← Table of contents
Ljocht en Skaed

IV. G. POSTMA.[6]

Reading edition

IV. G. POSTMA.[6]

It hat forline jier net de earste kear west, det hja, hwaens wird yn it Selskip heal wet is, it fortsjinstlike hounsk bijegenen, en it ûngeve, det den almeast ek ûngefaerlik is en dêr ’t men gjin forheftigen krityk fen hoecht to wachtsjen, ta de stjerren omhegen tilden. De earlikens twingt my hjiroan ta to foegjen, det soks net to forklearjen is trochdet hja, hwet der ek barre mei, aldereast hjar egen posysje winskje to bistevigjen, mar it meast mei oan to nimmen, det hja, dy’t jierren allinnich stien hawwe en yet jimmer miene, det ek nou hjar ynsjuch it iennichst-krekte is, dêrtroch machtleas makke waerden yn de weardearring fen eat, det moai fier fen hjar eigen tinkbylden ôfwykte.

Men hat my bylein, dat ik minsken as W. Dykstra en de Halbertsma’s gjin genôch eare taswaeide, en myn andert is, det it my ûndwaenlik is myn fêste miening, det hja as Friezen great, mar as kinstners lyts west hawwe, ek mar yn it minst to foroarjen. Ik jow my der net by del, det sleur en âlderwenst meibringe wakker to bearen oer de tigens fen de ien ef oar syn wirk—ik nim gjin inkeld oardiel oer, ik wol sels siikje nei hwet ik as moai en krêftich forearje en hwen ik det, ek by de earnstichste wil, yn somlike skriften net fine kin, den scil gjin macht bûten de dea my bihinderje kinne, rounút to sizzen, det sok wirk gjin weardearring fortsjinnet en det it in mislediging is fen de kinst en fen al it hegere, det der yn ’e minsken libbet, flauwichhedens en ôfbrûkte plattens dichterlik to neamen. Oan ’e oare kant scil ik, as der immen de earme fryske skriftekennisse forrike hat mei earnstich en weardich wirk, hok in kiel men den ek opsette mei oer syn eigenaerdigens en syn stiifholligens, as ik sjuch det sa’n ien jimmeroan min en húnlik bijegene waerd, der op wize det sok in wierheitsfordraeijerij yn in soun Fryslân net op syn plak is, en det, hwa ’t hjiroan meiwirket, him djip yn syn ynderlik to skamjen hat. Mar ik wol graech, det men ynsjucht, det deselde sin for hwet ik as rjucht biskôgje, dy’t my twingt mines by to dragen om it botte en plompe ûnrjucht, immen as de hear Postma jier op jier oandien goed to meitsjen, my ek oanfiteret der mei klam tsjin op to kommen, as men seit det Dykstra syn tinkstien fortsjinne, net om hwet er for it fryske folk, mar om hwet er for de kinst bitsjutte. Hwent soks is in grouwélige ljeagen.

Det de hear Postma hyn-efte-nei net dy weardearring ûnderfoun hat, dy’t him as weardich skriuwer, as iverich taelbistudearder en as man fen ynfrysk karakter takaem, kin him net lizze oan it folk fen Fryslân; syn iennichste wirk fen hwet greater tal bledkanten, de „Swealtsjeblommen” koe net yn steat wêze de oandacht fen rommer kringen for de dichter fen Moarmwâld op to easkjen, en de fryske foarmannen, dy de weardigens fen dit wirkje dochs wol sjoen hawwe moatte, hawwe it om redens, hjarsels better bikend as my, nei de herne fen it forjit forwiisd. Fierders binne der tal fen fersen, forhalen, oersettings en opstellen fen him forskynd yn skriften as De Bijekoer, Swanneblommen, Forjit My Net, For Hûs en Hiem en Sljucht en Rjucht, wylst der yn hiel Fryslân suver gjin algemien noch pleatselik blêd bistiet, det dizze skriuwer net in skoft ûnder syn meidoggers rekkenje kinnen hat. Mar ek dit wirk kin net as in tige ûnfolslein byld jaen fen hwet de hear Postma biskrept hat, en ik scoe it earnstich bitwivelje, eft er der wol ea ta oergien wie oan al dizze blêdden by to dragen, as hy yn de ien ef oare fryske periodyk genôch romte foun hie, om him frij-út en selsstânnich to uterjen—it sprekt fensels, det as yens wirk op sok in wize forsielle rekket, dit net bifoarderlik wêze kin for it oansjên fen de skriuwer sels, en sa kin men den it folk fen Fryslân ek gjin forwyt meitsje, binammen net omdet de uteringswize fen dizze skriuwer jimmeroan tige persoanlik en syn skriuwtrant lang net maklik west hat.

En dochs bigrypt men yen net goed, ho’t de jeften fen. Forjit-My-Net (it is wier, men forklearret det hja net folle lêzen waerden) dy dochs, ho’t de samler ek syn bêst dien hat om hjar fiks op peil to hâlden, genôch rimelderij en genôch ûnweardich proaze bifette hawwe—b.g. de rymstikken fen J. Rypma en de „Drankjes”—rigels as de folgjende net bysûnder opfallen binne:

„Platoniske ljeafde jowt skierkert de jeugd; Dyn klange wier ljeaflik, brocht kostlike freugd, Bigean nea it dwylpaed, nea dichte op ’t krewei, Nim harpe as ’t need hat, sa bliuwste ús nei . . . ” „Stil steatelik stjerte yn njuefolle nacht, Ljeaf lonket de moanne yn preal en yn pracht”

dêr ’t dochs, ûnforskillich eft it kinst is ef net, in lûd yn trochklinkt, hwerút men bigrypt, det de skriuwer fen de sa hildige rimelderij wé west hawwe moat.

Fen de dei ôf, do’t ik my yn it Frysk bigoun to jaen, haw ik jimmertroch field, det ik hjir it wirk for my hie fen immen, dy’t eigen wegen keas en it forsei hilde to bringen út âlderwerst oan hwa ’t soks net fortsjinnen, haw ik altyd ean hawn, det der hjir immen spriek, hwaens streevjen lang net earnstigernôch biächte is en hwaens wirk eigentlik nea net mei frjeonskip neigien waerd. Do’t ik de Swealtsjeblommen yn my opnimme koe—de klang en muzyk sels fen rigels, dy’t fen ynhâld neat net bûtenwenstich binne, is faek fen in bysûndere ljochtens en haechlikens—rekke ik der mear en mear fen oertsûge, mar hwet ik net bigriep, wier ho’t it dochs to forklearjen wêze mochte, det der mar sa’n bytsje fen dizze skriuwer yn boekwirk forskynd wier, oant ik fornaem, det de hear Postma, wirch wirden omdet der for him dochs nearne romte biskikber wier, in hiele steapel hânskriften foreare hie oan de Provinsiale Bybleteek to Ljouwert.

Dit seit faeks net folle, mar for my hâldt it hiel hwet yn. Lit men yen der sels ris yntinke, det men jierren en jierren dreech en ûnforsetlik arbeide hat for de rêdding fen Frysk, det men der sels fen oertsjûge is, det yens wirk it opnimme kin yn wearde for tael en for kinst tsjin det fen ’e jimmeroan bijubelen, det men wit yn it stik fen taelûntwikkeling it moai fier brocht to hawwen, det men den yet gjin romte fine kin om de fortuten fen yens ûndersiik en yens ûntwikkeling- as-skriuwer earne iepenbier to meitsjen, en det men einlings der ta komme moat, yens hânskriften om se for it neiteam net forlern gean to litten, presint to jaen oan in Bybleteek. Men fielt, soks bringt as men de saek fen Frysk earnstich nimt en net as ljeafhawwerij biskôget, striid en fortriet mei en as men wit, det men det net to tankjen hat oan ûnweardigens fen yens wirk, mar om ’t men yen de weelde gint fen in eigen karakter en in eigen miening to hawwen, den is sok in bifining net de rjuchte, om yen it libben sjên to litten as in fjild fol moaijens en ljocht.

Alhowol de fryske foaroanmannen, binammen wer Haedbistjûrders en hwa ’t de krite Ljouwert hjitte to lieden, nou dochs skoan wisten det it wirk fen Postma, net wier, hy mocht den in nuver man wêze en sa, dochs . . . net . . . hielendal . . . weardeleas . . . wier, alhowol dizze hânskriften yn 1907 al oan ’e Bibleteek tastjûrd waerden en dizze hearen fensels op ’e hichte hâlden wirde fen de oanwinsten fen de Provinsiale—wier ik, anno 1916, njuggen jier letter, de earste dy’t it wirk soarchsum neigyng, oardene en op lysten brocht: earder hie men der net nei omsjoen. En dochs wierne der spillen by, dêr ’t ik nea net fen ealge hie det hja yn Frysk bistienen, wirk fen wezentlike letterkindige wearde, en dochs is de fryske skriuwerij, lyk as dy foar 1915 bistie, troch dizze samling op syn minst in tsjien presint riker wirden (sj. Taheakke, side 36).

Men scil der by fine „Olive-en-Ikeblêdden”, de krêftige fryske psalme- biwirkings, frij wol, mar yn kinstwearde en yn bitsjutting for it Frysk sûnder foarbihâld de bêste stichtlike poëzije, dy’t der yn hiel de foarige ieu op Fryslâns fjilden ûntstie. For dizze samling hie de skriuwer stipe oanfrege by it Alde Selskip, det lyk as jimmeroan wer tige rynsk wier mei ûnthjit, mar det, op groun det de skriuwer it bistie „hin” to brûken for „him”, „sind” for „binne” en—omdet de titel nei de miening fen de hearen forwaend wier—hwet scille dizze krûdige krityske bioardielers in ergernisse field hawwe, do’t hja in „Klankboarne”-doopte bondel ûnder eagen krigen!—him der mar ljeaver wer for weiwoun. It miskearre der yet mar oan, det it Haedbistjûr de hear Postma op in gearkomste ûntbiede liet, om him oan it forstân to bringen, hok for foroarings der yn oanbrocht wirde moasten om it wirk alteast genietber to meitsjen—fen immen as de hear v.d. Burg, dy’t better op ’e hichte is fen maitiidsboelgûdden as fen fersekinst, kin men soks bêst oersljuchtsje, mar det minsken as Ds. Cuperus, en, as ik my net slim forsin, sels Dr. O. Postma hjar net mei foarsje tsjin sok in gedoch forset hawwe, liket my dûbeld bigreatlik.

Hwer mei it dochs wol oan lein hawwe, det de Haedbistjûrders ynpleats fen in talint, dêr ’t de measten fen hjar sels net by yn ’t skaed stean koenen, weardearjend to forwolkomjen en to stypjen, sok in ôfwizende hâlding oannamen en mei al hjar krêften meiwirken, om dizze skriuwer de grize leane fen it forjit yn to traepjen? Faeks, omdet de hear Postma der net for to finen is, nei it folk ta to praten en det Frysk skriuwt, det hy sels it meast yn oerienstimming mei it wêzen fen ús tael, it suverst en it weardichst achtet, sadet it wol ris ôffalt, syn wirk like flot to lêzen as Dykstra syn teltsjes—mar men scoe dochs hoopje det de foaroanmannen genôch bisleur oerhâlden hawwe, om hjar hjir net troch fen ’e wize to bringen. Faeks omdet net alles hwet hy skreau en dichte, earste-rangs-kinst wier—mar as hy op syn minst is, bliuwt er yet jimmer in stik heger stean as hwennear Dykstra yn ’e bidelten omtoarket, en is er ûnder ynfloed fen in wezentiike bisieling, den is it sotternij him mei Waling to forlykjen, ek al is de lêste op syn bêst. De iennichste forklearring is dizze, det de skriuwer ten Moarmwâld him net winske to bûgen, der iepen op wiisde, det der yn Frysk gjin skriftekennisse, mar inkeld skriuwerij bistie, det it Frysk wirdeboek op syn bêst in net moai glossarium neamd wirde moast en det de Selskipsdeugden binammen bistienen yn de fryske flagge, de poalske lânsdagen en de skoane kofje—men hat de hear Postma, ik siz it mei oertsjûging en nei soarchsum ûndersiik fen syn bitsjutting en syn striid, nytge en systematysk bijegene op de meast heechhertige mannear, om ’t er it bistie krityk út to oefenjen en allinnich foreare, hwet neffens him as goed en nommel en weardich eare wirde moast.

Det yn Fryslân it Fries-wêzen lange tiden biskôge is as hwet gefaerliks en ûnhillichs, is in tastân, dêr ’t de hear Postma aloan fen to lijen hawn hat en dy’t de Jong-Friezen mei de measte trochsetting en fûleindigens bistride scille, oant er folslein oerwoun is en it oprjuchte, selsstânnich-manlike en ynbânnige fryske karakter hjir wer foreare wirdt as it iennichste aerd, det de soannen fen ús lân foeget. Allinne sa is it to forklearjen, det noutiids de hear Postma en de Jong-Friezen neistenoar steane, hwent yn it stik fen kinstideael en yn de opfetting, ho’t ús taelstriid fierd wirde moat, bistiet der twisken him, dy de conservatyfste, en ús, dy’t de radikaelsten binne ûnder de frysk-fielenden fen ús tiid, gâns forskeel. Mar hwer ’t wy de bliken sjugge fen jierrelange stúdzje en nea net oerjaende striid, hwer wy in wezentlik frysk karakter mette yn syn stoere stânfêstens en syn birette trochsetting, dêr scille wy op soks mei earbied wize, ek al witte hwa ’t noutiids yet as foaroanmannen neamd wirde gjin wirden to finen, om hjar protteligens en nidigens to bidudelikjen. Ik hoopje de „Olive- en Ikeblêdden” fen ’e hear Postma yn ’e rin fen dit jier yn ’e Mienskipsútjeften op to nimmen, en mei de stipe fen myn frjeonen ek fierders to bisiikjen it ûnrjucht, eartiids oan him bigien, nammens it jonge Fryslân yet sa folle dwaenlik goed to meitsjen. Mar det somlike foaroanmannen him, de man fen it krêftich karakter, fen bûtenwenstige stúdzje en tige bitsjutting for ús skriftekennisse, troch it oannimmen fen hjar heechhertige, dos ûnweardige hâlding, tritich jier lang bûten it fryske libben stjitte wollen hawwe, om ’t er hjar deistich baitsje him net oantwinge woe, det liket my in flater ta, dy’t breanedich ris oantsjut wirde moast, om it rjuchte ljocht falle to litten op hjar frjemdsoartige Dykstra-forearing. En de ôfsidigens, dêr ’t hja bliken fen joegen as it Postma oanbilange, en de dweperije mei „Walingomme” as dichter en kinstner (sj. Taheakke, side 38) kin men yen allinnich bigripe mei dochs oan to nimmen, det hja elkenien dy’t hjar yn wearde oertroevet, biskôgje as gefaerlik for it eigen oansjên, hwertroch beide ôfsidigens en dweperije hjar bitsjutting forlieze en folslein weardeleas binne.

Notes in this chapter

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings