FREYA
Reading edition
I. OM UTENS.
FOR SIM
I.
De reade Dei is dea; en d’ ingel Joun Stiet nêst syn bliedend lyk yn frjemde dreamen; ’t Skaed fen hjar wjukken bevet oer de streamen Fen ’t barnend bloed det út syn boarsten roun.
En d’ Ierde, wirch, sinkt del yn slomme, omwoun Fen bleke roazen; oer hjar diiz’ge seamen Glûpt stil de wyn en núndret nea to neamen Foreale lieten oan syn ljeafste, Joun.
Wé my! myn siele lústret, tear en fyn, Hjar klearste sangen oan de ljeafste, en freget Hjar súvre ginst, en fielt de frede as skyn....
Mar ’t bliuwt sa einleas stil, en inkeld weget De heimige Ingel sêft hjar wjuk; de wyn Sjongt yet omdôch syn sang, dy’t twingt en freget.
II.
Myn moarmren went’ riist dêr’t de séwyn sêft In liet sjongt tsjin it dún, fen iivge wille, En stiet, fen weagen skûmmich wiet omtrille, Yn blanke rêst fen al to greatske trêft.
Sâlt waret dêr de rook fen ’t wiid; de krêft Fen greate weagen ropt; hja rize en tille De koppen heech en sinke; fier forsille Rûz’t yet it wûnder fen hjar stjerliet sêft.
En fen myn toer sjuch ik de wûndre joun, It heimich rizen fen de greate sinne En ho’t de dei syn goud’ne krânsen woun;
Dêr sjongt de sé syn ivich liet; dêr rinne De weagen rêd nei ’t fiere doel; dêr foun Ik inkeld smerte en langstme.... ’k bin allinne.
III.
Noust fier bist, ljeafste, en ik myn deistich paed Gean yn it jounljocht fen myn langstme-tinzen, Sjongt dôch myn siele, in glânzge fûgel, finzen Yn goud’ne kouwe, en floitet yn it skaed.
Noust fier bist, ljeafste, en oer myn blanke stinzen De widdou Nacht hjar swarte kladen spraet, Bin dôch myn eagen ljocht, in neiglâns, skaet Fen ’t ljocht det delsonk efter Wester-grinzen.
As nou de joun al lûd is fen myn sangen, Myn eagen ljocht binne yn de donkre nacht Fen stille hope en ljeafde en great forlangen,
Hwet wielde, as skielk de goud’ne Ingle-wacht By wyn-muzyk en wijde harpe-klangen De ynkomst kindget fen it Dage-ljacht!
IV.
Skean foel it hjerstich jounljocht troch de twigen En dounse spoekich oer de wiete groun; Do is it gien. It stjerrend hôf yn ’t roun Song sêft de wémoed fen in lêste sigen.
Nou kaem de nacht.... Om eltse roaze woun De dead in krâns’ fen wylgjend leaf; de rigen Fen drippende asters stiene wirch to nigen, Wémoedich-moai, al wier hjar tier fordwoun.
Do seach ik wer ús hûs fen moarmer-stien Blank glânzgjend ûnder reade klimmerblêdden, Dêr’t ús de dagen goud’ne feesten wiern’.
Hol klonken yn it rom porteal myn trêdden, En ’k seach en ’k wist my iensum: dou wierst gien En ’k wier allinne yn ’t wiid fen winter-mêdden.
V.
’t Liet wier myn maet de dûnkre rûz’ge jounen Do’t Winter flokkend bounze op iizren doar; De heard ljochte op yn giel en read; in gloar Skeat oer de flier, dêr’t stille skaden rounen.
Nachts bûgden Dreamen oer myn bêd, en wounen My núndrjend griene krânsen yn it hier; Den wier ’t my goed ef ’t al wer Maitiid wier, En ’k dreamde fen ús giene ljeafde-jounen.
Mar och, de dagen, wirch, lang, feal en skier! Hjar ûren klibben oan myn klean, hja woene Net wei fen my, hja krieten drôf en swier;
En dû wierst my ûntdreaun; myn tinzen koene Dyn fiere dreamen net forstean; it wier Eft ek dyn eagen ’t ljocht forlieze scoene.
VI.
’k Fiel sêft gerûs fen Maitiid yn de loften Dy’t oanstrûst yn hjar blau en glânzgjend klaed; In jonge wyn sjongt oer myn bochtsjend paed Det ierdich rûkt, syn earste sang-geroften.
Jong krûd ûntsprút nêst wjittrings en by ’t saed En ’t núndret dêr fen ljochte komstge skoften; Myn ûren gean yn bûnte blide kloften: ’k Wit hwet ûnthjit my sunich wytge waerd.
O kom, dû dy’t yn hjerst en diizger dei Net toevje koest, nou’t wer de rizende ierde Hjar langst en ljeafde as wûnders fiele mei!
Nim hwet dy beamte en krûd en wjitt’ring biede; Ja, kom by my, gean njunken my de wei Mank ’t swiete blomkjen fen de griene miede.
VII.
Stil stiet de Dei en dreamt. Hjar ivich ljocht Leit as in barnend klaed oer boarst en hânnen; Yn dream wei sjucht hja leech de fiere strânnen En wiid de sé, hwaens wyn hjar koelens brocht.
Den fiert in sêfte langst hjar mei; de brânnen Fen fjûr en gloed dy’t hja it hearlikst tocht, Hja lôgen mei to fûl, to flikkrjend ljocht: Ho myld en koel dy djippe leeg’re lânnen!
Sa stiest ek dû yn Middei’s himel-steat: Omlegen rûz’t myn sé hjar koele sangen En glimket, nou’t dyn loaits hjar wiidte oerskeat—
Den lûkt it read stil oer dyn blanke wangen, Den siichstû del—de weagen, griis en great, Forrize yn sterktme fen hjar loks-forlangen.
VIII.
Mar ek: lûd droan’t it bûtsend wiet en ’t âll’t Fen stoarm, opkrôljend yn de kopp’ge weagen, En ’t grize brûs stout yn stoarm’ge reagen Oer ’t grienjend wiet, det swolmich riist en falt;
Ien sé fen stoarmge dûnkrens ’t swirk—oer al ’t Wiid loftrom grous’me wolkens, dy’t de fleagen Dwylsinnich, wyld fen leed, toropje, as teagen Dead’s feinten oer it djip, det kroan’t en gâll’t.
As wiid en loft bin wy by stoarm’gens ien Sa goed as hwen oer d’ ierde Maitiid njuentet— Skielk is de stoarm wer krêftleas lune en gien En oer it wiet giet wer it liet, det ljuentet:
Wyls riist heech oan dyn loft in goud’ne gloed Dy’t ljocht en laits myld oer myn weagen stjûrt.
IX.
Detst moai en foarstlik wierst, ik wist it lang Sûnt ik dy gean seach, laitsjend mids dyn blommen; Unthjit wier my dyn wird en lok dyn kommen, Eden dyn tún mei roaze en geale-klang.
As yn dyn eagen blide dreamen glommen En dû myn twivel naemst mei sêfte twang, Den siet ik biddend del en wist gjin sang Dy’t nei fortsjinst dyn rike wûnders romme.
Mar nou’st myn soargen nimst en al myn noeden Op egen skouders draechst, sa bliid, as gjit Dyn foet nou dêr’t hjar ljochte krêften stjûrden,
Gin det ik nou myn tankbrens rûzje lit, Dy ivich by my hâld yn krêft’ge hoede En troanjend nêst dyn hege ljocht-steat sit.
X.
In bleke gloede leit oer ’t slomjend wâld, Dêr’t sêft de jounwyn núndret, frjemd-allinne, En ’t swijsum beamte is timplich nou’t de sinne Fen silvren nacht riist yn hjar blank biwâld,
Dochs is hjar egen skyn mar deadsk en kâld; Gjin weach noch beam scoe hja oerstrielje kinne As ’t deiljocht net út d’ oerfloed fen syn minne Hjar glâns joech, dy’t de siele yn mymring hâldt
Sa frjeonen, as der glâns is yn myn eagen Dy’t jim bitsjoent en treastget nei de tiid Det d’ ûren fen de dei yn fjûr forteagen,
Wit, ’t is mar liende glâns fen hjar, dy’t swiid Myn siele wijt ta dreamen as de reagen Bleek sigende út it fiere silvrich wiid.
XI.
Ik frij dy as de geal syn breid. Yn ’t grien Fen ’t swijs’me wâld tiist mei syn reade reagen It lêste ljocht om blomte en twiich; wirch fleagen De fûgels nei hjar went’; de dei is gien.
En swijsum leit it biidzjend wâld as ien Hwaens dreamen yn in sêfte dea forteagen; Gjin beam forweecht, gjin jounwyn rûz’t, gjin weagen Gean núndrjend mear, as is hjar oanstream dien.
En húvrjend sink ik del en bid de Heit, Det Hy myn langstme it frjemde leed binimme, En ’k yngean mei ta Dyn myld-diedichheit.
Yn ienen brekt yn júbljend liet myn stimme, En ’k sjong, ik sjong dy as de geal syn breid— ’t Wâld bevet—Goades each is oer my hinne.
XII.
Ik kaem en riisde, in stjerre yn neinacht-moarn As dizen bleek it wirge mêd oerdriuwe; Myn glâns is klear en wyt fen dream, hjar kliuwen Is strieljend as it stiente út kenings-kroan’.
Men wijt hjar liet en bea, en ropt hjar oan As scoe hjar ryk de tiid dy’t fljucht oerbliuwe— Skielk riist de Dage en oer syn haed scil wiuwe It poarper, fâldzjend út syn goud’ne troan.
Den is myn dreame-glâns as raend en wei, En júbljend scil dit folk in kening earje Hwaens ljochtsjend each oerglânzget moarn en dei, Net ien mear kin myn stjerre it paed forklearje...
Net ien as dy. Hwent heech, ús sinne ûntdreaun, Bist nei myn greatre sinne langjend kleaun.
XIII.
’k Bin Boaz, geande yn ’t rike nôt, dêr’t bliid In wyn yn núndret en de sinne oer strielet; Fier, mids in berchtme brún en driigjend, mielet It haedljocht oer in stream syn glinstring swiid.
Stil-sjongend skrept it diigre folk mei piid: Hjar driuwt de krêft dy’t treastget en skewielet; Men meant en rispet, bynt, en ’t wirk bisielet Ta tank oan ’t wiis biwâld yn ’t ivich wiid.
lin lynjend op myn stêf oerskôgje ik ’t lân; Sêft giet in brún fanke oan myn each foarby, In „Hear, haw heil” klinkt seinjend troch de romte.
Ho’n wielde dochs dit feest! Ho leit de brân Fen ’t gouden ljocht oer ’t goudne nôt sa lij! —En ’t fanke bûgt en giet mids koarn en blomte...
XIV.
Do’t d’ ierde gyng nei d’ ein en ’t lêste blêd Bleek deldwirle oer hjar wiettich earmtlik klaed, Biloek ús gea, ’t wâld húvre—sêft oer ’t paed Mids dripkjend beamte gyng in frjemde trêd.
Dead’s amme loek oer ’t wâldrom gear, en têd Joech ’t beamt him del nei d’ âlde groun, as waerd Hjar woartel wjirm-toknage; yn ’t dompich skaed Forstoar it biidzjende iere nôt-sie rêd.
Det seach frou Frigga drôvjend oan: hja hat It blomte en ’t nôt en simmer’s ljochtloft djûr En striidt tsjin dûnkrens dy’t de tier fortart—
Ho brocht hja glâns! By ’t skriemen fen Natûr Berne ûnder loft fen griis en drouwend swart In laitsjend famke, in stjerre yn ’t Hjerst-bistjûr.
XV.
Der gyng in feint yn wémoed d’ ierde roun. Hy libbe yn stiltme, in prins yn ienlikheit Dy’t inkeld God syn langst en ljeafde seit En nea geniet noch treast fen eagen woun.
’t Beamt rûze fen syn leed; de streamen roun Gyng sêft syn stille winsk nei d’ Ivichheit Dy’t him hjar ljocht ûntkearde en nimmen seit Hwerta syn lot fier fen hjar Mem-boarst woun.
Ien dei—de wyn wier moarmljend yn it reid, De himel striele en ’t wâld hie rêstme woun, Kaem nei him, biidzjend nêst it wide, in breid Hwaens ljochtsjend each syn siele yn iiv’gens boun—
Ien gloed wier ’t gea, ien júbling en ien liet By ’t sjen fen Brêgeman en Breid fen d’ ierd.
XVI.
Prinsesse fen myn keningsdream! De kroan’ Striel’t yn dyn hier, in stjerre yn jountiidsloft— Ho ljocht dyn klaed! Ik sjuch yn iiv’ge noft En blide tank dyn swide heech-steat oan.
Dû komst en giest stil nigend nei de troan’ Fen my, dyn foarst en tsjinner, boud. In skoft— Den rûzet bliid in great muzyk-geroft En fiere sang by stimm’ge oargeltoan.
Dit is dyn dei, prinsesse fen myn hert! En hiel dit gea is júbljend fen ús sang Nou’t foar dyn laitsjend each elts soargjen stjert.
En glimkjend sitst en tinkst en mymrest lang Wylst hiel de wrâld ien swiet muzykjen heart Fen mear as ierdske en ivich-tankbre klang.
XVII.
25 Nov.
Det ik dizz’ dei stil nêst dy wêze mei En nêst dyn foet de blide tiid oertinke, Hwaens glânz’ge ûren dy yn d’ eagen blinke Ta wytging fen in iere moarntiids-dei.
Mocht ik in ljeave ús rizend ryk ûntsinke, De fûlste smert stoar yn mylde oantins wei; Al sjugge wy dizz’ skieding trienjend nei, Wy witte, in iiv’ger dei mei oer hjar blinke.
Liz, ljeaf, dyn hân yn mines—sjuch dizz’ dei Hja is in stjerre yn ’t joun-swirk fen de hjerst, En silvren glâns spraet oer ús feil’ge wei.
Nou gean wy sterk togearre; yn striid en rêst For ivich ien, eft God de wijïng sei Dy’t oan mankoar ús knotte, hillich-fêst.
XVIII.
Wy bin de prinsen fen it Fryske gea, Oermoedich, soun en jong; ús wille is tige— De fammen biidzje ús liet yn ept’ge rige En ’t noegjen fen ús nocht forjitt’ se nea.
Loaits ho’t, oerwoun, de tiden for ús nige! By ús great kommen flechte bang de Dea; ’t Ljocht striel’t ús d’ eagen út—en dochs, myn ljea, Ien ljeafste heimnis bleau aloan forswige:
Ik bin de prins fen ’t wâld, bistjûr de weagen En al de loften gean nei myn bliid nocht; Ik riisde as Baldur, mar wier sjend fen eagen.
Blyn hie ’k in kening west; nou hat it ljocht My laet, dêr’t nei myn gean dyn loaitsen seagen, En ’k wit my lyts en feal en earm bitocht.
XIX.
Wit det ik lijde. Mennich iens’me jounen Ha ’k stúnjend stien foar ’t finster oer de wei: Nin ien dy’t kaem. En wer forstoar in dei En húvrjend moast ik gean nei nacht hjar stounen.
En ienlik laei ik del en mymre nei Oer ’t bange wûnder fen de sliep—wer rounen Der húvrings oer myn wirge lea—wer wounen Nachts wriggen al myn krêft yn dwylsin wei.
Mar einlings—wûndre tiid!—sei ien my sêft: „Ik hâld fen dy.” ’k Haw gûld do’t ljeavjende eagen Sêft ljochten yn myn siel mei wijde krêft.
De tsjoen tobriek. Sûnt waerd ik goed; sûnt seagen Myn dreamen ljocht. Hja tiden op dyn trêft— Noust komd bist, bliuw, yn boun tsjin niid en ljeagen.
XX.
Hoar giet it jountiids-let oer jounge groun. Hiel dizze simmer-dei ha ’k bodde; d’ ierde Dreau my ta wirk; ’k mocht der gjin stoun fen skiede En meanend, swyljend, rispjend gyng ik roun.
In kenings-nocht! Ik skrepte yn ’t ljocht; ik woun Myn holle in krâns fen hea en kûkúts-blommen; ’t Swit dripte my; ik haw gjin tiid fornommen— Nou rêst ik hwet, hwent noegjend komt de joun.
En yn dit jountiids-let is wûndre wille, In nocht sa great, det ik forstean ’t hast net;
Myn hannen, sêft fen jounich ljocht oertrille, Bin fâlde en gear, en ’k jow my ta gebet:
En tinkljend, twinkljend klinkt it, stil yn ’t stille: „Wêz groete, ljeafste”, it hillich jountiids-let.
XXI.
’k Tink oan ús Twiizler tún. Dêr giet de glâns Bliid triljend oer de rûzge swiere blêdden; De deiwyn dounset sêft mei lichte trêdden De ljochte seamen fen de boskjes lâns.
Stil niget roaze-blomte yn sinn’ge bêdden En bledtsjes sige del ta roaze-krâns; Sims fiert de wyn hjar súntsjes mei, dy’t gâns To núndrjen wit fen krûd en praetske blêdden.
En lange gerzen bûge sêft en soeije Omheech, omleech, al nei’t de sigen ’t wol,
En sinne-blinkjes glimkje stil en djoeije D’ âld apel-beam fen douns en maitiid fol,
En ús foriene sielen dreame en bloeije, Elts nei hjar aerd, eft God hjar heechtiid wol.
XXII.
’t Ljocht dounse foar ús fiet, dêr’t moss’ge groun Us stille trêdden heinde. In moarntiids-sigen Oerloek it grien; ’t leaf oan de ting’re twigen Song rûzjende it bliidste boadskip roun.
Ien timpel wier it wâld. Ik seach de rigen Fen ’t rûzich beamte as pylders stean, sterk, roun; Dêrta it leaf ien libjend tek, oerwoun Fen himel-gloede oer ’t wûndre boun fen twigen.
In blanke flinter flodd’re; in fûgel song. Yn iep’ner delte laei in glânzich wetter: Dêr ha wy stil yn rykste mymring stien.
En ’k wist, de moarn wier great, mar ús siel’ fong Yet klearder glâns en koe de himel better, En seach hwet heimnis bleau for eltsenien.
XXIII.
Foar ús de sé fen einleasheit, hwaens weagen Forswolgje hwet hjar glâns bitrout. In wyld Frjemd liet riist út hjar djip; hjar wiksljend byld Wearspeeglet ljocht en dûnkrjend yn ús eagen.
Mem Sé, sims ljeave ik dy mei lieten myld, Sims húvre ik astû riisdest yn dyn fleagen En stoarmich rôpst: dyn wylde feinten teagen Fel driigjend op my yn en ’k hie gjin skyld,—
Aloan wier ’k bang for dyn forwoed’ne krêft Al hie ’k mysels ek sterk; dyn iiz’ge wiette Bifrear myn dreamen en myn tinz’ne trêft,
Mar hjoed, Mem Sé, omstoarmje ús lûd, en litte Dyn dreamen ús oerrûzje,—stil en sêft Scil wy, forboun, ús dochs dyn masters witte.
XXIV.
Mids minsken giet in glâns fen foarstlikheit Us blinkende eagen oer. Hwent kenings-eare Waerd ús biskern: nin ien scil ús ûntkeare Hwet yn syn siele oan skat forhoalen leit.
Us ljochtsjend antlit scil gjin skaed forneare, Gjin leed scil mear bistean, as ús stim seit It blide wird fen hope en hearlikheit— Faek scil ien, as nei ’t ljocht, nei ús him keare:
Sa jaen wy troanjend goede ginst en seine En ’t ljocht scil om ús seale yn streamen gean, En blomkje scil ’t dêr’t wyldernissen leine—
Wy hawwe God ús libben’s ynlikst bean, En Hy joech Ljeafde yn ivichheit, nea eine, Hwaens stille geasten glimkjend oer ús stean.
XXV.
Meist sitte yn ’t glânzgjen fen midsimmer-sinne. De hannen gear, stil dreamende dyn liet Det skielk myn ear yn silvren lûd oergiet, Wylst oer dyn hier de wiffe sprankels rinne,
Ef meist by jounlocht oer de griizjende ierd’ Yet keiner hearlikheit en myldens winne —In lette blom, hwaens knoppen iepen binne, As eltse plant yn dau to slomjen stiet—
Aloan leit oer dyn antlit klearder glâns As himel’s tûznen sinnen tsjoene kinne En giet in keiner ljocht dyn eagen lâns.
Dochs bûg ik, dit oertinkend, net, mar binne Myn tinzen greatsk en weevje in liete-krâns As rykste lean, fen ’t rykste hert fortsjinne.
XXVI.
Licht is it liet det stille wémoed neamt En drôvich dreamt fen tiden, ier-forgiene, En op yen tastreamt mei syn lûd, en ’t iene Djippe iivge leed yn stille rou fordreamt;
Licht eltse sang dy’t, nei’t se wiksljend streamt, Fen ljeafde swiets en sûrs yn hjar foriene, Det, hwa’t it lêze, yn stille mymring miene In heger geast hie d’ egen fieling neamd—
Mar swier wier ’t liet my faek det júblje woe En optein sjonge en altyd simmersk wêze, Wylst yn folsleine nocht neat dûrje koe;
Mar dy oanskôgjend kin ’k my net bilêze En ’k moat dy fen myn blidens sjonge, as scoe Der oan fornoeging ein noch dea mear wêze.
XXVII.
’k Haw langst nei dy, myn ljeafste, in langst as wyld By ’t hjerstmis riist yn ’t ryk fen skûm en weagen, Dêr’t silvren kobben roppe yn eangst, en fleagen Forwoed’ne wyn toropje it himel-byld.
’k Bin opstoarme yn de striid en sûnder skyld Ha ’k sterk myn fijnen stien. Ik wist dyn eagen My ljeavjend dêr’t ik teach; de goud’ne reagen Fen kenings-ljeafde oerdizenen my myld.
Ik stoarme en stried; ik woun—nou rêst ik út, En freedsum bûgt it jounbeamte om my hinne En sêft is ’t moas en ’t streamke rûzet fyn....
Hwet bist noch fier! ’k Forjit èn rêst èn bút, En ’k lit it hoars wer rêd en rêdder rinne En, hjit fen langst, wol ’k iivrje mei de wyn.
XXVIII.
Ho ha de wize dichters ’t goed forstien! De minsk’ne ljeafde, in bern fen stjerlike ierde, Riist nei Godsels omheech; hjar dreamen liede De himel yn, hjar is gjin seine ûntgien.
De sill’ge fjilden biidzje en leanje eltsien Dy’t ljeafde for syn âlden siert; hja biede Him swietste frede en rêst, hjar wjittrings skiede De soarch fier fen syn paed, fen glâns oergien.
Hwaens each syn frjeonen ljeafde biedt, hwaens boarst Hjar skûl is tsjin de stoarm dy’t elts oerkomt, Scil ’t werwoun Paradys hjirnei oanskôgje—
Mar hwa’t himsels alhiel syn breid jaen doarst, Him draecht de ljeafde oer fierste wrâld’ne romt Nei hwer’t Gods egen timpel-skoarren bôgje.
XXIX.
In silvren boat det oer de weagen driuwt Nei hwer’t it himel-ljocht fen goud’ne sinne It wiid birint—de wyn fen goad’ne minne Dy bliest it foart, wylst goad’ne laits ’t oerwiuwt—
Sa driuwklet ek myn sang fen my fendinne Op tiid’ne en romte’ sé dy’t sinkt en kliuwt, Mar ivich scil hja siikje it ljocht det bliuwt, Al scoe net ien syn gloed mear skôgje kinne.
In boat, det stjerliken mei menn’ge skat Utristen for in hill’ge skut-goadinne Dy’t oer de weagen stjûrt hjar deistich lot,
Net oars myn liet, det ’k soarchsum en allinne Mei grien en roazen útrist haw en det Ik driuwklje lit nei dyn trochlofte sinne.
XXX.
Ik wit in plak dêr’t mank swietrokich krûd De roaze bloeit en ’t reid in moarntiids-wize Neinúndret, as, fen ljochte dauwe oerdize, D’ omkrânse wjittring lústret, fyn fen lûd;
Wyld fûgelt floitet dêr; de jouns komt stil In skruten hart det effen drinkt—den rize Allinken tûz’nen stjerren, oer de lizen Giet fen de wyn in lêste en sêftste ril:
Dêr scil ’k dy moetsje en toevje scil wy dêr Oant d’ elfen komme en dounsje nei de mjitte Fen ’t greate gean fen sé en ierde en stjer.
Heil Oberon! Hy scil ús net forjitte: Midsimmer-nacht siichde oan—my tinkt, ik hear Fyn swiet muzyk, dêr’t wy syn komste út witte.
XXXI.
In sâlte wyn waeit op tsjin ’t dún. De loft Is bleek as pearel-glâns; troch lichte dize Silvret it sinljocht del. En stil forgrize Fordreamt de sé dit freedsum middei-skoft.
In knyntsje boartet bliid; yn stille nocht Dounsje twa bûnte flinters, dream-bitize; In rûp krûpt stadich fierder. Sêft forrize De stille wizen fen it sé-geroft.
Is ’t net myn stim dy’t dy myn dreamen seit? ’t Lûd is myn siele hiem. En ’k wit, it wide Draecht fen myn ljeafde in sêfte wytging oan—
Hwent beide ljeafde en sé is ivichheit: O lústrje hjar den hwet ik dream, it blide, En lústrje it yn myn egen tinzen-toan!
XXXII.
Sa’t nou millioenen for de iiv’ge rjuchten Sterk stridend stean, dreaun fen in iizren plicht, Gearkringend om Gods hill’ge findels, ticht En sterk tsjin hwa’t, forflokt, net goed-dwaen mòchten:
Sa’t hja, swier bûgd geand ûnder ’t mêdzjend wicht Fen iivge striid en eangst, dochs machtich witte, Gods glimkjende ingels scil hjar siele oerjitte Mei seine en himel-frede, swiet en licht:
Sa ik, dy’t mids it weage-glinstrjend Fryske gea, Fen tûz’nen ien, de heitlânske idealen Hanthaevnje tsjin forfal fen jeld en dea,
Wylst by de kriich tsjin ús forâldre kwalen Dyn siel my sterk bisteevget, det ik nea Forslopje scil yn striid for folts en tale.
XXXIII.
Do ’k dy oanskôge koe ’k dy as myn breid, En ’k tanke God, al hie ’k dy neat noch frege, En ’k wist, al nei’t de tiid ús lok forhege, Wy ha mankoar al kend yn ivichheit.
Gjin liet det ik dy mymrjend sjong, ef ’t leit Al tiden yn myn herte, en ’t wachte it hege Det hiel myn siel’ sêft streake en forwege Fen wille om ’t wersjen fen hjar iiv’ge breid.
Twa stjerren, sjittend troch de jounske loft, Sims fen in wolken skaet, den klear togearre De rounte oerstrieljend mei hjar blanke noft,
Net oars ek wy, dy’t jeldzje noch forstjerre Mar ivich bin en jimmer ’t swiet geroft Fen Goades weld’ge sfearen rûzjen hearre.
XXXIV.
Ik riisde, in blom yn skaed fen ivich wâld; Swiersettich wier de stream en drôf it beamt, By tiden kaem de wyn en rûze frjemd En reage yn hjerst’ge tûken, skurf en âld.
Yn wiette en diiz’gens woechs ik op, myn wrâld Forflokkend om syn twiivlichheit. Myn siel Woe ljocht en longre nei ien inkle striel, Mar ’t bleau mar skaed en ’k húvre en ’k waerd kâld.
Mar ear’t ik stoar krong op in lije dei Ryk blinkend ljocht troch ’t weevljend leaf; de wyn Wier soel en fierde in rook fen wûnders mei,
En ’t timpre ljocht foel ’t herte sêftkes yn, Ien súvre pracht fen goud. En hiel dizz’ dei Stean ’k blinkend yn myn ljochtens, blank en fyn.
XXXV.
Ik bin de stream, it spoekich berchtme ûntdreaun Yn keamers, drôf en driigjend, as fen stoarnen; Griis-skomjend âllet er syn stoarm’ge toanen Er kroan’t en klaget, wyld fen skaed oerweaun.
Hy boarret paed mank ’t wâld: dy libb’ne kroanen Weargâlje fen syn sang. It timpre gleon Siicht twirjend del... for ’t earste hat er preaun De ljochte blankens fen de himel-troanen.
Nou streamt yn leger oard mids krûd en blommen Dy berchrivier en bynt al dijende yn, As wier mei ’t ljocht ek rêst en mymrjen kommen.
Skielk laitsjend yn de koel’re sinne-skyn Oerdreamt er glimkjend ho’t syn weagen skommen Yn ’t grize lân fen berte, lang forlyn.
XXXVI.
Dû ljeaf, foarstinne, mylde dreamster, breid, Ho scoe ’k dyn wêzen op it bêst bineame? Ik lit myn sêftste wirden sjongsum streame Nei’t moarn en dei en joun syn glinstring leit.
Ast riist yn moarntiids-steat sjongt beamte en reid Dy ’t keninklike liet; de wjitt’ring-seame Bloeit wei yn blomte en dreamt syn swietste dreamen En wit it neij’rjen fen dyn foarstlikheit.
Tomiddei, as de loft fen ljochtens tilt Sitst dreamend mids dyn simmersk hûs, dyn eagen Ljocht as de laits dy’t oer de keamer trill’t.
Mar jouns by ’t neiljocht fen de lêste reagen Bûgst oer my as de breid, dy’t mei my fielt Ho’t silligens ús siicht út goad’ne eagen.
XXXVII.
In iepen mêd mei stâllen brún en heech Mei blomte, lyts fen blêd en giel fen herte, Mei griene raeijen dy’t ta sie hjar sette, Forjit-my-net yn fûrge en delwâl leech,
Mei lûde ljurke-sangen, nea forgetten, Fen migge-gûd it bûnt en bliid forweech, Mei ’t galmjend lûd út toerren, fier en dreech, Fordrifkjend eltse tins fen ierdske smerte:
Net oars myn siel, dy’t simmersk-sintsjend leit Wylst fen dyn ljeafde in goudne glâns s’oerstrielet, En dimm’ne wyn dyn langstme lústrjend seit,
Dy’t yn hjar sêfte dreame-tsjoen yet prielet As hiel dit laech yn ’t grêf forgetten leit, Dy’t ivich stiet, fen Ljeafde aloan skewiele.
XXXVIII.
In boat gliidt súntsjes oan de marwâl lâns; De earnstge wylgen glânzgje yn silvren ljocht; ’t Is ’t ljeave sté det my fornoeging brocht Dêr’t ik to dreamen laei yn simmer-glâns.
En ’k haw in helt my tocht dy’t stins en skâns Twong nei syn wil; in kening ha ’k my tocht, Dy’t, earnstich, from it hillich krús-grêf socht, In skalt, it hier omwoun mei klimmer-krâns—
Ryk wier ik hjir by silvren wylg’ne dream As sêft in sigen my oer ’t antlit roun, En yn it reid biskûle in fûgel song.
Mar dreamde ik menn’ge dream oan mantel-seam, Nea ealge ik det ik iens in ljeafde foun, As nou myn stille siel ta júbling twong.
XXXIX.
Nou lit ús sile oer Fryslân’s marr’ne wiid En lit it boat troch brûs en weagen sjitte, En lit de sinne ús lokk’ge holle oersnjitte Mei glinsters, ljocht as simmer’s blanke tiid;
Nou lit de wyn sêft rounje it seil, en litte God’s sigens ús omstreakje, en roken swiid Fen himelblomt ús meifiere yn hjar bliid En loftich gean, det wy ús Sneinsbern witte!
Ho blau de loft yn libb’ne spegels sjoen! Ho blank it wolken-flues! En reid-omrânne Leit, bûnt fen blomte, in pôlle yn simmer-tsjoen—
Nou lit ús sile, ien mei de gloed, dy’t lannen En mar oerwiuwt, ús dy’t de simmer woen’ Al leit hiel d’ierde yn Deâ syn rust’ge bannen.
XL.
Mem Fryslân noeget ús weroan oan ’t hert! Sêft kaem hjar lûd ús ta, towyl de weagen By ’t Skeveningske strân it wide oer teagen Mei ’t liet det ivich rûz’t en nea forstjert.
Wy folgje it fier ljocht fen hjar mymrjende eagen, Wy folgje en ’t is ús goed. Us siele heart Fier efter silvren kym in tsjoenend let: Mem Fryslân’s klokken, liedende oer de weagen.
Farwol nou, blikkrjend sân mei dunen blank! Jim weagen, sjong ús ’t lied ta ôfskie ta, Dû himel, jow dyn goede blauwe seine.
En lûder rûz’t de fiere silvren klank: Gean mei, gean mei! De kimen glânzgje sa: Mem Fryslâns laits! Nou wol it sangen reine!