VI. TAHEAKKE.
Reading edition
Oanteikening by side 18 rigel 17:
De hâlding, fen ’e hear Sytstra jinoer my oannommen, kin net sûnder foarbihâld earlik en rjuchtút neamd wirde, hwet maklik to forklearjen is, om ’t Hof eartiids tige by him yn ’e graesje stie. Hwet ik him it meast kwea ôfnommen haw, wier det er tsjinoer my myn earste wirk, det ik sels net oars as oefenwirk biskôge (út hwet der bard is mei myn opstel oer syn Heit, kin hy dit wol it bêst witte), danich priizge, wylst er op ’e foarige A. G., lyk as men wit, do ’t er in mennich ginstige wirden brûkte oer ir wirk fen de jongeren, oan tafoege det men net mei it wirk fen ’e jongste ûnder it jongerein—en det wier ik—oankomme moast. Oer myn fers „Nachten en Dagen” skreau er my „—en ik moat sizze, det it mei myn sin in gnap stik wirk is. Ik stel it to mear op priis, omdet it wer ris in stik is yn in nij „genre”, en it nei myn sin tige nedich is dat wy de brûksumens fen ús tael for alle soarfen fen poëzije biwize. De alliteratie yn it gedicht, dy heart fensels yn in fers as dit, is oer it gehiel tige slagge. Ek de tael is flink Frysk en de bylden goed foun,” wylst er oer Rinke Tolman, Sj. de Zee en sims sels oer Piter Jelles in ûnginstich oardiel joech. Dochs hat er de twa earste, howol er hjar wirk foroardiele, do ’t „Fryslân” forlet fen kopij hie mei wille ynhelle, en wier syn hâlding do der yn it Haedbistjûr it útstel dien waerd my as fortsjinwirdiger fen ’e nijste biweging yn ’e redaksje op to nimmen, slopper as ik ea tinke kinnen hie en for my ien greate toloarstelling.
Sa is ek syn forklearring, det er yn ’e petearren twisken him en my aloan bisocht hie, de ûnderskate partijen tichter byenoar to bringen, by de wierheit troch. Fen de Halbertsma’s sei er, det men hjar yn wearde hâlde moast, om ’t hja it folk oan ’t lêzen brocht hienen, mar in skoft letter die er my, do ’t er de ynhâld fen de „Rimen en Teltsjes” fen nijs ôf oan soarchsum like troch to gean, to witten, det dy samling him nou lang net meifallen wier. Waling Dykstra en Schepers kamen der by him jimmeroan bikaeid ôf en oer de hear Hof, dy’t oars, oan him to hearren, wol aerdich flot skriuwe koe en in heap wirden wist, dy’t himsels sa njunkelytsen ûntgien wiernen, joech er ienkear dit snedich oardiel: „Hy is faek in trime heger stean gien as er hearde, en ek wol ris, dêr ’t hielendal gjin trime mear wier”.
Hwet er yn F. M. N. sei, det ik him yn in skeef ljocht set hie, troch syn ûnginstich oardiel oer it boun Hof-Canne mei to dielen, en det er it lang sa slim net miend hie, moat ik perfoarst ûntstride; ik haw dizze saek krekt meidield yn de wirden, sa ’t hja twisken ús to praet kommen wier. Dit alles rekket lykwol allinne him en my persoanlik, en hat mei syn bitsjutting fen it Frysk, dy’t sûnder mis tige is, wier it allinnich mar om de rêstige fêstens, dêr ’t er as soarchsum samler fen F. M. N. tritich jier syn stille wegen mei gyng, neat to meitsjen; yn it Haedbistjûr is hy mei rjucht in heech-hâlden persoanlikheit.
Oanteikening by side 18 rigel 37:
Oant nou ta haw ik fen myn sibben op fryske kriten, sels fen sok- ken, dy’t der sims yet hjar meiwirking oan jowe, yet net ien goed wird oer it wykblêd „Fryslân”, noch hwet de ynhâld, noch hwet de technyske útfiering oanbilanget, to hearren krige. Nei tweintich nûmers is de rispinge sa bidroefd, det it hast net minder kin; de praetsjes fen ’e hear Sytstra sels, sims sawier bislutend mei de mo- rael yn in rym op it ein, lyk as eartiids yn ’e boekjes fen „Groot- moeder verhaalt”, wirde net lêzen en binne, howol der sims hwet ynstiet dêr ’t men yens foardiel mei dwaen kin, ûngenietber skreaun; de fersen fen Rinke Tolman binne stjitterich fen rhythme en ûngever fen ynhâld as men fen him forwachtsje mocht, en allinnich de dichten fen Hylke Sjonger, dy’t lykwol wer fiersto folle jowt om spontaen to bliuwen, bringe altomets hwet fortsjinstliks; de berne-rubryk fen Canne is mear in noflike útspanning for greate minsken, dy’t wer ris oan hjar bernetiid weromtinke wolle, as det it de bern, dy’t de del- bûgende en min efto mear gekoanstekkerich-oanstelderige toan skoan fiele moatte, haegje kin; de hear Sipma kin der net ta komme, syn wirk to jaen oan in blêd, det op sok in wize bistjûrd en forsoarge wirdt, ef hy is yn sliep rekke lyk as hast eltse lêzer; it wirk fen ’e hear Hof wirdt foldwaende teikene troch dit iene sonnet, det men op plakken yn it Hollânsk oerbringe moat ear ’t men efter de miening komt:
As dichters dwale, giet it hjarren as bern, Dôfhûdich-dwers, dy’t dôch, djip-ynlik witte, Det se evel dogge, en ’t goede paed forlitte, En dy’t fensels hjar tsjoed komme yn to sjên. As dichters dwale, gean se net forlern.[10] Der wâll’t hwet[11] yn hjar, dat scil bûte mjitte Untwyk siikje, en hjar lieten scille útjiette Lûdwirden langstme[12] om . . . rjucht hjar wei to tsjen. As dichters doarmje fier fen folk en lân, Om ’t frjemde sprake en frjemde steden wonken, Om ’t frjemde leare fet krige op ’t forstân Foar ’t siele en sinnen yet de weelde dronken Fen ein-folksaerd, dôch gloeije yn ’t hert syn[13] fonken En ’t[14] lôget ienris op yn felle brân.
Oanbilangjend it wykblêd „Fryslân” haw ik oanstriid it oardiel fen in frjeon oer to nimmen, dy’t my sei, det it wichtichste fen dit orgaen neffens him wier, der er it oant en mei nû. 10 yn ’e breedte dêrnei yn ’e lingte opteard tastjûrd krige.
Oanteikening by side 24 rigel 17:
In lyts diel fen hwet der fen ’e hear Postma op ’e Prov. Bibl. is, neam ik hjir. Oarspronkelike fersen: Uneindichheit, kantate. Johanniade, fers op Johannes de doper. De Loads. Wrakseljen mei God. Ynbylding. Olive- en Ikeblêdden (greate samling, 221 siden). Oarspr. proaze: In leske yn opfiedkunde. In net ùnnoflike dream. In sauntal skriften mei mingelwirk. Oersettings: Latyn; Coniuratio Catilinae fen Sallustius. Captivi fen Plautus. Gryksk; Cyropaedie fen Xenophon. Dútsk; Wilhelm Tell fen Schiller. Angelsaksysk; Wetten, wirden fen kening Arthur, de Séfaerder. Fierders ytlike út Noarsk, Deensk, Platdútsk, Frânsk, ltaliaensk, Hollânsk. Toaniel: In frjemde ein yn ’t bit. Sa giet it. De ûndergong der Fryske frijheid. Fen syn psalmen lit ik hjir folgje syn „Oertinking” oer de tongerpsalm (XXIX): OERTINKING. Psalm XXIXa, De Heare is op komste yn syn grimhitigens! . . . It swark bilûkt alhiel, de loften rinne gear En wirde oerstjûr, ûnrêstich, steaplje op En trilje for Syn lûd, Syn freselik gebear. De Heare komt en hen! in earste sein wirdt jown Troch flugge winen, dy syn kommen dêr forklearje; ’t Onmietlik wetterrûm het tynge krige en Al fierder flecht de stoarm, det men Syn komste earje, Holboljend fierder, fier de djippe flakten yn Fen woestenijen dy dat inkle wird fornimme, En op de flecht siaen det men ’t fierder ’t witte kin De greate ierdskief oer fen east oan westerkimme. O freeslik is de komst’ der heechste Majesteit! Bûch leech en dimmen del, o alle ierdske Machten; Jaen glorie en jaen heil, en fiel den klear, en fiel Jim’ lytsens, der ’t jim dochs Syn Greatens hjir net achten. Bûch del, fal plat foaroer yn ’t stof: de Heare komt, En syn onmietbre macht scil tel de ierde heare; Forblikk’ is jimme macht, o Greaten, en forkniesd: Jaen oan God Zebaoth den sterkte en jaen eare. De séen fiele mei de marren djip it wird Det fen de stoarm útgie en tille nei omhegen, En brûzjend, skomjend stouwe wylde weagen foart, En statte en treffe enoar, en lûke enoar omlegen, Mar jeije wer foarút, wytskomjend mei gebear En sels de dining fen it wetter fielt it triljen, Allyk dy weagen dy hjar sette nei it strân, En ’t hele wetterflak is oandien, is oan ’t riljen, En teiknet sels yn djippe kolken ôf It freeslik firmamint det fiûr en tonger spelle, Sa spoakrich en sa swart, as gie de Hear foarby, Omfiemjend weach oan weach, se fen syn komst fortelle. Noch gie gjin Hear foarby; ’t wier louter ’t earste sein! Onrêstich mei it swark der driuwe ek en jeije, En wetterkoppen stouwe en gûle mei gebear En tsjustre wolkens sels it sinneljocht forjeije. Al helle stoarm ek oan, al gûlt dy mei gebear, Skûmbekket ek de mar en giert de woestenije, Strak sakket hja ta’n briis, den ta in bolle wyn, En yn det leaf gesûs scil de ierd syn Heare krije. Doch noch is alles swart en spoakrich en de wyn Raest bolderjend en pakt de ceders det se knikke, En tilt se en wrikt mei krâft, en ploft se mei in smak Op ’t skodzjend ierdryk det nou kleije mei en snikke. De bergen skodzje op hjar fêste pylders en Hja trilje en beevje op it foetstik, ho ’t hja bôgen Op himelsheechte en op sterke en greatens, ear’, En ek it cederbosk slacht der yn ljochte lôgen. It ierdryk beev’t en skokt en skrikt; de fêste groun Trilt as in popelblêd en lûkt yn djippe tearen; Gniist sa in ûngroun hjir, der krinklet ek de groun, O de ierde beev’t en bûcht for Aller Hearen Heare. De skrik slacht ek it dier; de bange réen gean Yn kloften op de flecht om earne skûl to finen, En freze slacht hjar oan yn ’t hetsich yngewand, En driuwt de frucht ûntidich ôf. De pinen Fen kreamenswea net fielend, gean hja dol De woestenijen yn en lokje oare kloften, Hja freezje Syn gesicht en ’t hiele ierdryk fielt Syn komste as woestenije, as bergen en as loften.
Oanteikening by side 26 rigel 21:
Men wit, det ik, dy’t yn Waling Dykstra wol net in kinstner, mar dochs in great Fries wit to sjên, der alhiel gjin biswier tsjin haw det men him mei in tinkstien earet, binammen net, as men sok in hildeteiken, lyk as de foarsitter fen it Alde Selskip oanjoech, winsket to biskôgjen as in eare oan al de striders for it fryske sin en for ús tael. Mar earnstich kom ik der tsjin op, det as men it teiken ynwijt, der minsken oan ’e foet derfen stean scille, dy’t Dykstra, do’t er yet yn libben wier, op de minste en húnlikste mannear misledige hawwe, omdet dit ûnoprjuchtens is en ljeagen, en sa hiel hilde hjar wearde binimt. Ik neam hjir nou allinnich de hear Hof, dy tsjinwirdich om Dykstra tsjin my út to spyljen, oankomt mei alle mûlke wearzige flaeikerij oer de âld man, en dy’t eartiids Walingom sa bistokele, det dizze tsjin ien fen myn frjeonen hwaens namme ik ré bin to neamen, him útliet: „Jan fen ’e Gaestmar is it, dy’t my noch ris yn ’t grêf helpe scil.”
Om ’t ik boppe Dykstra syn grêf gjin striid oangean wol, ear ’t ik der ta twongen bin, scil ik fen alles hwet my yn dit stik fen frjeonen en forearders fen Walingom to witten dien waerd, hjir neat mear meidiele. Mar as ik sjuch en fornim, det skielk der wer ljuwe, dy’t eartiids de Holwerter leechlein hawwe en bisocht, him op ’e eftergroun to triuwen, bigjinne to bearen oer hjar Dykstra-ljeafde om dy tsjin ús skreppen en skreevjen út to spyljen, den scil ik my oer de gefolgen net bikroadzje, en iepenbier meitsje, hwet my winskelik taliket. As men lyk as de hear Canne, rountrantet det men nei de ôfstjerte fen W. D. in lang tillegram oan syn famylje stjûrd hat, en den mient det soks yen nou dochs ek wol rjucht op in plak jowt yn ’e redaksje fen Slj. en Rj., och soks is faeks hwet berneftich, mar dochs net min ef gefaerlik. Mar der binne oare dingen—en ik wit hokker minsken by it lêzen fen dizze oanteikening bleek om hjar noas wirde. Hja begripe dos nou, hwer ’t hja hjar oan to hâlden en hwet hja nei to litten hawwe.
Oanteikening by side 23 rigel 16.
Dit brieveforkear liz ik de lêzer hjir foar mei de frage, eft der fen my net alles ûndernommen is, om yn dit stik fierdere strideraesje to mijen, en eft ik yet fierder gean kinnen hie, sûnder ûnwier to wirden en my sels to koart to dwaen:
Ljouwert, 23 Sept. 1915. I. Oan ’e Hear D. Kalma.
Ik forsiikje Jo, de neifolgjende forklearring op papier to bringen, to datearjen, en to ûnderteikenjen, en se my den takomme to litten:
„Ik forklearje hjirby, yn to sjên, det ik in myn krityk yn ’e Ljouwerter krante oer it wirk fen ’e hear Hof (Jan fen ’e Gaestmar) fiersto fier gien bin, en ytlike wirden brûkt hab, dy’t ik net brûke moatten hie. Ik forklearje fierders det soks my moeit.”
Ik scil ont Tiisdei 28 Sept. ta tiid dwaen. Hab ik de forklearing den net, den scil ik my wer as frij man biskôgje.
Op útstellen om foroaringen it stik oan to bringen scil ik net yn gean. Fierders moat ik frij habbe en hâlde, om der mei to dwaen hwet ik wol.
De hear Sytstra scil jo dit brief tastjûre. Ik ried jo oan, om der mei him oer te praten, as jy der ut jo sels net ta komme kinne om to dwaen, hwet ik Jo hiir forsiikje. (w. t.) J. J. HOF.
Ljouwert 26 Sept. 1915. II. Oan ’e Hear J. J. Hof.
As de winsk, ta oerienstimming to kommen, by Jo like oprjocht is as by my, hweroan ik nei it lêzen fen Jins brief wol efkes twivele haw, den liket it my dochs ta, det wy mei bombaerje fen oratoryske forklearrings krekt neat birikke scille, en det allinnich in ein makke wirde kin oan ’e fen ús fierde polemyk, trochdet ik as myn bitinken útsprek, det ik to‘n earsten Jins wirk as Frysk skriuwer dúdlikernôch bihânnele haw en trochdet Jy utering jowe oan Jins miening, det ek Jy fakernôch opkommen binne tsjin myn kritiken en de hiele jonge biweging. Hwent it is hiel klear, det as Jy foart farre mei it iepenbier meitsjen fen stikken as „De nije richting ensf.,” ik forplichte wêze scil, net langer as kritikus en like min for my sels, mar as lieder fen ’e jonge biweging en for ús bigjinsels, yn in rige nije artikels dêrtsjin op to kommen. Om ’t Jy sels forskate kearen forklearre hawwe, yn letterkindige opfettings net sa bjustere fier fen ús ôf to stean, en sels njonkelytsen ek wol ynsjên moatte, det Jins oannimmen fen liedende tachtiger ynfloeden hielendal ynkrekt is—it scil jo faeks bikend wêze, ho’t men likernôch 1885 de jonge ljuwe der jimmer fen biskildige, det hja ienfaldich de greate Ingelsken út Shelley’s tiden neifolgen—scoe ik sikerwier net bigripe kinne, hok for biswieren der yet tsjin sok in modus vivendi bisteane.
Fierders sprekt it fensels, dat der troch my yn gjin gefal in forklearring jown wirde kin yn hokker wirden den ek, as Jy dêr net in forklearring fen Jou side tsjinoerstelle oer Jins wize fen bistriden yn Jins artikels „Unwirdige Krityk” en „De skiednis fen in sonnet”, om ’t men oars tinke mocht, det ik, inkeld út langstme om ta oerienstemming to kommen, it ûnskiklike yn dy stikken wol oersljochtsje woe. Hjiroan moat yet tafoege wirde, det forklearrings, lyk as den dien wirde scoenen fen Jo en my, inkeld slaen meije op de niis-neamde artikels fen Jins hân en it sechde haedstik fen myn forhânneling, sa det dos myn kritiken dêr ’t ik gjin fierder debat oer tastean mei, bûten biskôging bliuwe moatte, om ’t ik ienfâldich ynwier wêze moast, as ik sei det ik ynseach to fier gien to wêzen. Om ’t ik dos neat fen ’e ynhâld fen myn kritiken weromnimme kin, en dêroan allinnich tafoegje, hwet ik al die yn ’e noat op s. 78 en oan ’t ein fen haedstik VI fen myn brosjure—en ik likemin meistimme kin, det myn toan to skerp wier (hwent sa faken ik mij ynlik ergerje, bryk ik as fensels minder ljeawe wirden, hwet ik lokkich achtsje, yn pleats det ik my moeit, om ’t dêrút meiien bliken docht, det de ergernisse oprjocht is), sjoch ik gjin kâns in forklearring hjiroer to jaen, dy’t Jo bifrediget en dochs net ljeagene is. Fensels bigreatet it my wol, det de ynhâld fen ’e „Klankboarne” net sa wier, det ik der wirden fen achtinge for oer hawwe koe, om ’t ik hiel hwet ljeaver wirdearjende as ôfbrekkende kritiken skriuw, hwent it is for my makliker, utering to jaen oan biwûndering as oan lytsachting . . . . . .
Forklearje kin ik sadwaende allinnich, det ik fen bitinken bin, det nei „de Klankboarne”, hweryn de goede rigels to tellen wiernen, de dichter-yn-Hof hwet krêftiger is bigoun to libjen, hwerfen it gefolch is, det Jy yn ’e lêste tiden sims in better fers skreaun hawwe, sadet wy net sûnder hope Jins takomst as dichter tomjitte sjên kinne. Ik bin ré soks to dwaen yn it iepenbier, sagau Jy dernêst forklearje yn to sjên, det Jy yn Jins artikels „Unwirdige Kritik” en „De skiednis fen in sonnet” by my driuwfearren oannamen, dy’t men allinnich fynt by ljuwe fen min ef sûnder karakter en det it den ek bliken dien hat, det sok siikjen nei minderweardige motiven by my gjin foech joech.
Mar yetteris: it bêst komme wy ta oerienstimming sûnder steatlike forklearrings, mar troch to biwiizgjen, mei de die, dat is: it ophâlden mei it dwaen fen oanfallen op eltsoar, det wy, nei it minderweardige dúdlik oantsjut to hawwen, ek it bettere en suverder yn eltsoar rêstich witte to weardearjen.
Ik bin oertsjûge, det Jy de oprjochtens fen myn winsk, twisken ús beiden ta oerienstimrning to kommen, foldwaende bitrouwe, om de ûnderhânneling net ôf to brekken en my op dit skriuwen to anderjen.
(w. t.) D. KALMA.
III. Oan ’e hear D. Kalma, Ljouwert.
It liket my ta, det jy de bidoeling fen ’e forklearring dy’t ik jo forsocht hab to dwaen, net goed bigripe. Det kin oan dy forklearring lizze en sadwaende oan my. Nou foegje der den oan ta:
It boppesteande slacht allinne op ’e wize hwerop ik de dingen sein hab, hjir en dêr; net op ’e saeklike ynhâld fen myn krityk. En it sprekt ek fensels, det ik frij bliuw om oeral en altyd myn bitinken to sizzen oer hwet de hear Hof yn saken Frysk oangeande, lit ef docht.”
Ik scil nou ont Woansdeitojoun ta wachtsje. Teffens diel ik jo mei, det ik op jou brief net yngean kin, foar ’t ik jou forklearring net hab; krij ik dy, den is de wei iepene om ris bidaerdwei to praten, togearre; earder net.
En nou moatte Jy ien fen beiden: my to wille wêze mei dy forklearring, ef perfoarst wegerje. It lêste kin bygelyks troch alhiel net to anderjen. Mocht ik wer in skriuwen fen jo krije sûnder ’e forklearring, den hâldt myn gedild op. Ik bin wol goed, mar net gek.
(w. t.) J. J. HOF.
IV. Oan ’e hear J. J. Hof.
Nou ’t ik forklearre haw, det de formule, dy’t Jy foarstelden, hielendal ûnoannimmelik wier, hie it op Jou wei lein, dy to wizigjen op ’e menear, dy’t ik oan ’e hân joech en dêr in forklearring fen Jo sels tsjin oer to stellen, en is it bjuster ûnnoazel to bisiikjen, de earste forklearring troch in taheakke hwet mylder to meitsjen. In bern kin nei hwet ik Jo skreau, bigripe, dat as ik to witten die yn to sjên, det myn utering to skerp (!) west hie, en dêroan tafoege: „det soks my moeide,” dit lyk stean scoe mei in opsettelike ljeagen; en dy yn ’e mûle to nimmen wegerje ik perfoast, al scoe de hiele fryske sprake mei al hjar treast en al hjar rykdom dêrmei to groune gean. Jou sizzen „det ik Jo to wille wêze moast mei dy forklearring,” wylst Jy wisten det ik mei it ôflizzen dêrfen ûnoprjocht en ûnwier wêze moast, is like immoreel as oant nou ta Jou hiele bistriding fen ús biweging wier, om ’t Jy sels hânnelje tsjin better witten yn, en in oar twinge wolle, al krekt itselde to dwaen.
Ek haget my de toan, hweryn Jou brieven skreaun binne, net bysûnder, om ’t ik deryn in sterk biwiis sjoch det Jy ûnder greate wirden Jou eigen bisef, det Jy glêdwei forslein binne, biskûlje wolle, hwerfen in nuvere oerstjûrens it gefal is, dy’t wol hiel dúdlik wirdt yn Jou forklearring „wol goed, mar net gek to wêzen”—wirden, dy’t spitigernôch net fen my biachte wirde kinne.
Ik forsiikje Jo dos minlik, hwet fatsoenliker to wirk to gean en Jo sa to uterjen, det ik Jou sizzen tsjin ’e hear Sytstra, „det Jy o! sa‘n lêst fen dizze skriuwerij hawn hienen” for wier halde kin en net mear hoech to leauwen, det dizze hiele ûnderhânnelings mei my inkeld in diplomatyske skynbiweging bitsjutte, om letter der elts amerij wer klam op to lizzen, det Jy it net binne, dy’t dizze kriich woe.
Emmastrj. 23. (w. t.) D. KALMA.
Faeks is it lêste brief hjir en dêr net mear sa mak as myn earste, mar in ûnbiskofter en waenwizer skriuwen as de boppe-steande Hof-brieven moat ik yet ûnder eagen krije. Letter hat men my wol fornijd, det de hear Hof fen syn krante-skriuwerij hwet oerspannen rekke wier, mar as it lân der do sa ta lei, hied er mei syn ûnderhânnelings mar wachtsje moatten, oant syn oerstjûre simmels wer hwet ta rêst kômmen wierne.
Oanteikening by side 30 rigel 23.
In pear foarbylden út somlike artikels fen ’e hear Hof lit ik folgje, om soks ta to ljochtsjen, mar net as mei de forklearringe, det ik maklik tsjien ris safolle ljeagen oanwiis yn „De nije richting yn de dichtkinst,” sadré it hear ef syn baes, de hear Hepkema, yn syn krante my dêrta romte jowt:[15]
Art. I, a. Ik forkies net to swijen, oer hwet him den nou einlings en to’n lêsten by ús oantsjinne hat as „de nije richting”—Dit scil slaen op myn maten en my, mar moat ûnwierheit neamd wirde om ’t der by ús fen in „nije richting” nea gjin praet west hat, noch wêze kin; yn it stik fen kinst wirkje wy fierder, lyk as alle âldere frysk- persoanlike skriuwers ús learden, en yn ’e taelstriid steane wy allinnich oan op krêftiger aksje en biretter hâlding. Krekt om oan to jaen, det wy it forline sa earbiedigje, det der folslein mei to brekken ús ûnweardich foarkomt, haw ik jimmeroan praet fen „jongfrysk” en fen „nij-frysk” nea, en de namme „jongfryske biweging” bitsjut—lear dit fen my, o man fen ’e Gaestmar—in fryske biweging, dy’t yet jong, net ien, dy’t nij of soks sahwet is.
b. De skriuwerij, dy’t mei dit artikel ynlet wirdt, scil nei ’t it de hear Hof taliket, „yn it bilang fen ús Fryske skriftenkennisse wêze” alhowol hy sa earlik is hjiroan ta to heakjen „Yn ’e twadde pleats skriuw ik om my sels, det wol ik wol witte.” Nou liket it al bysûnder nuver, det it droege en net altyd moaije journaliste- taeltsje, dêr ’t dizze man him yn uteret, en det hjir bezige wirdt om de jonge biweging ûnnoflik to wêzen en de baes fen it spil op ’e troane to bringen, tsjinstich wêze scoe oan it bilang fen ús skriftekennisse—wy wolle den ek mar oannimme, dat de hear Hof dit net sa slim mient en nimme inkeld notysje fen ’e twadde forklearringe. Hwent oars scoe hjir wer fen ûnwierheit praet wêze moatte.
c. De hear Hof „kin net talitte, det men syn mieningen en opfettingen yn letterkindige saken oars foarstelt, as se binne, en soks om it hutsje rom to krijen”. Ek dit scil op my slaen, mar is wer opsettelike wierheit-fordraeijerij, om ’t ik it yet nea hawn haw oer syn „letterkindige opfettingen” mar inkeld spriek oer syn letterkindige „dieden”, det wandieden binne—ik leau dalik det de hear Hof bisiket om kinst to jaen, mar haw mei syn mieningen en opfettingen neat to meitsjen, salang soks him op in hopeleaze mannear mislearret.
d. Fierders praet it hear derfen det ik yn myn kritiken sûnder wissens wêze scoe—my tinkt, hy kin soks wol it bêste witte oan de sêfte en goedmoedige toan, dêr ’t ik him myn leksum op joech—en biwisset soks hjirmei, det ik earst, de tachtigers bisocht nei to folgjen, en letteroan sei allinnich fierder to gean op de wei, dy de âldere fryske skriuwers ús wiisden. Ik anderje hjirop, det ik èn de tachtigers èn de âldere Friezen beide for in diel biwûnderje, det ik soks dwaen kin om ’t hja beide persoanlike kinst woenen, en easken det de kinstner him uterje scoe, lyk syn moed him twong, en om ’t hja beide weardige kinst joegen. Ik winskje inkeld to wêzen in Frysk bern fen ’e greate wrâld, en yn forbân dêrmei de wei to sljuchtsjen for in kinst, jown fen Friezen yn ’e Fryske tael, neffens de bigjinsels en opfettings, dy’t hildige wirde oer hiel de ierde; ik wol Fryslân weihelje út syn isolemint, nei foaren bringe oant it ljocht fen ’e wrâld falt op it fryske antlit, en nea haw ik noch yn myn kritiken, noch yn myn oar wirk, in oar ideael hilde dien noch in minder weardich ding, lyk as it neifolgjen fen ’e tachtigers yn Hollân, oanbifellen. Hy seit fen wol, forjit it plak oan to wizen dêr ’t ik soks die, en hat hjirmei in ljeagen útspritsen.
e. Ôan it ein fen art. I krijt men dit moais to hearren: „Ik nim dos frij, om mei de hear Kalma syn opstellen net mear as my nedich talykje mocht to rekkenjen;” d.w.s. der allinnich út to nimmen, hwet yn syn kreamme to pas komt, myn wirden to fordraeijen en dêr byneed in forkearde útliz oan to jaen—hwent dit is, hwet de hear Kef forstiet ûnder in sakelike wize fen bistriden.
Art. II. Jierren lang is der fen ’e fryske foaroanmannen oanstien op krityk yn Frysk, mar nimmen doarst it oan, om ’t men fielde mear as men wist, det der „in Augias-stalle to himmeljen” wier, en ek de hear Hof hat meistimme moatten, det de rjuchte moed him derta ûntbriek—it is spitich, det hja, nou ’t einlings de krityk kommen is, mar, o grouwel! him like goed oppenearret tsjin hjar as tsjin W. Dykstra, om ’t hja ûnpartidich is, hjar earlik ynsjuch forlieze en bigjinne to eameljen, det de ein der fen wei is. De hear Hof leveret hjiryn in pronkstik, troch, nei fen myn kritiken raer yn ’e bidelten rekke to wêzen, my mei in sels yn Fryslân nea net oertroeve pedantisme to forwiten det ik „forspij en forsprek hwa ’t my yn it ljacht stiet en oars mûlk stean bliuwe scil”. Ik wiis op myn ginstige en faek sels waerme biskôgings oer Dr. Schepers, Jiff. Kloosterman, R. Brolsma, Dr. O. Postma, Bokke Simens, Rixt, Rinke Tolman, R. P. Sybesma en forklearje ek dizze utering fen opsettelike ljeagen. In eintsje fierder lêz ik:
„Fierder-op hoopje ik to biwizen, det de skerpe skieding dy’t er twisken persoanlike en folkskinst makket, net fol to hâlden is.” As de hear Hof de definysjes lêzen hat, dy’t ik fen dizze bigripen yn dit gefal jown haw, wit er dealiske skoan, det dizze skied ienfâldich in oare wei is om der klam op to lizzen: det men skriuwe moat èf om yensels èf om de greate kliber to bifredigjen. It sprekt fensels det ik lyk as elk soun-tinkend minske der net om tink, kinst ôf to karren, dêr ’t út bliken docht det de ljeafde for it folk ef for it folksaerdige in greate ef sels de oerhearskjende eigenskip fen de siele fen ’e dichter wirden is, lyk as by Klaus Groth, Gezelle, Dr. Postma. Ik haw der allinnich klam oplein, det men net it folk taprate mei, net eltsenien nei de mûle sprekke, det de kinst to hillich is en to heech stiet om hiar ôf to jaen mei effekte-jacht en de greate kloften to tsjinjen—hwa ’t my yn de skoen skouwe wol, det ik leech delsjuch op alles hwet bigryplik en ienfâldich is, moat èf in yn-dom èf in ûnoprjucht minske wêze.
Art. III. fornoeget yen mei it folgjende:
„Yn ’e earste tiden det ik Fryske fersen skreau, makke ik ek ien, dêr komme dizze ryglen yn foar:
Rounom dêr ’t de brûzjende baren him brochten Tofriet en togriedde tiids tosk De hope op it lok dêr ’t er rêstleas nei stribbe.
Det sjucht der mar conventioneel út, en ien fen beide, tofriet ef togniedde, is ek oerstallich. (By my binne se tsjinstridich. K.) Brûzjende ek, scil der mûlk immen sizze, dy’t slim kritysk oanlein is,—en net to folle op it wetter forkeard hat. Mar det is sa net”. De goede hear Hof bigrypt net, det immen op in skip, mei yn him de hope en de tiidstosk wer oan de hope gniedzjend—mei oare wirden in tosk, det is in stoffelik ding, gniedzjende oan in hope dy’t ûnstoffelik is, mei hjar beide yn in siele, dy’t ek ûnstoffelik is:—Tryntsje, Tryntsje, hwet in mâlle kykkast, scoe in âldboer fen myn kinde sizze.
Ik gean mar foart dalik oer ta artikel XXIV:
„De hear Kalma seit nou, mei hwet oare wirden, det de Jongfryske biweging, hwet de Jongfriezen hjar kinstopfettingen oanbilanget, oars neat biwiist, as dat einlings en to’n lêsten de tinkbylden fen ’e tachtigers hjar wei nei Fryslân foun habbe.” Yndie hat de hear Kalma dit sein en hy herhellet it hjir, om ’t it sa treflik in steal jowt fen ’e sitaet-forfalskerij fen dizze goed-mienende Gaestmarder man (Telegraaf fen Snein 16 Jan.):
Een derde poging om de zaak van Friesland den Hollanders meer bekend te maken, en ditmaal een goedgemeende en oprechte, maar ietwat oppervlakkige, wordt tegenwoordig ondernomen door den heer Tolman, die met zijn vaak gebrekkige en zeer onzuivere, want aan overmaat van „dichterlijke taal” lijdende, maar toch opwaarts-strevende sonnetten in Friesland het vaak moeizaam, maar zeker ontstaan van een nieuwe periode aankondigde. De omstandigheid, dat hij vertoeft buiten de grenzen van Friesland, geen deel uitmaakt van eenige Jongfriesche organisatie, en zeer zeker staat buiten den Frieschen taalstrijd in den beperkten zin van het woord, verhinderde hem de nieuwste phase der Friesche beweging anders te beschouwen dan een literaire en artistieke, wat zij zeker niet is in de eerste plaats. Het zou mij zelfs smartelijk geweest zijn, zoo er niets anders uit haar gegroeid was: want wat ware deze beweging dan anders dan een symptoon, dat de theorieën der tachtigers eerst na vijf-en-dertig lange jaren in Friesland waren doorgedrongen, zoodat de Friesche literatuur de Hollandsche zou zijn nagestrompeld als een hinkend paard, wat anders dan een bewijs, dat eerst na honderd eindelooze jaren de Friezen begrepen, dat, zou hun taal blijven voortbestaan, zij dienstbaar moest worden gemaakt aan de beschaving en de ontwikkeling? Hierbij komt, dat de vorige generatie der Friesche schrijvers, niet zeer eerlijk, maar wel-overlegd, daar anders hun recht van bestaan verdwenen zou zijn, steeds de theorie heeft geponeerd, dat het Friesch zou zijn een volkstaal (W. Dijkstra, Buitenrust Hettema), een gewestelijke taal (hoed af: het is de heer Cannegieter, die het verzekert). En nu is het wel zeer duidelijk, dat, zoo deze theorie niet gansch verworpen was, het eenvoudig absurd zou zijn, aan te dringen op de meest persoonlijke uiting in een taal, naar gissing gesproken door een 250.000 menschen, en dan nog dikwijls onhoorbaar onzuiver, en de meest belangrijke cultureele vraagstukken te gaan behandelen voor zulk een toch steeds vrij beperkten kring. Zeer zeker is het mogelijk, zich persoonlijke uiting te denken in een zoo weinig omvangrijk taalgebied, en enkele schoone gedichten zullen natuurlijk kunnen ontstaan óók in secundaire talen, óók in dialecten, óók in patois—maar de breede, de geestelijke kunst, die het poëtisch raffinement niet te eenenmale ontberen kan, en die, zij alleen, een taal komt wijden tot eerbiedwaardig en heilig, ze zal zich niet vrij kunnen bewegen over zulk een beperkt gebied, maar na wat troosteloos rondgefladderd te hebben, met gekneusde wieken òf moeten bezwijken, òf de wijk nemen naar wijder terreinen. Men heeft in Holland volkomen gelijk, als men, na gelezen te hebben van het nieuw letterkundig streven en scheppen in het Noorden, zijn hoofd schudt, en zegt, dat, hoe sympathiek het ook moge aandoen, toch het dienstbaar maken van het Friesch aan de bijna internationale kunst, op den duur een onmogelijkheid zal blijken, evenzeer als het niet aangaat, een leeuwin te willen sleepen in de mand van een schoothondje. En zoo wijst dan ook de omstandigheid, dat er in het laatste jaar eenige lezenswaardige Friesche kritiek-fragmenten ontstonden, en dat er eenige weinige verzen in het Friesch gedicht werden, die in poëtische kwaliteiten en onmiddellijkheid van uiting de vergelijking met het beste Hollandsche werk der laatste jaren kunnen doorstaan, op iets anders en waardigers dan een niet sterk genoeg af te keuren dilettantisme, iets, wat voor jaren in het Nederlandsch was vertoond, nogmaals, ter meerdere stichting van de persoonlijke eigenwaan, te herhalen in het Friesch, waar ernstige kritische contrôle geruimen tijd ontbrak.—
Koart hjirnei dit moais:
„Mar it hat Kalma syn bidoeling fen ’t bigjin ôf oan west om it de minsken goed oan it forstan to bringen, det syn tinkbylden for Fryslan, for de Fryske skriftenkennisse, dôch àl nij wierne.” De hear Hof wit like goed as ikke, det soks Kalma syn bidoeling nea net west hat, det er him nea sa utere, noch ek mar de skyn dêrfen oannaem, mar net wier, „’t kwam zoo in ’t rijm te pas.”
Ik krij der genôch fen en wol bislute mei in pear foarbylden fen Gaestmarske logica:
Art. VIII fynt de binijde lêzer hwet ik altyd sein haw: „De kinstner syn doel is om him to uterjen, oars net”. Art. XXIII forhellet, det de driuwers fen ’e nije biweging forjitte det de kinst fen in folk út det folk sels (en dos net út de kinstners K.) opbloeije en him fierder opstoelkje moat, scil se bistean.”—Mei ik hjir yetris myn forklearring herhelje, det Fryske kinst mei Hollânske geast ek my in walch is?
Yn Art. XXIV bifynt de Gaestmarder man yn ienen, det ik in gnap Nederlânsk stylist bin—det scil hiel hwet, sok in ginstich oardiel út de mûle fen sa’n oardielkindich persoan!—en yn in folgjend artikel docht er to witten, det er net wiis wirde kin út myn Telegraaf-artikels.
En hjir in pear stealen fen Gaestmarder proaze:
„Det ik mei oare wirden, de faken fûl op bût wêzende en sadwaende hast alles ta ier bederf bringende blaumiggen fen tiidlike gemoeds ûntheistering by myn út ‘e gearsetting fen suver fielen en bifinen optsjerne kritysk oardiel weikeare kin.”
„As ik forlegen wier om folksginst, den reamme ik nou earst det hwet der nei ’t oerskriuwen fen dizze ryglen (in fers fen Gorter, K.) yn myn gemoed is, goed ôf, en joech de lêzer hwet der oerbleau, de dreage môlke fen ’e spot.” Myn goede man, ik haw altyd wol witten, det it in „soepje” mei Jo wier.
„Men wit nou tominsten, hwer ’t ik it rjucht wei hab, om ’e hammer to ûnderheljen, nou ’t ik bisiikje scil, in mennich spikers mei koppen to slaen.” Ik haw soarch, det Jan mei de hammer sikerwier in tik op syn eigen „kop” jown hat.
Wier, man fen ‘e Gaestmar, ik haw it goed mei Jo for, en bilibje graech yet hwet wille fen Jo: lêz net al to folle, hwent it koe Jo gean as Lessing’s grévinne Orsina, dy fen in protte lêzen „leicht irrsinnig werden kann”, freegje de hear Hepkema ris om in pear moanne fakânsje, en gean ris mei Jins holle ûnder de pomp, in pear kear deis. Hwa wit, faeks det it helpt.
It wier my noflik, mynhear Hof. Oant sjêns!