KOAREN.
Reading edition
Op it foartoaniel tsjin de eftergroun, amper to sjen yn hjar blinkende wite klean, seis elfen, dy’t de koaren sjonge. By de ein fen de strofen fordwine hja wer en komme, mear nei foaren, seis Fryske ealfamkes op, dy’t de tsjinkoaren sjonge. Allinne yn de slútstofe rane de lûden fen elfen en famkes gear.
KOAR. Idoene swiete Idoene, Hwêr is dyn keinens gien? Tomiddei en tojoune Ha wy to biidzjen stien; Nou rize wite ljochten En yette bliuwst ús fier, Ho’t wy dyn keinens sochten, Blomt kiezend for dyn hier. Idoene, swiete Idoene, Dyn wjitt’ring rûzet myld, Fen wite glâns oerroune Ut Himel’s freedsum byld; Dyn wite roazen sleaten Hja dimm’ne tsjelk al ta— Hja dreamden en forgeaten, O ho ûntdriuwst ús sa?
TSJINKOAR. Yn Fryslân giet Ydwine Hjar heite stinzen roun; Lit ús hjar roazen wine, Yn wite rigen boun. ’t Hôf rûzet fen hjar dreamen As dêr de jountiid giet, En oer de ljochte seamen Dêr giet in wûnder liet. En wei yn sêfte tinzen Giet hja de paden lâns, En wit hjar siele finzen Fen nije, iivger glâns. En wûndre dreamen tine Mank d’ ûnrêst fen hjar hert, En dreamend giet Ydwine En ken hjarselme net.
KOAR. Idoene, swiete Idoene, Prins Baldur bidet dy. Hy núndret dizze stoune Syn lieten sêft en blij— Gean mei him as de sinne In goud’ne strieling spraet Hy biedt dy swiete minne Dy’t nimmen talein waerd. Idoene, swiete Idoene, Ho blau is Baldur’s each! For him bûgt as oerwoune Hwa’t yn hjar noeging seach. Der is gjin dei noch dûnker, Hwent Baldur hat dy ljeaf— Sjuch ho’t in wyt geflûnker Stil dounset oer it leaf.
TSJINKOAR. Uneinichheit fen weagen Giet griis en skomjend roun; Lûd gûlt de wyn; foar d’ eagen Bin kym en wiet toroun. Dêr dûkt mei skiere strânnen Biskomme in eilân op; De sé ropt oer dy lânnen Yet fier syn frjemde rop. O wûndre greate widens! Ydwine sjucht dy gean, En wit, hjar jonge blidens Moat earnst en striid forstean; En dôch, hjar eagen blinke As yn in great geniet, Eft mei in godlik winken In wûnder lok hjar liedt.
SLUTKOAR. Yn ’t oanbigjin laei d’ ierde Yn wylde streamen wei; Men koe gjin geaën skiede; Der wier gjin nacht, gjin dei; Do briek in strieljend wûnder De skiere oerskomme romt, En twong de grizens ûnder: Do wier de Ljeafde komd.
(Ofgong. Foar it foartoaniel sakket it gerdyn).