← Table of contents
Ruth

Note 1 — BEPPE YN ’E FLEUR

Reading edition

It hoarnseweintsje wie alear in weelderydtúch by de wâldboeren. It wie sahwet fen ’t selde fetsoen as in gewoane boerehaeiwein, mar lytser, en yn alles folle eptiger en kreazer ôfmakke. De sydsketten, dy-t moi leech wierne, roanen fen efteren tige op nei ’t efterhek—dat de klaeikers efterkret neame. Dit wie ornaris moai útsnien mei lofwirk en jamk seach min dêr boppe op trije ef fiif hoarntsjes. Kinne de weintsjes der sims nei neamd wêze? Ef doelt de namme op de stêd Hoarn yn Noard-Hollân?

Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings