← Table of contents
Ut stiltme en stoarm

IEPENBIERING.

Reading edition

I.

In blom dy’t hjar ûntjaen wol, middeis ier, As hiel de simmerloft yn ljochtgoud driuwt, Wylst in swietrook’ge wyn hjar kroane omwiuwt En mijen iepenteart hjar dimm’ne sier,

Sa wrakslet ek myn skamte tsjin, dy’t bliuwt Al bounzet yn myn hert midsimmer’s tier— Sa iep’net hjar myn siele, têd en swier, Dy’t twiivlet en bitrout, dy’t freegjend leaut.

De gûchel-wrâld giet yn hjar steatsklaed skûl En dekt hjar ta, is ’t liif mar efkes bleat, Hwent hjar ôfstjitlikheit tobarnt hjar, fûl;

Mar ik, heech steande yn simmer’s keine steat, Jow bliid my bleat, forspij èn skaed èn skûl, Liz ’t lêste weefsel ôf en eangje neat.

II.

Ik bin de geast fen Ienlikheit, dy’t sêft Oan koele ich syn swietste tiid fordreamt, Sêft glimkjend dêr’t de wjitt’ring noegjend streamt En speegljend yn it wiet mei goud’ne trêft;

Hwaens mûle neat as swiete mearkes neamt, As lyljes blinkend op in blauwe grêft; Hysels himsels genôch; in himel-krêft Hwaens weltich ryk gjin peal noch beam biseam’t.

’k Bin skou fen minske-wrâld en dûk my rêd Mids grien strewel, sa faek in swiere trêd De ienlikheit fen wâld en stream tobrekt—

En ’k wit in boarne yn waeijend krûd, dêr’t stil By jountiid, as it deiljocht dwyndlje scil, In hill’ge nimf hjar greate wizens sprekt.

III.

Ik bin de frjeon fen de swiermoed’ge Prins Dy’t tinzenleas fier doarmet nêst it wiet, Dêr’t menn’ge stoarm oermoedich âljend stiet, En ’t skom-wiet spat, al-ivich, sûnder lins;

Dy’t sliepleas rêst, safaek de deitiids-grins De swarte nacht fen bleke jountiid skiedt, En dreamend sjongt in al to frjemd fortriet Fen fiere langsten, sûnder doel en tins;

Dy’t húvret oer syn kliene lea, safaek Mei eage-ljocht fen fjûr en rou gelaek It reade minster fen de hertstocht riist;

’k Bin frjeon fen de swiermoed’ge Prins, hwaens each, Hjel-blau en drôf, to djip yn ’t hert my seach En my yn greate ljeafde en twivel tiist.

IV.

Ik hoedzje yn myn herte it frjeonskips-fjûr Fen âlde goaden my bitroud; de wyn Bliest rou en kâld myn froast’ge noasters yn En gounzet om myn herte, oerginstich, njoer—

Mar sterker is myn herte as stiel, gjin kloer Tobrekt syn doar, gjin froastwyn krûpt it yn; Yn iiv’gens waermjend hoedet it de skyn Fen ’t hillich ljocht, bitroud fen ’t Albistjûr.

Sêft barnt dit fjûr, in wite lampe lyk By jountiid strieljend efter read gerdyn, Sa skynt it yn myn herte, feilich, frij—

En ’t skynt myn swakten sterk, myn earmoed ryk, Mar sims, as bûten gûlt in boazer wyn, Den, efkes, flikkret it en skroeit it my.

V.

Ik nim it moaije al laitsjend oan myn boarst, Hwêrdet myn wei my nocht en blomte biedt; Ik nim, en sjong in lang ûndogensk liet Fen hwet myn siele as eindom easkje doarst.

Nea haw ik twiivle by myn kar: ik moast. Hwet great en moai is, is fen my; ús ierd’ Mei fûgels, blomte en ljocht, mei ljeafde en liet, ’k Nim alles laitsjend oan myn ljeavjend boarst.

Hwet d’ earmen brea, hwet siken is it krûd, Hwet klaeijing kâlden is en doarmers ’t ljocht, It iennichst-need’ge, it moaije is it my—

Heil Ierde, Ljeafde, Ljocht! In hillich lûd Hat my de wytging fen Jim miening brocht: Sûnt is de nacht my dei, it âlde nij.

VI.

Myn eagen drage it ljocht fen moarn. Jim bern Fen Fryslân’s pleatsen, rêstend mids de steat Dy’t kening Simmer oer Jim grêften geat, Forstean myn stim! Jim is hwet greats biskern.

Hwent yn de nacht seach ik in gielich read Det ljochter waerd en dijde en woechs... En hen! Yn poarpren dage is hiel it East forlern, De iiv’gens riist en fen de nacht bliuwt neat.

Ik steande op himel’s koopren toer, sjuch mear: It heitlân frij, de minsken bliid en rjucht, De marren great en ljocht, de loften klear—

Ik bin in preester dy’t yn ’t iiv’ge sjucht, En nearne is nacht noch nearens: Fryslân’s Hear Is in wirkdiedich God dy’t wûnders docht.

VII.

As mêd de jountiid leit oer daujend gea En ’t lânfolts nei de klinten teach, en tear Oer d’ iepen mieden klinkt, forkleare en hear, It silvren let fen stille jountiids-bea,

Den riis ik tankjend op fen ’t rûkend hea En jow my nei it tsjerkje ta, dêr’t klear It Angelus út weiklonk, God ta ear’, En ’k wit, ’k bin lyts en dochs wier ’k greater nea.

En yn de hern’ dêr’t troch biskildre glês It ljocht as bloed falt op in stien-blank krús, Dêr knibblje ik del en stamm’rje in tankjend wird.

Him staette yn ’t hert de wrede wrâld hjar mês En Hy forjoech ’t... En ’k longrje nei it thús Dêr’t Him en hiel Syn foltsen heil bean wirdt.

VIII.

Nou kear ik yn ta Dy, great-machtich God, Hwaens hearlikheit myn lyts bigryp oergiet; Hwent folle sei ’k yn dit forklearjend liet Fen ho’st my skoepst en fen myn talein lot,

En ’k neamde my mei menn’ge namme en ’k hiet My sjonger, preester, noeder fen in skat, En ’k like sels my great, my byldzjend det Ik mids de kenings fen Dyn wrâldrom siet—

Dennoch forswige ik yet myn swiidste rom, Ien, great en heech, o Hear, as ierdske tael Hast net bineame doar, fen Dy biskern,

Hwent mear as ik as bard en preester kom, Bin ik, nei ’t great ûnthjit fen ’t âld forhael —En ’t is in saed fen himelsk lok—Dyn Bern.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings