fen D. KALMA
Reading edition
A. J. OSINGA — SNITS 1918
Oan de Sjongster.
Dû sjongster, dy’t yn d’ iere moarntiids-skoften My wekkest mei in sêft en treastlik liet, Hwaens suver lûd is lyk it ljocht geniet Fen strielen út de jounske wolken-kloften—
Nou hear myn bea: hâld klear myn siele-loften Wiid as de wrâld hweroer hjar bôge stiet, En lit dyn ljocht, det glimket lyk it wiet, My streakje mei syn stream fen sang-geroften.
Jow my de moed myn holle heech to dragen Om’t ik dyn seine wis en sillich wit;
Jow oan myn liet it ljochtsjen fen de dage, Dy’t minlik glimket mar dochs mear ûnthjit;
En jow my rêst, ho ’t rûzich libben klage, De stille laits dy’t nea dyn each forlit.
Op myn fersen.
Ik sjong myn liet by ’t glânzgjen fen de joun, Yn stille mymring wei. Hwa’t my net kenne Scil ’t faken min forstean—myn sang is berne Yn ’t djipst fen ’t hert en hat dêr foarmen foun.
’t Hat hiel myn jonkheit yn. Hwet ik my woun Oan ljeafde en moais en leed, ik útre it jerne— ’k Mei min dy ljue dy’t yn in dûnkre herne In heimnis ha, dy’t hiel hjar útring boun.
En freget men it foardiel fen dit sjongen, ’k Forskamje my en swij. Ik neamde bleat Hwet tinzen yn myn herte om lûden twongen,
Mar ’k hle gjin doel dêrmei. Myn siel’ forgeat Tofolle d’ ierd, do’t dizz’ meldijen songen: Hja sizze inklen alles, follen neat.
Sonnet op it sonnet.
Myn ljeafste liet, dyn wirden sinke en rize Lyk as it bloed streamt troch de blide lea, As Maitiid stoarmjend strûst oer ’t feale gea, Yn Winter’s kâlde nachten keal forgrize.
En ek, dû núndrest as de nolke wize Moarnsier, as ’t séwiet sjongsum riist; dyn wea Is wyld en swier, dyn wille myld, en nea Bihindret dy de Dea mei jeld en dize.
’t Bloed fen de wrâld streamt yn dyn rhythme yn weagen Fen súvre lûden oer de deist’ge groun, Dy’t oars sa faken ’t mêd is fen de ljeagen.
De roaz’ge wolkens driuwe yn freeds’me joun En wirde allinken wei: dyn glânsen teagen Ta d’ iivgens yn en bin yet nea forroun.