← Table of contents
Ruth

TWADDE UTKOMSTE.

Reading edition

Aldjiersjoun. Selde keamer as yn I. De lampe barnt.

FOARST OPKOMMEN.

Janne, Master fen Dyk.

MASTER. Ate bliuwt gâns, Janne.

JANNE. Ja.

MASTER. ’t Moeit my tige. Ik hie joun sa graech hwet mei him petearje wollen. Dat forset de swierrichheit hwet. En ’t is for Ate ek net goed, altiten sa allinne, f’râl net op sokke jounen. ’t Is op ’t lêst noch in jongkeardel. As ik nou, âld en forgetten....

JANNE. Ja, sokke jounen scille gâns prakkesaesjes for jo meibringe, dat kin ’k my yntinke. Der scil jo gâns troch de holle gean, it forskeel is sa great by do’t it jier ynsette.

MASTER. Ik koe it yn ’e hûs net langer hirde. Altiten dat tinken om dat lege plak. Ymkje mient it bêst, dat nim ik graech oan, mar se kin yen it gemis net forgoedzje. En hwêr scil men den al hinne rinne? Net eltsenien kriget mei âldjiersjoun graech in âld frjemd man yn hûs. ’t Gyng ús eartiids al krekten allyk. In minske tinkt to min om oaren.

JANNE. Jy witte dat jy hjir wolkom binne master, as eigen. En as de boer wist ... ’t scil him genôch moeije dat jy hjir salang op him sitten hawwe to wachtsjen.

MASTER. Ik wit net Janne, ik wit net, Ate is net bot mear op selskip steld. Ik merk it wol as ik sa’n inkelde kear nochris mei him praet. Hy is mei syn tinken by oare dingen. Hy wol frjeonlik genôch wêze, mar men fielt him altyd sa fier ôf. ’t Is frjemd.

JANNE. Hy mist ek gâns, master. Nea folle honk by oare minsken hawn, en do mei it forstjerren fen domeny. Ik ha’t dalik oankommen sjoen. Ate hong tofolle oan him, seach sahwet it heechste yn him—se forstienen inoar yn alles. En as men syn hert sa op ien set ... dat is noedlik, to noedlik, den kin de wrâld yn ien slach for yen dellizze.

MASTER. Kom, kom, as men noch sa jong is ... de wrâld leit noch foar him. Hy hat ommers neat brek as it libben. Sa as men, men wit dat yens tiid west hat. Mar for him kin ommers eltse dei in nij libben bigjinne. Safolle, dy’t mei him de iensumens wol diele woene.

JANNE. Dat is sa, ja. Mar ek in tige lyts bytsje dêr’t hy syn iensumens mei diele wol. As er bliid wêze kin mei hwet minders....

MASTER. Altyd noch better as sa as nou. Lokkich kin er him nou dochs alhiel net fiele.

JANNE. Dat wit ik net master. Ik bin wol ris bang dat er yn syn lot birêst. De wrâld hat him nea net safolle skele kinnen en de iensumens bliuwt altyd like moai en great. Hwet him altiten miskearre hat, dat wier it bitrouwen yn ’e minsken. Ik haw in skoftke forhoping hawn dat dat komme scoe; nou liket it forgoed foart. Hy libbet yn himsels, hy jowt him net mear.

MASTER. Neat for in jong minske.

JANNE. Och, ik wit net! Ik scoe bliid genôch wêze, as it wer ris oars mei him waerd, mar ik kin ’t my dochs bêst bigripe. It doarp hat him net moai hâlden, master. Fen it goede dat domeny kweke hie, is amper neat mear yn wêzen. O, dy minsken, dat se dochs net sjen wolle....

MASTER. Domeny hie safolle nijichheden, Janne. Tofolle op ien stuit. Ik haw him wol warskôge, dat scoene de minsken sa hird net fortarre.

JANNE. Sa lang’t domeny libbe, koe it wol. Mar alles moat hjar sein wirde, eltse dei en eltse ûre, oars falle se dalik wer tobek. De boer seit, dat komt om’t se út hjarsels gjin krêft hawwe; ik leau dat net, my tinkt, se sjugge net yn hwerta se dy krêft brûke moatte ... mar it griist my sims oan, al dat moaije wirk al wer sa forrinnewearre ... en de nije....

MASTER. Dat is gjin keardel. Tinkt allinne om syn eigen maklik libbentsje, moatt’ jy tinke. Fynt alles goed, eft it goed ef forkeard is. Né, den Hora! Dy hat arbeide salang’t it dei for him wier, dy leaude yn syn ropping. Sokke minsken moast men eare-teikens for stiftsje. Mar de greate wrâld hat net folle fen him fornaem. Hy gyng sa stil syn wei.... Mar hwa’t him koene....

JANNE. Dy forjitte him hjar libben net wer. En as men ienris sa’n ien moete hat, den bigjint al it oare yen sa griis en earmoedich to lykjen.... En dochs docht men him der gjin eare mei.

MASTER. My tinkt oars, dat biwiist wol....

JANNE. It is net yn syn geast. Hy socht himsels net. Hy hat er sa tsjin warskôge, dat wy himsels bitize scoene mei it ideael dat er brocht; hy hat ús en ek Ate Jans sa faek sein dat men net oan minsken hingje moast. Al is hy der sels net mear, syn geast hie ûnder ús bliuwe moatten.

MASTER. Och, dat giet ommers dochs altyd sa. In minske siket dochs altyd hâld by oaren. En as men dêr alles op set, och, den hat it libben yen mar sa’n bytsje mear to bieden, as dy foartgean moatte.

JANNE. En dochs bliuwt it libben altiten like great en de libbensplicht altyd deselde, eft der ien ef hûndert nêst yen steane. Men is minske om alles forlieze to kinnen, as men God mar bihâldt.

MASTER. Ik sjuch oars net folle as dy lege stoel; myn libben bistjut net folle mear, dat wol ’k wol wêze. Wy wieren alles for mankoar, wy steunden op mankoar en nou kinne wy dat net mear.... En by ’t fortriet komt den ek noch wol ris hwet selsforwyt....

JANNE. Kom, kom, dat kin jo dochs net pleagje?

MASTER. By tiden wol. Wy ha sa’n bytsje each hawn for oare dingen. Do’t wy fyftich jier troud wieren, by ’t Maeije do binne wy de âld sânwei yetris úttrape. Kostlik wier ’t. De loft alhiel blau, de bjirms bûnt fen blommen, de wylgen yn ’e bloei. Do kniep masterske my yn ’e earm: „Mindert”, sei se, „nou is alles noch lyk as fyftich jier lyn, de sânwei en ek twisken ús”. Der wier se bliid ta. „Ja bern,” sei ’k. Mar ik tochte effen, nou is der dochs hwet net yn oarder. Hwent dy sânwei, dat hie nou in fêste wei wêze moatten, en wy.... Mar dat sei ik mar net, se scoe der mar lêst fen hawn ha. Mar ’t hat ús net folle foarútbrocht. En nou, nou komt myn earmoede oan ’t ljocht, nou ’t hja der net mear is.

JANNE. Domeny Hora hat de helt fen jim jierren net helle. Mar dy ... dy is mei greate rykdom foartgien.

MASTER. ’t Liket mar for inkelden weilein to wêzen. Sa’n inkelden dy’t wit tsjin tûzenen dy’t siikje.

JANNE. Né, né, dat kin ’k my net tinke. Ik haw net folle op ’e skoalle gien, mar hjir op ’e „Sjidzjende Bouwer”, hjir haw ik dochs greate dingen leard, fen domeny Hora en de boer syn mem. f’râl. Der hat ek in tiid yn myn libben west, dat ik tocht dat ik libje scoe ... for ien.... ’k Ha der tige om skriemd do’t dat in dream bliek. En ’k hear dat sêfte, dat sjongende lûd noch yn myn earen: „Janne sûndiget”, sei se tsjin my, „se forjit for in minske de taek dy’t God hjar oplein hat, se moat sels as in minske libje kinne.” O, ’t hat sa swier west, yn ’t earst ... mar ik haw it leard, al wier ’t mei striid en triennen. Ik hingje oan Ate jans, oan ’e „Sjidzjende Bouwer”, oan myn wirk—en dochs, ik scoe alles misse kinne....

MASTER. Janne, Janne....

JANNE. Ik scoe ’t kinne. En wer bisiikje in oar libben to bigjinnen, nou noch. En wer bisiikje it bêste to jaen, dat ik mei myn lytse krêften kin. As ik myn plicht mar doch, oan ’e ein fen ’e wrâld as ’t moat ... mar ... ’t ljeafst hjirre ... ’t ljeafst hjirre....

MASTER. ’k Scil der ris op trochtinke. ’t Docht my wol goed, dat kin ’k jo wol sizze. ’t Scoe my den nou sa leech net mear wêze. Jy prate as domeny, Janne. Ja, wy ha wol folle forlern ... gâns forlern ... mar dochs ek noch wol in bytsje bihâlden.

TWADDE OPKOMMEN.

Janne, Master, Leistra, Sijke.

LEISTRA. Joun jimme. Ho letter op ’e joun, ho moaijer folk, is’t sizzen den, nou? Kom, master hjir ek al? Ja, ja, in bisûndere joun altiten, master! Forheven en plechtich, tige plechtich. (Sijke seit Janne dei; hja gean sitten; by master en Janne ûnder it folgjende petear gâns stivens).

MASTER. Dy plechtigens jow ’k net folle for. Ik ha’t ljeaver hwet smûk om my hinne. Mar ik mis hjir joun ek ien.

LEISTRA. It komt my foar, dat jy dit ek net krekt sjugge. Hjir op ’e „Bouwer” binne wy kâld for minske-gefljuch, hjir is’t de wente fen it Ideael. Wy bisprekke hjir de dingen fen it hegere libben. Ofwaeid praet fen legere geasten hawwe wy mei britsen. Yn de tsjinst fen it hegere hat men gjin sellichheit fen minsken brek.

MASTER. (kitelich). Hwet jy sizze. Jy bin den mar gâns foroare. Eartiids makken jy jo net drok mei soks. Jy hiene do yet al in wyld hier yn ’e nekke, wit ik wol.

LEISTRA. It komt my foar, dat jy wol hwet frij binne yn it sizzen. Dit is net bifoarderlik for ús ienriedichheit. In oare toan kaem my mear winsklik foar.

MASTER. (koart). Ik siz hwer’t it op stiet. Ik jow gjin stûr for dy moai-praterij. (Effen stiltme).

SIJKE. Ate al wer net thús, Janne?

JANNE. De boer hat him nêst in goed ûre ôfjown. Hy woe him hwet forsette. Hy scil wol gau werom komme.

SIJKE. Hwet is ’t den al hwet, nou? Ik kin it skriemen dêr sims hast net om litte. Hy fynt hjir net hwet er siket, moatt’ jy tinke. Hy hat omgong mei oare minsken brek. Och, och, as wy hjir mar hwet faker wêze koene!

MASTER. Jim ha oars mear mei mankoar tsierd as yn frjeonskip libbe, woe ’k ha. De wrâld liket him yn ’e lêste tiden nuver to forlizzen. Ik ha der it rjuchte bigryp net mear oer.

SIJKE. (swiet). Dat kin him den ek oan jou hege jierren lizze. Dy kribbekeurichheden binne nou forgetten en forjown. Ate syn wei is de bêste, en wy folgje dy graech mei ús lytse krêften. De brede en de smelle wei, lyk as de Psalmist seit, Master!

MASTER. Jy miene de Berchrede. Jy moatte hwet minder prate oer dingen, dêr’t jy safolle bigryp oer hawwe as ... as ús âld kat fen pianospyljen, scil ’k mar sizze. Ja wrychtich, ús âld kat, sei ’k. Dat komt goed út, ús âld kat.

LEISTRA. Nou komt it my dochs foar, dat ik jo yn bitinken jaen moat....

SIJKE. (oerémis). Bist net wiis Pier! Lit dat âld potiten syn galle mar útspije! Hat it smoar yn, dat er hjir it ryk net allinne hat, moatst tinke! Wit ek wol, hwerom er hjir sa’n bryk gat rint! Alde neigeanderige ynklauwer! Mar hy scil ús hjir net weipeste, dat wik ik him!

JANNE. (ûnwis fen lilkens). Frou Leistra, wy binne hjir ûnder dit dak sa’n tael net wend. Ik woe, dat jy jo hwet ynbounen.

SIJKE. (neiaepjend). Jo hwet ynbounen! Hwet forbyldzje jy jo wol! Sa’n stoaterske flinterknipster, dy’t ús hjir út it plak kringe scil! Wachtsje mar, froutsje, hwa’t hjir it earst op ’e strjitte stean scil! Sa’n skoaijers-madam, dy’t fen ’e balstiennen opnomd is!

MASTER. Sjonge, sjonge, hwet komt jou wier aerd nou kreas oan ’t ljocht! Kant in wûnder! Dêr wier it my nou ris krekt om to dwaen. Kom Janne, sok selskip fen idealisten hearre wy net by thús. Wy scille it fjild mar romje, tinkt my. (Janne, oerstjûr, jowt hjar gûlend oerein). Hwet nou, Janne, wirde jy dêr oars as oars fen? Fen dat fisk-wive praet? Kom, kom, Janne ... kom ... (Master en Janne ôf).

LEISTRA. Jy koene wol in slach mei de moalpûde hawn hawwe. Jy kinne der op oan, dat dat allegearre mei de waerme hân oan dy fint oerbrocht wirdt. En hy leaut dy âld húshâldster grif earder as ús. It makket syn erchtinkendheit altyd wer geande. It komt my foar dat dit ús hiele moeisum opboud wirk yn gefaer bringt.

SIJKE. Sa kin ’t ek wol, net? ’t Is ommers allegear de skild fen dyn lamlindigens. Astû nou noch ris fen dy ôffjurre hiest! Mar fensels, ik moat altiten it punt der wer ôfbite. Men scoe jim forgrieme!

LEISTRA. Hui, hui, hwet....

SIJKE. Ja, to mar. Ek noch tsjin abbeleare! Skoer dyn mûle sa tsjin oareljue op ast it tsjin my altyd dochst! Yn ’e hûs bist in wakker helt, en bûtendoar krûpste wei fen binaudens!

LEISTRA. ’t Scil wol sa wêze.

SIJKE. Sjuchst mar wer datst it yn oarder krijst. Ho kin my net skele. Ik scil wol soargje, dat ik den foart bin, den haste fen my gjin lêst. Mar ik ha dy ien ding to sizzen: astû joun net biwirkest, dat dy falske húshâldster hjir weirekket, den hast it hert ris yn ’e hûd en kom wer thús!

LEISTRA. Mar wyfke....

SIJKE. Hast it heard. Dyn swiete praetsjes ha ’k neat mei to meitsjen. Kom mar sa ast bist, dat is better.

LEISTRA. Mar ik woe graech witte ho.... It komt my foar, dat jy dit better sjugge as ik. Jy binne fornimstich genôch. Ho moat ik it oanlizze, tinkt jo....

SIJKE. Moatst sels witte. Siz mar, dat dy âld keardel ús sa terge hat, dat myn simmels my yn ’e macht krigen. As hja dy myn wirden foar de foetten goaije, moatst it fensels ligen hjitte. Den sceist mar, dat se dat optocht hawwe, út oerginstigens, dat wy sa goed mei him kinne. Dat leaut er miskien wol net, mar hy is nou safier hinne, hy mistrout sahwet eltsenien....

LEISTRA. Mar hwet tinkt jo, ho scil ik oan mei dy húshâldster ... as ik him dat planút siz....

SIJKE. Bist net wiis! Dêr moatst tsjin him net oer kikke. Moatst tsjin hjarsels oan ’e gong. Dat ik myn mûle wol hwet frij jown haw, mar dat men der yn it doarp krekt sa oer praet. En dat der om hjar spil komt yn ’e femylje. Den is se út hjarsels wol sa healwiis en ruk út. En den ha wy it hjir in stik rûmer. Der moat hjir foroaring komme. Oars helpt al ús gewrot ús noch neat.

LEISTRA. En as it safier ris wier, den scoe ús Berber hjir bêst yn ’t plak kinne, tinkt my sa. Hwet tinkt jo dêrfen?

SIJKE. Hast wol ris gekker dingen sein. Berber is redsumernôch, dat hat se fen my. Den kaem hjir safolle ûngaedlik folk ek net mear binnen doarren. En hy koe him licht oan alle kanten safolle ek net mear weijaen. Der moat in stokje foar stitsen wirde, ho gauwer ho better.

LEISTRA. It komt my foar dat dat de oanwiisde wei is, Berber hjir. Dat tocht ik daliks.

SIJKE. Snoad biste, dat witte wy ommers wol. Sjuch mar, datst de boel foarinoar krigest. Dat is krekt hwet for dy mei dyn swiete praterijen.

LEISTRA. Ik hie al sa ljeaf, dat jy sels....

SIJKE. (fûleindich). Hwet?!

LEISTRA. Neat.

SIJKE. Oars seist it mar. Praten is frij. Mar ’t moat hjir oars. It bigjint op ’e neil to bârnen. Hy trout dochs net. Howol, dat fanke fen Minnema’s....

LEISTRA. Och, och, oan hokfor gefaren stiet men al net bleat! As dat sa kaem, is ’t mei ien slach forlern!

SIJKE. Hja fisket der genôch for. Mar hysels is moai ûnforskillich. Mient fensels, dat se út plezier net trout en út frjeonskip sa om him hinne strúnt. Kinst bigripe! ’k Ha se al lang sketten. Mar wy scille der in skoatteltsje foar strike. Lit my dêr mar mei rêdde.

LEISTRA. Lokkich.

SIJKE. Ik scil gjin gerêst hier op ’e holle ha, salang’t wy net wis binne fen ’e pleats. En der moat oanmakke wirde. Ik jow him gjin lang libben mear.

LEISTRA. Tochten jy net?

SIJKE. Dy gekke kuren, dat er fen minsken net mear witte wol, dat wiist der wol op. Mei syn mem wier ’t krektenallyk. Dy waerd tsjin it lêst ek ho langer ho stiller; krekt sa’n healwize dweepster (biweging efter de doar). Wel fordeald, dêr koe er wol wêze. To ju, bigjin nou gau! (twiske de tosken:) stommerik! (lûder:) Ja, ’t is wol skriklik, dat minsken hjarsels sa forjitte kinne.... Dat ûnderminet yens hiele bitrouwen.

TREDDE OPKOMMEN.

Leistra, Sijke, Ate Jans.

ATE. (moeisum:) Jow jo gjin moeite, minske. Meitsje ljeaver dat jim de hameije út komme. (as hja sitten bliuwe:) Jim hearre hwet ik siz?

SIJKE. Ik bigryp jo net, Ate, it moeit my sa. Ik tocht, dat jy mear bitrouwen yn ús ha scoenen, as dat jy it ear hingje litte scoene nei sokke minsken.

LEISTRA. Hja miene it net forkeard, moatt’ jy tinke. Mar hja bin swak, en den stroffelet men o sa maklik.

ATE. (oerstjûr:) Ik scoe forsichtich wêze. Ik hâld my net lang mear yn bitwang. lk haw tofolle fen jim riddenaesjes heard. Nommele minsken bin jim. Jim forpeste de loft dêr’t jim binne. Tergje my net langer; dêr kinne ûngelokken fen komme.

SIJKE. Dat moat biljeaven net. Scoest dy sels ek it meast mei ha, heite. Sa’n falske kwibus! Stiet wrychtich oan ’e doar to harkjen as in lytse jonge! ’t Is ommers allegear de skild fen dyn eigen healwizens! Men moat ommers falsk mei dy omgean, oars is men dy net goeddernôch! Dy moaije húshâldster en dy âlde gek, dat is dyn soarte better fensels!

LEISTRA. Frou, frou, it komt my foar dat jy forsichtiger....

SIJKE. Ruk út aste bang biste! Ik scil him better....

ATE. Jy scille neat. Ik jow jim trije minuten om oan ’e oare kant fen ’e hameije to kommen. As jim hjir den noch binne, lit ik jim troch myn folk fen it hiem ôfsette. En den is it myn skild net, as der ris ien by de hameije trochrekket.

SIJKE. Stjonkert aste biste! Dyn eigen famylje foart to reagjen mei frjemd folk! Witste sels it bêste hwermeistû dy op dyn hân krigest! Mei dyn moaije eagen en swiete wirden siker! Se gnize dy út, allegearre, ast dat mar witst!

LEISTRA. Wyfke, wyfke....

ATE. Noch sechtich tellen.

SIJKE. Ei nou fint, wy gean ommers al. Moatst dy net sa lilk meitsje, dat is sûnde for dy. Dat die dy dierbere mem fen dines ek net. Dy wier tominsten ûngefaerlik, al hie se se alle fiif net.

ATE. (razen:) Divel ... dat scilst (stoarmet op Sijke ôf, dy’t hjar efter Leistra forskûlet. Doar iepen. Frânske fljucht op Ate ta).

FJIRDE OPKOMMEN.

Leistra, Sijke, Ate Jans, Frânske.

FRÂNSKE. Ate ... yn ’e Godsnamme ... dû ... ho kinstû...?

SIJKE. (wylst Leistra útpiket:) Dat moeit my. Hie him mar bigean litten. Den hie men him licht ûnder kuratéle sette kinnen. Hast oars dochs gjin kâns om efter syn jild to kommen, al bist ek tûzenris Frânske Minnema. Kom ju.... Hwet? dy sokses der twisken útknypt? Dat scil him opbrekke! (ôf).

FRÂNSKE. (wylst Ate op in stoel delfallen is; hân op syn skouder:) Dat hie ’k fen dy net forwachte, Ate. Ho kinstû dysels sa forjitte, om dy minsken!

ATE. Se kaem ... Mem tonei. Ik koe ’t net hearre.

FRÂNSKE. Ik hie dy wol warskôge. Dy ljue wieren fâlsk, dat koe men oan alles witte. Dat hie nêst in pear jier net to forwachtsjen west, Ate, dat sa’n slach minsken foet yn dyn hûs krije scoe.

ATE. Ik ha se net ynhelle. De minsken twongen hjarsels op. Ik ha se altyd lofts lizze litten.

FRÂNSKE. Dû hast se bigean litten, Ate. Janne kin út hjarsels sokke minsken net ôfstegerje. Dû jowst der net mear om hwaste om dy hinne hast. Eartiids gyng der fen dy hwet út dat sok soarte fensels op in ôfstân hâldde. Nou hast dy opsletten yn dysels en dû sjuchst hwet derfen komt.

ATE. Dy ljue scille net weromkomme. En mear forkearden ha ’k Godtank noch net om my hinne helle. ’t Is nou wol suver.

FRÂNSKE. En de oaren, dyn frjeonen, den? Janne siet yn ’e koken to gûlen fen hwet dat minske hjar sein hie, mar ek mei fen dyn frjemdens. Master kaem ik tsjin: d’ âld man wier mistreastich, hie hope by dy hwet honk to finen en dû hiest wer net thús west. ’t Is net goed, Ate. Minsken dy fen yen hâlde hawwe in rjucht op yen.

ATE. Minsken dêr’t men fen hâldt, woeste sizze.

FRÂNSKE. Ik ken dy net mear. Moat men yen den yn alles liede litte fen egoïsme? As men fen immen hâldt en men uteret dat yn wirden en soargen en dieden, dat jowt yen dochs ek wol rjucht op hwet werom? Do’t dat minske hwet fen dyn mem sei, waerdste razen, mar hat Janne hjir sûnt net yn it plak fen in mem stien? en al misseistû hjar ek neat, dû misdochst tsjin hjar.

ATE. Mar Janne hat it hjir ommers goed....

FRÂNSKE. Hastû wolris bitocht hwer’t hja ôfstân fen dien hat, hwet hjar troch hjar trouwe soarchsumens ûntgien is? Moat ik dy dat nou sizze, Ate? Dat se nea mei in oar it libben yngien is, om’t se tocht dat it hjar plicht wier, alderearst to soargjen ... for dy? Dat eigen bern hjar libben nea bliid makke hawwe, dat se allinne, lykme allinne op ’e wrâld bleaun is, dat se ôfstân dien hat fen in eigen libben ... for dy?

ATE. Pleitestû ek for dysels, Frâns? Dû hast de lêste tiid ek net folle oan my hawn.

FRÂNSKE. Né Ate. Ik nim hwet my jown wirdt, en dêr bin ik tofreden mei. En ik bisiikje myn libben to libjen sa goed as ik kin, en for oaren to wêzen safolle as ik kin. Dat is genôch.

ATE. Witste hwet men fen ús fortelt? Hast heard hwet dat minske niis...?

FRÂNSKE. Ja.

ATE. En...?

FRÂNSKE. (him iepen oansjende). Der is ommers neat fen oan, wier?

ATE. Wier is it net, né. Mar dat der neat fen oan is.... Ik ha de lêste dagen gâns oer dy neitocht, Frâns, en der is my folle dúdlik wirden, dêr’t ik lang blyn for west haw. Ik woe dêr graech ris mei dy oer prate, Frâns.

FRÂNSKE. Dat kin, Ate. (Effen stiltme).

ATE. (hommels). Wachtestû noch altyd ... op my?

FRÂNSKE. (forheftich). Ho fregest my dat? Dêr haw ik dochs nea hwet fen blike litten?

ATE. (glimkjend). Fen blike litten net, né. Dat hat great fen dy west. Mar it wier dêrom wol sa. Earst tocht ik, do’t ik seach hoste eltsenien ôfstegereste: Frâns is to selsstannich om hjar to binen oan in oar, dêrom bliuwt se allinne. Lettertiid seach ik dat oars; ik seach dyn sin for húslikheit, dyn ljeafde for bern, dyn frou-wêzen yn alles. Do haw ik lang net bigrypt hwerom. En astû witte wolst hwerom ik dy der nou nei frege: it waerd my swier dat to dragen. As ik dy dat nou ienris net jaen kin, Frâns.

FRÂNSKE. En hwet den noch, Ate? Moat ik dêrom trouwe mei in oar? Wylst myn herte hjir dochs altiten is, by dy? Ienris hastû my sein: Ik wol it heechste, en as ik dat net krij, den mar neat. By dy wierne dat wirden, by my is it wirden myn libben sels. It is it iennichste net, dêr’t ik neffens dyn leare yn libbe haw.

ATE. Ik hie dy sa’n swiere beage net oplizze wollen....

FRÂNSKE. It hoecht dy net to moeijen, ik bin der better fen wirden. Ja, it is wier, it hat swier west. Der ha jounen west, dat ik myn snokkerjen smoare moast yn myn kjessens, ik ha wol tocht dat it my briek. Mar ik ha ’t úthâlden, en ik bin der fen groeid. En myn laitsjen haw ik Godtank net hielendal forleard. Ik leau yn de wrâld, hy liket my moai en ryk. Mar myn libben is wierder wirden.

ATE. Der hat in tiid west dat ik op dy delseach. Do wieren wy kammeraten, mear koe it net lije—om’t ik mysels sa heech fielde. Nou is it efste my foarby groeid bist, efste it libben wierder en riker libbest. Nou scoe ik wol frjeonen wêze wolle, as dat kin om dy ... as dat dy genôch wêze kin....

FRÂNSKE. Ik wol earlik wêze: myn hertewinsk wier mear ... dêr haw ik lang for libbe. Mar astû seist dat it net kin, den leau ik dy—it forwûnderet my ek net, dû hast mear nedich as ik jaen kin. Ik kin bêst mei dyn frjeonskip tofreden wêze. En dû makkest my dêr tige ryk mei. Hora wier dyn frjeon ek ... dat is dos wol hwet greats. Dyn hân, Ate.

ATE. (jowt hjar de hân). Frâns—ik bin bliid dat ik dy bihâlde mei. Dat makket my de útgong fen ’t âldjier dochs riker as ik tocht hie.

FRÂNSKE. Mar nou haw ik ek rjucht om to witten, Ate. Nou moatst my ek sizze....

ATE. Hwet?

FRÂNSKE. Hwerom it allegear hjir sa dwers forkeard giet. Hwet dy driuwt om dy sa op to sluten yn dysels. Hwerom efste sa ienselvich wirden bist.

ATE. Och, dat is ommers sa ienfâldich. Ik mis hjir ien dy’t ús sa’n stipe jown hat. En yn de minsken haw ik nea net safolle bitrouwen hawn. En nou’t ik sjuch ho’t men syn wirk hjir stikje by bytsje ôfbrekt, om’t it yen yn ’e wei stiet as men opgean wol yn de lytse dingen fen it libben, nou haw ik forgoed mei dy minsken britsen. Myn boerkerij en myn mieden hawwe my ommers altyd genôch west. Allinne, dêr siikje ik it nou noch mear yn as eartiids.

FRÂNSKE. Sjuchstû nou net, Ate, dat dat dochs eigentlik earmoedich is?

ATE. Ho mienste dat?

FRÂNSKE. Sa astû nou libbest. It kin wêze dat de minsken dy net folle jowe, dat leau ’k wol. Mar dû jowst hjar ek neat. Salang’t Hora libbe en alles hjir yn ’e gloede fen syn bisieling en ljeafde stie, salang dieste mei en joechst in bytsje fen de rykdom dy’t der yn dy is. Hy is gien en wy moatte dêr nou sûnder. Hwêr bliuwt nou dyn eigen jaen? Moatste it nou al wer ha fen oaren? Is dat nou keninklik?

ATE. Ik hie mear wêze moatten for myn frjeonen, for Janne, en master en dy. Dêr hast gelyk oan, dat scil oars. Mar mear kinst my net fergje. Ik hâld steande, dat Alrik him oan oaren tofolle jown hat, ek oan ûnweardigen. Ik bin wé en sêd fen de ljue hjir út it doarp. As ik ris in inkelde kear by dy oare ljue bin, den fiel ik efter myn rêch de spotske glimkes en de meilijige wirden, om’t ik oars wol as hja. Tochtste dat ik mei dy klyk.... Né Frâns, nea. Sa as dat wiif fen Leistra’s hjir joun stie to skellen, sa tinkt de wrâld. lk ha der genôch fen. Lit my den mar op ’e romte en ienselvich bliuwe.

FRÂNSKE. Dat hat folle wei fen bangens, Ate. Astû dy sterkernôch fiele koest, den scoest dy hiele wrâld, al wier se dy ek tsjin, mei kleare eagen yn ’e mjitte gean. Mar der is hwet dat dy ûntbrekt, dat is de moed en it bitrouwen, dat is de wil om alles to oerwinnen. En dat komt, omdatste net ljeafhast, omdatste nimmen nêst dy fielst, Ate....

ATE. Nou? gean fierder Frâns, dû bist op ’e goede wei.

FRÂNSKE. Ik wol dy ien ding freegje, Ate, dat ik oars bûten ús frjeonskip net heal doaren hie. Moatst net kjel wirde, as ik dy hwet siz, datste miskien for dysels yn dyn eigen tinken noch net wêze wolst. Ik haw de lêste tiden tocht datste wôl ljeaf hiest, Ate. Is dat sa?

ATE. (nei in skoft). Ja.

FRÂNSKE. Ik wier der bliid ta, al gou it mysels net. Hwent dêr kin in nije dei út rize. Dû likest my dochs dom, Ate.

ATE. Moatst net sizze, Frâns. Ik wist dat it dochs allegear omdôch wier. Dû kinst nou miskien ek wol riede hwa....

FRÂNSKE. Ja.

ATE. Se libbet for oars neat as hjar wirk. En ... tsjintwirdich komt se hjir wol net mear safolle, mar by ’t simmer, do wier it altyd sa moai twisken ús, en as ik do frege hie om mear, den wit ik fêst, den hie alles dien west. Dat doarst ik net oan. Se stjûrt eltsenien wei, dy’t twiske hjar wirk en hjar yn stean giet.

FRÂNSKE. (hwet geklik). Ate, Ate, hwet biste dochs heislike dom. Men scoe der yens bisleur fen forlieze. Is dat nou nedich, stean to gean twiske hjar wirk en hjar yn? Dû kinst dochs nêst hjar stean? Tochtstû dat hja al hjar wird den allinne dwaen wol? Moatst ris goed, tige goed op neitinke. Ik leau, dat ik Janne fornim, ik lit dy nou mar wer oer oan dysels. Miskien komt der joun noch wol oare âldjiers-bisite....

ATE. Dû meist hjir neat fen tsjin hjar sizze, hear Frâns. Dat moatst my ûnthjitte.

FRÂNSKE. Och né, wrychtsjes net. Selsum, sa min as jim frouljue altyd bigripe. Jim binne sa swier, sa aeklike swier. Dat neame jim den heech, wier? Jim wolle fleane, heech jim wjukken útslaen, fier fen de minsken ôf, o sa forheven en keninklik en dêrfor bine jim balstiennen oan jim wjukken fêst. Sels-pleager.

ATE. Ja, ja, dû hast gelyk.... To, gean sa noch in skoftke troch....

FRÂNSKE. Fensels, Frâns moat de sinne wer skine litte, sels op âldjiersjoun. Né frjeon! Frâns giet foart en lit dy mei de swarte loft en de nachtwyn allinne. Tink mar ris nei oer dyn sûnden en skamje dy. Allinne moarnier, Ate, as it nij is—lit it den ek nij wêze, yn alles! In nij jier, in nije sinne, frâl nije sinne. Scilst my dat ûnthjitte, Ate?

ATE. ’k Scil ’t bisiikje. (Janne komt op).

FRÂNSKE. Den gean ik nou. Né, wrychtich net Janne, ’t is al fier oer myn tiid. Sillich útein mei jim beiden. Moarn bin ik der yntiids wer. En ik ha tsjin Ate sein, dat alles den oars wêze moast. Joun Ate, joun Janne.

ATE en JANNE. Frânske....

FYFTE OPKOMMEN.

Ate Jans, Janne.

JANNE. Scil ik joun noch té sette, boer? As it jou doel miskien wier it âldjier....

ATE. Ja, ja, doch dat mar. Ik kin sa net skiede fen hwet west hat. Frânske hat gelyk, it moat oars. En as ’t hwet kin, noch yn it âlde jier, is ’t net mei de die, den dochs mei it bislút.—Jy scille dat wiif fen Leistra’s hjir net wer sjen, Janne. Ik leau dat se jo gâns missein hie.

JANNE. Dat makke net út. Dat hoegde ik my net nei to nimmen. Mar ik bitocht, dat it dochs ek minsken binne en ho’n sûnde se op hjar lade mei hjar gûchlerij. Dat die my sear. En ek, dat sokke minsken nou jou deistich selskip miskien útmeitsje scoene.

ATE. Né, né Janne, sa fier wier ik aldergeloks net hinne. Loft en lân en wyn, dat hie myn ienichst selskip wirden. Mar ’t wier forkeard fen my, dat ik jim sa forwaerloazge ha. Jy hawwe hjir in min, in swier skoft efter jo, Janne.

JANNE. Scoe it nou wier-wier efter ús lizze, boer?

ATE. Ik scil bisiikje hwet ik kin. Ik wol ’t wol wêze, dat der safolle net mear fen my útgiet, as it wol west hat. As Alrik dat wist, den scoe er sizze, dat is in biwiis, dat dyn libben mislearre is—oant nou ta. It is yn ’e groun ek wol sa. Mar in earlike mislearring is altyd better as in falske oerwinning.

JANNE. In earlike mislearring is hiel faek in falske oerwinning, boer.

ATE. ’t Kin wêze, ja. Mar men moat net boppe yens kreften útlibje. Der is my safolle ûntsonken, Janne. Eartiids hie ik dêr gjin lêst fen; ik libbe hjir stil en iensum, ik hie myn nocht en blidens oan it moaije om my hinne, ik tocht dat ik tichte by God libbe, en ik hie mei de minsken net to meitsjen. Do seach ik dyselde skientme, great en ljocht, yn de minske; earst mar yn ien, letter mirk ik, dat yn folle oaren ek in swakke ôfglâns fen dat greate libbe. Ik tink dat it dat wier, hwet minsken ljeafde neame ... howol....

JANNE. Sjen en ljeafhawwe is itselde net, boer. Sjen, dat kin eltsenien. Mar ljeafhawwe, dat is yensels jaen. En der binne net ienris safolle, dy’t dat kinne.

ATE. My liket it it greatste dat der is. Ja, ik ha do wol leard hwet ljeafde wier. En do’t dat gien wier en wy wer allinne bleauwen, do wier it allegearre sa earmoedich en leech. Elts yn it doarp fielde it as in slach, mar ik it meast, hwent ik hie oars neat. Sûnt wist ik dat der hwet greaters, machtigers wier. Myn hiele hert libbe it tomjitte, ik woe it werom. Mar hwet ik yn mysels de greatste rykdom wist, dat mocht ik net jaen.

JANNE. Mar hwerom net, Ate?

ATE. Dat kin ik nou net sizze. Ik hie in dream ... hawar, it is to gek om der sels mar om to tinken. En dochs wist ik, dat as dy dream, dy heechste, dy moaiste, dy iene gjin wierheit waerd, dat ik hjir den altyd iensum en allinne bliuwe moast. Dat hat my stymsk en ienkennich makke. Great wier dat net, ik hie it nimme moatten sa’t it foel en dochs bisiikje fen myn libben it bêste to meitsjen.

JANNE. Mar in minske kin nea witte hwet wierheit wirde kin en hwet net. Dat makket God út. En hwet great en heech is, dat wirdt hast altiten wierheit.

ATE. Mar hwet tinkt jo, hwet is it heechste yn in minske syn libben?

JANNE. Syn ropping.

ATE. Just, just, dat is it. Mar de ljeafde fen syn eigen hert dos net.

JANNE. As men yens ropping goed sjucht en men hat goed ljeaf, den is dat ien. Hwent den scil men allinne ljeaf hawwe hwet dy ropping draecht en iepenbieret. En minsken dogge dat faek. Wol ik jo sizze hwet de wei west hie, Ate?

ATE. Mar jy witte ommers net....

JANNE. Ik leau dat ik it wol riede kin, al is der gjin namme neamd. It is wier dat hjir ien yn it doarp is, dêr’t hjar ropping en wirk it alderheechste for is. Mar yn dat lytse hert rint it oer fen ljeafde, dy’t útstreamt nei alle kanten dêr’t se mar wolkom is. En as dy eagen bliid nei yen sjen scille, as dat herte syn ljeafde jaen scil, den moat men net hinne gean en forlies yensels efter yn ’e mieden en mids de griene romte, mar den moat men nei hjar ta gean en gean neist hjar yn it greate libben stean. Den scoe de „Sjidzjende Bouwer” yetris hwet moais sjoen ha, Ate!

ATE. ’t Is wûnderlik, wûnderlik. As ik jo sa praten hear, den kin ik my hast net tinke, dat dat nou Janne, ús Janne is. Hwêr hawwe jy dy wiisheit dochs wei? Hwent wrychtich, it is wiisheit hwet jy sizze.

JANNE. Dat wit ik net. Mar ik bigjin dochs ek âlder to wirden.... En ik ha sa’n heap leare kinnen hjir. ’t Libben hat my nea nomd, in eigen húshâlding ha’k nea hawn.... Sims tink ik wol, dêr hie dochs ek folle moais yn west.... ’t Hat wol ris yn my skriemd, Ate....

ATE. ’t Is wier. Ho’n bytsje hawwe wy tocht om it kostbere, dat jy oerjown hawwe ... for ús....

JANNE. ’t Hat dochs goed west. Ik bin der nou oerhinne, ik scoe nou net mear roalje wolle. Sims is it sa myld en waerm yn my, eigen bern hiene dat net better meitsje kinnen. Den sjuch ik myn griis hier mei wille, den wit ik, dat myn libben slagge is. Al bin ik den ek mar âldfaem.

ATE. En ... hawwe jy dat birikt ... út josels? út egen krêft?

JANNE. Né, Ate. Dat kin nimmen. Jou mem hat my it paed wiisd. Dy wier sa great, ik ha sa by hjar opsjoen. As dy libjen bleaun wier.... Mar it wier hjar tiid to gean, hja wier to goed for ús wrâld. Fen ’e middei lies ik noch yn hjar tsjerkboek, it haedstik fen Korinthen en it wier eft se nêst my stie, sa kaem hjar wêzen my út dy hillige rigels tomjitte: „Al wier it, dat ik de talen....”

ATE. Né, né, stil, dat net, nou noch net. Dat kin ik noch net hearre. Dat is myn wiisheit noch net. Mar ik scil myn bêst dwaen—ja wrychtich, ik scil myn bêst dwaen. Hwet hat der dochs in rykdom yn myn libben west ... Mem ... en Jy ... en Alrik ... en Frânske ... hwet haw ik dochs dom west, dom en ûntankber....

SECHSTE OPKOMMEN.

Ate Jans, Janne, Ruth.

RUTH. (yn it swart, mei hoed en sjael, tsjerkboek yn ’e hân:) Joun Ate, joun Janne.

ATE en JANNE. Ruth!

RUTH. Unforwachte, wier? ’k Hie ’t sels joun ek noch net dreamd. Ik hie nei Master ta wollen om ’t âldjier út to sitten, de âld man is nou sa allinne. Mar do kaem ik Frânske tsjin, dy’t al op in paed dêrhinne wier. Do sei ’k: den gean ik mar nei de „Bouwer” ta. ’k Hie hjir yn sa’n set net west.

JANNE. Fanke, fanke, hwet makkest ús dêr bliid mei. Jow dyn gûd hjir mar, Ruth. Stimper, hwet biste wiet! ’k Scil ’t effen yn it milhûs hingje by de kachel. Den meitsje ik mei-ien it iten effen ré for it folk en as ik klear bin, den sitte wy mei syn trijen it âldjier út. Ofpraet, Ruth?

RUTH. Ja, ja, ’t is goed ... dizze iene kear noch ... tinke oer hwet west hat, en den mei de toalve slaggen witte, dat der wer in nij libben foar yen leit ... en wer foarút.... Men is op it lêst noch jong....

JANNE. Ho nou, Ruth, de rjuchte moed net?

RUTH. (hjar twingend:) Ja, ja wis wol.... Fensels wol!

JANNE. (skodholjend:) Wy prate strak wol wer (ôf).

ATE. Hastû nei tsjerke ta west, joun, Ruth?

RUTH. Nei tsjerke, ja. Hwerom scoe ik net gien wêze? Eltsenien rint der ommers hinne, âldjiersjouns. Hwerom scoe ik thúsbliuwe, ik allinne? Thús miste Beppe, yn ’e tsjerke Alrik.... Ik haw allinne nei it oargel heard, ik ha bidden en tocht om hjar dy’t gien wierne, en de preek is my aldergeloks foarbygien. ’t Is oars in tige minlik en evenredich man, dy nije dominij. Hy bigjint nou al út to setten.

ATE. ’k Hie net tocht datstû dêr oer gear komd wierst....

RUTH. Ik siet der mei wrok yn it herte. Neat is der bleaun fen hwet west hat, alles sukkelet fierder de forskriklike wearzige sleurpaedtsjes lâns. O, as it meijen hie en ik hie kinnen, ik hie se taroppe wollen, dat se misdiene, dat se sûndigen yn hjar hert, troch it greate sa to forjitten! Machtleas binne se weromfallen nou’t it sterke lûd forstoar, as hie de hân fen God sels hjar loslitten. Ik wist dat it sa wêze scoe, mar ik bin dochs gien. Ik scil op myn post bliuwe salang ik hjir noch bin. Mei de bern kin ik moarn tominsten wer prate, op ’e Sneinskoalle. Miskien kin ik noch hwet rêdde.

ATE. Dû martelest dysels ôf, Ruth. Tsjin de stream oproeije kinste dochs net.

RUTH. Né, wier? Ljeaver de riemmen rêste litte. En my meidriuwe litte nei it lân fen it tsjuster, nei de ljeafdeleazens, nei de ûnmacht. En yn mysels mimerje oer de tsjustere wil fen it Albiwâld, dy’t de wegen fen de minsken sa ljochtleas lit, wylst dizze eigen earmen miskien, miskien, my nei it ljocht ta roeije kinne. Né, by de himel, Ate Jans, dat nea, ik scil my net oerjaen, ik rin net by it findel fen myn ropping wei. Ljeaver derby delfalle mei it each op it ljocht dat troch de wolkens brekt, as libjen bliuwe yn ienselvige birêsting, yn skaed en nacht!

ATE. Ik bigryp dy. Hastû ek al wrok ... yn my?

RUTH. (sêft:) Wrok ... yn dy? ... né, né.... (bitinkt hjar, sterker:) Ja, dochs wol, ja wisse. Dyn wei is myn wei net. En se liket my ûnweardich en net great. Astû weromtinkst oan hwet west hat en oan him dy’t ús allegearre laette en bisiele, den moatst dyn holle bûge, Ate Jans ... fen skamte.

ATE. Dû seist my hirde dingen, dizze lêste joun fen ’t jier.

RUTH. Dat kin wêze, den hast se fortsjinne. Ik fiel se as wier. Joun, nei de preek, do’t de minsken it tsjerkepaedtsje lâns kroasken en it wer wakker hienen oer waer en wyn en de winter, do bin ik it hôf delgien, allinne, it wier my as dreau der my hwet hinne. Ik haw bidden by Beppe en Alrik hjar grêven. By Beppe hjarres: it wier wol swier, mar der wier in moaije stille frede yn my do’t ik oer hjar libben neitocht. Hjar plak skjin makke mei eare, hjar plicht dien, trou bleaun oan hjar lytse, mar swiere ropping. En de frucht fen hjar stribjen en de kroane fen hjar hope sjoen, hwent ik ... ik wier jiffer wirden, en ik wier lokkich ... mei myn wirk. Mar dat oare, ik haw striden mei mysels, mar de ûnfrede bleau. Yens libben to jaen as in offer, dat is hwet freeslik swiers.... Mar fen elts offer komt dochs ek frucht en dat formoedsoenet yen der mei. En Alrik syn wirk giet ûnder, stikje by bytsje en der is nimmen dy’t der noed for hat, nimmen as ik, dy’t mar sa’n bytsje kin. O, ik kin dat net langer oansjen, ik kin net arbeidzje op dy ûnfruchtbere ikker, ik gean hjirwei. Miskien kin ik op in oar plak mear.

ATE. It scil ús libben sa’n stik earmoediger meitsje. Myn pear frjeonen woe ik jerne tichte om my hinne hâlde.

RUTH. Den scil ik dy sizze hwet my fen ús frjeonskip tinkt. Ik wol wier foar inoar oerstean, dizze lêste joun fen it jier. Ik wol gjin frjeon mear mei dy wêze. Der groeit hwet yn my, dat as ik der net mei al myn krêft tsjin striid, hate driget to wirden, hate ... yn dy. It is dyn skild dat Alrik syn offer omdôch west hat; dyn skild, dat it hiele doarp yn syn âlde sleur en bihâldsucht weromfalt; dyn skild, dat ik hjir wei moat. Ien libbe der hjir, dy’t sterkernôch west hie, by Alrik syn dea it greate wirk fen bifrijing en takomst fierder op to bouwen. Ien hwaens wird de macht hawn hie it lytse gemier fen ’e binyptens it swijen op to lizzen, ien dy’t roppen west hie Alrik syn libbenswirk oer to nimmen. Hwet hastû dien? Hwêr is dyn krêft, dyn wil, dyn bisieling? It doarp falt werom yn syn âlde sleur, it sliept wer yn, mar der is nimmen dy’t sa ilindich fallen is as dû!

ATE. Ruth, Ruth, dû pinigest my.... Haw ik dat oan dy fortsjinne?

RUTH. Dû hast my leare litten, wier? Ik ha dy der lang tankber for west. Mar ik bigjin twivelriedich to wirden, sels dêroer. Hwerom hast my leare litten? Omdatstû dy fortsjinstlik meitsje woest en it jild dêrfor hiest? Ef om my yn steat to stellen it wirk to dwaen dat ik dwaen moast, neffens myn ropping? Mar dat haste nou forgoed formoarde. Hwerom hast my mar net op dyn bou litten? It lân dat ik hjir krige to biarbeidzjen, is troch dyn skild tsienris sa ûnfruchtber en hird as dyn bou it wier. Né, Ate, hwet myn frjeonskip net mear kin, dat scil myn tankberens net dwaen. Us wegen rinne út inoar tonei.

ATE. It is ûnrjucht, hearste, it is it hirdste en wreedste ûnrjucht datste by my for rjucht jilde litst! Ik hie my jaen moatten, alle skild goaist op my. Mar hwet hie ik to jaen? Hwet koe ik? Hwêr scoe de ljeafde weikomme dy’t ik nedich hawn hie for myn wirk en stribjen? It wier earmoede yn my, earmoede, om’t nimmen my ea hwet jown hie. Myn âlden stoaren jong, myn famylje woene wol, dat ik mar gau dea gyng, om efter myn jild to kommen; de boeren, dy’t hjarsels wêze doarsten, seagen my mei de nekke oan, om’t ik oars woe as hja. Is it myn skild, dat de sinne net for my skynde? Myn skild, dat der nimmen kaem dy’t my waermens joech? Myn skild dat ik my al mear en mear sleat for de wrâld? Ho kin God my fergje op ljeafde as ik se sels nea krige haw? Longere haw ik dat it ienris komme scoe, it greate, it machtige, dat my bifrijde fen mysels, dat my tille scoe nei in oare wrâld. O, hie der mar ien west, ien dy’t my forstien en my ljeafhawn hie en nêst my stride wollen hie, ik hie alles kinnen—ik hie Alrik’s libbenswirk oernomd en nei de oerwinning laet, ik hie....

RUTH. (yn ienen útbarstend). En bigrypste den net.... (Ate hâldt forheard op, sjucht hjar oan. Hja kin hjar net mear bitwinge, lit hjar op in stoel delfalle en snokt it út. Ate stiet in pear tellen as forslein, den giet er rimpen nei hjar ta en wylst er him nei hjar oerbûgt en syn earm om hjar hinne slacht).

ATE. Ruth, Ruth, mienste dát? Kinste dat wier, wier, hâlde fen my, de ynbannige, de earnstige, de âldere? Fen my, dy’t dy sa allinne stride litten haw, dêrste in wrok yn hiest, om myn nearzige ûnmacht? Kin dat wier wêze, fanke.... (Ruth knikt). Den ... ik wit net ... hwet is dat great, ’t is eft der in wûnder bard is.... Den, den, kin ik àlles mei dy, nêst dy.... Den komt alles goed, den wirdt it hjir wer simmer, den sjongt de takomst syn sang hjir wer; dat scil, dat ûnthjit ik dy, Ruth.... Mar den moatst ek net mear sa skrieme; dat docht my sear....

RUTH. (wer mei selsbitwang:) Né, né, hast gelyk Ate, net skrieme.... Dat is swak, dat mei nou net mear.... Wy, wy wolle sterk wêze, stride en stribje nêst inoar.... En net skrieme, net twivelje.... Beppe sei altiten.... (ûnder hjar lêste wirden sakket it gerdyn).

EIN.

Skreaun Desimber 1919.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings