← Table of contents
Ruth

FEN FREDE....

Reading edition

Gouden wolkjes fier omhegens, Dreamforgloeijend jouneljacht.... Hege stânnen, slomme sûzjend, ’n Gealtsje, dat yn ’t boskje slacht....

Einepyltsjes yn ’e liizen, Riltsjesiikjend nei it lân; Spûkeblommen twisken hagen, Moudich ’t stille paed troch ’t sân.

Imerkes op rûge diken, Giftich geurjend beaneblomt, Hwerfen d’ amm’ as swietrook lokket, Dy ’t oer ’t skoallekampke komt

Tûz’nen stjerren oan ’e himel, Hwer de folle moanne kliûwt, Neat is ’t, dat dizz’ frede ûntwijet.... Sucht en klacht bynefter bliûwt....

Minskeleed in amerije, Swijt sa ’n joun..., is wei.... is stil.... Fredejoun, bist dû in skimer, Fen in ieûw, dy ’t komme scil....?

1900.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings