← Table of contents
Ljocht en Skaed

V. SPEKTAKEL[7]

Reading edition

V. SPEKTAKEL[7]

Nou ’t ik it wol winskelik tink, myn miening oer de fordraeide redenaesjes, dêr ’t Hepkema syn lêzers eltse wike bliid mei makket, hjir mei in wirdmennich ta to ljochtsjen, moat ik wol wer fen foarenoan bigjinne en yetris de gearfettings ôfskriuwe, dêr ’t ik eartiids myn opstellen oer Hof mei ôfsletten haw:

1. Om ’t it diel fen ’e „K!ankboarne”, det trochgean wol for djip- field dicht, al dalik bliken docht to bistean út in heap ûnwiere, rombommige utering, hwerfen eltse ynlike fieling skou is, docht men forkeard en is men ûnbinlik jinoer it wiereftich talint, as men de him dêryn uterjende rimeler Hof forearet mei de dichternamme.

2. Om ’t it oare diel bistiet út breklike oersettings en rymstikken, dy’t hjar ek net útjaen wolle for mear as det, kin sels de meast ynskiklike krityk net de miening uterje, det mei de „Klankboarne” praet wêze kin fen in forriking fen ús skriftekennisse.

3. Om ’t de mislearring fen ’e biweging fen 1905 foarâl hjiroan ta to skriuwen is, det de hear Hof, howol dekadint fen ’e tachtigers, oannommen waerd as hjar lieder op it fjild fen taelstriid en letterkinde, is it net dúdlik hwer ’t de fortsjinsten fen de nou bispritsen skriuwer to siikjen binne, en kin him alteast to’n earsten for syn streevjen yet gjin liedende posysje taskikt wirde.

4. Allinne den scil de hear Hof yn steat wêze ienris minder ûnsuver wirk to jaen, as er, weromkommend op syn ûnbiredenearre sels- forearing, en war dwaende him hwet suverens en rêstigens fen utering eigen to meitsjen, mei de die tajowt, det syn rombom fen eren net fierder biächte hoecht to wirden.

Howol dit ôfwizend oardiel dos forfette wier yn tige rêstige en goedmoedige wirden, hat de hear Hof, hwaens earsucht eltse biskriuwing to boppe giet en dochs lyts bliuwt, omdet der in greate liedende idée by him miskearret, himel en ierde bisocht op stelten to setten om de goe-ljuwe derfen to oertsjûgjen, det er dochs wier-wier in baeskeardel wier. Oan it ein fen „De Jongfryske Biweging” haw ik syn twa earste oanfalien ôfslein, dy’t scoene men hoopje, de lêzer wol sa goed yn ’t ûnthâld bleaun binne, det it oerstallich is se fen nijs wer op to ikkerjen, en ik wol dos allinne to binnen bringe, ho’t ik myn oars faeks neat to maklik opstel dochs bisleat mei wirden fen in formoedsoenjende geast. Nei oanlieding hjirfen hat it hear bisocht, mei my frede to sluten, mar hy kaem oan mei sokke aldernuverste bitingsten, det ik, al haw ik myn fordildigens by dy ûnderhânnelings lang biwarre, de yndruk krige dochs mei immen to dwaen to hawwen, dy’t fen syn journalisterij hwet yn ’e beanne rekke wier, hwerom ik net op syn praetsjes yngien bin. It hjiroer fierde brieveforkear fynt de lêzer yn de Taheakke, side 38 fen dizze brosjúre.

Do’t de man fen ’e Gaestmar den sjoen hie, det er mei persoanlike lekskoaijerij op my net ta syn doel kaem, d.w.s. de lêzers de yndruk by to bringen, det ik mei myn oardiel de planke mis west hie, achte er it winskelik, op to hâlden mei syn persoanlikhedens, omdet det dochs de spuigatten útroun, en nou ris tige sakelik to dwaen, troch net mear my persoanlik, mar de hiele jonge biweging oan to fallen. De stakker! hwent nou joech er him dochs wol sa op glêd iis, det men him syn bidroefd-lytse kânsen, hjir in oerwinning to biheljen, al dalik op in briefke jaen koe—ommers de biweging is in bern fen yet gjin twa jier, en ik leau net, det Jan yn dit stik sa mei ûnderfinings seine is, det er nou al mei wissichheit útmeitsje koe, ef der in rakkert ef in fiks jongfeint, in soldaet eft in prefester út groeije scoe. Alle herten lykwol nei sines ôfmjittend, en bitinkend, det er sels ek ienris as in ûnskildich boike yn ’e widze lein hat—ik hie him fêst gjin tútsje jaen wollen, hear! hy scil altyd wol alderheislikst moarte hawwe—naem Janneman syn bril, striek mei de hân om syn kin, seach ris tige weetlik en bigoun do de fornoege wrâld as syn oardiel to witten to dwaen, det dit Mienskipsbern mank gyng oan Hollânske syktme. It wier suver om to bisouwen, hwent nimmen wier der yet ea efter kommen, det der hwet oan dit bern miskearre—mar Jan, tige yn ’t skik om syn snoadens, praette en praette mar troch, oant de wrâld yn sliep eamele wier en it bern wekker, det, sadré it Gaestmar nêst syn widze stean seach, as fensels de tonge útstiek en de fingers op in hwet eigenaerdige mannear oan it ein fen de reade lape brocht . . .

It is slim to leauwen det immen sa ûnredsum wêze kin, mar it is de keninklike wierheit, det de hear Hof yn wit ho folle artikels neat oars bieëamele hat, as det dizze biweging hjirre krekt itselde wier as de tachtiger yn Hollân en, omdet men dit for in komplemintsje oansjên koe, det dy lêste sa gemien west hie, sa smoarch en ûnhuer . . . . bûrfrou, jy scoene jo der net yntinke kinne ho yslik. Men moat sikerwier de hear Hof wêze om it kinststik út to fieren, yn in feansjier neat to fornijen as ien inkeld ding, en den yet dit iennichste ding bistean to litten út twa grouwélige ûnwierhedens. Hwent to’n earsten hat de tachtiger biweging Hollân alteast in mennich wezentlik ûntstjerlike kinstwirken jown, en is it oan hjar en hjar allinnich, det Hollân it to tankjen hat tsjinwirdich net bûten de kinst fen hiel de biskaefde wrâld to stean, sadet hja as men inkeld freget nei de weardigens for de kinst, neamd biheart to wirden yn priizgjende en forearjende lûden; oard sprekt it fensels det in Fryske biweging, dêr ’t de taelstriid jimmeroan in wichtich diel fen útmakket, yn aerd noch yn wêzen by in hollânske forlike wirde kin, wylst men tagelyk skoan bigrypt, det de tiidsgeast fen 1915 him wol uterje moat yn in oare wei en mei in oare stimme as dy fen in fiif-en-tritich jier lyn. Men scoe allinnich fen in oerienkomst twisken beide prate meije, as wy mei opsetsin it wirk fen ’e tachtigers sa soarchsum en sa hoeden mûchlik neifolgen; mar yn pleats fen by hjar yn ’e skoalle to gean, steane wy ûnder oerhearskjende ynfloed fen ús eigen tiid, en lyk as fensels sprekt, as wy ea kinstwirken jowe fen bliuwende weardij oan dit folk, det soks eigentlik net fortsjinne hat, den scil det wirk wêze, hweryn de fryske geast fen 1915 him tige klear útsjongt, de Hollânske fen ’80, dy’t wy earder út ’e wei gean as det wy hjar ynhelje scoede, net yn it minst. De hear Hof scil nei alle wierskyn fen ’e wize rekke wêze troch in pear uterlike omstânnichhedens, dy’t Fryslân op dit stuit net mei Hollân allinnich, mar mei hiel de wrâld mienskiplik hat, lyk as it brûkme fen it sonnet, det tsjinwirdich in nije triomftocht hâldt troch hiel Jerope, en det ek wy, ûnder ynfloed binammen fen ’e tsjinwirdige jonge Ingelske skriuwers, nei ús bêste krêften bioefenje. Ik scoe him, om ’t ik it goed mei him foar haw en him letter yet wol graech ris oan ’t wird hearre wol, oanriede meije ris hwet minder stúdzje to meitsjen fen ’e tsjinwirdige hollânske skriftekennisse, dy’t by my net botte fortsjinstlik is, en dy’t hysels hjir dos ljeaver net bisiikje moast nei to bauwen mei syn details-útpikerjende forhalen lyk as „de Greate Striid” dêr ’t eltse oanfieling fen greatme en fen striid oan miskearret en mei syn ûnbigryplike rymstikken; mar lit him ris goed Ingelsk leare, sa’t er gjin fersen fen Longfellow[8] yn syn oersettings hopeleas toknoeit, lit him ris neigean hok for wirk tsjinwirdich de periodiken dêr oan ’e man bringe en soarchsum ûndersiikje hwet it moaije en suvere dêryn is, en lit him den ris bistudearje hwet ik oant nou ta oer kinstsaken skreaun haw, bistudearje en net sa’n bytsje oerflakkich lêze, lyk as er wend is to dwaen. Hwent hwet de hear Hof jowt oan „kinst” en „krityk” is sok in yllindich ljeafhawwerijwirkje, sok in heislik geknoei om út syn meagere geast hwet fieling en hwet forstân to parsen, sok in faei gepraet, bimongen mei de nedige waenwizens, minderweardige sitate-forfalskerij en platte algemienhedens, det it sels for opsettelike folksmislieding yet to hol en to leech is. (sj. de Taheakke, side 41). It lyts bytsje achting, dêr ’t ik fen spriek oan it ein fen „de jongfryske Biweging”, dot it like det it him ynmoed wier him to forbetterjen, is wer alhiel fordwoun troch syn ivige draeijerijen, dy’t him dochs to sterk lykje to wêzen—en for my sels biwarret er inkeld in bytsje wichtigens, om ’t ik yn him sjoen haw ta myn great fortriet en myn pynlike forwûndering, ta hokfor ûnoprjuchtens somlike Friezen—lit my hoopje det er in útsûndering is—komme kinne, byhwennear immen hjar iepen wiist op hjar brekken en as hjar lyts-feninige earsucht to djip yn hjar moed biwoartele sit, om hjar de wil ta forbettering to litten. Sels foar Gods rjuchterstoel scille minsken fen sok slach yet ûnwierheit en falskens sprekke.

Mar koe it yen dos net noflik oandwaen, det dit hear alhiel út eigen forkiezing wike op wike for it folk fen Fryslân yn syn himd stean gyng, en al haw ik wier net de iennichste west, dy’t suver mistreastich waerd fen sok in krûperige draeijerij, oars waerd dit do’t Gaestmar it fjild romme, en in meagere hynsteslachters-knol it striidpark ynriden kaem, hwerop yn in rêsting, dy’t him fiersto rom siet, sa’t er elk amerij yn twa stikken like to fallen, en mei in lânse, dy’t by ûngelok yn syn eigen broeksbokse fêstheakke wier, nimmen minder as de Keninklike Alde Hear Hepkema sels. Hy moat al aerdich fier hinne wêze en ik leau fêst, det er mei it each op syn hege jierren, dêr ’t it forstân altomets ek net better fen wirdt, mar better yn in maklike stoel by de smoute hird sitten bleaun wier, ynpleats fen nou as in mismoedige geast út it grêf to bisiikjen it forline wer libben yn to bliezen en de strieljende dei fen hjoed to dwestjen. Men kin yens meilijen mei him net sa fier driuwe, det men him alles grif forjowt—hwent al die it ek bliken det er op syn âlde dei neat to bêst mear lêze kin (praet er net aloan fen net bigripen?), oan ’e oare kant is er dochs yn him yet genôch fen syn âlde natuer bleaun om in lytse ûnkrektens to bisiikjen. Alhowol ik forline hjerst, nei roai sahwet in moanne twa-trije, foar ’t er oan it profitearjen sloech, do’t ik dos yn ’e fierste fierte gjin aen hawwe koe hwet er fen doel wier, al forklearre hie myn fers „Nachten en Dagen” allinnich as oefenwirk to biskôgjen, sadet ik, moast ik it by myn wirk fen letter lykje, it mysels ûnwaerdich forklearre—like goed winsket dit nommele hearskip der gjin rekkenskip mei to hâlden en jowt er steapels sitaten út dit fers, det yndie net maklik noch suver fen utering is, om sa to biwiizgjen det . . . it hiele jongerein ûnbigryplik skriuwt. Hwet ik oan dichten nei dit fers skreaun haw is lykwol sa klear en ienfâldich fen forklanking, det in bern wol fetsje kin hwet der field en sein wirdt—mar krekt hjirom kin de âldman dit net brûke, en docht er rêstich, as bistie it alhiel net, wylst er foarfart mei jimmeroan stikken oan to heljen út in dichterlike sang, dy’t nimmen my mear oanrekkenet. Fierders leit er him der tige op út, om yn neifolging fen syn baes-feint Hof my dingen yn ’e mûle to lizzen, dy’t ik nea net neamd haw, myn wirden for de helt to fordraeijen, sadet men dêr út lêze moat hwet ik op gjin foetten en fiemen nei bidoelde, en myn biskôgings alhiel út hjar forbân to skoerren, sadet hja mear bjusterbaerlik en frjemd as wier oandogge.

Sa siz ik: „Al meije de Halbertsma’s en Dykstra for it Fryske folk hiel hwet bitsjutting hawn hawwe, kinstners wiernen hja alderminst” en de âlde hear Hepkema ropt „Hear’ jim wol? hy seit det it nullen en prullen binne!”—ik skriuw „Der bistiet in djipgeand forskeel twisken it Hollânske en Fryske folksaerd” en de echo galmet „Hy wol Fryslân selsstânnich meitsje en út it Ryksforbân weiskoerre”—ik forklearje: „It scil in weardich ding wêze, de Ingelske skriftekennisse soarchsum to bistudearjen, hwent it is de rykste fen hiel de wrâld en Ingelsk en Frysk is nei oan enoar bisibbe” en de âldman swaeit mei de pook boppe syn holle en kraeit „Hy wol Fryslân meitsje ta in diel fen it Ingelske ryk”—ik siz myn wearze fen hwet ûnhuer, ûngeef en ûnwier is yn moai krêftige wirden en it Keninklyke Hearskip makket der út op, det ik eigenwiis bin en neat doch as skellen en rachen. Ik hâld der net fen to sedemasterjen, en ik wit wol, det ik like goed as eltsenien myn lek en brek haw, mar for de âlde hear Hepkema, om hwa ’t it my fortriet docht det er him yn ’e krûddamp jown hat, hoopje ik det de geasten fen al de ljeagens, de fortocht- makkerijen en de fordraeijings, dy’t er tsjinoer my brûkt hat ef syn feint Hof brûke liet, net om syn leger stean scille as er faeks mei gauwens ús ierde forlit, hwent den scoe syn stjerbêd net rêstich wêze. Mar om ’t ik sels yet jong bin en myn eigen krêften fiel, en oertsjûge bin det ik efter my mear as ierdske stipe haw, kin ik der net ta komme in breklik âldman, det for my in ûngelikens partûr is, to bistokeljen mei de macht fen myn hate en de fûleindigens fen myn wird, en dêrom nim ik hjir ôfskie fen him, mei de forklearring det mocht er him er biswierd fiele troch hwet er my op syn âlde dei neijown hat, ik wis net tsjin him yn it gerjucht gean scil en him jerne forjow, hwet ik to forjaen hawwe mei.

De oarsaek fen hiel dizze strideraesje mei al syn minder- weardigens en ûnginstige ynfloeden for it oansjên fen Frysk, is nimmen oars as de hear Hof, dy’t howol er sels wit det èn syn wittenskiplik geknoei èn syn fersen-hokus-pokus „gerichtet” is, to folle mei lytse earsucht bisocht waerd om it swijen to dwaen ta syn eigen ûngevens, en mei al syn krêft to bisiikjen, eft er den alhiel net yn steat wier hwet betters to jaen. Mei him hoecht men gjin war to dwaen my to formoedsoenjen, nou net en nea; al moat de striderij twisken ús ek yet in tweintich jier en langer dûrje,[9] ik doar it bêst to bistean, wittend, det as de gefolgen for it Frysk fordjerlik wêze mochten, soks oan my net to witen wêze scil. Elts bisiikjen fen trêdden, de saek twisken ús beiden to bisljuchtsjen, scil om ’t ik yn him immen sjuch sûnder karakter en sûnder moed, sûnder witnis en sûnder kinst, fen my biskôge wirde as in wearzige bimoeisucht, as in tsjinoer my heechst ûnfrjeonskiplike en misledigjend-húnlike die, hwent ik kap dizze myn rjuchterhân, dêr ’t ik dit mei skreau, ljeaver ôf as hjar, dy’t faken field hat de suvere waermens fen in frjeonskiplike hândruk, sok in minske ta to rikken. Tidelike forbetterings scille fen my, nou ’t ik sjoen haw det dit sims in mei opset-sin fen him oannommen hâlding wêze kin om ynfloed oer oaren to krijen, net mear biächte wirde en earst, as der jierren oer forroun binne sûnt er de lêste ljeagen yn ’e mûle naem en de lêste kear in oar bilastere, scil ik rêstich en ûnforskillich sizze: „Det biheart dos ta it forline, det is dos dea”.

Notes in this chapter

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings