← Table of contents
Kening Aldgillis

TREDDE UTKOMSTE.

Reading edition

1. Thied, Radbod.

THIED. ’t Ljocht sljurket as in stream de greiden oer, En driuwt de skaden strieljend foar him út. ’t Is simmer-heechtiid dy’t de loften tsjoent Yn glânzen fen klear blau, de wâld’ne grien Fen stil geniet ienlûdich núndrjen docht, En ’t húvrich gean fen mar en greater sé Mei fûnke-rein fen strieljend goud oerstout— Al giet de tiid, al is it hier nou griis Dat ienris dert’ne yn jonkheitsdream en nocht, ’t Is treast, det hwet ek stoar, ús godlik lân Sa kein en ljocht en jong-yn’t-wêzen bliuwt.

RADBOD. Sa jong as hja hwaens berte-feest dit is, Mar ek Ydwine yn fal en sikens lyk.

THIED. Ydwine fallen, siik? Hast soarch oer hjar?

RADBOD. It jowt my neat, ef ik ’t mysels ûntstriid. Dat wird fen hjar, by Ebroïm syn komst, Hjar swijsumheit by ús biwende bea, Hjar oanhâld by dy preester en syn feint, En mear, safolle mear... Ik fiel it djip, Hiel djip en klear, as hja sims by my is, Hja is in oar as hwa’t myn sister wier, Mei Bernlef lake en eltse deitiid song: De dwylsin taest hjar oan, hja giet forlern. Sei beppe...

THIED. Radbod?

RADBOD. As ek dat sa kaem... Hja wier my nei, eartiids, ik hie hjar ljeaf... Mar as hja ’t krús nou keas, wier hja, sels hja Yn iivgens den forlern?

THIED. Hja wier it, soan.

RADBOD. ’t Is swier, sa swier, dy kroane fen ús striid. Né, twiivlje net: ik joech myn great ûnthjit, Ik bliuw yn iivgens trou. En sims ek, jouns, As stoarmwyn geijend troch de loften strûst, En ’t wolkenklaed yn wylde flarden skoert En ’t West yet read is fen in streek fen bloed, Den riist der hate yn my, in floed sa sterk, ’k Bin strider, twinger, moardner as it moast— En oars, oars neat. Den bin ’k gjin minske mear, Mar sels in wolken, stoarmjend mei de wyn, Oer mieden, griis en slûch, oer rûzich wâld En boppe ’t boldrjen fen de ûnlijige sé... Den bin ik sterk, en ’k ha geniet, en ’k wit. Mar nou as ’t ljocht, in strieljend wûnder lyk Sa stil oer d’ ierde siicht, as ’k blommen sjuch En fûgels sjongen hear, sa jong, sa nij— Den tink ik wol: hwet wirdt prins Radbod âld, It bloeit, oeral, mar nearne is blomt for him, ’t Is ljocht, rounom, mar yn syn eagen net. Dat is sa swier, sa bang...

THIED. Dat is de striid Dy’t my myn libben weagen die as lead, Mar dy’t ik ek for ’t ljocht net roalje woe.

RADBOD. Ik wol it ek. Ik bring ’t ek wol sa fier. Twa, trije jierren yet, en ’k siz ’t jo nei. Faeks moast ik jo net pleagje mei myn leed, It tôgje yn iensumheit. Mar ’t rommet sa En ’k wit ho’t jy myn herte aloan forstean...

THIED. Unthâld dat, Radbod. Siz my al dyn noed. Hjar dy’t safolle al fytrje moast, is ’t hiem.

RADBOD. Myn langstme barnt my sims as longrich fjûr. It fret myn krêft en sterke striidsin wei. Ik kin ’t gjin master wirde. ’t Gûlt yn my As ’k gean moat as in biddler earm en kâld, As ’k neat fyn dat my ljeaf hat, neat dat gol My treastget mei in myld en frjeonlik wird, As ’k hymje moat det ljeafde’s goad’ne-ginst My nea wer nimt yn ’t noegjen fen hjar nocht— ’k Bin iensum, keal en neaken as in rots Yn ’t wylde bearen fen de skûmm’ge sé, Mar djip dêryn, dêr siedt in hert fen fjûr... Dat makket det ’k mysels net stjûre kin. Myn krêft brûz’t as in berchstream yn my op, Hja fynt gjin wei, ik mei mysels net jaen, En brekt it ienris los, den bringt it dea En eangst en tsjuster dêr’t syn woede oer strûst...

THIED. ’t Is goed, as ’t mar it krús yn splinters slacht.

RADBOD. Wé den Ydwine, as dy dêrnjunken stie! Sims haw ik hate yn hjar. Hjar sels-bitwang As wist hja hwet in oar yet riedling bleau, Hjar sels-rêst is my frjemd, en driuwt my op Yn ’t witten fen myn wiffe twivlichheit. It siedt yn my as ik hjar kâldens fiel, Sa’t s’ oaren, frjeonen, lijen docht as my, En glimkjend yn hjar wûndre freedsumheit Hjar libben leegren, biddlers, slaven wijt, Wylst wy to klomrjen stean yn langst en leed...

THIED. Hwet woestû sizze, Radbod?

RADBOD. Beppe, dit: Ydwine ljeavet ien. En Bernlef net.

THIED. By Walhal! hwa?

RADBOD. Wirdt net to kjel: in feint Dy’t as in biddller doarmet troch ús lân En kralen telt en knibblet for it krús: De dweper dy’t dy gûchler selskip hâldt.

THIED. Forflokt! O goaden, goaden...

RADBOD. ’k Eange it wol. Ik seach it lang ûntstean. Hja wier as iis As Bernlef kaem en glimke by syn gean, Mar ljeafde ljochte yn ’t each as syn trêd klonk. Ik haw in hate yn him. Der is hwet frjemds Yn al syn dwaen, hwet triljends yn syn lûd, In heimnis, frjemd as tsjoenderij, en dochs...

(lústerjend:)

’t Is wierheit, skrikbre wierheit, ’t is gjin waen... Hwet keart him tsjin? Ydwine hat him ljeaf, En heit dy’t berte en stân as weardleas telt, Lit as Ydwine it as hjar lok biswart, Myn sister faeks dy greatste skande frij...

THIED. Nea! Odin’s wizens hat dy skrikbrens keart!

RADBOD. Hwet, keard? hwertroch?

THIED. Dyn heit is boun, dêryn.

RADBOD. By Thor, fen hwet?

THIED. Boun troch in great ûnthjit. Hy mei syn dochter inkeld Bernlef jaen.

RADBOD. Hwet! is dat wier?

THIED. Lang lyn, yn oarlochstiid...

BOADE. Foarstinne, as ’t jins herte haegje mei, Frey’s preester bidet for de moarntiidsgroet.

THIED. ’t Is goed. Ik haw him nedich. Lit him yn. Fen him scilst hearre hwet hy mei my wit: Aldgillis syn ûnthjitting. ’t Is my bliid Det ik dy hjiryn dochs bimoedgje kin.

2. Thied, Radbod, Preester.

PREESTER. God Frey, dy’t seinjend troch de loften rydt, De goud’ne, laitsjend yn syn striele-wein, Mei ek dizz’ dei jo bystean mei syn glâns!

THIED. Haw tank. Ik hie in lyts forsiik oan dy.

PREESTER. Hwet ús foarstinne nolk is...

THIED. Siz den him Hokfor ûnthjit dyn hear de kening bynt By ’t boaskjen fen Ydwine.

PREESTER. Mei ’k dat dwaen?

THIED. Ik hjit it dy.

PREESTER. Den foegje ik my dêrnei. Fornim den prins, in skiednis fen dy tiid Dostû, de earnst fen steat en striid yet fier, Mei Bernlef boarteste yn it kenings-hôf. ’t Wier oarlochstiid. De Frank foel yn it lân, Dryst troch Aldgillis iep’ne frede-sin. De kening droech de kroane yet net lang, En Fryslân wier yn twastriid tiisd, en seach Net mear ’t mienskiplik heil. Aldgillis socht Ienriedichheit to foarmjen—’t wier omdôch. Do, op in simmerjoun fol mylde rêst Det alles libbe yn stiller, heger ljocht, Rôp er de haden yn d’ ûnsill’ge striid Fen Fries tsjin Fries, to kommen foar syn troan’ Dy’t yn it wâld stie, ûnder d’ eale iik, Dêr fen syn stamfaer plante, nei’t men seit, De Middelsé deun by, hwaens rûzich lyd Dêr minglet mei de rûzing troch it wâld. Hja kamen, elts mei folk, en tsjierden slim— De kening wier forslein. En mids dy striid Kaem út it wâld in skalt fen Foste dêr Mei harpe en sjongerskroane, en frege frij Det hy it heil fen Fryslân dêr bisong. Hy song, de Friezen harken. En syn lûd Wier mear as minskne-stim, in goade-spraek. Syn macht’ge sang wâlle oer de swijs’me rie As ûnwearsteanbre wytging, djip en swier As sé-gedroan, den júbljend as in geal, In great forskaet fen wûndre himel-klank Det alles swei, it beamte, it wyld, it folk. Wy sieten del, ús ein bistean ûnttein, Walhalla’ goaden lyk. Hy wekke it djipst Unwitten fielen yn ús stridich moed, Hy hearske ús oer mei ’t wûnder fen syn liet. Dat wier in sang! Hy song de Friez’ne heil, It folk, oan Odin ljeaf, oan Frigga nei, Sterk, ivich en ienriedich yn himsels, Fen broerre-ljeafde en frjeone-plicht en trou, Fen hwet hjar eagen glânzgjen docht, sa stil As jounljocht streekjend oer de freeds’me mar, It trúnjen fen hjar hert, hjar wylde haet Sa faek in frjemd hjar hillich lân bisprong— En ’t folk siet stil en wier himsels net mear. Aldgillis skriemde. En do’t de sjonger swei Do wier de striid forslein en ’t folk wier ien; Djip seagen hja mankoar yn ’t glânzgjend each, Wer broerren, frjeonen, wreevlich oer hjar wrok. En hwa’t hjar oanpoend hiene yn woede en niid, Dy stoepen nei Aldgillis ta, en d’ ied Fen frede en soen klonk nei de loften op... Foarstinne Thied hat gûld, dy greate dei.

THIED. Hwêr is it bleaun ... hwet wier dit folk do sterk! It wâlle yn wyldens tsjin de Franken gear... Ha, dat wier striid!... En nou... Gean fierder frjeon.

RADBOD. (stil) Nou sjuch ik ho’t ús folk wer stride moat.

PREESTER. De kening hie de skalt sûnt dy dei ljeaf, Yet mear as wiif en bern. ’t Wier Bernlef’s heit. Hy laette mei syn wizens, dy troch sang, En nea wiek d’ ien fen d’ oar syn side wei, En amper wier ’t ef ’t lân twa kenings hie. De striid kaem oan. It Frankysk heir wier sterk, Syn útris goed, mar ’t hie de goaden tsjin Dy’t mei Aldgillis fochten. Dagen lang Woede yn it Súd in wylde, grous’me slach, En twiivlich bleau de útkomst, ho’t men stried. De saunde nacht, do kaem God Foste sels Nei ’t bêd dêr’t Bernlef’s heit to slomjen laei En wiisde yn dream de Frank’ne swakste sté. Aldgillis riisde en samle in lytse kloft Fen kriigle striders út, mei Bernlef’s heit; Stil sloepen hja nei ’t leger fen de Frank En stoarmen ’t yn. In koarte grous’me striid Joech útkomst: Fryslân woun, de Frank wier slein, Mar Bernlef’s heit forstoar, dyselde nacht.

THIED. Hwent Odin rôp him nei syn goud’ne went, As ’t swietste lean. Hy hat gjin delgong sjoen, Hy stoar yn al syn greatme... Wy bin bleaun, En seagen mear.

RADBOD. Mar do, yet foar’t er stoar...

PREESTER. Do stoep de kening nei syn stjerbêd ta, Forslein, en socht om treast, en foun se net. Hy spriek fen trou, en wersjen, ier ef let, Yn Walhal’s nolke went, en lei syn hân Op ’t barnend foarhaed fen syn skald en frjeon; En hy dy’t stoar, dy hearde it glimkjend oan En sei mear treastwird as de kening koe, Mar einlings praette er oer syn biidzjend wiif En oer de boi dy’t nou syn heit forlear En droech hjar heil de kening op ta’n soarch. Dy ûre wier ’t, det Fryslân’s hear him sei: „Myn wiif joech my in famke, in bernke yet, Dat simmer-bloei en skientme ûnthjit, hwaens each As Freya’ laits oer Fryslân glânzgje scil— It djûrste, op ierd my fen de goaden jown. Hjar scil ik, ta in blyk fen ljeafde en trou En det myn tankbrens dy yn iivgens bliuwt, As dyn soan skielk ta riper âlder komt En siket om in breid, him jaen ta wiif, Det, hwet yn ús stoar, wer yn hjar forriist En dyn bloed ien wirdt mei myn egen bloed.” Do stoar de sjonger, freedsum, mei in glim.

RADBOD. De goaden wieren wiis, mear as myn heit— Hja ha syn trou mistroud en him forboun. Bring hjar myn tank en ôffrje hjar hwet greats, Ta fromme wytging fen ús ljeafde en trou.

(preester giet).

It giet Ydwine yn ’t hert, en ’t is my bliid: Sa scil hja sjen by hwa’t de wierheit rêst, Dy’t hja yn heechmoed’s waen hjar eindom tocht, Sà det hja Walhal húnde en ús forsteat. Earm twiivlich bern! nou wirdt dyn leed ús nocht, En goad’ne krêft weacht deadlik op dy del, Ring folget op dyn langst hjar strange straf— ’t Is goed! Sa sjuchst it bêste hwa’t regeart, En wirdt dy fen it krús de ûnkrêft leard.

3. Radbod, Thied, Ydwine.

YDWINE. Heil for ús beppe en Radbod!

THIED. Dochter heil! De goaden bin dy ginstich: wol lit Frey Dyn berte-dei hjar sinne en ljeafde sjen, Sa’t nou de loft fen djippe myldens striel’t. Ydwine, wêz dat weardich: Walhal hat Foldied’ge ginst for hwa’t syn wil folbringt, En gyslet swier hwa’t yn syn trêft mistrout. Haw sa’n bistean det, glimkjend fen syn sit De heechste God dyn dimm’ne wegen sjucht, En dy syn seine, in kroane fen klear ljocht, Oer ’t glânzgjen strielet fen dyn gouden hier!

YDWINE. Ik tankje Beppe. Al is myn krêft mar lyts, ’k Scil siikje sa to libjen, det it lok Fen heger lieding jown, my tankber fynt En stribjend nei ’t folfieren fen myn plicht.

THIED. Allyk de goaden ’t freegje.

YDWINE. Allyk myn hert My sels de wei seit troch dit ierdsk bistean.

THIED. Haw gjin bitrou dêryn. Us minsklik hert Is swak en lyts en wit syn plichten net As ’t net fen Odin’s ginst forljochte wirdt.

YDWINE. As net it heechst biwâld dat laet en stjûrt. Wier, ik forstean ’t, dat wird mishaget jo, Mar beppe, tink det ik, hwaens jonkheit mids It fûle toarkjen fen ús tiden riist, En siikje moat nei wierheit, scil ’k bistean, Oars tinke moat en mei yn mennich ding As eartiids d’ âffaers diene; dat ek ik In rjucht op egen leauwe en miening haw, Sa goed as elts, hwaens siele hjir bistiet.

THIED. Ien wierheit ljochtet mar oer loft en ierd, En ’t oare is dead en ljeagen. Wé dat each Dat twiljocht sjucht, for goud’ne deiglâns blyn, Fen sikens dof! Wé ’t moed dat twivel mient Dêr’t treast fen witnis is en wierheits-piid En dat yn ûnkrêft stjert! En wé dat hert Dat d’ iene wierheit ljeafde en tsjinst ûntkeart, En dat de hel ta nocht en bút forfalt!

YDWINE. Sa tinke jy. Myn leauwen leart my oars; Ik sjuch de minske yn striid en twivel gean Syn moeisum wrâldpaed lâns nei d’ ivichheit. Nea wint er wierheit, ljeafde, treast noch ljocht Dêr’t er net earst for striidt. Mar jimmer bliuwt Him hope strieljen as in blanke stjer, Geneed’ge kâns op ivich-dûrjend heil, Oant op in dei de siel hjar bynsels brekt; Forheard stiet yn hjar egen glâns, en wit, En wjukken spriedend, blinkend wyt as snie Al heger riizget nei Gods ivichheit.

RADBOD. It sankje fen dy swiete dwepers-tong, Dy’t jouns yn iensum hôf ef smûke lean Prinsesse Ydwine it Kristlik heil fortelt!

YDWINE. Hwet mienst dêr mei?

RADBOD. Hâld dy hwet minder dom. Dat stiet dy min. Tochst det dyn broer neat seach? Ha! readestû? Krijst fen dyn skande in aen? In keningsbern, dat mei in skoaijer rint En âldereare en stân en plicht forjit For ’t wiffe trúnjen fen hjar sûndich hert? Kom ta dysels! Bûg skamjend ta dyn dwaen Detst skielk net readzje moast for ’t hiele folk, Ast nou yn d’ egen stins for sibben moast!

YDWINE. Gâns mear jowstû fen krêft en adel blyk Dy’t wirden seist, sa sljucht en lef en min, Det elts yn ’t folk him skamje scoe for soks!

THIED. Kom bern, gjin wird noch skeel, dizz’ ljochte moarn. Kom ris by my, Ydwine. Sjuch dû witst, Dû hast ús ljeaf west fen dyn earste tiid En wy bin great op dy. Dû bringst it ljocht En mylde glâns oer ús tsjinstridich hof Dat Earnst wol teikne hat mei dúdlik mark. Dû wierst ús frede en brochst ús neimankoar As sims in skeel ús skaette en wjersin brocht Yn hwet ús ’t neiste wier—dû bist yet jong, En moai en kein, in faem fen Frigga lyk. Sims as yn skimerjoun, by moanneljocht, In sjonger ús fen himelske elfen song, Ef swannefamkes, en dyn mymrjend each Seach yn in glâns fen ljocht de jountiid yn, Den wisten wy, ús wier hwet kostbers jown Ta wytging fen in swider, ljochter oard, Dêr’t hate yn wykt for ljeafde, en striid for rêst,— En dêrom bist ús nei en leist ús heech. Dêr leit dyn plicht, Ydwine: lit de striid Dy ’t herte sear docht en de siele slacht, Oan oaren oer, dy’t yn syn hearskip stean, Mar sels, bliuw dû dêr bûten; wêz in byld Fen hwet mids ’t wiksljen fen de tiden bliuwt, En kies gjin kant yn dy ûnsill’ge striid, Det, hwa’t it herte mêd is, d’ eagen dof, Wer treast fynt yn dyn mylde freedsumheit, Detst oaren bist ta treast, ta nocht en lok.

YDWINE. Mocht ik dat wêze, beppe!

THIED. ’t Is dy jown. In ljocht giet oer dyn iere moarntiid op, As inkeld goad’ne ljeaflings talein wirdt. Dy biedt in skalt hwaens hert de heimnis wit Fen hill’ger oarde en dy’t yn ’t each de glâns Fen witnis hat dy’t ús forhoalen bleau, Syn ljeafde en rom detst njunken him dyn plicht Folfiere scilst yn stille steatlikheit En njunken him giest mei it godlikst lok. Dêr leit dyn doel, Ydwine, dêr dyn heil; Nim dat, en meitsje ús oaren ryk dêrmei.

YDWINE. Ik kin net, Beppe. It herte wol him net.

THIED. It moat, Ydwine.

YDWINE. Twinge kin my neat As ’t egen hert mysels dy wei net troait.

THIED. Woestû dyn heit; de kening, earleas sjen?

YDWINE. Myn lok is heit syn hillichste eare en rom.

THIED. Der is hwet oars, myn bern. Dyn heit is boun. Do’t Bernlef’s heit, syn frjeon, op ’t stjerbêd laei Unthiet er him mei hill’ge frjeone-trou, Hy scoe syn famke, as dat folwoechsen wier, As breid jaen oan syn eale frjeon syn soan, Det d’ ieuwen troch hjar hill’ge byntnis bleau.

YDWINE. By God, foarstinne, is ’t wier?...

THIED. By Walhal wier.

YDWINE. O God, myn Hear...

RADBOD. Rop dochs de goaden oan! Dû sjuchst ho krêfteleas it krús dy lit En Walhal dy mei kleare wizens stjûrt!

YDWINE. Mei wizens? mei de flok fen dom gewelt! Haw ik gjin hert? gjin rjucht op ’t iene lok Dat alle minsken heart? Moat ik mysels, Myn liif en siel jaen for forâldre twang, Forkoft as in stik fé, dat sels gjin wil Noch ljeafde hat, en giet fen hear ta hear? Jim haetsje it krús, hwent it bifrijt. Mar wy, Mei goad’ne ljocht yn ús fortsjustre siel’, Wy priizgje it as it wiif forkwânsle wirdt. Heit hat gjin skild, ’k scil dwaen nei syn ûnthjit. Syn eare scil fen my gjin ôfbrek ha,— Myn libben jow ’k dêrfor. Mar skande oer ’t rjucht Dat sa it tsjuster oan syn tsjinst forbynt, En ’t libben kniest yn ’t tearste dat it hat, Det ljeafde as ierdske jeften nimt en jowt En mear op egen as op God’s wil bout!

BERNLEF. (op) Ydwine, is ’t gind...

YDWINE. Gean, lit my hjir mei him.

RADBOD. Hwet? scoest ús stjûre? hjit oer ús dyn stim?

YDWINE. Ik freegje it as in rjucht, lyk as men hjar Dy’t stjerre jowt. Ik moat, ik ha gjin kar.

(Thied en Radbod gean).

4. Ydwine, Bernlef.

YDWINE. Bernlef, ik bin dyn breid.

BERNLEF. Ydwine!

YDWINE. Byn hwet yn. Men stjûrt my nei dy ta, men jowt my wei En d’ egen ljeafde telt as weardleas túch. Woloan, ’t is goed. Ik bûg my for dy twang. Mar dû, ûnthâld dit, Bernlef: earder scil ’k In barnend izer bûge mei myn hân Ef as de tonger ride yn lôgjend fjûr, Ear’t ik myn ljeafde twing de wei to gean Dêr’t minsken my lâns fytrje nei de dea.

BERNLEF. Dû praetst sa frjemd, Ydwine. Ho kin twang Dy bine bûten ljeafde?

YDWINE. Harkje frjeon. Do’t ús bistean gjin heger heimnis hie As hwet ús boartsjen learde en berne-nocht, En achte det de wrâld for neat bistie As flitsebôge en bal, do boun men ús For hiel ús libbensdeitiid oan mankoar As man en wiif. Godtank det minske-macht Net fierder rikt as d’ ûre fen de dea... In mannich jierren yet, en ’t is foarby.

BERNLEF. Hwet dochst my sear... Hast den sa’n hate yn my?

YDWINE. O wier ’t mar sa! Den wier ik frij, by nou. Ik scoe dy boaskje as froast de maitiid docht, Mei iizge loft toskromfljend al hwet bloeit, It grien gearkrimpend yn in silvren kjeld Dy’t priket oan it hert... En djip, hiel djip Yn ’t egen hert, dêr hâldde ik ’t hillich fjûr Fen d’ egen lang-forhoalen ljeafde yn flam, Oant det de dea my frijmakke út dyn went En ’k him yn better lân my biidzjen wist... Dû wierst myn frjeon, dat docht my ’t measte leed. Tink Bernlef, hwet ús skielk to wachtsjen stiet As ’t boask my oan dyn side bynt, en ’t hert Him great ûntjowt en langet nei in oar, As ’k dyn bywêz’gens fiele scil as flok, Dyn eagen fol sjuch fen in great forwyt, As wy togearre binne, joun op joun, Elts yn syn hert de honger fen syn langst, Elts wittend det wy longrje moatte, oan d’ ein... Den scilstû sjen ho’t tsjin de tsjustre joun Ut eltse herne fen ús swijs’me seal De haet nei ús hjar meag’re earmen stekt En, ienris frjeonen, scil wy den mankoar It libben swier meitsje as in dildleas leed, En ’t hert scil stúnje yn doffe wrok en langst, Forflokkend hwet ús bynt en krimpende yn De kjettings dy’t ús ljeafde finzen hâldt...

BERNLEF. Mar ast dy deljoechst en dû founst mear rêst, En mei de tiid forroun de fûlste smert... Ik freegje it dalik net ... ik wachtsje wol...

YDWINE. ’k Haw ljeaf, myn frjeon. Bigrypstû hwet dat seit? Ik bin mysels net mear. Myn siele rikt Yn triljend langst de fierste fjilden oer, En lyk in stjer barnt s’ yn de tsjustre nacht Fen dit earm ierdsk bistean. Myn langjend hert Giet ien wei nei de libbens-stream fen loft Fen ierde en sé, en wit wer hwet ik socht, En d’ ierde is nij, neat is der fen hwet wier. Gjin oanstriid for hwet ierdsk is, mar in langst Nei ’t himelljocht, nei ’t rûzjen fen de sé, Nei d’ Ivichheit hjarsels, dy hill’ge krêft, Dy’t alles stjûrt nei ’t triljen fen hjar siel’ En dy’t my as in sinne yn him forskynt, Sa is myn langst, myn leauwen, ’t is myn God, Myn libben sels. Dat is it hwet my brekt. Ik kin net bûten him. Myn earm forstân Untdriuwt my as in stjer sinkt yn de stoarm. O, ’k ha ’t forsmoard in lange, skrik’bre tiid, Ik woe my twinge yn strange ynbannichheit, Ik swei en ’k bide, en ’k ha yn iens’mens skriemd, Mar hope bleau en patte en treast’ge my, En nou—ik kin net mear, ik wrakslje omdôch. ’t Is wijing ta de dea dêr’t men de saed Fen ’t libben for my slút. Woloan, ’t is goed. Forjit hwet ik dy sei. Myn fielen scil ’k Tonei forhoalen hâlde yn swijsumheit, Lyk as ’t in keningsbern it foechsumst is. ’k Scil stil wêze en my deljaen yn myn leed, En biidzje oant ik gean mei, by dy wei, Mar God, o God, gin my dochs gau to gean, Ik kin net libje as my myn ljocht ûntdriuwt...

BERNLEF. Stil nou, Ydwine, stil. Bitrou dyn frjeon. Ik scil dy helpe. Ik jow net om mysels. To, skriem net sa. Ik wol dy net ta wiif, As net dyn hert dy noeget njunken my.

YDWINE. Dos dochs... Ik koe dy dochs, ik leaude yn dy. Dû bist net ien dy’t om dyn egen langst My stadichoan formoardzje scoest yn ’t skaed, Wylst alles ropt en longret nei it ljocht— Mar dû bist boun, allyk iksels. En ast My weegre scoest, kaem oer dyn holle in flok Detstû dyn heite wil misdiest, en ’t bern Fen Fryslân’s heechste haed dyn ljeafde ûntseist...

BERNLEF. ’t Is dyn lok det men driget. Scoe men my Om’t ik yn ús bistean gjin ljeagen wol Noch leed, for dy, weibalje for myn dwaen, Ik bin it treast. Dû scilst it heechste ha. Tink net om my det ik in krúspaed gean: Myn sang scil ’t fûlste leed wol widzje yn slom, En dyn ljocht scil my wêze in lok en treast Dy’t egen leed wol deadet yn myn hert. Great is net ien, as hwa’t him sels forjit, En egen ljeafde as wijd ta’n offer wit.

BOADE. De Kristen-pylger bidet oan de doar.

YDWINE. Bernlef, wolstû? Ik kin nou net. Gjin oar Hat sa as dû syn frjeonskip...

BERNLEF. Lit him yn: Faeks det ik yn syn wytging útkomst fyn.

YDWINE. Mar siz him net det ik ... hy wit fen neat...

BERNLEF. For twivel is syn wittend hert to great.

5. Ydwine, Bernlef, de Pylger.

PYLGER. Haw heil en frede.—In tsjinstfeint wytge my, Men bide hjir de kening en syn rie, For amptlik andert op de winsk fen hwa’t Him hear en master fen de Franken neamt.

YDWINE. Sa is it Hear. De kening komt hjir tel. Myn plicht ropt my nei him, det fen ús hûs Net ien by ’t wolkomst fen de rie ûntbrekt.

PYLGER. Untkeare jy jins selskip ús sa ring? De dei is earm det ús jins ljocht net skynt.

YDWINE. In foarstlik hert, hear, hat net jimmer rjucht To toevjen dêr’t it winske. Frjeonen heil.

(giet.)

PYLGER. Sei skalt, ho is hjar wird fen ljocht sa earm? Myn hert hie langst hjar bliid to sjen, dizz’ dei, Dy’t sa’t foarstinne Jûle sei, hjar ’t feest Fen d’ oantins fen hjar berte bringt.

BERNLEF. En mear: In greater lok waerd hjar krekt hjoed biskern, As ’t minsklik hert mar ienris libjend met.

PYLGER. De himel tank for eltse ginst, dy’t hy Hjar dimmenheit biwiist! Hja is sa kein, Sa myld as ’t silvren ljocht, in simmernacht Dat oer de streamen fen myn heitlân leit, Wylst wâld en mar yn stille rûzing dreamt... De Himel hat hjar ljeaf. Hjar each scil sjen, Hjar hert de greate wûnders klear forstean; Ik sjuch in kroane op hjar oerglânz’ge hier Fen lottre goud, dy’t ljochtet dêr’t hja giet, Genede’s glâns dy’t strielje scil út hjar, In kleare wytging fen Gods ljeafde en soarch, Dy’t minskebern, oars machtleas as in djier Dat blyn yn ’t yngewant fen d’ ierde krûpt Heech hill’get yn in steat fen godlikheit— Ik hear ho’t elts, hjar sjende, lústrje scil: „Men sei, Gods ingels noedzje ús wei net mear, Mar dit lân is sels nou de Hear wol ljeaf, Det Hy sa’n hill’ge gean docht nei ús hert”. Miskien detstû dit alles haetsje moatst...

BERNLEF. Ik haetsje neat dat hillich is en goed, Al is hja my Idoena’s skyntme lyk Dystû nei tsjuster fen de hel forstjitst.

PYLGER. Dat miende ik net. Mar dy is bleat in dream, In ljocht, sêft widzjend oer de moarntiidsloft, Dat ring yn ’t skaed fen greater deitiid raent— Mar siz, as ’t gind is det in frjemde it wit, Hok great lok waerd hjar den dizz’ dei biskern, Dat, by myn komst, hjar dochs sa ljochtleas liet?

BERNLEF. Prinsesse Ydwine wier yn twivel tiisd Oer hwet hja yet dizz’ moarn net ealgje koe: De kening hie hjar hân as breid forsein.

PYLGER. Unsill’ge! Hjar forsein? By God, oan hwa?

BERNLEF. Oan him dy’t foar dy stiet.

PYLGER. God, stean my by...

BERNLEF. Hwet nou? dû dielst net yn myn lok? dû dy’t Myn frjeonskip fregeste en hjar bliid sjen woest? Ho neamstû by sa’n tynge sa’n tsjoed wird? Lit dizze ljochte dei ús laitsjen sjen Fen ynlik nocht oer simmer’s godlikst lok, Dû bliid mei ús, en spylfeint op ús feest!

PYLGER. Wantrouwich slacht myn hert dyn wirden tsjin, Dû hâldst my hwet biskûl. Miskien is ’t dy, Howol’t dyn wird my skamper klinkt, in feest, Mar hjar grif net. Ik seach hjar antlit bleek, Hjar eagen blinkend as fen pearels leed, Ik wist hjar hert yn dea syn skaed biskûl. Wé, wé jim dwaen, as rouwe macht hjar twingt To libjen dêr’t hja nea nei langje scil! Ik swar dy, twingt men hjar? hjar hege geast Dy’t walch hat yn hwet leech is en ûnwier? Scil men hjar slaen yn ’t jok dat haetlik is En twingt en pynget dêr’t men giet ef stiet, Om’t it de siel, God sels yn klústers bynt?

BERNLEF. En as ’t sa wier, hwet gyng it dy yet oan?

PYLGER. Ik scil ’t dy sizze. Ik haw in rjucht dêrta. Ik haw hjar ljeaf. Hwet, wirdt dyn each nou ljocht, Dyn útsjuch bliid, nou’t ik myn heimnis neam? O ik forstean ... du hast de spot mei my! Mar wit, myn frjeon, ik bin net hwetstû mienst! Al is myn leauwe it hillichst hwet ik haw, Al rêst myn greatens yn myn hert it meast, Ek ierdske greatens joech de Hear my rynsk, Mear as yet ien yn Fryslân noutiids dreamt. Ring scilst my sjen, heech op in steatlik hoars, Goud blinkend oer myn swird en pantser-klaed, ’t Hier waeijend mei de wyn, it each fol ljocht En op myn skouders ’t flûnkrjen fen it krús! En ’k haw hjar ljeaf. Myn hert slacht lûd for hjar, Myn bloed streamt rêdder dêr’t hjar laitsjen klinkt Ien ryk en myld muzyk, dat as it lûd Fen heger sfearen weidriuwt nei ús ear. Myn breid is hja, my heart hja inkeld ta. En moast ik hjar—hwet God forhoedzje mei— My winne mei de krêft fen myn goed swird, Waerd hja my weegre tsjin hjar egen wil, Hwent ’k wit, hja hat my ljeaf, waerd dat myn wei, Hel’s swird wier my in driging sûnder krêft, En mids it woedzjen fen de wyldste striid, Al stie de loft yn fjûr, al spjalte d’ ierd, Droech ik hjar winnend oan myn oerjown hert, Woun ik hjar for Gods ryk, yn ivichheit, Myn dimmene, myn stille treast, myn breid; God stiet nêst ús, ek tsjin de minsk’ne wil, En ’t herte is wis, det Hy ús warje scil!

BERNLEF. Ik koe dy haetsje detst myn ljeafde naemst, Mar hjar lok leit yn dy, en jowt dy rjucht. Ik wol jim skieding net; ik wit to klear Det heger krêft jim goed is mei syn ginst, En sûnde wier ’t, sette ik myn langend sels Twisken jim ljeafde en hjar forhopings yn. Mar hja is boun. Hjar heit ûnthiet hjar my Do’t mines stoar, oan ’t stjerbêd fen syn frjeon, En leit hjar lok syn ljeavjend herte ek heech, Radbod stiet wis op neikomst fen ’t ûnthjit, Det net Ydwine delbûgt for dyn lear’ En ’t krús yet krêft’ger mank syn sibben riist. Forlies gjin tiid. Hjoed is ’t hjar berte-dei En faeks ropt Radbod hjoed de rie yet yn, Det hja oer ús nei ’t keningswird bislút.

PYLGER. ’t Is goed, haw tank. Hear, bliuw ús ljeafde by, Lied ús de ljochte wei; wêz sels yn my! Myld bistû hwa’t Dyn greate wegen gean, En hill’gje mei Dyn trêft hjar lyts bistean. Dyn ljeafde trillet yn myn jong bliid boarst, Dat gloeit fen hope as ik nea dreame doarst— Ik wit myn wei. Myn goede frjeon, ik gean; God jaen dyn ljeavjend herte lok ta’n lean. De troanried neijert. As ik skielk wer kom Den ha myn skouders oare liifdracht om.

(giet).

BOADE. (yn oanrop) Jim goaden, det dit dwaen jim seine wint! De kening komt. De greate rie bigjint.

6. Troanried.

Foarop fiif boaden, dy’t elts stean gean oan ’e lofter side fen ien fen de résteande troansitten. Dêrnei Aldgillis, Thied, Radbod, Jûle, Ydwine, dy’t hjar sitten ynnimme lyk as hjirnjunken oanjown is. Bernlef stelt him rjuchts nêst de kening, Holder rjuchts nêst Radbod. Lofts op ’e foargroun Ebroïm, foar him oer, rjuchts Wilfrid. De middenromte wirdt ynnomd troch de ried út âldsten en preesters bisteand.

[Illustration: ]
[Illustration: ]

ALDGILLIS. Myn sibben, riedsljue, wolkom hjir, haw heil! Ik rôp jim for in weard’ge steatssaek hjir, Dêr’t my fen foechsum tocht det elts, hwaens stim Yn Fryslân heard wirdt, hjar op ’t klearst forstie. Preester, doch dû nei alderwenst dyn bea.

(de kening bliuwt stean. Thied, Radbod en Ydwine geane oerein, Jûle net. Fen de ried nige de measten.)

PREESTER. (krêftich) Greatmacht’ge Hear fen loft en ierde en sé, Alfadur Odin, dy’t de wiisheit kocht Yn Mimir’s saed en dêr dyn each for joechst, It glânzge dêr’t nou sé en mar fen blinkt, Dû keine Foste, Asgard’s ljeafdebern, Hwaens tsjinste it Aemlân fiert mei blomte en sang En hill’ge sprieding fen ’t read offerbloed, Seingje ús riedslach mei jim wiisheit sels, Forljochtsje ús moed, fordjipje en klearje ús tins, Det ús bislút mei jim wiis winskjen strykt, Slaen mei jim goadne flok ús fijnen del, Det út hjar bloed jim krêft yet klearder riist, En gin ús geast de nocht fen Walhal’s stins Mei jim forboun yn berte, yn striid, yn dead!

ALDGILLIS. Dû Kristen-preester, rop ek dyn God oan, For hwa’t him hjir as heechste Hear oanbidt.

THIED. Myn soan, soks striidt tsjin ’t hillich rjuchtbod yn!

ALDGILLIS. Ik spriek as kening, Mem. Ik winskje it sa.

(De kening en Ydwine bliuwe stean, Thied en Radbod geane sitten, Jûle riist oerein. In inkelde yn ’e rie slacht in krús).

WILFRID. (ienfâldich) Us Heit hwaens ljeafde meast de lytsen jildt, Geneed’ge Soan dy’t for ús sûnden stoar, Dû hill’ge geast dy’t sielen tsjûgjen dochst Fen greater ding as leit yn minsklik wit, Ei hill’gje ús tinzen ta in klearder steat, Dat neat as dyn great dwaen ús hannen stjûrt; Lied ús al stypjend út ús sljucht bistean, Forjow ús fijnen om de Soan syn wil, En niig ús hert ta ljeafde yn al dyn wirk Yn al ús neisten, skepsels fen dyn hân, Om Kristus wil, dy’t for ús stoar oan ’t krús.

ALDGILLIS. Dû Frana, siz de ried de steatssaek oan.

FRANA. Theodrik, kening fen it Frank’ne folk, Hat skeel en hate, út redens hjir net neamd Tsjin Wilfrid, dy’t it krús de wrâld yn draecht. Us kening rôp him harren, det syn wird Ek ús de nije lear forklearje mocht, En by syn komst ûntflechte er út de stoarm Mar amper ’t boldrjen fen d’ oerstjûre Hel. De Frank’ne foarst, dy’t dit fornaem, stjûrt ús In seinskip, biddend det men Wilfrid him Tsjin rom swiid lean en goud as finzne stjûrt, Ef oars hjir wei forballet, det ersels It preesterskip op sé oermastrje kin. Hy docht birop op ’t bounskip dat ús bynt, Hwa’t tsjin syn ryk in steatsmisdied bigyng, To doemen, eft it wier ús egen fijn, En seit ús skoander lean yn ’t komstge foar.

ALDGILLIS. Seinboade fen de Frank’ne foarst, bigearst Hwet hjir ús Frana sei, yet klearder ljocht, Mei d’ útliz fen dyn egen wird to jaen? Mar koart, en sûnder lûd gebear fen skyn.

EBROÏM. Trochlofte hear, de diig’re feint spriek krekt. Ien inkeld wird, dat mien ik, wearde hat For elts dy’t noedzje wol for Fryslân’s bêst. Men scil dy saek net mei binypt forstân Noch ûnkleare eagen sjen, mar skôgje yn ’t great, En hifkje it lok en heil fen ’t steats-bistean. Myn hear scoe jern, mei al syn ljeafde en krêft, Warskôgje tsjin it eilânsryk, dat fier Yn ’t West forriist mei rânnen fen wyt brûs, Hwaens eagen loerkje oer bûrfolks lân en groun, Dat neat as longrjen ken nei ivich mear, Wylst wy, trochlofte hear, dizz’ wize ljue, En ús folk ek, neat winskje as frede en rêst En stille bloei op ’t egen fruchtber hiem, God priizgjend en de hill’gen, ef nei ’t fâlt De goaden út ’e hill’ge Ase-stins. Sa nou, det net ús rêst en from froed dwaen Net steurd wirdt fen dat rôversnêst aloan, Bigeart myn hear, mits Kristus him soks gint Mei ljeafde en minsklikheit, mar ek forgoed Dat reau to skieden fen syn wrâldske macht, It lotterjend ta weardiger bistean, Mei ’t soargjen fen syn golle heite-noed En Jowes, Hear. Sa’n died joech ús wer rêst, En makke ús oangenaem by minske en God, En ’t himelsk Walhal winske ús seine en heil. Oertink ho tige soks for Fryslân wier! As hja, it diger fiedster-bern fen ’t wiet, Dat soks it wiet wer yn syn wâld bitwingt, Mei wier en terp, mar mear yet mei it skip, Hjar machtsfjild útlei oer dat weardich lân, En hiel de sé sloech yn hjar hearskippij; Ho ljocht riisde oer jim lân de takomst den! Myn hear hat Fryslân ljeaf. Hy set it heech As ienichst ryk dat hearsket oer it wiid. Hy seit, lit ús ús ta sok skoan wirk bijaen, Us hert ta rom, ús steaten ta in heil, De woltier fen ús gea ta’n trêft’ge krâns; ’t Yn Godsfrucht wijend ta in goed bigjin, Troch neikomste oan ús freedsum frjeonskipsboun, Troch ’t oerjaen fen de flokbre preester-smjeont.

ALDGILLIS. Myn sibben, hege riedsljue út myn ryk, Iep’nje jim ear for ’t harkjen nei myn wird. Dû, boade fen de Frank’ne foarst, bring dit Ta’n andert oan hwa’t dy hjir stjûrd hat, oer: Us folk giet net op striid en legers great, Noch sjucht it rom yn ’t plondrjen fen frjemd lân, Yn ’t moardzjen fen syn bûrljue, noch yn ’t fjûr Dat stêd en stins yn yeske sinke docht. Yn freeds’mens oerjown oan syn earber wirk, En nigend for de ried fen ’t Albistjûr, Wol it syn stille deist’ge wegen gean, En him ûntjaen ta klear en ljocht bistean, Sa’t lyk it lân bloeit en it weagjend nôt Dat yn de simmer-glâns sêft riist en niigt, Ek ’t herte prealet yn in kein ryk ljocht En d’ eagen ljocht bin fen in weardich nocht. Net noeget ús de dead op ’t bloeddrich fjild, Mank stjurre streamen read en wyld gekjirm, Mar tankbre skieding út dizze einichheit, Yn ’t witten det Gods wirk ús ropping wier. Siz tsjin dyn hear, det Fryslân, dat de striid Net ljeaf hat, noch it bloed, noch gleije brân, Ljeaver forkomt yn kwinende ûndergong, As det it kriich seit tsjin det stealik lân Fen wittenskip en kinde en skoand’re trêft, Dat efter kalken rotsen riist, Allyk Gods boarch mank ’t rûzjen fen it wiet, ’t Lân fen ús sibskip, Albion, dêr’t ús folk Syn tûznen frjeonen hat en sibskip wit Yn bloed en yn bistean, yn sede en spraek, As ’t lân dat ús it neist op ierde stiet. Siz tsjin dyn hear, de sé rint earder droech, It deiljocht dûkt him earder ivich del, De wrâld sinkt earder yn in stream fen fjûr, As det dit folk syn trou en frjeonskip brekt!

EBROÏM. Oertink, trochlofte...

ALDGILLIS. Swij! de kening sprekt! Dû fregest my yet mear. Hwa stjûrde dy Dy’t soks my foarslaen doarst? In dom lyts bern Dat twisken goed en tsjoed gjin skied yet wit? Mar sels it lytste bern forstiet yn ’t hert De flok fen elts forried. In griis âld man Dy’t machtleas, misdied gaedlik hâldt for ’t doel? Mar sels d’ ûnmachtichste hat walch en griis Yn ’t skeinen fen it hill’ge. Frjeon wol hy Dy’t my soks foarsloech, my wêze en myn folk? Gjin mienskip twisken ús en hwa’t syn siel Bisûnd’gje doar mei sa’n dwylsinnich langst! Hie ik in fijân dy’t it wide oerteach, En stoarmwyn griep him oan mei earms fen krêft En smiet him for de drompel fen myn hûs, Ynein en mêd en séfochte yn syn klean, Myn waermste heard wier my to kâld in skûl, Myn bêste spiis to earm geriif for him, En wist ik ek, det ûntank letteroan My dijde as lean, ik joech myn soarch sa gol As oan hjar tearste bern in ljeavjend mem, Hwent God hie my oer him to soargjen steld. En dû, hwet fregest my? Myn egen gast Dy’t mei my iet en dronk en oan myn heard Him waerme, do’t de stoarm him harren sloech, Him scil ik jaen as finzne? Weibalje út It erflik gea dêr’t earst myn wil him rôp? Ik, dy’t by God stean for syn libben sels, Scil ik him de dea forkeapje tsjin hwet jild, Hwet blinkend goud, hwet weardeleas ierdsk túch? Unweard’ge Frank! Hat dy in kening stjûrd? Mar hwa kin kening wêze en soks bistean? Him scil de godheit sling’rje fen syn troan’ Yn djipten fen de swarste nacht, det dêr Syn sûmbre doem him hill’ger libjen leart, De stoarmwyn scil syn ryk yn woede oergean, Syn pylders knikke en keile yn stof syn stins, En ’t folk scil him forwinskje, dy’t hjar skaei For egen leffe sûnd’gens lijen docht! Jaen hjir syn brief en mei Gods hân oer elts Dy’t soks bistiet, gean mei ienselde straf As Fryslân’s kening nou dit skandstik docht, Dyn godleas kwânsljen ta in klear biskie! Forstien, dû Frank? Gean—bring dyn master dit!

(forskoert it brief, smyt Ebroïm de stikken foar de foetten).

FRANA. Heil, heil, dû kening! Wiis spriek Fryslân’s foarst! De wet fen ’t gastrjucht scil yn iivgens stean!

DE RIED. Yn dyn wird tsjûget Fryslân sels. Haw heil!

JÛLE. (forlit hjar sit en niigt foar de kening syn troan) Myn broer, haw tank. ’k Haw yn dyn adel leaud, It rout my net. It fierste skaei scil yet Fen dyn heech keningswird it praten dwaen. God leanje it dy! Wy minsken kinne it net.

(riist, giet wer nei hjar sit).

YDWINE. (docht deselde hilde) Myn hege heit, det God jo hoedzje mei! Nea scil ús each wer sok in kening sjen.

(riist, giet wer nei hjar sit).

THIED. Unnoazlen! sjucht net ien hwet hjir út riist? Fen frede geije jim en rêst en trou, Wylst d’ egen hân it frede-reach toskoert Yn flarden, flechtsjend for de wyn syn grym! Kriichs sinne lôget oer it warleas gea, Troch jimme breinleas dwaen! Rop hjir gjin heil, Mar stek it seinfjûr oan oer ’t hiele lân En rop de helten op ta iiz’ren kriich Eardet dit lân yn Frank’ne macht forsinkt!

RADBOD. Wy scille ús warre neffens striders-plicht En ’t swird scil read troch klibers fijnen gean, Mar ’t folk dat folgje moat, is kriich ûntwend En d’ oersten jong, net yn de slach bidreaun. For d’ útkomst stiet gjin ien. Allinne hy Dy’t soks bisleat stiet for dit weagjen boarch! Wy kinne bleat ús bloed en libben jaen.

ALDGILLIS. Hwet wol dat? Kriich? Hwa hat hjir praet fen kriich? Hwa doar hjir driigje mei gewelt en macht?

EBROÏM. Trochlofte hear, oprjuchtens leit my heech, En fier forkies ik iep’ne striid en skeel Foar lef geflaeik en falske gûchelsin. Wis, wis, it moeit ús tige. Mar myn hear, Dy’t wol det elts oan godlik rjucht him hâldt, Is twongen, elts dy’t him sa tsjinwar biedt By d’ útfier fen ’t forheven keningswirk, To mindrjen yn syn macht, det nimmen him Stelt twisken ’t hillich einwyt en myn hear. En dos, ho’t ek dit hert dêrûnder skriemt, ’k Bin twongen hjir to wytgjen, det sûnt hjoed Bitwisken Frank en Fries wer kriich bistiet.

ALDGILLIS. (tsjin syn ried) Jim bin myn tsjûgen det ik frede woe, En dêrfor skrept haw, tweintich jierren lang, Mar boppe skande kies ik dochs de striid. Ik nim se oan. It slachtfjild scil ús sjen, Dyn hear en my, faeks my mei minder macht, Faeks om him hinne in ûnoerwinb’re kloft Mei goud’ne rêstings, wûnder wapentúch En kening Dea heech strûzend oer it fjild— Hwa’t falt, hwa’t wint, de Godheit neamt it net— Mar syn haed barnt fen ’t flokber skande-mark, En syn hert is de tsjustre hel ta troan’, En njunken my, yn tocht, yn striid, yn dea Giet mânsk en machtich as in lôgjend fjûr De greate godheit fen Rjuchtfeardichheit. Myn folk, wach, wach! ik wij dy ta de striid, Net for in slompe jild, in fet stik lân, Net for de grym fen dit, myn egen hert, Mar for de skutte fen Gods ivich rjucht. Rin gear! ris út jim hoars! haw goed bitrou! By God! de wrâld scil sjen mei fûnkljend each Det Fryslân’s folk rjucht boppe skande keas!

THIED. Wy bin net ré. Sok fjuchtsjen foeget net. Wé as ús krêft yn sok wyld dwaen forblet!

JÛLE. It rjucht giet foar. Hwa scil syn krêft wearstean! Hwa tsjin God sels yn ’t dryste striidpark gean!

RADBOD. Us folk is fier. Gjin kliber stiet yet klear.

YDWINE. Hwa tinkt, as God ropt, oan syn krêften mear!

ALDGILLIS. Earweard’ge rie, ’k ûntslaen jim fen jim trou, Hwa’t wol, kin gean. Ik haw yn ’t rjucht bitrou.

DE FRANA. Wy jowe goed en bloed. Wêz oerste oer ús!

IN STIMME. Kening waechs heil! Hwent nêst dy striidt it krús!

10. Troanried, Arthur fen Ingelân.

De prins komt yn sierlik útris, oer de blinkende rêsting in wytstrieljende mantel mei gouden rânnen slein, it swarte hier los hingjend oer de skouders.

RIEDSLJUE EN PREESTERS. By Thor! Dat wird! Hwêr komt er wei? Hwa is ’t? Hwa ken him hjir...Sjuch ho’t er blinkt!... In God? It ljocht skynt fen him út... Is ’t Foste sels?

THIED. Friezen! stean sterk yn ’t hert tsjin tsjoenderij!

JÛLE. Wé hwa’t ljocht as dat forriist, forhúnt!

YDWINE. By God, ’t is him—o, hert, wyld hert, wêz stil!

RADBOD. Mei gâns in sier draechstû dyn blinkend klaed. Hwet tinkt dy fen dyn swird? Ef scoe de rust Dat finzen hâlde en oan de skie forboun? Faeks dekt in goud’ne glâns forrotting ta!

ALDGILLIS. Unsill’ge, swij! skerp is dyn tong’ aloan! Yet hune scoest, al stiest foar Odin sels! —Jonge ealfeint, hwastû bist, wêz wolkom hjir! Dû sjuchst myn ried en sibben gâns binijd, It glânzgjen fen sa’n hege pronk net wend, Astû spraetst oer ús dimm’ne ienfâldichheit. Mar wolkom is hwa’t my de godheit stjûrt En oer de drompel fen myn hofstins giet, ’t Sij frjeon ef fijne, in prins ef biddlersman. Siz my hwet brocht dy hjir? Hwet mient dyn wird Dat my as hillichst heil yn d’ earen klonk?

ARTHUR. Kening, sûnt lang forkearde ik oan dyn hof En hiestû noed for my. In mûntse-kaep’ Diek do myn holle, in grize pij myn lea, En ’k wier yn ’t selskip fen dizz’ hill’ge man Dystû for learing nei dyn heitlân rôpst. Sûnt jierren swalke ik mei him troch de frjemdt, En seach forskaet fen lân en wente en folk, En ho’t elts minske, fêsttiisd yn de tsjoen Fen moeisum wirk en leed en lyts geriif, Syn antlit langjend nei Gods hill’gens hâldt. Ik woe de wrâld kenne yn syn djipst bistean, Det letter, as greatweardich wirk myn diel Yn ’t bûnte libben waerd myn hert forstie Hwet elts it meast bigeart, hwet minsklik moed It meast miskearret op de reis nei it grêf, En mear as dit, it aldergreatste en ’t heechst: Ho’t God yn wrâld en minske ús each forskynt, En linkenoan ús wrâld bûgt nei syn doel. Arthur en prins fen Inglân neamt men my. Ik bin in bern fen ’t lân dat machtich riist Twisken de tijen fen d’ ûnlij’ge sé, Omslantre fen wyt brûs en flokkrich skom. Mei ’t sjongen fen de séwyn waerd ik great, Yn ’t wraksljen mei de stoarmwyn woechs myn krêft, En ’k haw myn lân ljeaf as myn egen siel, Dy’t ien mei hjar, hjar swietste wêzen draecht. —Kening ik bring in boadskip for myn folk. Ik hearde ho’t de Frank dyn delgong wol En godleasheit as reden brûkt ta kriich. Wy stean dy by. As twigen fen ien stam Heart goed en tsjoed fen d’ ien ek d’ oaren ta. Us mânljue scille fjuchtsje mank dyn folk, Us oersten plachtsje en stride nei dyn winsk, En ien doel scil ús stjûre yn frede en striid. (tsjin Ebroïm) Dû jow dy ôf, wanskeep’ne! Siz dyn hear, Hy hat de kar fen frede en dûble kriich, Hwent Inglân seit him hjoed mei Fryslân ien, En longret nei de striid tsjin ’t earleas skaei. En ’k ried, gean rêd! Oars fynst gjin kening mear! Prins Dagobert, de rjuchtlike op jim troan, Stiek mei syn float it skiedend séwiet oer, En foel mei tûz’nen feinten yn syn lân, Dat rounom him bijúblet as syn hear!

EBROÏM. Forflokt! Prins Dagobert! O, skrikbre slach! Jim hill’gen stean ús by! Forflokt, forflokt... De prins werom! O skoander ryk, myn jild, De steatsskat dy’t ik liet... O hel, forflokt...

(ôf).

ALDGILLIS. Wy tankje dy for hwetst ús folk ûnthjitst. Lit my nei hill’ge wenst dy ’t gastbod jaen En dy as bounmaet hildgje for it folk.

ARTHUR. Hear kening, gin my yet in great forsiik. Myn each hat oan dyn hof de frommens sjoen, Net dy’t yn wird, mar dy’t yn dieden blinkt, De wiere trou en ienfâlds dimm’ne sier. Mar moast ik gean, mear naem ik mei yn ’t hert, In glâns dy’t eltse stoune oertrilje scil, In machtich langst dat oer myn dream en died In gloede tsjoent as fen in oar bistean, Sa great, sa sterk, dat ik mysels ûntsink, En libjend yn de rounten fen Gods ljocht, Neat tinke kin yn ’t herte as inkeld dit, Det Gods meast hillich wûnder ljeafde hjit En ’k hjir, by dy, dat greatste wûnder foun. Yn grize pij woun ik myn libbensljocht. Myn namme wier my frjemd, hja koe my net. Dochs is, de jounen dat God’s ingels sêft De fjûr’ge poarten sleaten for de nacht, En alles amme yn silv’ren dreamichheit, It teare wûnder opljochte yn ús hert, En ’t brocht ús eltse dei wer sillichheit, En eltse nacht in mylde dream fen nijs. Kening, ik bin hjar weardich, jong en sterk, Myn earm wol for hjar soargje. ’t Bûkjend hert Wol libje for hjar lok, hjar nocht en rom. Ik wit, ik freegje gâns. Myn fielen jowt My rjucht ta soks, ’t wier lyts en earleas scoe ’k Myn wirden mear twinge as myn hert my seit. Forweard’gje dy en nim my oan as soan, Gin my dyn dochter as myn libbens-breid.

(Stiltme. Allegeare hawwe de eagen op de kening).

ALDGILLIS. Hwet seit Ydwine sels ta dit forsiik?

YDWINE. Yn syn wird song myn herte mei, myn heit.

ALDGILLIS. Prins, iepen andert freget iepen fraech. Myn hert hat hjir gjin winsk. Myn hân is boun. ’k Unthiet mei hill’ge ied yn hill’ge stoun’ Ydwine in oar ta breid. Ik mei net oars.

BERNLEF. Holder, myn harp, de goud’ne dystû hast! Sjong goed, myn frjeon, dyn ljeaver hat dy brek. Kening, in sang dy’t ik fennacht bitocht:

Hwa giet oer de goudene geaën fen ’t ljocht, Hwa sjongt yn de sealen fen simmer hjar sang? Laitsjende blidens is ljeafde bitocht, Gjin doem is hjar boas en gjin dea hjar bang. Freya de noegjende frijt hjar fen need, Baldur de blinkende hill’get hjar blidens; Scoe de smert fen de langjende sjonger syn leed Skaedzje de ljochtens fen ljeafde hjar swidens? Hwent ljeafde is de sjonger in ljocht en in liet, Syn harpe is de hillichste heechtiid in frjeon; Swevet syn siele oer wâlden en wiet, Neat as hjar noegjende nocht is him bleaun. Beammen, bûg del for de blinkende dei, Slurkje nou sjongend de sé ta, jim streamen; Heech yn de himel giet Ljeafde hjar wei, Goudzjend ús dagen mei glâns fen hjar dreamen. Mei in kening de ljeafde ûntkeare hjar kroan’? Mei in skalt twisken ljeafde en hjar langjen stean? Machtiger pronket de poapren moarn, Woe de minske yn syn dwyl ek hjar daegjen ûntgean. Hark hwet de sjonger den seit ta syn hear, Warje syn wird as in heimnis yn ’t herte: Lit de kening de kroane dochs ljochtsjend en klear Hillich fen seine op ’e holle hjar sette!

ALDGILLIS. ’t Is eft dyn heit syn sang ús hert bitsjoent! Ho sêft dyn lûd de djûre bân ûntbynt Dêr’t ik dyn heil mei oan myn bern forboun, Lang lyn do’t hy dy’t dy dyn sjongkrêft joech, Yn myn earm mids de grime striid forstoar! Hwet scil ik nou myn sjonger jaen ta lean?

THIED. Myn soan, dû hâldst yn Fryslân weardich hof! Moarn ropt ús faeks de striid, moarn stiet de Frank Faeks mei syn iizren folk yn ’t hert fen ’t gea, En dû tinkst mymrjend âlde sankjes oer, Forliest dy sels yn tinken oan hwet stoar, Wylst dy de died ropt yn it twiivlich hjoed En fierst it wird oer ljeafde en sang en boask, Wylst hate en dea geije en de striidrop klinkt! Ik foardrje det men daelk de goaden heart, Hjar ginst bifreget mei de preesterbea En rynske sprieding fen ’t read offerbloed, En earst as net hjar dûnk’re grym ús blykt Dy’t wy fortsjinje mei ús bernlik dwaen, Det den, lyk foech jowt oer dizz’ weard’ge saek Dêr’t fen de hiele steat it heil yn rêst, De rie fen âldsten ús hjar miening neamt, En oer prinsesse Ydwine as breid bislút.

FRANA. Dit kin net wêze. It lok fen ’t minsklik hert Hat Fryslân’s heechste ried gjin rjuchtskrêft oer. Prinsesse Ydwine is frij yn ljeafde en kar Oan neat forboun as ’t tawird fen hjar heit, Dy’t lykwols sels nei keningsrjucht hjar hert Net oarwei twinge mei as Freya ’t stjûrt. Wol freegje ek wy det men de goaden heart, Ta heechste en trêft’ge wytging det ek hja De kening fen syn great ûnthjit ûntslaen, Allyk ús skalt ek yn syn sang soks die.

ALDGILLIS. Soks hâld ik rjucht. Woloan den, riedsljue, gean; Gâns weardichs skikte ús hjoed de himel ta, In krêftich bounsnoat, faeks in sibbe en soan, En delfal him, dy’t hjir ús driigje doarst. Yn great bitrou sjuch ik de tiid dy’t riist. Gean nei jim wenten, bring de goaden tank Elts nei’t de oantrún fen syn herte it hjit; Wy rekknje op jim wizens, ried en died, Rounom dêr’t Fryslâns heil yn twivel stiet. Prins, folgje ús gean, det ik it gastbod jow Lyk foechsum is by boun en frjeonskipstrou; Earweard’ge preester, bliuw ús selskip by, Hwent al hwet great is dijt en tynt by dy.—

THIED. De prins en ik, wy toevje yet in toarn; To swiere rook fen hill’gens waeit ús oan.

(De kening giet ôf mei Arthur en Wilfrid, folge fen Jûle en Ydwine, Bernlef, de Frana en de ried).

9. Thied, Radbod, Holder.

RADBOD. Stiet den in God nêst dat dwylsinnich skaei, Dat breinleas, yet it ljocht yn streamen drinkt, En aloan ljeafde en lok de wrâld ûntstelt Sa’t for ús mûle allinne it bitt’re bliuwt? Sliept Walhal den, wylst krânsen fen read fjûr, Driuwe om de trânsen fen syn hill’ge stins En yn in klaed fen blinkend ljocht de tsjoen Fen geasten riist út Hel hjar djipste saed? Sei Beppe, scoe... By Odin hwet wol dit? Foarstinne, triennen? ’t Leedwiet yn dat each, Dat slachten bloeijen seach en feal forgean? Forflokt, forflokt hwa’t dêr de skild fen draecht!

THIED. (moeisum) ’t Is my sa hird, myn bern ... myn âld drôf hert Tobrekt fen leed ... ik tocht myn jonkheit oer... Do bûgde men for my, ik troane great... Nou sielesmert en iens’mens... Joech in God Dat ring ús erflik grêf ek myn liif naem!

RADBOD. Né né, stil, Beppe, né. Dat mei yet net. Ik haw jo yet sa brek... To, skriem nou net— Jou triennen skroeije my as wyld fenyn, Der brekt hwet yn myn hert... By Thor! ’t scil oars, Nou is ’t genôch. ’k Bin for de died nou ryp, In died dy’t brekke scil dy waen en tsjoen En ’t lân weromjaen oan syn godlik sels. Kom, Beppe, nou gjin skriemen mear. De dei Leit yn it nachtlik hoal yn kjetlings del, Mar ’k wit it swird dat sels dy kjetlings brekt. Ien inkeld wird, foarstinne. Hwa is ’t meast Dy’t Friez’ne lân oan d’ ûnheils-waen forbynt?

THIED. Wilfrid, de Kristen-preker.

RADBOD. Him? ’t is wier. Foarstinne gean. In great wirk hat my brek. Ik scil it kwea reitsje yn ’e woartel sels, Det troch ien stjit it krús yn Fryslân falt.

THIED. By Thor, hwet wost? hwet tinkst?

RADBOD. Dat neam ik net. Ek myn hert hâldt syn heimnis djip en frjemd, Mar gean, foarstinnne; ’k ha nei iens’mens langst.

THIED. (him patsjende op ’e foarholle) Mei Frey dy noedzje en nei wêze yn dyn striid!

RADBOD. Dat hat nou west. Ik noedzje Frey, tonei.

10. Radbod, Holder.

RADBOD. (foar de keningstroane, heech) Holder kom hjir. Niis hie ik in great leed, Dû riedst it wol. Nou bin dy minsken foart En spraet de stiltme oer ús hjar himel-wjuk, En hat ús hert yn frjeonskip’s wijing rêst. ’t Is goed by dy, as ’t striidgewoel forswijt, Sa goed en myld as do’t dy maitiids-joun Myn Rixt my ’t rykste fen hjar ljeafde sei.

HOLDER. Hwet makkest nou myn iensum herte ryk!

RADBOD. Sims lykje ik rou, mar ik forstean dy wol. ’k Ha neat dat heger as dyn frjeonskip komt. En dochs ... sims twiivlje ik sa. Ik wier faek hird— Dat knoeit in trou as twisken ús bistiet, En Maitiidsfroast byt ek wol frjeonskip dea... Den tink ik sims: hy hâldt net mear fen my, Ik haw to hird west for syn dreamend hert En hy hat hate yn hwet him ’t ljeafste wier.

HOLDER. Al pyngest my ta dea, ik bleau dy trou. Myn ljocht bistiet yn dy. Dû bist myn wrâld, Myn ljeafde en god—en scoestû my bijaen Dyselde stoun bijoech it libben my.

RADBOD. ’k Bin ryk mei dy. Soks seit my oars net ien. Yn ’t razen fen it needwaer bliuwst my trou. Ik leau yn dy. De died dy’t ik net ien Bitrouwe doarst as ’t egen siedend hert, Ek dû hast krêft dêrta. Forstean my goed: De preester dy’t ús folk yn ’t ûnleech stjûrt, Scil ringen falle, yn stiltme, troch dyn hân.

HOLDER. (opspringende) By Walhal, Radbod! Dat seistû! In moart! Bist razend datste soks my fergje kinst!

RADBOD. ’t Striidt heftich tsjin myn egen hert. Mar ’t moat. Us driget ûndergong. Yn wylde feart Tobrekt it krús hwet kamp ef tsjinwar biedt, Troch ’t kinstryk tsjoenen fen dy preester-tong. ’t Rêst allegearre yn him. Falt hy, ’t is dien. Salang’t hy stiet, skriemt beppe Thied hjar hert En niigt myn rom de djipten ta fen ’t grêf.

HOLDER. Mar driuw him it lân út! Fier hjirwei!

RADBOD. Ik kin it net. Ik haw gjin macht dêrta. En ek, hwet bate it yet? Sok ûnramt dijt Salang’t it net fen d’ ierde weiskoerd is. Inkeld forneatiging jowt feilichheit.

HOLDER. Hwerta den ik ... as dochs dyn egen hert...

RADBOD. Myn goede, ik tocht, dû woest it dwaen, for my. Ik bin de goad’ne ienichst hoopjen hjir. Bringt my sa’n died yn d’ ûndergong, den hat It krús hjir frij en nimmen keart it mear. Woloan, ’t is goed. Dizze egen hân scil ’t dwaen. Gean dû hjirwei. My tocht, ik hie in frjeon... Farwol. Ik ris my út for kening Dea. Du, siikje in oare frjeon, en tink astû Syn keinens sjuchst: sa hat ek Radbod west Dy’t him de goaden wijde en stoar, forflokt... Gean dû hjirwei. Ik haw in walch yn dy.

HOLDER. Nea, nea wyk ik dy wei. Dû trapest my.

RADBOD. ’k Hie dy to ljeaf. Ik hie neat bûten dy. De rykdom fen myn hert, myn kenings-bloed, De sterke krêften fen myn striidber sels— Net ien as dû hie oer myn dreamen wâld. Ek dat forstjert. Nou komt de nacht. Farwol.

HOLDER. By Odin, Radbod, mienstû hwetstû seist?

RADBOD. Myn siel wit neat fen lyts healslachtich jaen, Myn hert stiet for gjin grins.

HOLDER. (tobritsen) Ik scil it dwaen.

RADBOD. (yn oanrop) Jim goaden, moat it krús lâns dy wei del? Hwer troanje jim? Yn Walhal—ef yn hel?

(It doek lûkt ta.)

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings