← Table of contents
Finneblomkes

Hwet tiid is ’t moaist?

Reading edition

As de bûterblommen bloeije, En de ljipkes dêroer soeije, Draeije om bar, dan heech, dan leech; ’t Ljurkje yn boppeloften heech, Altyd trochsjongt, noait oan-ein Yn ’t moai waer op Peaskesnein: Dan tsjûcht alles like bliid: Nou is ’t wol de moaiste tiid!

Pronket al it beamt’ mei blêdden, Steane op stânnen alle mêdden, Sjochst de wyn dêr sêft oer gean, Oer dat blomt yn bûnte klean; Hôf en tún, de finne bloeit! En it nôt by dagen groeit! Alles laket like bliid: Dan is ’t ek in moaije tiid!

Ja, dan sjogge wy s’ ek kommen, Yn wytrea de Pinksterblommen, Wylst sa moai troch hiel it gea, De appelbeammen steane blij-rea; Fol bûnt fé is ’t blommich lân, Foarlik stiet de rogge op ’t sân. Dy thús bliûwt ef giet fen honk, Sjocht men yn ’e Pinksterpronk.

En as wy hwet fierder binne, Sahwet om Sint-Jansdei hinne, Sjoch dan rûkt troch ’t hiele gea, ’t Fen it lekkre nijwoan hea! Hwet is ’t moai, sa’n simmerjoun, Ear de griene, waerme groun, Mei syn gêrs, syn nôt, syn blomt, Under wite dauwe komt!

Ho troch-myld binn’ dan de sigen, Dy ’t dêr boartsje troch de twigen, Fen ’e hege linebeam! Dat ’s de ljeave simmerdream, Dy ’t nou mei de skimerjoun, Fen ’e loft giet nei de groun. En strak seit tsjin al it blomt, Dat in moaije dei moarn komt.

Ja, dan jowt Natûr safolle, For it hert en for de holle, Dat min tinkt dêr dan oer nei, Hwer komt al dat moaije wei! Tankber wirdt it yen to moed, For al ’t moaije, for al ’t goed; En it each, dat skôge het, Slút him den for ’n stil gebet.

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings