’T BÛTENLIBBEN
Reading edition
Al mient min dat der oars gjin skatten, Oer de ierde lizze op yens wei, As dy, hwer ’t dievefolts en motten, Op desje ef sneupje ef wrotte er nei; Der hwer gjins Mammons macht bistiet, En it om heech’re dingen giet.
Né, twisken hege timpelmûrren, Troch minskehânnen bouwt is ’t net, Dat min ús Ljeaven Hear mar met, Syn wirk wit net fen fallen, skûrren: Syn wente op ierde, de natûr, Rikt alle minskewirk fier oer.
It libben bûten ja, dat frije, Hwer ta de kym frij útsjocht’ ’t each, Dat loftblau, hwer gjin wolkje oerteach, ’t Jing nea forfeelt, it jimmer nije, It moaije en skiene yn loft, op groun, Hwa heth soks syn gelikens foun?
Dat is fen alles ’t noflikst libben; Fen ’t jing’ min hjir wol habbe kin, ’t Jowt net to folle, net to min, ’t Bidrieûw to habben fen yens sibben, Sadwaende hekket ’t iene yn ’t oar, Fen ’t jinge dat der by komt foar.
’t Binn’ bânnen, dy ’t elkoarren bine, By ’t frijste libben wirdt er sei, Al giet net stees ’t oer ’n sljuchte wei, De sinne kin net jimmer skine: Der komt ek tryblinge en skâd, Der is gjin antlit sonder fâld!
Sa goed as op yens sels to wêzen, Mei de natûr it libben troch, Heth ’n minske deroan net genôch? Gods wûnderwirken troch to lêzen, Hwer fen min by elts foetstap met, Ef min der net genôch oan heth!
Net dat min der ek net mar leare, Hwer min yn ’t tsjerkgebou ’r op wiist, De toer nei boppen hinne, riist! Dat min der sticht wirdt ta Gods eare, En dat dit lytse Heiligdom, „In koart bigryp”, is fen ’t rounom!
’s As Abraham by Mam’re’s Iken, Syn rêst’ge stille wenpleats hie, Syn tinte der forskûle stie, Der hinn’ him skaed en smoute trieken, Sa ’t ikeplantsjen kaem yn swang, Op ’t hiem fen ’t boerehûs sont lang.
’t Stiet treftich: ’t hûs yn hege iken, Hast weiwaen ûnder ’t tsjokke skaed, In reittek, sjêdden op ’e naed, Der boppe oer, twa hoannen stiken, Hjar koppen ta wynwizers op, En draeije yn ’e wyn de kop.
Op de efterein de earebarren, ’t Paleis fen prikken breed opboud, It nêst oan de ûlboerdstyl fortroud, En ropt it foarjier wer: „Kom harren”. Den is ’t fen ’t Súden wei: „gau foart” Hja steane op ’t nêst wer mei in hoart.
De moskjes yn ûnsjogge klaeijnch, Ha ’t nesje ûnder ’t prikkehûs, Gjin eangst ha hja for it wyngebrûs, Gjin soarch by Rispinge en by Haijinch, For Kening earrebarre net, As dy him oan it klepp’rjen set.
Hja soargje net for letter tiden, Mar draege God hjar soargen op; Hja harkje net nei ’t minskgerop, Yn ’e ûngetiid op lân en mieden. Hjar spyskeamer heth God forsjoen, En folt dy by de dei noch oan.
Krekt as de moskjes der fen witte, En dat biwarje yn ’t hertsje stil, Dat sonder God syn hege wil, Gjin machten hjar ea folle litte, Dat’s únbisoargd en fleurich bliid, Trochlibje kinn’ hjar libbenstiid.
Sa is ’t omtrint ek mei it swealtsje, Dat leger wennet ûnder de oes, Yn ’t wûndermoaije liemen hûs. Fen ’t hiele jier, hjir ’t lytste heltsje, De bûrljue fen Gods Hillichdom, Dy God, as ’t hjêrst wirdt, hiet: „Werom!”
Dy âlde brûkmen, mei safolle, As dy fen swealtsje en earrebar, Dat lok hja bringe, ús taskriûwt hjar, Wy dy’s er om, biskermje wolle, Hjar romt’ jaen moatte, net to min, Dat tsjûcht fen echte christensin.
Slach ’t each der op dat pearke roeken, Yn hjar ynmoai swartlekkens pak; Ha op it jildwinnen gjin swak, By ’t nêst yn dwêrs forwoeksen tûken; Dy sjidsje en dy rispje net, Fen moarnsier ta de jountiid let.
De Heil’ge Skrift heth ús forhelle, Ho dat’s Elia foerre ha, Is’t derom dat oan nou sels ta, God ta in foarbyld s’ús wol stelle? Dat Hy ek for ús soargje scil, As min birêst mar yn Syn wil.
It ljurkje siket hege loften, Dat is in sjonger earste soart’, Dat East en West en Súd en Noard, Der graech nei harket hiele skoften. ’t Robyntsje, yn ’t kreilgúd, by de groun, Heth derby ek gans harkers foun!
De klyster wennet djip foarskûle, In fiem boppe it struwellegûd. Gjin stoarm it út de toarnen skoert, It nêst, mei hierren foerre kûle, Mids ’t strampelke, fêst boud, fen klaei, Fen binnen sêft, as side en baei!
Der wennet hy, hast net to finen; Dy Maitiids ier, him jouns yett’ let, Yn ’e hege spjir to sjongen set, Sadré ’t Maertsintsje giet oan ’t skinen, ’t Oanhearren dy yn it deftich swart, Al wol min net, min lykwols moat.
Wier soks net moai, hwer de underwallen, Fol giele titelroazepronk, Fen fierren ús tomiette blonk? Oan ’t piperbeamke blommestâllen, Fen swietroak pears tomiette ús rûkt, De paueflinter nei him lûkt?
Sjoch ’t blom’tún, aerdich! Pearskeblommen, Yn bliidread, pears, yn giel, yn wyt, Ien kleurenrikens, ’t jing’ der stiet. It to bisjen, net oan to ûntkommen, Derby forskynt al ’t jing’ de wrâld, Mei selver makke skient’ it hâldt.
O! fen de hege beammen ’t waeijen, Yn ’t tûkewiid fen ’t iketal, It eskebeamt’, ien griene hal, Nest wylgebeamt’ hjar tûkeswaeijen, Hwa haget net dy loftmezyk? Sa ’n ien is sûnder skiwen ryk!
De âldermoaiste pastorale, Fen Haydn, Beethoven ef fen Bach, Dy strykt hjirby foargoed de flach; Mei rjucht scil hy der net nei tale; Hjar kinnen giet der by gled wei: Dwaen der nêst as bigjinners mei!
’t Is ef al d’oaren lûd nou stake, In wearklank út it Himelryk, It komt in psalm, in loflied lyk; Dat is natûr hjar heechste sprake, As wier ’t yn himels tale dien, Dy ’t rûst heech troch it beammegrien.
It heth eat fen ’t Ave Marije, Dat min by ’t Roamsk geloawe met, Jouns as it kleasterklokje let, Dat, as ’t oanslacht, al ’t wirk moat swije; Crescendo, Diminuendo’s gong: Is ’t ef op beammewjûk sa song.
’t Sit skoan yn ’t skâd op ’t lytse bankje, By ’t njeuntsjen fen ’e linebeam, (Syn swiete Midsimmernachtsdream), Der twisken skelfink syn heech sangkje, Wylst boppe ’t houtdoupear sêft koert, To hearen pas oan ’t beamt syn foet.
Yn wide greften rint it wetter, Nei dat ’e wyn it boartsjend wol; De hege lânnen stroame ’t fol. De Simmer makket leger ’t letter, In snoek, swier sa ’t min ’t seldsom sjocht, Dy leit er stil yn ’t sinneljocht.
„Moarn”, ’t sintsje is al oer de bosken, Al ’t fûgelgûd is wekker waen, Hjir sjongt it lûd yn hage en toarn’. In keppel protters, dryste mosken, En de eksters ha it wakkre drok’, Mei nesljen yn ’e slingertokk’.
Nou Húsman, stadich oan it skrippen, Jy ha al dagen dien jou bêst, De finne is moai, ’t lân boud: eat rêst. Gods wolkens bringe bûterdrippen. Hark ho it reint, it dript sa lûd, Nou op jou gêrs, oer blom en krúd!
’t Is de foarhearing fen jou bidden, De seine op jou oprjuchte bea. Ha oan Gods ginst, net twyfle nea, Nei it dienwirk mei wirge lidden, Forgees heth net jou skrippen wêst, Fortsjinne wol is nou jou rêst.
Yn ’t mêd troch dauwe yet’ oerditsen, Leit ’t melkfé yn in bonte trop, En op ’e melkers lûd gerop, Ha ’t fé de koppen sleau opstitsen. Drok nou oan ’t melken, speet by speet, Trochmelke stees fen ou de meet.
De hiele tiid by ’t sinnekliûwen, By ’t sinnedelgean, oan nou ta, As folle ljue ek smjûcht ’r op ha, Om op to jaen, nei ’t bodsjen, driûwen, De holle is swier, de lea binn’ wirch, Stiif de earms en slûch troch fleis en mirch.
’t Heth syn bikomst, ’t jing’ minsk oan de ierde, Heth kepp’le for syn ierdsk bistean. Hy heth fen de ierde hjoed wei ’t lean, Biskript; de jounklok mei nou liede. Nou freget ’t heechre ek syn rjûcht, As ’t each oer alles hinnetsjocht.
Der riist út djipten fen syn siele, Al útert him ’t net yn in klank, Sa’n tins fen lof en stille tank. It lit syn tank’jend hert him fiele, Dat al syn skrippen hjoed omfoech, Fier boppe winsk en bea bisloech.
Derfor de Jower fen al ’t goede! De tank, dy ’t Him der for takomt, Op ierde en yn alle romt’, Dat Hy ’t al liede woe en hoede, Mei wysheit it foarsoarge heth; ’t Untbrekke liet oan ’t need’ge net.
Fen Maert ou wiern’ jy al oan ’t skreppen. Do ’t waer sims noch sniebuiich wier, In „Wite Peaske”, de moarnsier, Ho seach min jo de lea al reppen! De foergen blikten, waerden skier, Fen do ou brochten jy it fier.
It koalsied stiet yn goud to bloeien, De greide is giel fen hynsteblomt’, De ljippen wjokkelje oer de romt’, Wylst swealtsjes twisken yn der soeie, De wyn Noard-East, dei út, dei yn, By heldre loft, fol sinneskyn!
Yn kearsljocht pronket de kastanje, Op griene kand’lers hearlik skien; De sulvren bjirk heth ’t moaiste grien Oanpast, it floddert d’r om as franje. Line, iek en wylch meitsje in lyts wâld, Om ’t hûs en lizz’ ’t alhiel yn ’t skâd.
’t Is yn natûr as yn de herten, Der giet in stimminch troch natûr, De gloed fen ’t oansteand Pinksterfjûr. (Wol yn de takomst noch bisletten), Lykwols in foargefoel, sa eat, Wirdt de natûr hjar stim ouheard.
De greate dei komt oan ’e kimen, Sjocht bliid de wachtsjende ierde oer; En dielt him mei oan hiel natûr. Troch ’t folle bledgoud rûst de hymne, As ’t liet fen de iere Pinkstermoarn. As ’t kaem fen boppen op ús oan.
Wy hear’ ’t foarbygean yn ’e twigen, As de Amme fen Gods Albistjûr, Al sjogg’ wy net it Pinksterfjûr, Op de apostelen delsigen, ’t Is as ’t oanheljen fen ’e wyn, Fen de earste Pinkster eat hâldt yn.
Dr’is haeit, moainjealtsjeparren ripen! De boekweitswietroak ha jy rûkt, It is sa nei de Hjêrst ta lûkt, De Risping’ barge yn golle en kipen; De heilbui en de snieflok kaem, It slagge ’t jing’, min ûndernaem.
Fier leit de tiid fen blom en flinter! By jountiid raest de stoarm om ’t hûs, Dy skoert oan pannen en oan de oes; Alhiel op komst is al de winter. Lykwols nei de ienlikens op ’t lân, Skynt Bethl’hem Stjir oer kimens rân.
1910 en 1911.