FRYSLANS ROM
Reading edition
Dat griene lân is sulwren lân; ’t Jouwt twaris rinte deis, Yn rinnend sulwer ta de rân, Fen d’ amer bruwsjend, elke reis.
Dat griene lân is gouden lân; ’t Jouwt iedre wike ien gouden fet, Mei flyt, ind kennis, ind forstân, Ind tige sindlykheit biredt.
Dat hearlyk lân is ’t Frysce lân; Daer leit ien waes fen wolfeart oer; Fen Drinth ta oan it salte strân, Daer is ’t ien heeche titel, „Boer”!
Dat is by my it rykste lân, Dat ’k op ’e wide wereld kin, Ien lân fen noat, op klaei ind sân, Fen buwter, fé ind oangewin.
Dat Frysce lân is hearlyk lân: Syn greid sa mollich, as fluwiel, Dy rikt de bouwen soms de hân, Mei boekweitwyt as koalsiedgiel.
Ja hearlyk bist myn Alderslân, Myn dierbre Alderlyke groun; Dy troch hjar flyt, mei sterke bân, De wylde salte baeren boun.
Ja Heitelân ind Memmelân! Dyn froulju binn’ foarneamd as scjin, Dy binne sindlyk as de brân: Sa scjin as sulwer, as oars gjin.
Dat lân is by my ’t leafste lân! Ind hie ’k gjin lân ind hie ’k gjin thues, Ik stie daerta net yn bistân: Ik koos dat Fryslân wol foar ues.
BY ’T FIUWR
Noflik sit, Ind fredich, it By it ljachte gljurke, Fen it baenend fjurke, As de wyn, Scerp ind fyn, Jaget wyte flokken, Troch ’e bjemmetokken, Om ’t uwlboerd syn nokken.— Blom by blom, Komt ronom, Langsam op ’e gleazen, Foar ien diel bifaezen: Freamde blommen, hjir ind dear; As juwiel, hja allegear.
’t Ruwset luwd, Om it boerd, Fen ’e scuorstien; ’t boldert Hieltiid, sonder holdert; Wylst mar wei, Hiel de dei, ’t Jaget omme muorre, Dat sont juster duorre.— Lekker is de gluorre, Op ’e hird, As ’t joun wirdt, Ind ’t mar wei onwaeret, Ind mar niks bedaret, Dat ronom de swarte groun, Onder snie leit mei de joun.
Nearchens sit, It, dat ik wit, Nearchens, nearchens better, By ’t onwaergekletter, Yn it thues, Yn jin hues, By de onwaersfleachen, Dy mei wylde pleagen, ’t Griene bosclof reachen— Whear op ’t least, Min de reast, Syket onder wolle; Lokkich, dy syn holle Delleit dan, formoeid ind warch, Reastich binnen, sonder suorch.