← Table of contents
Rimen en Teltsjes

LEED EN WILLE, EN DE FLOTGERZEN. (continued 2)

Reading edition

Lyk as bisteld wier, roun hja yette efkes nei omke Douwe, en frege eft hja dy jouns wol mei Kei yn de fjûrherne fen omke sitte mochte? Dat wier sa ’n poeskokentsje, dat dêr op ’e Grouswâl stie; en ja, omke joech dalik de kaei oer, en moeike naem de sinte-Piter-koerkes for de berntsjes frjeonlik oan. En stjûrman Haije kaem fen de souder ôf mei in lytse koffe mei mêsten en seilen en touwen, dêr er twa winters oer fike, nifele en praktesearre hie; mar omdet it in til wier, en det er it ding graech net skeind oer hawwe woe, sa droech er it sels en gong mei de widdou nei hûs ta. En ûnderweis do frege er hjar mar rjucht út, eft hja Kei wol slite woe? Mar hy hoefde it net to freegjen, hy wiste it wol, en hja sei neat as: “Ja, Haije. Wier ik ’er mar ôf; mar den wier ’t ’er mei omke to rêdden, en dêr moat ik folle om litte.” “Ja, mar alles net, sei Haije. Scoestou, jong en fleurich astou biste, dy oan in âld pluch forhingje? En dou wiste it ommers wol, âlde ljeafde roastet net. To nacht, as de klok toalf ûre slein hat, scil it spil oangean, mar den moaste nearne bang for wirde, dat sizze ik dy. Dou moaste mar net to tichte by it fjûr sitte, mear haw ik dy net to sizzen. It scil sint-Piterje sa as it noait yet yn Grou bard is, en Kei rekket sa moai net út de fjûrherne as er der ynkomd is. As ’t mâl komt, gean dou mar yn in hoekjen stean. Hy is bygelovich, dat wit ik; hy reisget nachts net maklik allinne, sa sit him dy falske eed yn ’e mage. As er in swart kat op ’e wei sjucht, den mient ’er al, det er in lytsfeint fen de kweade foar hat. “Dêr, nonke!” sei er, knypte hjar yn de hân, en treau ’er in gouden rider yn. “Alde ljeafde roastet net, sei er, tink dêrom, Saepk!” en dat lêste wird sei er mei dy selde toan as foar fyftsjin jier. It skipke waerd stil troch it lûk op ’e souder set, en do gong Saepke wer by hjar berntsjes om de hird sitten.

De twa jongste waerden al slieperich en bigounen to knikkeboljen, en den kitele de âldste hjar mei in strieke yn ’e noasters, en den bigounen hja to tsjieren en waerden jounich en tizich. “Berntsjes, gean op bêd. Strak let de berneklok, en den komt it wiif mei de de blauwe mouwe”, sei hja. “It wiif mei de blauwe mouwe, mem! Hwa is dat, mem?” seine de berntsjes nijsgjirrich. “Kenn’ jimme dat telke net?” sei Saepke, hark den ’ris.”

IT WIIF MEI DE BLAUWE MOUWEN.

Hark! Hwet teistert om de glêzen? Hark! Hwet wimelt om de doar? ’t Is in selsom tsjuster wêzen. Bliuw hjir wei, dou swarte moar! Berntsjes, is ’t wol to bitrouwen, ’t Skym’rich wiif mei blauwe mouwen? ’t Skymrich wiif komt út de marren, Ut de swarte wetters op; Ulen fleane mei eltsoarren Troch de loft op hjar gerop. Berntsjes, is ’t wol to bitrouwen ’t Skym’rich wiif mei blauwe mouwen? As de sinne yn ’t wetter dûket Stiicht hja út de marren wei. As de stoarm it wetter bûket Is ’t for hjar in simmerdei, En hja bromt troch mêst en touwen, ’t Skym’rich wiif mei blauwe mouwen. Stikels rint hja dwers oer hinne En oer de doerren fen de poel; En jaget wei de ljeave sinne; En tsjuster wirdt de loft en koel. Berntsjes, is ’t wol to bitrouwen It wiif mei de blauwe mouwen! En kin hja lytse berntsjes fine, Dy net nei bêd ta wolle gean, Dy altyt skrieme, en tsjiere en grine, Dy triuwt hja yn hjar blauwe klean. O Berntsjes! ’t is om to bisauwen. Dat wiif mei de blauwe mouwen!

Sa waerd de nacht do ôfbylde as in wiif mei blauwe mouwen: in sjamme om de berntsjes mak to krijen en nei bêd to jeijen. Hja seagen ek nuver op, en de lytste krûpte de mem oan, en de oaren klaeiden hjar dalik út. Do hja op bêd laeinen sluten hja de eagen, en mei in wink wier de sliep hjar master, lyk as berntsjes binne. Nou hie Saepke tiid om hjar sint-Piterkoerkes to follen, en dêrby it iene en oare to tinken en to sizzen.

De âldste jonge sette hja it skipke, dat de stjûrman ré makke hie, midden op ’e tafel del, en treau it fol koeke en swiet gûd, en sei: “Dou haste altyd farren yn ’e holle. Boike, boike! it farren hâldt hwet yn. Nou, dêr is dyn earste skip. Far nou, mar wêz’ foarsichtich. As de jonges lyts binne boartsje hja op it wetter yn de sleatten; as hja great wirde den boartsje hja mei de séën en oceanen, mei stoarmen en orkanen, en laitsje faek mei Gods oardelen. O, wêz’ wizer, boi! Dou biste de earste, dy ik sa ljeaf hawn ha as in mem in bern hawwe kin. Far, en far sa lang astou kinste. De sé moat ek bitsjinne wirde; mar forjit dyn mem net.”

De twade soan hie hja in lyts hynzerke for koft, omdet dy altyt fen hynzers en kij praette. Dêr boun hja in lyts rymke oan; it wier sa:

Dêr laeit in hynke, dyn forlangen, It boerkjen spilet yn dyn sin; Dat is dyn sykjen, praten, drangen; Dêr sjongste en dêr dreamste fen. It húg’t my, det ik by ús oarre Mei kij en skiep to fjilde teach; O, mocht it my yet ek gebarre, Det ik dy ek oan ’t boerkjen seach! O, siikje net oan frjemde strânnen ’t Gelok, det foar dyn foetten laeit. It skieden fen dy ljeafste pânnen, Bitink it, boike, hwet it seit. In stil bidriuw mei froede sinnen, O bern! ik sprek in treftich wird, Dat jowt in himelryk fen binnen By eigen folk en eigen hird.

En do roun hja mei de lampe nei it bêd ta. “Ja, sjuch, sei hja, dêr laeit er mei syn roune troanje. It is krekt in boerebistek”. Hja scoe him in triuwer jaen, mar hja lei de fingers op ’e lippen, en bitocht hjar wer, om him net wekker to meitsjen.

Einlinge kaem de beurt oan hjar hertlapke, de lytste, dat in famke wier. Dy joech hja mank oar gûd in widske mei in poppe der yn, en in poppespinwieltsje. En hwet hja dêrby tochte en sei, dat kin in mem mar biskriuwe, mar ik haw ’er nin wirden for. Hwent nin

Nin, nin pinnen biskriuwe Nin memme ljeafdefjûr net.

Hja biljachte it berntsje ’ris yn de krêbbe en sei neat as: “Myn okkebyld!”

Do dat alles bistjûrd wier kaem hjar frijer Kei oan de doar en dy laette hja nei de fjûrherne ef poeskoken ta, dy efter omke op de Grouswâl stoe, en dêr hja de kaei fen hie, omdet hja dêr feiliger for de struners wierne. Hja hie it biloofd, mar it gong net fen herten. Kei hie in kanne mei bier meinomd, en dy scoe dêr waerm makke wirde. Hja die de doar op, stiek it ljocht op, en sette in fjûr oan yn dy fjûrherne. Hjir koe nin minske hjar sjen; hwent der wier mar ien finster yn, en dat seach op de Grou út. Do de klok toalf ûre slein hie, en it fjûrke moai barnde, sette stjûrman Haije in ljedde by de gevel op, en stiek in skipsropper ta de skoarstien yn; dêr rôp er mei in hol lûd troch: “Valsche eeden schreeuwen tegen den hemel!” En do spatten hja beiden al fen it fjûr ôf; en do scoe Kei nei de doar ta, mar dêr siet in stôk op. Do smiet de stjûrman in great hânfol boskrûd troch de skoarstien op it fjûr, dat in lôge joech oer de hele fjûrherne; en do kaem ’er in swarte kat troch rôljen; en do waerd Kei sa eang, (hwent dy seach er for de kweade oan,) det er it finster opskau en dêr ta útsprong; en do miende er, det er op in stalt to lânne kaem, mar it wier de fiskbodde fen Douwe Brander, dy dêr yn de Grou foar de wâl laei; dy kentere, en dêr laei Kei mei syn moaije klean yn it wetter. De stjûrman wier al lang by de ljedde del en hie de stôk fen de doar nomd; en Saepke wier nei hûs fluchte, en do roun er hastich nei de wâl, dêr Kei yn it wetter omsloech as de houn yn de rogge. Dy stiek er dalik de ljedde ta, en dêr krûpte er by op nei de wâl ta; en hy oeffe det er hast nin wird sprekke koe. “Wisten jy net sei stjûrman Haije bidaerd wei, det it Grouster wetter om sint-Piter yette net lij is?” “Wel ja, man, sei Kei, mar ik siet dêr yn dy fjûrherne yn dat poeskokentsje by de widdou, mar yn dat hok regearret de divel, leau ik. Dêr kom ik noait wer yn.” “Né, sei de stjûrman, de divel net, mar dêr spoeket in âld fiskael yn, dy him dêr foar jierren sels yn ophinge hat; in great snaek, in oerkommeling, dy sa folle falske eden sward hie as ’er dagen yn it jier binne.” “Ik wit ek net,” sei Haije, ho Saepke jo yn dat hok loatse koe; hwent it dooch der net. It hat nei de dea fen dy âlde fiskael wol tritich jier ticht sitten, det er nin minske yn to kommen doarste.” “Ja, mar dy klitse hat my it dien; hwent ik haw wol mirken, det it bledtsje omkeard wier; hwent hja wier sa wêrzich en ôfkearich fen my, det hja net ienris mei my oanlizze woe. Ik miende oars det it al klonken wirk wier, en ik hie de knottedoek en it troujild al meinomd; mar mis wier it.” “Ja, man, sei Haije, ik bin in séfarjer. Ik kom oeral, en lear folle frouljue kennen en wy sizze altyt:

Wintersche nachten, Vrouwen-gedachten, En de gunst van groote heeren, Kunnen ligt verkeeren.”

“’t Is wier hwet jy sizze, sei Kei. “Mar moatt’ jy jo net ’ris fordroegje, frjeon?” “Né, sei er, set my mei in boatsje oer de Grou; den rin ik oer Friens nei hûs ta, en den sjen ik Grou noait wer; sa is ’t my yn dat nêst al forgien.” Haije sette him oer ’e Grou. “En nou moatte jy mar hird rinne, sei er; den wirdt it bloed gau wer waerm; mar rin mar net al to hird, de kweade scil jo net efternei sitte. Jy habbe ommers nin falske eed dien.” Kei sei neat, mar it roun him kâlder troch de lea as it Grouswetter fen de sint-Pitersnacht dien hie, en hy roun foart.

Nou gong de stjûrman yn de fjûrherne, helle it waerm bier der út, en gong ’er mei nei de widdou, en hie in plezierige sint-Pitersnacht, en it bislút wier de boask fen dit pear. It slimste wier nou bihâlden mei omke Douwe; hwent dy wier net bêst to sprekken, det hja dy fûgel sa fleane litten hie. “Ik ken de stjûrman, sei er, hy hâldt him nou goed, en it is in séman op en út, mar in hynzer, dat ienris op ’e rin west is, kin it wer ’ris dwaen.” “Dat is wier omke, sei Saepke, mar dy jong net útraesd is, dy bigjint faek yette fratsen as de grize hierren komme, en den stiet it noch lilker. En dêrby, ik moat ’er mei oanpiele, en ien tsjin it sin wol ik dochs net hawwe, al wier er yn goud bislein.” “Ja, ja, ik hear it wol, sei omke, dou biste ek al ien lyk as de measte frouljue binne: der sitte manskoppen op. En nou folle gelok den mar!” “Né, mar, hou! sa net foart, omke!” Hja skonk yet ’ris fen de swarte beijen, en forhelle him ’ris hwet hja fen Kei heard hie, en do wier de âlde hear bliid, det er ôfsâlten wier; en hy lake eris oer dy nuvere reis fen de fiskbodde yn de âlde kâlde Grou. “Mar, sei er, ik haw do ik jong wier ’ris mei in Molkwarrumer fearn; dy hie in sankje, dat ken ik yette wol, as ik my goed bitink. Sa, tink ik, scil it Haije yette ek gean.” “Ho wier dat, omke?” sei Saepke, en brocht him ’ris ta. “Ik scil it mar oplêze, sei de âlde hear; it sjongen is my forleard.”

RIENK FEN MOLKWAR.

Der wenne in feintsje to Molkwar, Sa stûf, sa stoer fen wêzen, En ’t wylde rûge sémansaerd Stoe yn syn each to lêzen. Hy swalke alle séën roun Nei fiere frjemde lânnen. Soms seach er de iisbear yn de bek, En den de Etna brânnen. Mar hwer er kaem ef hwer er foer, Nin faem koe him bikoare; Al wier ’t in fluch Fransintsje ek, Hy bleau lyk as to-foare. Mar ’t wier ’ris op in wintertiid, Do moast er thús wol bliuwe. Nou pjukte er mei in slydtsje om As de Molkwarmer ljuwe. Hy pjukte hirder as elkien, En stau hast oer it iis. Nou fleach er tsjin in slydtsje oan, Sa hird, it wier in griis. Dat slydtsje siet in famke yn, Dy rôlle ’im op ’e skirte. Hja sei: “Wel, maet! Hwet pjukste hird! Dat jowt in koeke, grutte.” Hy sei: “Wel, faem, dat wier net tsjoed. Ik scil him joun wol bringe. ’k Hab by dyn broer yn Nerva west. Den haw ik goede tynge.” Hy sei; “Goe’n joun, myn goede faem! Hjir kom ik mei de koeke.” “Kom, biste dêr? ’t is goed, sei Fock, Gong sitten yn de hoeke.” Us mem en fear dy binne foart; Den kinste ’t hûs mei hâlde. En stook den mar ’ris helder op; Oars wirdste yet forkâlde.” Dat blier-ljeaf each, dy frjeonlikheit, Dy koe er net fordrage, En det er tsjin dat slydtsje oanskau, Joech him de nederlage. Hy foer nou yette wol op sé, Mar altyt lytse reiskes. Hy waerd ek himmel, tsjep en twang, En pronksk as de Janmeiskes. Do sein’ de feinten fen Molkwar, Dy him sa trinten seagen: “Rienk hat in divel sjoen op sé; Dy spoeket op ’e weagen.” “Né, né! sei Rienk, “nin divel, né, Seach ik oait op ’e weagen, Mar ’n yngel seach ik op it lân, Dy leit my leaze leagen. Dy lûkt myn sinnen fen de sé, Nou moat ik thús wol bliuwe. Al lizze er tûzen skippen klear, Ik lit se farre en driuwe.”

Mei priksliden op ’t iis by Molkwar.
Mei priksliden op ’t iis by Molkwar.

MEI PRIKSLIDEN OP ’T IIS BY MOLKWAR.

“Scoe it Haije ek sa gean scille, omke?” sei hja do. “Sa tink ik ’er oer”, sei Douwe; “en, sei ’er op syn sémans, as ’er nou yette in jier mannich goed fart, en as ik den de toffels e’ris úttsjen, en mei de foetten tsjin it Easten liz, den scil er yette sa folle wol oersjitte, det jimme yette wol boer wirde kinne”. “Ja, mar, sei de widdou, hwa hat Haije it boerkjen leard, omke?” “O, sei de âlde do dêrop, dat de manljue net kinne, dat leare de frouljue hjar al.” En it is ek al sa útkomd as de âlde man ’er do oer praette; hja waerden boer en boerinne troch in sinte-Pitersgrap, en omdet it wiif ’er meast bistek yn hie.

SEMANS KLACHTE.

(It wirdt songen as In einem kühlen grunde Da geht ein mühle etc.)

Moai Etke fen Teroele! Hwer ik ek sit ef rin, Dou brochtst my op ’e doele, Dou bist’ net út myn sin. Dêr yn dy stille hutte Ticht oan dy wetterswâl, Dêr siet ik, sleauwe Tutte, Hwet wierne wy den mâl! Fen det de jounklok lette Ta det de ljurk al song, It scoe ús noait fortrette, Dou suchtste as ik gong. Och, as minuten rounen Dy ûren den foarby. O, ljeave, hill’ge jounen! Ho sillich wiern’ se my. ’k Joech hjar in ring op trouwe, En swarde in eed ’er by. Ik woe ’er in toer op bouwe. Ho rêd forgeat hja my! Nou mei ik floitsje ef sjonge, Ik krij it dochs net oars, In rike boerejonge Giet foar in earm matroas. Mar ’k wol net langer kleije: Ik swicht net for it jild. ’k Wol as in ruter jeije Oer ’t bloedich oarlochsfjild: Hwer hege séën geane, Nei ’t fiere westen ta, Oer wylde weagen fleane Nei ’t frij Amerika. Moai Etke fen Teroele! Sjoch, ik forstou as tsjêf. Dou brochtst’ my op ’e doele; Ik siikje om myn grêf.

Grou, 3 Januwaris 1851. E. H.

DE LANGESLEATTEMER MAN.

Oer Earnewâldes rûge petten, Dêr ûl en reiddomp nêsten bout, Dêr dangelt oan de lange sleatten In spoeksel om, dêr elts fen grout. In swarte tabbert om syn lidden Stapt hy dêr nachts sa earnstich roun, En liket fol birou to bidden, En digert jimmer nei de groun. Dêr hat foar lange âlde tiden In smid to Earnewâlde west, Dy wezen útsûgd hie ’n útriden; Nou hat er yn it grêf nin rêst. De baes siet fol fen kweade lagen: En abbekaet dat wier syn hoal. Ek waerd er fen de kweade dage: Dy teistert him nou as syn boal. Hy hat dêr earne in skat bigraven Mei list en skelmerije woun, En as de ûlen en de raven Dwaelt hy dêr mannich nachten roun. En dy him sjocht dy is forplett’re. Hy is de skrik fen lyts en great. En dy ’t net leaut, dy wirdt forkett’re; ’n Oerkomling is ’t, dy leaut oan neat. Net ien giet dêr oan wâl to lûken; Hwent elk is bang for d’âlde kwant; En sjocht er hantsjeriis[50] ef strûke, Hy skouwt forbaesd nei d’oare kant. De fammen scille ’im oars net hate; Hwent komt de frijer snein-to-joun, Dy scil noait fen nin skieden prate, Sa lang de sinne is ûnd’re groun. De struners scill’ hjar ek net pleagje: Gjin minske reisget dêr by nacht. Dy scoe er ongenedich reagje, Hwent ivich hâldt dy man dêr wacht. En fen geslachte ta geslachte Sjen hja dy kweade smid dêr gean, En op de inkele gedachte Den barne hjar de kâlde klean. Mar jammer is it om to hearren, Ho det in famke, earme sloof, Troch dat forskynsel kaem to stjerren, En ’t offer waerd fen ’t bygeloaf.

IT FAMKE.

Net fier fen dy Gariper rekken Dêr laei in aek yn ’t reid, In fiskerman siet by syn dochter Dêr yn dy ienlikheit. ’t Wier op in moaije snjeon-to-joune En yn de ongetiid, De sinne niigde nei de kimen, En alles swile om striid. Do sei de fisker tsjin syn dochter: “’k Wol moarn nei tsjerke ta, “En tsjen ik joun nei Earnewâlde “Moastou de wacht hjir ha. “En komt ’er faek in ongetider, “Lit dy den ek mar oer. “Dou moaste altomet útkypje; “Licht krigest’ yet in stûr.” In kâlde mist teach oer de mieden Mei ’t fallen fen de joun. En oer de toppen fen de doerren Dêr dwaelde in minske roun. Nou skau hja gau nei de oare side, Mar ’t skynsel dat forskeat, En stoep bidaerd mei lange tredden Dêr oer dy wîde feart. Forskrikt, forheard, alhiel forbjustre Wier do dat jonge sloof. De siken stoeken, ’t herte tikke, Hjar lea dy waerden doaf. Mei moed skau hja nei Earnewâlde, Dy lange, lange wei, En hwer hja troch de dauwe dig’re It skynsel folge nei. Haeldea fen swit en dauwedrippen Kaem dêr dat sloofke oan, Mar do de faer hjar reden hearde, Do wier der nin forskoan. “Hwet scoe dy âlde spoek dy leare? Sa spriek dy hirde faer, “Al komt er by dy yn it boatsje, “Wol, der is nin gefaer. “Kinstou dy aek sa lizze litte “Mei al dy fûken, sei?” Hjar broer, in beuker fen in jonge, Gong do for selskip mei. Hja kamen yn de aek to lânne, Mar ’t wier fen lytse dûr. Twa dagen hat it hertke libbe, Mar, och, do wier it oer. De skrik, de skok hie hjar formast’re, En ’t jonge hert stoe stil. Mar frege men dy simple ljuwe: “Och, ja, it wier Gods wil!” Nou is ’t geloof dêr yette greater Oan ’t spoeksel fen de nacht, En ivich hâldt yet by dy sleat om Dy âlde smid de wacht. Sa taekt de kweade yn ús dagen Yet ek syn aes en roof; Mar, o, syn gleone giselroede. Dat is it bygeloof.

Grou, 24 Novembris 1849. E. H.

Yn ’e poelen en petten fen Earnewald.
Yn ’e poelen en petten fen Earnewald.

YN ’E POELEN EN PETTEN FEN EARNEWALD.

GABE SKROAR EN BYSITTER GOARRELT.

Yn Gabe-skroars feintejierren wenne ’er in bysitter to Wytmarsum, dy hjitte Goarrelt Abes van Hynxtema, in ryk man, in deftich man; edel as in hoanne op de rúchskerne, mei in greate earsucht. It wier in âldfeint, dy allinne mei syn sister en de boden hûshâldde. Dy sister tochte ek net djip, mar dat wier sa’n roffelskûte, dy altyd mei de hiele hûd útfoel, en der alles mar útflapte, ef it pas joech ef net, det Goarrelt-om wol ’ris yn syn eare gong, en him soms ek wol danich yn de wei wier. Fen dizze ljue hiene Gabe âlders in stik lân yn hier, mar sa djûr, det Gabe mar ’ris hird bigrepen hie om it sa net wer to nimmen, en dêrom hie er foarnomd, om, as bysitter ’ris by hjar wer oan hús kaem, om it lân wer to forhieren, om den sels it wird to dwaen, omdet er wol wiste, det Pibomme him wol ’ris foarbyprate liet. Dat waerd ek sa twiske hjar beiden ôfpraet. Mar Gabe hie yette mear yn it sin, hwent der siet yet in âlde oast twiske him en de bysitter. Dy hie namlik in gnap jongfaem oan hûs, dy der fen bern ôf wenne hie; dêr hie bysitter ek al lang smuchte op hawn, mar hy wier to earsuchtich op syn menear om sa ’n earm tsjinstboade ta syn wiif to nimmen. En dochs ienris op in lette joun kaem de bysitter út in wyngelach, en do waerd de man in man, en hy hie syn deftichheit en syn earsucht forgetten, en dat bytsje frouljuflêsk, dat om syn spjuchtige lea siet, bigoun to libjen. De faem docht him de doar op, en hy grypt hjar by hjar mûtele earm. Dy waerd kel en sei: “Hwet siikje jy, bysitter?” “Neat, Joukje!” sei er, en hy hâldde hjar mar fêst. “Ja, jy siikje al it ien ef it oare”, sei de faem; mar hja grypt mei de oare him syn aftersteekje fen de holle, en saeit it yn de molkenkeamer, dêr just de doar wiid en waech fen iepen stie, en sei: “Hawar, bysitter! Nou wit’ jy to minste, hwer det jy om siikje kinne.” Hy stoep yn de molkenkeamer om de hoed to siikjen, en truzelt, fen de wyn bidwelme, foaroer yn de rige fen folle aden mei mâlke, dêr de reamme al tsjok op stie. Syn nij sarjes rokje seach ’er danich út. Dat wier twa houwen yn bysitter syn earsucht. De bysitter wier razend en woe de faem der útjeije, mar de sister kearde it, en sei: “Hwerom sûpste sa folle fen dat mâl gûd? Dêr biste swymhollich fen wirden”. Mar lyk as it mear giet yn de wrâld, dy sels net oan it spek komme kin, gint in oar faek de swaerden net. Gjin frijer mocht de faem frjeonlik taknikke, ik lit stean, det ’er ien by komme mocht, en Gabe, dy der faek op loerd hie, wist er it altyd to ontlizzen. Nou krige Gabe it grou op him, en dy wachtte mar op in gelegenheit om bysitter Goarrelt ’ris to rjuchte to setten. Dy gelegenheid kaem ’er gau.

Op in jountiid kaem de bysitter mei syn sister by Pibomme en Saskemoi ynstappen nei det se earst in boade stjûrd hiene. Hy wier krekt eft er sa just út it kammenet stapt wier. Dizze kear hie de man in greaten fine roune hoed mei útplústere rânnen mei in moai gouden gasp der foare op, in lange deftige rôk oan, dêr gjin knûkeltsje ef spruzeltsje op to sjen wier, mei in wite bef foar en gouden knopen yn ’t himd; in rotting mei in pasteleinen knop, en in lang silveren keatling ’er oan, droech er yn de hân; in spand lekkensk broekje mei kûtgaspen en silverskiere hoazzen, en oeribele greate silveren gaspen op ’e skoen. Koartom it wier alles sa skjin en eptich as it hearde. In great gouden haloazjekeatling bongele him op ’e foarbroek om, en do er yn ’e hoeke sitten gong op in hege glêdde pronkstoel, do helle er mei staesje in great wyt bûsdoek ta de bûse út en snute him sa deftich eft er by de grytman op it rjuchthûs siet. En hy rookte syn eigen tabak kwanskwys, mar it wier egentlik om syn swiere silveren tabaksdoaze sjen to letten, dêr de hele boerkerij op ôfbylde stie, en as alleman dy den biwondere hie, den sei er: “Ja, men scoe sizze, ho kinne minskehânnen it sa meitsje! Mar it hat my forskate goudene dukaten koste.” Gabe siet neist him op in leech wâldstoeltsje mei in birdbarnerke yn de mûle. “Dou sitste dêr nederich, Gabe”, sei bysitter; mar liet er derop folgje: die zich zelven vernedert, zal verhoogd worden”. “Dat hoopje ik”, sei Gabe. It dûrre net lang, ef it bigoun al gau oer de ynhieringe fen it stik lân, en do fierde Gabe it wird allinne. Gabe woe in trijegoune fen it pounsmjitte ôf hawwe, mar bysitter woe neat sakje litte fen de âlde hier. Do foel syn sister út, en dy sei: “Ik scoe it mar dwaen, Goarrelt-ju! It binne bêste ljue; dy moatte ek hwet oan ús fortsjinje. Dou haste ommers yette wol in boarnamer fol jild lizzen. Wirdste gjirrich? Wo’ste it mei yn de deakiste nimme? Dou scilste ’er net sêfter om lizze.” Sa foel dy út. “Né, sei Goarrelt, mar ik bin to earsuchtich om it lân for minder jild to jaen as ’t foar fiif jier west is. It is neat minder wirden yn dy tiid.” “Earsuchtich? rôp Gabe binijd út, “Earesucht? Jy hawwe in nuvere earesucht nei myn ynsjoch, bysitter. Binn’ jy ek to earesuchtich om wierheit to hearren? Den scil ik jo in forklearringe jaen oer de rjuchte earesucht en de forkearde earesucht. Mar ik moat earst witte, eft it ek yn jou eare giet om fen in kreupel skroarke de wierheit to hearren?” “Wol né, man; lêz’ op mar, sei de bysitter; ik scil ’er it hearren ta dwaen.”

Bysitter truzelt yn ’e molkenkelder.
Bysitter truzelt yn ’e molkenkelder.

BYSITTER TRUZELT YN ’E MOLKENKELDER.

“Nou den, de rjuchte earesucht bistiet dêryn, det men der in eare yn stelt om net to heech fen yen sels to tinken, en net to leech fen in oar; om lyk en rjucht to dwaen; earlik en oprjucht to wêzen; alle minsken it sa goed to ginnen as men it sels hat; de kweade fen hjar forkearde paden ôf to helpjen en ta betterskip to bringen; de earme minsken mei meilijen to bihanneljen; de driftige ta to jaen; onrjucht net mei onrjucht to forjildzjen; op yen sels to pasjen, mar nin bloedjild to bijearjen, en sa dwaende de ginst fen God en alle minsken to fortsjinjen. Dêr moatte jy de rjuchte earesucht yn siikje, en ik wol ek net graech sizze, bysitter, det jy dat net dwane; bileaven net! Jy binne sa ’n slim man net. Mar jy hawwe punten, dêr jy de earesucht yn siikje, en dêr er net ynsit, en dy wol ik jo oantoane, as it mei jins bileaven wier. Foarearst binne jy earsuchtich op jins namme; jy hjitte van Hynxtema, en jy fiere ek in wapen. Dat bistiet yn twa hynzers, in terskswingel en in wanne, en omdet ’er in van foar jins namme stiet, nou meitsje jy jo sels wiis, det jy sa hwet fen de âlde Fryske adel binne. Mar, ljeave man, as jy ’ris wistene ho jins oeroarreheit oan dy namme en oan dat wapen komd wier, jy scoenen der net greatsk op wêze.” “Wol, ho binne wy der den oankomd?” frege de bysitter him brimstich. “Nou, farde Gabe foart,.... Mar jy binne, hoopje ik, net to earesuchtich om de wierheit to hearren?” “Wel, né, ju! Ik bin nijsgjirrich it to hearren” wier it antwird. “Nou, ús âld smid, dy forline jier yn syn fiif-en-sauntichste jier stoarn is, hat my ’ris forteld, det jo oeroarreheit hjir to Wytmarsum hospes wier, en de earste man dy hjir hynsten hâldde. Dêrby hâldde er ek in koalkleed, en mei dy trije dingen gong it hem extra-goed. Mar lyk as jy ek al sa min ef mear binne, de man wier proastich en boastich en wakker op syn eare steld. Hy wier ’ris to Frentsjer, sa as er miende yn in selskip dêr nimmen him koe, en dêr joech er him for in greidboer út, dy twa hynzers ried. Dat leach er ek net; hwent hy hâldde ek in kou, en meande alle bleken yn Wytmarsum; mar hja neamden him om dy pocherij tonei altyd fen Abe Hynxteboer. En nou wenne ’er in gnap faem by him, dy by in grytman Aylwa wenne hie. Dy grytman scoe noait syn doar foarbyride, ef hy moast in flesse wyn by him drinke, en dy moast de faem him skinke. It wier altyd eft it him better smakke, as dy der de azem oer gean liet. Dat wier in frolik man, en dy neamde de hospes altyd van Hynxtema, en dy makke him wiis, det er min ef mear fen de adel wier, en dy liet him ek dat wapen snije, dêr hy syn brieven mei talakte, lyk as jy yette dwaen. Dat hawwe jy dos oan in moai faem to tankjen; hwent hie dy der net wenne, den hie dy grytman der licht noait sa faek net west, alteast net pleistere. En jy hoeve jo it net to skamjen, det jo oeroarreheit mei hynstehâlden de groun lein hat fen jou kaptael; mar jy moatte ’er net greatsk op wêze, mar der in goed gebrûk fen meitsje.” “Hwerom hat dy âld smid my dat noait forhelle?” sei Goarrelt. “Wol, omdet er in goed klant oan jo mei jou twa boerepleatsen hie. Hy wiste wol, det jo earesucht hiene for jins wapen en jins namme, en dy earesucht woe er jo net binimme, om him sels it brea net út de mûle to stjitten; mar ik hab neat fen jo to freegjen ef to freezjen. Dêrom siz ik jo de wierheit, en jy binne net to earesuchtich om hjar to hearren, wol, bysitter?” “Né”, sei Goarrelt-om, mar hy forbiet him al in bytsje.

“En den binne jy ek noch earesuchtich op jins ampt as bysitter fen de gritenij. Wêz’ dêr foaral net greatsk op. It is net om jins great forstân, det jy dat wirden binne, mar om jins lânnen en grounen. Dy ljue, dy dêr komme, dat moatte ljue fen gewicht wêze, fen pounen, né, pounsmjitten. En as jy den op ’e rjuchtkeamer komme, den hawwe jy neat to dwaen as it stompe ein fen jins lichem to brûken om ’er mei op in grien kjessen to sitten, en mei it spitse ein efkes to knikken ef to nigen as it pas jowt. De rie is al sletten ear det jy by de treppen opgeane. Sjoch, bysitter, dat is alles, hwet ’er fen jo foardere wirdt. Jy koene yette earesuchtich wêze, det jy de geheimen fen de rie earder wisten as in oar; mar, och myn frjeon, it bier, dat dêr broud wirdt, kriget de boargerman neijerhân ek al to priuwen, en hy moat it sûpe eft it him smakket ef net; en jy ek mei, bysitter. Dat is de wierheit. En jy binne ommers net to earesuchtich om hjar to hearren.” “Né, ju! Lêz’ op mar!” sei de bysitter noartich, en hy krige in kaem fen lilkens.

“Licht binne jy ek earesuchtich op jins jild, jins lânnen en grounen, dy al for jo bistimd wierne foar det jy yn de widze laeinen, en dêr jy al in gedeelte fen bisieten ear det jy doopt wierne. As jy oars neat hawn hawwe op ’e ierde, den scil der ek neat for jo weilein wirde. Deel der ek fen mei; as jy dea binne giet elts dochs mei in stik foart, en der bliuwt neat fen jo oer as in grêfstien. It mos groeit op dy stien, de sinne en de rein skulferje dy stien ôf, en jou namme fordwynt fen de ierde bihalven yn de tankbre herten fen bern en bernsbern fen dy ljue, dy jy goeddien habbe. Mar det jy de earesucht siikje yn goud en silver oan jo to dragen, en sa trinten en deftich yn de klean binne, eft jy sa út it kammenet stapt wierne, en det ’er nin knûkel ef spruzeltsje op jins klean to finen is; och! siikje dêr de earesucht ek net yn. In oar laket ’er mar om. In skjin himd en in nij rôk dy kin men sachts oantsjen, mar in skjin geweten sûnder skynhillichheit wêz dêr earesuchtich op.”—“Ik scoe mar ophâlde”, sei Pibomme. “Né, mar, sei Gabe, Bysitter is ommers net to earesuchtich om de wierheit to hearren, wol?” “Ei ju, dat fregest’ my jimmerwei!” en it bloed kaem him yn de eagen. “Nou, bysitter, ik wist it net; mar jy binne yette ek earesuchtich, det jy sa ’n flitigen tsjerkgonger binne, en it is to priizgjen, det jy dêr mei liif en siel foar binne; mar ik moat jo sizze, det de measte sneinen, as de earste ’salm útsongen is, det jy den, siz ik, de siel út-fen-hûs stjûre; hwent den bigjinne jy to sliepen en to snoarkjen, det de bank ’er fen droant. En dat dûrret krekt sa lang as de dyaken mei it ponkje komt; den jowt ús baes timmerman, dy neist jo sit, jo in stomp mei de earmtakke únder de koarte ribben; en dêr docht de man ek goed oan. Hwent foar twa jier is it ’ris bard op in peaskemoarn, det de dyaken jo mei it ponkje ûnder de noas staette, en do wierne jy sa forbouwerearre, det jy yn de hast in wylde kastanje, dy jy for de jicht yn de bûse droegen, yn it ponkje smieten yn pleats fen in keizersgoune, lyk as jo wol paste, better as my in dûbeltsje; hwent dêr moat ik in ûre for sitte to pjukken.” De bysitter gong de iene kleur ôf en de oare oan, en hy siet to swolgjen krekt eft him in stik hirde potstrou yn de wêze stykjen bleaun wier; mar de sister fen Goarrelt knikte Gabe ta, krekt eft hja sizze woe: “To, matskje op mar!” “Jy binne to earesuchtich om jou lân goekeaper to forhieren as fen to foaren, al sjenne jy, det nin minske it ’er meitsje kin. Jy sister seit oars, det jy genôch hawwe. Mar scoe der by jo net hwet ynhellichheit mei ûnder rinne? Mear is genôch by jo; mar jy jane it in oare namme. Leau my, bysitter; folle ljue, dy graech lije meije, det men hjar ’salmsjongen heart boppe in oar út, dy wolle net hearre, det men hjar trijegounen klinken heart. Dêrom bigjinne hja der mei to hoedzjen, yn âlde foetsokken en kjessenslopen, yn âlde kastkoppen; ef hja bidobje it jild yn potten ûnder de groun as de hounen de bonken.” “Haste dyn nocht hast, skroarke?” sei de bysitter; “ik al lang.” “Yet ien ding woe ik jo koartwei sizze; hwent it helpt jo mear as fiif-en-tweintich preken, dy jy forsliepe.” Do sei Gabe: “Der is noait ien keardel sa meager, ef der sit yet altyd in lead frouljuflêsk oan him, en howol jy al hwette bjinbitich binne, sa sit der by jo yette folle mear oan. Pounen sitte der oan bysitter, dat wit ik. Ik wit it, man, dy moaije blauwe eagen, dy reade wangen, dy mûtele earmen, dy flinke gong fen jins faem Joukje, dy hawwe jo bitsjoend, mar jy doare it net uterje, en jy binne to earesuchtich om hjar to trouwen; mar dat wirdt in slange yn jins binnenste, dy him einling sels yet yn de stirt bite scil. Hwent noait hawwe jy in hirddravershynzer hawn, dêr jy mear noed en soarch for droegene as for dy faem. Mar dy earesucht, dy earesucht! Dêr forkoarte jy jins libben yette mei. Hwent it is krekt eft jou stellen gûd yn hûs ha, sa ’n noed habbe jy mei dy faem. Hwent as ik ef in oar hjar mar efkes frjeonlik taknikke, den sjenne jy ús mei ûlseagen oan. Trou se, man! Den is de noed út.” De bysitter hie syn nocht. “Ik gean der út, sei ’er sa rimpen wei; “hwer is myn hoed?” “Och, sei Gabe dêrop, dy hat ús faem út oerdwealskens yn ’e molkenkeamer soald.” Do waerd er kûgelsk, en hy fleach mei de bleate holle ta it hûs út, wylst syn sister it útskettere fen laitsjen. Mar Pibomme helle de bysitter werom, en ûnder in swiet sûpke waerd de rûzje twiske Gabe en Goarrelt ôffûske, en it waerd bysitter op it lêst sa eang om ’t hert, det ’er tsjin Pibomme sei: “Nou, âlde hear, ik bin mei alles to freden. Jy moatte mar for it lân jaen hwet jy kinne, mar it moat de namme habbe, det it by de âlde hier bliuwt.” Hwent syn earesucht woe de bysitter biwarje, al hie Gabe him noch twa ’ris sa folle hevele; bihalven yn ien punt. Hwent lyk as it mei alle komeedzjestikken en romans giet, sa giet it ek mei dit stik; it eindigt mei in boask. Hwent it dûrre gjin fearnsjier ef Goarrelt troude de faem, mar Gabe waerd net mei op de brilloft nedige, lyk as wol stie to tinken.

Grou. E. H.

IN JOUNPRAETKE FEN GABE-SKROAR.

Op in kâlde winterjoun foel it praet oer de krapte fen de earme ljue, en oer gjirrige minsken, dy neat wei jane as dat nedich is ef dêr hja ta twongen wirde. Elts sei der sines fen, en op it lêst fette Gabe it wird op, en sei neijernôch hwet hjir folget. “Ja, de gjirrichheit is de wirtel fen alle kwea, mar is in bittere wirtel, slimmer as de stjonkwirtel, dy forgiftige wetterskearling, dy as men der mar in lyts stikje fen nimt yn koarten tiid deadlik is for minsken en bisten. En de man, dy troch gjirrichheit in dûbelstûr bihandelt as in stik gleon izer, dat er hastich wol tsjienris omkeart foar det er it útjowt, is lyk as Camphuysen seit: de mensch door menig zielsgekwel sterft meer dan eenen dood. Mar hwet is gjirrichheit? En hwer rint hja op út? Ik scil it jimme sizze, frjeonen! Ik wol de minsken net by de baerch gelykje, mar twa dingen hawwe de minsken mei dat bist gelyk; dat is de mage, en de oerginstichheit. Net allinne, det in minskemage folle fen it fatsoen fen in bargemage hat, mar hy hat ’er it aerd ek fen. Hwent it is in ding as de keats fen de fearskippers: der wirdt alderhânne iten ynsmiten, en meastal wit er rie mei dat túch; en ho nuver det it liket, it is dochs wier, det de measte minsken der gûd ynslane, dat as it troch eltsoar rierd waerd, den scoe der nin houn de bek op sette. Komoan, sei Gabe tsjin master Freark, ik scil mar ’ris stelle, jy binne by de grytman nedige to iten: dêr komme jy de moarns om âlve ûre sa gau net, ef jy krije sterke kofje, dy om jo yette mear oan to fiterjen en sterker to meitsjen, mei forbarnde sjerp oanmingd is. De kofje is yette tsjok fen reamme en wite topsûker. As jimme dêr genôch fen hawwe, den komt it kroansop, de jenever, op tafel, dêr de statekoegels op driuwe, mei bitter der yn; bitter, dat út alderhanne hjitte krûden en wirtels makke is, dy fier efter de waibergen woechsen binne, dêr de apen mei de minskebonken boartsje as de berntsjes hjir to lânne mei hispelprikken en kouwebonken. En dat bitter is sa sterk, eft it troch de earste distillateur fen kweade dampen, troch koarthakke, op de fornuzen fen de hel útbret is. En as dat weinomd is, namentlik as de noazen bigjinne to glimjen en de tonge al min ef mear dûbeld slacht, den wirdt ’er de tafel ditsen; en as der in goed wird spritsen is, dat by de langste mjiltiid sa koart mogelik makke wirdt, den wirdt ’er dalik in romerfol kâlde reade wyn ynskonken; den wirdt ’er in Doctor-Snelletje dronken. Dat is de foarbode om de mage to warskouwjen fen de greate dingen, dy ’er op til binne. Den wirdt ’er in sop opskept, heal brún, heal blank; hja neame it skylpoddesop, dy sa heislike hjit fen smaek is, det in earlik kristen boereminske, dy by brij en ierdappels, by earte en beane en groat en koartmoes greatmakke is, wol winskje mei, det him de mûle mei estrikken opset wier. En dy ljue, dy de tonge al forskroeid en de hiele mûle forskromfele is as in bokkefel, dat yn alún loaid is, dy ite der fen eft it wjitten brij wier; en de oare fatsoenshalven in leppelfol ef fjouwer, mei de gedachten: Slaen yn mar! Der scil wol better iten komme. En dat komt nou ek, en dat is de hoofdarmée. Twa stikken bret flêsk; ierdappels; twa, trije soarten fen griente en apelgûd; en nou wirdt ’er tahaeid, fen alles in priuwke, en it flêsk wirdt troch ’e Sardammer moster dweile. Den komt ’er in hazze, dy in fjirtsjin dagen ûnder in ôftek yn de bleate loft hinge hat, dêr in luft ôfgiet, dy hja pikant neame; krekt in walm lyk as de mirden ôfgiet, as se út de holen drinsge wirde. Den snippen, dy bret binne mei him en grim, mei termen en al hwet ’er yn heart to wêzen, en dat ik net op syn Frysk neame scil. Den wirdt ’er boffert opset mei apels, parren, prommen en douwen; fen meast alles wirdt hwette ynnomd. Den komt ’er kêrsen yn brandewyn ef gingberwirtel, hjit en swiet. Der is soms yette wol mear; mar rier nou alles hwet ik hjir opneamd hab mar ’ris troch elkoarren, en ming it oan mei dy hjitte sterke thé, dy in ûre dêrnei dronken wirdt, en scoe der nou wol in houn wêze, dy der fen frette woe, as er nin trije dagen opboun sitten hie? Sjoch jimme nou wol, frjeonen, det in minskemage net allinne it fatsoen, mar ek it aert fen in bargemage hat?

It twade ding, dat in minske mei in bargemage gelyk hat, dat is, lyk as ik sei, de oerginstichheit. Sjoch dêr dy tsjien bichjes! Moaije bistkes, net? Jammer det hja greater wirde! Hwent foartoan is der neat oan, as dat ’er oan in ondogensk minske is. Frette en sûpe by it bealchfol, en den yet mei in forkeard sin troch de wrâld, mei grommen en brommen. As men se foarút hawwe wol, den moat men se mei alle macht oan de kwast fen de stirt lûke. Hja doge net foar det se it mês troch de kiel hawn habbe. Mar dy bichjes, sjoch ’ris, hwet rinne hja nei de trôch nou it sûpen der yn getten wirdt. Dêr is al ien, dy hat genôch. Sjoch, hy kin just gean sa fol is er; mar hy sjocht ’ris om, en sjocht det al syn makkers yet al foartslabje. Nou rint er gau werom, hy set ’er de snute yet ’ris yn, mar hy kin net mear. Dat dochter trije, fjouwer kearen nei eltsoar. Dat is de oerginstichheit, dy de minsken mei de bargen to wrâld bringe. Sa binne de lytse berntsjes ek: hja binne altiten bang, det se forongelike wirde. In lyts bern is meast al bang, det er net oan syn part komme scil. Jaen twa berntsjes elts in stikje koeke; pas den foaral op, det se beide allike great binne, ef de oerginstichheit komt by him op. Gysbert-om seit net to onrjuchte:

Ho fet sopje oare ljues petiellen! En bûrljues kij jaen greate miellen.

’t Is de greate wet fen selsbihâld, dy ús ynprinte is, en dy bringt al licht de sucht yn de minske om mear to bigearjen as er nedich is. It ûnderrjucht fen oare minsken en de rede moat dizze sucht neijerhân oan bânnen lizze, ef der komt dat monster út foart, dat wy gjirricheit neame.

Der is oan de oare kant nin greater lof, dy men in boargerman jaen kin, as det er de tarring nei de nearring set. Ik hoef net to sizzen, ho ús de dagelikske ûnderfininge leart, det ’er wiif, bern, frjeonen en neibisteanden om suchtsje moatte, as dêr net om tocht wirdt. It stiet yen frij, ja, men moat sels sa kloek wêze as men kin, mar men moat oppasje, det men yen sels en in oar net to koart docht, en syn fatsoen hâlde hwer it to pas komt. Hwet laeit ’er in oar oan gelegen al wol ik for my sels beane ite, en it wetter yn pleats fen kofje ef peccothé drinke; mar as men yn de folop sit, den in earm minske yette yn syn lean to biknibeljen, ef wezen en widdouwen to rûpeljen en to goarjen oan ’t grêf ta, dat is lyk as Tantalus oan de lippen ta yn ’t wetter to sitten, en yette fen toarst to forsmachtsjen. En it is ondogensk boppe alles om ’t jinge yen boppe tûzenen as in foarrjucht jown wirdt, to brûken om in oar yette mear ûnder ’t sim to krijen, en nei yen to skoerren hwet los en fêst is. Sa libbet de gjirrige man foart; it is in ivige striid om mear to hawwen. Hûndert lytse dingen, dêr in gewoan minske net om tinkt, nimt er to bate om syn pong to foljen: ivich sit er to rekkenjen mei kryt en houtskoal om der yette mear út to heljen. Hwet in oar genot neamt, is by him oerdaed. Dêrby is hy in hater fen alle kinst en witenskip, dy it jild heger achtet as alles hwet in minske bisit en him foredelt. Hy neamt it sierlikste skilderij, de hearlikste muzyk, it swietste gesang mar gekheit omdet ’er neat mei is to fortsjinjen. De godstsjinst wirdt forgetten sels; hwent it jild is de God fen de gjirrige, en de soarge for it jild oermastert de soarge for de siel. Mar it slimste fen de kwale is, en dat woe ik lêst sizze, dêr de gjirrichheit op útrint, det er altiid oanwint, det it in ynfrettende kanker wirdt. Alle gebreken fen in minske nimme in ein mei de jierren; de greatste ljeafhabbers fen de flesse moatte einlinge krimp jaen. As se âld wirde, sizze se allegearre: “Wy jane it woun. De hûd wol it net langer lije.” De greatste ljeafhabbers fen moaije hynzers sitte op hjar âlde dei yn de hirdsherne, en prate net mear oer hynzers. En dy yn hjar jonge jierren troch sleatten en slodzen fleagen, det hjar it flach om de hals en it einekroas op ’e hoed siet, om in moai faem op to siikjen, dy sizze, as der fen in moai frouminske praet wirdt, dy sizze op hjar âlde dei: “Och! in frouminske is mar in minskebihelp, goed om de brij to sieden en de himden to waskjen”. Mar as hja den sizze: “Hja hawwe jo dochs frij hwet jild koste, pake!” den seit er: “Hwet gûd?” den is pake kwarteldoaf.

In oar úteinde fen de gjirrige minsken is, det se yette earm wirde: en den hawwe se yette in foarrjucht, det se yn tiids hirdzjen leard habbe. “Det hja earm wirde?” freget misskien immen. Ja, earm troch det de gjirrichheit syn master bidraegt, en dy ivige, pynlike, knipende bigearte nei mear, loatst hjar einlinge nei in kantoar, dêr mei greate forguldene letters op skreaun stean moast:

Iemand met beloften azen Is een hemel voor de dwazen;

ik mien nei it kantoar fen de Loterij, dy yn alle lânnen, dêr mear noed for de skatkiste stien wirdt as for de goede ljue, dy him folle moatte, oerein hâlden wirdt, mar dy yn Frankryk op ’e groun ôf sljuchte is. En dêr forspylje se alles yn, en wirde fen alle stammen Israëls der yette by útlake op ’e keap ta. Inkelde, dy it jild net sêd wirde koene, wirde einlinge it libben sêd, en hingje hjar sels yn in skûrre ef op in souderke stil foar it each fen de minsken wei, ef litte hjar sels op in iensomme pleats fol wetter rinne. Mar de measte oerlibje hjar sels en hjar eigene gjirrichheit. Hja fordroegje en forskromfelje, en hjar lêste soarge is yette de jildkiste. De bleke hân fen de dead strykt it gerdyntsje ticht en skiedt him fen alles ôf, hwet him syn hiele libben troch as ien gedachte oermastere hie, it jild. De klokken liede neat as freugdeteanen for syn loerende erfgenamen, en nin trien fen droefheit ef tankberheit biggelt oer de wangen fen in jinnich stjerreling. En dêr laeit er nou op it selde tsjerkhôf, yn dy selde ierde, as syn bûrman, in earme arbeider, laeit, dy mei swiere arbeid acht bern great bringe moast, en alles en alles for syn húsgesin wier; en dy God yn syn hege need sa faek bea om in tsjien-tûzenste part fen it jild fen syn rike bûrman. Dêr lizze nou beide even ryk! Hwa scil de bêste wêze? Dat is in sletten boek hjir for ús earme bline minskebern; in sletten boek fol tsjustere djippe geheimen, mar hjar blêdden wirde opdien yn de ivichheit. Us komt it oardiel net ta.”

Do sei Saskemoi: “Dou falste my al to folle út it mâlle yn it earnstige.” “Dat heart sa; sei master Freark, “men kin ek net altyt sjonge en altyd laitsje. Lit him syn gong mar gean. Him is it wird wol tafortroud. Jammer det dy jonge op ’e skroarstafel omkruse moat.” “Nou, priizgje my net to folle; hwent den mocht ik to folle sin oan my sels krije, en den hie op it lêst gjin minske mear sin oan my”, sei Gabe dêrop. “Ik leau, sei Freark dêrop, det der yet al mear gjirrige minsken binne as men mient, en hja binne yet al yn achtinge. Hwer komt dat fen dinne, Gabe?” “Gjirrige minsken dy binne der mear as rynske, sei Gabe; mar folle tsjenne in oar baitsje oan as hjar tabiheart, om hjar skurfte hûd to bidekken. Hja binne ek al as it bjirkenhout; dêr moat men earst trettsjin basten ôfskile ear ’t men oan ’t soune hout komt. De gjirrigerts binne lang net sa as hja ús op de komeedzje forteand wirde, mei âlde smoarge nachtjaponnen oan, op sleepskoen en mei prûken op ’e holle, dy jier en dei op ’e brol omswalke habbe; dy earst in domenij, do in klerk, op it lêst in leedbidder en it alderlêst in earm skoalmaster de pleats biditsen hat, dêr it forstân ûnder heart to sitten. Dy skjippe-yntaesten en wâld-ierdappels ite, en it jild yn âlde hoazzen en kjessenslopen, yn holle balken en de boppe-einen fen âlde kasten weihoedzje. Né, der binne ek wol hiele deftige gjirrigerts, gnap yn ’t habyt, en dy soms wol ’ris goed dwaen om de minsken to forbjusterjen, mar dy him yn ’t geheim knipe, det ’er bloed neirint. Men fynt ek oare, dy lang bidde en mar koarte mjiltiden hâlde, út freze det de boaden de mage oerieze scille; dy gjin tsjerkgong forsomje, en dy ’salmsjonge, det bûrren en oerbûrren it hearre kinne. Der binne ek rouwe apostels ûnder, dy flokke en swarre, en dy beare, det it hjar neat skele kin, en dy, as de reap draeid is, alles yn hjar nêst skoerre. Al dy ljue hawwe mar ien ding mei elkoarren gelyk; det se namentlik net witte wolle, det se jild hawwe, en hwer hjar jild sit. Hja geane allegearre troch ’e mesken, en wirde achternearre[51] bihalven fen dy de trettsjinde bast oplichte habbe, koartom, dy hjar kenne. En dêrby for it stomme jild is ek in stomme earbied ûnder de measte minsken. Sjen der noch sa haveleas ef bilabberd út; wêz’ brutael as de boal, en sa dwers as in harke; wêz’ fûlfrettende gjirrich, dyn jild jowt dy achtinge.... Né, dat is it wird net; it jowt freze en ontsach. Us heit reisge ’ris mei in earm man troch de wâlden om kij to keapjen. Dêr kaem hjar in âldich man to mjitte, dy in âld fet eftersteekje op hie mei in foerlekkensk baitsje oan, mei de hoazzen op ’e slomp en gearsette klompen oan. De earm man lichtte nederich syn hoedke, en sei: Dei bysitter!” Do sei ús heit: “Licht’ jy for dy man de hoed? Docht dy jo sa folle goed?” “Dat net, sei de man, Hi sal gjin krûm weijaen; mar hi hat wol.” Inkeld bart it yet wol ’ris, det se net ontsjoen wirde, lyk as jimme hjir oanhearre scille, dat ik jimme hjir forhelje scil. It is mûlk det ien fen jimme it wol earder ’ris heard hat, mar allegearre net.

It is ’ris bard to Koudum yn Gaesterlân,[52] det der in âld kofskipper kaem to wenjen; dy hjitte yn ’e wânlinge Japik Swerver. Nou, dy namme koe er wol fiere; hwent lange jierren efter ien hie er twiske twa stevens swalke om syn brea, en nou hie er it einlinge sa fier brocht, det er de skipkes op it droege hie en det er fen de blêdden libje koe sûnder det er de beam hoefde to rûpeljen. Dêr libbe er sa hwette hinne, en for tydkoartinge hie er in gnap jachtsje, dêr er mei op de mar yn de Fluessen omstrûsde; in pear skeakels, in tôchseintsje, en hwet fûken der by, dêr brocht er de tiid sa hwette mei to’n ein. En jouns gong er by syn bûrren to praten en forhelle fen oare lânnen en minsken, sa det de âlden net allinne nocht fen him hiene, mar de berntsjes ek; hwent omdet er noait mei lege bûsen kaem, sa hongen se him oan syn klean as kladden, en de earme ljue wisten ek wol hwer Japik-om wenne as de need oan de man kaem. Om koart to gean, it wier in man sa as men mar in bytke foun. Dêrom hie de gemeinte mar bigrepen, om dy man de eare to jaen dy him takaem, en him dyaken yn de tsjerke to meitsjen. Mar de man sei altiten: “Ik wol graech, en jimme kinne it my meitsje; mar ik siz jimme, ik bin der net geskikt for: en dat houdde er mar fol. Mar de minsken to Koudum tochten der oars oer; der foel op syn libbenswânlinge en al syn dwaen neat to sizzen. Hy koe pront lêze en skriuwe om it boek to hâlden. Hy hie folle tiid oer om de earmen to forsiikjen en to helpjen, en de gemeinte stimde him en twong him heal om it oan to nimmen, en hy naem it oan. “Mar, sei hy der by, ik wik it jimme; it scil de gemeinte wé opbrekke. Jimme scille it ûnderfine, det ik ’er ongeskikt for bin. Ik siz it jimme yet ’ris, it scil jimme rouwe.”

Japikom yn ’t hekje.
Japikom yn ’t hekje.

JAPIKOM YN ’T HEKJE.

Nou wenne der yn dy tiid in grytman dêr to Koudum, dy sa smoarryk wier as der mar inkelde yn hiel Fryslân binne, mar sa trochtrape troch alles hinne gjirrich, det ’er neat ôfgong as de reek. Hy libbe as in heremyt, en joech gjin duit oan de earmen. It earste jier det Japik Swerver yn ’t hekje siet, gong it bêst mei syn dyakenskip; hy siet mei in swartlekkensk âld-Frysk rokje mei klinken oan, mei in siden damasten ûnderbaitsje mei silveren knopen, mei gouden knopen yn ’t himd, en in moai siden Eastynjesk doek om ’e hals, dêr yet in sémans-strûs op siet. Inkeld kaem de âlde biis yette wol ’ris út, as er in moai jongfaem foar it hekje kaem to sitten, det er den de prûk ’ris hwette skeef loek, ef ’ris in bytsje skilich seach om dy sloven oan it laitsjen to krijen; mar dat merkte in oar net, en alleman wier to freden oer de keus dy hja dien hiene. Mar it twade jier moast de man mei it ponkje troch de tsjerke gean om de gaven for de earmen op to heljen, en do rikte er, lyk as it gebrûk wier, it ponkje earst oan de grytman ta, dy neist it dyakens hekje yn in stoel siet, en do dy syn gave jown hie, kearde Japik-om it ponkje flak foar de preekstoel om, en dêr kamen twa duiten útroljen, en do sei er lûd op: “Dêr hawwe wy it earste oartsen al! Dêr liz ik in blank by; den is it in stûr.” Hy stiek dy duiten by elkoar yn ’t ponkje, en gong de gemeinte roun, krekt eft ’er neat bard wier; mar de grytman stau grimmitich de tsjerke út. De measten fen de gemeinte giisgobbene, en de domenij wier sa fen syn stik brocht, det er dalik sjonge liet, hwerop den ek al skielik it Amen folge. En do Japik-om foar de tsjerkerie komme moast mei de grytman der by, lyk as wol to tinken stiet, do bikende er earlik skild. “Mar, sei er, ik haw jimme foarôf warskouwe, det ik ongeskikt wier, mar jimme woene my net leauwe; hwent ik siz altyd de wierheit, en dat makket in minske ongeskikt for folle dingen. En ik haw it gelok, det ik nin minske nei de eagen hoef to sjen. Hwent hwet ik yn de wrâld hab, dat hab ik mei Gods holp oan my sels to tankjen. En oan jo, mynhear, sei er tsjin de grytman, haw ik neat misdien, as det ik ús ljeavenhear hwet foarútroun bin; hwent der stiet ommers skreaun: “wat gij in het verborgene doet, dat zal u in het openbaar vergolden worden. Ik bitankje for myn dyakenskip, en kom net wer yn ’t hekje; en ik winskje jimme it bêste.” En do gong Japik-om foart. “En ik ek, sei Gabe; en ik winskje alle gjirrige ljue det hja sa to pal reitsje as dy grytman.” Ut.

Grou. E. H.

NJUNKEN-LYTSEN.

Der wier yn de tiid fen Gabe-skroar in smid to Wytmarsum, dy altyd it wird njunken-lytsen yn de mûle hie. Hy hie it wakkere drok mei hynste-bislaen, dat syn soan fiks dwaen koe. Hy hie Gabe ’ris in heal dei oan de praet hâlden troch det er sa folle oanrin hie, en ek omdet er Gabe graech praten hearde, en den njunken-lytste baes mar foart. Hy hie Gabe syn libbensgong forhelle, en dy wier al nuver west; hwent howol er nou in gnap man wier, sa hie er mar in loaijen slantfet west. Noait kaem Gabe dêr ef hy pleage Gabe om him in rymke fen sines foar to lêzen. Einlinge lies Gabe him dat rymke foar. “Hark den mar ’ris!” sei Gabe. De feinten leinen de hammer del en de pûster stoe stil. En do lies Gabe dit rymke op:

Ho kaem ús Joldert yn de tiid En waerd in greate bingel? Mei skriemen, tjirmjen en gestriid; Mei bâlten en gehingel; Dy net graech nei de skoalle gong, Mar ivich op ’e strjitte omhong? Al njunken-lytsen. Ho waerd ús Joldert in jong feint Hwet great fen holle en mûle, Dy as de hinnen, as it reint, Him graech yn hûs forskûle; Dy folle smookte en oars net die, Fen dit en dat to sizzen hie? Al njunken-lytsen. Ho kaem ús Joldert oan in wiif, Al koe ’r de lea pas reppe, En mijen’, onbiholplik, stiif? Troch ’t jild fen âlde beppe. Hy frijde lang, hy frijde sleau, Ear’t hy oan ’t minske hingjen bleau, Al njunken-lytsen. Ho krige ús Joldert lytse bern? Krekt al as oare ljuwe. Hy sei altyd: “Fen flaeks moat jern; “Der moatte spinsters bliuwe.” Om ’t oarde jier wier ’t wyfke grien: Hja krigen den in lytsen ien, Al njunken-lytsen. Ho rekke ús Joldert yn de myt? Troch tiid- en wirk-forachtsjen. Sa rekke er beppe skiven kwyt Troch sêftens, troch forsachtsjen. Hy iet en slepte wakkere swiet, En iet de boel op lyk it giet, Al njunken-lytsen. Ho kaem ús Joldert wer to rjucht? De need dy learde bidden. Hy joech him waerlik net út nocht Oan ’t smeijen by de smidden. Hy smeide rjucht, hy smeide krom, Hy switte en waerd ek minder dom Al njunken-lytsen.

Yn ’e smidte.
Yn ’e smidte.

YN ’E SMITDTE.

“Is it nou út?” sei de smid. “Ja,” sei Gabe. “Nou, dat wirdt ek tiid njunke-lytsen, sei baes; hwent as der in oar namme for stoe, den scoe ik njunke-lytsen leauwe, det it op my wier.” “Njunke-lytsen! Dêr hawwe wy it al wer trije kear, baes. Jy sizze it foar jy it witte. It wirdt tiid njunke-lytsen, det ik gean,” sei Gabe. De feinten laken det se skodden, en baes wier mar heal yn ’t skik; mar hy njunke-lytste mar foart, hwent it wier him yn de mûle bistoarn.

Grou. E. H.

GABE SKROAR EN DE STUDINT.

Gabe krige ’ris in studint by him to praten, ien dêr er as jonge wol mei op ’e terp boarte hie, en dy er ek dalik wer koe, howol er al hwette nuver optakele wier, lyk as kostúm is by dy maets. Dat wier sels ek al in briken hear! It wier in omkesizzer fen domenij, en dy bigoun dalik heech Hollânsk mei him to praten. En dêr foel Gabe dalik oer hinne, en dy sei: “Astou sa koart fen gehûgen biste, det dy tael, dyste foar fiif jier krekt sa goed koeste as ik, omdetste him fen dyn eigen mem fen de widze ôf leard haste; astou sa koart fen gehûgen biste, detste dy nou al forgetten haste, bliuw den fen de stúdzje ôf en lear in hantwirk, ef wird boer. Hwent ho scilste den in preek fen bûten leare, Kei?” “Kei” sei Gabe, hy waerd oars Gerardus neamd. “O ja! sei de studint, nim it net kwalik: ik kom just út de pastorij, en nou wier my it Hollânsk sa hiem, det ik it yn de gedachten ek al tsjin dy spriek. Mar ho scoe ik ús âlde Fryske tael forjitte? Ik kin folle fen dy op, Gabe; mar dat moaste my net forwite. Dat scoe my sear dwaen. Hwent den scoeste my for in greatsken forwaenden studint útmeitsje, en dat kwea ken ik by de namme mar. De greatskens mien ik, Gabe.”—“De boeren neame it oars mar in lompe tael, sei Gabe, en dêrom bigjinne hja ek to ijkjen, sa det de âlders net mear fen dou oan de berntsjes sizze doare. Is ’t net bryk?” “Net to doukjen? sei de studint; “binne se gek? Alle folken, dy de tael fen ien stamme mei ús habbe, sizze fen dou. As men gemiensom mei immen sprekke wol, ef de achting en earbied útdrukke wol, den is ’t dou by de Ingelsken, by de Sweden en Denen, en ek by de Dútskers. De âlders sizze it tsjin de bern en de bern tsjin de âlders. Yn it gebet sels sprekke hja sa tsjin God. De Hollânners hawwe de Fransken neibaud mei hjar gij ef jij, krekt eft hja tsjin ien allinne sprekkende dochs mear foarhabbe as ien persoan. En dy yette sleauwer binne dy sizze UwE. Astou, Gabe, dyn widzesang sjongste,

Dou, dou biste myn Anke!

dat is folle ynliker; dat triuwt it wird mear op it hert as detste seiste:

Gij, gij zijt er mijn Antje.

“Dos, Gabe praet op mar, en gjin kwea fen de Fryske tael mear, hear!” Dat stoe de skroar skoan oan, en hy sei: “Nou sjen ik wol, det de Hollânners der by forlern habbe: hwent nou is de tael to deftich wirden. Mar dêr mar net mear oer prate. Ljeaver oer de frouljue. Dat is sa hwet studintepraet, net wier?” “Wol ja, sei de studint, “dêr stiet de bibel ommers ek fol fen. Dat is goed, Gabe”. It tafel woe, det it de sneins op ’e neidei wier, en det de fammen út de tsjerke it finster fen Gabe foarby rounen, en den krige elts syn biskieden deel. “Dat is ien dy is sa fyn as spinreach, mar dy is hwette rabbich fen skik; ’t scil licht net better wirde mei de jierren. Dat is ien mei skouders en boarsten, ien op it jirappellân. Dy is onsjoch fen troanje, mar ljeaf ta de teannen út, troch en wer troch, dat siz ik dy, Kei. En dêr giet ien hinne, gnapper-nôch, mar hwet to bliik.” “Ja, sei de studint, hwet skilt der oan?” “Dat wit ik net to klear; mar ien fen trijen wis: hja hat de koarts hawn, hja sit to-stiif ynreaun, ef hja yt to folle swiet gûd en kofjetsjok, ef hja is mansiik.” “En dêr, sei de studint dêrop, “en dêr giet de gnapste hinne.” “Ja, mar, man, sei de skroar, dat is in bidraechster. Dy hat my trije blauwe skinen yn ien winter jown.” “En den wierstou in gek, detst’ der wer hinne rounste”, sei de studint. “Wierheit is ’t, sei Gabe, “mar kin in moai frommiske in jong keardel soms de holle net sa dwers op it liif sette, det er syn forstân forliest?” “Mar ho is ’t, Gabe? sei de studint, “dou haste op al dy frouljue hwet to sizzen. Scoe der ek hwet oan dy skele, detste âldfeint bliuwste en net trouste?” “Ja, ik bin kreupel, andere Gabe dêrop, mar det hindert net. Gjin manminske ef faem is sa skeef ef bryk, ef dy trouwe hjir op dit doarp. Hja miene allegjerre, det hja yn it fagefjûr sitte, sa lang as hja net troud binne, en den miene hja yn de himel to kommen; mar yn it hûs dêr neist is ek folk. Dêr scille ek wol gûd bilânje. Sa tink ik.” “Jonge, Gabe, sei de studint do, ik hab jister yette om dy tocht. Do lies ik oer de âlde Spartanen. Haste dêr ek wol-d-ris oer lêzen?” “Ja, sei Gabe, mar ik wit der mar in bytke fen. Forhelje it mar.” “Wol sei de studint, dat wierne ljue, dy allegearre for de kriich libben en dêr wier alles op ynrjuchte. Nou tochten hja, as in bern to wrâld kaem, dy gebrekkelik ef mishipt wier, det dy neat wirdich wier. Dy waerden op pleatsen brocht, dy se Apotheten neamden, bûten de stêd, en dêr waerden se dea makke, ef weimoezze; in ôfgryslik ding, net Gabe?” “Apotheken dêr helje se de dea hjir ek wol ’ris út, mar bliuwe der selden dead yn.” “It wierne apotheten, mei in T.” sei de studint. “Nou de namme docht neat ta de saek, sei Gabe; mar dou bringste de saek net ta in ein, Kei-heite! Dou haste de histoarje fen Sparta net útlêzen; hwent hja diene it kwanskwys, omdet hja oardielden, det sokke skepsels hjar sels noch it lân ta nut wêze koene. En do barde it det Agis berne waerd, in kreupele keningsoan, en dy waerd sparre en dy bleau yn ’t libben, en waerd neijerhân dochs de wiiste en de dapperste kening, dy hja oait hawn hiene; sa det de natúr hjar dat oars bitsjutte, en in leksom joech oer hjar grouwelstikken. En nou woeste sizze, det it gelokkich wier det ik net yn Sparta berne wier, en it is ek to winskjen, det ’er noait wer Spartanen komme: hwent it wierne rovers en moardners, ho heech det soms ek fen hjar opjown wirdt.” De studint wier forbluft, det Gabe dat wiste; en Gabe foer mar foart, en dy sei, det er noch ien ding wiste fen in houwelik, dat fen in ongelokkich libben yette ta in bêst houwelik útroun, louter troch det it wiif kreupel en healblyn waerd. “Dat klinkt nuver”, sei de studint. “Master Freark”, sei Gabe, dy kaem ’ris by my, en dy sei: “Gabe, dou pielste wol ’ris mei rymlerije: ik wit in set, dy moastou my ’ris yn rym bringe. Der hat yn myn tiid to Huzum in Sint Pontjer wenne, dat wier syn skeldnamme; mar hy hie de fan fen Pontjer oannomd. Hja neamden him ek wol Sint Frij; hwent syn oarde wird wier: “Frij-man, fordomd.” Mar hjir is ’t rjimke.

SINT PONTJER EN SYN WIIF.

To Huzum wenne frijer Sint Allinne yn de wrâld, In boer mei gâns in knoarre splint, En tritich jierren âld. En frij, sa as syn namme gong, Wier Sint yn al syn dwaen. Hy dronk syn flesse en lake en song, En woe ek graech hwet jaen. En as er om in bûrpraet gong Hie elts oan him syn nocht, Mar hwa men ek in wiif optwong, By Sint wie’ ’r net to rjucht. “Hwent bongels binn’ ’t for ljuwe mar; “Dy hoef ik ommers net, “En ongelokkich neam ik hjar, “Dy se oan de skonken het.” Sa praette Sint den by de wyn, En as in frijgesel Skonk hy den mar ’ris helder yn, En makke it hert ’ris kel. Mar do er seis-en-tritich wier, Do waerd it ding doch oars, En ien dy wyt yn de eagen hie, Dy krige ’im by de noas. Der wier in jiffer yn de Skrâns, In minske as mâlke en bloed, Dy wier him al to folle mansk, Dy flapte ’im ûnd’re hoed. Men sei, dat hie Cupido wrocht, Mar, och, hja die ’t him sels. Twa eagen dêr sok fjûr út fljucht Bringt mannich oan ’e pels. Yn ’t koart, Sint Pontjer krige ’t wei, Moai Lena waerd syn wiif. Hja naem in hopen snaren mei, Mar oars hie ’t neat om ’t liif. En, o! dy ljeave bôle-tiid, Hwet wier dy rêd forroun! En ’t wier sa noflik, o! sa swiid, Hwet Sint do ûnderfoun. En Lena wier ek wol yn ’t skik, Al wier syn praet hwet rûch. Hy wier in man; hy stoe by ’t stik, En goedlik! ’t wier onfoech. In ingel wier se in wike ef seis, Mei toalf do wier ’t syn wiif, En ear der twa jier omroun wier, Do waerd se steatlik stiif. De moaije troanje dy hja hie, Dy koe er net mear sjen, Mar kant, dêr se yn biwoelle wier, En side, en lint, en jern. En moarns den wier hja mei in wip Ek lang net út hjar nêst: Den roun se mei sa ’n smoarge kop; Den wier ’t in skiere têst. Mar wier der ’ris hirddraverij Ef hien’ se in bûrrepret, Den stie ’t er yncroyabels by! En thús dêr wier ’t in slet. De hearen kamen fen de stêd, Den wier ’t in edel ding; Kapteintsjes, jonkers, o, sa glêd! Den koe se troch in ring. Den wier ’t: “vrou Bindstok” foar en nei; “Dat kleedje staat charmant. De stof is fijn en ’t makelei Is naar de nieuwste trant.” Dêr steurde Sint him hiel net oan; Hy liet hjar stil bitsjen; Hjar wêzen wier for him bidoarn; Hy mocht hjar net mear sjen. Hjar noaske earst sa fyn bisnien Wier yn syn each gjin roai; Hjar glimkes earst sa blij, sa grien, Dy foun er net mear moai. It wier hwet moais by elk-en-ien Bihalven by hjar man, En waerd se earst ’ris ljeaf en grien, Hy waerd er wêrzich fen. Mar ’t bledtsje waerd op ’t ein omkeard, Hja waerd op ’t lêst yet gnap, It ding is op it moaist biteard, Mar ’t is oars hiel nin grap. Frou Lena gong út riden wer Mei hearen út de stêd; Hja glimde en flikkere as in stjer Sa trinten en sa glêd. De hynzers fleagen oer de wei, Dat jage en gounze foart! Sa kamen se de sleat to nei, En om laei ’t mei in hoart. Frou Lena oars sa tsjep, sa twang, Laei mei in stikne skonk, En ’t each dat hinge op it wang; Sa kaem se wer to honk. De skonk waerd set for folle lean, Mar ta hjar greate spyt Moast hja nou mei in krukje gean, En ’t each dat wier se kwyt. Ut wiern’ de feesten en ’t gedrús! Nin hear seach nei hjar om. Frou Pontjer bleau nou altyd thús, En waerd sa njuet, sa from! Hjar glâns en gloarje wier nou taend; Hja altyd by hjar spil; Hja wier net greatsk mear en forwaend, En noait net op ’e dril. Hja wier nou kreupel en heal blyn, En dat wier hjar gelok, Hwent Sint gong noait wer troch de wyn, Ef treastte ’im by de slok. Hwent nou hie hy wer sin oan hjar, En op dat selde steed Wiern’ sy gelokkich mei elkoar Troch dy forkearde reed.

“Sjochste? sei Gabe, dat hab ik foarút; ik mei wynsk en rynsk wirde, mar raensk wird ik noait, lyk as de Hjoursters sizze. Dêrom hoeft in frommiske my net to skouderjen.” “Dou wist ’er altyd rie mei, Gabe!” sei de studint. “Ja, sei Gabe, dy in bryk pleit hat, dy moat in kwea abbekaet wêze.” En dêrmei skaetten se. Ut.

Grou. E. H.

Frou Pontjer út to riden.
Frou Pontjer út to riden.

FROU PONTJER UT TO RIDEN.

Yn ’e stoepe fen Joute-baes.
Yn ’e stoepe fen Joute-baes.

YN ’E STOEPE FEN JOUTE-BAES.

DE SKEARWINKEL FEN JOUTE-BAES.

(Iebele, skriuwer fen de siktaris, en Jappe tromslagger, sitte yn de stoepe fen Joute-baes to petearjen.)

Iebele. Dat bigjint der mei Joute-baes poatterich út to sjen. De barbierstôk heal ôfbritsen; it hûs út de ferve; in partij pannen fen de stoepe ôf; in pear ruten mei skriften biplakt. It giet swietkes op in ein mei de man.—Jappe. As de gevel fen syn hûs sa moai wier as fen syn troanje, den wier ’t in paleis. Syn noas is allehiel forgulde.—Iebele. Ja, fol snijwirk der by. Mar hwet scille men sizze? Jeneverke is der yn, en den giet it sa.—Jappe. Ja, en dat is oanboaze sont er sels in slok forkeapet.—Iebele. Ik tink, det hy sels de greatste minger wol wêze scil.—Jappe. En syn wiif spijt der ek net yn.—Iebele. Nou, dat wol noch al jamk sa wêze, as de frouljue oer de fyftich komme. As de iene streling ophâldt, moat ’er ien ef oar wer wêze. Mar it koe hjar wol ’ris gean as Foâk-omme en Gadske-moije, dêr ús pake selger altiten fen forhelle.—Jappe. Hwet forhelle hy den?—Iebele. Dat wierne in pear âlde ljue dy yn ’t Goutumer dykhúske wennen.—Jappe. O, dêr de Grousters en de Wirdumers Snjeon-to-joune altyd oangongen, as hja fen de Ljouwerter wykmerke mei in lyts sûske wer nei hûs pongelen.—Iebele. Krekt. Nou, dy âlde ljue krigene alle beide smeits yn ’t koart gûd en pimpelen swietkes mei eltsoar hinne. Hwet hja mei de gnirkerij woun hiene rekke gau op, en op it lêst hâldden hja neat oer as in inkel moai bjizzemstûrke, dat noch in poatstik fen Gadske-moije wier. Nou tochten hja: de houn dy ús biten hat, moat ús ek wer genêze; hwet wy mei de drank forspile habbe, moatte wy ek mei de drank wer winne.” Dêrom woenen hja oan de geande en kommende man in sûpke fortaepje, en sloegen in kwartke jenever op by Hannema to Harns. Do hja datte op ’e taep hiene sei Foâk-omme tsjin syn wyfke: “Kasteleinske, jow my in romerfol, ljea’.” Gadske-moije tape him in fiks sûpke en waerd bitelle mei ’t bjizzemstûrke. In amerij dêrnei sei Gadske-moije oan Foâk-omme: “Kastelein, jow my ’ris in sûpke mei Berenborger; ik hab hwette kjeld op ’e mage. Dêr habb’ jy in stûr.” Foâk-omme naem de stûr oan, en joech syn wiif in romerfol, en wer skoane mjitte. En dat stûrke gong sa lang oer en wer oer, det it hiele kwartke op wier.—Jappe. Dat wier in drokke nearring; mar it kaptael dat ’er for kaem wier en bleau in stûr.—Iebele. Dat is neat; sokke stûren sweevje der ek altiten op ’t greate kantoar om. Foâk-omme brocht it lege fetke mei de stûr oan de barnder to Harns. De man seach by de noas lâns, en frege: “Hwet hja for de jenever nomd hiene?” “Wel, krekt as oare kasteleins; de romerfol in stûr, sei Foâk-omme; “hawar! dêr habbe jy ’t hiele kaptael, dat wy ynbard habbe. Gadske ef ik habbe der nin duit fen opstitsen.”—Jappe. In gnappe rekkening. Ik tink, ’t einkebislút mei Joute-baes scil nin hier better wêze. It moeit my fen him. It is dochs sa ’n minnen keardel net, en der sit in flinke kop op him; dy moat nou yn de jenever smoarje. Scoeste nin rie wite, Iebele, om him de drank wers to meitsjen?—Iebele. Dêr binne nin krûden for woechsen. Al sjen se de hel barnen, en de divel sei: “Dêr scil ik dy ynkeile astou in drip wer nimste, drank moatte se hawwe. Dêr scil ’k dy in nuver set fen forhelje. Ef wiste hwet der mei Bonsen Pilger lêsten bard is?—Jappe. Mei Bonsen de hynstetysker? né.—Iebele. Krekt, dy. Hy kaem alle jounen dronken thús, bruide syn wiif en sloech it gûd stikken. Op ’t lêst foun de sweager, in âld bysjager, hwet út om him to bikearen. Hja joegen him in rûs as in kartou; biklaeiden him as in lyk, en leinen him yn in deafet. Tsjin det hy wekker waerd, setten se in kom mei barnende foarloop op ’e groun del, dat in blauwe lôge joech en dêr gongen seis fen syn kinde, forklaeid as divels mei hoarnen op ’e kop, om hinne sitten. Bonsen waerd wekker; biseach de mouwen fen syn hennekleed, dat er oan hie; stiek de kop út de kiste, en seach de ougryslike swarte divelskoppen mei wite tosken, dy de wjerskyn fen dy blauwe lôge noch ougrysliker makke. “Hwer bin ik hjir, mannen?” rôp Bonsen to lêste. “Yn de hel!” brimden al de divels. “De hel! de hel!” sei Bonsen, “Ei ju! En hwer forkeapje se hjir den bêste Hannema-jenever?” Mei ien helle er in bjizzemstûrke ta de ûnderbroeksbûse út, en sei tsjin ien fen de satans: “Hawar, heite! Helje dou my as in man dêr ’ris in pear romerfollen for. Den scilste ek mei priuwe.”—Iebele. In skoane bikearinge! Ja, sa giet it. En hwet it langer dûrret, hwet it slimmer wirdt. As de minske âld wirdt, stjerre njunkenlytsen alle mâlle flinken en raenjen yn him, allinne it sûpen en de gjirgens net. Ho âlder wy wirde, ho earniger en drankswieter. Dat binne twa divels, dy al sterker yn ús wirde hwet al ’t oare earmer en lytser yn ús wirdt.

Ynse (in skipper op de Eastynjen, dy op dit praetke ynkomt). En dochs wit ik ’er in probatum rie for. As ’t net helpt, kinne jimme my frij kielhelje.—Jappe. Dat wolle wy wol ’ris hearre, skipper. It kin to pas komme, en den scil ik it op ’e tromme bringe.—Ynse. Ja, maet, mar it giet om dea. Der komt fen de patient faek nin rabantke to lânne.—Iebele. Nou, den is der noch net mear om hals as in sûpkeal. Hwet er langer libbet, hwet er greater baerch wirdt en mear in lêst en skande for wiif en bern. Dea ef better wirde, is de baes.—Ynse. Ik bin nou thús komd fen Soerabaya, en dêr wier ik yn ’t hospitael mei sike soldaten. Dêr brochten se my ek by in soldaet, dy in flesse mei jenever neist him hie. “Dat is in swiet drankje,” sei ik. “Ja, sei de dokter, it is in drankje om de drank mei ôf to learen.” “Mei ôf to learen? sei ik, “sa bryk kin ik ’t net oan.” “Ja, mei ôfleare, sei de dokter; as de korporaels de dronkenskip der mei nin bamboezen útbruije kinne, den krij ik se yn de lapdoaze. Ik scil in sûper noait de jenever onthâlde; hwent den wirdt hy der noch slijer nei. As er om in healfearnke freget, bring ik him in dikkop; freget er om in dikkop, ik skink him in healmingelen. Dat bealget den sa lang, det er stomdronken is en yn ’e doljorum falt. Wirdt er nou wekker, den hat er troch de hetsichheit fen dy drank in barnende toarst; as lear forskrokke, is syn earste fraech nei kâld wetter. Yn pleats fen wetter bring ik him in tsjettelfol jenever. Ik bring ’er him in stik brea by, dat ik yn jenever dipt hab, en in panfol seane ryst mei in souske fen in mannich leppelfollen jenever der oer. Dêr barnt hy den as de hel fen toarst! Drinke moat it sûpkeal, eft er wol ef net, en omdet er neat oars fynt, slacht er al wer jenever yn. Mei eltse swolch wirdt de brân onhiermliker. Oalje jit er yn ’t fjûr, dat er úteaze wol. Hy beart en stampfoetet as in biseten skepsel; hy flokt alle divels út de hel op om wetter, mar nin drip, nin inkel dripke wirdt him ta lavenisse jown.—Iebele. Dat liket wol nei de rikeman yn de hel. Mar hwet is ’t ein?—Ynse. It eintsjebislút is, det de sûper heal forbrând fen binnen en pûr razend fen toarst yn in grousomme tsjinst falt, dêr de measten foar opstrûpe, mar dy der troch komme binne yn ’e groun genêzen. Hja meije nin jenever rûke ef sjen; as hja it wird fen jenever hearre, moatte hja koarts spije, sa ’n ynnige walge habbe hja oan ’t gûd. To Soerabaya, sei de dokter, hie er in bulte soldaten mei dit middelke holpen, mar noch folle mear op ’t tsjerkhôf brocht.—Iebele. Better, skipper, det hjar kringen it ierdryk bidongje ûnder de deaden, as det hja langer in stank en in walge ûnder de libbenen binne.—Jappe. Dou gieste der út mei koegelsfeart, Iebele. Scoene wy ’t net hwet sêfter mei Joutebaes oanlizze kinne? Hy is oars in bêst kearel, en wy binne hjir net yn Eastynjen.—Ynse. Nou, dat siz ik ek. Yn Eastynjen komt it op nin aep oan.—Jappe. En yn ’t fean net op in turf. As wy him ’ris ta lid fen it Matigheids-Genootschap krije koene? Hwet tocht dy dêr fen?—Iebele. Nou, bisiikje it mar ’ris. Hy scil ’t mei de gek bislaen, en dou scilste der noch sneu ôfkomme. Mar hwet boerd hat er hjir boppe de doar hinge? Dat moat ik earst ’ris lêze. (Iebele lêst). “Hjir wirdt skeard met Dútske messen; mar jimme moatte mei Hollânsk jild bitelje.” (Iebele giet mei Jappe en Ynse yn de skearwinkel.)

Iebele. Dêr habbe jy in gnap printke foar de doar hingjen, Joute-baes.—Joutebaes. Foldocht it hwette? Iebele. Ja, mar ’t kin noch moaijer.—Joute-baes. Lit hearre. Dy ’t wit moat ’t sizze.—Iebele. Ik scoe ’t sa meitsje:

Lânsljue!

“Hjir is de skearwinkel fen Joute-baes. Us lân is fordield yn ljue dy skeare, en yn ljue dy skeard wirde. Pas op, det jimme komme ûnder de minsken dy skeare; dat is profytlikst. Mar kinne ef meije jimme net mei ’t mês omgean, kom den by Joute-baes. Hy docht oars as syn collegas. Hy nimt jimme ’t bird hiel sêft en bileefd ôf, en yn pleats fen 21 sinten is hjir it skearjild mar in botsen.”—Joute-baes. Dêr scille wy neat fen ha; hwent as jimme allegearre ’t mês opnimme, den hab ik dien wirk.—Iebele. It hat nin need, baes. As jy in pear tûzen goune tractemint hiene, en ’er in bytke mear as neat for diene, en ’er ek neat mear for hoefden to witten as twaalf-maal-twaalf is honderd-vierenveertig, lyk as de ontfangers, ja, den scoe ’k it spil ek net stean; mar nou je mei skearen en skoenmeitsjen amper in dukaet yn de wike winne, scil nimmen jo ’t mês út de hânnen nimme.—Joute-baes. Dat is gekkepraet. As der ien fen myn collegas stjert ef syn gaezjemint kriget, den binne der wol fyftich, ja, soms wol hûndert, dy de flecht op de skearwinkel habbe, en dêr krûpe, flaeije, kringe, wrotte, wrame, lige, en lasterje se den om yn ’t plak to kommen. Hwet woestou prate, Iebele, det nimmen my binijt? Der is sa ’n greaten banjer net yn dit lân dy syn soan net for de skearwinkel opbringt. Sa gau as it boike yn ’e widze laeit, tilt de faer it gerdyntsje op, sjucht syn soan oan, en lústert sêft, sa det de kreamheinster it net heart: “Tink dou mar nearne om. Dou scilste ek út it greate ieslok ite.”—Ynse. Nou, ik moat sizze, it is in bêst farwetter. Yn de hannel en skipfeart giet it biteljen jamk sa hird as in lûs op in tarre kleed. Mar yn de skearwinkel is ’t jild by de fisk. Jonge, maet, as de krediteur de debiteur koartjan op de kiel hat, den komt de lêste duit mei in amerij los.—Jappe. Sa komt it út, der moat skeard en der moat bitelle wirde; as men mar gau, sêft en bileefd skeard wirdt. Mar dêr skilt by tiden rju folle oan; dat hab ’k forline jier ’ris to Warkum ûnderfoun.—Joute-baes. To Warkum? Ei, ju! Hwer sjippen se dy dêr mei yn? Mei brij?—Jappe. Né, mar sûnder gekheit; dat stie der bryk by. Ik kaem dêr mei Olfertboer, dy in pleats oer de Hoarsa hiere woe. It wier krekt Warkumer merke, en foar det wy nei lânhearre gongen, woe ’k my earst skeare litte. Sa roun ik by de Hynste-brêge in skearwinkelke yn, en sei: “Baes, kinn’ je my de bird ek ôfnimme?” “Ja wol, sei de man; gean jy sitten.” Ik foel djip yn in brede briedstoel del, en seach ’ris roun wylst baes syn spillen klearmakke. It wier allegearre tsjep en sindelik as de brân. De treeft en ’t earnen gûd wier glêdskjirre, det men der yen wol yn spegelje koene.—Ynse. Ja, mar dat wier ’t wirk fen de frou; wy moatte mar witte, eft de baes de man wier dêr er for oan boart kaem.—Jappe. Dat hie der wol oan. Ik lei de holle efteroer op it beklingsbankje del en ’k waerd ynsjippe; mar do de baes de fingers op myn troanje sette, wier ’t krekt eft my in lôge biwalme, sa hjit wierne syn hânnen. Mar it slimste wier binefter; do er oan ’t skearen kaem, dounse my dat mês op de kop om, sa staetten him de hânnen oan. Sa lang as dat by de kevel bleau, telde ik ’t net; mar do er my mei dat flimige skearmês op de strôte bigoun to kiteljen, toft ik, dat giet om dea. “Hwet skilt jo, baes?” sei ik. “Neat, man, sei er; “ik bin sa frisk as in nút. Ho sa?” “Wel,” sei ik, “it is krekt eft je in kwea consjinsje habbe en my slachtsje wolle, mar det je net goed doare. De hânnen ridelje jo. Kom, jow my ’t skearmês eris.” Dêrmei ik sels foar in lyts skylpodden spegelke oan ’t skraebjen, mar dat waerd gau fillen. De earste streek de bêste roun my ’t reade sop mei in strael it kin del. Ik joech de man in stûr, en frege him eft er dêr tichte by nin oare skearwinkel wiste. Mar dat wier poetsje ’t each út, baes wier prot en woe kik noch mik sizze. Mei myn heal bird roun ’k as in tsjeaf de doar út, eang det my immen sjen scoe. Gelokkich kaem my myn collega, Jan Tamboer, to mjitte, dy my nuver oanseach, en frege: “Biste yn de rouwe, Jappe?” “Né, sei ik, “ho den?” “Wol, dou rinste, sei er, mei in healskeard bird krekt as myn bûrman Joël, de slachter, dy okkerdeis syn heit forlern hat.” “Nou ja, sei ik, mar wiis my mar gau in goed barbier.” Hy wiisde my in hûs yn de baginestrjitte dêr in earnen bekken úthinge, en in barbierstôk ta de gevel útstike, dy wyt, read en blau ferve wier.—Ynse. O, dêr efter it stêdhûs.—Jappe. Krekt. Nou dêr ik yn. Do de baes foar my stoe, en de sjippe hwette yn ’t bekken klitste, seach er my wiles mei sa’n skeef en bitinkelik each oan, krekt eft ik him net bitelje scoe. “Ho wjirmen is ’t nou, baes? sei er op it lêst; “in heal bird? Jy binne noch net ienders in goe Fries; dy binne troch de bân allehiel skeard, oars?” Do ’k him de set forhelle, skettere de man ’t út fen laitsjen. “Dat tanket jo de koekút, sei er do: “it wier jister de bêste snein yn de marke, en nou is myn collega fen nacht oan de gyl wêst. Fen ’e moarn to fiif ûre hie er in stik lead op ’e holle, det ’k tochte, daelk saeit er yn ’e dolte. Sliepe koe er net, en do hat er ta tydkoartinge in skippoun mannich tsjiis wreaun, det him ’t swit de kop del roun. Bigripe jy nou, hwerom him de hânnen ridelje?” “Klear”, sei ik, “as de dei”. Ik joech de man in stûr, en gong mei Olfertboer nei de lânhearre, en do wy de doar yngongen, sei ’k tsjin Olfert: “Hjir is nou dyn skearwinkel.” “As dat sa is, sei Olfert, den hoopje ik det ik der ôfkomme scil as dou; namenlik, healskeard.”—Iebele. Dat liket my nuver ta mei dat rideljen; jo ek net, Joute-baes? ’t Tsjiiswriuwen moat it dien ha, mar oars ridelje de jeneverljue net, as der mar goed foer yn sit lyk as mei de skearbaes. As hja jouns de mage der in tommebreed ûnder set habbe en de moarns de krêft der út bromd, den moatte hja earst al in wjirmforskrikker habbe, foar det hja mei de hânnen hwette útrjuchtsje kinne.—Joute-baes. Dat giet mei in minske, Iebele, krekt as mei in haloazje. As hja ôfroun binne, moatte hja wer opwoun wirde, en it kaike is bêste jenever fen Koatstertille.—Jappe. Wol to forstean, by in jeneverminske. De houn dy him jouns biten hat, moat him moarns wer genêze, en dy byt him krekt sa lang det er yn flarden skoerd is.—Joute-baes. Hearstou ek hwette fen de separatisten, Jappe?—Jappe. Né, as det it troch de bân goede ljue binne, dy hjar stil by hjar bidriuw deljane en dêr men wol steat op meitsje kinne. Myn sweager, Aukebaes, hat in pear timmerfeinten dy separatist binne, mar hy seit, as hja allegearre sa binne, den woe er wol det al syn foltsen separatist wier. Mar ho freegje jy dêr sa nei, Joute-baes?—Joute-baes. Myn sister Marijke is der ek by komd, sont hja sa mei de limoer oanhelle is, en nou scoe hja wol sjen det myn wiif en ik mei de einen yn ’t kroas fen de sleatten omgrûdzene.—Jappe. Ja, yn de drank habbe hja de divel sjoen. In domenij, dy moarns in goed slok drinkt, kriget seis wike by hjar, en lêsten habbe se ien in moanne ûnder de preekstoel set, omdet er yn ’t Matigheidsgenootschap gien wier.—Joute-baes. Dêr habbe se gelyk oan. Nou wit ik net, eft ik ek nin separatist wird.—Iebele. Ho kaem dat sa bryk?—Jappe. Wol, hja seinen, immen dy net sûpt en him sels bitwinge kin, hwet hoeft dy him sels mei hânteikening to binen en oan keattingen to lizzen? Dat dogge allinne sûpers, dy oars nin macht genôch oer hjar sels habbe.—Joute-baes. Nou wirdt it wer hwette oars. Mar ús Marijke hat it net allinne tsjin dat onskildich dripke, dat ik nim; mar forline snein hab ik ’t noch oars by hjar forbruid—Iebele. Dat hie Bauk jister al yn ’e bôlkoer. Mienste dat net fen de hoanne?—Joute-baes. Dat is ’t. Wol, ik hie der allehiel nin erch yn; mar forline snein-to-moarn in bytke foar njoggenen roun ’k efkes by hjar yn; hja wier al mei in fleet fen hjar kaliber nei in boereskûrre ta, dêr ien fen hjar domenijs ’t wird die, mar de faem wier thús. Sa kaem ik efter by de bleek, dêr de hoanne yn in fjirderskoer stoe, mei in net ’er oer. “Scille jimme hjoed in sopke ha?” frege ik de faem. “Né, sei hja, “ho komm’ je dêr by.” “Wel, sei ik, en wiisde op de hoanne; “ik tochte det dy baes der oan moast. Hwet docht er den yn de koer?” “Frou tinkt, sei de faem by de noas lâns, en hja glimke wiles, “frou tinkt, det sneins in hoanne yn ’t hok nin pas jowt.” “Moat dat bist ek al sabbath hâlde? sei ik; “ik kin wol sjen, ljea’, det dyn frou nea net troud west is. Oars scoe hja alle herten by hjar eigen tinke, en de hinkes net sûnder man litte. Pastoarske, masterke, myn wiif, dy minsken habbe ûre noch wille, sa lang as ’er gjin hoanne wer yn ’t hok is. En sa tink ik ’er ek oer.” Mei ien skoerde ik ’t net fen de koer los en soalde de hoanne yn ’t hok. Nou, der wier wille yn Jerusalem! dat kinne jimme tinke. Skraebje, kerlke siikje, kok! kok! kok! roppe oan syn weitene jifferkes; om hjar hinne bôgje, en wiles de wjukken as in bileefd tsjinner lâns de groun slypje; dat wier ’t wirk fen in eagenblik. De tapassinge wier, det de sultan ’t hiele serail yn de fearren siet, en ta slot victoria kraeide oer alle separatiste fammen, dy de limoer hienen.—Jappe. Dat is sa moai, det it hast net moaijer kin, en men moatte foartgean, as it op syn moaist is. Dei jimme allegearre!—Joute-baes. Ja, mar dou hoefste it net op de tromme to bringen. It is al ûnder de frouljue!—Iebele. Is de bar oan my?—Joute-baes. Ja, fal del.

Hessel (in ielskipper op London.) Goe’n dei, foltsen!—Joute-baes. Wolkom thús! Biste wer by honk? In goede reis hawn?—Hessel. Sa matichjes. Ik hie in poun mannich tabak oan boart; dêr hiene se my omtrint mei snapt. Dat reau fen Ingelske kommizen hat my de mêst en de hiele aek mei hammers bitikke, eft ’er hjir ef dêr ek forholen gatten wierne, dêr wy slûkersgûd yn hiene; it is lykwol noch al goed biteard. Hja habbe neat foun.—Joute-baes. Ha jimme ’t goed mei de iel hawn?—Hessel. Nou, dat mei sa wol wêze. Der is ús in bulte ôfstoarn; ik leau wol tûzen poun. Sont de sjeachtme yn de bargen west is, is ’t ek yn de iel, en dat wol mar net ophâlde. Wy habbe soms ek noch wol ’ris lêst fen de fochte fen dy koaltarfabriken, dy yn de Theems útrint.—Iebele. Myn wiif hat my frege, Hessel, eftstou hjar fen Londen it thégûd ek meibrocht haste?—Hessel. Dêr habbe wy in skean ongelok mei hawn. Sa as se my de koer mei pastelein oan boart brocht hiene, komme der in pear skeve fiskwiven by my om iel. Oan boart founen se in pear fordroege prûmkes, dy de feinten útspein hiene; dy treauwen hja yn hjar koarte einkes piip en stieken do ’ris oan. Hja dampten, det hjar de reek boppe de kop fleach, en do elkoar kitelje en hompe, en oan ’t mâlfarjen; det de iene mei ’t grouwe dronkene gat yn de koer fen dyn wiifs pastelein foel; ik hab neat oars meibrocht as in partij diggels, dy allinne goed binne for ús lytse Beits om ’er mei to pronkjen.—Joute-baes. Is dy Ingelske jiffer ek mei hjar gat yn myn skearmês fallen?—Hessel. Dat woe ’k wol; mar dat is bihâlden bleaun. Dêr habbe jy ’t.—Geale-boer. Binne dy nou sa folle better?—Ynse. Dat scoe ’k leauwe. Sjoch, dêr liz ’k nou in hier op ’t ich; blies der ’ris op. (Geale bliest, en it hierke fljucht yn twaën.)—Geale. As in flime, hê? Mar kinne jy de Dútske ek sa net slypje, Joute?—Joute-baes. Hwerom net? Mar dy geane aenstons omlizzen, en de Ingelske witte fen nin fyftich âlde birden to sizzen.—Geale. Hwer komt soks by to pas?—Joute-baes. It Ingelske stiel en de timpering is better. En dêr komt by, de Dútske messen binne breed en tin-blêddich, en rinne mei in ynpannige bocht fen de rêch nei it ich ta. Dêr troch skeppe se, en as se net fjûrskerp binne, den snije se de birdstoppel net allinne, mar wippe dy der ek út. Dêrom lûke folle Dútske messen sa, en dogge sear. De Ingelske binne smeller, mar steviger, hwent hja rinne as in beitel by de ich ta. Dêrom snije hja wol, mar om hjar stevichheit lûke se nea net, en as se net skerp binne, sear scilste dy net dwaen, mar dou kinste der neat ôfkrije.—Geale. Ja, sa binne de poepen. It kin hjar neat skele as se ’t ’er ús ôfskeare ef ôfskoerre, mar alle rûchte, dy wy op de bûse habbe, moat ’er ôf.—Joute-baes. Praetste fen de fyndoekspoepen?—Geale. Ja, fen dy flienske poespassen, dy ús frouljue allerlei bellen en flarden oansmarre, en as der op ’t ein net gauwernôch jild komt, it de earme boer ta bislút mei parate executie fen de bealch skoerre. Mar siz my ’ris, Joute, as de Ingelske skearmessen sa folle better as dy Dútske binne, hwerom nimme de skearbazen den allegearre nin Ingelske?—Joutebaes. Omdet hja dom ef earm binne. De Ingelske messen binne dûrsommer, mar folle djûrder. Hja kinne de Ingelske ek net goed oansette; hwent as dy net fjûrskerp binne, doge se de houn yn ’t gat net. En den miene se ek, det se mei sa ’n brede Dútske seine de stânnen fen in boerekin better ôfmeane kinne as mei in Ingelske sichte.—Ynse. Lêsten bin ik skeard to Stiens, det de triennen my oerrounen. Wy scoene dêr to gast by Rinke-bysitter, dy in omkesizzer fen ús mem is. Foar det ’k nei him ta gong, liet ik earst myn bird ’ris neisjen by in skoenmakker. Sa as ’k yn de doar kaem, riisde my dêr in greate Olfert fen in keardel fen de skammel oerein. Hy hie hânnen as slaeijen, dêr knoarren as foege barge-ierdappels oansieten fen ’t skoenmeitsjen, en dêr skoerde er sa moarddedich mei op myn eansicht om, det it krekt wier eft de kop ’er ôf scoe. Ik tochte, dit wirdt myn lêste ûre, as der noch in stomp mês bykomt, en omdet ik krekt in Londonsk mês for bysitter by my hie, forsocht ik him om my dêr mei to skearen. “Sa ’n pyst glydt my troch de fingers, sei de man; ik moat in foech swird yn ’e kloeren habbe: dêr kin ’k de bargeboarstels better mei reitsje.” En dêr rekke er my ek mei, det it my ivich hûge scil. Wel, ik kin je sizze, Joute, det ’k lêsten yn dy stoarm, do ús alles stikken fleach, net sa bang west bin as ûnder dat fordomde poepemês en de poaten fen dy Stienzer oaljefant.—Geale. Né den is ’t my lêsten to Frentsjer better ôfgien. Dêr wier ik op de bargemerke; ik hie de kroech al tweintich kear út en yn wêst om in bargenegoasje, do ik my skeare liet yn in winkeltsje, dêr in tsjep jongfaem it mês hantearre. Sa as hja my ynsjippe hie, sei ik: “Kom, ljeave, wy kinne ’t eltsoar hwette makliker meitsje.” Ik sette ’t minske op myn knibbel, en sa hat se my skeard. Us domenijs Frans, je witte wol, de studint, hie my dêr ynlaet; hwent hy hie kinde oan dat frommis, en stie mei noch in pear hoantsen oer dit wirk to kachelakjen; mar ik bin noch nea sa bihindich bitsjinne as fen dy sêfte linige fammefingers.—Joute-Baes. Ja, dat is Fryske skranderheit, det wy skoenmakkers mei ús stive, pikkige, knoarrige lobben de minsken ’t bird ôfnimme moatte. Myn âld wiif scoe ’t ommers trijeris sa maklik dwaen, en dy scoeste ek net op de knibbel sette. Joech hja dy ek in fûgel, Geale?—Geale. Dat kin ommers net minder. Dy skeard is wirdt fen de skearbaes de mûle ôffage. Joute-baes. Wier der ek nijs to Frentsjer?”—Geale. Né, mar wol to Herbayum. Dêr wennet in minger fen ús Jelt-om, dy koeken fen him nimt; dêr moast ik ’ris oanrinne. Dy boer hie de soan fen syn lânhearre by him yn de kost; mar sa ’n frjemde ynbyldinge, as dy jongfeint hie, ha ’k noch nea fen heard.—Ynse. Ik doar wedzje, sa mâl net as fen Foâke-moalker.—Geale. Hwer maelt dy de plasse oer?—Ynse. Dy mient det er in groatkerl is, en sjocht er in hin, den fljucht er hast út eltsoar fen binaudheit, sa bang is er det it bist him oppikke scil.—Geale. Nou, hwet ik dy forhelje scil, liket my rikelik sa mâl ta. Dy jongkeardel, dêr ik dy fen sei, stie stôkrjucht op en del, mei de earmen slûk by de tsjea del, yn de hirdsherne to brommen, krekt, kin ik dy sizze, as in pedaelpiip yn in oargel.—Iebele. Dat is briker as bryk.—Geale. Ja, mar hear syn ynbyldinge ’ris, en ho er dêr oankomd is. Syn faer woe him twinge om domenij to wirden, omdet er de kattechismus sa goed opsei, en dêr hie er krekt sa folle sin oan as oan hingjen. Bihalven rju gehúgen hie er ek nin formogens, goeman. Mar dat holp net. Hy moast op de preekstoel, al scoe er der troch ’t gekkehûs opfleane. Do er noch op de Latynske skoalle gong, moast er altiten earst syn leksom by de faer opsizze, in strang keardel, dy se as jonge ek hwette kreammers-Latyn mei de bollepyst ynheid hiene. Koe er syn leksom noch net, den waerd er yn in fjirders-turfkoer by de eftergevel ophyst, en dêr hong er den sa lang twiske himel en ierde to bingeljen ta er alles op in prik koe. Boartfeinten mocht er nea by him ha; dy wierne to biisaftich, en scoene him ondogensk meitsje. Hy krige nin oar boartersreau om de sinnen to forsetten as in keameroargel; dêr spile er den de ’salmen Davids en de Evangeliske gesangen op, en dat gounzjen en hersenskraebjen hat krekt sa lang dûrre, det er simpel wirden is. Forline hjerst, do de blêdden fen de beammen foelen, bigoun er tipelsinnich to wirden. Iendris yn ’t holste fen de nacht hearde syn heit in oeribel gebrom; de âld man giet opstean, rint mei in lantearne it hiele hûs fen ûnderen nei boppen troch, en fynt eind’lik syn soan boppe op de fljirring pûrneaken rjucht op en del krekt as in soldaet, dy mei ’t snaphaen op skouder yn ’t gelid stie. Undertwiske bromde er mar toereloers foart. De âld man frege him: “Hwet scil dit bitsjutte, Frans? Gean nei bêd as in feint.” “It bêd is myn plak net, heit, sei Frans; “myn plak is yn de tsjerke. Ik bin in oargelpiip; mar mei dy swiere twjirre wyn fen jisterjoune bin ’k út it oargel waeid. Ik hab in pomp tsjin de preekstoel oan hawn, en dêr hab ik dy dûk fen krige. Gelokkich det ’k hiel bleaun bin. Bring my gau wer op myn plak, heit! It hiele moaije oargel is oars skeind. Gau, gau! Mar foarsichtich.” En do bigoun Frans wer to brommen, en hy bromt nou al fyftsjin jier oan in stik.—Ynse. Wel, sa mâl kin ’t net. Mar de lêste kening fen Ingelân hie ek al nuvere gridzen yn ’e kop.—Iebele. Hwa?—Ynse. George de tredde. Hy hie 56 jier regearre, do er yn syn bernskens kaem, en op ’t lêst allehiel simpel waerd, noch sa net fen âlderdomme, as fen syn ondogenske bern, dy him in bulte fortriet goeman oandienen.—Iebele. Ik miende det de kroande hollen boppe sokke dingen wierne.—Joute-baes. Jonge, né! De kroan is wol boppe de holle, mar de holle net boppe ’t fortriet. Mar hwet wier er den mei Jurjen-omme to redden?—Ynse. De âlde hear miende, det er in slinger yn in klok wier, en stoe ûren efter ien yn in herne fen de keamer fen de iene skonk op de oare to wiuwen—Iebele. Nou, dat wol sa wol ’ris gean mei de keningen. As hja miene, det hja slinger en gewicht beide binne, en det ’er nin rêdtsje him reppe mei, dat hja net earst oan ’t rinnen brocht habbe; as hja tinke, det ’er net in inkele biweging wêze mei, dy net fen hjar útgiet, en den hjar sin net krije kinne; ja, den bigjint hjar op ’t ein de plasse noch wol ’ris to malen.—Tamke (in âld skroar dy de hiele dei krantet). Ja, en dêrom hie ’k forwachte, det Jurjen-omme ek noch in klokswicht oan syn gat hongen hie. Den hie er de oppositie en it ministerie en de kening tagelyk west.—Geale. Dat rint my to heech. Dêr bigryp ik neat fen.—Tamke. Dat hoeft ek net, boer. De Friezen rinne nou dochs mar for spek mei.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings