I. TWIVEL.[1]
Reading edition
I. TWIVEL.[1]
Dit is de syktme, dy’t it ûnsidige lân, dêr ’t wy yn libje, oantaest hat en ûnsjênber, stadichoan it hiele gestel ûnderminet, oant er ienris tapakt en ynslacht, sûnder in lytse kâns op genêzing to litten —det, wylst tichte by ús grinzen de blom fen ’e jonkheit út omlizzende lânnen sichte wirdt fen ’e dea, wylst de nachtloft read is fen fjûr en de groun fen bommen towoelle, wylst de lânnen sêd binne fen geskriem en de weagen fol fen gerop, fierwei de measte minsken hjirre dogge, as barde der neat, en swietsjesoan trochgean mei hjar deistich wirk, ef mei hjar wyn-drinken en it ôfrinnen fen komeedzjes en jounspretten foartfarre.
Men fetsje my wol. Nimmen scil bigeare, det wy nei de yllinde en de ûnminskelikens fen de oarloch in toarn oanskôge to hawwen, ús jowe mids de forheftige kolk fen de striid, nimmen sels, det wy út rouwe om de frjeonen, dy’t foelen, lyk as eren de hartoginne fen Angoulême, ek it glimkjen oerjaen scoenen, ek út ús libben it laitsjen fordriuwe. Mar hwet as plicht rêst op elts, dy’t syn libben net trochgean wol as in doarmer yn in geheimige en rûzige nacht, is him to jaen yn de earnst fen ús tiid en de ynfloeden fen ús dagen op him ynwirkje to litten, sûnder to eangjen, det hja him út it lead slaen mochten.
Priislik is it, tige priislik wis, det wy hjirre komité’s oprjuchtsje for hwa ’t finzen waerden yn ’e macht fen hjar fijânnen, for hwa ’t op de slachtfjilden lizze út to sjên nei frjeonlike soarch en de treast fen in pear bimoedigjende eagen, for hwa ’t in man ef in heit forlearen, dy’t sa nedich wier for hjar gesin—treflik, det men flechtlingen út barnende stêdden hjir ûntfangt, lyk as men neffens de âlde en wijde wetten fen gastfrijens, hjar heart to ûntheljen. Mar hjir sprekt allinnich it meilijen, it langstme it leed fen yens neiste to sêftsjen—haedsaek bliuwt, det yens egen persoanlikheit syn maklike ûnforskilligens en tofredenens ôfleit, en, syn greatske hegens biwarjend, ré stiet, moedich en fêstbisletten, om de takomst oan to fetsjen, lyk as ienris de Germanen de hoarnen griepen fen in oanstoarmjende ûrokse.
Hwa ’t de wrâld net rjucht yn de read-biroune eagen sjên doar, biret om, as it nedich is, mei hjar oan to gean in striid fen libben-op-dea, lit him gean nei de broeijerige loft fen syn sliepkeammerke en ynslomje—lit ús hoopje forgoed—wylst de loften it gleonst binne en de lûden it forheftichst. Hwent hy forstiet net de stimme fen God, dy’t it oerjown hat allinnich to lústerjen yn ’e sigens fen in mylde simmerske joun, mar dy tongeret, lûder en lûder, oant einlings de minske de earnst fen it libben wer earet—en is dos in ûnnut, net weardich as tinkend en fielend wêzen diel út to meitsjen fen de ûntsachlike kosmos.
Mar hwet docht men. Op thébisite by in frjeonlike âlde moeike, dy’t, breidzjend en in koaltsje fjûr ûnder de foetten, sa jerne hwet kâltet oer waer en wyn, bigjint men to earmoedzjen oer dy grouwélige oarloch, en sawier, men suchtet sims—bûten, yn ’e greate Mienskip, rjuchtet men mei in sikelike langstme aloan wer nije forienigs to stiftsjen, antioarlochsrieden op, hwerfen de leden contribúsje jowe, in tiidskrift lêze, en, fensels, oertsjûge binne fen de ûnweardigens fen dizze wrâldstriid. Men scil de minsken nou ienris en forgoed oan ’t forstân bringe, det sok in tastân netwier, yn in biskaefd Jerope . . . ensf., men scil de wrâld for in inkelde kear forbetterje, hjir in pleisterke op in iepen plak, dêr in doek om in dragend lid—och, it is wol ljeaf, en der binne sa’n protte minsken, dy’t wol graech ris mei in oar omdokterje meije, en fensels, wy binne wiis en witte hwet forkeard is, mar in oar sjucht det sa goed net yn, en dêrom scille wy him det nou ris leare.
Mar hjirmei tsjinnet men allinne de egene heechhertigens en waenwizens, en God alderminst. Einlings hearre wy yn to sjên, det it net ús earste plicht is ús broerren heal-idioat en ûntarekkenber fen bigryp to biskôgjen, om den frjeonlik oer him de fâld en de master to spyljen — mar det wy alderearst ús sels hawwe to forfoarmjen, út to driuwen hwet lyts is en swak, rjucht to stean mids de woelige wiksel fen ’e wrâld en nea net bilies to jaen, noch for it minne yn, noch for det bûten ús. Earst as men wis is fen yensels, as der gjin gefaer for nuvere útgliderijen mear bistiet, as men fielt det yens egen opfieding ôfroun is en fortuten efterliet, dy sterk meitsje for hiel it kommende libben, den mei men in oanbigjin meitsje mei it wrâldforbetterjen.
Hwent net earder as den scil men straffeleas de wrâld yn it antlit sjên kinne en net earder as den scil men forstean, det, hwet ek meifalle mei, tomôge en ûndermine, hwet yen bidriget oan eltse kant, krêftleas is tsjin yens egen ivige siele en tsjin yens egen karakter, det bliuwt en stiet, ûnforwrigber. En as wy dit net leare yn ús geweldige dagen, det de wrâldmachten allinnich krêft hawwe oer yens liif, mar det it eigen Ik, det is yens eigene geast mei syn krêft en syn hegens, syn greatskens en syn wil, him inkeld hat to bûgen for God, mar for net ien fen ’e minsken, om ’t itsels godlik is, den scil hiel dizze oarloch omdôch west hawwe, en God scil ús bisiikje mei yet pynliker pleagen, om it ús by to bringen.
Wêz fêst, wêz sterk, it is yn it libben de iennichste plicht. En de iennichste wet is „Bid en wirkje”.
Bid, det is, sûnderje dy faek ôf fen ’e wrâld en haw noed, det hja dy net yn bislach nimt, tink folle en djip, fiel suver en klear, jow rekkenskip, dy sels en it Albiwâld, fen hwetstou diest en dochst — wirkje, det wol sizze, gean mei dyn bêste en ynbânnichste krêft nei it lân yn en bûten dy, fêstbisletten, yn beide oars to meitsjen, hwet sa breanedich oars wêze moat.
Ik wit, det der in ûntsachlike striid for útfochten wirde moat, om rêstich to stean tsjinoer al it fierderflechtsjen en it drokke gekrang fen de koartsige wrâld, ik wit det der drege moed for nedich is, aloanwer it mês yn ’e hân to nimmen, as der seare steden de gevens fen yens egen gestel ef it lichum fen hiel de wrâld bigjinne to bidriigjen. Mar dizze fêstens en dizze moed is perfoarst nedich, hwent, koe men hjar net bimasterje yn yens learjierren, dy’t by somliken it hiele libben dûrje, den bliuwt der ivich gefaer, det men meiskoerd wird fen ’e twivel, hwaens sûgende krêft nei alle wierskyn nea net sa lûkend west hat as yn ús tiden. En om ’t Friezen jimmeroan rynsk mei dy twa eigenskippen seine waerden, dêrom doar ik it den oan, iepen to wizen op hwet ús to wachtsjen stean kín.
It is myn fêste oertsjûging, dy’t ik taljochtsje koe mei mennich in moai en ynslaend foarbyld út de miene skiednis en út myn eigen bifinen, det de minskelike krêften, ynsafier dy nei bûten bliken dogge fen hjar bistean, mei enoar yn wriuwing en konflikt komme moatte,—oars sein, det it quantum „striid”, lyk opgeande nei it oanwaechsen fen de wrâld-krêften, aloan tanimt, fen hokfor alloai dizze striid den ek wêze mei. By de tsjinwirdige ynrjuchting fen ús mienskip kin dit skreppen for yensels op stoffelike kriten allinnich gean ta skea fen yens neiste, en om ’t men, wol men yn ’t libben bliuwe, der op oanwiisd is for yensels to soargjen, kin men der inkeld om tinke, ho’t men syn meiminsken de minst bitsjuttende en maklikst to dildzjen skea oandocht. By de greate mennichten giet it net oars: de ûnderskate partijen wirkje tsjin enoar yn, kinne net oanhelje as mei forlies fen de oar, en dêrom is ek hjir dy partije-striid de oannimmelikste en weardichste, dy’t, krêftich en mei trochsetting fierd, dochs de oar gjin ûnbinlik neidiel, yensels gjin ûnrjuchtfeardich foardiel bisoarget. Yn it bilang fen de minskelikheit en fen de bêste ûntwikkeling is it dêrom to winskjen, det, sadré dizze wrâldstriid ôfroun is, de krêften fen ’e minskekloften útwyk fine yn in klassestriid, hwerút safolle dwaenlik alles hwet minnich en ûnweardich is, weikeard wirdt. Mar dit scil allinnich den barre kinne, as dizze oarloch einet mei in folsleine ûnderlaech fen de machten Berlyn—Bagdad, en as Dútsklân by it nije fredes-fordrach sa ynrjuchte wirdt, b g. troch in fordieling yn twa ef trije keningriken, det it oan in forset tsjin de entente-machten, dy to’n earsten de fâldij oer det lân útoefenje moasten, net meartinke kin.
Hwent komt dizze kriich net ta in útdragen saek, den kinne ef de Jeropeeske greatmachten safolle krêften oerhâlde, det hja dalik wer in kriichrin in biwapening en legerfoartsterking bigjinne—ef hja scille, allegearre, ôfmêd en forslein to hymjen lizze, sûnder moarch en piid mear, it ynlân fol yllinde en kankerjende noed, oant hja de ien nei de oar ûndergean yn in revolúsje fen de hongerlijers tsjin de mennich heech-troanjenden. Wirdt de wrâldstriid biëine mei in oerwinning troch Prússen, Hongaren, Boelgaren en Turken, den scil sok in ein dochs nea net definityf wêze, om ’t de oerwoune foltsen hjar nea skikke scoenen yn hjar lot, en aloan scille hja wrakselje om de skea yn to heljen en it forlerne wer to winnen, oant einlings de wrâld bifrijd wirdt fen ’e ûndraechlike hearskippije fen jonkers mei houneswipen en rinkeljende spoarren.
Hwent och, safolle minsken meije noutiids, skriemende wirch fen it ôfmêdzjende gejacht fen ús tiid, moedleas sitte to winskjen nei ljochter, freedsumer dagen—wy scille op dizze wrâld ek op hege âlderdom net folle rêst mear fine. Rêst—de jongfeinten fen it âlde Grikenlân wisten, fielden hwet det wier, as hja nei it swiere wrakseljen yn in gymnasion, det wyt blonk fen it sân, útrêsten yn ’e simmersinne, de krânse yn it hier en lústerjend nei it liet fen in frjeon; de mûnts fen ’e middelieuwen fielde hjar seine, as er, opsjênde fen de glânzgjende perkemintblêdden fen in âld hânskrift, troch de yn lead fette rútsjes seach nei de oarderlike, bloeijende kleastertún—, mar út de tsjusterens fen ’e frânske revolúsje en it kleare bigryp fen Napoleon syn forstân is de striid fen ús dagen berne, dy’t oanwaechst yn krêft en de mienskip mei hjar minsken sloopt. Hwet scil men folle bigjinne? de weagen fen dizze jimmeroan ûnlijige sé strûze rizend en tommeljend oer de lânnen, dêr ’t ienris it sêfte genúnder wier fen it jounsliet en de mimerjende priel fen hwet wite roazen en dêr ’t nou de wetterplanten fen de grize groun hinne en wer soeije mei it rôljen fen de weagen, wylst mar hiel inkeld in berchtme, ûnforwrigberfêst, boppe de skomjende widens útriist.
Sa ûntsachlik yn wêzen en yn gefolch is dizze striid, det de grinzen fen ’e steaten fen Jerope, dy’t ieuwen en ieuwen fen neden hawn hawwe for hjar stadige en fêste groei, dy dêrnei lange jierren aloan bistevige waerden mei hwet de wizens fen tiid en minsken as middels úttocht—det dizze grinzen as útwiske binne en de steat, dy’t men hjoed forearet as de weardichste en de krêftichste, moarn yn moude útinoar falt. Der is yn Jerope gjin lân, gjin steat, ef syn foarste bilangen steane op it spil—de steaten wirde bidrige troch fijânnen, sims al steande binnen de grinzen fen it eigen lân, de troanen wriggelje troch de ûnrêst fen it folk, det syn eigen hearskers oansjucht op al det lijen, yn pleats fen de steaten en dy hjar hearsksucht sels. Ruslân, Dútsklân, Ingelân, de geweldichste minskekloften, dy’t ea in mienskiplike striid oanbounen, de lânnen, dy’t wy ûnforwinlik achtene, hjar egenste grounslaggen trilje fen it gedinder en de swiere ynspanning—de lytse lânnen krimmenearje en kettermintsje nou en den hwet, mar birêste al lang yn it gefal, en nimme it mei hjar rjuchten net to earnstich, bêst wittend, det dyselde rjuchten ienris in skoandere oanlieding wêze kinne for in greatmacht om hjar yn ’e oarloch to biheljen—en hwêr bliuwt den it folk, det mar in lyts diel útmakket fen in lyts lân, ús Fryske goe-minsken?
Dit is de twivel, dy’t ek my sims to machtich wirdt. Net de wenstige gefaren yn Fryslâns fjilden—de earsucht fen lytse geasten; it Hepkema-gekeakel fen ljuwe, dy’t nidich binne, om ’t immen hjar masker fen hjar antlit ôfskoerrend, hjar wyt en gammel troanjemint oan de wrâld biwûnderje liet; de ôfbroazeljende ynfloeden fen Hollânsk en Dútsk—hawwe my ea ek mar in amerij oandien mei noed, ynpleats fen my oanlieding to wêzen ta in mennich meilydsume wirden; mar as men tinkt om hwet ik der niis-krektsa neamde, om dizze ûnhjirmlike striid dy’t inkeld it bigjin is fen hwet ús yet wachtet en men sjucht hjir dit lytse, fredige lân mei syn stimmige jounsloften, ja, den moat men wol twivelje, eft al de soannen fen Fryslân, al hienen hja tsjienris safolle striidbere krêft, yn steat wêze scille hjar lân ûnbismodze to hâlden fen alles hwet smoarch, ûnhuer en bloedderich is. En dochs meije wy inkeld sjên nei it read fen de rizende sinne, nea net nei det fen ’e flier yn in slachthûs—en docht is de soarch for ús lân ek ús, ús alderearst, oplein.
En sa steane wy den for it poarperen gerdyn fen ’e takomst, det yn swiere en rike fâlden delhinget op ’e blinkende flier fen ús keninklike seale, it geheimige klaed hwerefter feal suchtsjen is en heal-lûd gekjirm, en hwerfen de flierseame wiet is fen in wûnder read. Noch binne ús sitten sêft en noegjend fen forwiel, noch falt it sinneljocht yn rêstige en stimmige kleuren troch de suver-bimielle ruten, noch is it liet fen hwa ’t ús niis-krektsa song fen maeitiid en séwyn en ljeafde ús earen net ûntstoarn, mar it wirdt tiid, det wy de rêsting nimme fen it plak, dêr ’t hja jierren laei, en it blinkende swird yn ’e hânnen.
„Bid mei dyn eagen en wirkje mei geast en liif . . . Wêz fêst, wêz sterk”.