← Table of contents
Fryske stikken

’T ALD WYFKE OER JAPIK BINDERTS

Reading edition

Der wier foar jierren in âld wyfke, Elts hie for hjar wol ’n bytsje oer: De ien joech in jakje, d’oare in lyfke, In soad ierappels eltse boer.

Hja sei: „de boer der op ’e lânnen, Is wol in froom en bikeard man, Mar Japik Binderts, sokke mannen, Dy hjar karakter hâld ’k mear fen.”

Dy sei: (’t wier yn ’e Krystiidswike, Do’r slachte hie), tsjin Tetsje Jan Syn arbeider, „nou bin’ ’k in rike!”

„Nou ’k nij spek ha, meij ’k net it âlde.... Krij del! dy âld healside, man! Hawar! meist for dy sels bihâlde!”

1908.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings