← Table of contents
Ljocht en Skaed

III. IT ALDE SELSKIP.[3]

Reading edition

III. IT ALDE SELSKIP.[3]

It mei my gind wêze, hjir yetris to forklearjen det, hwennear ik praet oer it „âlderein” ik alderminst skriuwers as it trijemanskip Dykstra- fen der Meulen-Wielsma op it each haw, mar de hearen fen it „middellaech,” de lieders fen in fjirtich, fyftich jier, dy’t nei de dea fen Waling Dykstra hope hienen hjir de hette hoanne úthingje to meijen, en hjar net sa botte rom yn ’t liif fiele, as hja tinke oan de krêftiger jongeren. It moast einlings ûnnedich wêze, hjirop to wizen, om ’t it dochs wol fensels sprekt, det gjin forstânnich minske it yn syn holle helje scil to fjuchtsjen tsjin in laech, det for in part al forstoarn is en for in oar diel him èf bûten ús fryske mienskip hâldt èf it jongerein mei frjeonlike en weardearjende wirden ynhellet.

Nou scoe der hwet tige moais barre kinne, as de âlderen dy’t ik miende oan it ein fen it foarich haedstik, ús krêftdiedige meiwirking ek wier- wier fortsjinnen, oars sein, as hja jierren mei úthaldende moed for de fryske saek yn it spier stien hienen, sûnder eigen foardiel en oansjên to biächtsjen, en sa, det hja hjar yn hjar ynderlik de mearderen en riejaenders rekkenje koenen fen it jongerein, det safolle minder ryk is oan weardige bifinings. De tsjin-natuerlike tastân, det ûnpartidige en frysk-fielende minsken noutydlings iepen as hjar oertsjûging útsprekke, det it jongerein yn bitsjutting for de fryske saek fierwei de âlderen oertroevet, easket in foech bisprek, dêr ’t it út bliken dwaen scil, det soks net leit oan bûtenwenstige treflikens fen ’e jongeren, det mar tige deistige minsken binne, as wol oan de ûndeugdelikens fen it âlderein.

Yn ’e rin fen ’e tiid hawwe de ljue, dy’t winsken it ien ef it oar fen it Frysk to ûndernimmen—faken wier dit de wei om sels hwet oansjên by it folk to krijen—hja mochten den ek noch sa ûnbitsjuttend fen ynsjuch en kribintich wêze, hjar jown nei it Alde Selskip, det forlet fen lieders hîe, scoe it alteast wirde hwet it winske to wêzen: it liedende fryske lichum. Mar krekt om ’t men ûnder dizze „lieders” alderleije eleminten ynhelle hat, dy’t it nea net fierder as sljuchtwei lid bringe moatten hienen, is njunkenlytsen de lieding kommen yn de ûnfêste hânnen fen ûnbitrousume minsken. Dit scoe nou neat net slim wêze, as de Algemiene Gearkomste mar de posysje ynnommen hie fen in Keamer tsjinoer de minister-rie, sadet hja hwa ’t ûnweardich achte wirde moasten en dos de fryske saek yn diskredyt brochten, sûnder omhalen nei hûs stjûre koe: mar dizze Gearkomste, hwaens wirkeleazens yn Fryslân hast sprekwirdelik rekke, wirdt yn haedsaek allinnich bisocht troch de frjeonen en trawanten fen dizze ûnwinskelike lieders, troch ljuwe dy’t mar ljeaver net tsjin de âld- biwende, mar tomôge sleur opkomme en fen somliken, dy’t hjar mei mismoedige birêsting mar by it gefal deljowe. It is skoan to bigripen, det in mennich, dy’t sok in rin fen saken mar min noasket, mar dy fen oanliz to bidêst of to aristokratysk binne om diel to nimmen oan de forneamde gearkomste-ropperij mar ljeaver net forskine, en giet it hjar mei it Selskip hwet al to mâl, hjar earder fen dit lichem ôfjowe.[4]

Omdet der by in Algemiene Gearkomste dos yet fiersto min krityk en opposysje bistiet—hwet hiel hwet oars wêze scoe, as de kriten hjar stik for stik hearre litte koenen—bliuwt almeast it Haedbistjûr, ho bryk it den ek gearstald wêze mei, ûnforoare. Mar it sprekt fensels, det sok in dwaen for it oansjên fen it Selskip, det stoere wirkers en gjin swiete praters fen neden hat, net bifoarderlik is, en it hoecht yen den ek neat to binijen, det it Selskip noutydlings net mear biskôge wirdt as in liedend frysk lichum, hwet spitich is, mar neat oars as egen skild. For immen, dy’t ealget mei hokfor mienings en forhopings dit Selskip eartiids oprjuchte is fen ús krêftichste taelstrider, Harmen Sytstra, moat dit wêze om syn selsbihearsking to forliezen, en der net mear om tinkend, eft hwet er seit ek kwea bloed sette kin, de swiet-petearjende, ljeaf-mûlkjende en den wer lûd- bearende hearen syn gleonens yn it glânzige antlit to keilen.

Om gjin ûnnedige ergernisse to jaen, dêr ’t wer in heap heibel fen ûntstean scoe en dos skea for de saek fen Frysk scil ik der net ta oergean om, lyk as ik wol ris op in Mienskipsgearkomste dien haw, op de leden fen it Haedbistjûr stik for stik in krityk to jaen: fêst stiet, det ek de minder weardigen ûnder hjarren laet wirde fen de treflikste mienings, en, dienen hja fen it Frysk nea hwet goeds, safolle tsjoeds hawwe hja dochs ek net útrjuchte, det hja fortsjinje foar hiel it fryske folk op it iepenbiere skandebankje delplakt to wirden. Dêrby komt, det it net hjar eigen skild is det hja keazen waerden yn it Haedbistjûr fen dit Alde Selskip: tiden lang hat, hwet men neame koe it skriftekindich dilettantisme yn Fryslân meibrocht, det men fen immen, dy’t skielk oan it haed stean scoe fen it Harmen- Sytstra-Selskip, en dêrmei yn ’e foarste rigen fen de fryske taelstriders, it foldwaende achte, det er wier in fatsoenlik man, foldwaende mei it Frysk op ’e hichte, om it sûnder al te grouwélige flaters skriuwe to kinnen, en det er bliken joech, de rekkenboekjes fen ’e legere skoalle mei fortuten trochwirke to hawwen—wier men notaris ef haed fen de ien as oare skoalle, soks joech yen al foartdalik in skoandere kâns. Hjirtsjinoer scoe ik, en mei my wis alle klear-tinkenden easkje wolle fen hwa ’t roppen wirde ta it liederskip yn ’e striid for it bêste det Fryslân hat, det hja minsken wiernen mei djippe tael- en kinst-fieling, det hja, skreauwen hja sels Frysk yn kranten en skriften, bliken dienen, fen it Albiwâld sa bijeftige to wêzen mei suvere fieling en haechlik liet, det men hjar namme ek yn dit stik neame koe mei earbied—det hja minsken wiernen fen djip-frysk karakter, ynbânnich en fen dy rêstige úthaldende krêft, dy’t Fryslân troch it lijen, Ingelân troch it lok laette fen tweintich wikselrike ieuwen—mar boppeal—det hja minsken wiernen, bisiele mei sok in ynlike ljeafde for it folk fen Fryslân, det hja it hâldden as in skande, hjar tael to biskôgjen as in aerdige tiidkoarting yn de heal- forlerne ûrkes, dy’t der oerbliuwe fen in swiere dei wirk. Ik kom wer op myn earste sizzen: fen de lieders fen it Harmen-Sytstra-Selskip scoe ik, hie ik it for it sizzen, easkje, det hja hwet yn hjar hienen fen Harmen Sytstra syn geast.

Yetris, ik wit det de hearen it goed miene, net mei my, mar mei de weardigens fen Frysk, mar hwa ’t noutiids it Haedbistjûr fen it Alde Selskip biskôget en hy sjucht der gûdden sitten dy’t hiel Frysiân om hjar sloppens mei de finger neiwiist, sa’n ien bigreatet it wol hwet, det wy der net nea takommen binne yn it Haedbistjûr fen ús greatst frysk-kindich lichem inkeld sokken to nimmen, dy’t men sûnder biswier èf kinstners èf gelearden èf folks-Friezen neame koe.

Wier, ik scoe gûdden fen dizze hearen, as hja yndie hert hawwe for it Frysk en dy tael achtenearre sjên wolle, as hja it mei my iens binne, det de fortsjinwirdigers fen ús biweging ek keardels wêze moatte, for hwa ’t men mei nocht yens hoed ôfnimt, oanriede meije dochs kontint to wêzen mei it foarsitterskip fen in krite en for it Haedbistjûr to bitankjen—hwent allinnich ljue as de Clercq, Sipma en Sytstra (sj. de Taheakke side 34) binne dêr op hjar plak neffens bitsjutting en wirk, oanliz en warberens en wy hawwe yn sokken as Ds. Cuperus, Jiff. Kloosterman, Dr. Schepers[5] en Sj. de Zee wol minsken, dy’t gâns mear dogge ef dwaen kinne for de saek fen Frysk.

Lit de gearstâlling fen it tsjinwirdige Haedbistjûr dos romte for hiel hwet fromme winsken, net minder is soks it gefal mei de Algemiene Gearkomste sels, dy’t lyk as forline jier alderdúdlikst bliken die, der gjin eigen oardiel op nei hâldt, mar slaefsk him deljowt by it ûnwize getjirch fen in pear Gearkomste-roppers lyk as de hear Canne. Ik scil de lêste net mear warskôgje, det er, troch de mitige en bikaeide Hof aloan to fordigenjen—it hearskip is der sels net ta yn steat—himsels mei izeren kjettings fêstsmeit oan in libben lyk, noch det dizze oanbidderij fen in allinnich troch syn wanwit oereinbliuwend despoat in man fen karakter ûnweardich is—hwent ik bin der wis fen, det er him aloan fierder jaen scil op dizze omlegen-liedende wei, ta skea fen him sels en syn bitsjutting for it Frysk. Troch it ûnredsum bigjinnen fen de hearen Hof en Canne, en troch hjar skild allinnich, is de Wykblêd-saek glêd fortribele (sj. de Taheakke, side 35) en scil de Algemiene Gearkomste faeks sels gnuve meije oer in bigreating mei in tokoart as útkomste—hja hawwe, om sels kening kraeije to kinnen, gjin fortsjinwirdiger fen ’e nije biweging yn ’e redaksje opnimme wollen, hwertroch de greate Mienskipsmearderheit oan hjar krantsje net meidwaen koe—mar dochs kin der gjin twivel oan bistean ef de hear Canne scil, pratend for himsels en for Hof, de Algemiene Gearkomste oan ’t forstân bringe, det de fortuten fen hjar ûndernimmen wûndere, himelske moai binne. En dizze hege forgearringe scil, in bytsje mismoedich yn ’t earst mei gauwens it as in foarrjucht biskôgje, det troch it tadwaen fen Hof en Canne hjar hwet sinten ûntpûle binne, en de gearkomste scil eingje mei in psalmgesjong, hweryn dizze boppe- ierdske machten oansocht wirde ek fierders de jildelike offers fen it Selskip oannimme to wollen.

Bihalven de oanwêzichheit fen tsjinkearende krêften yn it Haedbistjûr en it miskearjen fen egen, selsstânnich oardiel en roune krityk by de Algemiene Gearkomste, is der yet in tredde flater, dy’t for syn diel skild hat oan it yn diskredyt-reitsjen fen it lichum det Harmen Sytstra bidoeld hie as in fruchtber bounen fen alle soannen fen Fryslân. It is de troch-en-troch sike, ôflibbe en knoffelike ynrjuchting fen it Selskip sels, det, troch in ynlage fen in ryksdaelder to foarderjen, it for de fryske mindere man ûndwaenlik makket nei syn formogens de skriftekindige bloei fen syn lân to stypjen, dêrtroch in foriening wirdt fen allinnich de hegere stânnen, en dy den yet neat oars wit to forearjen as nuversoartige jounspretten, dêr ’t men faek steapels fen flauwichhedens op trochwrakselje moat, ear ’t men oan ’t dounsjen ta is, en in forfomfaeid giel krantsje, like slop fen ynhâld as goar fen uterlik. Tsjinwirdich hawwe wy in lichum fen ik leau in lyts 2000 leden, jierliks in ryksdaelder offerjend net oan de goede saek fen it Frysk, mar oan ûnsmakelike komeedzje-spylderij en oan de triomf fen ’e hearen Hof en Canne, wylst in foriening fen 20.000 minsken, dy’t byneed elts in kwartsje-joegen—it klinkt raer, mar ik nim it om deselde opbringst to hâlden—alteast wol tsjienris sa bimoedigjend, diekrêftich en heilsum wêze scoe. It Selskip is hwet hiel folle oertsjûge fen syn eigen treflikens, scil der nea net oan wolle, det op hiel de wrâld der ien lichum to bikennen mei steviger, fikser en praktysker ynrjuchting, en forearet to folle de âld-biwende sleur om fen in lytse wiziging wit te to wollen, mar oars scoe ik it de earnstige rie jaen woile, ris to sjên nei organisaesjes as de S.D.A.P. en de Hielûnthâlding en derfen to learen, det men sûnder de macht fen hiel de naesje ienfâldicht neat birikt. Lit men bigjinne, mei de ynlage fiks omleech to bringen, byneed tsjin jildelike forgoeding de stipers to winnen fen fryske folkssprekkers as Sj. de Zee, to bisiikjen alteast yn eltse gritenije en safolle mûlk yn elk fiks doarp in ôfdieling to krijen, it liberalisme farwol sizzend om de demokraetsy to tsjinjen—lit men in Algemiene Gearkomste bilizze, inkeld bisteande út fortsjinwirdigers fen de ôfdielings en lit men den einlings út it Haedbistjûr oan kant sette, hwa der net yn thús hearre, as hja alteast út eigen oanstriid net gean wolle.

Ek hjir winskje ik net, det men holderdebolder to wirk gean scil; in stadige, mar rigelmiettige groei is my bêst, mits der den ek mar in ûntwikkeling is, en wy de kleare bliken fen foarútgong sjên kinne, ynpleats fen det ien nei it oar, earst it ûnderwys, nou de wykblêdsaek, skielk wer hwet oars fortutteazet. It Selskip scil rekkenje kinne op krêftige stipe fen alle Jong-Friezen, ek fen my sels, op bitingst det men gjin ôfgoade-tsjinst biwiizget oan fordraeide persoanlikhedens, de wierheit hilde docht, earnstich bisiket dit eigen lichum to genêzen en yn stân to hâlden, op bitingst foarâl, det men mear dwaen, skreppe, wirkje wol.

Mar as men wer, lyk as forline jier, op de meast húnlike en rouwe mannear de geast fen Jong-Fryslân, det is de dei fen moarn, det is de moarnsloft en de maitiidswyn, mislediget en sear docht, as men net inkeld üs, mar it Aibiwâld sels ûntearet troch de forearing fen it falske en de bilaking fen it weardige, den meije de dieden fen hwa ’t yn Grou forgearre wêze scille, komme oer hjar egen holle en hja scille hjar egen deaklok let, hjar egen lykrede hâlden hawwe.

Notes in this chapter

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings