Note 2 — BEPPE YN ’E FLEUR
Reading edition
It „swânnenest” wie in sitselbankje, dat boppe oer de sydsketten fen it hoarnseweintsje hinne lein waerd en der yn twa pinnen slúte. lt hie in rêchplankje ef lening, dat jamk ek in bytke úttakke ef oars hwat moai makke wie. Fen in eigentlyk swânnenêst hie sa ’n houten bankje al in bidroefd bytsje.—De namme is yn ’e Wâlden yet bikend; „swânnebankje” sizze se ek wol.