DE NOARGER RÚN OAN GABE SKROAR.
Reading edition
DE NOARGER RÚN OAN GABE SKROAR.
IN BRIEF SKREAUN YN DE MOANNE, FOUN EN OPBROCHT TROCH SYN OMKE DOKTOR E. HALBERTSMA FEN GROUWERGEA, MEI KANTTEEKENINGEN FEN J. H. HALBERTSMA.
Friezen, echte goede lânsljue!
Gabe Pibes is dea; jimme kenne him; ik haw syn koer omskomle, en alles bisjoen; ik haw de koer omkeard, en ’er alles úthelle. Ik woe net yn syn boel omhelje en skoerre; mar beppe hat boppe yn syn sliepmûtse in lyts briefke foun; dêr stoe eigenhandich sûnder help fen in domenij yn: Docter-omke scil myn kerater wêze.
Omdet ik nou oansteld bin as kerater, haw ik alles ek ’ris goed neisjoen. Skilden hie Gabe net, mar ek nin effekten: dat wier syn ûngelok, hwent den hie de man forneamd wirden as syn sweager Tys.
Ik haw alles omsnuff’le krekt as alle keraters dwane, en einlings kaem ik ek oan it persizer fen Gabe; dêr fyn ik om it hânsel earst in blauwe snier, en dêr ûnder in great pompier, en dat wier de brief fen de Noarger rún. Ik jow him, lêzers, sa as er wier. Goed stiet ’er yn en tsjoed; dy ’er net oan rûke wol, dy moat ’er fen priuwe, en dy it net lêze kin, moat it sjonge.
DOCTOR HALBERTSMA.
DE NOARGER RúN OAN GABE SKROAR.
Nommele frjeon Gabe!
Foar fiif jier bin ik hjir mei de steamloftbol the Icarus fen jimme planeet oankomd. De[15] Ingelsken, dy dit brief ek mei werom nomd hawwe, wierne wakker skrousk en úthongere. Fen de reis scil ik dy mar neat forhelje; it gong ’er snijsom troch, en op it lêste eintsje sloegen se der yette twa greate fûgels foar, dy neame se Condors. Dy bisten sloech de bealch ek krekt as my, do ik ûnder de hânnen fen de hynstetyskers en hirddravers wier. Dou scilste nuver opsjen in brief fen jimme Noarger rún to ontfinzen, en dat sa fier wei; ’t is ek wol mûlk detste der forskate stûren for bitelje moaste, mar it scil dy net bigreatsje: hwent dou goarrest’ net, en ik koe it net litte om dy to skriuwen; hwent dou biste ien fen dy lytse mannich op jimme wrâld, dy my bihanlen as in minske, bihalven aste oer dyn bier wierste.
Dou wo’ste wol graech ’ris witte ho it my op ’e wrâld, en nei myn forstjerren to Kollumersweach, forgien is: ik scil den mar fen myn earste libbensjier ôf bigjinne.
Ik bin jong west to Peise yn Drinth; dêr tsjinne myn mem by in lyts koaterboerke. Hwa myn heit west is, wit ik net, en dêr mei men ommers tsjinwirch net mear nei freegje to jimmes. It docht ’er ek neat ta fen my ôf; hwent ik haw yn myn libben ek al ûnderfoun, det de soan net altyt oan de faer liket, howol der by de greate ljue op jimme wrâld wol ’ris oars tocht wirdt.
It libben to Peise wier sa. Nachts koene wy op in poatstâl strie bite, en deis moast mem de plaggen út de heide sleepje en den pangele it fôltsje mei by de wein, en gnabb’le hjir en dêr sa ’ris in grien heidetopke by de wei ôf. Lyk as ik dy forhelje, de ljue joegen it ús dêr sa rom as se ús it jaen koene, mar wy moasten oars mar sleepje en tôgje lyk as sy ek: it wier dêr earmoede, en dêrom wierne hja ek maklik yn ’e bihanlinge. Det folle jild de ljue oerdwaelsk en wreed makket, haw ik tonei rju ûnderfoun; dêr to Peise krige ik der ’ris in lyts foarpriuwke fen.
Der kamen ienris twa Grinzer heartsjes oan op in wyld aventûr; it wierne studintsjes. De ienfâldige Drinten mienden earst, det it ljue wierne dy’t út de kriich kamen. Bosken hier hiene se op ’e holle as seadbulten, en dêr mûtsen oer hinne, omtrint as yn Yntsje Jans boekje biskreaun steane; oeribele mûtsen, mei kwasten[16] der oan as fûsten. Boksen hiene se oan as lânrollen. Horloazjes op ’e side mei lange keattingen, dêr greate bosken kopergûd oanhingen. De iene hie in greate poepepiip yn ’e holle: de stalle wier in skjippepoat mei de kleijen der oan, en dy rikke as in panwirk. De oare hie in prûmke as in fûst efter de kiezzen. It wier yn de neisimmer, en de wei wier droech, en dochs hienen se learzen oan, en hja wierne op it ruterskerp. Yn de rjuchterhân hiene se in kneppel as in swinge; dêr hellen se in gleon skerp swird út; en dêrby flokten se sa onhjirmlyk en oer ’e mjitte grou op ús boer, omdet er hjar de húsfestinge wegere, det men klear hearre koe, det dy maets op in hege skoalle gongen. Hja forstoenen it út de pin, Gabe! Lykwol hja bleauwen yet al hingjen mei goede biloften, hwent it wier ek spinjoun. Den komme de Drintske famkes by eltsoar to pizeljen en to kofjeslabjen, en dêr komme de feinten den op ta, as de houn op ’e ljirre. En ús frjemde bysfeinten hiene it dêr ek nei hjar sin as de foks by de koaiker, dat kinste tinke. En do se seagen, det der ek spek for hjar yn ’t leger laei, do hâldden se hjar sa froed as ouderlingen yn ’e tsjerke; ja, hja makken de skeel mei ús boer ôf, do de iene in great hamboai út de rôk helle, en ’ris mastereftich psalmspile, wylst de oare song, det him de strôte knapte. It âlde wiif sette hjar bril op ’e noas, en song mei in triljend lûd mei. Hja blettere as in wjerlaem yn de loft, sa mâl, kin ik dy sizze, det de bysfeinten mar efkes it laeitsen ynhâlde koene. Dou kinste bigripe, det se by de fammen ’ris tige yn it nijgêrs kamen; en dy formakken hjar ek ta de teannen út; de Drinten koene ’er net oan rûke en hja waerden sa stil as piseamelers. Dat song en patte en regearre dêr sa lang om, det einlinge de spinwielen fen de iene ich fen ’e keamer nei de oare fleagen as keatseballen. Us âld boer, dy foart wol mirken hie, det er mirden op it hiem hie, reage it hele oanset mei hirde wirden nei bêd ta. Nou moasten ús frjemde út-fen-hûzers ek tsjin heuch en meuch yn de plommen. Mar hwet ik egentlik sizze woe, dizze studinten fregen ús boer de oare deis eft de soan hjar ek nei Noarch bringe woe for jild en goede wirden, en dat waerd hjar net wegere. Dêrby, omdet it sokke hege ljue wierne, moast ik ’er foarslein wirde: ik wier do treddeljier âld, en ik hie lea sa flink as in fûgel; ik wier in skilderstik fen in hynzer. Hinne gong it yet al stadich, mar werom, do waerd ik oars oanpytske; do moast ik lije as in houn. Hwent do ús studintsjes fierdernôch wierne nei hjar sin, do geaten se hjar foerman in fearn brandewyn yn ’t liif, en treauwen him noch ek fjouwer skeljen ta; en nou gong it lijen oan. De Drintske jonge, dy my oars altyt aeide en oer ’e moannen striek, waerd in boal oer my, en dat deade sûpke en dy onnozele fjouwer stikjes jild bisoargen my wol hûndert swipeslaggen; ’t wier in foarpriuwke fen itjinge ik tonei fen hûndert-tûzen goune en in magefol reade wyn ûnderfoun haw.
Nei dizze lange kronkel yn myn brief scil ik dy mei in mannich wirden forhelje ho ik út Peise wei rekke bin. Dou moaste witte det ik ta myn ûngelok it moaiste en it flinkste hynzer yn it hele Drintske lân wier, en ik roun dêrta sa’n gnap trantke, det der oeral fen my praet waerd: to Grins yn de Slingerij; to Onderdam yn Grinslân; op ’e Birgumer daem; op it tolhûs oan ’e Swarte-wei; op de Trije-romers, ja, to Amsterdam oan de Bearebyt, roun ik oer alle hynstetyskers tongen as in wonder fen de wrâld. Einling komt Seakele mei de knolfoet, in soan fen dy âlde grouwe Homme, by ús to Peise: dy ienfâldige jobbe foel mei de doar yn ’t hûs, en bea ús boer hûndert ryksdaelders for my sûnder det er him easkje liet. Us boer, dy yn alles dom wier bihalven yn it jild, bigoun út sa’n great gat to bliezen, det Seakele mei syn knolfoet wer nei hûs hompelje koe sûnder rúntsje. Do de boer seach det ’er aventúr yn my siet, do waerd ik fierd en tein as in jifferke, en ik hie in libben as smoarge beane. Ik die neat mear, ik friet hjouw’re en beane sels oer de meuch; ja, it âld wiif, dy oars yette goarriger wier as de boer, treau my sels de stuten yn de hals as hja de romte der fen hiene. Ik waerd sa glêd as de pultrom fen jimme âld mem, en elts, dy my seach, sloech de hânnen yn elkoar. Mar lyk as ik dy sei, it wier ta myn ûngelok, hwent der ried nin hynstetysker, nin hynstegek troch Peise ef ik moast bitomke en bisjoen wirde fen it iene lid ta it oare. En den krige ik for in ôfsetter yette in streek mei in Ingelske swipe ta, det ik oan de souder ta fleach fen pine. En dat neamden se den pronkjen! En den wier ’t: “O, ho, poalle! hou, popke!” wylst my de hûd pipe fen de strjimmen[17]. Lykwol ik waerd net forkoft: ús boer wier oer it hynzer tild, en dy holde it mar op trijehûndert goune yn. Dêrmei waerd it Noarger merke, en dêr scoe ik jild jilde. De jouns foarôf joech it âld wiif my in poatfol groat, det se de deis oerhâlden hiene, en karde my oan ’e hals wylst ik friet; en de jouns tsjin it alderlêste kaem Annegien hjar dochter en joech my in stik Grinzer koeke; it fanke kriet en snikte. Ik wreau hjar wiete wangen mei myn kâlde hynstesnút, en slikke hjar om ’e troanje; en Gabe-heite, ik die it mei in folle oprjuchter en frommer sin as dou, doste jimme lytsfaem op ’e weide hea patteste, do ik for de lêste kear to jimmes haeide. De moarns foar dei en foar dage waerd ik nei Noarch laet. Dêr seach ik heel folle forroaide Fryske hynstetyskers, dy in heale nacht, fjouwer op ’e rige, op ien bêd omtomle hiene, mei in liiffol Drintesop en knarsige stoeten; dy seach ik nou yn de tinten al to smookjen en to swetsen. Ik seach Drintske fammen en feinten, dy de hele nacht patte en kofje-dronken en psalmsongen hiene; dat wier in libben! Alle alderforneamste en alderfornimstichste hynsteljue bitomken en bitaestten my, en lieten my draevje. Dy my hawwe woene lekkene my, mar op myn skonken koene se neat sizze; dy wierne sa suver as glês en myn eagen klear as in gril. Einling kaemstou en jimme heit der oan. Dou wierste do in opsketten jonge; dou rounste do wakker permantich mei in swipe yn ’e heide: den stiekste ’ris in grou promke efter de kiezzen, det dy de giele tabaksflibe by dyn wite poddehierrige bird delroun; mei ien wird, dou hieste do gansk smoar nei detste in beestke wierste. Do haste my ek al ’ris in linige feech mei de swipe jown, en it hat dy tige nei stien detste do net in slach tsjin dyn tinne skroarshûd krige haste, detste oer ’e heide trûzele biste. Ik wier do skraech fjouwer jier âld, en sa flink as in leep; jimme heit sei ’er net folle fen: “In gnap gudske,” sei er, “mar de kop is hwette Drintsk.” Nei folle hanbakjen waerd ik for trije-hûndert gounen min in dikketon oan jimme forkoft. Ik hie dy deis fen folle kwea biwarre west, hiestou dy net to folle mei de merke bimoeid; hwent wy rekkene let op reis, en do wy op Bakkefean kamen, dêr sieten in fiifentweintich skeve en sûzige hynstekeapers, dy my opminsteren en wakker priisgen. Greatsk detste sa’n gnappen nijkeap foar ’e karre hieste, jageste my det de oare deis my de bealch tsjin ’e rêch oan siet; dat kaem fen al dat priisgjen. By jimme âlders haw ik it as in prins hawn, mar ienris haste my aeklich pleage; wiste, Gabe, dy Bolswerter merke, doste sa ûnder wetter wierste? Dy deale, hwet wierste oan de gong! Wiste, do jimme de woarsten by Toon Poep út de skoarstien hellen? Ik kaem dy nachts neiby om fen honger en fen toarst. Ik kaem neist in wite guds to stean, in âlden trompetter; dy sloech as in fyllekaen, mar ik wier flugger as hy, en ik tochte as dat sa moat, hawar den! en ik joech him in trewinkel, det him de kalkoensprint yn syn meagere skinke stie, en do wier er tofreden. De oare moarns, do ik fen de stâl helle waerd, tocht’ ik, dat scil wêze om hwet to fretten; ja wol! in amerfol kâld wetter yn de bealch, en do nei de Kleau, alleman foarby; dyn goede Wobbelke griisde it ta de teannen út. Hjar wite klean seagen der út krekt eft se troch de reade wyn helle wierne. En hjar golle blauwe eagen waerden sa bleek! Hja woe dy ek al nei hûs ta driuwe, mar dêr hieste nin earen nei. Dou wierste in balorigen hont, aste dy oan de taepkast oerjown hieste. Op ’e Kleau smiet de kastelein my yette in tek oer, en joech my brea, it ienichste dat ik dat etmiel krige. Dêr fen dinne moast ik nei de Wommelser merke. Dêr baltten se it fen fierren al út, do se dy dêr oankommen seagen; dêr haste do yette forteld fen jimme reis nei de jichtmasters, wiste wol? Wiste ek wol, detste yet ek ’ris efkes mei de karre omtearste, doste op ’e weromreis ’ris mei de faem oanlizze woeste, en detste de man út it dykhúske, dy de boel wer oerein holp, in keizersgoune joechste for it swijen? Wiste wol hoste sliepste, doste by dy faem hjar âlders kaemste? Wiste wol, det Wobbel my noch menne moast? Noait bin ik sêfter mend, noait mei sêfter wirden oantreaste; hwent it fanke siet yn tûzen neden. Wiste wol? Mar ik scil dy mar net mear forwite, wy wierne beide jong en dertel; en om mar rjucht troch to gean, it neifortriet wier greater as it plezier west wier. Dou laeiste twa dagen op it fjouwerkant to snoarkjen, en wol in fearnsjier tonei kreunste noch oer dyn weismiten jild. En jimme heit hat fjouwer wiken mei lynsied en trudzepoeijers dokterje moatten foar det my de reis út de lea wier. Ho jimme Rommert my it hirddraevjen learde, dat wiste; en ik naem it tige oan, mar dat wier myn ûngelok. Dou wiste wol, ho folle wyn ’er opbealge is, ho er leagen en flokt is, do ik de earste Wytmarsumer swipe woun; ho jimme heit do sjongende en flokjende thús kaem, dat er yn nin fiif-en-tweintich jier dien hie. Jimme mem skriemde; it sloof miende det it de man yn de sinnen slein wier. De oare moarns do de roes ’er út wier, kaem jimme heit allinne by my yn de stâl, en kloppe my op it skoft; “Rúntsje, rúntsje,” sei de man, “dit wier mis. Lit hearen om in gnap hynzer gek wirde, for in boer kin dat net. Dou scilste de doar út”: en in wike dêrnei rekke ik de doar út. De Wytmarsumer swipe hie my hûndert goune djûrder makke, en ik waerd for fjouwerhûndert goune min in dikketon forkoft oan mynhear Flessinga. Dy hear hie folle jild en dêrby in skoan hynsteforstân. Hy koe alle hynzers yn ús Fryslân, en hy wiste hjar lek en brek; syn moaiste húsrie wierne teamen, swipen en gereiden. Nin hirddraverij waerd ’er forsomme. Foar de herbergen stoene de kasteleins mei in roune rêch mei de hoed yn de hân fen fierren al to wiuwen. De gnapste faem waerd altyt foar de hynzers set. Op de hirddraverijen siet mynhear greatmachtich yn it lân op ’e wein, mei in pypkoerfol wyn twiske de foetten. Syn goede kinders stoene den by de wein en strieken him hunich om de mûle, en priisgen my danich, en holpen mynhear ta de flessen; mar as it tsjin de lêste reed gong, den biloek syn troanje as in wytling, en hy waerd stil en fortrjitlik. Woun ik de priis, den kaem mynhear en de rider en al de tsjinners fen de hirddraverij skeef en snústerich thús, faek nei middernacht. En as de frou den yn de iere moarntiid út it bêd kaem, den laei alles der sa heuverich hinne, det it minske bisaude fen dy boel. Mynhear laei by hjar yn de weach to snoarkjen: der wier nin moris yn to krijen, foar âlve ûre net. De rider siet yn de wein to brommen, mei in hynstetek om. De feint laei op ’e heasouder. De hynzers stoene mei in ribfol hea en sûnder drinken op ’e stâl. De faem siet by hjar sterke kofje en hjar swiete bôle mei ljirre, dêr neat fen brûkt wier, to knikkeboljen: hjar geest mimere yette oer de griene tútsjes, dy mynhear hjar jisterjoune yn de stâl jown hie. Hwet haw ik dy mear to forheljen, Gabe? Dou wiste ho jimme mem oer de Wytmarsumer merke tochte; nou, sa tochte ús jiffrou der ek oer; mar mynhear Flessinga koe en woe folhâlde. De pong wier by him net to fordylgjen, mar de hûd woe it net langer lije. Mynhear krige in pynlike kwitantie fen de wynkeaper, dy hjit de podagra. Dat is in lyts diveltsje, dat alle wynsûpers ef hjar bern ef bernsbern sa by jierstounen yn de foarste knokkel fen de greate tean mei niddels en flimen, dy yn de hel fen de baerlike kweade smeid en hotte binne, sa heislik en groulik troch ieren en sinen, troch murch en bonken pjukt en flimet en skrabet, det se fen de swang fen in buffelske jas al moart en brân roppe. Us âlde master Homme moast dalik by mynhear komme. Dat wier in nuveren master; dy sei sa mar plomp wei: “Fiskael, jy habbe to folle omswabbe op dy hirddraverijen, en to folle wyn sûpt. Nim nou rêst! Jy hawwe swipen genôch for immen, dy mei de foet yn it kjessen sit. Nim nou rêst; it is lang genôch hird troch de wrâld flein mei jo. Yt foarearst net mear, as nedich is om it libben to hâlden, en sûp wetter. Ik scil jo in drank bisoargje om iepen liif to meitsjen. Ik haw in earm man oan de ploris, dy giet foar. Dei, mynhear; betterskip!” Mynhear, dy wol wiste det master Homme krekt spriek as syn eigen gewisse, woe him troch it oardiel fen in kindich stêddokter frijpleitsje litte. Mei koegelsfoarsje fleach ik en de feint nei stêd, en dokter kaem mei. De dokter, dy krekt sa goed as master Freark seach, det de hûd fen mynhear forrêdden wier, rôp fen fierren al: “Gevatte koude! gevatte koude! niets anders,” en alleman op it slot leaude it, bihalven de koetsier en master Freark. De boeren seine yn de skearwinkel tsjin eltsoarren: “Ho, divel, scoe ús mynhear kjeld fette hawwe? As er op reis giet hat er mear klean oan as wy mei ús fjouwren.” Mar mynhear wier to freden; de dokter kaem alle dagen werom, joech him de romte fen flear-thé, promsop en readekoalsop, dat út in stêds-apotheek komme moast, en mei in moanne twa stoep ús mynhear wer mei de foet út it kjessen. Dou scilste wol heard hawwe, det ús mynhear Flessinga dêrnei bitomle is; det er it hirddraevjen ’er opjown hat, en det er yette âlderling yn de tsjerke wirden is. Troch de rêst, dy mynhear syn skonk genêze moast, waerd ik útrêst, en ik waerd smoarfet forkoft oan mynhear von Steinach, in edelman út it stift fen Utrecht, dy in dochter fen in rike mâlktaper troud hie, wylst er yn dy stêd syn lêste peinjen útsette om einlingen by haren en snaren dokter yn ’e rjuchten to wirden, en sa dwaende loai troch de wrâld to kommen. Sa lang as it jild fen dy âlde mâlktaper dûrre, hie ik it opperbêst; ik waerd goed foerre, en as ik mei mynhear en de frou ried, den wier ik mei kwasten en franjes bihinge. Mynhear wier greatsk, det er sa ryk foar ’e dach kaem, en mefrou wier greatsk, det se sa fornaem troch die stêd ried. Einling like it jild op to gean, en ik waerd meager; hwent it foerjen kaem net fen, en ik moast alle dagen jeije en fleane mei mynhear om de crediteurs to ontmennen. Do it al to mâl gong, krige mynhear in hege post op in frjemde pleats. Mynhear teach mei syn heel boeltsje foart, wylst de sinne yn ’t Noarden siet. Hy liet my en myn maet, ek in blauwe rún, op de stâl stean mei in ammerfol wetter en in goed ribfol hea. It hûs seach ’er mâl út. De foargevel wier gnap, en de glêzen heel en himmel. Mar efter yn it hûs wier nin rút heel. As de iepening al to great wier, den waerd ’er in âld japon fen mefrou yn treaun, en de lytse skoerkes waerden mei onbitelle rekkeningen oerplakt. Efter hûs laei it ’er nuver hinne, krekt eft ’er Wylde-merk hâlden wier; der laeine wol tûzen lege flessen en wol tsjientûzen oesterskulpen; stikkene weinen en gereiden, âlde weitasken, âlde hounehokken, belgereiden en hynstesliden laeine troch inoarre; wol tsjien gros stikkene pipen en stikkene romers stiene yn tsjien âlde wynkoerren boppe op ’e hynstedong, en midden yn dy rûzige boel kuijere in heal forhongere âlde bok fen ús jonge-hear om, dy einling troch syn bletterjen de bûrren ’er yn rôp[18]. Do waerden wy forlost, en mei ienige wiken waerd mynhear skjinmakke en wy forboelgoede; mar mynhear, dy wol tsjienris sa folle oerhâldde as syn crediteurs mei elkoarme, liet my stil opkeapje; hwent hy mocht my graech lije. Nou roun ik foar yette moaijer wein, en ik waerd mei goudene kwasten bihinge; mar dat dûrre met lang, hwent op in kâlde joun stoe ik to lang foar de comedie to toerjen, en dêr waerd ik bifongen. Ik waerd stram troch al myn lea. Nou waerd ik oan skuld forronzele oan in Fryske kouwekeapman, dy my gau hwet oppappe, en do waerd ik oan in stêddokter forkoft, en dy joech my de laech einling allehiel en dal. Dy jage my in kertierspoat op ’e stiennen. Do moast ik nei in hynstemerke, en dêr waerd ik troch in boer hinne laet, dy him it ligen sa masterlik forstoe, det nin domenij de wierheit út de bibel glêdder oplêze koe as hy syn leugens út de holle; hy swarde, det ik mar in wike kreupel west hie, howol it wol in fearnsjier dûrre hie, en as it net wier wie, den mochten se my de hals wol útsnije, en hy scoe tritich dukaten oan de earmen jaen; en, sei de man derby, it beest is stom, mar as it syn deugden oplêze koe, den hie it wol in dei wirk. Nei lang talmjen en hânbakjen waerd ik einling for fiif-en-tweintich inkelgounen en in nij helter oan in koaiboer forkoft yn it leechlân. O ljeave frjeon Gabe! hwet wier it my noflik dêr op ’e âlde koai. Dêr hie ik einling rêst. De pôle wier my oars ’nôch ôfearte en skiterich, mar dochs wier ik tofrede. Moarnsier sjaggele ik mei in slommerige en bingeljende trêd it âld tsjernepaed yn it roun, en deis kôge ik oer de forlittene skytpôlen fen de kij. Simmerdeis den hie ’k it dêr as smoarge beane, man: den krige ik in amerfol sûpe as it ’er oerskeat, ef in amerfol waei as de bargen it net opkoene. Nei fiif stille fredige jierren krige ik by myn kertierspoat yette ek in dempich boarst. Ik koe net langer stâlje, en it lân laei for in simmerkrite, sa det it winters ûnderroun, en dêrom koe ik ek net bûten doar bankje, en nou moast ik it âlde tsjernepaed, dat ik mei myn wyldlânske soalen jier en dei úthoald hie, forlitte. Dat ljeave, romme, golle leechlân moast ik for ivich forlitte, Gabe! Ik waerd op in rûzige snústerige en dizige hjerstmoanne fen de stâl yn de pream laet, en do waerd ik mei in goed forstân troch trije flinke keardels nei de Birgerdaem treaun. Us âldboer hie om de skrouske moarn ôf to warren in gol romer brandewyn op nagels yn de mage slein tsjin syn meuge, en dou wiste, Gabe, ho it den giet. De âlde man, troch it ontidige moarnsûpke rûzich en sûzich yn de holle, roun op ’e Birgumerdaem kroech út, kroech yn, en dêrmei, do it forstân wei wier, scoe ik forhanle wirde. Ik kaem yn in rige fen wol twahûndert âlde gudzen to stean; dat krong en dat stonk dêr, dat gûlde en raesde dêr, det yen hearren en sjen forgong, en, man, ik haw dy deis wol hûndert falske eden heard. Dêrmei komt er in heal forwyldre Stjinwiker oanspringen, dy krong mei syn bleate kop twiske de meagere skonken fen my en myn bûrman yn. Hy scoe my nei de tosken sjen; hy wier wakkere lyts, en do er myn kop net rikke koe, do sprong dy poarre by my op en rukte my de âlde kewels hast út it lid. Ik tochte: maet, as ik nou sa flink fen lea wier as do ik neist de âlde trompetter stoe, den krigeste al in lawibes. De Stjinwiker bigoun to hânbakjen en scoe my danich lekje, mar ús âldboer bigoun dat to fortretten en sei, det er my fen nin healslachtige poep forsmaedzje litte woe, en sa waerd dy ôfballe. Do kaem ’er in lyts keardeltsje oanpeaskjen mei in skjippegrouwen baitsje en in foerlekkens broek oan; in eintsje reap hie er om de hoed boun, en dêr siet in prikke op. Yn de rjuchterhân hie er in skyld iken stôk en yn de lofter hân in stút: de heidetoekjes sieten him yet yn syn skiere hoazzen. Dy helle my út de rige wei en liet my ’ris draevje, en do gong de Kollumersweachster, mei de koaiboer yn in smidshûs, en nei in healûre pimpeljen en jeuzeljen en swarren, krige ús boer tweintich inkelgounen yn de bûse en stoatskaefde nei de pream ta. Ik moast dy selde jouns yette mei in selskip fen twa-en-tweintich oare ondogenske, heal útlibbe gudzen nei Kollumersweach ta, en do waerden ’er ûnderweis ytlike stûken hjouwere fen in boer stellen[19], en dat wier ús lêste gastmiel. In jong hynstedokter, dy ek op ’e Birgumer market omroun, bea ús keapman twahûndert goune for ús hele selskip; him tochte det er alle mogelike hynstekwalen fen ús leare koe as er ús útslachte, en den learde er de hele kinst for hûndert goune, omdet er rekkene for ús flêsk en bonken fiif-en-tweintich goune by de blikkers to Ljouwert keapje to scillen, en fiif-en-sauntich for de hûden by de loaijer; mar ús keapman woe sa net. It wier oars oer ús biskeard. Wy moasten dêrmei allegearre foar de tsjiiswein rinne yn Grinslân op, de iene dizze en de oare d’oare wei hinne. Us keapljue reisgen al goedkeaper troch Grinslân, as dou nei de Bolswerter merke, Gabe heite! Nachts slepten se ûnder de weinen, en lieten ús oan de wei weidzje. Tsjiis hiene se op ’e wein en as se dêr ytlike fen forkoften den bitingen se de kofje by de ljue ta. Dêr troch kaem it det se ûnderweis neat koften as brea. Tsjin de winter kaem ik werom mei de lege wein, en nou wier ik sa ôfbeund det myn ein neiby wier. Ik koe nin string mear stiif lûke, en ik hompele efter de wein oan op trije skonken. Us baes stoe yn de doar en dy rôp fen fierren al: “Dei, wolkom thús! Wel, ho hawwe se it makke!”—“Goed, sei de foerman, mar dy blauwe rún mei syn kertierspoat, dy woe my biskite.”—“Ja, sei de baes, dat hinget ’er lûklam by; dy scille wy moarn mar út de hûd nimme,” (dat woe sizze, det ik deid wirde scoe.) Mar de dead wier gauwer as de Kollumersweachsters. Hy naem my yette dy selde nachts fen jimme planeet op. Myn romp waerd bidobbe, en it bytsje flêsk, dat ik oerhâlden hie, wier yn fjouwer jier forgien; mar myn bonken[20] binne wer opdold, en nei Ingelân stjûrd, dêr fyn tomeald, en as dong oer it boulân struid. Myn hûd is mei hier en al toud, en tsjinnet as biklaisel om in koffer, dy yette oer de wrâld omswabbet yn postweinen, yn trekskippen, mar myn ik, myn eigen ik, dat mei dy sprekt, hwer bleau dat, Gabe? Danich haw ik omswabbe, rounom en yn alderhânne dieren haw ik omswabbe. Dy âlde ljue dêr yn Egipten hiene nin ongelyk, as se leauden, det de sielen faek fen it iene dier yn it oare teinen; my is it to minsten sa forgien. Soms siet ik yn in kouwepanse; den yn in bargebealch; den yn de robbe fen in kabbeljou; den siet ik yn in protter op ’e naeld fen it hûs, mar noait haw ik mear eangste útstien as do ik yn in eabarre siet, en myn húsbaes in deade rôt troch de weaze schouwe moast[21]. Ik miende to boarsten! Einlinge bin ik sels yn in minske tein, en sont ik dêr yn sit bin ik út it lijen; sa tochte ik, mar it is oars útkomd. Nuver scil it dy yn de earen liede, det ik sokke rare gongen nei myn forstjerren gien bin; mar heite, leau hwetste tinkste en tink hwetste leauste, mar ik leau hwet ik ûnderfoun hab. Lyk as ik dy alles forhelle haw, sa scil ik dy ek forhelje, det ik krekt sa goed in siel haw as dou, en det ik mei myn kertierspoat, en dou mei dyn skeve skroarstile it eigenste paed biwannelje moatte; it paed namenlik om wizer en forljochter[22] to wirden. De bisten ek in siel? dou scilste my útlaeitsje, Gabe; mar hark dêr jimme greate, onforjitlike[23] Bilderdyk ’ris oer:
Gy, oorlogsbriescher, trotsch op ’t menschlijk eerlivrei, Die, ’t schuimende gebit beknabb’lend met de tanden, Hem over struik en heg, door bosschen en waranden, Door stroom en meeren voert, en juichende in uw vracht, Gemoedigd door zijn stem, en vuur en staal belacht!— Gy, ô gewiekte schaar van dieren, in de pluim Beminnaars van den mensch, (hetzij in ’t waterschuim Of ’t ongeziene spoor der luchtkring opgeheven, Of hupp’lende over de aard,) hem dienstrijk bijgebleven! Gy, morgenkraaier, met al ’t klokkend kiekenbroed, Uw stem gehoorzaam! Gy, ô beeld van huwlijksgloed. Getrouwe tortel! en gy dartle duif—Mijn klanken Vermoeiden, wilde ik u voor trouw en liefde danken, Aanhanklijk, teeder, en voor ’s stervlings oog gedwee, Wie telt de golven op der ongemeten zee? Wie al de schelpen die zy opwerpt aan de stranden?— Gelukkig in uw staat, in de opgelegde banden, Verbeidt ge ’t oogenblik van ’t algemeen herstel, ô Dieren!—’t Nadert; hoopt!—Ook ’t bijtjen in zijn cel Ontslipt de zorgen niet der Godheid.—De albezieling Bedoelt, waar ’t stof bezwijkt, behoudnis, geen vernieling. Geen wormtjen wordt vertreên, geen mijtjen zal vergaan, Of ’t zwakste leven zelfs veredelt, in ’t bestaan.

DE NOARGER RUN OP ’E HYNSTE-MERKE TO BIRGUM.

DE NOARGER RUN FOAR ’E TSJIISWEIN.
Leauste my nou ek, Gabe, det ik wer libje, en det ik in siel haw as dou? Sont ik in minske yn de moanne wirden bin, hwet haw ik ûnderfoun, hwet haw ik ûnderfoun! Ik woe graech det ik de âlde Noarger rún bleaun wier; den hie ’k myn beanstrûken tohakke, myn ljeave klaver orbere, en myn hea kôge as alear, en ik hie net ien fen al dy forkearde driften en oankomsten, dy my nou mear pleagje as de swipe fen de Kollumersweachters my by jimmes pleage hat. Mâl bin ik hjir trochswabbe, man! ik bin hjir in abbekaet wirden, mar omdet ik hwet los libbe, sa det ik mar ien’s yn it jier nei de tsjerke gong, en twaris wyks nei de komeedzje, en alle jounen by de ûlkjes roun, sa wier myn ynkommen to lyts. Ik joech my oan it skriuwen, en ik haw it folk en de âlde kening[24] tsjin eltsoarren opfierd; de âlde kening is weijage, en in nij kening wer oansteld, en ik haw my yn it kjessen set: en nou ik oan it laed sit, bin ik sa stil as in pipermûs. Ik bin hjir minister fen finansjes: ik scil, hoopj’ ik, op it lânsjild better pasje as op myn eigen. Nou scilste ek wol ’ris witte wolle, Gabe, ho it hjir yn de moanne steld is? heel oars as de ljue miene by jimmes. Jimme dichters skriuwe altyt fen stille, bleke, ljeave, frjeonlike moanne; ik scoe it dy luchtige maets kwalik nimme, as ik net wiste, det dichten en ligen twa ambachten wierne, dy eltsoar sa lyk binne as it smeijen en it slotmeitsjen. Hwent dou kinste wol bigripe, det it hjir heislike kâld en wearich is. Hwent Schröter, in poep fen jimme planeet, hat klear birekkene, det hjir bergen binne dy fiif-en-tweintichtûzen foet heech binne; dat is heger as jimme allerheechste bergen. Nou wiste ek, det hege bergen kâld binne. Dy selde Schröter hat sjoen, det ’er by ús gatten binne, dy 30.000 foet djip binne, dy der troch ierdbevingen útsmiten binne. Ho divel, kinne se nou de moanne ljeaf en frjeonlik neame? Bleek is er ek net as de sinne der net op skynt; hwent as dat sa net is den is er sa pûr swart, det jimme him net ienris sjen kinne: hy is oars mar 51,570 milen fen jimme ôf. Jimme kinne ús yn saun-en-tweintich dagen in kanonskoegel tastjûre, as jimme der mar nôch krûd efter sette. Stil is er ek net, lyk as jimme dichters him neame; hwent hy reisget alle 28 dagen om jimme planeet, en docht yn deselde swang de greate reis om de sinne mei jimme, sa det men net sizze kin, det wy hjir lang stil lizze op de lingte fen in pikelhearring. Om mar net mear omhalen to meitsjen, it is hjir yn folle dingen krekt oars en omkeard as to jimmes. De dichters, om mar hwette to neamen, dy ivich yn hjar gedachten boppe jimme planeet omswervje, dy hjar sels en de oare ljue de holle licht meitsje mei frjemde optinksels en droamerijen, en dy ûnderwilens forjitte om for de koken[25] to soargjen, en dy dêrom ivich hongerlaepje en krimmenearje, dy wirde hjir yn bargen foroare, om hjar siel en liif rêst to jaen, en hjar ’ris út to iten. De krantedrukkers, dy de minsken to jimmes yn de steatkinde foarljochtsje wolle, en dy dêrom yn it tichthûs set wirde, dy wirde hjir oansteld as opsichters yn in forbetterhûs. Keapljue, dy by jimmes in bankerot makke hawwe, dy hawwe hjir it measte credyt; hwent dy bringe de greatste slompen jild mei, en dy bitelje alles mei rij jild[26]. Ambachtsljue, dy by jimmes alle dagen kleije oer hjar swier wirk en oer krapte, al krije se alle dagen it liif fol ierdappels ef beane mei smoar, en faek jouns noch in foech dripke ta in hertsterking, dy krije allegearre in moai nij gnap hûs to biwenjen, de kost for it iten, de brânje to jow. Deis hawwe se in nij sarjes rokje oan, en in lekkens for sneins. Alle moarnen krije se in nij silveren tonderdoaske yn de bûse, en in silveren pipedop op in skjin lang piip; in rotting mei in silveren keatting krije se yn de hân, en sa wirde se alle dagen op strjitte stjûrd om to kuijerjen, to smoken en to praten; mar se meije net yn in herberge gean om hwet to keapjen; hwent der wirdt hjar oplein om it jild thús to litten en mei soarch to biwarjen, en hja meije net arbeidzje. En ho mienste, Gabe, det hjar dat libben bikaem? krekt as mynhear Flessinga de reade wyn. Dy krige it podagra, en sy de forfeling. Se sizze nou yn earnst, det se op ’e ierde út gekheit seine: Het werken is zalig. De domenijs en pastoars, dy wirde hjir lânsontfangers[27]. De dokters wirde domenijs en pastoars; en âlde frouljue dokters. De effekteljue moatte yn de goudminen arbeidzje det hjar de bonken knappe. Dat bikomt dat soadtsje divelske nij, Gabe! Dou bigrypste wol, Gabe, det ’er fen de trijehûndert wol oardelhûndert dissertearje; twahûndert-en-fyftich reisgje troch twang fen ús kening yn de izerminen, mar de fyftich, dy op ’e modder bliuwe, hearre it suchtsjen en stinnen fen hjar broerren, en bihâlde it, en biwarje it; hja sette in knoarke tabak efter de kiezzen, en hja swije. Séljue wirde boeren, en de boeren séljue. De bûterkeapers wirde oansteld as direkteurs fen de fiskbanken, dêr se yn de fiskwiven omtsjouwe kinne, en de[28] alderûndogenste wirde abbekaten. De skoallemasters moatte hjir by de yeskewein rinne. It bikomt hjar nij, mar hja binne yet fleurich omdet se hjir mynhear[29] neamd wirde. Dy by jimmes yeske-ljue wierne, dat binne hjir onderwijzers der jeugd; krekt moatte se it selde dwaen as de skoallemasters alear by jimmes. De controleurs, inspecteurs, verificateurs, secretarissen, referendarissen, en bûtengewoane gesanten, en alle oare lanten, canten, arissen en darissen, steuren en leuren, dy by jimmes pensjoenen fen it lân krigen, wylst det se sels fen de rinten dûbeld en dwers libje kinne, dy wirde hjir oansteld as oppassers yn de pesthuzen. Dat is in aeklich libben, Gabe! hwent omdet se sa bang for de pest binne, rinne se ivich mei in yettikdoek foar de mûle. Hjir komme ek wol ’ris keningen en prinsen fen jimme planeet oan; de goede, dy hjar folk hoede hawwe as in herder syn skjipkes, dy wenje allegearre op in moai bûtenpleats; en hja hawwe alle jierren fjirtsjinhûndert goune ynkommen, en dêr hawwe se neat for to dwaen as to fiskjen en to jeijen for hjar eigen plezier. Hja hawwe in libben as in grytman! De ondogenske prinsen en keningen, dy by jimmes yn de folop libbe hawwe, dy alle dagen oer it gelok en de wolfearte fen hjar folk praet hawwe, en mear om hjar eigen tocht, dy wirde hjir fen lânswegen yn in great earmhûs ûnderhâlden; mar der scil op in oar jier yette in stik oanboud wirde.
Ik bin yet al wakker warber yn myn post as minister: ik nim de minsken it jild hjir flitich ôf, en ik jaen it yette flitiger út. En as ’er hwet al to folle to koart komt, dat fol ik mei holle wirden en cifers wer oan, en den miene de ljue hjir yn de moanne, det it opperbest útkin: sa dom binne de ljue by jimme net. De Noarger rún minister fen finansjes? scilste útroppe, dat liket nuver. Ja, Gabe! forwonderje dy net to folle, man. Dou biste ommers bîbelkindich; stiet der net yn biskreaun det kening Saul earst de ezels dreau, en tonei de minsken?
Nou, Gabe, scil ik myn lange brief ta’n ein meitsje. Forjow it my, det ik minister fen finansjes bin! Myn hert is oars goed. Skriuw gau ’ris werom; ik dwaen it ek by libben en sontheit.—Jimme âlde
Noarger rún.
VRIESLAND.
Kent gij het land, waar liefde en eendracht wonen? Kent gij het land, waar de onschuld op de konen Der meisjes is geplant? Kent gij dat land? Daarheen, daarheen Strekt mijn verlangen heen. Kent gij het land, het oude, ’t eerlijk land, Waar vrienden eeuwig streden Voor ’t vrije recht en ’t land, Beschermd door vader Willems hand? Kent gij dat land? Daarheen, daarheen Strekt mijn verlangen heen. Kent gij het land, dien ouden heil’gen grond, Waar diepe denkers woonden, En wond’ren schiepen voor Euroop? Waar Campers en waar Brugmans toonden De kronk’len van Naturas loop? Kent gij dat land? Daarheen, daarheen Strekt mijn verlangen heen. Kent gij het land, het land van stille helden, Waar Groote Pier zijn houwer heeft gezwaaid, Of, als ons barsche Britten knelden, Tjerk Hiddes vlagge heeft gewaaid? Waar Gijsbert-om zoo lieflijk zong, En Onnos lier der Geuzen lof voldong? Kent gij dat land? Daarheen, daarheen Strekt mijn verlangen heen. Gij kent het land, het land van melk en honing, Het rijk van oude deugd en trouw, De wieg en ’t steunsel van Nassau, Geen Fransche keizer, vreemde koning, Een Vriesche koning is ons zin. Kent gij dat land? Daarheen, daarheen Strekt mijn verlangst alleen.
