← Table of contents
Ut stiltme en stoarm

LIETEN FEN LIONEL.

Reading edition

I.

Ho leit it fjild sa stil... Biferzen mieden, Wyt-glinsterjend fen silvren rym, en stiif, Dy kreakje dêr’t ik gean. It winter-wiif Hat, fier fen iiz’ge troane, wâld oer d’ ierde.

Ho falt it ljocht sa gril! De wolkens bliede Mei streamen rea út hjar forstive liif: In winter-dei stjert ier. As earm geriif Barnt út in stâlle in ljocht, en klokken liede.

Hjir op dit ienlik mêd, yn jounske strielen, Stean ik to dreamen by hwet blanke skiep, Ien leit der nêst myn fiet, as koe it fiele Myn kleare dream, en rêst yn fromme sliep.

Nou tinke om dy! De moanne riist allinken En ’k sjuch de sinne oer ’t sniewyt doarpke sinken.

II.

Hwet wie de jountiid skier en wiet to fielen, Do’t ik yet ienlik gyng, fen hoopjen sêd; Yn ’t giele moas sonk wirch myn swiere trêd, Ik bea om rêst for myn fordoarme siele.

De blêdden riss’len nêst my, stadich, têd, Wolkens fen leaf, nea glânzgjende yn de strielen; Ik seach de geasten dy’t myn lieten stielen, Bigearte en Dea, dêr dounsjen, wyld en rêd.

In fiere stream moarmle op syn greatske paden, Dy’t nea net swige en nearne yn ’t neat fordwoun—

En nêst my húvren wiete, núvre skaden Towile it leaf him ta myn deakrâns’ woun,

Mar nearne it blomte wyt, en nea de saden Dêr’t sjongsum ’t wiet omhegen riisde en roun.

III.

Mar om dyn holle wier in krâns’ dy’t ljochte, En oer dyn antlit laei de glâns fen rêst; Sa gyngst myn grize leanen troch, en nêst My stiest, en seinest my, de hjerst-bitochte.

Myn dreamen, dy’t aloan dyn eagen sochten, Binne yn dyn wijinge op hjar rykst en bêst, En glânzgje fen in wûndre glâns, dy’t fêst Dyn mylde loaitsen oer hjar earmens brochten.

Ik wier in bern det troch de hjerstjoun roun, Yn bidlersklean, de koartsgloede op de wangen;

Dou kaemst, in prins sa ryk, yn seine stoun En twongst it sike bern om liet en sangen—

En mijen song it, sòng ’t: fen ien dy’t foun, Fen ien dy’t joech hwernei it tiden lange.

IV.

Myn ljeafde is lyk in liet fen lûde weagen, Dy’t rûzje en gûle yn twiljocht fen ’e nacht, As wiffe twinkelglâns fen silvren pracht Bevet oer ’t wiet, yn freedsum-wite reagen.

Dou bliuwste en stieste as stien, dy’t fûle fleagen En gjalpen brekt, en d’ earme deadeklacht, Dy’t út de weagen riist, net heart, en ’t ljacht Det oer hjar wier, biachtet lyk in ljeagen.

Myn ljeafde tinkt: in jountiidsfûgel klaget, Dou biste it wâld, hwertroch ienlûdich-sêft In rûzjen giet, as sinne dûkt en ’t daget.

O ljeavje my, en jow my treast en krêft! ...Dou lakest súntsjes eft myn leed dy haget, En om myn wente rint sa’n wide grêft...

V.

De Maitiid kaem: ik haw myn keamer sletten, Hwent mei de minsken gyngste en glimkest, bliid; For my wier ljeafde dea en hiel de tiid Do’t alles nij waerd neffens iiv’ge wetten.

It jier waerd ryp, en oan de jounloft bletten De wolkens roazich-rea; de wrâld stie swiid To prieljen yn it pronkjend ljocht—en Niid En Hate en Hjerst haw ik earst do forgetten.

Oktober glimke kâld, myn ljeafde bloeide En woechs al krêft’ger tsjin it friezen yn, Hwent yn dyn eagen fielde ik fjûr, det gloeide.

Nou soargje ik skielk for dy, en d’ iizge wyn Wykt krêftleas for de moed, dy’t yn my groeide;— It dûrret lang, ear’t ik dyn ljeafde fyn.

VI.

Ruth, I 20.

Seit men: „Hy komt, de Kening fen dyn dreamen,” Den bin ik dagen bliid, en hoopje, en lij. Ik gean yn Ljocht, om’t ik myn tinzen wij Oan Him, en bid, en wit gjin lûd to neamen.

Dou gieste en sjuchst my oan—dou giest foarby; Ik doarmje moedleas by myn wâlde-seamen, En hear dyn lûd yn ’t rûzjen fen ’e streamen, En dream fen dy, wylst ik de minsken mij.

En seit in frjeon den skielk, meilydsum, mijen: „Dyn lot is wrang, en keal dyn koarte tiid Fen tsjoede hope en ljeafde en earmtlik lijen,”

Den stean ik rjucht, en laitsje d’ eagen bliid: „Neam my Naomi, Mara net. Myn swijen Is inkeld lok: ik leau, al swalkje ik wiid.”

VII.

Dou waerdst my einleas ljeaf: ik koe dy neame Mei noegjend liet yn d’ ûre fen myn dea, En nêst dy gean oer greide en neaken gea, En fen dy skaet, dochs ivich fen dy dreame.

’t Is wier, dou bist gjin bern, det by de streamen Fornoege djoeit om blommegiel en -rea, Gjin faem, dy treastgje wol myn treastleas wea, Dou bist gjin geast by poarpren wolkenseamen...

Hja neame dy gewoan, en my hwet bjuster: Hja binne ûnwiis, en for myn langjend each Bloeit der in ljocht, en wykt it deade-tsjuster.

O ho’t de wrâld mei al hjar witnis leach! Dou bist sa treastlik lyk in ljeave sister, In blom sa myld, sa wiksljend as in weach.

VIII.

Kom mei my, kom! De wirge minsken teagen. Sêft giet de wyn oer ’t leaf en laket stil, It wetter rûzet sêft, in tear getril Fen silvren glâns gliidt oer de rêst’ge weagen.

Ik hear gjin inkeld liet, gjin lûd det skril De frede brekt, en tink om dream noch ljeagen; Ik sjuch dy djip yn dyn fortreastgjende eagen, Eft nea de nocht fen ljeavjen eingje scil.

Dou bist sa goed, en scilst mei ljeafde heare Hwet ik dy freegje, bliid en stil bidêst, En scilst fen my gjin ûnwier wird bigeare.

Ik siet en skriemde stil, mar ’t hat my west, Do’t ik dy seach, as koe ’k myn wea forneare; Kom mei my, kom, nou’t d’ ierde glimkjend rêst.

IX.

Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear. Faeks nimt ús skielk de dea, faeks libje wy Yet mennich jier; de wrâld ropt, winsket dy To sjen as elts, mei earme glâns en ear’.

Mar freegje net nei moarn. Hjoed ljochtet klear De maitiidsdei, hjoed waechst it lângers blij, Yet stiestou sterk, yet bist fen wrâldlêst frij— Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear.

Hwet telt it ús, al riist de nacht? Hwent by ’t Ljocht yn ús siele wier de dage ûnklear, En dit ljocht, det ús bliuwt, det tsjinje wy.

Skoer ôf dyn deistich klaed, wêz greatsk; bifrear Fen kjeld ek d’ ierd’, myn waermens bleau dy by: Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear.

X.

My bin de dagen as dy wûndre weagen, Dy’t fen myn lân nei dines ivich gean; Hja rize ûnlijich, sinke djip, en ljeagen En ljeafde en langst, sa is hjar frjemd bistean.

Ik haw hjar sjoen en yn myn twiivljende eagen Speegle de glâns fen hjar bitwinkle klean; Ik haw hjir stien, do’t rûge wolkens teagen Swart-bôgjende oer de fiere kenings-lean.

In núvre wiksel laket oer de loften: Sa bûnt en wûnder bin myn deistge skoften.

En jimmer weagen, nea dyn glimkjend strân, En nea dyn antlit oer dit longrjend lân!

Aloanwer droan’t it wiet en oarglet swier, Fen wylde langstme, as mines âld en skier.

XI.

Dy haw ik sein hwet op my weacht: it lêst Hast fen gjin ien sa field, it frjemde lok Det inkeld ik hjir wit, myn laits om sok In heimich ding as d’ ienris iivge rêst.

En nou: scilstou forstean? My pleagen drok Hwa’t my as ljeafsten gouwen: sterk en fêst Droech nimmen ’t jok yet fen myn ljeafde, en dwêst Waerd nea myn langst, myn ljeafde mear as flok.

Dit is hwerom ik gean, in prins sa ljocht: Det nimmen lijt as ik, om’t nimmen socht De stien, dy’t flûnkret yn it hert’ fen d’ ierde.

Dit is hwerom ik bûg, in mûnts sa leech: Nimmen seach mei my yet, dêr jinsen, heech De blauwe glâns, dy’t al myn dreamen sierde.

XII.

As ’k dea bin, wier? den sjongst in kostlik liet: Fen ho’t hy frjemd wier, faeks en njoer en kâld En hjerst fen skyn, mar Maeije yn ’t hert—de wrâld Forstie him net, sa sjongste frjeonlik-swiet;

Hy wier net earm, sa seist den, in geniet, Myld, nuver, joech him ljocht; hy wier net âld, Mar jong as froast’ge maitiidsmoarn; it wâld Wier him ta frjeon, ta ljeafste it hymjend wiet.

Hy, hater, wier mei roazen bliid; it giel Fen ’t weagjend nôt wier him, de donkre, djûr; Net ien, mar Ik, mar Ik forstie syn siel’.

Nou bin ik ienlik, drôf; in hetsich sûr Barnt my de tonge; in koarts fen longrjend fiel Nei Him, nei Him bliuwt my nou inkeld oer.

XIII.

As ’k dea bin, wis, den sjongst in hearlik liet, Det hiel de wrâld forstive stiet fen smert, En wer ûntweitsjend, lústrjend seit: dêr let In klok aloan fen in to frjemd fortriet.

Den bringt men dy oliif en drúf; ien biedt Dy, earme sjonger, ’t bloed oan fen syn hert’, ’t Lûd fen syn siele in oar; en elts bidjert Dy sêft mei jeften om dyn yndrôf liet.

Mar dou nimst neat mear nei dy: dou bist bliid As ’t bloed dy fen dyn soallen rint, as ’t each Dy diiznich wirdt: sa komt dyn lêste tiid...

Myn holle omspint de Dea mei rust-brún reach, Yn griis klaed sit ik stil by ’t Deade-wiid, Det blyn slacht hwa’t syn weagen skûmjen seach.

XIV.

Ast nei my komst, en ik bin dea, den scil Myn each net ljochtsje; it toarre en bleke liif Ammet net waerm mear nêst dy; deadsk en stiif Forgean myn lea, net lústrjend nei myn wil.

Patsje myn iiz’ge mûle net! Lit stil, Net nytgjend my yn d’ ierd forgean. ’t Earm lyk Kin dôch gjin wearpea jaen... ’t is dien. It ryk Fen ’t libben sonk yn sompen, goar en kil.

Den net, mar nou. Kom dôch, ik gûl nei dy... Oars rout it dy, ear’t yet dit jier forgiet; Kom ticht, hiel ticht; dou wist, ik ljeavje dy.

Liz lylje-blêdden op myn boarst, det bliedt, En op myn mûle balsem, fris en nij... En den, sjong as ik stoar, in blider liet!

XV.

Sa lang ik fen hwa’t diel hawwe oan dyn siele, It heechste riis yn fieling en yn liet En ’t keninklike poarper draech, bistiet Myn ljeafde lyk in snieberch, goud-oerstriele.

En yn myn dreamen hearst oan my, en fiele Myn tinzen neat fen hwet ús ivich skiedt, Lyk strûzend ek in sémieu oer it wiet Gjin weagen wit, mar oanfljucht, ljocht-bimiele.

Ik seach yn ’t ivich blau de hege sinne Sa prinslik glânzgjen oer it prieljend gea— Scoe ik dy ea as ljeafste groetsje kinne?

Mar nou toraent it lêste jountiids-rea, De lûde sé brûz’t oer fen wylde minne— En op myn herte slacht it fûl del: Nea!

XVI.

’k Song, Lionel, dyn ljeafde; ik joech myn stim Det dêryn tsjûgje mocht dyn geast, hweroan It egen lûd ûntstoar. Ik naem dyn kroan, En laei op ’t egen hier syn bleke glim.

Lang wier dyn ljeafde ek mines; hiel myn moarn Wier, frjeonen fen myn siele, wijd oan jim, ’k Joech jim myn ljeafde en tocht aloan oan him Dy’t lijde as ik, de kenings-ljeafde ûntstoarn.

Wyld, twingend ha ’k jim ljeave en ’t wier myn rjucht. For kinstners is de skientme slachteleas, En ik hie neat as ’t glânzgjen fen jim eagen.

En nou’t myn geast nei greater dagen tsjucht Bliuw ’k seinjend jim, myn frjeonen, dy’t ik keas Do’t ik to stjerren tocht yn hate en ljeagen.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings