← Table of contents
Ut stiltme en stoarm

OAN IN FRJEON.

Reading edition

I.

Dêr’t ûnder bûgend wâld in wjitt’ring klear Mids blomte en snilen streamt, hast toeve yn dreamen; Stil weven glinsters oer dyn hier; de seamen Fen reid oan d’ oere rûzen bliid en tear.

Sims hast dy bûgd en delsjoen yn de streamen Dêr’t hiel in wrâld him yn syn dream forlear; Dyn antlit, yn de goud-stream blank en tear, Wier glinzich fen in langstme, nea to neamen.

Do is de faem Idoena glimkjend gien En hat hjar bûgd, sêft oer dyn skouders hinne, En yn de wjitt’ring seachstû nêst dy ien Sa goed en myld, as nea gjin minsken binne...

Forheard seachst op. Hja wier yn beamt fordwoun En inkeld rûze in lústrjen ’t wâld yn ’t roun.

II.

Idoena giet yn Walhal’s stins, dêr’t sinne Aloan hjar gloede as rinnend goud oer spraet; Krûd, roazen, douwen siere op ’t moaist hjar paed En iiv’gens is hjar each, hjar siel’ goadinne.

Minske bistû. Ut Fryslâns wâld fendinne Hat dyn bistean nei strjitte en stêd dy laet— Yet kenst de tael fen mar en wâld, mar waerd Dy gind to gean yn heeg’re geast’ne minne?

Dochs sjuchst hjar glânzgjend each wol eltse stoune— Dyn langstme is as de sé dy’t tynt en sinkt, Dû wolst en kliuwst en siichst wer del, forwoune.

En hja yn Walhal’s moarmer sjucht en tinkt, En noegjend sjongt Idoena, roaze-omwoune, Hjar liet, oant yn dyn each wer hoopjen blinkt.

III.

Unnoaz’le, dû, ho is dyn each sa drôf! Ryk bloeit dyn siele en seit hjar dreame-wille Yn útrings klear en myld, dy’t dûrje scille, As hiel dit slachte al foel en wylge yn stôf.

En drôvest om’t dyn ljeafde yn stille rôf Dyn rêst dy naem, kleist om’t dyn skouders tille In iiv’ge lêst fen hope en hún, gjin wille Dy suver bliuwt—ei liz dyn leed den ôf.

Hwent sjuch, ien bliuwt aloan dyn dagen by: Ast wirch bist, gean ta my: myn herte is sêft; Ast woune waerdst, scil ik dy ring genêze.

Meije ek Idoena laitsje, ik hâld fen dy, En eltse stoun scil ’t bêste fen myn krêft Yn soarchs’me noed stil om dyn wegen wêze.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings