DOOM’NÉ EN DE MAN MEI DE KROADE, OP SNEINTEMOARN
Reading edition
Us doom’né, wylst er gyng nei ’t tsjerke ta, Dy seach in man, mei’n kroade yn ’e fierte. Dy man tocht by him sels, „ho scil ’k dit ha, Wy komm’ malkoar, sa anstons krekt tomiette.”
Omkeare koe der for dy man, net lâns, Omt doom’né hie him sjoen, koe elts yn ’t oarde; Malkoar t’ûntkommen? derta wie gjin kâns.... Foarút dos mei de man en mei syn kroade!
„Siz man! ha ik it mis? ef binn’ jy mis!” Sei doom’né, do malkoar’ hja einlings metten. „Ik miende, dat it Snein, hjoed Rêstdei is.”
De man sei: „den bin ik mis, sikerwier! Dat it hjoed Snein wier, hie ik gled forgetten; Ik hie al tocht: „ho kroadet dat sa swier!””
1909.