Note 9 — V. SPEKTAKEL[7]
Reading edition
Dochs sjucht it der net nei út, det ik hjir mei gauwens wer oer bigjinne scil; in pear frjeonen fen mines, dy’t my al lang forsocht hawwe my dizze saek út ’e hannen nimme to meijen, hwet ik oant nou ta wegere, om ’t ik net fen pleitbisoargers hâld, scille de kommende fjouwer, fiif jier yn myn plak licht de striid trochsette, sadet ik my den hjir net mear oan hoech to jaen.