← Table of contents
De jongfryske biweging

Note 5 — IV.

Reading edition

Bjuster hinderlik is lykwol wer det de liedende ljuwe dizze kronyk dalik biskôgen as in gelegenheit om eltsoar fortsjinne en ûnfortsjinne plomkes út to rikken. In kras foarbyld: in oars goedmienend man, hwaens wirk as taelstrider, lyk as bikend wêze mei, foarâl hjirút bistiet, det hy sims op sok in treflike wize soarge for it miel nei de Algemiene Gearkomste en hwaens bitsjutting dos it bêst oanjown wirdt mei in wolsprekkend stilswijen, wirdt yn it foarwird hildige om syn geskiktens en goed ynsjoch by ’t oanpakken fen saken. Us foeget to hoopjen det men fen sok in plomke rynskens njonkelytsen genôch krije scil.

Return to IV.
Explore with AITake your curiosity a little further.

Reading settings