RUTH.
Reading edition
FOARST OPKOMMEN.
Janne, Sets.
SETS. (yn ’t opkommen tsjin Janne). ’k Wit net, ik wit net, it is my hast slimmernôch ... ik mei myn smoarge klean yn jou eptige keamer ... ik bin sa’n formidden wrychtich net wend, Janne.
JANNE. De boer wol ’t sa hawwe; ik wit net eft ik út mysels wol sa fier gean scoe. Wy binne allegear minsken mei-inoar seit er den, en dêr is net folle tsjin yn to bringen. Mar styl fen húshâlden is ’t egentlik net, fensels.
SETS. Witte jy ek hokfor boadskip de boer oan my ha kin? Ik bin noch mar ien moarn oan ’t wirk....
JANNE. Ik scoe ’t jo net sizze kinne, mar hy scil hjir sa dalik sels wol komme. Ho is ’t, wol ’t hwet fen ’e moarn?
SETS. Och stimper, ’t is sok swier wirk for my. Eltse kear giet myn tinken werom nei de lêste middei do’t ik op it lân wier en se my hellen, for Japik.... Do wieren wy noch mei syn trijen, hy en lytse Ruth en ikke ... en nou misse wy safolle....
JANNE. It libben kin swier wêze, Sets.
SETS. Ik ha ’t altyd wol treast west, mar dit wier sa hird ... sa hird. Sûnt dat ik widdou waerd, wier hy myn alles, alles hwet ik biskrepte en ôfbodde, wier for him.... Jy kinne it net witte Janne, mar it wier sa’n greate stipe as ik op ’e bou wier, sa yn it smoarge wirk en ik koe den tinke dat hy dêr prefyt fen hawwe koe; by alles hie ik syn antlit foar my.... En nou is ’t allegearre sa leech en sa deadsk....
JANNE. Jim hawwe dien hwet jim koene, Sets.
SETS. Alles, alles woene wy wol jaen, en den noch to sjen dat it efterút gyng, dei by dei, dat der gjin krûd for woechsen wier.... Wy hawwe bidden dat er wer better wirde mocht, lytse Ruth en ik, mar it mocht net, wy seagen him foar ús eagen foartgean.... Hy sels birêstte der yn, hy bitroude, it wier for syn bêst, mar myn âld herte kromp gear ... myn iennichste ... en lytse Ruth, och, och, dat stimper....
JANNE. Praet jo mar ris goed út Sets, it docht jo goed. En ik ha mear swierrichheit sjoen, ik kin it my sa goed yntinke.... Ho is ’t nou mei Ruth?
SETS. Jy hawwe noch nea sa’n bern sjoen, ik kin der mei myn grize hierren noch fen leare. Ik koe my altyd net goed hâlde, ik woe wol, mar it wier my sims to machtich, mar as hja triennen seach, den kibbe se op Beppe. En sels skrepte se yn’e hús om, stil en de lipkes op mankoar, en as se wist, dat Japik nei hjar pielen seach, den glimke se wer effen. In pear kear foun ik hjar, do stie se hjarsels yn it gonkje út to skriemen, it stimper....
JANNE. De ien leart de striid fen it libben earder kennen as de oar.... Mar sterk makket it ek wol, oars. It is noch in hiele treast for jo, dat jy hjar alteast hawwe. Alhiel allinne, dat is sa iensum....
SETS. As ik hjar misse moast .... en dochs, nou’t Japik wei is, nou kin ik hjar dochs net mear mei blide eagen sjen.... Al ús moaije forhopings binne nou tsjin ’e groun, en Ruth moat nei it lân ta ... en dêr forbarne yn’e gleije sinne en krûm wirde en âld foar hjar tiid, sa as wy allegearre moatten hawwe. Dat is noch it slimste, myn jonge wei en lytse Ruth ... it paedtsje fen wy allegearre....
JANNE. Oan jou praet to hearren ... hiene der den oare plannen west?
SETS. Ruth scoe leare.... Jiffer wirde. Dat wier in great geheim, allinne Japik en ik wisten it ... en Ruth hie formoedings. Jouns as wy to skimerjen sieten, den kaem se op ’e tekst fen hwet se leard hie op ’e skoalle ... hwet se den net oeral helle, jy hawwe der gjin bigryp fen.... En den makke se plannen, ho’t se it sels ha scoe, as se foar de bern stie, en as Japik der neat tsjin ynbrocht, den mirk se wol sahwet, hy woe der wol oan, as ’t hwet koe.... En nou ... ik wol net kleije en ûntofreden wêze, mar dat bern mei hjar skoandere holle, hwerom moat dàt nou ... wylst safolle oaren....
JANNE. Net freegje Sets. Us wrâld is nou ienris net sa, dat wy allegearre dwaen kinne, hwet miskien wol ús ropping is....
SETS. ’t Is hird, o sa hird. Net dat hja der mear fen praet, hja wol der hjar oerhinne sette ... mar dy lytse rimpeltsjes yn ’e foarholle, och, och, dat bern kin sa earnstich sjen....
JANNE. Scoene jy der net ris mei de boer oer prate, Sets. Miskien dat dy....
SETS. Né Janne. De boer hat him al sa goed hâlden, wy meije net mear fen him freegje. Hy hat op ’t lêst mear folk, hy kin him sa alhiel wol weijaen. Wy scille ús hjirsels trochhinne slaen. Wy binne jim sa tankber, Janne, for al jim byspringen ... it hat ús de hannen sa’n stik romme.
JANNE. Jy witte, dat de boer der gjin tank for hawwe wol. En ik wit sels hwet earmoed is ... heit en mem wieren alhiel forlijd, do’t de boer syn âlden my opnamen. Dizze oarde hat gâns triennen en leed sjoen, Sets, eartiids noch wol mear as nou.... As Ate Jans syn folk der net west hie....
SETS. En nou hy sels.... It scil my ris nij dwaen, Janne, hwa’t hjir noch ris boerinne wirde scil. Hja seine lêst, Frânske en hy hiene forkearing.
JANNE. De ljue sizze safolle. Frânske hat hjir in heap de rin, mar mear as goefrjeonen binne se net. Hjar bisteanen ûntrinne mankoar safolle. Frânske is sa derten en fleurich as in flinter, en Ate Jans is de earnstige kant gâns it neist. Hy hat net sa’n heap sinne hawn yn syn jonkheit, en dat foarmet in minske wol.
SETS. Frjemd, dat goede minsken it faek sa swier hawwe.
JANNE. Forline Freed wier it tweintich jier forlyn, dat syn mem forstoar. Jy scille hjar noch wol foar jo krije kinne.... In minske wier ’t, suver in wûnder. Ik ha der by west dat in pear arbeiders spil hienen op ’t snijen ôf, se stiene foar mankoar oer, mei ’t brûs om ’e mûle; allegearre tochten wy, dat der in ûngelok barre scoe. Do kaem hja de skûrreed lâns, dimmen en evenredich as altiten—ik sjuch hjar moai antlit en greate blauwe eagen noch. Se sei neat, se seach allinne mar, freegjend, forwûndere. It folk gyng fensiden, yn ienen wier alles stil. Dat hat Ate Jans oerirven. Hy giet mei my om eft er myn bern wier, wy lizze alles mei mankoar oer.... En dochs....
SETS. Nou?
JANNE. (oerein, nei it finster ta.) En dochs is der hwet, djip, o sa djip yn syn hert dat wy net kenne noch bigripe.... Ik wit net hwet it is, mar ik tink, dat nimmen, nimmen, dat ea trochgrounje scil ... sa as it djip yn ’e bosken is, koel en stil en heimsinnich, sa is Ate Jans.... Ik woe wol dat der hjir ris in jonge mylde laits troch de boerkerije klonk, mar ik tink net dat Ate Jans ea trouwe scil ... ik tink it net....
SETS. Den hâlde jy hjir it ryk allinne, Janne.
JANNE. Amper tritich jier bin ik nou by Ate Jans en syn folk. De wrâld is foroare, in heap minsken binne forstoarn, mar hjir, yn it hert fen dizze minsken bliuwt alles itselde, sa as de mar yn al syn brûzjen en núnderjen altiten deselde bliuwt. Greater nommeler goedens kin ik my net tinke, hjar omgong hat altiten as in ljocht om my hinne west.... En den tink ik sa faek, hwerom kinne sokke goede edele minsken net bliid wêze en fleurich, wylst safolle minderen gobje en laitsje fen moarns ier oant jouns let.... Der komt Frânske oan, sjuch ik.
SETS. Den moat ik nou it plak mar romje, tinkt my.
JANNE. Hwerom nou? De boer hat sein, dat jy hjir op him wachtsje scoene. Jy hoege om hjar wrychtich net foart to gean.
TWADDE OPKOMSTE.
Janne, Sets, Frânske.
FRÂNSKE. (moai libben jongfaem, tige eptich klaeid, hast as for in feest; rûker reade en wite roazen yn ’e hân). Dei Janne.... Hea Sets, jy hjirre? Dat scil jo ek wol hwet nuver oankomme, net?
SETS. It is myn plak fensels net, jiffer. Mar ik waerd hjir bean.
FRÂNSKE. (hwet ûnfordildich.) Krekt hwet for Ate Jans. Syn folk op ’e tripen stoellen yn syn keamer to plakken. Hy mei syn eigensinnige tinkbylden! Altiten oars as in oar docht! ’t Milhús is for it folk—hy koe de keamer wol hâlde for de kearen dat domeny kaem ... ef ik!
JANNE. De boer moast jo sa net praten hearre, Frânske.
SETS. (jowt hjar oerein.) As it de jiffer net nei ’t sin is, den wol ik wol salang yn it herntsje wachtsje....
FRÂNSKE. Och né, doch dat nou net. Bliuw nou hjirre, oars is it myn skild wer. En as Ate den komt, krij ik wer in leksum oer myn ûnbitochtsumens en binyptens. En myn hiele middei is wer bidoarn.... Hy wol dochs syn egen wei gean, hy jowt net om in oar. ’t Is in lêst as de minsken altyd sa dwers binne.
JANNE. ’t Is mar krekt hwa’t men praten heart.
FRÂNSKE. (gutich): Ho dat sa? Hat Ate den miskien klage ... oer myn dwersens?
JANNE. Dat woe ik net sein hawwe.
FRÂNSKE. ’k Scoe sizze tominsten. Dêr hat hy nou just noch net sa folle lêst fen hawn. Ik bin fiersten to bang for him. Sa’n brommende holder! Hwêr is er nou wer keard, Janne?
JANNE. Ik wit net. Wy wierne him wachtsjende. Hy liket effen bilet to hawwen.
FRÂNSKE. Hy hie hjir wêze moatten. Wy hienen ôfpraet, ik scoe der om twa ûre wêze. En den is men der om twa ûre. En oars....
SETS. Mar it is nou grif al by healwei trijen, jiffer. Jy sels wierne den ek wol hwet let, as ik it sa sizze mei.
FRÂNSKE. (effen yn ’t nau). Nou ja ... ik woe ... ik koe dochs ek net.... Mar ik ha op ’t lêst mear to dwaen, en hy hoecht allinne mar op ’e stoel sitten to gean en to wachtsjen. Hawar. Hy docht dochs hwet er wol. Men moat him mar nimme sa’t er is. Siz Janne, hwer moat ik mei dat blommegûd hinne? Scil ik mar dêr op it bureau ... yn it plak fen dy dingen....
JANNE. Né Frânske, ljeaver net. Dy blommen hat er in sin by, om ’t se yn ’t wyld groeije. Ik sels ha ’t sa ek al ris hawn. Hy hâldt net fen sierblommen.
FRÂNSKE. (leit de blommen mei in nidich gebeart op it bureau). Scoe men nou net.... Neat, neat is hjir goed. Ho’t jy it hjir dochs úthâlde!
JANNE. Ja, en sa lang al!
FRÂNSKE. (efkes earnstich). Sikersonk, sa lang al. (Giet foar it bureau sitten). Der scille miskien net folle wêze dy’t jo dat neidwaen scoene. ’t Is hjir moai, en stil, en rêstich, mar earnstich, earnstich, om der bang fen to wirden. Men is op ’t lêst minske om ris to laitsjen, gol en frij út to laitsjen, men is dochs jong om to sjongen! Jy, dy’t hjir sa op jou plak binne en bliuwe, sûnder to laitsjen en to sjongen, sjuch, dêr haw ik sikerwier earbiedenis for. Ik scoe ’t net kinne ... ef miskien....
SETS. It libben giet altyd net by fleur en pretsjes út, jiffer.
FRÂNSKE. (wer ûnfordildich). Och, ja, dat wit ik wol. Mar ik sei it net om krimmenaesjes út to lokjen. Ik wit wol dat earme ljue hjar soargen ek hawwe. Mar dat is sa hwet oars as dêr’t Janne hjir yn forkeart. Dit kin men net oerwinne, ek al set men yen noch sa to skoar. Dy oare ... dy jildsoargen, dy komt men mei hwet prakkesaesjes en hwet ynspanning wol to boppe.
SETS. As de jiffer ris wist hwet dêr sims net anneks mei is....
FRÂNSKE. Ja, ja. dat scil ’t wol. Mar hwet witte earme ljue nou einlings ôf fen de greate libbensstriid? Hja dy’t net ienris oan it wiere libben takomme? It libben is ommers for hjar net mear as in dream! Wol ris in bange en swiere dream, mar net heal sa swier as for hwa’t de djipten fen it libben wit. It glydt jim ommers allegear mar foarby!
SETS. Ik bin sa folle net mei wirden mânsk, mar as de jiffer ris yn ús djipten sjen koe ... mei mysels is net safolle forlern, mar as ik om Ruth tink....
FRÂNSKE. Lytse Ruth? Dat is in snoezich fanke. Alderljeafst yn ien wird, ik wier in great nêst by hjar, do’t ik dy jierren hie. Mar hwet forwachtet sa’n bern nou einlings fen it libben? Se is nou fen skoalle ôf, ik seach hjar niis op ’e bou; dat sprekt fensels, dat is hjar plak. Dat scil in jier mannich sa trochgean, den bigjint se om oare dingen to tinken, njunkelytsen trout se, beppe wirdt oerbeppe, en sa giet dat troch. Sa’n libben is ommers sa klear as wetter! Ik sjuch it as ien igale rjuchte wei foar my. Kuijerje nei de ein ta en it is dien. Bin dêr soargen en striid for nedich? Ik sjuch it net.
JANNE. Hark ris, Frânske, my tinkt dat it sa moaijernôch is. Sets en Ruth hawwe de lêste tiid wrammels swierrichheit genôch hawn, dat hoege jy net slimmer to meitsjen mei jou gegei oer dingen dy’t dêrby neat bitsjutte. Jy moatte der mar ris mei de boer sels prate, dêr hawwe jy partij oan.
FRÂNSKE. (forheard). Hearken Janne, hwet nou? Bin ik jo to nei komd ef sa? Ik bigryp jo net. Ik mei dochs myn sin wol sizze. Jy lykje Ate Jans wrychtich sels wol!
JANNE. Ik ha wol safolle fen him oernomd, dat ik net útstean kin dat jy sa trochslagge oer de bloedichste earnst fen it libben. Ik wit wol dat jy it yn jou hert net forkeard miene, mar jy moatte hwet better neitinke oer hwet jy sizze. Jy hawwe dit âld minske sear dien, en my dêrby. En it is jo sels net ta’n eare, sok praet.
FRÂNSKE. Nuver, nuver. ’t Is eft ik Ate sels praten hear.
TREDDE OPKOMSTE.
Janne, Sets, Frânske, Ate Jans.
ATE. Dei jimme. Dû hjir ek Frânske? Dat stiet my oan, dêr hie ’k net oer prakkesearre.
FRÂNSKE. Yn ’e goedichheit! It wirdt my nou slimmernôch, Ate. Witst net mear hwet wy ôfpraet hiene? datste my foarlêze scoest ... om twa ûre? Moatst nou ris efkes sjen. (Hâldt him hjar horloazje foar, dat hja om ’e pols draecht).
ATE. ’t Is skande. Ik hie ’t glêd forgetten; ik haw ek safolle oars oan myn holle. En ’t slimste is, der bliuwt nou fen ’e middei ek sa goed as gjin tiid mear oer, hwent om trije ûre komme domeny en master to tédrinken.
FRÂNSKE. ’t Is moai, hear. Dû makkest’ my forlegen mei al dyn goede soargen, Ate Ate.... (Hjar lippen trilje efkes).
ATE. (sjucht hjar skerp oan). Hwet nou? prule om sa’n wissewasje? Ik woe dy wizer ha, Frâns. Dû witst wol datst hjir wolkom bist. Mar ik ha myn dingen dy’t foargeane, fensels. Scilst dat goed ûnthâlde, tonei?
FRÂNSKE. Soargestû wol for. Dû bringst it my dochs eltse kear wol yn ’t sin, as ik it al forjit, wier? Doch dû earst dyn saken mar ôf, Ate, ik wachtsje wol.... (Nimt ien fen de reade roazen dy’t se stadich toplôket, súntsjes): Ik wachtsje wol....
ATE. Ik hie jo hjir roppe litten, Sets. Alderearst om’t ik ik fornaem dat jy fen ’e moarn wer for it earst op it wirk wieren. Dat is krigel fen jo, en great. It scil jo nou faek iensum wêze. Bitink den dat der mear iensume minsken binne. Sets, en dat jy de himel dochs ek tankber wêze moatte dat jy jou nommele soan sa lang hâlde mochten. En frâl, dat woe ik jo tige dúdlik sizze, tink net dat jy by in frjemde boer yn ’t wirk binne tsjin lean, mar dat jy in frjeon fen jimmes gerive mei jou wirk. Goed ûnthâlde, Sets?
SETS. Ik ha der nea oars oer tocht, boer. Jy witte wol ho tankber....
ATE. Stil, stil, dêr mei ik gjin praet oer hearre. ’t Is my genôch as jy der sa oer tinke. Dat woe ik jo earst sizze. Mar nou haw ik noch hwet oars for jo yn ’t fet. Ik bin einlings in bytsje lilk op jo, Sets.
SETS. De boer? lilk op my?
ATE. ’t Is sa. Fen ’e moarn do’t ik de bou oereage, do seach ik dêr noch in lyts minske omsneupen, tichte by jo, dat ik dêr net earder sjoen hie. Ik koe myn eagen hast net leauwe. Hawwe jy Ruth meinomd op it wirk?
SETS. Ja boer. It bern koe dochs ek net allinne thús bliuwe. Se woe út eigen oanstriid mei.
ATE. Mar jy witte, dat it dêr hjar plak net is. Dêr yn dy gleije, briedende sinne mids dat rûge swiere wirk! Al hjit se nou ek tûzenris fen Ruth, dat is dochs net de ikker, dêr’t dat bern op arbeidzje moat!
SETS. Wy ha der fen âlder ta foarâlder op forkeare moatten, boer.
ATE. Dat is myn skild net. Mar dit scil der net fen ynstean. Ik bitrou myn minske-kennisse moai skoan, en dat bern hat hwet yn hjar dat ik net forknoeid hawwe wol. Ik wol neat fen myn arbeiders sizze, der binne keardels by mei in herte fen goud, mar it binne rouwe soannen fen it folk, en hjar praet is net geskikt for famkes-earen. Jy hawwe it grif ek mei om ’e fortsjinsten dien?
SETS. It wier der sa ynroun boer, mei al dy kosten fen Japik syn lijen. (stil greatsk). En salang men sels kin, freget men net.
ATE. Kom hjir ris, Frâns. Sjuchste dat âlde ronfelige antlit en dy fyn bisniene mûle? Dy hawwe moai wêst en kein, as dines nou. Der binne stoarmen oerhinne gien, Sets is âld-minske wirden en beppe. Tinkt dy dat hjar adel der ûnder lijd hat?
FRÂNSKE. Dû hast gelyk. Bist in swiere learmaster, Ate Jans....
ATE. (wer tsjin Sets). Ik tocht wol dat der soks mank mei wêze scoe. Tonei komme jy Snjeontojouns hjir by my yn ’e keamer, Sets, en jy barre jou jild apart. Ik scil jo lytse Ruth hjar fortsjinst der as taslach op tajaen. En Ruth bliuwt thús.
SETS. Boer ... boer ... ik kin net litte ... ik moat....
ATE. Dat is dos ôfpraet. Jy geane nou wer nei it lân ta en stjûre Ruth hjirhinne. Janne wol wol graech hwet selskip hawwe. Miskien fine wy mei gauwens wol hwet oars for hjar. Oant sa lang is se hjir wolkom.
SETS. ’k Scil ’t sizze, boer. Och, och, as Japik dat wiste.... (Giet nei de doar).
FRÂNSKE. (nei hjar ta). Siz Sets, forjow my dat ... dat....
SETS. Hwet woe de jiffer sizze?
FRÂNSKE. Hwet ik sei fen Ruth niis.... It wier sa forkeard fen my, sa dom.... Ik bin altyd sa dom.... De boer hat gelyk, Sets ... hjar plak is der net....
SETS. (wer stil greatsk). Ik tankje de jiffer.
ATE. Hwet bitsjut dat, Frâns?
JANNE. (as Frânske swijt). Frânske hie hjar in pear ûnforsichtige wirden ûntfalle litten oer earmeljue’s prakkesaesjes, dy’t Sets hwet sear diene. Mar ’t is nou wer yn oarder, alhielendal. De boer hat hjar wer op ’e goede wei holpen, sa as my ek sa faek.... Ik scil efkes mei Sets gean. (Janne en Sets ôf).
FRÂNSKE. (nei in pear tellen stiltme). Ate....
ATE. Nou, Frâns?
FRÂNSKE. Ho lang hast nou fen ’e middei tiid ... for my? Oant master en domeny komme?
ATE. In lyts heal ure.
FRÂNSKE. Ik wol fen ’e middei net lêze, Ate, ik kin nou dochs net harkje. Der is nou wer safolle dêr’t ik oer to tinken haw.... Ik wol my ris útprate, Ate, alhielendal, forstieste, alhielendal, dat ik hjir tominsten ris ienkear hwet rommer weigean kin bydat ik hjir kaem....
ATE. Dat moatstû altiten dwaen Frâns. In minske moat neat op ’e boaijem fen syn herte forhoalen hâlde. De wrâld moat yen sjen sa’t men is.
FRÂNSKE. (laitsjend). Ate. Ate ... dat seistû? neat forhoalen hâlde? dû, de tinker, de dreamer, de swijer? Scoe der hjir yn it hiele gea ien wêze dy’t safolle forhoalen hâldt as dû?
ATE. Der is mar ien ding, dêr’t ik my net oer útlit, dat is myn striid en myn siikjen. Alles hwet ik foun haw, hwet ik wit, siz ik; miskien kin it oaren ek hwet helpe. Mar hwet oan dat finen en witten foarôf giet, dat giet nimmen hwet oan.
FRÂNSKE. Dû hast gelyk, sa is it wol.... Wy oaren, wy tinke net om siikjen, wy kwebbelje mar hwet foar it ljeave heitelân wei, wy forlieze ús yn ús eigen wirden en getsjânsel.... Mar dochs, sa astû dy hâldst en draechst, sa is it better; dat wol ik ek leare.
ATE. Ik tochte, datst dêr al lang mei dwaende wierst....
FRÂNSKE. Dat is ek sa ... salang as ik dy ken einlings al.... Mar ik bin op ’t lêst ek jong. Ate. (Ate knikt; laitsjend:) Né heite, knik mar net sa earnstich, dêr hastû dochs gjin bigryp oer. Dat is it iennichste hwetstû fen my leare kinst. Dû wennest hjir sa frij, sa hearlik; sa as fen ’e middei, nou’t de hiele pleats en al dy âlde beammen dreame yn in sé fen ljocht.... God, Ate, dat moatstû dochs ek ris sjen. De fûnken sprongen oer de pannen hinne, dounsen oer de leaven en de grêft, en laken ... laken.... Ja by de himel, de sinne lake! Sa as Frey by de âlde Noaren do’t er om Gerda frijde, sà lake de sinne. En ik hearde de protters op it efterhiem, ik hearde de ljurk fierwei jubeljen yn it blau, en it folk op dyn lân, it folk dat sóng, Ate....
ATE. (bitter). En lytse Ruth skripte mei hjar. Scoe hja bliid west hawwe?
FRÂNSKE. Och....
ATE. Wêz gerêst, Frâns, ik sjuch de sinne, ik hear it sjongen wol. Dû hast my niis in dreamer neamd; it is in hege namme en ik fiel my faek lyts. Mar ik kin dy sizze, net folle eagen scille mei myn forearing sjen nei de wûnders om my hinne, nei alles hwet suver en moai en great en godlik is. Mar der is mear as glâns en sinne; der is ek tsjusternisse en skaed—dû hast der dizze middei in lyts biwyske fen sjoen. Ik sjuch beide en ik wit net, ik wit net, hwet it sterkst is.
FRÂNSKE. Mar astû nou sels dochs meistimst dat der ljocht is ... hwerom biste den alteast inkelde, inkelde kearen net bliid en fleurich mei?
ATE. Mar dat bin ik dochs wol ... ik leau net dat folle minsken sa bliid wêze kinne as ik....
FRÂNSKE. Né wier? Dû kinst’ alles. En ik kin neat. Sels it laitsjen kinst net ienris fen my leare. Dû witst hwet jonkheit en wille en fleur is, en ik ha der gjin aen fen.
ATE. Dû bist tichter by de wierheit astû sels wol tinkste Frâns. Witste hwet myn wille is? Dat is it swalkjen, ûren lang sims, lykme allinne, oer de hearlike bloeijende heide, oer it wide grien fen it greide-lân. Dat is it mimerjen yn it lange waeijende gers en it sjen nei de hege himelloft, fol goudgeglinster en strieljend blau ... dat is it mimerjen by de wylgemoezzen mei hjar rykdom fen wite wynsels dêr trochhinne, dat is it swimmen yn de brede, koele, djippe mar, mei neat as de loft boppe yen, neat as it streakjen fen it wetter om myn lea.... Dat is myn wille, ik scoe gjin riker, gjin greater winskje. En jimmes? To nou, Frâns? Fortel my nou fen jim wille, dy iennichste, dy greatste rykdom yn ’e wrâld!
FRÂNSKE. Hâld mar wer op. Ik sjuch, dû krijste dochs wol wer gelyk. Frjemd datste dochs altiten gelyk hast....
ATE. Hwa’t goed en suver libbet, dy hat altyd gelyk. Mar sa maklik scilste der nou net fen ôfkomme. Wille dat is neffens dy: Sneins mei in kliber fen tsjien, tweintich út to fytsen gean, stoffige, bimoude wegen lâns, sjonge, net om ’t men fleurich is, mar fleurich lykje wol, delplakke foar in herberge en yen bignuve litte fen in heap doarpsljue, wylst Ate Jans allinne efter yn syn mieden....
FRÂNSKE. Né, né, mar sa is it net! Sjuchste wol datst’ der neat, neat fen bigrypst! Wy binne bliid ... om’t, om’t de blidens nou ienris djip yn ús libbet, en....
ATE. Mar dat kin hjir en op ’e romten ek. Hwerom siikje jim de wille dêr? Hwerom net de moaiste, de suverste, de bliuwende? Hwet is der op jim setten en pretten wol, dat ik hjir yn myn ienlikens net haw? To nou, Frâns!
FRÂNSKE. Ja Ate, dat ... dat binne de minsken ... dêr sit alles yn, men sjucht de blidens yn oare minsken en den wirdt it yen sa waerm en rom, den sjucht men de sinne en de loft net ienris mear....
ATE. Mar hwerom, hwerom den dochs? Tink nou ris oan it keppeltsje, dêrste trochstrings mei op en út bist. Is der ien by, ek mar ien, dy’t fortsjinnet datste for dy iene de skientme fen loft en ierde forjitte scoest?
FRÂNSKE. (hiel fest en biret nou). Né.
ATE. Ik siz net dat der sokke minsken net binne; hja bisteane, mar it binne útsûnderings. Under dyn keppeltsje lykje se net to wêzen. Hwerom giestû den net de moaije, stille, iensume wegen fen it libben?
FRÂNSKE. Dû forjitste ien ding, Ate, der is mear as dy wille, der is mear as dy sinnedei. Der is ek de joun dy’t den komt, dy fen stiltme en swijen, as alles sa tear wirdt en sêft. Den swijt ek de drokke wille fen de dei, den komt der hwet djip en moais yn yen. Lit ús wille den de platte kant it neist wêze, goed. Mar wy hawwe ien ding dat dy ûntbrekt, Ate Jans, wy hawwe de ljeafde.
ATE. (stil foar him út laitsjend). Och God ... jim mei jim ljeafde....
FRÂNSKE. Dat is skande, Ate, dêrom to laitsjen. Dat is hwet hillichs.
ATE. Ik haw de spot net mei hillige dingen, mar hwet jim derfen meitsje haw ik net heech. Dêr moat ik my ljeafst net tofolle ynjaen, den kin ik hast net ienris as frjeon mear mei dy prate. Hwet meitsje jim fen dy libbenskroane? in boerdpompieren Sinteklaze-steek! Sels stimste mei, dat ûnder dy hiele bolbjirkene keppel net ien is dy’t it heechste fortsjinnet. Hwet moat men sizze fen minsken dy’t it heechste fen hjar libben biede oan .... ûnweardigen?
FRÂNSKE. Mar Ate, dat is dochs in saek fen fielen? Dêr tinkt men dochs net by!
ATE. Ik wit skoan dat jim dêr net by tinke; as jim it diene, scoene jim net folle wille oan al dy útlittenens mear hawwe. Mar ik doch it wol. Ik scil nea, nea fen hwet hâlde, dêr’t ik de greatens net fen fiel. Ik wol groeije, greater wirde, sterker, en dêrom is der for lytse minsken yn myn libben gjin plak. Ik wit wol, dat jim der oars oer tinke—dat is jim saek. Mar ik gean myn eigen wei. En ik wol it heechste. En ik bliuw ljeaver wachtsjen as myn langstme it swijen op to lizzen mei hwet minders.
FRÂNSKE. (tige wis en biret). Den bistû in great egoïst.
ATE. Nou sjuch ik it forbân dalik net.
FRÂNSKE. Dû hast dysels folle heger as ús, wier? Dat meistû ek wol, hwent dû bist nou ienris mear. Dat witte wy allegear wol. Mar hwerom ús net hwet mei to dielen fen dyn krêft en dyn earnst? Hwerom dy hjir sa ôf to sûnderjen op ’e romte? Moatstû nou altiten tinke om dyn eigen groei? Nea net, dat wy dy dochs wrychtich ek nedich hawwe kinne ... for ússels?
ATE. Ik wol eltsenien syn frjeon graech wêze. Mar as men myn frjeon wêze wol, den moat men mei my stribje en stride wolle. Den moat ik in sterk en moai bitrouwen hawwe kinne. Den moat men myn earnst en iensumens kieze doare boppe dat geblikker fen de skyn. Ik sels doch gjin stap út myn eigen libben wei.
FRÂNSKE. Dû bist ûnreedlik, Ate. Dat giet boppe minsklike krêft.
ATE. Den scil ik nimmens frjeon wêze. Ef tominsten yn myn iensumens bliuwe. En ik kin net ienris sizze dat my dat sa tige moeit.
FRÂNSKE. (nei in pear tellen twivel). Ate....
ATE. Nou?
FRÂNSKE. (twivelich, ûnwis, wylst Ate it finster útsjucht en hja wol merkt, dat er mei syn tinken wer by hwet oars is). Ik woe mar sizze ... ik scoe net wolle datste forkeard oer my tochtst.... Do’t ik dy frege, niis, mear omgong mei ús to siikjen, do frege ik dat fensels for ús allegearre ... net for my sels allinne.... Dû koest oars ris tinke.... (wachtet, hjar hiele wêzen ien langst en forwachtsjen).
ATE. (fier ôf). Hwet? ... o ik bigryp it.... Né, fensels net Frâns. Ho komst derby, ho scoe ik dat tinke kinne.... Hwet in tinkbyld for twa sokke goede kammeraten! Wy kenne mankoar ommers al sa lang....
FRÂNSKE. (doffer nou, delslein). Ja. ja, salang al.... Ik gean Janne efternei, dat wirdt my dúdlik....
ATE. Domeny is dêr, Frâns. Master scil ek wol gau komme.
FRÂNSKE. To Ate, lit my noch in skoftke bliuwe ... oant master ek komt ... ik ha safolle fen Hora heard en ... ik haw ommers noch safolle to learen, it makket my miskien wer hwet riker ... en it is ommers dyn frjeon, wier?
ATE. Myn iennichste, ja. Mar dêrom binne wy noch gjin bisibbe sielen! Hy is sa oars as ik. Fensels kinste bliuwe, ik bin bliid datste dat fregest. (De doar giet iepen. Men sjucht Janne, dy’t de domeny ynlit. Tingere, jonge figuer, donkere klean, mar gjin steatlikheit).
FJIRDE OPKOMSTE.
Frânske, Ate Jans, Ds. Alrik Hora.
HORA. Goendei togearre, Ate.... (Fûstkje).
ATE. (foarstellend). Frânske Minnema, in nift fen mines, en in kammeraet, dêr’t ik in heap mei tsier. Ds. Hora. (Hja jowe mankoar de hân).
FRÂNSKE. Folle sjoen en gâns fen heard.
HORA. Sjoen ek? Hwêr komme jy den wei, as ik freegje mei?
FRÂNSKE. Selde doarp as jy, domeny, wy wenje hjir ek. Wol in hiel ein de oare kant út, mar it heart der dochs noch ûnder. It is wier, jy scille my grif noch net sjoen hawwe.... Sneintomoarns alteast net.
HORA. Ik koe jo tominsten net foar my krije.... Fen oare rjuchting miskien?
FRÂNSKE. Dat net, né. Mar myn âlden binne net for it nije. En men seit ek, dat jy sa earnstich preekje, sa hiel oars as jou foargonger.
HORA. Dat wirdt my oars net sa faek oanwreaun. De measten fine my hjir lang net learstellich genôch, om’t ik dingen as sûnde en oardiel meast lit for hwet se binne. En it kin dochs net to swier wêze nei de forkindiging fen greate minsklike wierheden en idealen to hearren?
FRÂNSKE. Dat wit ik net. Dy âlde dingen, dat lit yen einlings mar moai kâld, dat binne in heap plechtige wirden en men kin dêr bêst oan hwet oars by tinke. Mar sa as jy preekje, den moat men der ek nei dwaen, oars scoe men yen sels dêr yn ’e wei sitte. En dêr kin ik my noch net nei jaen.
HORA. As ik birik, dat hwet lang foarm en sleur wêst hat, hjir wer libbene wierheit wirdt, den binne wy al gâns fierder.
ATE. Al scille wy der den ek net folle wille oan bilibje.
HORA. Ho mienstû?
ATE. As de wrâld de wierheit yn it antlit sjucht, de greate hillige wierheit, den hat hja mar ien andert. Dat is it krús en de stienniging. Dat moat se, hwent dy wierheden taeste hjar yn de djipste grounslaggen oan.
HORA. Ik ha dy al faker sein, dat ik dat net leau. Der is gjin oare sûnde yn ’e wrâld as de ûnfolsleinens, gjin oare ûnfolsleinens as de ûnkinde. Jow de minsken it kleare sjen, forljochtsje hjar herte, en alles yn hjar scil roppe om it ljocht, sa as de sinne om it deiljocht siket.
FRÂNSKE. Mar hja sloegen de Hear dochs oan it krús....
HORA. Dommens en foaroardiel en hate diene dat. Mar it folk hie Him tajubele as de rêdder do’t er de poarten fen Jeruzalim ynkaem. De dragers fen it ideael kinne fortrape wirde, de greate wierheden sels nea. Dy libje yn it hert fen elts minske.
FRÂNSKE. Fen elts minske?
HORA. Elts minske is drager fen de Gods-tins.
ATE. Ik ha dy al faker sein dat ik dat net mei dy iens bin. Wolstû sizze dat it yn it minsklik aerd leit nei it goede to stribjen en dat it ljocht ier ef let oerwinne scil, goed. Mar minsken sa astû se sjuchst, dat binne nou yet útsûnderings. Dat kinste mei dyn eigen eagen eltse dei om dy hinne sjen. Ik ha dyn stribjen tige heech, mar it rint ier ef let út op in greate toloarstelling.
HORA. Myn stribjen ken mar ien ein: de oerwinning. Dat scil oer alle leed en delslaggen hinne ljochtsje. Ik wit wol dat ik de heilsteat net sjen scil, dat haw ik ek net nedich. Mar ik wit ek dat ik mei myn dwaen en wird der ien trêd fierder hinne bringe kin. En dat is genôch.
FRÂNSKE. Mar de wei dêrta?
HORA. Eigen wille en leed achtsje as neat. De follens fen yens ljeafde oan de minsken jaen. Yen los meitsje fen alles, bihalven fen it ideael.
FRÂNSKE. Mar hwa kin dat? Kinstû it Ate?
ATE. Noch net hielendal. My frij meitsje fen alles, ja, dat kin ik, dat is it greatste út myn libben. My sels as neat achtsje ... as it moat, den kin ik dat ek. Mar de follens fen yens ljeafde jaen ... oan de wrâld....
HORA. „As it wier, dat ik spriek mei der minsken en der inglentonge en ik hie de ljeafde net, ik wier in klingeljend metael ef lûdbearjende skille wirden.”
ATE. Al wer dy neare, ûndraechlike wirden! Ik ha dy al sein, datstû gedild mei my hawwe moatst. Ik haw altyd yn it skaed, yn ’e iensumens libje moatten; ik leau net yn ’e minsken. Dat komt ... miskien.... Mar den moat ik earst dyn foargean sjen. Astû hjir yn dit doarp mei dyn ljeafde de minsken better en frij makkest, den, den kin ik it miskien ek leare....
FRÂNSKE. O, Ate! dos ek dû, sels dû moast noch leare?
ATE. (bitter). It greatste noch. Dû hearst it.
FRÂNSKE. Lokkich.
HORA. Hwerom neame jy dat lokkich?
FRÂNSKE. Omdat ... wy hawwe altyd kammeraten west ... en as er nou wier sa as jy, den scoe er sa heech boppe my stean, den wier der net folle plak mear for my ... en nou, nou kinne wy kammeraten bliuwe yn it learen....
HORA. Mar ik wit, dat hy ek dit mei my iens wirde scil. O, ik haw it sa field, do’t ik hjir de earste middeis rounkuijere yn dit efterôf doarpke, sa lyts, sa forgetten. Elts gyng syn deistich paedtsje lâns fen eigen soarch en eigen striid, de âlde ienselvige rounte fen berne wirden en libjen en stjerren, en elts wier it oan to sjen dat him hwet ûntbriek, it bitrouwen, de ljeafde, alles. It wachtsjen wier op ien dy’t it iepenbierje scoe, hwet se tochten, hjar langst jaen scoe nei it heechste.... Nea haw ik myn ropping sa sterk field as do. Do haw ik de krêft foun alles, alles to jaen hwet ik haw. Mei wêze dat ik sels dêrfen ûndergean, goed. Mar der scil hjir alteast ien west hawwe, dy’t de bânnen fen it sleurlibben briek, ien dy’t libje doarst sa’t er wier, dy’t de herten iepene en de eagen it sjen joech, dy’t it ideael brocht yn de húskes oan de sânwei en yn de boerewenten!
FRÂNSKE. Mar men seit dat jy it folk ûntofreden meitsje....
HORA. Dat hoopje ik, ja. Om’t ik wol dat de minsken nei hjar bêste krêften libje scille. En om’t it in misdied is tsjin God sels, dat de sielen skea hawwe scille fen wirk op it ierdappellân. Om’t ik wol dat de minsken libje scille neffens hjar ropping op ierde.
ATE. Siz Alrik, ik leau dat ik dy dêr in bytsje by helpe kin.
HORA. Ho sa?
ATE. Dû kinst lytse Ruth wier, Sets Wallinga hjar bernsbern? (Hora knikt. Den, waerm:) Ik woe hjar leare litte. Dat bern scoe mei op it lân; it griisde my oan. Ik haw it Sets forbean. Ik hie master en dy hjir frege om dêr mei jim oer to praten. Den kin ik tominsten ien....
HORA. Ik bin bliid datstû myn frjeon wirden biste. Hwet scil it moai wêze astû myn meistrider wirden bist ... yn alles....
FRÂNSKE. (stil). Ik hoopje dat dat noch in skoftke oanhâldt....
FYFTE OPKOMSTE.
Frânske, Ate Jans, Ds. Hora, Master fen Dyk.
MASTER. (âld griis man, tige libben, fleurich yn it praet). Dei jimme (fûstkje). Domeny ... Ate ... Frânske. Sjonge, sjonge, hwet wier dat in útris, dy gleone moudige wei! Masterske hie der mar kluijen oan. d’ Ald frou wirdt hwet minder op de gong, moatt’ jim tinke. (Faget him om ’e holle).
ATE. Master, master, ho komme jy der ek by! Sa âld en noch sa grien! Amper in pear jonge ljue noch, kinne mankoar gjin ûrke misse!
MASTER. Dêrfor bin wy dochs ek troud, oars net? Ik sei tsjin masterske, bern, sei ’k, it wirdt in swier stik, mar dû moatst der fen ’e middei mei my op út, de sânwei del. Nou, dat joech in heap gebear, mar it einbislút wier dochs, dat se meigyng, fensels. Mar minsken, minsken, hwet in sinne! Wy raenden as bûter, kin ’k jim sizze. Ei nou, moai waer wier ’t dochs. En op dy sânwei ha wy in swak, masterke en ik. Dat komt fen lang lyn, foar’t wy troud wiernen, bigryp jim? Do rounen wy dat wol as de sinne net skynde.
FRÂNSKE. Ik joech in moai stûr, as ik wist hwet dy âld sânwei wit. Ik scil mar ris in pantsje té ynjiette, for de doarst. Hwer is masterske nou keard?
MASTER. By Janne yn it tún. Wist dat ik saken hie to bipraten, mei Ate. Saken wol masterske net fen witte. Hearre gjin frouljue by, seit se. Dêrom haw ik altiten it mier oan saken hawn. Té-skinke is hwet oars, dêr moat in frouminske by. Dêr moat Ate hwet mear om tinke.
HORA. Hearst it Ate? Domeny hat spritsen, nou bigjint master syn leksum.
MASTER. Mar ’t is ek for domeny ornearre. Ja wisse! Op ’e pasterije is it ommers al krekt allyk. Ek al té sûnder in pastoarske! Hwa hat dêr nou ea sa fen heard! Twa sokke jonge bazen, dat dy noch sa leare moatte fen in âld man as ik!
FRÂNSKE. Al wer hwet to learen! En nou domeny sels wrychtich! Utleard rekket in minske dochs ek nea, domeny!
HORA. Master syn leksum bin ik it wol moai iens mei. Mar master wit ek wol, dat sa’n ding nau stekt. Der is op ’t lêst mear as de tépot allinne!
MASTER. Scil ’k net ûntstride. Mar it is oars wol fen it fornaemste mei, woe ’k ha. Masterske hat dêr altiten hjar krêft yn socht. En dat is hjar bêst bikaem.
ATE. Jy meitsje it my to bot, master. Ik woe ha, yens frou moast dochs ek diele yn yens stribjen, yn yens idealen.
MASTER. Wisten wy yn myn tiid net fen. ’k Wol nou just net sizze, dat dat goed wier. As ik domeny sa preekjen hear Sneins, den tink ik wol ris: der is dy dochs hwet ûntgien, heite. Mar ik bin nou to âld om my to foroarjen. En ’t hie syn maklike side wol. Soms tink ik wol ris, domeny, en Ate ek sa’n bytsje, dy binne troud ... mei it ideael. En as ik it nou sizze mei, den leau ’k net, dat dat in maklike breid is. Masterske koe ’k mear mei wirde.
HORA. Jy sizze dêr in wiis wird, master.
MASTER. Stiet my oan. Oars tinke jim: Master kin ek oars neat as grapjeije. En hy sjucht it dochs wol ... ja ... ja ... hy sjucht it wol.... Mar hy is nou to âld. En masterske ... dy scoe it faeks ek net bigripe .... (Pear tellen stiltme). Mar as ik freegje mei, Ate, hwet boadskip....
ATE. Hwet tinkt jo fen lytse Ruth Wallinga? Kin goed leare, wier? En ek wol nocht deroan?
MASTER. Nea noch sa sjoen. Ik wier der op it lêst suver mei oan. Hja koe my yn ’t roun, kin ’k jim sizze. Wist hast like folle. En frege tsjienris safolle as ik wist. De bern krigen der erch yn. Dy libbene kikers seagen yen amper troch.
ATE. Ik hearde grútsjen dat hja leare scoe, for ûnderwizeres. Ho liket jo dat ta?
MASTER. Scil net folle fen komme kinne. ’t Sit der by Sets net oan, nou mei Japik syn sukkeljen, moatt’ jim tinke. Mar spitich is it. Ik hie hope, hja scoe noch ris by ús yn ’e skoalle stean. En nou mei op ’e bou! Wrâlds birin fensels. Mar like goed spitich.
ATE. Dat learen fen hjar moat trochgean. Ho en hwet kin minder skele, jy bigripe it wol, mar ik wol der gjin praet fen hawwe—it scoe Sets yn hjar eare komme. Wolle jy der for soargje dat se der hwet for klearmakke wirdt en den nei stêd kin?
MASTER. To diger! Dêr hear ik nij fen op. Dat docht myn âld hert goed, dat kin ’k jo wol sizze. Wis en wrychtich scil ik dêr for soargje. Us lytse Ruth dochs noch oan ’t learen, fen ’e bou ôf ... soks hearde men earder nea fen.... Nou mar ik bin der de kening to ryk mei. Dat is sok goed nijs, dat moat ik masterske ris fordútse. (oerein).
FRÂNSKE. Dos dat bigrypt se wol, master?
MASTER. Dieden bigrypt masterske skoan. Mar idealen....
HORA. As it master goed is, gean ik effen mei. Wy binne daelk werom, Ate.
FRÂNSKE. Tink derom master, de té stiet brún ... en der is nou in frouminske by! (Hora en master ôf).
ATE. Hwet tinkt dy nou, Frâns, fen dat relaes oer masterske?
FRÂNSKE. Earmoedich. It is op it lêst in minske-libben
ATE. Dos dû kinst yn soks ek gjin heil mear sjên?
FRÂNSKE. Sa fier bin ik nou wol. De ljue ha hjar der bêst by bifoun, mar ik sjuch wol dat dat net goed is. Hwet is dit in rike middei for my wirden ... hwet bin ik bliid dat ik komd bin.
ATE. Sjuch, dat is nou hwet Alrik miende do’t er sei dat der hjir hwet oan de ljue ûntbriek. Hjar libben is net hillige, it greatste is hjar foarby gean. Sellich en smûk hawwe hja nêst mankoar libbe, o, sa dimmen en stil en oan ’e ein binne hja like fier as oan it bigjin. Ik bin binijd ef hy, sels hy, soks foroarje kin.... (Klopjen). Ja, kom yn!
SECHSTE OPKOMSTE.
Frânske, Ate Jans, Ruth.
RUTH. Dei boer, dei jiffer. Janne sei, ik moast mar nei jo tagean, boer. Beppe hie sein, jy hiene boadskip.
ATE. Dat is ek sa Ruth. Hat beppe sein, datst net mear mei hoechste op ’e bou?
RUTH. Né, boer. En dat kin ek net, om’t ik kin beppe net allinne litte. En ek om oare dingen kin dat net.
ATE. Mar Ruth hie dochs graech leare wollen, wier?
RUTH. Dat moat oergean, boer. Heit (effen haperjend, den wer hjarsels) Heit hat my frege for beppe to soargjen do’t er sels net mear koe.
ATE. For beppe scil soarge wirde. En beppe en wy hawwe in wei foun dat Ruth hjar learen wol trochgean kin.
RUTH. (forheard). Boer....
FRÂNSKE. Dat is in moaije tatiding, wier Ruth?
RUTH. Ja jiffer. Mar ik moat der effen oer neitinke.... Om’t ik hie sokke moaije dreamen, oer as ik letter sels jiffer wêze scoe en de bern leare.... En do fen ’e moarn op dy bou, do wier dat sa fier fen my ôf.... Mar nou komt it wer tichter.... Ik bin der o sa bliid ta, boer, al bigryp ik net....
ATE. Dat hoecht ek net fanke. As beppe en ik sizze dat it kin, den bitrouste ús wol, wier?
RUTH. Ik bitrou alle minsken wol, boer. Mar ik bigryp de dingen ljeafst sels. (Foar Ate syn boekekast). Hwet hat de boer der in heap moaije boeken. Mei ik dêr wol ien út krije? Myn hannen binne nou wer skjin.
ATE. Gean dyn gong, Ruth.
FRÂNSKE. Nou bin ik binijd.... Tocht ik it net! Ja, dêr steane moaije printen yn, tige moai. Fen kenings en ridders en al soks.
RUTH. Dêrom naem ik it net, jiffer. Mar der stiet yn fen skiednis. En ik hâld sa fen skiednis. (Giet mei it boek op in stove sitten). Hwent den sjucht men ho’t alles foroare is, by earder, en better wirden. En den wit men dat alles ek noch folle better wirde scil. Dit doarp hat ek skiednis, boer.
ATE. Ho mient Ruth?
RUTH. Sûnt domeny komd is. Alles is sa oars. De arbeiders fjuchtsje en flokke safolle net mear. En der komme nije hûzen, fen stien. En Sneins yn ’e tsjerke is it alhiel oars.
FRÂNSKE. Lytse wize Ruth! (Tsjin Ate). Hwa’t hjar Boäz ris wirde scil?
RUTH. Boäz ... hwet mient de jiffer? Boäz, dat wier ... Naomi, Orpa ... o. Boäz, dat ... dat wier de man fen Ruth.... Né jiffer, Ruth kriget gjin Boäz, ik wol net trouwe.
FRÂNSKE. Mar fanke, hwet is dat nou for praet!
RUTH. Ik krij ommers safolle oars to dwaen. Safolle wirk for de bern as ik jiffer bin. Dêr wol ik for libje. Dat is sa moai.
FRÂNSKE. En den altyd allinne yn ’e hûs? As de skoalle út is? Hwet scoe se it den iensum ha!
RUTH. Ik scil it nea iensum ha. Dat wit ik noch fen heit syn sikens. Den wier ik sims wirch, o sa wirch en beppe mocht it net witte. Mar as ik jouns nei it doarp to moast om in boadskip, den wier dêr in stjerre, in hiel greaten en moaijen-ien en dy skynde sa frjeonlik en bliid.... En den wist ik dat ik net allinne wier.
ATE. (by it finster, foar him út). Wûnderlik, wûnderlik ... soks hearde ik yn gjin tiden....
FRÂNSKE. (sjucht fen de ien op ’e oar, den skrillet hja effen, as sjucht hja eat yn ’e takomst). Miskien....
Gerdyn.