← Table of contents
Fryske stikken

IT KOE

Reading edition

Ljurkesang en titelroazen, Snie út blaue wolkedoazen, Set de lêsten, kapen op, Ut dy donkre wolketrop.

Mar de sinne komt ris kypjen, Om ’t biditsen moai to stypjen, Wyls ’t dy wolk fen snie nou skûrt, Seit „nou dat wier al to bot”.

’t Ljurkje sjocht ho fen dy strielen, Ién it blomt’ in partsje jowt, Sjongt nou as út tûzen kielen.

Sjoch! sa kin ’t ynienen komme, Dat it mylde sinnegoud, ’t Wyt weiaeide fen ’e blomme!

1909.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings