← Table of contents
Fryske stikken

DE MAN EN DE HJERST

Reading edition

It is wyld waer, de loft fol buien, De wyn komt heftich fen ’t Noard-West, As tynge fen it hearkip „Hjerst;” Dy sjocht in man der rogge struien.

Hy ropt; „ho krijt hy ’t yn ’e holle, Hwet libbet, meitsje ik doch fen kant. Hwet is dy sjidder by de hand, Mient hy: hy mei al sjidsje en dolle?

Hy ropt: „Kom gleone tongerkoppen! Bidjer syn wirk, ’t jing hy der die! Kom stoarm, jaen fjûr en snie fen boppen!

Dei him! hy him tsjin my forsette? Smoar ’t sied gau ûnder foetheech snie!” ’t Sintsje efkes kipet, seit: „Neat lette.”

27 Dec. 1908.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings