjin ûnder wei; in kealforlizzer is ’t ek, en det se dy lytse klei ôfstaet hat makket hjar om de deuker ek net better. En hwet haww’ wy lang mei dy raspige skonken ommastere! It beest is nou oars noch al sjuch, en domenij scil der wakker mei op snjit wêze. En den twa kij werom, Botsje! Bêste meltsekij! púk, púk, sa as ús ljeavenhear se jowt.” Mei dy twa kij spegele Ealsom syn wiif sa lang yn ’e eagen, det hja op it lêst kamp joech en fen de kou ôfseach. Dêr panderen de âlde ljue mei hjar bloarre hinne; Ealsom hie it bist by it hoarntou, wylst Botsjemoi, dy de stirt houdde, heal geande, heal tritsen, efteroan skoffele. Sa kamen se by domenij oanstoaijen, dy wakker yn ’t skik wier, en de earme ljue mei in sekfol segenwinsken en in droege hals nei hûs ta stjûrde.
Studint. Sa as it sprekwird seit: Gods barmhertichheit en pape-gjirrichheit dûrje ta yn îvichheit. Amen.
Saske. Foi! sok sizzen. Hikkelje him mar i’s domenij.
Studint. Ja, mar jimme domenij der bûten.
Domenij. Dat is noch al genadich. It moat onfoech mei dy, ef it is net moai. Mei sok preekjen krigest’ noait nin birop.—Ho gong dat do fierder, Bokke?
Bokke. It bislach fen domenij Gripius wier nou helte greater wirden: hwent fen him sels hie er in mûskefeal kou, en dêr nou de bloarre fen Ealsomme by, dat wier twa. Hy hjitte dêrom de koster, dy syn boerkerij birêdde, om it bist oan sines to keppeljen, det it net weirinne scoe. Yn de earste ûre twa krige bloarre dat allehiel net yn ’t sin; hwent oan ’e wei hie se it altiten bjust’re skrok hawn, en nou kaem se yn it pasterijefintsje, dêr ticht fyn gêrs woechs; dêr friet se det se stinde. Mar do se de bealch fol hie, gong it hjar as folle ljue dy to gast west hawwe, en bitankje mei it gat oan ’e stile fen ’e doar to rossen. Bloarre waerd onwennich; hja doek, hja krong, hja skodde en dune, det de oare mei moast, se woe ef net, en sa foartwramende fleagen se op it lêst mei hjar beiden troch de hikke....
Gabe. Nei wâldmans menear, in peal mei in prikke.
Saske. Al wer op ’e wâldtsjers. Hâld dy stil, ju!
Bokke. Do se op ’e wei kamen, waerd it net better. Bloarre wraksele en skoerde noch mear, en houdde net op foar det se wer foar de âlde krebbe by Ealsom stie. Dêr bâltte se, det de glêzen der fen dinderen. Ealsom, dy krekt sûpenmoalyn siet to iten, moast i’s útkypje hwet der to dwaen wier; mar sa as hy de boppedoar iepene, lei bloarre de kevel op ’e ûnderdoar, en de âld man, dy mei ien de holle foarút treau, staette de noas tsjin de kâlde kouwetoet oan, det it sta sei. Mar do er oer ’e doar kipe en noch in fet kou oan sines keppele seach, wier it krekt eft der twa ingels út de himel foar him stiene. “Wonder! Wonder!” gûlde er sa lûd as er koe; “Hjir Botsje, ju; kom hjir! Wonder! Gau, ju! Wonder!” It âld wyfke dribbele mei saun hasten fen hjar brijpôt nei de doar ta, en frege hwet der wier. “Botsje! Kom hjir!” sei er. “Ha ’k ’t dy net sein? Sjuch, twa kij for ién. Sa giet it ús as wy oan ús ljeavenhear jowe!” Do it âld wyfke mei eigen eagen dy twa keppelde bisten seach, die se de hânnen goêmoer gear en biklonk der fen. “Nou kinste sjen, sei it minske, hwa ’t ús domenij is. Dat is in man! De suvere wierheit sprekt er; it is allegearre ta ús eigen bêst syn preekjen. Jonges! Jonges! Twa kij for ién! Dat is in man!” “Ja, ljea’, sei Ealsom, en den binne der noch fen dy rabbers dy sizze, det de man alles ta syn eigen profyt docht.”
Noait hiene dizze twa âlde stakkers sa wyt lake, as dizze joun. Mar heel komselden is ’t hjir folmakke; by hjar ek net. Hja hiene nou twa kij en koene mar ién hokje; jild om in nije stâl by to bouwen hien’ se ek net. Dat wier al slim. Yn ’t ein like ’t hjar mar bêst om de oare moarne nei Drachtster merke to reisgjen, en de bisten to forkeapjen; de kij wierne do wakkere prizich, en kâld jild wier noflik gûd; dêr koen’ se altyt for keapje hwet se woenen. Dat dienen hja, en kamen mei in fikse knoarre keabelde gounen en in luftich sin fen ’e Drachten werom.

EALSOM EN BOTSJEMOI OP WEI NEI DRACHTSTER MERKE.
Pîbe. Dat wier moai, Bokke. Domenij Gripius snei him der danich mei syn eigen kniif. Toe, Saske, nou moastou. Hwet seistou, Jieldouw? Moat moike net?
Nift Jieldouw. Ja, moike, nou moatte jy. Jou boerekofje is swiet; haboes! jou teltsje scil ek wol smeitsje.
Saske. Och, ljea’; ik kin net. Foi, né. En dêr domenij by en allegearre.
Nift Jieldouw. Domenij scil jo net opite. Toe, in teltsje moat der wêze. Oars geane wy nei Aldegea, en sizze oan heit en mem, det je stymsk binne.
Saske. Nou, as ’t den moat, den moat it.—Der wier ’ris in âld, âld wyfke; dy foun in houten skeisen; wist net hwet s’ er for keapje scoe. Op ’t lêst gong se nei merke, en koft der in baerch foar; mar de baerch woe net nei hûs ta ef moast nei hûs ta dragen wirde. Do gong it wyfke nei de houn ta, en sei: Houn, Houn! wolstou nin baerch bite? baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei de houn. Do gong se nei de stôk ta, en sei: Stôk, stôk! wolstou nin houn slaen? Houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta, ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei de stôk. Do gong se nei it fjûr ta, en sei: Fjûr, fjûr! wolstou nin stôk barne? Stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei it fjûr. Do gong se nei it wetter ta. Wetter, wetter! wolstou nin fjûr úteaze? Fjûr wol nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs, ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei it wetter. Do gong se nei de kou ta. Kou, kou! wolstou nin wetter sline? Wetter wol gjin fjûr úteaze, fjûr wol nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei de kou. Do gong it wyfke nei de line ta: Line, line! wolstou nin okse bine? Okse wol nin wetter sline, wetter wol nin fjûr úteaze, fjûr wol nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta, ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei de line. Do gong it wyfke nei de mûs ta: Mûs, mûs! wolstou nin line koaije? line wol nin okse bine, okse wol nin wetter sline, wetter wol nin fjûr úteaze, fjûr wol nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde. Né, sei de mûs. Do gong it âld wyfke nei de kat ta: Kat, kat! wolstou nin mûs fange? mûs wol nin line koaije, line wol nin okse bine, okse wol nin wetter sline, wetter wol nin fjûr úteaze, fjûr wol nin stôk barne, stôk wol nin houn slaen, houn wol nin baerch bite, baerch wol net nei hûs ta ef moat nei hûs ta dragen wirde. Ja, sei de poes, en do de kat efter de mûs, de mûs efter de line, de line efter de okse, de okse efter it wetter, it wetter efter it fjûr, it fjûr efter de stôk, de stôk efter de houn, de houn efter de baerch, en do....
De Niften fen Aldegea. En do sei it âlde wyfke fen hoarre, hoarre, en do se thús kaem wier de baerch yn ’e skûrre. Ha, ha, ha! Dêr hat beppe ús wol fyftichris mei yn ’e riften brocht.
Saske. Nou, Jieldouw trune ommers sa, en ik wit net oars. Jimme binne ek sa keken.
Domenij. Dêr laitse jimme nou om, en it is ek in berneteltsje; mar as jimm’ i’s wisten’ ho âld it is! Yn Ingelân is ’t ek; it is to lêzen yn in berneboekje, dat se dêr noch by tûzenen útjane; en de Ingelsken hawwe it meinomd, do se fen uzes útflechte binne nei Brittanje ta; dat is nou lyn, lit ’ris sjen, ampter fjirtjin hûndert jier.
Domenijs Neef. Ja, omke; ik ha ’t okkerdeis noch yn in Ingelsk berneboekje lêzen. Mar de Ingelsken haww’ it teltsje in bytsje bisnoeid; yn pleats fen nei de line, geane hja mei de okse nei de slachter, en as dy oan ’t kilemoarjen wol, fljocht it bist nei it wetter, it wetter nei ’t fjûr, en sa foart hinne.
Pîbe. Wel ljea’, dou krigeste ommers de kroane alheel wer op ’e holle.
Saske. Domenij is sa wiis, dy scil my wol helpe. Mar, boer, nou moastou; dou haste my earst oanfitere. Elts syn bar, heite.
Pîbe. Dêr kin ’k neat tsjin ha. Mar fen de baerch wolle se net sykjen hearre; en it teltsje fen ’e stiennen parrebeam scoe it net better ôfgean. Hwer scil ’k den fen?
Gabe. Heit moast mar ’ris fortelle, hwet Toon-wever ús lêsten fen syn faer sein hat.
Pîbe. Hwet mienste?
Gabe. Wit heit net? Dat fen ’t linnen.
Pîbe. Kom, ja, jonge! Dat wier sa slim net. Dou wiste altyt rie. Nou, harkje den mar.—Harmen, Toon-poep syn faer, wier in foech koaterboerke tichte by Munster, en hy weefde ’er sa’n bytsje mank. Iendris waerd hy wakker fen ’e lânhearre pleage om ’e hier, en hy hie neat om jild to meitsjen as in tritich jelne linnen, dat noch heal wiet op ’e bleek laei. Wirch fen al dat gemoan, skoerde de stakker it doek fen ’e hantsen ôf: hy rôlle it net op, mar hong it fjouwerdûbeld oer syn skouder hinne, det it him oan ’e boksen ta bingele; sa koe it ûnderweis noch hwette droegje, toft him. Sa trape er swietsjes wei nei Munster ta, do him tichte by de stêd in gaudief ynroun, dy him in rare pots spile. Dy snaek boksele him deun efter oan, naem it uterste seamke fen it linnen op, en bestte dat sa ûnder it rinnen oan syn baitsje fêst. Sa gau wierne se net yn ’e tsjustre poarte fen Munster komd, dêr in heel espel boeren stoe, ef dy skelm joech Harmen in dúst op ’e hûd, det er hals oer kop yn in smoarge goatte trûzele. Harmen stie wer op, en scoe syn linnen wer opnimme, mar dat wier wei: hy seach yn ’t roun, om en werom, mar nearne gjin linnen. Do bigoun de stakker earmhertich to kriten en to kjirmjen, myn linnen, myn linnen! De gaudief stie heel krankyl rjucht op en del nei dit spul to sjen; op it lêst sei er tsjin Harmen: Ho ropste sa lûd, feint? Hast’ dy sear fallen?” En do Harmen him forhelle, det syn linnen him ontfytmanne wier, sei dy skelm heel permantich: “Dat is ongelokkich, boerke: mar om dy de wierheit to sizzen, biste ek in slûge pôpe. Sjoch hjir, man! Hieste dien lyk as ik, en dyn linnen sa oan it baitsje beste, leau my, nin divel hie it dy ontstellen.”
De Studint. Gnap sein, Pîbom! Gnap, man! Jy hawwe in swolch fortsjinne. Bring i’s om!
Domenij. Den krigeste mei ien ek hwet, hè? Mar ja, Pîbe; jy falle my danich yn ’e hân, en Rommert mei it sa goed meitsje, forbetterje scil er ’t jo net.
Rommert. Moat ik den ek?
Domenij. De âlde ljue forhelje, en de jonge frij? Dat scoe ommers de omkearde wrâld wêze. Kom, gau, rep dy hwet! De joun wirdt ús oars to koart. Ik en Gabe moatte ek noch.
Rommert. Dêr giet it den hinne.—To Ljouwert wenne alear in âld faem fen sauntich jier, (Fetsjemoi neamden se hjar), dy moai stiif yn ’e rêch wier. Hja hie mar ién erfgenamme, en dat wier hjar broers soan, dy officier op in trijedekker wier. Hy wier al ier ten oarloch gien en swabbe meast op sé om; en om de twa ef trije jier koe er pas iendris by moike thús komme. Ungelokkich foel it âld minske, dat in goe’ sloof wier, yn hânnen fen in tutsjemoi, dy Maike Plom hjitte, en hjar it hûs fol tôge fen alderhânne snaren fen frouljue. Dit heapske pongele hjar swietsjes út, nou mei bisytsjen, den mei lotsjen en jildlienen, en der wierne al frij hwet fearren fen hjar flein, do de farrensman noch gelokkich opdaegjen kaem om der in boerdtsje foar to skutten. Dat stiek Edzer Folperda (hwent sa hjitte de séofficier) danich yn ’t krop; hy seach klear det se moike alleheel weitôge hiene, as er net yn tiids thús komd wier, en den hie hy de houn yn ’e pôt foun. Folperda laei dêrom op ’e loer, om Maike Plom in pots to bakken, dy hjar heuge scoe.
Earst fornaem er ’ris nei hjar komôf, en hearde gau det se as in foech jongfaem mei in skipper foartroun wier nei Amsterdam ta, sûnder det immen wiste hwer ’t hja stouwen ef flein wier. Einlik wier se wer opboerljen komd. Hja wenne nou yn it Ruterskertier to Ljouwert, en dêr hie se in stik ef fjouwer jonge frouljue yn hús nomd, om mei for de ljue to naeijen; hwent hja koe baeseftich mei de nidle omgean. It wirk fleach hjar by de rûs it hûs yn, mar it woe dochs nin smoar sette; hja wier fjir-s-to rynsk, en as se in skeljen fortsjinne hie, woe se graech in trijegoune útjaen. Yn hûs seach it ’er ek oerhearich út; hwent dat lyts lapke yn ’e mûle kostte sa ’n bulte, det se oan dweilen en luiwagens net folle spansearje koe. Hjar âlders wierne stoarn sont se foart west wier, en fen hjar oar folk koe nimmen oer wêze, as in broer fen hjar mem mei namme Rouke Lefferts, in húsman yn ’e súdhoek, dy neijerhân mei wiif en bern nei in oar oarde forfearn wier; hwer hinne wist nimmen net. Do Folperda dit mei folle omsnuven wys wirden wier, stelde er syn prikken yn ’t wirk, en dat die er al heel nuver.

FOLPERDA AS ALD BOER.
Op in moaije hjerstdei, det er in greate kouwemerke to Ljouwert wier, gong er nei de klean fen syn oarreheit, dy Fetsjemoi noch biwarre hie. Hy teach in wide broek oan mei in gulp, en in koart sarjes rokje mei twahûndert knopen; hy sette in hoed op mei in douweflappe, die in jildriem om ’e mil, en naem in lange stôk yn ’e hân, dy boppe mei lear en taetsen bislein wier. Mei dizze plunjes as in âld boer optakele gong er nei de hoeke fen de bargesteech, en koft in fearn Dimter koeke mei twa brette bokkens fen in tafeltsje; do gong er de kouwemerke in slach twa om, det syn skoen alheel en al kouwedong wierne, en sa taboeid stiek er de holle dûkelhalzich foarút, en trape mei in loame mâlkstap nei it Skavernek ta, krekt eft er yn ’t ien-ûre trekskip moast. Mar do er foar it hûs fen Maike Plom kaem, wier it krekt eft er wirch waerd; hy gong op ’e rollaech fen hjar stoepe sitten mei de rêch nei de finsters ta, en dêr bigoun er syn koeke en bokkens oan to sprekken. Nei de tiid wier ’t moai lij waer, en jiffrou Plom siet foar it opskoude raemt mei hjar fammen to naeijen; mar hy die eft er neat mirk. Do de biis in bytsje oan it smûzen west hie, bigoun er yn ’im sels to praten. “Fè, man!” sei er, en striek him om ’e holle, “Fê, man! Hwet binne dat dagen; hwet binne dat dagen! Dy kouwestirten hingje my in jelne ta de hals út. Sa bliid as in ingel, det ik fen ’e merke bin, en it jild yn ’e riem sit. Ho folle scoe ’k nou al by eltsoar hawwe? Wacht ’ris! For de fette bonte fyftich inkelgoune.... dy slachter hat my it hert út it liif tinge, mar Roukomm’ wier ek taei!...... fyftich inkelgoune, dat is sauntich. For de fearkou tritich goune.... Dat wier in bytsje, mar it wier ek mar in pyst.... tritich, tritich en sauntich, dat is op ’e kop hûndert goune. Dêr moat ôf it merkejild en de sûpkes.... Heare, hwet hawwe wy dy Roskam faek út en yn west, en den jimmerwei jeneverje: ik leau det wy wol twa skeljen forsûpt hawwe. Mar hwet hoeft dat ek sa op’e stirt út; dy bytsjes binn’ nin tel. Nou noch dy fluzen wol, twa skippoun tsjiis, en trije fjirders bûter. Sauntsjin en tweintich; tweintich, tweintich.... dat is saun-en-tritich; saun-en-tritich en njoggentich dat is, as Bartjes net liigt, hûndert-sauntsjin. Wacht i’s... Né, né! Dat is hondert-saun-en-tweintich.... Fê, det ik nin brok kryt ha.... Mar, de deuker! hwet hat dy bûterkeaper ek for in slok nomd!.... Dat is in naesje fen de divel; dy ploaitsje de boer fen ’e hûd hwet se kinne. O feintsje, hie ’k witten det dyn jenever sa djûr wier! Ik biloof it dy, as ik werkom scil ik oare spoennen fen dyn romer slaen.... Hûndert, en hûndert-saun-en-tweintich, dat makket....”—Mei ien gaspe Folperda de riem los, en grabbele braef mei syn hânnen yn it jild om. De fammen lústeren eft hjar lij wetter yn ’t ear getten waerd, en scoene wol útprúste ha fen laitsjen. “St, St,” flústere jiffrou Plom, “nin wird kikje. Mei dy boer kenn’ wy wille ha.” Nou, jiffrou Plom wier net foar ien gat to fangen, mar de farrensman wier ek bitûft, en hjir scoenen nou de hotte en de file oer eltsoar to gear. Hy farde al foart mei syn tellen en rekkenjen, det er hast in sekje skeljen by eltsoar hie, mar as it tsjin it ein fen de rekkening roun, den rekke er kwanskwys alheel wer yn ’e boel fortize, det er altiten wer fen ’t foaren ôf oan moaste. Dêr hien’ je den wer it âlde geëamel op syn fingers, fen tritich, en sauntich, en hûndert, en sa foart hinne. Op it lêste, do er oan syn rekkening nin kop ef stirt mear fine koe, joech er de moed glêd forlern. “Jonges! jonges!” sei er mei in swiere sike, “Hie ’k nou de dochter fen myn sister Wypk noch! Dy Maike, dat wier in snoad fanke! Hwet koe se rekkenje! Dêr siet in holle op. Hwet hie dat in oanhâld for my west nou myn wiif en berntsjes wei binne! Hja hie myn húshâldster wirden; ik hie hjar op it ein oan in flink jongkeardel holpen, en yn ’e spillen set. En dêr giet dat gek frommis hinne, en forslingert hjar: fij man! Nou sit ik hjir yn ’e wide wrâld pûr allinne.” Do er dat sei, kaem it moed him alheel fol, en mei in britsen stimme kriet er it earmhertich yn him sels út: “Maike, Maike! Och, hie ik nift Maike noch!”
Jiffrou Plom, dy skoan wiste fen opheljen as se byt hie, naem nou hjar trekken waer. Hja kaem op ’e stoepe, en tikke Folperda op it skouder. “Húsman! sei se, mei jins wolnimmen; jy binne in omke fen mines net wanlyk. Hwer binn’ je dochs fendinne?”—“Ikke, minske?” sei er, en draeide de holle forheard nei it finster ta; “Ik bin fen Hilaerd.”—“Ho hjitte jy den?” sy wer.—“Wel, jy binne in nuver minske,” andere Folperda; “sa freget men de boer de kinst ôf; jy moatte ek alles witte. Mar hwa binne jy?” (en mei ien seach er hjar stiif yn ’e eagen). “It is krekt eft jy in sister fen my út ’e mûle stapt binne.”—“Ik hjit Maike Plom,” sei se.—“Maike Plom?” frege er forheard, en stie gysten oerein, “Nou kin ’k it sa net oan. Den biste myn nicht ommers, ljea’! Ik bin Rouke Lefferts; ik bin dyn omke.” Sa as jiffrou Plom dit wird hearde, foel dy falske njirre as in sek yn eltsoar; hja gûlde sa beare mei in fyn lûd, loek it wyt foar ’e eagen, en sike stjitterich, krekt eft se de limoer hie. Hja bikaem njunkenlytsen wer, en bigoun bargetriennen as balstiennen to skriemen. “Dêr hat ús ljeavenhear den einling i’s jown,” sei se, “dêr ik him wol tûzenris om bean ha!” en mei ien foel se omke om ’e hals, en tute him op ’e mûle, op ’e noas, op ’e eagen, hwer se mar manljuesflêsk rûkte, sa det Folperda, ho mansk er oars ek wier, hast mei de boel oanhelle waerd. “Wel, ljeave!” sei er, “bistou it wrychtich den?”—“Ja, omke,” sei se, “ik bin it.”—“Och, ja, ljeave!” sei er, “Nou sjen ik it ommers sa klear as de dei. Dêr haste ommers dat selde deaplakje op it krop noch; en ommers ek dy mael oan it kin. Foi! hwet haw ik in fortriet fen dy hawn. Hwerom rounste dochs wei? Mar, kom, nin âlde kij út de sleat helje! bliid ta, detste der wer biste.”
De fammen, dy earst it raem út laeinen, flitteren nou ek al op de stoepe om, en fregene eft dy man fen jiffrous kinde wier. “Fen myn kinde?” sei se, “Fen myn sibste bloed; ús eigen omke Rouke.”—“Heare sei!” anderen de fammen, “Hwet je sizze! Omke Rouke, dêr je sa faek fen praten ha? Nou, dêr mei je wrychtich wol greatsk op wêze. Hwent as in nift lyk as jy in ear ûnder de migen is, hy is ek al sa’n kant keardel for syn jierren, nin gnapper yn ’e saun provinsjes.” Do kamen al dy frouljue en túten him ek, det it klapte. “Mar, omke!” sei jiffrou Plom. “Hwerom bliuw’ je dochs op ’e stoepe? Kom yn, man; jy scille it hawwe as in prins.” Mei ien namen twa fen dy fammen omke elts al by in hân beet, en setten him de oare hân ûnder de earm eft it in bern wier. Folperda liet him liede as in laem, en seach sa from en gol, det me yen to boarsten laitsje scoe. De twa oare fammen blaeiden him wiles efternei, en sa kaem de smite yn ’e keamer fen Maike Plom oanstoaijen.
Jiffrou Plom tochte det hjir in ryk erfpoarsje oan hinge; sy moast omke dêrom mar i’s heel sêft sette, tochte hjar. Hja lústere dêrom de faem yn ’t ear, om mei in pear nije jassen nei Jan Snotleppel[9] to gean, en dêr in pear dekaten jild op to heljen. De faem as in blits hinne en werom nei de Hearestrjitte, en brocht gau in goed hânfol jild en in flesfol annisette thús. Do aenstons wer út om bôle, prommen, spallingspek, in war einfûgels, en hwet yn in boeremage fierder bêst flije woe. Sa gau as se mei dy spillen thús wier, de fammen allegearre oan ’t wirk: de iene rûpele, en de oare grimde in fûgel; in tredde skylde parren; de fjirde púste it fjûr oan. Yn in jier wier der sa’n trelit net yn jiffrou Ploms koken west as by dizze yntochte fen Roukomme.
Underwilens siet jiffrou mei omke to pizeljen en annyske to pimpeljen, dêr se wakkere slij nei wier. En om ’ris faker to priuwen, staette hja omke algedurigen oan det er ’ris ombringe moast; mar omke, dy goe’ smarre, mar ek by syn stikken bliuwe woe, hie den altyt it leksom klear: “Ja, ja, ljea’; der forsûpe mear yn ’t bierglês as yn ’e sé.”—“Jonge, ja!” sei jiffrou Plom op it lêst, “Dêr ha’k omke noch alleheel net nei frege. Ho giet it moike dochs?”—“Och!” suchtte er do, “Moike is dea, ljea’; ús berntsjes ek. Ik haw se allegearre forlibbe. Ik bin nou allinne yn ’e wrâld en haw nimmen oerhâlden as dy. Dou biste nou myn jinnichste treast, myn dokke!” en mei ien aike er hjar om it kin.—“Heare, omke!” sei se, “Dêr skril ik fen. Allegearre to hôf brocht! Hie ’k net tocht det it op dea útdraeije scoe? Hwet haw ik fen nacht fen brilloftsjen droamd!” Mei ien rôllen hjar wer triennen as groujerten by de wangen del; hwent dy koe se taepje as in brouwer it bier, sa faek as se woe. Mar mei ien wipte der ien fen ’e fammen yn ’e keamer, dy sei: “Kom, kom! dea is dea. Dy stoarn binne lit dy op it tsjerkhôf lizze, en laitsje mei de libbene. Toe jiffrou! it iten is nôch. Drink earst ’ris; den ha jimme oan tafel triennen om to skriemen.”
Hja gongen oan tafel. Dêr siet omkoal yn al syn hearlikheit; in gastmiel foar him, en fjouwer tsjeppe frouljue oan syn griene side, dy him hast net fen de hûd ôf bliuwe koenen. Hwent dy klitsen wierne alleheel fen ’t keatting, en wisten fen oerdwealskens net hwet se dwaen scoenen. Omke sei det er noch noait sa swiet traktearre wier; it moeide him mar det nift sa’n droevigen kosten om him die, en hy helle de pong al út de foarbroek en woelle it tou mei de kaei los om hjar in dofke yn ’e hân to triuwen. “Né, omke;” sei jiffrou Plom, “as je my net lilk ha wolle, hâld je den stil fen biteljen. Ef mien’ je det it hjir om jins jild to dwaen is? Foi! for myn eigen omke scoe ’k sa’n bekfol iten net oer ha.”—“Nou, ljea!” sei Folperda, “Omke woe it dwaen út bêst. Set de pols foaral en bileaven net to fier: dou moaste him útljeppe kinne. Dy de tsjin to great nimt tommelt yn ’e sleat. Ho giet it mei de breawinning?”—“Ja, ho giet it?” sei jiffrou Plom. “Wy binne nou just net jildich; hwent, wit je, it giet tsjin it lêst fen ’t jier. En hjir to Ljouwert!.... Foi, ik mei der net om tinke, omke!.... To foaren wier ’t in eare lyk to wêzen, en tsjinwirch is men nin man fen fetsoen langer, as der nin rekkeningen rinne, dy trije jier âld binne.”—“O!” sei ien fen de fammen, “om skilden wirdt nimmen hinge.”—Mei sokke praetsjes kamen se oan ’t ein fen ’e mieltyd, en Folperda bigoun ’ris om to tinken ho’t er mei skik út it gat komme scoe, dêr er hjir ynkrûpt wier. Ut de praetsjes ûnder it iten hie er mirken, det ien fen de fammen nei iten allinne hwet to rêdden hie mei hjar naeiwirk yn it efterkeammerke, en him tochte as er dêr in healûre allinne by wier, det er de boel den wol klearje scoe. Hy sei dêrom oan nift, det er in lange en swiere dei hawn hie; det er sa wirch wier as in maits, en det er graech in lyts knipperke yn hjar efterkeammerke ha woe, foar’t er op reis gong. Aenstons spraetten se in pear stoelkjessens op ’e matten, en omke die de riem ôf, naem it jild ’er súnich út, en gong lizzen oer ’e flier sa lang as er woechsen wier. It dûrre net lang ef hy slepte, en raspte kwanskwys, det it keammerke der fen dreunde; de jongfaem kaem wiles yn ’t keammerke en pielde swietsjes mei hjar naeijen oan. Nei in healûre stoe er wer op, en gong aenstons nei foaren ta, dêr jiffrou Plom wier. “Dat stiet der bryk by, nift!” wier syn earste wird.—“Hwet is ’t den, omke?” sei hja.—“It is bryk!” hy wer; “Fordomde bryk, siz ik dy; ik doar it hast net sizze.”—“Heare, hwet is ’t den, omke?” sy wer.—“Dy faem!” sei Folperda, en hy trille der fen; “Dy faem dêr yn it efterkeammerke hat my al myn jild út de riem stellen, wylst ik laei to sliepen. Dêr is er!” En mei ien smiet er hjar de lege jildriem foar de foetten del. Hwet eagen hjir by opskoerd waerden, kinn’ jimme licht bitinke. As in pûr razene divelinne fleach jiffrou Plom nei it efterkeammerke ta, en dêr wier it earste wird: “Dief! It jild werom!”—De jongfaem skrikte, en frege forheard, hwet jild?—“Fen ús omke, flarde!” sei jiffrou Plom, “Né, dou wist’ it net, hè? Mar ik scil ’t oanbringe dêr it heart; ik scil dy yn in gat sette, dêr sinne noch moanne dy biskine kin. Hwet mei dy man wol tinke? Det er by pompierblazers is?”—“En hwet is Maike Plom oars as in pompierblazer?” frege de jongfaem, en sette de hânnen yn ’e side; “Praet’ jy fen stellen? Fen dief? It is in dief dy’t seit. Fordomd! dêr jy de mûle hâlde moatte, kin ik myn earen skodzje det se klappe. Ik haw Fetsjemoi noait net op ’e bûse libbe.” Op dit wird bigoun jiffrou Plom to skombekjen en to tieren, det de oare naeifammen der ek op ta fleagen, en fregen hwet der to dwaen wier. Nou wierne al dy jonge frouljue eft se ûnder de hoantsen útbret wierne, en de wirkfaem wier al sa’n bekstik. Dêrom do de iene de partij opnaem fen jiffrou Plom, en de oare fen hjar naeifaem, tsjitten en skolden se troch inoar, det de iene de oare net forstean koe, en it dûrre koart, ef sy kamen fen wirden ta bruijen. Yn in omsjen fleagen de mûtsen en earizers troch ’e keamer; de hierren stauwen wech en wear eft der in partij katten oan ’t plokhierjen wierne; de pannen skaeiden se fen ’e tafel, det se yn ’e stikken en stallen omtrapen, en by dit alles kraeiden en moarten dy seis frouljue troch inoar det bûrren en oerbûrren it hearre koenen. Under it geraes fen dit helske muzyk glûpte omke stilkes de doar út, en hy kaem noait wer.
Gabe. Ut is ’t! Dat swiet iten en drinken by jiffrou Plom byt my de kiel út; kom, mem, smar my in byt bôle, en bring i’s om.
Saske. Dêr bin ’k nin houn fen, heite. Mar den moastou to set. Dou haste ús jisterjoune sa sneu ôfsâlten.
Nift Jieldouw. Krekt, moike. En as er ’t net docht, scille wy him mei spantouwen op ’e stoel bine; en net los, ef earst in teltsje.
Gabe. Ja, mar Jieldouw, ik bin krekt as de Jeuden. Ik kin net prate as my de hânnen boun binne.
Nift Jieldouw. Toe, toe, bigjin mar!
Gabe. Yn ’e gasthússteech to Frentsjer wenne alear in jong keardel, dy Keimpe hjitte; hy wier net troud, mar hie in sister ta húshâldster, dy in set jonger wier as hy, in flink jongfaem, mei namme Saepke. Hy wier keapman, en die for dy tiden in greate negoasje yn stopjern, side en sok spil, bynamme op Grins en Imbden, dêr er alle jierren mei syn keappenskip hinne ried. Ienders op ’e thúsreis út dy oarden mette him by de Birgumer heide in trop dieven, dy him alheel útstrûpten, en noch bont en blau ta sloegen. Hja ontstielen him wol trije tûzen goune oan kâld jild, en al syn goedtsje.
Dêr kaem Keimpe wer yn Frentsjer sa earm as in swel. Mei in lyts pakje ûnder de earmen stapte er by syn sister yn ’e keamer, liet hjar de bûden en plakken sjen, dy se him slein hiene, en forhelle hjar syn hele ûngelok. Do er dien hie, bigoun de jongfaem bitter to kriten; mar it meilijen mei syn ûngelok makke de ljeafde for hjar broer noch greater, en hja naem fêst foar hjar, om him, dy hjar út de romte ûnderhâlden hie, yn ’e krapte net to forlitten. It slimste wier om de handel sa hwet oan ’e gong to hâlden. Jild to lienen, dêr siet hjar beiden it Fryske hert to heech ta; djipper as immen fielden sy de wierheit fen it sprekwird, dy witte wol ho folle in goune jildt, moat ien liene. Saepke forkoft dêrom ljeaver hjar gouden’ kroantsjes en fingerringen, hjar bras en kralen, hjar potstikken en silveren koppen, ta de silveren riem fen hjar beppe ta, om Keimpe wer in bytsje jild om ’e hânnen to jaen. Mar nou sa neaken yn Frentsjer om to heukerjen, dêr se altyt as in deftich boargers dochter forkeard hie, dat wier in hird gelach. Hja wier sa krigel as in bij; en, o! it hie der altiten sa kreas bystien. Hja leinen it dêrom mei eltsoar oer eft it net bêst wier det se nei Grins teinen; dêr koe sa to sizzen nimmen hjar, en hja koenen der hjar bihelpe sa’t se woenen, sûnder hjar for immen to skamjen. Dat scoe den ek earstdeis oangean; mar foarôf barde der hwet, dat ik jimme eigentlik forhelje woe. It is kluftich en ôfgryslik tagelyk.
De gasthússteech, dêr hja wennen, hie syn namme fen in gasthûs, dat der yn stie, mei in lytse tsjerke der neist. Yn it gasthûs wennen alderlei âlde en gebreklike ljue, dy net goed mear for hjar sels wierne; ek waerd der wol ’ris in siik reisger yn opnomd, dy to Frentsjer stykjen bleau. Dizze minsken mei al de frouljue en oppassers, dy dêr de boel gnap houdden, makken mei eltsoar in hiele beijert út, dy tûzenen yn it jier kostte; mar der wierne ek rju boerepleatsen en grounpachten ûnder, dêr in foarnaem hear, Lubbert Skrok, it ynkommen fen stjûrde. Dy man wenne dêr ek yn ’t gasthûs, en hie in stik ef trije fen de moaiste keamers for him sels. Hja neamden him de proast fen ’t gasthûs; hy libbe as in banjer, en de gasthûsljue litten ek nin honger, mar syn fingerseinen wierne dochs fiersto lang om him sels net earst to biskaeijen. Alle boeren brochten him jierliks in kynsen twa bûter, ek wol aeijen, tsjiis, ljirre, bjist, en al hwet de tiid sa sei; dat hjitte út frjeonskip, mar it wier egenlik, omdet se oars ophyst ef fen ’e pleats jage waerden. Mar dy hear proast hie noch mear ljeafhabberij as yn it jild fen it gasthús: hy hie ek sin oan oarremans frouljue, en bynammen oan jonge, prûze fammen sa as Saepke wier. De âld keardel wier sa hjit as in holder! Hja wenne twa huzen fen it gasthûs ôf en hy somme dêrom net om hjar nou en den hwet swiete parren ef moaije dûkemartens út it gasthûshôf to stjûren. Dat barde meast as Keimpe út wier, en den kaem er sels wol ’ris om in jounpraetsje to hâlden, dat him net folle mislearre; hwent hja wier wakkere húsk. Tsjinwirch kaem er noch faker, kwanskwys om hjar yn it ûngelok to treasten, en dêr er hjar goed, toft’ er, yn ’t forstân hie det it allegeare suvere frjeonskip mei him wier, wier it nou de goudene ûre nei syn gedachten om in tige raem to dwaen. Krapte fen jild, miende er, scoe by it frommis wol swierder weage as hjar earlikens. Hy stjûrde den in âlde fekke út it gasthûs.... hwent dêr de divel sels net komme doar stjûrt er in âld wiif hinne.
Domenij. Tink om dyn mem, heite!
Gabe. It is ek sa. Mar it is der út, domenij.—Nou, hear Lubbert stjûrde om de skoat fen middei in gasthúswyfke nei Saepke ta, dy hjar sei det de proast hwet útfoun hie om hjar út de jildpine to helpen, mar det er it for nin minske, ek for hjar broer net witte woe. De lofterhân moast net witte hwet de rjuchter die. Hja moast dêrom nachts to toalf ûre mar yn ’e tún komme; den scoe er oer it stek komme en alles mei hjar forprate; hwent jimme moatte witte, det Keimpe-en-hjar tún en dy fen ’t gasthús oan eltsoar skeaten. Saepke rûkte gau hwer dy barmhertichheit hinne woe, mar naem it lykwol in healûre op hjar birie, en sei it âld wiif det se den werkomme moast om biskie to heljen. Sa gau it âld fel foart wier, sei Saepk oan hjar broer hwet der geande wier, dy op it hearren fen dit stik yngrimmitich waerd. Dieven hiene him earm makke; in rike man woe him ek noch to skande meitsje! “As in goe’ Fries”, en hy stiek de fûst foarút wylst er dit sei, “As in goe’ Fries fei ik in earm man de skoen ôf; mar wé de greaten! Ik trape se ljeaver saun foet yn ’e ierde, foar ’t ik dêr in swart opsicht fen fordroech. Ik scil dy rike stjonkert omgean; dat biloof ik him!” Mei ien hjitte er Saepk om proast Lubbert sizze to litten, det se komme woe; hy scoe wol oppasse det hjar nin kwea oerkaem.
It klokje fen de gasthûskapelle sloech toalf ûre, do Keimpe sei: “It is hynstemiddei; Saepk! nei de proast ta.” Saepk gong nei efteren yn de tún, dêr omkoal al klear stie om mei in ljedder oer it stek to kladderjen. Hy kleau oer. It wier ierdetsjuster en alleman to Frentsjer yn ’e rêst. Proast Lubbert, dy miende det er fen nimmen aen hie, treau syn ljeafste tweintich goudene fûgels yn ’e hân, en hy aeide en flaeide ûnderwiles det it sa hwet die. Mar mei in wip wier Keimpe der ek by, en joech de âlde punthoun in trewinkel, det er mei syn grouwe hûd yn ’e beibeammen trûzele, en dêr in skop twa boppe op, dy der net om liigden; hwent it wier in drege keardel, dy Keimpe. Lubbert sei kik noch mik, en bleau lizzen as in stien. “Dat komt to bot oan,” skrilde Saepk. “Dat koe wol wêze,” sei Keimpe; “yn ’t tsjuster is ’t knoffelwirk. Wacht, ik scil de lantearne helje.” Hy kaem mei de lantearne om dit spil to biljochtsjen, en sjuchste wol, Lubbert diene de kiezzen net mear sear. De skop wier yn de sliep fen ’t haed komd; hy wier dea, kroandea, kin ’k jo sizze.
Nift Jieldouw. Dêr ha je it al wer! Ivich hastou it fen moardzjen.
Gabe. Nou, oars wolle jimme der ommers net nei harkje. Alle lietsjesjongers rinste altiten foarby, mar as der ien stiet mei in skilderij, dêr faer en moer mei al it folk op formoarde wirde, den stietste to lústerjen, efste mei it gat yn lije mâlke sitste. Kom, mem bring i’s om for ’e skrik.
Nift Jieldouw. Ja, for ’e skrik! It scil wol in slachterij wirde. Toe, lit mar ’ris harkje.
Gabe. Nou, Lubbert wier dea. Dêr wier goede rie djûre waer! Dat scoe der net bêst mei hjar bystean, as it gerjucht de oare moarne it lyk yn hjar tún foun. Dit joech hjar sa’n onjowliken eangstme, det hiene de poartedoarren fen Frentsjer do al útheakke west, hja hien’ der útflein sa fier as hja lân fine koene. Mar de need, de hege need learde hjir bidden. Keimpe liet it lyk oer it stek yn it gasthúshôf tommelje, tôge it forfolgens yn de gelderij fen ’t gasthús, dy er mei de kaei, dy yn Lubberts bûse stike, iepen die, en hjir sette er de proast tsjin de gongsdoar op, sa fier as in slop lyk oerein sitte kin. Dêrmei mienden Keimpe en Saepke det it ding alheel yn ’e klinken wier en sloepen stilkes nei bêd ta. Ungelokkich hie de faer fen it gasthús, dy ticht oan de gelderij slepte, dêr geruchte fen fornomd. Hy strûpte flink hwet klean oan, en do nei de gongsdoar ta, dêr deade Lubbert fen bûten tsjin oan line. Mei feart fierde er de doar iepen, en, plof! dêr laei Lubbert, de faer hals oer kop oer him hinne. De faer fleach wer op, en helle ljocht. Mar ho forheard seach de man, det de proast dêr foar him laei, dea as in stien. Do aenstons tûzen gedachten ho’t dat komd wier. Hy hie dy doar mei sa’n evels gewelt opstaet; wit eft Lubbert, dy wol ’ris mei de dongwein op ’e rin wier, der net krekt foar stien hie om wer to bêd to gean. Sa’n swiere doar mei izeren rongen liigde der net om! Mar dat noch slimmer wier, dy selde moarne hie er ’t noch mei de proast oan ien ein hawn, en dy hie him útmakke det er nin turf heech wier; alle âlde wiven hienen dêr de earen fen opstitsen. Scoene se net sizze det hy de proast formoarde hie? De faer seach it lyk noch ’ris oan, kearde it om en om, mar op it lêst skodde er de holle en sei yn him sels: “Dou laeiste dêr al mei dyn bilitsene mûle, feintsje; mar hjir kinste net bliuwe; der út moaste, en der út scilste. Mar hwer scoe er yn ’t holst’ fen ’e nacht mei sa’n lyk hinne? Dêr kaem him hwet yn ’t sin! De hiele boerren wiste det de proast in bulte smuchte op Saepk hie; de gasthûs-wyfkes hiene al rabbe, det it breed wirk mei hjar beiden wier, en det hjar broer de proast wikt hie, om noait wer yn syn doar to kommen. “De deale!” tocht de faer yn him sels, “Ik scil myn baes op Saepk en hjarre stoepe bringe; den scille se sizze det Keimpe him moffele hat.” Mei in rep tôge de faer it lyk nei foaren op ’e strjitte en lei it foar Saepk en hjarres del; do die er mei de fûst in hirde bons op ’e doar, en kroep gau wer yn de fearren.
“Heare! hwet is dat?” rôp Saepk, en fleach kel oerein, “Scoene wy forklapt wêze? Keimpe! der gau ôf; sjen ’ris.” Keimpe laei yn d’ oare keamer, mar dy wier al sa wach en skrutel as sy; hwent it wier der binnen mei hjar beiden net suver. Keimpe sprong fen ’t bêd ôf, en sy him op hoasfoetlingen efternei nei foaren ta: mar do se dêr it lyk wer foar hjar doar founen, tochten se net oars as det de divel Lubbert werom brocht hie om hjar beiden oan ’e galge to helpen. Dit woe Saepk de kweade lykwol bilette! Hja joech dêrom in briefke oan hjar broer, dêr it earste fêrs út it Evangeelje fen Johannes yn skreaun stie mei saun krusen der ûnder. Mei dit briefke yn ’e mouwe krige Keimpe wer in riem ûnder it hert, en naem de proast for de twade kear op it skouder om him hjir ef dêr del to lizzen. Sa hie er it lyk moai tsjien huzen fier tôge, do er in skimke fen de dongbult fen de gasthûsboer yn ’t each krige. “Dêr is dyn grêf, frjeon!” sei Keimpe yn him sels, en liet de proast slirkje. De gripe stie gelokkich noch by de rúskerne, en Keimpe aenstons oan it dollen; mar hy hie noch nin djippe dobbe makke ef hy staette op in greate sek mei gûd. Hy fielde ’ris, mar it wier nin graen ef jild, ef sok spil; it like earder flêsk to wêzen. Hy sette him skrep om de boel der út to lûken, en skoerde sa fûlbandich, det er de sek op ’e dong krige. Nou fielde er klear det der kop en poaten oan sieten. “Hwet divel, nou!” sei Keimpe yn him sels, “Scoene se noch in proast dea bruid hawwe?” Mei ien makke er de sek op, en seach ta syn greate forbaesdheit det der in fet slachte baerch yn siet. “Kom!” sei Keimpe, “Dat is gûl om goarre! Wy scill’ i’s mei jimme omroalje, feinten!” en hy naem de baerch út de sek, en liet ’er Lubbert for yn ’e pleats glide: sa smiet er him yn it gat, die der wer hwet dong op, en gong mei de baerch opstriken nei Saepke ta.
Mar nou scille jimme freegje ho’t dy baerch dêr yn ’e rúskerne kaem? Wel, de gasthûsboer hie dy deis krekt syn sûch slachte en yn ’e skûrre ophinge; yn ’e jountiid hiene twa dieven him der weitaekt, mar om ’t der dy do noch to folle skiere iel roun om him yn ’e stêd op to sjouwen, hien’ se him sa lang yn ’e dongbult bidobbe; djip yn ’e nacht, as al it folk fen kant wier, scoene se him der wer úthelje. Underwiles wierne se nei in húske fen hâldoan gien ûnder by it bolwirk, dêr hja braef fen de Haerlemmer tape dronken op de gesontheit fen ’e gasthûsboer. Dat wier al in rare kasie! Dêr hien’ je in oansit fen alderhânne skoarremoarje: in bakker, dy troch ’e oun flein wier; in pear dweilen ef hearefeinten, dy de gleone stripen fen hjar slavernij op ’e hoed droegen, en der noch greatsk op ta wierne; ek twa opsichters, dy hjar eigen jild forslampampe hiene, en nou op dat fen stêd en lân passe moasten; fierder in boargerssoan, dy der kaem om it sûr fortsjinne stûrke fen syn faer to fordobbeljen; den noch de twa bargedieven, en in snaek dy tsjien jier yn ’t tichthûs west hie. As se dy man fregene hwerom ’t er sa lang sitten hie, andere er altyd: “om it gelove”, en as se him den fregene, hwet gelove er hie: “Ik leaude, sei er, det in oarremans mines wier, en dêr wierne dy dealske hearen fen ’t gerjucht sa prot oer, det se my gisele en brânmerke hawwe, en dêr noch tsjien jier lang dweilen, op ’e keap ta, by weve lieten.
Al dizze snaken sûpten dêr yn dy gribus as mûzen. Al oan en oan hearde men dêr it wird: “Kom, litte wy it bern in bekje jaen! It is better it jild as de man fordrinsen;” en den gongen de romers en glêzen wer klinkklank gloria, lustich yn ’t roun. Dit dûrre sa lang det yn ’t ein it jild op wier en it kredyt der by, en do gong it hjar as alle seupelaers, det de iene nei de oare bigoun to kleijen det er lardich waerd. Hja hiene al hwet droege stuten ynskobbe; en it wier nou komd oan in krouske greauwen en in nuske hirde ljirre, dy’t de kastelein to bêste jown hie. Mar do dat ek op wier, stie der ien fen de bargedieven op en sei: “Kom, mannen! den scil ik jimme i’s traktearje op spallingspek; hingje de tsjettel mar oer;” en mei ien gong er mei syn kammeraet nei de rúskerne ta om de baerch to heljen. Do se mei dat sekfol gûd yn hûs setten kamen, stie it hele selskip forwondere fen sa’n skoan bûk flêsk. “Dat is in prefester!” rôpen se allegearre, “Ik doar wedzje det er tachtich poun siden hat.” Nou mei alle man to wirk! Hjir wier ien dy hwet mot en spoennen by eltsoar skrabe; dêr stoe ien to mêsslypjen; in oar helle wetter ef fitere it fjûr oan. De faem, in grou Bilfrommis, sa breed as in barte, waerd ûnderwiles sa nijsgjirch, ho ’t dy baerch der útseach, det se it hast net langer útstean koe. Hja woelle den it bantsje fen de sekkehals sunichkes los, wipte de sek by de ûnderste tippen op ’e kop, en skodde it beest der út. Plof! dêr laei deade Lubbert foar hjar foetten op ’e flier! De faem die in ôfgryslike gjalp; de seupelbroers, yn ienen stom, waerden bleek as in wytling; de kroechhâlder, in onbisnoeide feint, stelde him oan as in hôfhoun, omdet er miende det dit op syn lân waeije scoe. Hy woe by alle heiligen witte, hwa’t hjir de moardner wier. “Moarde?” sei ien fen de bargedieven. “Né, man! Dat hat hjir nin pleats. Wolste krekt witte ho ’t sit? Joukeboer hat hjoed slachte; wy hawwe syn baerch kaept, en de divel, om ús de nekke to brekken, hat him yn de proast fen it gasthûs foroare. Mar hâld dou dy mar stil; baes! Der scil dy neat fen oerkomme. It beest heart oan Joukeboer, en Joukeboer scil it ek wer ha. It scoe my grize, det de man in fear to koart kaem.” Yn in amerij tôgen se Lubbert nei de skûrre fen de gasthúsboer ta, en dêr hingen se him op oan itselde bynt en itselde tou dêr se de baerch ôfsnien hiene. Dit ien en oar joech sa folle gedrús út, det Joukomme, dy tichte oan it heafek slepte, en noch al wach wier, wekker waerd en premomsje krige det der altomets ljeafhabbers om syn baerch wierne. Sûnder him tiid to dwaen om ienders hoazzen oan to toljen gong er yn ’t neaken himd nei de skûrre ta, om ’ris to fielen eft de sûch der noch hinge. Hy taestte en taestte al, en foun wol minske-, mar nin bargefoetten, en dat it tsjoedste wier, it tou, dat for dit nije slachtbeest to swak like, briek stikken, sa, man, det deade Lubbert boppe op Joukomme plofte, en him ûnder in skansloper, dy er noch oan hie, biflapte. Dêr laei de âld boer, gûle en moartsje nin brek, krekt eft de kweade yn de hel him ûnder hie. Syn wiif, syn bern, de feint, de faem, de houn, it fleach alles nei de skûrre ta. Bigryp nou ’ris ho forheard dy minsken seagen, do se Joukomme dêr neaken ûnder de deade proast fen it gasthûs founen. Oan dat ding koen’ se kop noch stirt fine! Hja fregen al, mar koenen nin útslútsel krije. Mei dit gefal wierne se danich yn omslach, en stienen lang yn bistân hwet hjir to dwaen; mar do ’t alles omkomd wier, wier foart, tocht hjar, de baes. De proast moast der út, it gong sa ’t gie; it gerjucht scoe oars miene det hja him deabruid hiene; hwent jisterjoune hie er der noch west om bûter to bistellen, en de boer hie rju mei him hakketearre oer ’e jilding. Mar ho krigen se him der út? It roun tsjin healwei fiven en it bigoun al to skimerjen; him fier to toaijen koe net. De feint fen Joukeboer, in fornimstige jongkeardel fen Herbayum, wier de jinnichste, dy hjir rie wiste, en hjar allegearre út de pikel holp. Hja hiene dêr in moai trinten hynzer op stâl, dat sa to sizzen nin slach noch dien hie. Ienders hien’ se ’t yn de beage foar de haiwein slein, mar it wier sa weinfljochtich, det se ’t stake moasten. Om koart to gean, it wier in fjûrskiter! Dit helle de feint fen stâl, lei der in seal op, en dêr hyste er deade Lubbert mei touwen op fêst, det de boel forwege noch forwrikke koe, ho det it ek fleach en slingere; do boun er him noch de teugels mei in pytske yn ’e hannen fêst, det de proast, hied er in bytsje stiver yn ’e rêch west, hast sa kreas siet as in ruter. Sa gau as dat spil allegearre klear wier, waerden de skûrdoarren iepensmiten, en mei ien joech de feint it hynzer in ûngenadige slach mei de swipe op it gat, det it beest as in reek de stâl útstau de gasthússteech op. Yn it selde eagenblik fleach de boer mei wiif en bern, mei feint en faem de doar út, en gûlden allegearre sa hird as se koenen: “Hâld! Hâld! Minsken, hâld! De proast is op ’e rin!” It wier in bytsje foar fiven, det de ambachtsljue krekt nei it wirk gongen, en yn in amerijtiid hien’ je yn en om de gasthússteech in hûndert minsken op ’e proppen, om it hynzer to kearen. Mar hwet hja mear gûlden en kearden hwet dat beest gleoner en skrutelder waerd. It giuwde der op it lêst sa mâl troch, det elts wol graech romte meitsje woe. Dat wier op in g’lop stritte yn strjitte út, piip op piip del, en krekt eft it spil sprekke moast, do it hynzer heal Frentsjer sa trochflein wier, kaem it op it lêst yn ’e gasthússteech wer to lânne. De gasthúsmantsjes en wyfkes hiene ek fen it mirakel heard; hja wierne dêrom allegearre al yn ’t spier, en stiene yn ef foar de doar om út to kypjen. Mar sa gau as hjar patroan op syn hirddraver de hoeke fen ’e steech omdraeide, en elts gûlde: “Romte mannen!” stau dit hele heapske yn hús, en hja kjirmen, allegearre: “Bergje jimme! Us hear proast is gek wirden! Minsken, bergje jimme!” Fjouwer timmerfeinten lykwol bleauwen op it mids fen ’e strjitte stean om it beest ta stean to krijen, en dy klapten yn ’e hannen en gûlden sa dierber, det it hynzer omswong, en de gasthúsdoar, dy wiid en waech iepen stie, ynfleach. Dat wier mei koegelsfeart de wide gong lâns, it gasthúshôf yn, dwers troch beibeammen en snijbeantsjes hinne, en do it dêr in slach twa yn omdraefd hie, scoe der in raem dien wirde om de doar wer út to kommen. Mar ongelokkich trof it hynzer yn syn rin in plak, dêr in djippe kûle for in saed fen it gasthús dold waerd, en dêr tommele it hals oer kop yn. It beest kaem op ’e rêch to lânne, en dêr Lubbert dûbelde hals ûnder, det de touwen, dêr er mei fêst siet, fen de fal losboarstten. Nou hellen de gasthúsljue geld en wyld op om it ûngelok fen hjar hear proast to sjen, en hja seinen allegearre det de man it yn ’e holle slein wier, en det dy fal him de dea dien hie.
Domenij. Hwet tinkt je dêr fen, boer?
Pîbe. Lean nei wirken. De keardel scoe yn syn eigen hôf bleaun hawwe.
Saske. Ik wit net; dea is sa mâl. En den noch mei sa’n lyk sa ommoardzje. Fê! It scoe yen grize.
Gabe. It wier better, mem, det de proast it ierdryk bidonge, as det er it gasthús bistiel en jonge frouljue bidoar. Mar kom; hwet oars. Domenij! nou moat jou neef.
Domenij. Hat dy jisterjoune net?
Gabe. Ja, Domenij; mar dêr for hat er mei Jieldouw koartegearre. Dat is lyk.
Domenij. Kom, feint! den mar op ’e proppen.
Domenijs Neef. Yn it jier fen 1690 learde der in studint to Grins ta Dokter, dy fen Dockum fendinne wier. It wier in nuvere feint; fiten útrjochtsje wier syn nocht, en fen biizjen hinge er gear. Do de greate fekansje oankaem, scoe er wer nei heit en mem ta; mar it wier him dat jier goeman to Grins gien as de measte fen ús foltsen, hy hie net oergarre; as er syn pong tsjin ’e wyn smiet scoe er net fier fleane, en by it eintsje-sluten wier der yn nin bûse fen fesje, bokse ef rôk in stûr mear to finen. Dos steande op kâlde foetten wier er dochs to edelmoedich om in oar to soebadden om jild to lien, en hy bigriep om mar op ’e bonne foi ôf nei Dockum to kuijerjen. Mar in kammeraet, dy dokter yn ’e rjuchten wirden wier, en de joune to foaren in trop studinten traktearre hie, forlette him hwet; ek wier it dy deis to brodzich om hird to rinnen, en hy brocht it oan ’e joun net fierder as oan Burum ta. It wier healwei njoggenen; hy hie de skoen út ’e liken roun, en wier sa wirch as in maeits; dêrby bâltte er fen honger, en jild om yn ’e herberge to gean hie er net. Hy gong dêrom nei in boerehûs, dat in eintsje fen ’e wei ôf laei. Hy kloppe oan en in himmel wiif die op, dy him frege, hwet er hawwe woe. “Hy woe de piip wol ’ris oanstekke”; nou dat koe wol lokke. De studint pypke i’s oan, en makke in swiet praetsje. Underwiles kaem de faem yn mei in great krintebôle, dy se yn ’e spine lei; in amerij dêrnei kaem de feint ek mei in braskoerke, dêr twa flessen brandewyn útkamen, dy er yn in kaske ûnder it bêd sette, en do sloep er wer foart sa hoeden’ as in skjirkert; daelk kaem de faem ek wer, dy nou in pûde mei rezinen en in poun klontsjes hie, dy de boerinne yn it sûkerdjear útskodde. Yn ’e hirdsherne stie in holpanne mei beu to meuken, en oer it fjûr hinge in skinke to sieden, dy soms mei de hakke boppe bobbele, en de studint de kiel útbiet. Earst miend’ er det de ongetiders it margemiel hawwe scoenen, en tocht’ yn him sels, kom, dat reits ik yn it lid. Mar dêrmei kaem der in snaek yn, dy him gau yn oare gedachten brochte. Dy keardel hie in rounbollich breedskaed hoedtsje op, dêr twa swarte linten by del hongen; om ’e hals droech er neat as in smel himdeopsetsel mei mûzetosk, dêr in pear silveren knopen yn sieten. Den hie er in grouwollen baitsje oan; syn blauwe ûnderbroek protte by de knibbels ûnder de boppebokse wei, en wier yn ’e hoksen fêstboun mei blauwe strûpen, dy him by syn piper-en-sâlten hoazzen del biggelen. Dêrby hie er útsneine skoen oan mei in pear útplatte silveren gaspen der op.—Ken ’k dy, ef ken ik dy net? frege de studint yn him sels, en ja wol, man, hy hie him mear sjoen: it wier in kompenijster, Oeble Fluem, dy alear wol i’s by syn âlders oan ’e doar kaem mei heidebjizzems, riskepitten en sokke snypsnaren. Neijerhân wier er bigoun to oefenjen; ek koe er in bytsje wiersizze, nei it ding him oanjoech; en meast roun er by ienfâldige wyfkes, dy him it liif fol iten en de bûse fol jild treauwen. De boer hie freeslik it grou op him, en hie him al ienders fen it hiem reage; mar syn wiif, dy oan tsjoenen en spoeken leaude, en dêr in bytsje mank fimele, houdde him for in hillich man. Ek koe er de line sa moai om ’e reak skeare, det se, alheel mei him ynnomd, net wist hwet goed eft se him dwaen scoe. De boer wier nou twa dagen nei Holwerter merke ta, en it wiif, dat den hjar trekken waernaem, hie Oeble de knik jown om aenstons oer to kommen. En dêr siet er nou al yn syn bladeren, de piip yn ’e hân, en in sûpke brandewyn mei sûker foar him. “It is hjoed den bjustere myld, boerinne!” sei er heel teamich en fliensk. “Ik ha siker switten as in oandrager.”—“Dêr hie ’k al gedachten fen,” sei de boerinne, “en dêrom hie ’k it slokje al klear. Kom, drink i’s, Oeble. It is goe’ for it swit yn to druijen.”—“Ik winskje jo de segen fen de Heare!” sei Oeble, en stiek de hele romer út.—“Dy bin ’k wol nedich, Oeble!” sei de boerinne: “Ik tankje jo. Men kin mei dy myldens nin helm yn ’e bûter krije, al is ’t noch sa.”—“Foi, sok sizzen, boerinne!” sei Oeble wer, “Jou bûter stiet ommers as in peal; de oare boerinnen mochten wol wolle, det se dat sa koenen as jy. Mar de waermte scil net lang dûrje, ljea’! De waerlamkes hawwe hjoed sa blettere, der scil wol gau noardewyn op komme. Hwa is dy jongfeint? Dat is siker fen jins folk.”—“Né, sei de boerinne, dy man stekt hjir de piip mar ’ris op.”—“Ik bin fen Grins, sei do de studint, “en scoe nei Dockum ta; mar ik bin hjir binachte. De boerinne scil my wol in lyts herntsje yn hûs ynskewiele.” Op dit wird bigoun it wiif to sjen as in ûl. Né, dat wier fierwei mis; sy koe him net bêdzje. “Nou, den yn ’t hea,” sei de studint.—“Foi né! sei se, de boer is om utens en ik scoe frjemd folk ynnimme. Dêr kin nin byt fen komme. Ik wol dy ljeaver in reispenje jaen.” En mei ien die se de hân yn de bûgel en joech him in stûr, eft it in nachtbidler wier. De studint, dy seach det syn hoanne hjir net brette, gong foart, en stie al op ’e drompel, do er noch i’s omdraeide, en tsjin de boerinne sei: “Mar myn ljeave minske! jow my den alteas in wébyt, as ’t jo b’ljeaft. Ik ha de hele dei roun.”—“dat de kou skyt is dines!” sei de faem, joech him in homp, en flapte de doar efter him ta. De studint wier oars net gau forbûke; mar dit wier him slimmernôch. Hy tochte aenstons om de forlerne soan. Mistreastich wiek er fen ’t hiem ôf, en gong yn ’e ûnderwâl fen ’t leantsje sitten, lynjende mei it kin tsjin syn gongelstokje oan. Mar net lang hie er dêr sitten, ef in boer op in hynzer, dat in lepsen moal om ’e nekke hie, kaem it leantsje op draven. De boer bikipe de studint earst ris (it skimere al hwet) en do-’t-er seach det er noch al moai gnap yn ’e klean wier, frege er him: “Drigeste nei Kollum, feint?”—“Né, ik moat hjir bliuwe”, sei de studint.—“Dêrre?” frege de boer, “dat is sa mâl. Hwerom gieste net nei dat boerehûs ta?”—“Dêr haw ik al west, sei de studint, mar dêr bin ik hosk. De faem hat my de doar útstompt.”—“Wel, dat is nuver wirk! sei de boer. Kom, den moat ik it i’s bisiikje. Gean dou mar i’s mei my, feint.” Gelokkich wier dat de boer sels, dy in dei earder thús kaem as er sein hie. Underweis en to Holwert hie er frij hwet fen it bierke preaun, det er in wakker luftich sin en in rynske boi hie. Hy stapte mei de studint op it hiem, en scoe rimpen de doarsklink omdraeije; mar mis wier ’t; de doar siet op skoattel. It wiif, dat earst i’s efter it girdyntsje nei bûten glûpe, wier wakker yn ’t gat bibiten, do’t hja de boer seach. “Gean gau op ’e golle yn ’t hea!” sei se tsjin Oeble. “Ik scil sjen det ’k de boer to bêd krij, en den scil ik jo útlitte. Gau, myn ljeave man! Hy slacht jo oars dea.” Do nou Oeble biskûl en al it iten berge wier, die hja de doar op, en de boer mei de studint kaem yn. “Toe, heite, gean sitten,” sei de hûsman, “Al binn’ wy boeren, wy hâlde dêrom wol fen nijs en selskip. Kom, memke, hwet haste for ús to bikken?”—“Neat! sei it wiif, “ik tochte det je fen nacht útbleauw’ne, lyk as je seinen: nou ha ’k neat klear.”—“Ik wier sa ier slachs, sei de boer, det ik koe mei ién dei ta; hwerom scoe ’k twa útbliuwe? En it is ek goed det ’k hjir bin; hwent oars hie dy jongfeint net ûnderkomd. Mar, neat! neat! dat is sa’n bytsje, ljea’! dat is genôch yn ’t each.”—“Ik kin him wol in brogge klieme,” sei de boerinne do.—“Kom, kom!” de boer wer, “mienste det syn tonge in seemslearen lape is? Hy moat hwet waerms yn ’t liif ha, hy hat de hele dei roun.”—Jy prate goed; sei de boerinne, “ik kin ’t net út in hynstekop sûgje. Woll’ je ha, det wy hwet pankoeken for him bakke scille, dat kin wol; moal ha je dochs meinomd.” Dat gong do op stroukjen yn, en lipe ef pipe, de faem moast for de selde feint it miel klear meitsje, dy se niis die doar útfierd hie. Hja sloech yn it bisleek om krekt eft se gek wier; de klitsen fleagen hjar om ’e holle; en hja scoe de boer mei syn gast wol forgriemd hawwe, sa grimmitich wier se. De studint, dy sjoen hie hwet der for de kompenijster prefeet ynret wier, tocht yn him sels: dat scil joun for jimme honje, frjeonen! ef ik scil nin Douwe hjitte. Wylst de frouljue klearrichheit makken, kaem er gau mei de boer oan ’e slach, dy him frege hwer’t er fendinne wier, hwet er die, en sa foart hinne. De studint bychtte alles trou op, en spriek soms balken oan twa. “Dêr to Grins”, sei de boer, “dêr leare jimme frjemd praten oars? Kinne jimme alle minsken forstean? Kinn’ jimme ek sa prate as de hantsjemieren?”—“Om-ende-by, sei de studint, mar alheel net; sa as de Dútskers, wit’ je? Forline jier ha ’k noch yn Dútsklân west”.—“Ja, wakker! sei de boer. Wel, ho sjocht it dêr út? Binne de kij en de bargen dêr lyk as hjir? De poepen bjuwe der in bulte fen; mar it scil wol wêze as mei hjar sels, smel fen bealch en nin gat.”—“Dêr scil ik jou fiten fen fortelle, sei de studint, as je mar geduld hawwe.”—“Jonge, ja, andere de boer; “toe, Auk! dou moaste nou ’ris swiete, tige by tige swiete pankoeken bakke; ik wit detst’ it de feint yn ’t hert ginste. Nou, feint! siz op mar.”—“Ja mar, sei de studint, ik moat je sizze, it is ougryslik; hwent sa ’n skrik as ’k do hawn ha wol ’k for nin tweintich fjirders bûter wer ha.”—“O, dat is neat, andere de boer;—“forhelje dou mar. Ho hjitste ek?”—“Douwe Agema”; sei de studint.—“Nou, as ’t dy b’ljeaft Agema. Hwet woeste sizze fen dy poepebargen?”—“Wel man!” sei de studint, “op in ieremoarn roun ik troch in freeslik great bosk; ik tochte, dêr komt nin ein oan: mar amper njoggen ûre kaem ik der einlik út, en do hie ’k in iepen fjild foar my, dêr in keppel op roun fen wol oardelhûndert bargen. Der wierne fen alderlei skaei ûnder: lytse, greate, swarte, wite en bonte bargen; mei rjuchte stirten en ek mei krollen der yn; yn dat gûdtsje wier krekt sa folle ûnderskie as ûnder de minsken. Hja wiernen ek sa fluch as koardedounsers; hwent bealgen hien’ se as wynhounen, en it spek siet hjar net yn ’e wei. Mar der wier lykwol ien ûnder de heap, dy ’t de foargong hie, dat wier in onwiten ding; fet! en heech! ôfgryslik, man. Noait ha ’k foar ef nei sa ’n baerch yn Fryslân net sjoen, ef it moast dy wêze, dêr Auk niis de skinke fen út it goatling helle hat.”—“Skinke?” sei de boer tsjin syn wiif; “Haste skinke? Foi, ik wiste net, detste sa flouwe koeste.” De boerinne krige in kleur sa read as de bloedkralen, dy se om ’e hals hie; tsjinakseljen koe hjir net helpje; hja bikende det it wier wier. “Kom, Agema!” sei de boer, “Ik sjen wol, wy hawwe nin koerang; fen honger scille wy joun net stjerre. Ik bin bliid detste fen dy bargen bigoun biste. Mar ho gong dat do fierder?”—“Ho dat do fierder gong?” sei de studint. “Wel, man, dy greate baerch wier sa mâl as in tûr. Eft it beest do krekt wyld wier, ik wit it net, mar hy wipte den hjir, den dêr hinne; op it lêst rekke er in heel ein fen ’e keppel ôf, en kaem by in djippe foerge, dêr in wolf op ’e loer laei.”—“Dy deuker!” sei de boer, “In wolf! Wel, sa mâl koe ’t net. In wolf, ju! Godtank, det wy sok goed hjir to lânne net hawwe.”—“Net ha?” sei de studint. “Jûk! Ja, wol! Us lân is der fol fen; mar hjir rinne de wolven op twa en yn Dútsklân op fjouwer poaten.”—“Nou, dat is den goed,” sei de boer;—“mar hwet die dy wolf op fjouwer poaten den? Toe! Dou moaste hwet foart meitsje, Agema; daelk binne de pankoeken gear.”—“Yn ienen,” sei de studint, “sprong de wolf op, die in raem, op de baerch, dy ’t er nei in bytsje gewraksel yn ’e strôt beet krige, en do repte er him slûpstirtsjende foart, krekt en allyk, kin ’k je sizze, as jins feint, do er dy twa flessen brandewyn dêr ûnder it bêd del set hie.”—“Hwet seiste?” frege de boer, “ek brandewyn? Dou bitinkst’ it wrychtich goe’ om de skrik wei to drinken. Dy eangstme fen Agema biskriuwt hwet! Kom, bring den i’s om, frou. Baeseftich, Agema! dou bist’ in flinke keardel. Mar dat moast ik dy noch freegje; hie dy bargedriuwer nin hounen by syn spil?”—“Né, man!” sei de studint, “dêr siet him de kneep. Oars scoe dy wolf dat wol stean litten ha. Ik wier der tichter by as de bargedriuwer, en it gong my fen ’t hert det sa ’n skoander beest toskoerd wirde scoe. Ik tochte yn my sels, is der nou neat oan to dwaen? En je scoene sizze, ho kin ’t sa gelokkich? krekt laei der in stien foar my, dy ’t ik opnaem, om him de wolf nei de kop to smiten.”—“Dy moast ek al hwet mâns wêze,” sei de boer, “as it tsjin in wolf hwet helpe scoe.”—“It wier in ding! Nou! sei de studint, “it wier in stien, ik scil ’t net forgreatsje, in balstien, kin ’k je sizze, sa great wol as de krintebôle, dy ’t jins faem niis yn ’e spyskeamer lein hat.” Op dit wird rekke de boerinne alheel út ’e fâlden. “Ja, heit! sei hja. Ik en Auk.... en ik.... ha in bôle bakke litten; ik woe jo ’ris útstrike; it is ien mei krinten.”—“Wel, kom, ljea’!” sei de boer, “Ik wier niis al in bytsje prot op dy; mar nou hast’ it i’s keuninklik makke. Dy skrik fen Agema leit ús gjin wynaeijen. Nou, Agema, dou smietste in stien nei dy wolf?”—“Ik smiet nei dy wolf, andere de studint, “en, man, it wier rekke. Mar do scoe de bûter jild jilde; sa eang as do bin ’k fen myn libben noch net wêst. Sa gau as de wolf dy stien tsjin ’e bek krige, liet er de baerch los, en fleach rjucht op my ta. Hy knerseltoske, en seach my oan mei gleone eagen: wyt’ je ho, boer? krekt as dy Kompenijster, dy’t dêr efter yn jins hea leit.”—“Hwet kompenijster?” frege de boer.—“Ei, dat witte jy ommers wol, andere de studint; “Jins bêste frjeon, Oeble Fluem.”—“O divel! rôp de boer, “dy snaek? Ik scil him omgean.” Nou, hwet dêr op folge scil ik jimme mar net sizze. Der waerden stikken snein, det der omstikken neifleagen. De boer wier oars sa goed as bôle; mar hjir kaem it sprekwird to pas, as goede lju lilk wirde, wol it hounje. Hy heuvele syn wiif en faem sa danich út, det se nin turf heech wierne; wyt en swart forwiet er hjar. Mar yn iens naem er mids ûnder it kibjen de lampe fen tafel op, en sei tsjin de studint: “Agema, hâld de lampe ’ris! It is wol yn ’e simmer, mar wy scille it fé i’s ôfljochtsje.”—“O, jy miene dy wolf op twa poaten! andere de studint. Ha ’k it jo niis net sein? Kom, graech, man! Der is bûter to kjimmen, bigryp ik.” Dêr gongen se hinne, Agema de lampe yn ’e hân, en de boer in lange bollepyst. Hja seagen earst yn ’t heafek, dêr wier er net; yn ’e skûrre ek net. “Den mar by de ljedder op,” sei de boer. “De kompenijster is der yn, hy scil der ek útkomme.”—“Jonge, foarsichtich, man! sei de studint, “op it hea, dat is sa noedlik! Meitsje nin brân.” Mar der wier nin bidden tsjin; dat wier aenstons mei ’t ljocht by de golle op, en ja wol, man, dêr laei omkoal alheel-en-al ûnder it hea bidobbe. Op hânnen en foetten riisde er oerein en seach mei gleone eagen troch krok en hearaeijen hinne, dy him oer ’e holle hongen; switte fen binaudheit, sa haste net. “Ha je in knipperke nomd?” frege him de studint. “Hjir is in man om jo to sprekken; dy woe wol ’ris, det je him wierseinen. Hy hat in gast krige, en syn wiif wol net sizze hwer ’t dy man op onthelle wirde scil. Kinne jy dat ek riede?” Oeble kâldgnyske ’eris: wel, him tochte, dat scoe wol op rizenbrij útdraeije. “Dat is omtrint ret, sei de boer, mar alheel-en-al net. It is bollepyst-smoar.” En mei ien gong er dy kompenijster profeet sa ûngenadich om, det er foar syn foetten krôlle as in iel. Op it lêst gong it de studint sels to bot, dy de boer ek sei, det it profetelean for dizze reis sa greater-nôch wier. Oeble gong de golle ôf, en syn twa frjeonen him efternei; mar do se op it hiem kamen, lichtte de boer him noch ’ris fjouwerkant fen ’e soalen, en slingere him dwers oer ’e wringe hinne. “Dat is nou for dizze kear it útsetsel, feint! sei de boer. Aste wer komste, scil dyn profecy neikomme; den krigeste rizenbrij mei bret flesk; hjir net, mar to Ljouwert, en dêr jouwe se er dy fêst wirk op ta. Nou, gereis! De groetenis oan ’t folk!” De studint lake him wiles slop, en gong forfolgens mei de boer wer nei it milhûs ta, dêr de frou en de faem hjar mei ûlseagen sieten op to wachtsjen. Mar dat bilette de boer net om ’ris tige mei syn frjeon fen it profetemiel to smullen, en op it ein oan de boerinne to sizzen, det se hjar bêste bêd yn ’e pronkkeamer spriede moaste. Dêr slepte de studint as in roas, en de oare moarne gong er heel foldien nei Dokkum ta, dêr er soun en wol by syn âlders oankaem.

DE KOMPENIJSTER WIRDT OMSEAME.
Saske. Dêr kaem Oeble keal ôf.
Gabe. Mar it wiif en de faem net better, mem.
Domenij. En hwer kaem al dy ellinde nou fen dinne?
Gabe. Ja, hwer kaem dy fen dinne? As it wiif oan de studint in frjeonlik gesicht en in goed omstik brea jown hie, hie er hjar net forklapt.
Pîbe. Dêrom, jonge, as in frjemd man dy om brea freget, jow him in byt. Al mienste, detste noait nin fear fen him wersjen scilste, dou wiste noait net ho’t in ding komme kin.
Gabe. Krekt sa, heit. Der giet neat yn ’e wrâld foar goeddwaen.
Nift Jieldouw. Ik hie wol in lyts, lyts forsiikje oan jo, domenij.
Domenij. Sprek op, jongfaem. Ik stean alle minsken ta tsjinst. Dat is myn birop.
Nift Jieldouw. Ik woe sa bittere graech, domenij, det je ús ek in teltsje dienen.
Gabe. Ei ja, domenij! Der is sa folle fen de gekheit ynroun, sprek jy ek ’ris in wiis wirdtsje.
Pîbe. It is hjir de forkearde wrâld. De domenijs hawwe oars de foargong, mar hjir binne jy yn ’t efteroanrinnen.
Domenij. Ja mar, boer; it is hjir nin bigraffenis. Wy hawwe hjir in frjeone-oansit, en dêr is de domenij net mear as de boer.
Gabe. As dat sa is, haboes den, hear! Drink as in boer, en fortel as in domenij.
Nift Jieldouw. Ja, domenij is gemiensom. Bigjin mar, domenij, as ’t jo biljeaft.
Domenij. De ljue geane gau ’ris út hjar eigen lân, mar as se it by de frjemden to kwea krije, dwane se krekt as de jonge fûgels, dy ’t onrie fornimme, hja fleane nei it nêst, dêr se útbret binne, en siikje treast ûnder de wjukken fen de âlde. Dit seach men foar jierren noch ’ris oan in Fries, dy ’t op syn fyftichste jier op in bûtenpleats yn Oeryssel gong to wenjen. Mannich jier hie er dêr in stil en noflik eintsje libben hawn, do er einlik yn tsjok waer mei in pear ridders rekke, dy mienden det hja allinne en nimmen oars de hazzen op syn fjild jeije mochtene. De Fries spoun wakker tsjin syn bûrljue op, en frege eft de wet fen de natúr net sei, det de hazzen takamen oan de man, dy se mei syn noat en koal foerre hie? Mar de ridders wisten him dat mei de wet fen it gewelt gau to bitsjutten, en hja makken ’t him sa bang, det er mei al syn habben en dwaen wer nei Ljouwert teach, dêr er berne en tein wier. Do er feint wier, hie er de stedhâlders fen Fryslân yn ’e kriich mei folle noed en prikel tsjinne, en dat dreau him om de prins to Ljouwert noch ’ris op to siikjen, dy him ek noch heel skoan koe en bilove om him foart to helpjen, hwer ’t nedich wier. Dit wierne nin moaije wirden, dêr sokke ljue âlde tsjinsten oars meast mei leanje, mar dy prins fen Nassau miende hwet er sei, en it dûrre heel koart ef hy stelde de man oan ta boekhâlder fen it hôf, in ding, dat noch al aerdich joech, en dêr’t fierder net oan fêst wier, as de rekkeningen fen de prins syn húshâlding nei to sjen, yn oarder to hâlden, en op syn tiid út to biteljen. Hy koe ’er dêrom ek noch in lytse flaekshannel ûnder driuwe, dat him riddelik goe’ slagge en boppe syn oar ynkommen jierliks noch in aerdich stûrke yn ’e húshâlding brochte.
Dizze man wier egentlik fen it bloed fen de Hettenga’s, dêr er de namme noch ek fen hie; mar syn foarâlders hiene dien as folle Fryske edelljue, dy hjar perkeminten forrotsje en hjar titels sliepe lieten, om swietsjeswei yn ’e boargerstân to forranen. Hettinga hie it dêr ek al sa goed nei syn sin, det er nin lust krige om de âlde rjuchten fen syn stamme wer op to waermjen. Der wier him yn dy tiden ek to folle oan fêst om it karakter fen in Frysk edelman op to hâlden; hwent dy do syn herte troch geleardheit ef trouwe stikken for it lân nin eare oandie, waerd it bloed onwirdich kard, dat in tige by tige edel foarslachte him neilitten hie. Mei in bytsje nederiger deugden, tocht Hettinga, koe men ûnder de boargers in man fen oansjen wêze, en dat wiisden de stikken ek wer út do’t er in bytsje to Ljouwert west hie.
Ta syn wenje hierde de man in himpen húske op ’e twiebaksmerke, en dêr hie er net lang wenne ef de bûrren houdden sa’n bulte fen him, det se him wol op hânnen drage scoenen. Hy wier bileefd en tsjinstich; koe er immen mei in oantaest wirk gerive, hy stie altyd klear; hwent de man hie to lang mei minsken omgien om net to witten, det se mei sokke lytse tsjinsten en in frjeonlik gesicht mear op skik binne, as mei de greatste deugden, dêr dy glâns net oerhinne stritsen is. Sa wier der seis jier to Ljouwert omgien, do einlik syn wiif stoar, dêr er tritich jier mei troud west hie. Syn jinnichste soan, dy er by hjar oerwoun hie, do in jongfeintsje fen njoggentsjin jier, gong dizze dea droevige nei; hy wier sa oerstjûr, sa mistreastich, det er ite ef drinke koe. De heit wier al sa forbûke, mar hy forbriek him om syn soan treast yn to sprekken, en dat die er mei dizze wirden: “Dyn mem is wei, myn feint! sei er, God hat hjar opeaske! Mei ús triennen kinne wy hjar net werhelje, en as wy koenen, scoene wy ommers net meije. Hwent dyn mem, myn soan, forhûget hjar nou oer dat selde forreisgjen fen dizze ierde, dêr dou en ik sa bitter om krite moatte. Mar mei koartens scil ik by hjar wêze, meitsje dêr steat op. As de jierren sa heech binne as by my, kin it eintsje libben, dat der oer is, net lang mear wêze. Fen dy allinne, myn soan, moat nou al myn treast, al myn wille komme. Us folk wennet allegearre op it Fean; hjir is nimmen. Pas tige op; den wirdste in segen for dy sels en dyn evenminsken, en dou scilste in kroane op dizze grize hierren sette. Aste mei ’er tiid in tsjep en sedich frommis wiste en hjar folk goe’ selskip for my is, scil ik hjar as eigen dochter oannimme, en by jimme beiden wol ik den myn lêste dagen slite.” Mei dizze wirden liet de soan him in bytsje sizze; mar de tiid spriek him mear treast yn, as de moaiste wirden dwaen koene.
Ungelokkich wenne der op ’e twiebaksmerke ek in edelman, dy makke det al de útsichten fen de âlde Hettinga yn inkel fortriet oergongen. De heit fen dy edelman wier in Dútsker, dy alear as hopman ûnder de liifwacht fen ’e Prins yn ’t lân komd en foart mei in rike nommele Fryske frelle troud wier, dy’t hjar bern rju jild neilitten hie: mar dizze soan, dy mei gewelt grytman wirde woe, hie de bisitters in rêst stimmende hússtallen mei jild út de hânnen britsen, en dêr wier by de Minnisten sa folle jild ta opnomd, det de yntressen him alheel yn ’e groun frieten. Sa wier syn memmeërf for de helte forkromle; en dêr kaem by det er in greatsk Dútsk wiif troud hie, dy him mear kwertieren yn syn wapen as jild yn ’e pong bisoarge, en mei pronkjen ek de oare helte gau opholp. Tsjinwirch wier it sa fier komd, det er neat oer hie as in meager amptke en syn great hûs op ’e twiebaksmerke; mar dêr biwarre er noch in skat yn, dy’t foar it each fen in jongfeint moaijer wier as al de klaeipleatsen fen Fryslân mei eltsoar. Hy hie in jinnichste dochter, it moaiste frommis dat men ea yn Ljouwert sjoen hie. Oan hjar kleur seach men det se in Fryske faem wier; hwent hja wier sa blank as in leelje: mar de eagen wiisden hjar Dútske komôf út; hwent dy wierne as gitten sa brún, en flonkeren by it hagelwite fel fen hjar foarholle as de stjerren yn it blau fen de himel. De soan fen Hettinga, dy’t hjar alle dagen foar ’t raem sitten seach, koe sa folle moaijens net lang útstean; mei koartens krige hy sa folle smuchte op hjar, det er syn heit frege om him dit frommis ta wiif to jaen. De âld man hie oan dat grjimmanke bloed fen heal Dútsk, heal Frysk alheel nin sin: mar hwet scil men sizze? It wier syn jinnichste soan, dy’t er neat wegerje koe, en lyk as folle âlders, dy oars heel wiis binne, mar hjar bern mei slaggen fen goeddwaen formoardzje, stie er ta yn in boask, dat for him en syn soan in hel op ierde wirde moast.
Hettinga gong den nei de edelman ta om de dochter for syn soan to freegjen. It wier in boarstich keardel, dy syn dochter net graech oan in boargersbern jaen scoe, sa bang wier er om de eelheit fen syn stamme troch smoarch bloed wei to griemen; mar yn syn jildpine dreau er keappenskip yn syn eigen bloed, en dy de swierste priis bisteegje woe wier keaper. Hy bigoun Hettinga dêrom aenstons to ûnderstean oer de hylkspunten; mar dêr woe de man yn ’t earst alheel net fen hearre. Lyk as alle Friezen, wier Hettinga fij fen dy Hollânske menear om op it bêd goederen gemien to hawwen en yn ’e pong skaet to wêzen. It boask, sei er, is nin kompenijskip fen twa keapljue. It is troch Gods bistel it ynienranen fen in minskepear, dy liif en siele, ho folle to mear it wrâldske jild, mei eltsoar gemien hawwe. Mar al syn sizzen holp net; de edelman woe witte hwet Hettinga yn ’e wrâld hie, dy’t yn ’t ein troch de koer foel, en syn kaptael yn lân en brieven skatte op fyftichtûzen goune. “Dat falt my net ôf,” sei de edelman,—“Ja! sei Hettinga, “en hwet mear wirdich is, Hear, as fyftichtûzen goune, hja binne allegearre, ta de lêste stûr ta, earlik woun. Noait is der in dei forroun, ef ik koe jouns by it skoatteljen fen myn doar sizze: hjir is in earlik man bisletten.” Fen al myn goed scil ik myn soan nou de helte jaen, en de oare helt komt fen sels ta him as ik dea bin.”—“Dat sprekt goed,” sei de edelman, en ik leau det je miene hwet jy sizze; mar fen ’t nou oan jins dea ta kin der sa folle wetter troch ’e Ryn rinne. As jou kaptaeltsje den flein wier, koe myn dochter yn ’t nêst sjen.” Hettinga hie in wakker bytsje nocht om him yn ienen alheel út to klaeijen, en hy lei der mei alle macht tsjin yn; mar it omtinken, det syn soan oars net krije koe dêr’t syn sin op wier, forrette him en foar saun getugen droech er al syn hawwen en dwaen oan syn jinnichste soan oer. O! hie er witten, mei hwet minte dizze goedens leane wirde scoe, ivich scoe er dat faei eagenblikje, do er syn hân sette, forwinske ha.