← Table of contents
Fryske stikken

’T KAEM OARS

Reading edition

Hy hie de sauntich net, mar lykwols gâns hwet jierren, Forarbeide wier hy troch ’t jimmer mar „weroan”, Hy rekkene ek hwat, mei syn sniewite hierren, Tocht net lyk as min sei „jy krij’ de tachtich skoan.”

In aerdich slomke jild hie’r oerwoan troch syn bodsjen, Krûm, stiif en jichtich wier hy, op, en koe niks mear, De holle gyng by ’t wirk him danich sims oan ’t skodsjen, It boarst bijoech him en by setten wier hy near.

Hy sei sa yn him sels, yet fiif jier is myn libben, Fiif hûnderd goune krekt, is nou myn pongkje swier, ’k Jaen mei ’n bitingst myn bûrman, ’t omt ik ha gjin sibben.

Dy fiif jier ynwenje en de kost der for, scil ’k sizze. „Akkoard”, den bin ’k lang wei, ’t is faek mar for ién jier.” ’t Waerd fiiftjen, foar dat min him koe yn ’t deafet lizze.

1908.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings